Alles oer Skarl
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Skarl


Deel:

-

-

Skarl

Skarl

It buorskip Skarl hat likernôch fjirtich ynwenners. Skarl heart by it doarpsgebiet fan Warns en leit deunby de Iselmar, tichtby it Reaklif. Skarl ûntstie yn de 14e ieu.

Skiednis
Yn 1345 barde flakby Skarl de Slach by Warns, in fjildslach tusken greve Willem IV fan Hollân en de Friezen. Greve Willem IV stiek mei in float út Inkhuzen wei de Sudersee oer. Tegearre mei syn omke Jan de Beaumont woe er dy ûnbeskamme Friezen in leske leare. doe`t de Hollânske ridders lykwols oer Skarl nei Warns optrieken, waarden se oanfallen troch de pleatslike befolking fan Warns. De Friezen, wend oan it wetter en de modder, fersloegen de Hollânske adel mei man en macht. Greve Willem kaam dêrby om it libben. De troepen fan Jan de Beaumont flechten doe`t se oer de nederlaach hearden.

Fanwege de mislearre oanfal fan Greve Willem IV wurdt de dyk fan Skarl nei Warns hjoed-de-dei noch altyd de ferkearde wei neamd. De Slach by Warns wurdt sûnt 1945 alle jierren betocht.

Bysûnderheden
Yn Skarl steane mar in pear húskes en pleatsen om it tsjerkhôf hinne, dat omseame is mei fikse beammen. In tsjerke is der net, mar op it hôf stiet wol in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. De betinking fan de Slach by Warns bart elk jier yn septimber, by it Reaklif. Op it plak dêr`t in swerfstien leit mei it opskrift 'Leaver dea as slaaf'.

Wenje en libje
Foar foarsjennings lykas in supermerk, basisûnderwiis of in sportseal moatte de ynwenners fan Skarl nei Warns. Warns hat in multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) mei dêryn twa basisskoallen, in pjutteboartersplak, berne-opfang en in sportseal. Ek de thússoarch en in fysioterapypraktyk meitsje gebrûk fan dat nije gebou. De Janke Tromp Hoeve organisearret dêr alle dagen aktiviteiten foar âlderen.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Skarl

Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard.

It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Jan Dijkstra

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus