Alles oer Skearnegoutum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Skearnegoutum


Deel:

-

-

Skearnegoutum

Skearnegoutum

Skearnegoutum is in terpdoarp flak boppe Snits. It doarp telt likernôch goed santjinhûndert ynwenners. By it doarp lâns streamt de trekfeart tusken Snits en Ljouwert. Dêr binne âlde buertsjes te finen, dy`t noch de sfear fan eartiids azemje. Dat jildt wis foar de herberch by de brêge, dêr`t in soad ynwenners elkoar eartiids moeten.

Skiednis
Skearnegoutum is ûntstien op in terp dy`t yn de 4e ieu bewenne wie. De tsjerke foarmet, lykas yn mannich Frysk terpdoarp, it middelpunt fan it doarp. Dêromhinne ûntstie de earste bebouwing.

Troch de ieuwen hinne groeide Skearnegoutum fierder út rjochting de Swette. Dêr waarden royale wenten boud. Letter is Skearnegoutum mear yn westlike rjochting, nei de spoarline, útwreide. Oan de oare kant fan it spoar leit hjoed-de-dei in bedriuweterrein.

Bysûnderheden
Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 it frouljuskleaster Aula Dei of Nijekleaster op in hege terp stichte. Ta neitins oan dat frouljuskleaster stiet der in keunstwurk yn Skearnegoutum mei de tapaslike namme De nonnen fan it Nijkleaster.

Wenje en libje
Skearnegoutum wie fan oarsprong in echt boeredoarp. Mar om't it sa geunstich leit flakby Snits en oer de dyk en it wetter goed berikber is, hawwe in soad minsken ûntdutsen dat je dêr goed wenje kinne. It doarp hat boppedat alle needsaaklike foarsjennings. Sportfjilden, in sportseal, tennis- en jeu de boulesbanen, in supermerk en in ambachtlike bakker. Ek in bank, doarpshûs en basisskoalle ûntbrekke net yn dit rychje.

© Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga

Histoarje fan Skearnegoutum

Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks.

It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming.

Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant.

Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: boeken

Skiednis fan Skearnegoutum

Skiednis fan Skearnegoutum

Het boek behandelt de geschiedenis van het dorp vanaf de vroege middeleeuwen. Hierin o.a. het ontstaan en verdwijnen van de Middelzee, de kloosters nabij Scharnegoutum, ontwikkeling van het dorp, kerk

... lees meer

Prijs: € 17,50


Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus