Deel:


Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22

 

De tsjerke fan Folsgeare hie al iuwenlang in ‘reidpôltsje’ (stikje grûn, begroeid mei reid en mei reid der omhinne), kadastraal nrs. 740 en 741, oan’e Tsjaerddyk. Hoe’t de tsjerke it yn besit krigen hat, is net bekend. Nei alle gedachten is it al foar de reformaasje yn 1580 skonken oan’e tsjerke.

 

Yn dy tiid wie it net ûngewoan om in stik lân te skinken oan’e tsjerke. Yn ruil dêrfoar waard der foar it sieleheil fan’e ferstoarne bidden. Neffens it tsjerke-argyf wurdt it ‘pôltsje’ al sûnt 1685 jierliks foar in skaplike priis ferhierd.

 

Lykwols, yn it jier 1875 steane de saken der hiel oars foar. De tsjerkfâden binne warber op syk nei finânsjes om de bou fan’e nije tsjerke bekostigje te kinnen.  

Se beslute it ‘pôltsje’ te ferkeapjen. In soad sil it net opleverje, mar alles is meinommen no’t de finansjele need heech is.

 

It ‘pôltsje’ wurdt yn’e ferkeap dien, mar it duorret noch in jier foardat der immen yn ynteressearre is.

De broers Salomon ( yn Folsgeare Sake neamd ) en Sjirk Heyns, soannen fan Wilhelmus Salomon Heyns en Evertje Sikkes Goënga út Wolsum, keapje it ‘pôltsje’ op 23 maaie 1876 foar 75,-  gûne fan’e tsjerke. 

Se litte der in dûbele wenning op bouwe en heakje der in lyts stikje grûn fan’e gemeente oan ta. Salomon en syn twadde frou Anke de Jong ( troud yn 1867) wenje mei harren bern op nr. 24.

Sjirk, yn 1870 troud mei Lambertje van Zanten út Nijlân en harren soan, komme te wenjen op nr. 22.

 

Zie voor meer informatie:

Het 'reidpôltsje' aan de Tsjaerddyk ( nummer 24 en 22), nl
It 'reidpôltsje' oan'e Tsjaerddyk ( nûmer 24 en 22), fr





















© Tekst: Wytske Heida - © Foto voorblad: archief voormalige gemeente Wymbritseradiel

Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
©: archief voormalige gemeente Wymbritseradiel
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
kaartsje 1875 (©: kadaster)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
kaartsje 1912 (©: kadaster)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk 22 om 1980 hinne (©: archief gemeente Wymbritseradiel)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk 24 om 1980 hinne (©: archief gemeente Wymbritseradiel)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk 22 mei 'klompehok' (©: Atse Bruin)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk nei it ferhurdzjen yn 1963 (©: db Folsgeare)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk 22, situaasje hjoeddedei ( 2021) (©: Wytske Heida)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk 24, situaasje hjoeddedei ( 2021) (©: Wytske Heida)
Het `reidpôltsje` aan de Tsjaerddyk, nummer 24 en 22
Tsjaerddyk mei ferkearsremmers (©: Wytske Heida)

Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de schrijver van dit item (Wytske Heida)