Alles oer Hylpen
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Hylpen


Deel:

-

-

Hylpen

Hylpen

Hylpen,it meast opfallend en eigensinnich fan de Fryske Alvestêden. De stêd hie gjin haven mar dreau al yn de fjirtjinde ieu útgebreid hannel mei Ingelân en de lannen rûnom de Eastsee. De Hylpers farden foaral yn opdracht fan Amsterdammer keaplju. Trochdat men folle mear rjochte wie op Hollân en it bûtenlân as op it eigen, Fryske eftterlân ûntstie in eigen taal.

De grutste bloei makke de stêd troch tusken 1650 en 1790. Ut dy tiid stamme ek de karakteristike kommandeurswenningen mei harren ryk fersierde tuitgevels. De grutte rykdom wurdt ek wjerspegele yn de prachtige ynterieurkeunst. It ferneammde Hylper skilderwurk is dêr in foarbyld fan.

De lizzing fan het stedsje op in foarút stekkende punt yn it Iselmar is hiel bysûnder. Fanôf de dyk ûnderfine jo in enoarme wiidsheid en hawwe jo in manjefyk útsicht oer it wetter, de kustline en it lân. It stedsje self, feilich ferskûle efter de dyk, azemt júst in grutte beslettenheid. Een wirwar van strjitten, stegen en wetterkes, de lytsskalige, ûnregelmjittige bebouwing en de houten brechjes soargje foar in pittoresk gehiel. It unike, skildereftige dekôr herberget ferskillende leuke winkeltsjes, terraskes en twa musea, wêrûnder it Earste Fryske Reedridersmuseum, dat jo eins net missen meie!

Ek yn de omjouwing falt in protte moais te ûntdekken. Kuierjend, fytsend, mei de auto, op de motor…it is oan jo. Natuer, betoverjende lânskippen, rêst, oare ynteressante stêden en doarpen: yn Hylpen ha jo it allegear by de hân!

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Hylpen

Hylpen is in opmerklike stêd, dy‘t har rykdom tanket oan de seehannel. Dat is noch altyd ôf te lêzen oan de eksellinte ynterieurkeunst. Lykwols hat de stêd gjin haven. De delsetting hat him ta stêd ûntjûn fanwege de keapfardij foar benammen Amsterdamske keaplju. Hylpen die mei oan it Hanze-ferbûn en yn de 14e ieu bestie der al in bloeiende hannel mei Skandinavië, de Baltyske lannen en Ingelân.

Hylpen wurdt foar in belangryk diel omfette troch de âlde Suderseedyk. By de lytse foarhaven fan hjoeddei mei in havenljocht op it havenhaad stiet in rêdingsloads fan de KNRM. By de slûs is yn 1619 it slûshús boud: it sylhues. De iepen dakruter kaam der krekt yn de 19e ieu op, de Oostertoren foar de Hylpers. Oan de kant fan dyk en haven is in leugenbank pleatst. De luif datearret út 1785. Dêr boppe sit in gevelstien mei in foarstelling fan Petrus’ fiskfangst. Dôchs wie it earder in skippers- dan in fiskersstêd.

Fan de slûsbrêge, de Sylsbrêge ôf, is der nei it suden ta in goed sicht op de dûbele wipbrêge mei de namme Skoelebrêge. It is in brêge mei in eargat, in ynventive slûf tusken de twa flappen yn, om aken en botters mei steande mêst trochgong te ferlienen sûnder dat de brêge ‘wipt’ hoegde te wurden. Fierderop leit de ûnregelmjittige bebouwing oan in tizeboel fan strjitten, stegen en wetterkes.

De Hylper kommandeurswenningen besitte sierlike tutegevels mei yn de geveltop meastal twa horizontale friezen mei frissels, siermitselwurk fan giele en reade stien. Yn dy geveltop steane ien of mear ovale finsters. De omlisting fan de doar is ek besûnder: de doar stiet yn in swier kezyn en it kalf dat de doariepening ôfdekt is útsnijd mei in akkoladefoarm en as de fersiering kompleet is: mei noch twa rozetten. Het moaiste kommandeurshûs stiet op ‘e hoeke fan de Buren en it grêftsje fan de Nieuwe Weg. Oan de Nieuwstad en oare strjitten binne ek soksoarte wenningen te finen. Bgl. op ‘e hoeke fan de Nieuwstad en de Meenscharsteeg: gebou Irene dat yn 1714 boud is en yn de jierren tritich renovearre.

Oan de Meenscharswiken steane noch inkele ‘likhuzen‘, lytse simmerhuzen op it efterterrein dêr‘t de húsgesinnen yn wennen as de kapteins en skippers op see wienen.

Op ferskate plakken kin men de Hylper ynterieurskilderkeunst bewûnderje. Op Nieuwe Weide 14 bgl., dêr‘t yn de winkel in âlde betimmering op oerdiedige wize beskildere is mei ûnder mear de deugden yn de Hylper klaaiïnge. It is ien stik tradysje yn Hylpen.

De stêd wie oan it lêst fan de 18e ieu ta mear rjochte op de see dan op it Fryske efterlân. De ynwenners ha in eigen taal mei ynfloeden fan it Frysk, mar ek mei in eigen wurdeskat. Der binne dus twatalige strjitnammebuordsjes. De Hylper klaaiïnge wurdt noch droegen by spesjale gelegenheden. De deftige, ynbannige manljusklaaiïng en de kleurige sitsen klean fan de froulju.

De kultuer fan Hylpen kin benammen yn it Hidde Nijland Museum yn it eardere stedshûs út 1682 bewûndere wurde. De tradysje fan snij- en foaral skilderkeunst is hjir bewarre bleaun. Nettsjinsteande dat de krollerige aspekten hjiryn net frjemd binne fan bûtelânske ynspiraasje, is de styl benammen basearre op dekorative renêssânsepatroanen.

De herfoarme tsjerke stiet oan de westlike râne fan de stêd, in gefolch fan de ôfslach fan lân oan de seekant. Se is yn 1593 boud en makke yn 1632 al wer plak foar in grutter gebou. Yn de 17e ieu groeide it ynwennertal fan Hylpen sa rap, dat der in folslein nije beuk needsaaklik wie. Dy nije oanbou ferdwûn yn it jier1892; de Hylper befolking wie doe al wer krompen. Tsjin de westkant fan it skip oan stiet in markante toer, de moaiste fan de Fryske Iselmarkust.

It moaiste hûs fan Hylpen stiet oan de Nieuwe Weide op in hoeke fan twa grêften: in earder stedshûs. It steatlike hûs is as wenning boud yn de Lodewijk XVI-styl yn de lette 18e ieu. De stedsútwreidings fan nei de oarloch ha yn it suden plak fûn, yn it noarden is in grutte rekreaasjehaven oanlein

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.