De trije klokketiers fan Koartsweagen
FriesDuitsEngels

Webshop


De trije klokketiers fan Koartsweagen

De trije klokketiers fan Koartsweagen

Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen. Krammele. Koartsweagen. Dêr is dochs hielendal neat te dwaan?!

Mar as er mei Lars, syn freon, alfêst op Google Maps de kampearbuorkerij opsiket, krije se in idee. It tsjerkhôf tsjinoer de pleats: soe dêr nachts wat te belibjen wêze? Noortje, dy’t ek altyd wol yn is foar wat aventoer, giet grif mei!

En sa begjint in frjemd ferhaal. In ferhaal fan klokken dy’t Pier wol heart, mar de oaren net. Fan in brief fan hûndert jier âld. Fan in klok yn Brabân, in klok dy’t werom moat nei Koartsweagen, om in man dy’t al lang dea is lokkich te meitsjen. Krije Pier, Lars en Noortje – de trije klokketiers – de klok fan fiifhûndert kilo yn Koartsweagen?


Kleur en materiaal

Prijs

€ 15,00