|

Sânhuzen

Sânhuzen
©: Hendrik van Kampen

Sânhuzen is in jong heidedoarp. Sa jong en ynearsten neatich dat it yn de âldere boarnen net foar komt. It wie yn elts gefal in buert mei in es súdlik fan de Sânhuzerwei, wat eastlik fan it midden wie de hege kamp lân dy’t de esfunksje foar de omwenners hie.

Yn in oarkonde út 1422 dy’t ferbân hâldt mei it grutte Klaarkampster kleaster by Rinsumageast is sprake fan in Douwe Onnema dy’t hofmaster ‘in Sandhuse’ is. Mooglik leit de oarsprong fan it doarp yn in úthôf foar de heechfeanwinning fan dit kleaster.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard de buorskip by Noardwâlde fermeld, mar ek net mear dan: ‘vrij verre ten Noordoostern op de Heide ligt de buert Zandhuizen. ’ Allinne yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa út mids 19e ieu komt it selsstannich foar as gehucht. Dochs is it as buorskip al ridlik op leeftyd, want op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de delsetting mei troch beammen omseame leanen tekene yn it midden fan de fierder keale heide noardlik fan Noardwâlde. De stippellinen wêr’t Schotanus de doarpsgrinzen oanjoech wurde ûndúdlik yn de buert fan Sânhuzen, as soe it in autonome enklave wêze.

De bebouwing fan in trettjin tal buorkerijen is yn de rin fan de tiid wat ôfnommen, want op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 blike der noch gjin tsien mear te stean. Wol is oan de westkant in nije dyk nei Aldeberkeap mei in brêge oer de Linde kommen en by de trijesprong is ek in gebou tekene, op it plak wêr’t no it kafee stiet. Oan dizze nije Aldeberkeaperwei en foaral by de trijesprong kaam stadichoan wat mear bebouwing. Op it westlik lizzende heidegebiet hat de “Stichting tot verbetering van de Volkshuisvesting in de gemeente Weststellingwerf” har meast opmerklike folkswentekompleks realisearre, ‘Het Rode Dorp’, wêr’t yn 1920 en 1922 in tweintich tal wenten mei oankapte skuorren op kampkes lân fan in heale hektare ta stân kamen.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!