2. De snein yn Easterein

2. De snein yn Easterein
©: onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

De snein yn Easterein

De zondag is de dag des Heeren. Dat wie der yn Easterein yn de nei-oarlochske tiid noch wol aardich yndruid. Der waard sawat net wurke en de winkels  en it kafee wiene ticht. It kafee wie fan de herfoarme tsjerke en de rjochtsinnige Eastereiner tsjerkfâden hie it in ´doorn in het oog´ west as dat sneins iepen wêze soe. De minsken hoegden op snein net nei de ´kroech´! De slutingstiid op sneontejûn wie al om tsien oere. As der dan guon sieten dan waard it kommando ´heren het is de hoogste tijd´ jûn en koe der ôfrekkene wurde. As der nei tsienen dan noch ljocht brânde stapte de plysje binnen om de slutingstiid te hanthavenjen. Op de gersdrûgerij, in bedriuw der ’t yn it simmerskoft deis en nachts wurke waard,  waarden de ovens sneontejûns let útset om yn de nacht fan snein op moandei  nei 24.00 oere wer opstart te wurden. Dan koe it wurk dat net beslist op snein hoegde te barren  wer begjinne. 

De sneinswurkers

Der wiene  lykwols minsken dy ´t sneins oan it wurk ‘moasten’. De kij moasten molken en mjukse wurde en de molke moast nei it fabryk. Mar allinne it heechstneedsakelike waard dien. Ek de beide dûmny ´s,  de kosters en de oargelisten moasten yn it spier. De kloklieder hie it op snein sels ekstra drok. It kloklieden begûn sneintemoarns al om sân oere. Dêrnei waard der om acht oere let en ferfolgens in kertier foar`t de moarnspreek begûn (en dan sels mei beide klokken), dan bongele de klok om tolve oere wer, dêrnei in kertier foar de middeispreek (ek wer mei beide klokken) en dan noch in kear jûns om seis oere.

Utsliepe

Sneintemoarns  koe der útsliept wurde. It wie gjin fjouwer, fiif of seis, mar it waard sân of acht oere. Mar as men dan simmerdeis al om 8.45 oere nei tsjerke moast om ´t de preek om 9 oere begûn dan wie acht oere ek al wer oan de letten kant. De sneinske klean moasten ommers noch oan en dat wie foar de manlju it pak mei it wite boesgroentsje (= overhemd) en de strik. Mar ek de froulju moasten der kreas byrinne. De sneinske jurk mei de sneinske hoazen kamen út de kast en as se dan de doar útgongen mei hoed op en mantel oan en foaral stiif yn it kesjet om slank te lykjen dan koene hja sa wol op wei nei tsjerke. Lippestift, eachskaad en it fervjen fan it hier wie noch net oan de oarder. De froulju wiene noch fan harsels moai. It iennichste wat se brûkten wie wat rûkersguod op de mouwe of by de hals, want in wat parmantich dekolletee kaam net foar.

Op de preek oan

Tusken 8.45 en 9.00 oere wie in drokte fan jewelste yn it doarp; herfoarmen en  grifformearden gongen nei de eigen tsjerke. Guon doarpslju seagen de oare kant út as se inoar tsjinkamen, want foar de grifformearden wie de herfoarme tsjerke ´sodom en gomorra´. Foar guon herfoarmen wiene de grifformearden de ôfskieden rûzjesikers, dy ´t it altyd it beste wisten en foaral tochten dat herfoarmen nea yn de himel komme koene om ´t  se te ´frijsinnich´ wiene. Nei de tsjerketsjinst koe dit ritueel him soms werhelje, mar om ´t grifformearde tsjinsten faaks wat langer duorren as de herfoarme foel it inoar moetsjen yn kristlike neisteleafde dan wol ta. Mar middeis om 13.15 oere kaam de werkânsing en werhelle it ritueel him fan de moarns. Om ´t de grifformearden wat trouwer wiene mei it ferfoljen fan harren godstsjinstige plichten kamen dy grifformearden middeis wat minder herfoarmen tsjin as moarns. Foar grifformearden dan ek noch in reden om dy herfoarmen mar sloppelingen te finen.

It kofjedrinken en dêrnei

Nei ´t de moarnspreek waard der thús kofjedronken en moasten de froulju mei it middeismiel oan de gong. Sneons wie dêr al it ien en oar foar reemakke, mar de puntsjen op de i moasten nei de kofje noch set wurde. De measte manlju bedarren dan op it plein by Bergsma om de lêste nijtsjes út te wikseljen. Dêr stiene dan de herfoarme, de grifformearde en de manlju dy ´t neat wiene en net nei de preek west hiene, wer allegearre troch inoar. Mar sadree de klok 12 oere liede wie it plein leech en moast men oan it miel. Der moast dêrnei hurd ôfwosken wurde en in grut tal doarpsgenoaten stie al wer yn de startblokken foar de middeispreek. De manlju dy ´t dan tsjin ´Gods  gebod´ net yn de preek kamen stiene ûnder tsjerketiid, sadree de tsjerkedoarren ticht wiene,  gesellich op it plein smoute ferhalen te fertellen. Dêr stie dan it wat ´lossere´ folk; minsken dy ´t Gods geboaden net altyd neffens de útlis fan de Eastereiner dominy ´s yn acht namen. As dizze ploech dan tocht dat de tsjerke sawat útkomme soe  gongen se foar in bakje tee nei hûs.

De sneintemiddei

Nei de tee waard der kuiere. Meastal per húshâlding mar de gruttere bern gongen der mei kammeraten of kammeraatskes op út. De dyk nei Wommels wie swart fan it folk; de âlddyk wie faaks it kearpunt, mar ek de âlddyk om kaam foar. In ´geliefd´ loopke wie de slabatten om, om fia de Streek it doarp wer yn te kommen of by Jan Heeg (no Bouma) oer it hiem fia de Hidaarderdyk wer op it doarp oan te gean. Dêrnei wie it wer itenstiid en de jûns waard lêzend, pratend nei in harkspul (hoorspel) lústerjend en somtiden troch op besite te gean trochbrocht. Sa kaam dan wer in ein oan de safolste snein yn Easterein.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: onbekend


|
Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.