Deel:


Westhem

Westhim is in lyts kompakt terpdoarp fan midsieuske oarsprong mei in buert tichtby de Himdyk. Dizze dykstreek wurdt de Kat neamd en de terp Feytebuorren. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp tekene mei in fjouwertal buorkerijen om de tsjerke hinne mei de Westhimster Opfeart nei de Wimerts . In opfeart dy’t yn it suden by de Kat in slûs, in syl, yn de Himdyk hat, wêr’t ek noch twa huzen steane. De Himdyk leit noardlik fan de yn 1633 droechmealde Atsebuorster mar. De polder hat in merkber leech nivo.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘Westhem, een klein dorp […] in ’t Westen tegen den Hemdyk gelegen, gelyk Oosthem in ’t Oosten: hier onder behoort het droog gemaalen Atsebuurster meer, liggende samen met Sensmeer, tot Wonzeradeel behoorende, in den zelfden Dyk, als ook het buertsje de Graauwe Kat, alwaar men een Sluisje in de Hemdyk heeft, waar door men te scheep uit de Buitendykster landen, door dit Dorp, in de Bolswerder vaart kan komen. Ook ziet men hier twee Wieren, overblyfzels van oude Staten.’ It buertsje heart koartsein de Kat neamd te wurden, Grauwe Kat leit ûnder Arum.

De dykbuert mei yn de rêch de opfeart is ûnderwilens mânsker as it oarspronklike terpdoarp útgroeid. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff yn 1851 is dy ûntwikkeling te sjen, al is de groei minder sterk dan dy fan Blauhûs, even westliker, eartiids in buorskip dat ûnder Westhim hearde. It buertsje by de slûs wurdt De Kat neamd en de syl Katsyl. It kafee midden yn de dykbuert fan Westhim hjit De Kot, wêrby de stavering de útspraak folget. Noardlik fan de tsjerke, bûten de terp steane in pear huzen en buorkerijen.

De tsjerke is in trijekantige sletten sealtsjerke dy’t yn 1708 boud is om in midsieuske foargonger te ferfangen. De sealdaktoer is 13eieusk. Der hingje klokken yn wêrfan de iene út 1353 is en de oare yn 1639 troch Jacob Noteman getten is.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland
NLP: Gemeente Sudwest Fryslân
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Westhem
©: FrieslandWonderland