Regio's

Regio


Snits hoecht eins gjin taljochting: it is ién fan de Fryske alve stêden en ít wettersportsintrum fan Fryslân. Hichtepunten fan it wettersportseizoen binne de finale fan it Skûtsjesilen en fansels de ’Sneekweek’, dy`t iepene wurdt mei de tradisjonele floatskou. Mar it brûzjende Snits hat mear te bieden as allinne de wettersport: in soad winkels, gesellige kafees, goede restaurants, muzyk, teater en it hiele jier troch ferskillende eveneminten. En dat alles yn in prachtige, histoaryske omjouwing. Eltsenien ken de ferneamde Wetterpoarte, mar de stêd hat noch in hiel soad oare monuminten. Yn in oantal dêrfan binne musea fêstige. It Fries Scheepvaartmuseum biedt in alsidich byld fan de skiednis fan de Fryske skipfeart fan de 17de oant de 20ste ieu. Yn it NS-stasjon sit it Nationaal Modelspoormuseum. Dêr koene jo oant 2014 ek de stoomtrein nei Starum nimme Oan it skildereftige Lytssân fine jo it winkeltsje fan de ferneamde distillearderij Weduwe Joustra dat de muoite fan it besjen wurdich is.

Keunstleafhawwers kinne har hert ophelje yn ferskillende galerys, dêrûnder Het Lam en Galerie Peter Bax. Sjoch ek ris op www.kunstkast.nl as jo fan keunst halde.

Wolle jo efkes fuortflechtsje fan de drokte fan Snits? Yn it gebiet eastlik en noardeastlik fan de stêd fine jo in oaze fan rêst! Dy streek hjit ek wol de ’Lege Geaën’, de lege gebieten. Genietsje dêr fan de stilte en it typysk Fryske lânskip mei syn prachtige fiersichten en yndruk meitsjende wolkeloften.

It tichtby wêzen fan de Snitser Mar jout it gebiet noch in ekstra diminsje, wat it lânskip oangiet, mar ek wat de natuer oangiet. Mei de oanbuorjende polders is it in nijsgjirrich en ryk natuergebiet fan sa`n 1200 hektare. It is ûnder oaren fan grut ynternasjonaal belang foar in soad wetterfûgels.

Dwers troch it gebied slingeret it restant fan in âlde see-earm, de Snitser Aldfeart. De measte doarpen binne dêrmei ferbûn troch saneamde ’opfearten’. In oar karakteristyk lânskipselemint is de Griene Dyk. Dy dyk, dy`t rint fan Snits oant Jirnsum, waard yn de 12de ieu oanlein om it leech lizzende gebiet te beskermjen tsjin oerstreamings út it súdeasten wei.

Skearnegoutum, Gau, Goaiïngea, Loaiïngea en Offenwier steane ek wol bekend as de ’Snitser Fiifgea’. Gau, Goaiïngea en Offenwier binne ferstille, autentike doarpkes dy`t de wiidsheid fan it lânskip efkes ûnderbrekke. Yn Offenwier sit yn in âld pân mei in moderne oanbou in galery. Eastlik fan it doarp, oan de Snitser Mar, leit it drok besochte rekreaasjesintrum De Potten. It grutste doarp fan de Snitser Fiifgea is Skearnegoutum. Dat is ûntstien op de eastlike kant fan de eardere Middelsee. It doarp leit moai oan De Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining wie tusken Ljouwert en Snits en tsjintwurdich, as in part fan de Middelseerûte, benammen wichtich is foar de plezierfeart. Op de flagge en it wapen fan it doarp stiet in fiifpuntige stjer, dy`t de fiif doarpen fan de Snitser Fiifgea symbolisearret.

Loaiïngea is noch krekt net opslokke troch Snits. Om dy bysûndere enklave te beskermjen tsjin de opkringende ferstêdliking is in lânskipsplan makke en útfierd. In ûnderdiel dêrfan wie it graven fan in haventsje en in farferbining mei De Swette.

Yn it noardlike part fan de Lege Geaën lizze de aardige doarpkes Sibrandabuorren, Tersoal en Poppenwier. It lêste is in beskerme doarpsgesicht en hiel skildereftich. Yn Sibrandabuorren stiet noch it eardere suvelfabryk ’De Lege Geaën’, dat fan 1891 oant 1975 yn bedriuw wie. Oer de Sibrandabuorsterfeart, de ferbining mei de Snitser Mar, liet in prachtige brêge út 1865. Tersoal hat ek in farferbining mei de mar. Alle trije doarpen binne oer in opfeart ferbûn mei de Snitser Aldfeart. It wetter dat oeral oanwêzich is is alle jierren it tafriel fan it saneamde ’preamkeskowen’. Dêrby nimme seis doarpen yn it gea it tsjin inoar op yn in wedstriid mei karakteristike preammen.

In goede manier om dit prachtige gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rondje Sneekermeer dwaan kinne

Boppe Dokkum leit in prachtich en noch foar in grut part net ûntdutsen gebiet. It lânskip falt op troch prachtige fiersichten, skildereftige terpdoarpkes, ieuwenâlde tsjerkjes, ferskillende soarten mûnen, steatlike pleatsen, meänderjende streamkes en âlde diken.

It lân by kust lâns wurdt oerhearske troch de ymposante seedyk. Dy is yn de jierren ’70 fan de foarige ieu op Deltahichte brocht (5 meter boppe NAP). Dêrmei like it of dat de striid tsjin it wetter definityf beslist wie. Mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat de dyk yn de takomst dochs noch ferhege wurde moatte sil.

Bûtendyks lizze de kwelders, dy`t allinne by stoarm en ekstreem heechwetter noch ûnderstrûpe. Daliks efter de dyk lizze de doarpen Wierum, Peazens en Moddergat. It fiskerijferline is dêr noch dúdlik te fielen en te sjen. Op de dyk by Wierum en Moddergat steane twa monuminten dy`t yndruk meitsje en dy`t in oantinken binne oan de grutte fiskersrampen dy`t dêr ein njoggentjinde ieu plakfûnen. It ieuwenâlde tsjerkje fan Wierum stiet hast tsjin de moderne, strakke seedyk oan, dat in prachtich kontrastearjend byld jout.

Nei it westen ta lizze Ternaard en Holwert. Dêr is noardlik fan de âlde dyk in nije dyk oanlein. Oer de âlde dyk rint in dyk dy`t in moai útsicht jout oer it âlde en it nije lân. De dyk fan Holwert nei Dokkum giet oer in pear terpen mei lytse doarpkes derop. Ién dêrfan is Foudgum, dêr`t de dichter Francois HaverSchmidt, alias Piet Paaltjens, fan 1859 oant 1863 dûmny wie. De pastorije is hjoed de dei in ’Bed and Breakfast’.

It lân by de kust lâns bestiet út in âlde kwelderwâl. Troch de hegere lizzing is it dêr meast boubuorkerij. Fierder it lân yn leit it lân leger en is it greidbuorkerij. It is in prachtich, net skeind terpelânskip dêr`t men al fytsend of rinnend ta rêst komme sil. It is net frjemd dat hjir, justjes súdlik fan Hantum, in boeddhistysk meditaasjesintrum is. It gebou yn de foarm fan in Yndiaaske ’stoepa’ (timpel) hat yn dy omjouwing in ferfrjemdzjend effekt en is allinne om dy reden al in lytse besite wurdich.

Troch it gebiet slingeret fierder it rivierke de Peazens. Yn 1860 waard dêryn in ’ontzaggelijk groote visch’ ûntdutsen. Nei in ferwoeden striid dy`t twa dagen duorre, waard de 2.60 meter lange steur yn de opfeart nei Nijewier fongen. It fleis (en de kaviaar?) waard ferkocht oan in tal fermogende Kollumers. De hûd fan it bist waard opfolle mei strie en is no noch altyd te bewûnderjen yn it doarpshûs fan Nijewier.

De súdlike grinsstreek fan Fryslân is in streek mei in soad ôfwikseling: iepen greide en boulân, beamwâlen, bosk, heide, moeras en wetter. De fariaasje yn it lânskip giet lyk op mei in rike natuer en in hiel boeiende kultuerhistoarje. Dêr rinne Fryslân, Drinte en Oerisel hast as fansels yn elkoar oer. It punt dêr`t de provinsjegrinzen inoar reitsje, leit ’in the middle of nowhere’ en is allinne te werkennen oan in (nammers net maklik te finen) grinspeal.

In sânrêch tusken Oldemerk en Noardwâlde is de âldste ûntginningsas yn de streek. De rige doarpen by dy as ûntstienen ieuwen lyn al. Begjin santjinde ieu waard begûn mei it ôfgraven fan de feangrûn. Foar it ôffieren fan de turf waarden fan Steggerda, Finkegea en Noardwâlde út fearten groeven nei De Linde. It hichtepunt fan it ferfeantsjen lei tusken 1650 en 1750. Yn 1800 wie it by de niisneamde doarpen fierhinne dien mei de produksje fan turf. Nei ferrin fan tiid waard in nije boarne fan ynkomsten fûn yn de reidflechterij, dy`t him oan de ein fan de njoggentjinde ieu ûntjoech ta in wichtige bedriuwstûke. Yn Noardwâlde waard yn 1912 de ’Rijksrietvlechtschool’ oprjochte, dêr`t tsjintwurdich it Nationaal Vlechtmuseum yn sit.

Lyk mei de grins mei Drinte en Oerisel rint in lange, rjochte wei mei de yntrigearjende namme ’Vierdeparten’. Yn de tiid fan de turfgraverij rûn by dy wei lâns in feart dy`t de Steggerdafeart, de Finkegeafeart en de Noardwâlderfeart mei-inoar ferbûn. Om fan dy dwersfeart gebrûk meitsje te kinnen, moast pacht betelle wurde: íénfjirde part fan de mannichte it skip ferfierde turf.

Yn de njoggentjinde ieu, doe`t it turfwinnen dien wie, waard de grûn oan wjerskanten fan de wei oankocht troch de ’Maatschappij van Weldadigheid’. Dy organisaasje wie yn 1818 oprjochte om de earmoed yn benammen de stêden te bestriden. Fier fuort fan dy stêden, yn de grinsstreek fan Drinte, Fryslân en Oerisel, waarden lânboukoloanjes stifte, dêr`t de ’behoeftigen’ oan it wurk koenen, mei as doel dat se úteinlik op harsels stean kinne soenen. De ’Vierdeparten’ wie in diel fan de koloanje Wilhelminaoard. Wat fierder nei it súdwesten, yn Oerisel, waard de koloanje Willemsoard stifte.

De Maatschappij bestiet noch altyd en sit yn de eardere koloanje Frederiksoard. Hjoed de dei rjochtet er him op it behâld fan it rike erfgoed, dat bestiet út arbeidershúskes, pleatsen, fabriken, skoallen, âldereinhuzen (!), ensfh. Yn Frederiksoard is ek museum De Koloniehof. In oar, hiel bysûnder museum is it Miramar Zee(!)museum yn Fledder, dat dêr net fier fan ôf leit. Yn dat doarp is fierder Museums-Vledder te finen, trije musea ûnder íén dak: in museum foar hjoeddeiske grafyk, in museum foar hjoeddeiske glêskeunst én, unyk yn de wrâld, in museum foar falske keunst.

Neist in rike en nijsgjirrige kultuerhistoarje hat de streek ek in ferskaat fan natuer. Fuort besuden Noardwâlde leit it ’Spokebos’ fan 100 hektare grut, mei dêryn rekreaasjedobbe de ’Spokeplas’. Fierder nei it suden, yn Drinte en Oerisel, is der foaral bosk mei dêrneist greide, bou of heide. De ’Noordwoldermeenthe’ is in heidegebiet benoarden Noardwâlde. Tusken dat gebiet en it doarp leit it Jeudse Karkhof, in Joadsk begraafplak mei ikebeammen deromhinne, dy`t boppe de ôfgroeven grûn útstekt. Fierder nei it westen ta leit it natuergebiet Lendevallei, in ôfwikseljend moerasgebiet oan wjerskanten fan De Linde. Dat rivierke lient him o sa foar in prachtige kanotocht. Foar kuierders en fytsers biedt de straak ek gâns mooglikheden. As jo in rûte plenne yn de omkriten fan Steggerda, riede wy IJsboerderij De Saks fan herten oan as plak foar in koart skoft. Dy Saksyske pleats waard boud yn 1731 en is íén fan de âldste pleatsen fan Fryslân.

Skylge

Skylge is fansels bekend om Oerol, it teaterfestival dat sûnt 1981 alle jierren yn juny op it eilân holden wurdt. It is útgroeid ta íén fan de grutste festivals foar strjit- en lokaasjeteater yn Europa en lûkt alle jierren tûzenen besikers.Mar Skylge is mear as allinne Oerol. Folle mear!

It grutste Fryske waadeilân biedt yn alle tiden fan it jier alles foar in koarter of langer ferbliuw. It fakânsjegefoel begjint al by de ôfreis út Harns. En dat gefoel groeit neigeraden it silhûet fan it eilân, mei de ieuwenâlde Brandaris, him hieltyd skerper tsjin de hoarizon begjint ôf te tekenjen.

De boat leit oan yn it libbene West. Fan dêrút rint, by in grut tal doarpen en buorskippen lâns, de dyk dy`t foar auto’s de iennige ferbining is mei it rêstige en it net kultivearre eastlike part fan it eilân. Fanâlds wurde op it eilân mar leafst trije Skylger Fryske dialekten praat: it ‘Westerschylgers’ yn West, it ‘Meslônzers’ yn Midslân en it ‘Aasters’ yn de doarpen eastlik dêrfan.

It eilân hat in grut ferskaat fan lânskippen. Grutte strannen, smoute bosken, it hieltyd wikseljende dúnlânskip, de agraryske polder en it skildereftige waad. Tachtich prosint fan it eilân bestiet út natuer. De ‘topper’ op dat mêd is de Boschplaat, in unyk natuergebiet dat bestiet út strânflakten, dunen en kwelders dêr`t slinken trochhinne rinne. As íén fan de inkelde gebieten yn Nederlân hat de Boschplaat al sûnt 1970 it predikaat ‘Europeesk Natuerreservaat’.

Yn de leech lizzende, wiete dúndellings, de saneamde ‘plakken’, groeit de cranberry. Dy plant dy`t út Amearika komt is op it eilân telâne kommen nei't yn 1845 in fet mei beien fan de plant oanspield wie. De cranberry wurdt brûkt by it meitsjen fan ferskillende produkten, dêrûnder sjem, wyn en jittik.

Foar elk wat te kiezen. Dat is Skylge. Natuer, kultuer, kultuerhistoarie, rêst, fertier. It neamen fan in pear highlights soe de rest tekoart dwaan. Dat dogge we dus net. Boppedat is it folle aardiger om it eilân séls te ûntdekken en jins eigen, persoanlike highlights te besjen.

Yn dit prachtige gebiet fine jo in soad wetter, in híél soad wetter: njonken de Snitser Mar sels ek de withoe folle fearten, sleatten en puollen dêromhinne. It is dus ynearsten in paradys foar de wettersporter! Mar ek foar dyjingen dy`t leaver fêste grûn ûnder de fuotten hawwe hat it gebiet in hiele soad te bieden. Moair fiersichten, fertier, kultuer, kultuerhistoarje, natuer, rêst en stilte. In goede manier om it gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rûntsje Snitser Mar dwaan kinne.

Top en Twel is de pleatslike namme foar de doarpen Toppenhuzen en Twellingea, dy`t yn it Nederlânsk Oppenhuizen en Uitwellingerga hjitte. It gebiet om de doarpen hinne bestiet út in tizeboel fan fearten, sleatten en markes. It is dêr in oäze fan rêst, ferlike mei de tichtbije Snitsermar en it drokke Prinses Margrietkanaal. By de dyk lâns troch de beide doarpen stiet in keunstwurk dat ’de trije reuzen’ symbolisearret, dy`t neffens in leginde ferantwurdlik binne foar it ûntstean fan in trijetal fearten yn it gebiet. Top en Twel hat ek de net-wettersporter it nedige te bieden: in galery, in tal keunstners waans wurk jo (op ôfspraak) by harren thús besjen kinne en in itensiedersstudio. Hiel aardich is ek it bewarre bleaune tramhúske yn Twellingea, dat hearde by de ûnderwilens al lang ferdwûne tramline Snits-De Jouwer.

Eastlik fan de Snitser Mar lizze de Lege Wâlden. Troch de lege lizzing wie it lang in ûntrochlitber, sompich gebiet. It leechfean waard fan de tsiende ieu ôf oanmakke, mar oant fier yn de njoggentjinde ieu stie it gebiet alle winters noch ûnder wetter. Dêrtroch ûntjoegen har saneamde blaugerslannen. De ’Blaugerzen’beëasten Eagmaryp is it grutste oaniensletten areaal blaugerslân fan Nederlân.

Noch wat fierder nei it easten leit it nochal isolearre Vegelinsoard, dat earder Stobbegat hiet en earst yn 1955 syn hjoeddeiske namme krige. It doarp is neamd nei de adellike famylje Vegelin, dy`t in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan it gebiet noardeastlik fan De Jouwer. Vegelinsoard leit yn it noardelike part fan de Haskerfeanpolder, dat earst yn de earste helte fan de tweintichste ieu oanmakke is.

Goaiïngaryp is in wettersportdoarpke dat populêr is om syn prachtige lizzing oan de puollen dy`t nei it doarp neamd binne. Dy Goaiïngarypster Puollen steane yn direkte ferbining mei de Snitser Mar en binne yn de ferneamde Snitswike in part fan it wetter foar de wedstriid. Fierder yn it jier oerhearskje rêst en stilte.

It rêstige en freonlike Terkaple hat ek syn ´eigen´ puollen. Oan de noardwestkant dêrfan leit Terherne. Njonken wettersportsintrum is dit doarp ek bekend om it aventoerepark Kameleondorp. In oare ’lûker’ yn dit gesellige doarp is de klassike skippehaven. It seit himsels dat Terherne ek wat terraskes oangiet, restaurants en oernachtingsmooglikheden folslein ynsteld is op it toerisme.

Noardeastlik en eastlik fan Ljouwert leit in hiel bysûnder gebiet. Hast nearne yn Nederlân binne op sa`n koarte ôfstân fan elkoar sokke ferskillende lânskippen te sjen. Bosk, sompige reidlannen, greiden, feandobben, beammesingels: de Trynwâlden biede in soad ôfwikseling.

Neffens in leginde ûntlient it gebiet syn namme oan in rike widdofrou, Tryntsje. Dy liet har sân soannen elts in pleats nei mei in soad grûn. Om dy pleatsen bouden de soannen neffens it ferhaal elts har ’eigen’ doarp. Sa waard Âldtsjerk ferneamd nei de âldste soan, Oentsjerk nei soan Oene, Gytsjerk nei Gieke, Readtsjerk (Roodkerk) nei Rode, Ryptsjerk naar Rype, Tytsjerk nei Tiete en Wyns nei Wynse. Foar it doarpskafee oer yn Oentsjerk stiet in keunstwurk dat Tryntsje en har sân soannen útbyldet.

De seis ’tsjerkedoarpen’ lizze op in smelle, fan noard nei súd rinnende sânrêch. Dat boskrike gebiet wie earder al yn trek by de adel, dy`t dêr harren bûtenferbliuwen bouwe lieten. In oantal derfan binne bewarre bleaun: De Klinze, Stania State en Vijversburg. Om alle trije leit in 19de ieusk park yn de Ingelske lânskipsstyl, ûntwurpen troch de ferneamde Lucas Pieter Roodbaard.

Nei it westen ta giet it smûke lânskip abrupt oer yn in wiid polderlânskip. Dêr lizze dielnimmers oan de Alvestêdetocht har lêste kilometers ôf, foardat se finishje op de Bonkefeart, dy`t fuort neist de westlike tagongsdyk fan Ljouwert lâns rint. De brêge oer it Alddeel is omtsjoend yn in unyk monumint foar de ’Tocht der tochten’.

Súdlik fan Gytsjerk leit it natuergebiet De Grutte Wielen, dat bestiet út dobben, sompige reidlannen en leech lizzende greidlannen. Tusken dit gebiet en it fierder nei it easten lizzende Ottema-Wiersmareservaat is in ekologyske ferbiningssône oanlein: de Bouwe Pet, in sompe-eftich gebiet.

Eastlik fan Oenstjerk giet de oergong fan bosk nei it iepen feangreidegebiet folle mear fansels. Dêr wurde stikken bosk ôfwiksele troch iepen plakken. Dat jout fan de lytse dykjes, sânpaden en ruterpaden ôf prachtige trochkykjes.

It sil dúdlik wêze: de Trynwâlden hawwe eigentlik alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw. In prachtich, ôfwikseljend lânskip, in ferskaat fan natuer, wetter en in rike kultuerhistoarje. En soks allegear binnen fytsôfstân! Mar neist fytsen lient it gebiet him ek poerbêst foar kuiertochten en is it in paradys foar ruters en de (lytse) wettersport.

Faak wurdt sein dat Fryslân eins ophâldt by de rivier De Tsjonger: besuden dêrfan lizze de Stellingwerven, in streek mei in hiel eigen karakter en kultuer. Dêr prate se gjin Frysk, mar ’Stellingwarfs’, in Nedersaksysk dialekt dat yn de oanbuorjende parten fan Oerisel en Drinte ek praat wurdt. Alles oer de skiednis fan dizze bysûndere streek fine jo op de webside www.stellingwerven.dds.nl.

De Tsjonger (’De Kuunder’ yn it Stellingwerfsk) en De Linde (Stellingwerfsk: ’De Lende’) binne twa rivierkes dy`t bydrage oan de ôfwettering fan it Drintsk Plato. Krekt tusken dy beide rivierkes yn, dêr`t it lân heger en dus droeger wie, is in tal doarpen ûntstien. De by de doarpen hearrende lannen (de ’doarpsgebieten’) rinne yn noardlike en súdlike rjochting oant de niisneamde rivierkes ta. Beide rivierkes foarmen yn de Tachtichjierrige Oarloch tegearre de Linde-Tsjongerlynje, dy`t in part wie fan de Fryske Wetterlynje dy`t dwers troch Súdeast Fryslân rint. Súdeastlik fan Aldeberkeap, by it ’Stuttebosch’, lei de Bekhofskâns, dêr`t de kontoeren fan sûnt 2007 wer besjoen wurde kinne.

Aldeberkeap, yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu haadplak fan Weststellingwerf, is net allinne letterlik it middelpunt fan dy streek: it moaie doarp, dat in beskate grandeur útstrielet, is ek it toeristysk sintrum. It leit midden yn it 340 hektare grutte natuergebiet Tsjongervallei fan Steatsboskbehear. It Fryske Gea hat yn de omkriten fan Aldeberkeap ek in tal natuergebieten: Meulebos, de Delleboersterheide, de Diakonievene en de Bekhofschaans. Fan it doarp út binne kuierrûten útset nei de ferskillende natuergebieten. By it VVV-folderstipepunt binne dêrneist beskriuwings te krijen fan in kuierrûte troch it doarp en in tal fytsrûten yn de fierdere omkriten.

It tige aktive doarp hat in grut tal eveneminten. Om der in pear te neamen: de "voorjaarsfair", ein juny in ’kuierwykein’, fjouwer wike lang yn de simmer in "Kunst- en Kijkroute" en op de lêste woansdei fan july in jiermerk. Fierder is der yn it doarp in ynternasjonale skoalle foar tekstyltechnyk, keunst en foarmjouwing (mei in galery; sjoch www.hawar.nl), in galery dy`t him spesjalisearre hat yn ’hûne- en hynstekeunst’ (Nimrod), in skaakmuseum, in hertekamp, in tsiisbuorkerij en in ’1000-bistebuorkerij’.

It lânskip tusken De Linde en De Tsjonger is in typysk beamwâlelânskip dat karakteristyk is foar it grutste part fan de Stellingwerven: lange perselen greide en bou mei beamwâlen deromhinne, ôfwiksele troch heide, wetter en bosk. In prachtich dekor om yn te kuierjen, te fytsen of te hynsteriden. Mar fan it wetter ôf kin it gebiet ek ferkend wurde. De Tsjonger, part fan de Turfrûte, is te befarren foar motorboaten en is oer in opfeart ferbûn mei Aldeberkeap, dêr`t in passantehaven is. De Linde is gaadlik om te kanofarren. In kano kinne jo bygelyks hiere op de kamping fan Aldeholtpea, dy`t de ’Vereniging Plaatselijk Belang’ yn eigendom hat. Troch dy ferieniging binne trije kuiertochten útset yn de omkriten fan it doarp. Foar de rûtebeskriuwings, mei ynteressante ynformaasje oer de omkriten ynbegrepen, sjoch www.oldeholtpade.com. Yn it gebiet noardwestlik fan Aldeholtpea waard om 1840 hinne begûn mei it ôfgraven fan it fean. De saneamde ’Holtwolder akkerturf’, neamd nei de doarpen Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde, wie nei ’t sein waard fan bûtengewoane kwaliteit.

Yn it noardeasten fan dizze streek leit Makkingea, dat bekend is om syn rommelmerk dy’’t fan maart oant en mei oktober alle lêste sneonen fan de moanne holden wurdt. Dy iepenloftmerk wurdt ek wel oantsjut mei ’Waterlooplein van het Noorden’. Yn it doarp is it Museum ’Oold Ark’, dêr`t alderhande ark út eardere tiden útstald is. Yn dat museum is ek in rûtebeskriuwing te krijen foar in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp. Mear ynformaasje oer de rommelmerk en it museum fine jo op it webstee fan de VVV-Makkinga.

De streek tusken Feankleaster en Feanwâlden is in hiel eigen stikje Fryslân. Nearne net yn Fryslân komt men yn sa`n lyts gebiet safolle doarps- en streeknammen tsjin dy`t ferwize nei it (oarspronklike) lânskip. It gebiet leit foar in grut part op de ’sweach’ fan Kollum (Kollumer-sweach), in rêch fan balstienliem op de grins fan in heger lizzend gebiet en legere feangebieten noardlik en westlik derfan. Yn dat feangebiet is, op in heger lizzende sânrêch, Fean-wâlden ûntstien. De Westereen (yn it Nederlânsk Zwaag-westeinde) leit op de westlike ein fan de sweach. In bytsje súdeastlik derfan leit Sweager-bosk en súdlik dérfan Twizeler-heide. De namme Sânbulten is ek al sa dúdlik as mar kin. Hielendal yn it easten leit as lêste Fean-kleaster.

De namme Feankleaster ferwiist nei in frouljuskleaster dat dêr yn de trettjinde ieu fan Dokkum út stifte waard: de Oliifberch. Yn de santjinde ieu is op it kleasterterrein Fogelsanghstate boud en in grut park oanlein. De pleatsen en tsjinstwenten om de state hinne hearden fanâlds ek by de bûtenpleats. It doarp is íén fan de hiel inkelde yn Fryslân sûnder tsjerke. De struktuer fan it doarp is yn Fryslân ek nochal seldsum: men tinkt jin suver yn in Drintsk brinkdoarp. Al met al is dizze, noch net ûntdutsen, toeristyske pearel in besite sûnder mear de muoite wurdich.

Bewesten it boskrike Feankleaster leit it foar de Noardlike Fryske Wâlden karakteristike beamwâllânskip: in lytsskalich, heal iepen lânskip dêr`t om de stikken lân elzesingels en saneamde ’dykswâlen’ lizze. Hjir en dêr steane noch de karakteristike, hiel lytse ’wâldhúskes’, dy`t ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu stadichoan yn `t plak kamen fan de spitketen fan de turfstekkers.

Troch it gebiet rint it spoar fan Grins nei Ljouwert, dat yn 1866 yn gebrûk nommen waard. De trein stoppet ûnder mear yn Feanwâlden, dat ek in lytse besite wurdich is. Dêr stiet de om 1300 hinne boude Skierstins, in fersterke stiennen wentoer. It is de iennige midsieuske toerstins yn Fryslân dy`t bewarre bleaun is.

En as jo dan dochs yn de buert binne, sjoch dan ek efkes yn it skildereftige Feanwâldsterwâl, dat krekt súdwestlik fan Feanwâlden ûntstien is as feankoloanje. Dêr is de sfear fan de njoggentjinde ieu noch bewarre bleaun. De feart troch it doarp is de grins tusken de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. It doarpke is in hiel goede útfalsbasis foar kanotochten yn it feangebiet benoarden Feanwâlden.

Flylân

Flylân: in Frysk waadeilân mei in ‘Hollânske ynslach’. Neidat it ynearsten ta it foech hearde fan de Fryske Steaten, is it ieuwen lyn bestjoerd troch de Steaten fan Hollân en letter de provinsje Noard-Hollân. It eilân wie dêrtroch lang sterk rjochte op Hollân, en oarsom.

Sa wie der er op it eilân in ‘dependance’ fan de admiraliteit fan Amsterdam (it hjoeddeiske museum 'Trompshuys'). En de post waard bygelyks besoarge fia it neistlizzende eilân Teksel. Troch de relaasje mei it (rike) Hollân kaam it toerisme nei Flylân al betiid op gong. Yn 1906 al waard op it eilân in VVV oprjochte! De Hollânske ynfloed docht fierders bliken út it feit dat it dialekt fan Flylân mear besibbe is oan it Nederlânsk as oan it Frysk. Yn 1942 kaam Flylân (wer) by Fryslân.

Lânskiplik sjoen is Flylân ek oars as de oare Fryske waadeilannen. De eastlike parten fan Skylge, It Amelân en Skiermûntseach binne leech, net kultivearre en ûnbewenne, mar op Flylân dêrfoaroer leit júst oan de eastkant it iennige doarp. Dêr is ek de heechste dún fan de waadeilannen ûntstien: de hast 40 meter hege Fjoerboetsdún, dêr`t de fjoertoer op boud is. Neigeraden dat men fierder nei it westen giet, wurdt it eilân leger en ûnherberchsumer, as leit it der foar wyld hinne. De Flyhors, it meast westlike part fan it eilân, is in grutte sânflakte dy`t foar in part brûkt wurdt as militêr oefenterrein. Noardwestlik dêrfan moatte yn see noch de resten lizze fan it doarp West-Flylân, dat yn de achttjinde ieu definityf yn de weagen ûnder gie.

In oar ferskil mei de oare waadeilannen is dat Flylân sawat folslein bestiet út dunen, bosk en strân. Der is dan ek hast gjin sprake (mear) fan lânbou. It iennige fee op it eilân binne geiten, Skotske Heechlanners en hynders, dy`t benammen in funksje hawwe yn it ramt fan it natuerbehear.

Flylân: oars as de oare waadeilannen. Mar yn in soad opsichten ek wer net: de rêst, de natuer, it ljocht, de see, it strân, de dunen, de wolkeloften, it ûnûntkombere fakânsjegefoel...


0 | 1 |
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!