FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Surch

Surch

Surch

De namme Surch (Nl. Zurich) docht tinken oan dy grutte stêd yn Switserlân. It doarpke flakby de Ôfslútdyk ferwolkommet dan ek geregeld besikers út dat lân. doe`t de eardere gemeente Wûnseradiel yn 2000 foarstelde om de Fryske namme Surch yn te fieren, stimden de hûnderttachtich ynwenners dan ek massaal tsjin.

Skiednis
De namme fan it lytse doarp is ôflaat fan it wurd Zuderinghe, wat súdhoeke of súdigge betsjut. Logysk as men sjocht hoe`t it doarp leit. De striid tsjin it wetter spilet in wichtige rol yn de skiednis fan Surch. Yn de 14e ieu wurdt de plaknamme foar it earst neamd yn de literatuer. Om har tsjin it wetter te beskermjen bouden de ynwenners in seedyk fan houten peallen. In wjirmepleach soarge der yn 1825 foar dat de dyk ferfongen wurde moast troch in stiennen fariant. Yn 1963 waard de dyk ferhege oant tsien meter boppe NAP. Dy 'nije dyk' wurdt ek wol de Surger slieperdyk neamd.

De tsjerke yn `e midden fan it doarp is yn 1864 boud. De foargonger, dy`t dêr folle earder stie, waard yn 1772 ôfbrutsen. Op fersyk fan de skipfeart bleau allinne de toer stean. Dat wie nammentlik in goed werkenningspunt op see. Nei hast hûndert jier allinne de wacht hâlden te hawwen, waard de toer yn 1864 úteinlik wer beselskippe fan in tsjerke.

Bysûnderheden
Surch is ûnderdiel fan de North Sea Trail. Alle jierren komme tûzenen kuierders op har rûte om de Noardsee hinne troch it doarp. De tocht rint fan Skotlân troch Ingelân, België, Nederlân, Dútslân, Denemarken en Sweden nei Noarwegen. wa`t dat te lang fynt, kin ek foar it Fryske Kustpaad kieze, dat fan Starum nei Lauwerseach rint en Surch ek oandocht.

Wenje en libje
De bewenners fan Surch moatte foar har foarsjennings foar it grutste part nei Wytmarsum, Makkum of Harns. De ynwenners meitsje folop gebrûk fan doarpshûs It String of moetsje elkoar yn it brune kafee fan hotel De Steenen Man.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Surch

Surch is in doarp dat yn de ferdrukking kommen is efter it spinreach fan wegen by de kop fan de Ofslútdyk en in twatal wegen. Oarspronklik is it in komdoarp, mar om’ e tsjerke is de kearn yn de rin fan tiid wat ûndúdlik wurden, wylst de bebouwing fan de streken by de dyk lâns him fertichte. De seedyk op Deltahichte biedt in wrydsk útsjoch oer it doarp en de keale omjouwing. De wjerstribbigens fan it lânskip hat dichter Obe Postma, ôfkomstich út it tichtby lizzende Koarnjum, beskreaun yn De boerinne fan Surch:

Har earizer blinkt yn ‘e sinne fier Want it hiem leit heech en frij; En beammen waachse net te Surch: De see is te tichteby

De oare dyk is de Surcher slieperdyk dy’t yn 1732 oanlein wurde moast omdat de seedyk fan de Zuricher-Oordpolder slim oantaast wie troch de pealwjirm. Willem Loré hie it plan dêr foar makke. Loré’s diken ha flauwe talúds dy’t de wetterslach better brekke dan steile diken. Tsjin de soal fan de slieperdyk oan is de kompakte lintbebouwing by de Caspar di Roblesdyk lâns ûntwikkele.

Yn de jierren tusken 1922 en 1932 hat it doarp in drokte fan belang meimakke mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk. De dykwurkers wennen yn in doarp fan barakken en sochten jûns fertier yn De Steenen Man wêr’t it der soms rûch oan ta gie. It barakkedoarp is ferdwûn, it hotel is noch altyd in aksint yn de bebouwing. De beskieden doarpsútwreiding leit yn it suden.

Surch hat in rom mei ipen omseame tsjerkhôf. Der stiet in lette neorenêssânse tsjerke út ûngefear 1905 mei mooglik noch in midsieuske kearn en in toer mei in achtsidige lantearne en in spits. It mitselwurk is fersierd mei rûnbôgenissen mei fersieringen fan keunststien. De gevel oan de noardkant is hielendal ticht, de súdgevel hat fjouwer rûnbôgefinsters. In Roosjen soe de arsjitekt wêze. In oannimmer mei dy namme wie by de fernijing fan de tsjerke fan Koarnwert belutsen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00