Alles oer Ypekolsgea
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Ypekolsgea


Deel:

-

-

Ypekolsgea

Ypekolsgea

Ypekolsgea hat likernôch santich ynwenners. It doarpke leit oan de râne fan de Sleattemermar. De ynwenners binne sterk rjochte op Wâldsein.

Skiednis
Ypekolsgea is in streekdoarp en agraryske mienskip fan midsieuske oarsprong. It buorskip bestiet út in lange streek fan likernôch trije kilometer en telt in tsiental pleatsen. Dy steane foar it grutste part súdlik fan de Weisleat. Eartiids hie it doarpke in eigen tsjerke. Dy is yn de 18e ieu ôfbrutsen. Der stiet no in klokkestoel mei helmtek.

Bysûnderheden
Fryslân hat in soad klokkestuollen lykas dy yn Ypekolsgea. De stoel tanket syn ûntstean oan it feit dat mienskippen te earm of te lyts wiene om in tsjerke te bouwen. Klokkestuollen fine jo dan ek yn in soad lytse Fryske doarpen of buorskippen.

Wenje en libje
Foar de deistige foarsjennings en sportfasiliteiten geane de ynwenners nei Wâldsein, it buordoarp dat trije kilometer fierderop leit. it doarpke hat in busferbining mei Boalsert en Snits.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Ypekolsgea

Ypekolsgea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong, wêrby yn de hege Midsieuwen yn it noardeasten in delsetting by it wetter de Ie ûntstie dy’t fanôf de betide 11e ieu in selsstannige posysje krige: Wâldsein dat it memmedoarp al betiid mei gloede benefter liet. Ypekolsgea bleau in agraryske streek. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus bestiet it doarp yn de uterste súdwesthoeke út in lange streek fan sawat trije kilometer mei ûngefear tsien fier út elkoar steande pleatsen. Se steane foar in grut part súdlik fan de Weisleat, in sleat dy’t yndie flankearre wurdt troch in wei. De tsjerke stiet noardlik fan dizze ferkearsas.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Ipekolsga of Epekolsga, een Dorp van maatigen omtrek {…}; ’t zelve grenst ten Zuiden aan het Slooter meer, en had eertyds een sterk huis, toebehoorende aan Take Abbema, ’t welk in 1520, verwoest werd door de Schieringers, die te Slooten in bezettinge lagen. De Kerk van dit Dorp, in 1497, door de Soldaaten in brand gestoken zynde, verteerde met vyftien, daar in zynde, gewyde Hostien tot assche, die naderhand, zo men beuzelde, groote mirakelen deeden, en daarom zo veel toeloops hadden, dat men uithet offergeld eene nieuwe Kerk kon bouwen, die, vervolgens wederom vervallen zynde in 1664, werd vernieuwd, en met een spits torentje voorzien.’

De tsjerke is yn de 18e ieu ôfbrutsen. Der stiet no in yn 1956 fernijde dûbele klokkestoel mei helmdak. De twa liedklokken binne yn 1644 getten troch Jelte, Pier en Johan Riemers. Ypekolsgea hat in tal monumintale buorkerijen, sa as de yn 1783 boude kop-romp ‘Arbeid en Moeite’, dy’t no de namme ‘Werklust’ hat. Noardlik leit oan de wâl fan de Hegemer Mar de boerestreek Yndyk. In yn de greiden lizzend tsjerkhôf is it oantinken oan in doarpsferline.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Jan Dijkstra

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus