Alles oer Smelbrêge
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slecht € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slecht € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Smelbrêge


Deel:

-

-

Smelbrêge

Smelbrêge

Smelbrêge hat fiif wenten en sa`n tsien ynwenners. Dêrmei is it it lytste plakje fan Fryslân.

Skiednis
Op âlde kaarten is te sjen dat Smelbrêge yn 1716 noch in tsjerke hie. Op dy kaart binne fiif gebouwen tekene. Nei alle gedachten wiene dat trije wenten en twa pleatsen. Ûndertusken is de tsjerke ferdwûn en is der allinne noch in tsjerkhôf mei in klokkestoel oerbleaun. Oer it hiem fan de pleats kinne jo nei it hôf rinne.

Bysûnderheden
Op it tsjerkhôf fan Smelbrêge stiet in klokkestoel. Dy klokkestoel en inkele grêven fan de famylje Buma wurde troch de Buma-Stichting ûnderhâlden. De stichting fielt him ferplichte dat te dwaan. It heart nammentlik ta it erfskip fan Lieuwe Annes Buma út 1876. Dy wittenskipper is teffens de stichter fan de Buma-Bibleteek dy`t ûnderdiel útmakket fan Tresoar yn Ljouwert.

Wenje en libje
Foar de deistige foarsjennings en sportfasiliteiten geane de ynwenners nei Wâldsein, it buordoarp dat trije kilometer fierderop leit.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Smelbrêge

Smelbrêge is in lyts agrarysk streekdoarp dat nei alle gedachten yn de lette Midsieuwen mei Wâldsein en Ypekolsgea ûntstien is yn de uterste súdlike hoeke fan Wymbritseradiel. It grinze oan de eastkant daliks oan Doniawerstal. By de gemeentlike weryndieling kaam yn 1984 in flink gebiet westlik fan de Kûfurd by Wymbritseradiel. Hjirtroch hat Smelbrêge oer in smelle dyk nei de yn 1848 oanleine rykswei Snits-De Lemmer ûntsletten, no oan de boerestreek Koufurderrige in buordoarp yn eigen gemeente krigen.

Ut de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is op te meitsjen dat Smelbrêge doe noch in tsjerke hie en dat de fiif gebouwen, nei alle gedachten trije huzen en twa pleatsen, der frij konsintrearre omhinne stienen. Yn de polder de Gouden Boaiem lizze twa buorkerijen, mar it is net hielendal dúdlik oft dizze polder tusken de Hegemer Mar en de Nije Wimerts by it doarpsgebiet fan Smelbrêge hearde.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Smallebrugge, een klein Dorpje, digt aan de grenzen van Doniawerstal, en niet verre van Woudsend, ongeveer honderd roeden ten Oosten van de Wymerts. Onder dit Dorp behooren tien stemmende plaatsen, onder welke men in 1459 telde Hepkehuis, een sterk Stins, welk, in dat jaar door Haring Donia werd veroverd, om, daar uit Epe Kie, en zyn’ Zoon Jarich, te beschadigen.’ Fan de stins is yn de boarnen fierder gjin spoar te finen.

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de tsjerke ferdwûn; der is noch in tsjerkhou mei klokkehûs oer. Ek de huzen steane net mear yntekene en it doarp bestiet allinne noch út inkele ferspraat steande buorkerijen. Dit byld is net mear oars wurden. Oer it hiem fan de sintraal lizzende buorkerij kin it tsjerkhou berikt wurde. Der steane in stik as wat 18eieuske grêfpeallen. Yn it midden fan de 19e ieu lei hjir noch in út 1569 datearjende sark fan de famylje Bruynsma. In wiidskonkige klokkestoel mei in sealdak ferfong yn 1963 in âlder eksimplaar. De konstruksje herberget in klok dy’t yn 1617 getten is troch Henricus Meurs.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus