Alles oer Warkum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Warkum


Deel:

-

-

Warkum

Warkum

Warkum, miskien wol mear bekend as de stêd fan Jopie Huisman en it nei him neamde museum, as ien fan de Fryske Alvestêden. Mooglik is it de ynfloed fan dy ferneamde en unike keunstner dat yn Warkum in útsprutsen keunstsinnich en kultureel klimaat hearsket. It stedsje telt in grut oantal musea, ateliers en galerys en is it hiele jier troch it toaniel fan optredens, manifestaasjes en oare eveneminten.

Op it earste gesicht liket Warkum miskien ek gjin echte stêd. Ferdigeningswurken hat it noait hân en de lange struktuer fan it sintrum is ek oars as dy fan de oare Fryske Alvestêden. Mar júst dat ôfwikende jout Warkum syn unike karakter.

Foaral it gebiet om De Merk hinne lit sjen dat it hjir wol degelik om in stêd giet. Utsein ferskillende ryk fersierde patrisiërswenningen stean hjir it stedshûs, de Waach en de yndrukwekkende tsjerke mei frijsteande toer en in prachtige sakristy. Foaral om De Merk hinne en by It Noard en It Súd del fine jo ek in ferskaat oan leuke winkels, terraskes yn de sinne en gesellige restaurants.

Warkum florearre tanksij de hannel en seefeart, dy`t mooglik wie fanwege de goeie ferbining mei de Sudersee. De omjouwing fan de slús is werklik in prachtich, skildereftich gebiet, mei ûnder mear in 300 jier âlde skipswerf. Yn noardlike en súdlike rjochting giet de stêd hjir abrupt oer yn de skitterjende lânlike omjouwing, in paradys foar fytsers, kuierders en elkenien dy`t fan rêst en natuer hâldt. Wettersporters en strânleafhawwers komme oan harren gerak op en by it Iselmar del, twa kilometer nei it súdwesten.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Warkum

Warkum wie in iepen stêd sûnder stedsferdigening. De stêd wie smel en lang, fan de slûs oant it Dwersnoard mear as oardel kilometer. Warkum is boud oan wjerskanten fan de oandamme Wimerts. Hoewol de stêd net oan see lei, die se folop mei oan de seehannel. Warkum wie troch it Soal mei de Sudersee ferbûn. Dit wetter hat nei twa kilometer fan de Iselmar ôf in skutslûs mei tsjin de dyk oan in skildereftich gebiet. Hjir leit û.o. herberch Séburch en de mear as trije ieuwen âlde skipswerf De Hoop.

Dat de Warkumers in protte omset hân ha mei seefeart en hannel is oan in protte pronkgevels út de 17e en18e ieu by it Súd en it Noard lâns te sjen. Fan de slûs ôf oant it súdlikste ein fan it Súd stiet in grut ferskaat oan bebouwing. Der steane foaral 19eieuske huzen dy’t tsjûgen, dat it Warkum foar de wyn gie. Oan it Súd fan de oandamme Wimerts is de bebouwing ûngelyk fan leeftyd en foarm.

It sintrum is de Merk. Fan de Merk út is de rangoarder helder. Oan de Merk steane stedshûs, tsjerke en waach, de haadgebouwen fan wrâldsk en tsjerklik gesach. Hoe fierder fan de Merk, hoe ienfâldiger de bebouwing wurdt, hoewol der oan it Dwersnoard hielendal yn it noardeasten noch belangrike huzen stean.

De Sint-Gertrudistsjerke stiet mei har foarse toer oan de súdwestkant fan de Merk. Sûnt de 10e/11e ieu hat yn Warkum al in tsjerke stien. Yn 1480 waard mei de bou fan in nije tsjerke begûn. Earst mei it koar. Yn 1560 wie it wurk noch mar foar 60% klear en yn it begjin fan de 17e ieu is it heal ôfmakke skip mei skudwurk tichte, dat yn 1951 ferfongen is troch in echte westgevel. De oansluting mei de toer is nea makke. Dy likemin ôfmakke toer is fan 1523 oant 1545 boud. Yn it begjin fan de 17e ieu kaam by de tsjerke in prachtige sakristy. Tegearre meitsje tsjerke, toer en sakristy in ymposante yndruk, ek mei omdat de bebouwing oan it Skil der om hinne, sa beskieden bleaun is. Yn de tsjerke in protte pracht: in barokke preekstoel, in koarstek út de betide renêssânse, in froedskipsbank en in unike samling fan acht beskildere deadsbieren fan Warkumer gilden út de 18e en betide 19e ieu. Se foarmje it histoarysk printeboek fan Warkum.
Yn de Waach wurdt de histoaryske kolleksje fan de stêd bewarre en sjen litten. It waachgebou is in rjochthoekich bouwurk mei luif dat krekt yn it midden fan de 17e ieu boud is. De twa ferdjippingen binne bekroand troch in tintedak en der binne kajútfinsters útboud ta trepgeveltsjes mei pilasters op liuwekoppen. Op’ e hoeken sitte ek liuwen.

Oan de súdkant fan de merk stiet it rizige stedshûs, sûnt 1984 it gemeentehûs fan Nijefurd. It liket op in barok patrisiërshûs, mar dit is skyn: de kearn is noch goatysk. Dy krige fanôf 1725 in nij uterlik en in ekstra ferdjipping. Yn 1620 is it stedshûs útwreide mei in smel pân, in moai renêssânse húske dat in bytsje ferside stiet efter de hege trep foar it hûs. Yn it pân is de rococotiid foaral te sjen yn de riedsseal.

Tsjinoer de Merk stiet oan it begjin fan it Noard it Sleeswijckhuis, in hichtepunt fan wenhûskultuer. It foarname hûs hat in siergevel út 1663. It Jopie Huisman Museum stiet oan de oare kant fan it Noard. It Noard is oan beide kanten omseame troch in kar oan gebouwen mei gevels út ferskate stylperioaden: fan ienfâldige listgevels oant prachtige trep en halsgevels. Op Noard 12 stiet in pân mei in klokgevel mei in grutte efterbou. It is de kosterswente mei de skûltsjerke fan de Minnisten út 1695 dy’t der efter leit.

Ek de roomsken fan Warkum moasten har ynearsten ferside hâlde mar koenen yn 1876 de Werenfridustsjerke oan it ein fan it Noard bouwe. Yn de pastorije is in museum fan religieuze keunst. De stedsútwreiding fan nei de oarloch is oan de eastkant lein, tusken it âlde stedslint en de trochgeande dyk.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Marica van der Meer

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus

Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50