Alles oer Twellingea
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Twellingea


Deel:

-

-

Twellingea

Twellingea

In âlde leginde fertelt oer it ûntstean fan de doarpen Toppenhuzen en Twellingea. Ea hawwe dêr trije reuzen wenne, sa beweart de fertelling. Broer, Douwe en Jarich. De trije bruorren wiene sa grut as de tsjerketoer fan Toppenhuzen. Neffens it ferhaal hawwe se alle trije har oanpart hân yn it graven fan de trije fearten dy`t by de doarpen lâns streame. De nammen Broeresleat, Douwesleat en Jarichsleat binne it bewiis.

Skiednis
Toppenhuzen en Twellingea foarmje in twillingdoarp. Beide doarpen telle mei-inoar goed sechtjinhûndert ynwenners. Toppenhuzen en Twellingea wurde faak yn ien azem Top en Twel neamd. De doarpen binne oan de feart It Ges boud. Se binne yn de midsieuwen ûntstien.

Eartiids wennen der foaral boeren. Foar har wie de feart wichtich om mei de boat de healannen berikke te kinnen. Ek de fiskerij en de skipfeart spilen yn de begjinjierren in wichtige rol yn de groei fan it (twilling)doarp. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstie in nije bedriuwstûke, nammentlik de rekreaasjesektor. De goede (far)ferbiningen mei de Snitsermar en oare Fryske wettersportgebieten hawwe it karakteristike streekdoarp de lêste desennia in flinke ympuls jûn.

Bysûnderheden
Beide doarpen hawwe in herfoarme tsjerke. De yn 1993 renovearre tsjerke fan Twellingea wurdt ek foar kulturele aktiviteiten brûkt. Fierder stiet yn Toppenhuzen-Twellingea in keunstwurk dat ferwiist nei de leginde fan de trije reuzebruorren. It keunstwurk krige net om `e nocht de namme De trije Bruorren.

Wenje en libje
Troch de komst fan benammen in soad wettersporters biede beide doarpen folop hoarekafasiliteiten en oare foarsjennings. Kafees, restaurants, apparteminten, kampearplakken, boateferhierbedriuwen en winkels. De middenstân is hjir noch folop oanwêzich. Ynwenners kinne foar har deistige boadskippen terjochte by de bakker, slachter, supermerk, griente- en tsiisboer.

Toppenhuzen hat multyfunsjoneel sintrum It Harspit mei dêrneist in sportfjildekompleks. De tennis- en fuotbalferiening beskikke oer moderne akkommodaasjes. It Harspit is ít sintrum foar it ferieningslibben. It gebou biedt ûnderdak oan in kristlike basisskoalle, sportseal, bankkantoar en ferskate romten foar muzyk, dûns, toaniel en gearkomsten.

Twellingea en Toppenhuzen binne goed berikber en ûntsletten sawol oer de dyk as oer it wetter..

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Twellingea

Twellingea is lykas Toppenhuzen fan âlds in fardoarp oan It Ges yn it lege lân súdeastlik fan Snits. It is om it jier 1000 hinne ûntstien. Op de kaart fan Schotanus út 1716 wurdt it doarp dield troch de Wester- en Easterbrêgesleat. By de knik yn dizze fearten en op it plak wêr’t It Ges ôftakket stiet de tsjerke yn de kearn fan it doarp. De streek oan de oare kant fan de Brêgesleatten hjit it Súdein. It doarp wie nei alle kanten oer wetter ûntsletten en de iere beskriuwingen fertelle foaral dat ferhaal.

Neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788) leit it súdlik fan Toppenhuzen: ‘en zich met zyne landen Westwaards uitstrekkende tot aan die van Jortryp en ’t Oude Hof, een water waarby weleer een Dorp is geweest, waar van ’t Kerkhof nog overig is. Zuidwaards loopt dit Dorp tot aan ’t Stobberak; Oostwaards tot aan ’t Kruiswater, en voorts Zuidoostwaards aan de wateren, die Wymbritzeradeel van Doniawerstal scheiden, gelyk op de Kaart te zien is, daar men verscheiden wateren en stroomen, deeze landen doorsnydende, by naame gemeld vindt’ en ‘wier landeryen rykelyk met poelen en wateren voorzien zyn.’

Op de kaart yn de Eekhoff atlas út 1851 is de situaasje amper oars wurden. De dyk Snits – Toppenhuzen – Twellingea is yn 1866 /68 oanlein. Yn 1886 kaam de tramwei Snits-De Jouwer ta stân, wêrfan t it tramstasjon oan de Brêgesleatswei in spoar is. Ticht dêrby riist de eardere suvelfabryk op, stichte yn 1902 yn in dekorative neorenêssânse styl dy’t letter stukadoare is.

By de oanlis fan it Prinses Margrytkanaal om 1950 hinne is de knik fan de Brêgesleatten ôfsnien en is in part fan it Súdein by it noardlike part fan it doarp lutsen. Sa is it tsjintwurdige Twellingea sterk foarme troch wizigingen en fernijingen fan de ynfrastruktuer. De doarpstsjerke, stichte yn 1690 op it plak fan in midsieuske foargonger, is letter ynkoarte. Yn 1873 waard de toer fernijd. By de tsjerke steane karakteristike 18eieuske huzen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Mooie oude schuur in Uitwellingerga

Mooie oude schuur in Uitwellingerga