Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

 

Deel:


Jutrijp

Jutryp is in lang útrekt streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen súdlik fan Snits ûntstien is as in wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westkant fan de feart it Far. Sûnt de oanlis yn 1843 fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer oan ‘e eastkant fan it wetter, makke in part fan it doarp geandewei in draai fan 180 graden en hat it him ûntjûn ta in dyksdoarp en groeide sadwaande ek fêst oan it buordoarp Hommerts. Mar it noardlike part leit by de Binnenwei lâns, fierder fan de drokke strjitwei ôf en fertoant noch altyd de âlde struktuer.


Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851 is dit proses te sjen. Begjin 18e ieu is alle, benammen agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Jortryp, doorgaans genaamd Jutryp, en het volgende dorp [Hommerts] zyn gelegen tusschen de beide Wymertsen aan eene oude moerige vaart, van ‘t eene dorp naar ‘t andere loopende: aan den Oostkant deezer vaart ziet men de Kerk, hebbende een’stompen toren, en ook de meeste huizen en plaatsen. [...] Ten Noorden en ten Westen strekken de landen des Dorps zich uit tot aan de Stads Gerechtigheid van Ylst, ten Oosten aan Oppenhuizen, en ten Zuiden aan Hommerts.”


De âlde stompe toer waard yn alle gefallen oant healwei de 19e ieu ta hanthavene, mar de âlde tsjerke mei moai skilder- en snijwurk, is om 1819 hinne ferfongen troch in nij gebou mei opnij in toer mei spits. Ek dizze tsjerke koe net bestean bliuwe en is yn it begjin fan de santiger jierren sloopt.


Yn Jutryp stiet in oantal monumintale pleatsen. Dy oan Binnenpaed 46 hat in deftich foarein en de kop-rompbuorkerij op nûmer 12 fertoant ekspresjonistyske trekken út de tritiger jierren.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland
NLP: Gemeente Sudwest Fryslân
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Jutrijp
©: FrieslandWonderland