Alles oer Wolvegea
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Wolvegea


Deel:

-

-

Histoarje fan Wolvegea

Wolvegea

Wolvegea is fan âlds in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat yn 1218 foar it earst yn de boarnen foar komt. Fanôf it midden fan de 19e ieu hat it him ûntwikkele ta in grut plak. Foaral nei dat yn 1828 de nije ryksstrjitwei fan Ljouwert en Swol troch it doarp lutsen waard en Wolvegea yn 1865 boppedat oan de spoarferbining fan dizze stêden kaam te lizzen. Yn 1835 kaam it gritenijhûs op it krúspunt fan wegen yn it sintrum ta stân en Wolvegea waard dêrmei haadplak fan Weststellingwerf.

Op de gritenijkaart yn de atlas van Schotanus uit 1716 is te sjen dat it doarp al útgroeide ta in flink krúsdoarp. Noardlik lizze boulannen en boskperselen, súdlik wêr’t it doarpsgebiet oan de Linde ta rint, ek noch stroken boulân. Yn it westen stiet in nôtmole en yn it easten it Lycklamahuis. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fan Wolvegea fermeld: een schoon en vermaaklyk Dorp, liggende, aan den reeds gemelden Buitenweg […]. Hetzelve is voorzien van schoone bouwlanden en bosschen, benevens weid- en hooilanden, die Zuidwaards tot aan de Linde loopen, en van Olde Holtpade af binnen eenen Dyk beslooten liggen […]. De Kerk van Wolvega, die een’ schoonen spitsen toren heeft, en van binnen met een Orgel, fraaie gestoelten, zitbanken en wapenen versierd is, staat ten Noorden van eene dubbele buurt welgebouwde huizen. Niet ver van de Kerk, ten Zuiden van den rydweg, heeft men de schoone Woonplaats der Familie van Haren, in welke de waardigheid van Grietman deezes Deels jaaren lang is geweest; zynde thans de huizing, die voor eenige jaaren door een’ ongelukkigen brand verteerd werd, wederom zeer fraai opgebouwd. […] Rinke van Lyklama, hier voor deezen Grietman zynde, heeft een schoon huis uit eene graft doen opmetselen […] Lyklama Stins genaamd; doch hetzelve is, in ’t jaar 1736, op afbraak verkocht. Nog heeft dezelve eene Schipvaart van dit Dorp, Noordwaards, door Nye Lemmer, naar de Kuinder doen graaven, en daar door te wege gebragt, dat Wolvega niet alleen wel ter reed, maar ook ter vaart gelegen is. Ten Westen des Dorps heeft men een Korenmolen.’

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 – as Wolvegea al haadplak wurden is – blykt de krúsbuert troch konsintraasje fan bebouwing bot fertichte te wezen. De bûtenferbliuwen fan Van Heloma en Van Haren binne yn parkgebieten werjûn en súdlik fan de pleats oan de ryksstrjitwei leit it publike kuierpaad fan de Nieuwe Aanleg. In park dat nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn 1839 as wurkferskaffingsprojekt útfierd is, wêrnei yn 1857 it algemiene begraafplak oanlein waard. It wyt pleistere neoklassistyske gritenijhûs kaam yn 1835 nei ûntwerp fan E.de Graaf op it krúspunt ta stân en hie ynearsten in parkeftige tún wêrfan it ûntwerp ek troch Roodbaard makke wie.

Fan de stinzen en staten bestiet allinne Lindenoord noch, in rizich lânhûs fan in hege bel-etaazje op in kelderferdjipping mei in hege tintekap. In hûs dat nei brân yn 1780 yn Lodewijk XVI styl wer opboud is. Nei’t efter dit bûtenferbliuw jierren in hurddraversbaan lein hat, is oan it ein fan de 20e ieu in lytse wyk yn post-modernistyske styl ûntwikkele.

De herfoarme tsjerke is oarspronklik wijd oan Maria Magdalena en waard yn 1646 wer opboud, mei it wer brûken fan âlde muorredielen. De sealtsjerke mei trijesidige sluting docht goatysk oan. De houten bekroaning fan de toer is fan 1894.

De roomske tsjerke kaam yn 1939 ta stân nei ûntwerp fan P.Cuypers jr. Fan de foargongster út 1914, nei it ûntwerp fan Wolter te Riele, bleau de toer bestean. Oan de efterkant fan it tsjerkhôf stiet in neogoatyske kapel, wêr’t men fan seit, dat it yn in houten ferzje troch Tinco Lycklama à Nijeholt op in wrâldtentoanstelling yn Parys kocht wie, letter is it gebou ‘ferstienne’.

Wie Wolvega yn de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu al útwreide, nei de oarloch is it plak fluch groeid. It nije gemeentehûs mei in heechbouelemint (2003) is in hichtepunt fan it nije elan.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus