Alles oer Wolsum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slecht € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slecht € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Wolsum


Deel:

-

-

Wolsum

Wolsum

It doarpke Wolsum, dat in lytse hûndertfyftich ynwenners telt, leit in bytsje súdeastlik fan Boalsert. By it doarpke lâns streamt de Wymerts, dy`t de skieding foarmet tusken it doarp en it oanbuorjende buorskip Wolsumerketting. Wolsum is in karakteristyk terpdoarp dat om de tsjerke hinne ûntstie.

Skiednis
Op de earste ôfbylding fan it doarp út 1716 sjogge we dat alle huzen om de tsjerke boud binne. De tsjerke dy`t der no stiet is lykwols net dy fan de tekening. De hjoeddeistige herfoarme tsjerke is om 1870 hinne op itselde stee boud. It godshûs hat in opfallende houten toer. Boppe yn hinget de orizjinele klok, dy`t út de 15e ieu stamt.

Om Wolsum hinne lizze ferskate buorskippen. Ferspraat oer de greiden om it doarp hinne steane pleatsen, dy`t eigen boerebuorskippen boud hawwe. As men se telt leveret dat úteinlik de folgjende fiif nammen op: Wolsumerketting, Remswert, Jouswert, Fiifhús en Ytsum.

Wenje en libje
Nettsjinsteande it feit dat Wolsum it grutste plak is tusken alle lytsere buorskippen, hat it doarpke gjin winkels. Foar boadskippen, basisûnderwiis en sportfoarsjennings moatte de minsken útwike nei tichteby lizzende doarpen lykas Blauhús en Nijlân. Ek Boalsert biedt de ynwenners folop foarsjennings.

Doarpshûs it Wilsumhûs is it pronkjuwiel fan it doarp. Mei subsydzjejild fan de gemeente hawwe de ynwenners it ferfallen gebou yn de tachtiger jierren selsstannich opknapt. It bodzjen levere it doarp sels noch in jildpriis op. Boppedat gie Wolsum de boeken yn 'as in kearn mei piid'.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Wolsum

Wolsum is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn de noardwesthoeke fan de gritenij súdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten ûntsletten nei de Wimerts . Op de betiidste ôfbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dêr yn steane yn de omjouwing buorkerijen dy’t soms ta in boerebuorskip konsintrearre binne.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net safolle te melden:’Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {…} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.’

De buerten besteane noch altyd en by de brêge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting ûntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1851 steane trije huzen, wêr’t de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer Ketting hûs fermelde. Yn Fiifhûs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane út buorkerijen. Yn it midden fan de 19e ieu steane yn de kom fan it doarp alve huzen dy’t rom 50 bewenners herbergje. Efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.

De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsieuske foargonger te ferfangen dy’t oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rûnbôgefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt ôfdekt troch in rûnbôgefries. Yn de tsjerke stiet in 17eieuske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dûbele galmgatten en in ynsnuorre spits. Yn de toer hinget in liedklok út de 15e ieu.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Jan Dijkstra

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus