Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Hallum is in radiaal terpdoarp dat inkele jierren foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch ûntstien is. Yn de 11e ieu is de seedyk, dy‘t noardlik fan de Ferwerderadielster doarpen opsmiten waard op de terp oansluten. De Hallumer terp kaam dêrtroch alhiel binnendyks te lizzen. Dy rekke yn it earstoan om it tsjerkhôf hinne foaral beboud oan de súdwestkant mei de Hegebuorren en de Lytse Buorren en oan de noardkant mei de Grutte Streek en omjouwing. It wienen in pear fan in grut oantal âlde radiale paden.

Oan de noardkant kaam oan ‘e binnekant fan de dyk yn de 13e ieu Offingastate te stean op in wrydsk hiem, dat doedestiids wierskynlik de ringdyk oan dy kant al fersteurde. De state is yn 1738 sloopt en it plak bleau lange tiid in ûnbeboud terrein. Fierders is, nettsjinsteande de lettere kompakte bebouwing de ringdyk noch dúdlik oanwêzich; oan de noardeastkant krige er sels de namme Rondweg. Oan de súdkant lei Goslingastate krekt bûten de ringdyk en fierder fan it doarp ôf oan de eastkant Sytjemastate.

It doarp waard ûntsletten troch de Hallumer Mar, dy‘t nei de ferbettering en it oanlizzen fan in jaachpaad sûnt 1648 ek wol de Hallumer Trekfeart neamd waard. Dizze feart foarme mei in heakse bocht de haven tsjin de westlike flank fan it doarp oan. De feart koerste fierder yn súdwestlike rjochting om nei in pear hûndert meter op ‘e nij wer in heakse bocht nei it súdeasten te meitsjen om fierder kjersrjocht troch it lân te rinnen om by Bartlehiem yn de Ie út te kommen. Fan de 17e ieu ôf kaam der dan ek bebouwing oan de súdwestlike kant fan it doarp.`

De yndustry hat mei grutte bedriuwen foar banketbakkersguod en bakken en eardere bedriuwen yn metaalwaren yn en by it doarp syn spoaren neilitten. Oan de Mounebuorren stiet it (twi)bakfabryk De Volharding út om-ende-by 1915 mei in notabele direkteurswente út it lêst fan de 19e ieu. De yndustry is nei de oarloch gruttendiels ferhuze nei de Doniaweg dy‘t yn westlike rjochting nei Hallumerhoeke ta fiert en dêr in oansjenlike wiksel lûkt op it lânskip. In oar gefolch is dat foar, mar benammen nei de oarloch relatyf frijwat folkswenningbou ta stân kommen is. De doarpsútwreidingen ha op in frij soarchfâldige wize foaral oan de súdeastlike en wat minder oan de súdwestlike kant plak fûn.

De doarpstsjerke oan de eastlike kant fan ien fan de fraaiste tsjerkhôven fan Fryslân wie oarspronklik nei alle gedachten wijd oan Sint Martinus. Se is in ienbeukige tsjerke út it lêst fan de 13e ieu mei in fiifkantich sletten koar, twa legere, oerdwers pleatste oanbouwen; de noardlike mei in tintedak en in spitske. De toer, ferdield yn trije segminten, krige in ynsnuorre spits. De âldste spoaren binne twa muorrefragminten fan dowestien út ûngefear 1100 yn de noardlike oanbou. Dêr binne restanten fan in klimmende bôgefries sichtber. It skip, mei romantisearjende bôgefries kaam ta stân yn it lêst fan de 13e ieu. De finstersomlistings krigen kraalprofilen en rinne as nissen nei ûnderen ta troch. Mei de bou fan it skip is mooglik ek de súdlike oanbou ta stân kommen. De âlderdom fan it 14e-ieuske koar is foaral te sjen oan de noardkant. Yn 1865 is it oare fernijd. De toer fan hjoeddei is yn 1805-1806 opnij boud; de âlde toer wie it jier dêrfoar ynstoart. Om it romme, mar tige folle tsjerkhôf hinne, stiet in kreas fersoarge, yn 1876 troch Jacob Douma ûntwurpen stek fan getten izer. Oan de noardrâne stiet it tsjerklik lokaal út 1912 mei eleminten yn de fernijingsstyl.

De meniste tsjerke oan de Offingaweg is in ienfâldige sealtsjerke út 1875 en de grifformearde tsjerke is yn 1912 prominint op in hoeke oan de ringdyk, de Langebuorren, boud nei in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers. Westlik fan Ferwert hat it ferneamde, yn 1163 stichte kleaster Mariëngaarde stien. Fuort nei de Herfoarming yn 1580 is it opheft en de gebouwen binne ôfbrutsen. Op it terrein oan de râne fan it Monnikenbildt en súdlik fan de Hallumerhoeke – dêr‘t oan de Mariëngaarde mear grutte boerepleatsen lizze – stiet no in kop-hals-romppleats mei in grut foarein út ûngefear 1840.

Hantum is in karakteristyk terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl en stadichoan opsmiten is ta in flinke hichte. It komt healwei de 10e ieu foar it earst foar yn de boarnen as Hanaten. De tsjerke lei, sa as dat wol faker foarkaam, net op ‘e krún fan de terp, mar troch de ôfgravingen om1900 hinne kaam se alhiel oan de súdwestlike râne fan de doarpsterp te stean.

De doarpskom lei sadwaande noardlik en noardeastlik fan de Tsjerkestrjitte, dêr‘t de út 1845 datearjende skoalle stiet, dy‘t no as ferieningsgebou brûkt wurdt en foar dat doel letter útwreide is. Oan de Grutte Stege, Smidsstrjitte en oare strjitten en stegen stiet in frij kompakte bebouwing fan ienfâldige tradisjonele boarger- en arbeidershuzen. Yn ‘e rin fan de 20e ieu is Hantum geandewei yn eastlike rjochting wat útwreide en de nijbou fan nei de oarloch kaam oan de súdeastlike flank telâne.

Oan de râne fan de hege, ôfgroeven terp stiet de yn it lêst fan de 12e ieu boude en oan Martinus wijde romaanske tsjerke fan dowestien en is op de finsters en de toer nei frij geef de tiid trochkaam. De foarse toer mei ynsnuorre spits en oan beide kanten ûnderling ferskillende oanbousels, ferfong yn 1808 in westwurk. Yn de goatyske tiid is it skip wat ferhege en kamen der spitsbôgefinsters yn de súdgevel. It koar springt wat yn en de healrûne absis springt ek wer wat yn. It dowestiennen muorrewurk dat benammen oan de noardkant net folle fersteurd is, is fersierd mei wide rûnbôgenissen op smelle muorredamen, dêr‘t in kraal oerhinne rint. By it koar binne de nissen wat leger en krigen se boppedat maskers as fersiering. De bôge-omlisting en kraal binne úttakkele. De pastorije yn de Smidsstraat is in middengongwenning fan it notabele type. Súdlik fan Hantum is yn 1988-1991 in Stoepa, in boeddhistyske timpel boud, in opfallend eksoat yn it Fryske lânskip.

Hantumerútbuorren is administratyf in doarp, mar der hat him abslút gjin komfoarming foardien. Der hat nea in tsjerke stien en de bern wienen foar it ûnderwiis ek oanwiisd op omlizzende doarpen. Dôchs waard Hantumerútbuorren al ieuwen lyn meld as in selsstannige mienskip. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 wurdt skreaun: “De zogenoemde Hantumer Uitburen bestaat uit eene verzameling van verstrooide buurten, met name Raard, Bierum, Medent, Germerhuizen en Nyenhuis, die te samen genomen 13 stemgerechtigde plaatsen bevatten. Nyenhuis ligt aan de Peazens, en van Medent loopt derwaarts eene uitwatering; doch de overige liggen aan den Rydweg.” Nijhûs leit alhiel yn it easten by de wetterloop de Peazens en tsjin de eardere gritenijgrins oan. By Bierum, no in stikmannich pleatsen oan de syddyk fan de Fennewei, stiet ien fan de boerepleatsen op in hústerp en by Raard, Raarderterp of Rhoodeterp by de yn 1853 bepune Dokkumerwei stean de pleatsen op hústerpen en dêr is noch in radiaal patroan yn it lânskip werom te finen. Medent (ek Miedent) leit wer súdliker en bestiet út twa boerepleatsen Groot en Klein Medent.

Hantumerútbuorren is in archipel fan groepkes hiele lytse agraryske delsettingen bleaun. Allinne by de Hantumerhoeke, de krusing fan wegen tusken Hantum, Hantumhuzen en Bierum, is wat wenningbou útgroeid ta in buertsje. Dit tichteby in yn it begjin fan de 20e ieu boude grifformearde tsjerke, in tradisjonele sealtsjerke mei in toer mei ynsnuorre spits, en in frij moderne skoalle. By de âlde boerepleatsen fan Bierum binne resint in pear moderne wenningen boud.

Hantumhuzen is in fan Hantum út ûntwikkele, frij jonge terpedelsetting dy’t pas yn de folle Midsieuwen stichte is. De terp is amper merkber om’t dizze yn 1891 gruttendiels ôfgroeven is en tsjintwurdich romte biedt oan in rjochthoekich patroan fan strjitten en paden. Der stie eartiids in oantal aadlike wenhuzen yn de omkriten dy’t ek allegear wer ferdwûn binne. Nei de oarloch is der wat nije bebouwing oan de noardkant fan it doarp kaam: sels wat folkshúsfesting oan de Kamphuisstrjitte. Eastlik fan it doarp stiet no op it omgrêfte terrein fan Poptastate in monumintale let-18e-ieuske kop-hals-romppleats. Tusken kop en hals yn is in âlde stinsmuorre hanthavene.

De grifformearde tsjerke stiet oan de Hantumerhoeke, in buertsje dat tusken dit doarp en Hantumerútbuorren groeid is (sjoch ek by dat doarp). Tsjerke en toer lykje bûten it doarpsweefsel te stean, eastlik fan de trochgeande dyk. De mânske tsjerketoer is it âldste. Hy sil om-ende-by it jier 1200 ferriisd wêze. De toer hat in oerwulve begeane grûn en hy draacht in liedklok út 1616. Yn de earste helte fan de 13e ieu is de ienbeukige, oan Sint-Anna wijde tsjerke boud. Se is ien fan de fraaiste eksimplaren yn romanogoatyske styl fan Fryslân. Der kin foaral geniete wurde fan en troch de robúste kraalprofilen dy’t sawol de lisenen, de muorredamen, begeliede as ek de omlisting fan de rûnbôgefinsters omfetsje. Ek de nissen kenne dizze omrâning en boppedat binne se fold mei mitsele mozayk. Om 1335 hinne binne de oarspronklike ferwulven ferfongen troch twa koepelferwulven mei licht spitsbôgige skied- en gurdlebôgen dy’t op pylders en ynwindige muorredamen rêste. Skildere ferwulfribben en sirkels fan siermitselwurk jouwe mei elkoar in besûndere sfear oan it ynterieur. In fraaie rococo preekstoel, in lyts, mar och sa’n moai fyn sânstiennen epitaaf foar Pybo van Eminga en frou yn iere renêssânsefoarmen binne fraaie eleminten. De koarpartij is yn de 18e ieu tafoege en dizze is by de restauraasje yn 1942 oanpast yn romanogoatyske styl, as hie er der altyd sitten. Doedestiids binne mear details in dizze sin ‘ferbettere’ wêrtroch’t der histoarysk net in folslein earlik byld mear jûn wurdt.

Harich is in skadich komdoarp mei in útstrekkende streek mei fersprate iepen bebouwing, wêryn‘t de buorskippen De Bels, Frisbuorren en Westerend-Harich lizze. Oan de oare kant, tsjin Balk oan, leit ek noch de boerestreek Lorbuorren. It doarp komt yn de 12e ieu foar it earst yn de boarnen foar. It leit op in lange sânrêch, dy‘t by de doarpskom mar krekt boppe de nulline leit, mar by Westerend op in plak hast fjouwer meter heech is. It is de noardlikste sânrêch fan it âlde Gaasterlân, dêr‘t oan de noardkant de leechlizzende feanpolders, de Van der Weavenspolder en de Groote Noordwolder Veenpolder op oanslute. De doarpskearn is om de âlde doarpstsjerke hinne groeid.

Om Harich hinne stiet in tal monumintale buorkerijen. De meast opfallende is Welgelegen, boud yn 1870 nei in ûntwerp fan arsjitekt H. Luiking. De pleats hat in yn de breedte boud deftich foarein yn in dekorative mingstyl mei in ferhege middenpartij mei balkon op kolommen fan getten izer. Welgelegen leit fraai yn in bocht fan de autodyk om Balk hinne en foarmet in deftich front mei oansjen foar it doarp. Oan de oare kant fan de dyk leit yn de Warren in moderne, yn 1996 boude buorkerij nei it model fan it loutere type fan de kop-hals-romp.

Yn de kearn fan it doarp stiet de tsjerke mei toer op in heech, mei beammen omseame hôf. De toer fan bakstien datearret nei alle gedachten al út de 12e ieu, mar letter is de romp ferhege en de bakstiennen spits – in seldsumheid – is der wierskynlik yn 1603 op set. Yn de toer hingje twa klokken, getten troch Petrus Overney yn de twadde helte fan de 17e ieu. De tsjerke is opnij boud yn 1663, sa is te lêzen op in opskrift fan de omliste yngongspartij; it is bard nei in stoarm. It ynterieur hat in 17e-ieuske kânsel en in moarmeren grêfmonumint fan Ulbo Aylva Rengers en syn frou. Alhiel yn it suden waard lange tiid op Maria Himelfeart, 15 augustus, de Wyldemerk hâlden, in ferneamde fee- en hynstemerk.

De Harkema is in jong en yn de jongste tiid sterk groeid streekdoarp mei in ferline as heidedoarp. It hat alderhande farianten oan nammen: eartiids wie it Harkema Opeinde, mar om betizing foar te kommen mei de Opeindes yn Smellingerlân en Grins, waard Harkema foarfoege. Yn it Frysk hawwe we it oer Harkema Opein, Hamster Pein en (meastal) De Harkema.

De Hamster Pein, no ressortearjend ûnder Droegeham, is in agraryske streek yn it noarden, oan de trochgeande dyk tusken Droegeham en Stynsgea yn. Dêr leit de oarsprong fan it doarp, dêr‘t doe ek noch de agraryske streek Buwekleaster by hearde. Healwei de 19e ieu wurdt noch skreaun dat súdlik fan Hamster Pein grutte, ûnbeboude heidefjilden lizze. Krekt yn dy tiid setten de earste earme heidebewenners har op de heide te wenjen, dy‘t yn de ieuwen dêrfoar ôffeane wie. Te wenjen sette en bewenners binne hjirby grutte wurden. De heidebewenners sochten in plakje, bouden yn ien dei in heidehutte of spitkeet en besochten dêr te oerlibjen mei los wurk. De mannen en jonges reizgen betiden fier fuort om mei seizoenswurk wat jild te fertsjinjen om sa de winter troch te kommen. Branje waard wûn út de saneamde bulten, restanten fan de ferfeaningen. Der waarden matten en biezems makke, dy’t men dan letter útsutele.

Dat ûntstean fan in delsetting fan frijwat losse, sels boude ûnderkommens hat de mentaliteit en dêrmei ek de sfear foar altyd bepaald. Yn de Fryske ensyklopedy fan 1958 stiet in treffende karakteristyk: “Harkema is een arbeidersdorp met verspreide bebouwing, de bevolking is zeer aan de streek gehecht en emigreert moeilijk. De werkeloosheid is groot (febr. 1956 26% van de mannelijke beroepsbevolking), vooral onder losse arbeiders en grondwerkers, met afkeer van fabrieksarbeid: Harkema oriënteert zich na de nijpende armoede in de 19e eeuw langzamerhand in ander soort werk, maar heeft te kampen met zijn verleden, innerlijke onzekerheid en gebrek aan begrip van de buitenwereld.”

Fan dy ûnwissichheid is neat te fernimmen oan de bou-aktiviteiten yn it doarp. It ynwennertal, sûnt 1958 groeid mei 55%, hat it doarp foar in grut part foarm jûn. It sels ûntwerpe en bouwe fan huzen komt opfallend faak foar. Sûnt dy tiid is de struktuer fan it doarp, dy ‘t benammen bestie út bebouwing by de út elkoar lizzende wegen lâns, tichter wurden en is Harkema sadwaande kompakter wurden. Op nochal wat plakken stean wenningen en bedriuwen sa as it liket sûnder al te folle doel troch elkoar. Oan de westkant lizze no bedriuweterreinen.

It ferline fan it heidedoarp is op twa plakken noch mei te meitsjen. Yn de oarspronklike setting oan de Mûntsegroppe, in sânpaad dat fan Hamsherne nei Rottefalle rint en diels de skieding foarmet tusken de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Op ‘e hichte fan Harkema stiet oan dit sânpaad in rige yn1919 boude arbeidershuzen op romme kampen lân. Se ha it karakter fan in boerepleatske omdat efter it foarhûs de kapskylden trochsjitte en sadwaande in skuorre foarmje foar jongfee of lânbouprodukten. De wenningen foarmje yn it gruttendiels ûntgûne gebiet mei ek noch wat heidefjildsjes, in geef gehiel dat sjen lit hoe’t dizze omjouwing yn it begjin fan de 20e ieu yn kultuer brocht waard. Wat mear nei it suden ta, by de Betonwei, stean noch twa fan de yn totaal 22 troch de wenningstichting yn 1912 boude ûntginningspleatskes. Se binne de oanlieding west ta it oanlizzen fan it temapark de Spitkeet, dêr‘t ûnder mear it wenjen en wurkjen op de heide toand wurdt.

Oan ‘e noardkant leit oan de Nije of Kompanjonsfeart de buert Roodeschuur, dy‘t by Stynsgea heart en westlik dêrfan Buwekleaster, dat no by Droegeham rekkene wurdt, mar fanâlds by Harkema heart. It premonstratenzer kleaster is yn 1242 troch Bouwe of Buwe Harkema stifte, deselde persoan dy‘t Harkema syn namme jûn hat. Sa healwei de 19e ieu wie der noch wat muorrewurk fan it kleaster sichtber. Buwekleaster is no in buorskip mei yn it easten grutte buorkerijen, wêrûnder in monumintale pleats út 1807. Oer in sânpaad kin it lytse tsjerkhôf mei klokkestoel berikt wurde.

Hartwert leit súdlik fan Burchwert en is der mei de kronkeljende Kleasterwei mei ferbûn. It is in lyts terpdoarp mei in romroftige skiednis. It doarp lei tusken twa kleasters yn: it Oegekleaster of Ugoklooster stie oan de Boalserter kant. Dit wie in úthôf fan Bloemkamp, it grutte kleaster eastlik fan Hartwert. Yn 1572 waard it Oegekleaster troch de Geuzen ferwoeste.

It folle gruttere Bloemkamp of Oldeklooster, stichte yn1191, stie eastlik fan it doarp, op noch gjin kilometer ôfstân fan de Hidaarder Syl fan de Alde Kleasterfeart yn de Slachtedyk. It wie in cisterciënzer abdij en ien fan de belangrykste kleasters fan Fryslân. Hoewol‘t it kleaster as agrarysk bedriuw goed draaid hie, gie it letter sa goed net mear, om ‘t hûnderten lekebroers op de kas tarden.

Begjin 15e ieu fûnen herfoarmings plak. In ieu letter folge in trageedzje: Bloemkamp waard yn 1535 troch 300 werdopers beset. De opstân waard mei in soad bloedferjitten delslein. It kleaster waard yn 1572 troch de Geuzen yn ‘e brân stutsen; in pear jier letter is it ienris sa mânske kleaster opheft. It brede kleasterterrein is werom te finen yn it lânskip: der steane no twa grutte pleatsen.

Tusken dizze religieuze delsettingen yn lei Hartwert, dêr‘t de befolking fan yn de Midsieuwen sûnder mis foardiel hie fan de bedriuwige en warbere kleasters. Hartwert waard foar fol oansjoen want oant 1322 ta binne de lândagen fan Westergoa yn Hartwert hâlden. Mar it is in stil en rêstich doarpke wurden.

Hartwert hie destiids in tsjerke, mar dy wie yn 1771 sa boufallich, dat se sloopt is. De deaden moasten wol yn de lytse mienskip bliuwe, sadwaande hat Hartwert syn tsjerkhôf yn eare hâlden. Der kaam ek in klokkestoel. It hôf hat, mei syn tichte beammeseame by ‘t simmer wol wat fan in griene katedraal, mei as middelpunt it klokkehús út it twadde kwart fan de 19e ieu, mei in klok dy ‘t mooglik al út de 14e ieu datearret. Dêromhinne is de bebouwing fan huzen en pleatsen groepearre.

Haskerdiken is in streekdoarp dat ûntstien is yn de buert fan it kleaster Maria’s Rozendal of it Haskerkonvint, dat om 1235 stichte is op it plak dêr‘t de fromme kluzener Dodo syn klûs hie. Op de gritenijkaart fan 1718 stiet by de kronkelige Hasker Diken fersprate bebouwing fan benammen buorkerijen. De measte dêrfan steane yn it noarden. Yn ‘e midden binne de kapel fan it konvint en inkele pleatsen ôfbylde. In strak oanleine dyk leit njonken de âlde kronkeldyk.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it doarp bestie út in wrydsk grûngebiet, mar dat der net sa folle huzen stienen: “Naar dit Dorp is dat gedeelte van den rydweg genaamd, ‘t welk van Akkrum naar ‘t Heerenveen, door deeze Grieteny, loopt : deeze weg, eertyds zeer bogtig en een groot gedeelte van ‘t jaar onbruikbaar zynde, werd in 1716 door den Heere Grietman Jr. P.F. Vegilin van Claerbergen verbeterd, en verder Westwaarts gelegd, onder den naam van de Nieuwe Hasker Dyken.” De nije rjochte dyk krige behalve de funksje fan wetterkearing dy fan ferbiningswei en hy waard yn 1826 gruttendiels brûkt om der en stik fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol ta oerhinne te lizzen.

It doarp bestiet no út in pear buerten mei ferskillend karakter. Alhiel yn it noarden leit in streek fan grutte, soms monumintale pleatsen by de âlde Ryksstrjitwei en de Sminiawei lâns.

Yn ‘e midden leit by de brêge en de fly-over fan de autodyk oer de Nije Pompsleat, de Kapellewei. De dyk fiert nei it licht ferhege tsjerkhôf mei de herfoarme tsjerke dy‘t yn 1818 boud is op it plak fan de kleasterkapel fan it konvint. It is in sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in geveltuorke.

Nei it suden ta is in buert foarme by de slûs en in nije brêge yn de feart dy’t laat nei de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Dat foarme it buorskip Nijbrêge, dat earder by Schoterland en de gemeente It Hearrefean hearde.

Haskerhoarne is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. It is nei alle gedachten om 1200 hinne oan de ferbiningswei tusken Westermar/Joure en It Hearrenfean ûntstien. Op it âldste betroubere kaartbyld, dat yn de atlas fan Schotanus út 1718, leit in tal pleatsen op in rige, rom súdlik fan de dyk. Mooglik lei op dat plak it midsieuske paad. Der stienen doe hast fjirtich huzen en in lytse tweintich pleatsen yntekene: foar dy tiid in flinke streek.

Yn it lêst fan de 18e ieu beskreau de Tegenwoordige Staat van Friesland: “dit Dorp ligt ten Westen van het voorige (Oudehaske), meerendeels binnen de voornoemde bepoldering. De kerk, met een stompen toren staat ten Zuiden van den rydweg, tusschen ‘t Heerenveen en de Joure, en aan weerskanten staande huizen. Het land ten Zuiden van dien rydweg, is hoog bouwland en van een hoogveenigen aard; doch het Noordelyke gedeelte is, gelyk dat der overige Dorpen, laag, veenig, zeer uitgebreid en weinig bewoond.”

De âlde tsjerke hie in hege toer mei in sealdak. De hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar is yn de 18e ieu boud op in rom hôf en krige yn 1913 in nije westlike gevel en in geveltoer mei ynsnuorre spits. It gebou is oplutsen fan grauwe stien en de súdlike gevel is bepleistere. Der is nea in kearn foarme om de tsjerke hinne en de omjouwing dêr fan.

Yn it suden kaam oan de Haulsterdyk súdlik fan it doarp yn 1919 de earste folkshúsfesting ta stân, in rige fan 8 frijsteande huzen. By de trijesprong stiet oan de Jousterdyk de eardere suvelfabryk, wêryn’t in lyts part noch yn ridlik oarspronklike steat ferkeart. Fierders is der oan dizze haadrûte in fariearde bebouwing oan de noardkant. Oan de súdkant leit de boerestreek noch altyd op romme ôfstân fan de dyk: de grutte boerepleatsen foarmje mei-inoar in fraai ritme. De nei-oarlochske útwreidings binne benammen te finen yn it gebiet eastlik fan de Haulsterdyk en oan ‘e súdkant fan de Jousterdyk. Noardlik fan it doarp stiet by de Polderboskfeart in nijsgjirrrich gemaal.

Haulerwyk is in karakteristyk en nei ferhâlding âld feankoloanjedoarp; in streekdoarp by de Kompanjonsfeart lâns, de Haulerwykster Feart en Krûme Elleboogvaart. De feart waard yn 1756 troch de Drachtster Kompenije groeven op it doarpsgebiet fan Haule. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt der yn 1788 noch mei gjin wurdt oer skreaun, wylst der dan al in generaasje lang yn it heechfean wurke wurdt. Wol meldt de Staat yn de ynlieding oer Eaststellingwerf: “Een groot deel der Grieteny bestaat nog in onvergraaven hoog veen, en bevat dus eenen schat, die in vervolg van tyd van zeer groote waarde zal worden.”

Goed in heale ieu letter, lit it kaartbyld fan de gritenij yn de atlas fan Eekhoff (1849) sjen dat Haulerwyk dan yn de folle lingte ûntwikkele is en fan de feart ôf in ticht net fan wiken het fean yn groeven is. It yn dyselde tiid útkommen Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa melde: “Het is eene volkrijke buurt van wel anderhalf uur lengte, zich langs de Haulstervaart uitstrekkende. Men telt er 187 h. en ruim 1000 inw., die meest hun bestaan vinden in den veenarbeid en voorts in den landbouw. Er is hier eene kerk voor Afgescheidenen.”

Oan wjerskanten fan de hast seis kilometer lange feart wie destiids op in frij regelmjittige wize bebouwing fan frijsteande hutten, keten en hokken, mar ek lytse boargerwentsjes ta stân kommen. Sûnder dat der sprake wie fan echte konsintraasjes wie de lange delsetting ferdield yn Beneden Haulerwyk, dat letter it selsstannige doarp Waskemar wurde soe, Haulerwyk yn ‘e midden en it dôchs wat tichter beboude Boven Haulerwyk. Oan de eastkant fan Boven Haulerwyk makke de feart in heakse knik nei it suden ta om as Kromme Elleboogvaart ek noch sa‘n 800 meter bebouwing te hawwen.

Yn 1880 krige dizze lange streek fan delsettingen de status fan selsstannich doarp. Yn de earste ieu fan syn bestean hie Haulerwyk gjin goede ferbining oer lân. Der wie inkeld mar in reed fan de eastlike kant fan it memmedoarp Haule nei Boven Haulerwyk ta, ûngefear op it plak dêr‘t no de Oosterwoldseweg leit. Yn 1859 waard op de noardlike kant fan de feart in dyk oanlein en yn 1911 waard it in keunstdyk. Dêrtroch sette de fertichting oan de noardkant fan de feart mear troch dan oan ‘e súdkant. Oan dy kant fan de feart bleau it agraryske karakter fan Haulerwyk goed bewarre. Hoewol ‘t de tastân fan de arbeidershuzen yn Haulerwyk gjin sprekken lije koe kamen der nei de Wenningwet net fuortendaliks inisjativen fan ‘e grûn. Dit kaam ek omdat der net sa maklik geskikte lokaasjes fûn wurde koenen. De bedoeling wie om safolle as mooglik wie selsstannige wenningen te bouwen op in rom hiem, dêr‘t wat oan ikkerbou dien wurde koe en men wat lytsfee hâlde koe.

De earste noch besteande folkswenningen kamen yn 1920 oan de Meidoornlaan. Dêr waarden yn 1937 noch in pear bijboud, krekt as oan de Slotemaker, de Bruïneweg, de Scheidingsreed en alhiel oan de oare kant fan Haulerwyk oan it Smidslaantje. Oan de oarloch ta feroare der oan de struktuer fan Haulerwyk net folle. Nei dy tiid soe earst de bebouwing oan de Leeksterweg nei it noarden ta en by de Oosterwoldseweg nei it suden ta lâns sterk tanimme, wêrtroch’t it op in krúsdoarp begûn te lykjen. Al gau binne ek de kwarten tusken it krús yn mei nijbouwiken fol rekke, yn it earstoan yn de eastlike kwarten, letter ek yn it westen.

Haulerwyk groeide út ta in grutte kearn mei goede foarsjennings en in sterke middenstân. By it sintrum, dêr‘t in stik fan de feart dimpt is, stiet sûnt 1852 de herfoarme tsjerke. It is in ynbannich gebou mei in rjochte koarsluting en in houten geveltoer. Fierder út it sintrum wei, oan de noardkant fan de feart, kaam in 1925 de meniste tsjerke, ek wer in uterst sobere sealtsjerke. Frijwat fierder nei it westen ta, yn it oarspronklik middelste diel fan Haulerwyk waard yn 1930 in fraaie ekspresjonistyske nije grifformearde tsjerke boud, nei in ûntwerp fan F.Offringa. Yn 1996 is der in kontrastryk bygebou bykommen, ûntwurpen troch arsjitekt Jelle de Jong.

Heech is in wetterdoarp mei in beskieden tsjerketerp. It doarp komt mei de namme Haghekercke yn 1132 yn de boarnen foar. Doe wie der al sprake fan fiskerij, skipfeart en hannel. It doarp is al folle earder ûntstien op in knooppunt fan wetterwegen. Tusken de Syl, de libbensier van Heech en de tsjerke yn hat him streekbebouwing ûntjûn by de Harinxmastrjiite lâns, dy‘t stadichoan tichter beboud waard, wêrtroch‘t it doarp in lytsstedsk karakter krige. Súdlik fan dizze streek stie de Harinxmastins.

Nettsjinsteande de nije dynamyk foar wetterrekreanten is it ferline fan fiskerij, skipfeart en hannel noch te werkennen oan de romtlike struktuer en it karakter fan de bebouwing yn de doarpskearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de kompakte doarpsstruktuer te sjen. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Heeg, anders Hegens, een groot en bestraat dorp, op een vrij hoogen heuvel, gelegen ten Noorden van het Heeger meer. In ‘t Westen der buurt plag Harinxma state te zijn, hebbende het gelagt van dien naam hier, sedert verscheiden eeuwen gebloeid. ... De buurt en kerk, die in den jaare 1745, in plaats van den voorige, die wel groot en aanzienlyk, doch door ouderdom vervallen was, gebouwd werd, staat aan het Westeinde der buurt; dezelve pronkt met een spits torentje .... Buiten de buurt heeft men meerendeels laage landen en veel poelen, als Henxte-, Feike-, Palse Poelen enz. Van hier, Noordwaarts, loopt een paarde weg tot aan de buurt Osingahuizen, hier onder behoorende .... Tusschen de Wymerts en het Heeger meer, ligt een stuk lands, met de naame Oostwoude, daar eene plaats gevonden wordt, bekend by den naam van Gouden Bodem, welke mede behoort tot dit Dorp, dat zich in ‘t Westen zeer verre uitstrekt.”

De ‘paardenweg’ nei Oazingahuzen is yn 1846 ta in strjitwei ferbettere en dêrtroch krige Heech oer de dyk in goede ferbining mei it efterlân. Dêrop rekke de Skatting geandewei beboud. Foar de Twadde Wrâldoarloch waarden de noch lege plakken ûnbeboud gebiet noardlik fan de haadstrjitte en de Wegsloot mei huzen beboud. Nei de oarloch binne der yn ferskillende fazen noardlik fan de âlde kearn flinke útwreidingswiken ta stân kommen. Wilens wienen de wâlskanten en havens foar de rekreaasjefeart ûntwikkele en wreide it bedriuweterrein oan de noardeastkant him geandewei út. Heech is yntiid in grut doarp mei fariearde karakteristiken.

De herfoarme tsjerke is yn 1840 boud as ferfanger foar in tsjerke fan in lytse ieu âlder, dy‘t wer in midsieusk godshûs ferfong. Se is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in houten geveltoer, der‘t de romp noch fan datearret út 1745 en in bekroaning út 1797. De liedklok is yn 1616 getten. De tsjerke hat meubilêr út begjin 18e ieu. De neogotyske roomskkatolike tsjerke is yn 1876 ferriisd nei in ûntwerp fan P.J.H. Cuypers mei earnstige bemuoienissen fan de boupastoar. De ienbeukige krústsjerke hat in trijekantich sletten koar en in toer fan trije segminten mei in ynsnuorre spits. Se hat in passend ynterieur en meubilêr út de boutiid en fan even letter. De yn 1891 nei in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers oan de Skatting boude grifformearde tsjerke is in fraai foarbyld fan neorenêssânse. Se is in krústsjerke mei in toer, wêrfan’t benammen de spits ryk detaillearre is. It ynterieur is yn 1967 ‘modernisearre’.

Op de Nijewâl by de Syl stiet in rige deftige wenningen. De kearn fan Heech, de Harinxmastrjitte, besit foaral 18e- en 19e-ieuske bebouwing. Der stiet in tal foarname huzen: huzen fan rike fiskers en ielhannelers. Dorpsstraat 27 mei in útboude middenpartij mei fyn byldhouwurk is in 18e-ieusk pronkje, dat syn wjergea yn Fryslân amper kin. Op it Eilân nû. 1 is in beskieden húske út 1782 te finen. Yn ‘e midden op de sichtgevel stiet in flinke dakkajút mei in omlisting fan sânstien. Yn de wangen dêrfan binne op in elegante wize tusken rococokrolwurk fjouwer snoeken ferwurke en yn de bekroaning mei in holbolle omlisting mei tufen stiet yn it cartouche: ‘Siet u Selfs’.

It Hearrenfean is in plak dat ûntstien is út in streekdoarp fan ferfeaners. “Heerenveen” sa stiet yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1877) “is haare opkomst alleen verschuldigd aan de turfgravery, hier ter plaatse begonnen omtrent het jaar 1551, wanneer de Heer Pieter van Dekema, Ridder en Raad in den Hove van Friesland, en zijne Kompagnons, de heeren Kuik en Foits, de hier omtrent liggende Veenen kochten, die van wegens dit Koopgenootschap der Heeren Kompagnons of der Heeren Veenen werden genoemd, en uit welke benaaminge die van ‘t allengs aanwassende Vlek ‘t Heerenveen is gesprooten.”

De kompanjons Dekema, Cuyck en Foeijts lieten yn 1556 earst de lange Hearesleat grave. Al gau folge in heakse ôfsplissing: de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Op dizze feart, dy‘t meigroeide mei it winnen fan de turf, kamen wer dwersfeartjes, wiken, foar it ûntwetterjen fan it fean en it ferfieren mei it skip. Op de krusing fan de wetterwegen groeide yn de 17e ieu in regionaal merk- en handelssintrum. Mar bestjoerlik wie it in ûnhandich doarp. Súdlik fan de Feanskieding en Kompanjonsfeart wie it Skoatterlân, eastlik fan de Hearesleat Aengwirden en westlik dêrfan Haskerlân. En it doarp yn dizze trije gritenijen en letter gemeenten groeide sa foarspoedich dat it al gau in flekke neamd waard.

Noch healwei de 19e ieu hie It Hearrenfean alle kâns om út te groeien ta in flink krúsdoarp oan fearten en wegen. De ûntwikkeling fan (spoar)wegen makke dat de foarm kantele. De ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol (oanlein yn yn 1828) joech in ympuls ta de ûntjouwing by dizze as lâns en de oanlis fan de spoarwei tusken dizze stêden yn 1867 fersterke dit effekt, wêrtroch‘t plak oprekt is ta de hjoeddeiske lingte fan leafst seis kilometer. Yn 1934 is der troch in kombinaasje fan Skoatterlân en Aengwirden en in grinswiziging mei Haskerlân in bestjoerlike ienheid foar It Hearrefean kommen. Yn it noarden wienen doe de earste útwreidingsplannen al realisearre: - Pastoriestraat (1919-1921) en omjouwing – yn ‘e midden – Compagnonstraat/Van Dekemalaan (1918-1920) en omjouwing – en yn it suden – de Zuiderstraat (1929) en omjouwing.

As oarspronklike kearn fan It Hearrenfean kin de hjoeddeiske Oenemastate oan it begjin fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart beskôge wurde. De state, dy‘t no in hoarekafunksje hat, is fan oarsprong de L-foarmige state Moerborch mei in treptoer yn de oksel fan de fleugels dy‘t datearje moat fan krekt nei it stichtsjen fan It Hearrenfean, sa om 1560 hinne. Om-ende-by 1600 hat it gebou in pronkgevel yn in rike renêssânsestyl krigen. Nei dy tiid is it noch in pear kear ferboud. Yn 1828 waard it it gritenijhûs en doe‘t it gemeentebestjoer mear romte nedich hie, is it gebou yn 1876 sawat ferdûbele yn neostyl fan it oarspronklike gebou, hoewol ‘t de topgevel feroare waard ta in listgevel. Nei‘t de Crackstate yn 1952 as gemeentehûs yn gebrûk nommen waard hat Oenema ferskillende funksjes hân.

Crackstate is yn 1647-1648 boud oan de Aengwirder kant fan de Kompanjonsfeart foar de grietman fan dit gebiet. It is in kloek pân yn de klassisistyske barok, dat yn de 19e ieu as gerjochtsgebou brûkt waard en yn 1952 it gemeentehûs wurdt. Yn 1976 is der it stedskantoar efter boud. Yn de buert fan Oenema en Crack hawwe de krústsjerke út1637, de neoklassicistyske r.k. tsjerke, it postkantoar en de wettertoer stien. De gebouwen binne tusken 1969 en 1980 sloopt. Wol is dêr yn ‘e buert yn 1933 de r.k. Heilige Geestkerk ferriisd, dy‘t oan it sintrum as ienichste in karakteristyk byld jout. Yn it sintrum is der frijwat middenheechbou foar yn it plak kommen.

Nei de oarloch is der yn in rap tempo wenningbou ta stân kommen. Yn it earstoan tusken de rykswei en it spoar yn; hjirtroch krige It Hearrenfean syn lang útrekte foarm. Hjiryn falle de Muntflats en de flats om it Akkerplein yn it silhûet op. Boppedat hawwe it Thialf-iisstadion, de earste oerdutsen iispiste fan de wrâld, en it him noch altyd útwreidzjende Abe Lenstra-fuotbalstadion it silhûet fan dizze sportstêd ferrike. Oan de noardkant kamen yn de lêste tsientallen jierren grutte bedriuweparken.

Hegebeintum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in ‘ideale’ terp mei in stikhinne sirkelfoarmige ringdyk. It súdlike part fan dizze ringdyk is no ferhurde; it noardlike diel hat noch it autentike karakter. Omdat de terp altyd tinbefolke bleaun is koe hy tusken 1896 en 1905 fierhinne ôfgroeven wurde. Allinne de tsjerke mei it hôf binne sparre bleaun en de trije steil oprinnende paden meitsje dat it nivo fan de terp sintúchlik te erfaren is. Just omdat it de heechste terp fan Fryslân is: de krún rikt leafst ta 8,8 meter hichte. By de ôfgraving is it bewiis levere dat de âldste ophegingslaach – it begjin fan de terpebou – op likernôch 600 jier foar Kristus steld wurde kin.

Hegebeintum wie oan de westkant troch de Ferwerter Feart ûntsletten. De doarpstsjerke is in frij geve, 12e-ieuske dowestiennen tsjerke mei in wat ynspringend koar mei in healrûne abdis. It muorrewurk mei âlde spoaren hat spitsbôgefinsters krigen. Oan de westkant is de tsjerke mei kleastermoppen fergrutte, dêr‘t yn 1717 de hjoeddeiske sealdaktoer kaam. Yn it ynterieur kamen restanten foan muorreskilderingen foar it ljocht. In dûbele hearebank út 1762 mei in rococo tûfestik foar de famylje De Schepper-Coehoorn van Scheltinga stiet der te pronk. De fyftsjin ryk fersierde roukassen en wapenbuorden út de 18e ieu fan leden fan de famyljes Van Coehoorn, Nijsten en De Schepper dominearje it ynterieur.

Harstastate, eastlik fan de terp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 15e ieu. Harsta hat frijwat ferbouwings meimakke. Yn de 17e ieu waard in fleugel yn de kolossaaloarder boud, dy‘t yn de 19e ieu al wer sloopt waard, lykas de ferdjipping fan de âldere fleugel. De begeane grûn krige doe in neoklassicistysk uterlik. Harstastate hat in tagongspartij mei Ioanyske pilasters en in kroanlist mei blokken. By de restauraasje ein 20e ieu is der in eigenwize dakkajút pleatst. ‘Het zaal’ is yn it lêst fan de 19e ieu ynrjochte yn de Lodewijk XIV-styl.

It Heidenskip is ien fan de nijsgjirrichste doarpen fan Fryslân. Hinget yn omtrint alle oare plakken it lânlik doarpsgebiet wat by de kearn, hjir telt de útstrekte en tinbefolke streek en is de kearn, Brânburren yn it súdeasten de kers op de taart. De streek leit súdlik fan Warkum, tusken it spoar Snits-Starum en de Fluezen yn en heart fan âlds ek by dizze stêd.

De namme is nei alle gedachten werom te fieren op it begryp: wyld lân. Dat soe men no net mear sizze, want yn it kreaze wrydske lânskip lizze de (soms monumintale) pleatsen ferspraat. Fuortby Brânburren leit boppedat it buertsje De Hel, mar dat duvelske wurdt wer kompensearre troch de buorkerij Sint-Ursula, dêr’t de poel midden yn It Heidenskip syn namme ek oan tanket.

Yn it suden hat de bebouwing him oan de kanten fan de Heidenskipster Feart fertichte ta de skildereftige wenkearn Brânburren mei paden oan ‘e feart en kompakte bebouwing fan ynbannige huzen, dêr‘t tuskenyn de ek al sobere herfoarme tsjerke mei toer in hichtepunt foarmet.

Nettsjinsteande dat it gehiel in sfear azemt fan fier ferfleine tiden, is Brânburren in jonge delsetting. Op it kaartblêd fan de streek út 1851yn de atlas fan Eekhoff binne allinne in oerset by de ‘Oude School’ en twa gebouwen yntekene. De feart leit meastal fol mei skippen en boatsjes, oer de Hôfmar bestiet in streekrjochte ferbining mei de Fluezen.

Oan de Heideskipsterdyk stiet de yn it begjin fan de 20e ieu mei dekorative ambysje boude grifformearde tsjerke, dy ‘t no as wenning brûkt wurdt. Brânburren hat de ôfrûne tsientallen jierren sels echte oanstriid ta in doarp mei nijbouwenningen oan de Heideskipsterdyk.

Himmelum azemt troch syn hege lizzing in besûnder eigen sfear. It doarp hat in frijwol rjochthoekige kom, dy‘t fan út de wegen oan de súd- en westkant, dêr ‘t de âldste bebouwing stiet, ûntwikkele is. Dizze âldste bebouwing giet trouwens net fierder werom dan oan it ein fan de 19e ieu ta. De nei-oarlochske doarpsútwreiding hat plak krigen yn it noardeastlike kwartier.

Bûten de krusing fan de wegen stiet de frij jonge tsjerke dy‘t nearne mear tinken docht oan it kleasterferline fan Himmelum. Dôchs hawwe der sawol in frouljuskleaster út healwei de 13e ieu as in hast oardel ieu jonger mannekleaster stien. Beide wienen se ûnderhearrich oan it yn dizze kontrijen tige machtige Sint-Odulphuskleaster fan Starum. Fierders hat it doarp yn de lette Midsieuwen syn rol spile yn de striid fan de Skieringers en de Fetkeapers. Dit omdat der in pear aadlike famyljes wennen dy‘t harren ynfloed yn de hiele Súdwesthoeke jilde litte woenen. Fan de alluere dy‘t it doarp eartiids sûnder mis hân hat, is hast neat mear werom te finen, mar it ynbannige doarp leit mei syn útbuorrens noch altyd prachtich yn it lânskip.

De doarpstsjerke stiet op in sfearfol tsjerkhôf. Se docht mei har eigensinnige foarm wol rjocht oan de besûndere tsjerklike skiednis. It is in krústsjerke dy‘t yn 1896 boud is fan giele bakstien. It westwurk is wat gearstald, mar is wol sletten en der stekt net in dakruter, mar in echte, slanke toer omheech. Dizze toer mei de fraaie plastyske ynfolling fan de segminten, de oerwurkplaten en de moai detaillearre kroanlist, docht jin sterk tinken oan dy fan Skettens en Dedzjum. Hoewol‘t de arsjitekt ûnbekend bleaun is, soe it wêze kinne dat it Jan van Reenen west hat. Rûnbôgefinsters en rûne finsters yn de geveltoppen fan de dwersbeuken jouwe it gebou in eigen karakter.

Fan de Koudumer Slieperdyk (1732) fan de ferneamde wettersteatkundige Willem Loré binne nochal wat stikken ferdwûn, mar noardeastlik fan Himmelum leit noch in trasee fan twa kilometer. Fan it hjoeddeiske Johan Wilem Frisokanaal ôf rint de slieperdyk rjochting Nijbuorren ûnder Himmelum dêr‘t hy tsjin de frij steil omheech rinnende glasiale rêch op rint.

Healwei de 19e ieu melde it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa dat ta it doarp Himpens foar dy tiid ek Zuiderburen behearde, mar dat de fiif huzen alle fiif sloopt wienen. No is it omkearde it gefal: de namme fan it gehucht Zuiderburen is jûn oan de jongste wenwyk fan Ljouwert, dy’t de doarpen Himpens en Tearns omklammet. Himpens en Tearns binne wol yn harren wêzen litten, mar de nijbou komt tichteby.

Himpens is in âld doarp yn de leechlizzende polder it Lang Deel súdeastlik fan Ljouwert. In streekdoarp by in dyk lâns, dy‘t even fierder as Tearns en de brêge oer de Nauwe Greuns as skoalledyk it easten yn rint. De bebouwing leit útslutend oan de súdkant fan dizze dyk, fuort by de brêge rint der in stik feart njonken lâns, in soarte fan ynstekhaven. Ek stiet der wat bebouwing oan inkele dwerspaden, ‘t Streekje en ‘t Leechje. Súdlik fan de bebouwing leit it yn 1967 oanleine sportfjild fan Wêz fluch en om dit iepen sintrum hinne hat dit doarp him fan de santiger jierren ôf ûntjûn by de Reintje Visser Beardastrjitte, J.H. van IJsselsstrjitte en De Leijte lâns. It doarp slút oan de eastkant ôf mei in karakteristike stjelppleats út 1859 en mei de doarpstsjerke.

De tsjerke stiet op it plak dêr‘t yn ‘e Midsieuwen al in beahûs stie. De earste fermelding datearret út 1511. Tsjerke en toer binne ferskate kearen fernijd. Fan in tekening út healwei de 18e ieu is bekend dat der doedestiids noch in frij lege en foarse sealdaktoer stie. Yn 1872 kaam der in nije westlike gevel ta stân mei in skerpe toer fan sa’n 20 meter heech. De tsjerke is nei in brân koart nei de Twadde Wrâldoarloch opnij boud yn tradisjonele foarmen. Wat de lizzing oanbelanget hat de tsjerke in plak fûn yn de streekbebouwing, mar se stiet wol op in rom rjochthoekich en mei beammen omseame tsjerkhôf mei in kolleksje goed ûnderhâlden 19e en 20e-ieuske grêfmonuminten.

De Himrik is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is op in sânrêch tusken de heide yn it noarden en it heechfean yn it suden yn. Yn de Midsieuwen stie der in oan Sint-Andreas wijde tsjerke. Dizze is yn 1739 fernijd, wêrby‘t wierskynlik dielen fan it muorrewurk hanthavende binne. Der kaam in klokketoer mei skylddak foar de klok út 1495. Koarte tiid hjirnei, mids 18e ieu, is de Opsterlânske Kompanjonsfeart groeven mei de bedoeling om it heechfean te eksploitearen

It agraryske doarp krige in ympuls troch de turfwinning. De feart kaam frij ticht súdlik fan it doarp te rinnen en der waard yn 1755 it Himriker Ferlaat yn de Kompanjonsfeart slein. Krekt in ieu letter is de slûs yn stien ferfongen en yn 1902 alhiel fernijd. Der stiet in slûswachtershûs by, dat út om-ende-by 1880 datearret. De flapbrêge út ûngefear 1920 is yn 1952 fan in oar plak kommen. Njonken de feart lâns is yn de 19e ieu wat bebouwing ûntstien, dy‘t by it ferlaat fertichte is.

De âlde dyk op de sânrêch makket yn De Himrik in bocht en dêr stiet de ljocht kleurde doarpstsjerke tige effektfol yn in beammeseame op in ferhege tsjerkhôf. De sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar is nei alle gedachten yn de 19e ieu bepleistere, dêr‘t mooglik geheimen fan âlde muorregedielten ûnder ferskûle sitte. Yn de tsjerke stiet in 17e-ieuske preekstoel. Efter de tsjerke hat de ferfeanersfamylje Van der Sluis yn de twadde helte fan de 19e ieu in grut grêf oanlizze litten. De stichter fan dizze heal yn it hege hôf groeven kelder is de yn 1863 ferstoarne J.A. van der Sluis. Der leit in grêfstien mei de stambeam.

Oan de westkant fan De Himrik stiet ‘Het Koetshuis’, dat deselde famylje yn 1901 yn de neonrenêssânsestyl bouwe litten hat. Noardlik steane oan it Himrikerpaed in pear âlde pleatsen en westlik fan it doarp is in moderne stoeterij kommen.

Hjerbeam is in lyts terpdoarp westlik fan de Slachte. De kearn mei de tsjerke fan de eardere rykswei Ljouwert-Harns, dy‘t destiids in soad ferkearsoerlêst feroarsake.

Hjir stie ek Sikkemastate, in aadlik hûs dêr‘t de rom fan ôf glânzige omdat Sicco van Goslinga dêr berne wie. Sicco wie grytman fan Frjentsjeradiel en kurator fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer, dêr‘t hy sels ek studearre hie, mar reizge in soad as foaroansteand ambassadeur fan de Republyk. Dizze Sicco, begroeven yn it tichteby lizzende Doanjum, ûnderhannele sels op Versailles mei de ’Zonnekoning’. Der wurdt beweard dat hy him mei ien fan de kriichslju, S.G.J. van Burmania, yn it Frysk ûnderhâlde, skreaun mei Grykse letters. Op de fraach wat as de kaai ta it geheimskrift wie, moat hy de Frânske kardinaal Richelieu antwurde ha: “Dêr wie nin kaei fan”, der wie gjin kaai foar. It lêste spoar fan de Sikkemastate is in restant fan de stinzepoarte – in trochgong dy‘t de opbou mist – oplutsen fan ûnder mear roaswinkels, in soarte fan bakstien dat even lytser is dan de kleastermop en datearret út begjin 16e ieu. Mei de tsjerke is it ek sawat sa fergien. Oarspronklik datearret sy út de Midsieuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e ieu. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkantige spits, mei laaien dutsen. De tsjerke stiet op in net al te grutte terp, mei in grintpaad, mar gjin beammeseame. De tsjerkebuorren is oan de súdkant ôfgrinze troch inkele leechsteande, brede huzen fan foar dizze omkriten kenmerkjende giele stien. De wenningbou fan nei de oarloch kaam gruttendiels yn in lus noardlik om ‘e tsjerkebuorren hinne.

Lytse Jouwer is in lyts terpdoarp dêr’t de ûntsteansskiednis noch net dúdlik fan is. Mooglik kin de terp al datearje fan foar it begjin fan de jiertelling omdat it op âlde kaarten op in radiale terp liket, dy‘t fergelykber is mei radiale struktueren út de omjouwing, dy‘t sûnder mis út dy tiid datearje. Dêrtsjinoer stiet it feit dat de terp net sa heech is en dat pleitet wer foar in datearring yn de iere Midsieuwen, net al te lange tiid foar it begjin fan de dikebou yn de 11e ieu.

De terp bleau troch de ieuwen hinne tige tinbefolke. Krekt yn de ôfrûne oardel ieu binne heaks op de trochgeande dyk, oan De Wylgen en benammen de Krûdikker, wenbuertsjes ûntstien. Der is gjin spoar mear te finen fan in ringdyk of radiale paden. Bûten de lytse kearn bestiet it doarp fierder út ferspraat steande agraryske bebouwing, dêr‘t de buorkerij fan Hibbema oan de súdwestkant ek op in terp liket te lizzen. Noardwestlik fan Lytse Jouwer en oan de oare kant fan de Hantumer Feart leit it buorskip Lutkelaard dat bestiet út in pear buorkerijen. Noardlik fan dizze pleatsen leit neffens de kaart fan Eekhoff in ûnbeboude terp.

Eartiids wie Lytse Jouwer op in lytse ôfstân ûntsletten troch de Hantumer Feart, dy ‘t mei in frij ûnregelmjittich berin fan dat doarp nei Dokkum rûn. Pas let, yn de twadde helte fan de 19e ieu, is de dyk Hantumerwei – De Ham fan de Hantumershoeke oer Lytse Jouwer nei Betterwird – Dokkum ta stân kommen.

De doarpstsjerke fan Lytse Jouwer stiet no oan de jonge, trochgeande dyk op it restant fan de terp. De tsjerke is boud yn 1869 op it plak fan in âlde tsjerke mei in sealdaktoer dy‘t yn it muorrewurk in soad dowestien en mooglik stiennen ferwulven befette. De nije tsjerke is in ûntwerp fan G.P. Keuning fan Ternaard. De toer mei ynsnuorre spits is yn boud yn de tsjerke. Nei de foartsjerke is it skip trije traveeën djip en dan folget de trijekantige sluting. It gebou is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei izeren roeden.

It terpdoarpke Hichtum komt yn 1270 foar it earst as Hectum yn de boarnen foar. It is it earste doarp noardlik fan Boalsert oan de Harnzer Trekfeart en wurdt oan dat wetter ynlieden troch in aardich wetterbuertsje. It doarpsgebiet is nea fan grutte omfang west. It buertsje Syswert heart der fanâlds by; it leit no oan de oare kant fan de provinsjale Westergoawei.

Yn Hichtum is mar ien strjitte: de Schwartzenbergweg. Oan ‘e noardkant fan ‘e tsjerke stiet wat bebouwing, dy‘t in doarpskom foarmet. Tsjin de tsjerke oer is yn de lette 19e ieu in buorrentsje ûntstien. Súdlik fan Hichtum stie Wibrandastate, dat bestie út twa flinke gebouwen en in poartegebou, dêr‘t generaasjes lang foar Wûnseradiel ferneamde aadlike geslachten residearre ha: Wibranda, Aysma, Van Huyghis, Aytta en Schwarzenberg en Hohelansberg. Wibrandastate telde 25 keamers en wie ferneamd om har tunen mei fruchtbeammen. Dat dy beammen ek wolris úttinne waarden, bewiist in houtferkeap yn de 18e ieu. Yn 1833 wurde der 330 beammen ferkocht en fjouwer jier letter alle noch oerbleaune beammen. Net folle letter is de state ôfbrutsen. Op dit plak is der doe in kop-hals-rompbuorkerij foar yn ‘t plak kommen, dy‘t der noch altyd stiet. Hoewol ‘t sa‘n ferfanging gebrûklik is, is hjir dôchs wol wat besûnders mei: om de hjoeddeiske Wibrandastate lizze ek no wer in royaal en fraai oanlein boerehiem en in (appel)hôf. Yn de Gouden Ieu waard de state bewenne troch Hessel van Huyghis en Frouck van Wyckel; foar harren waard yn de tsjerke in pronkerich grêfmonumint oprjochte dat no frjemd genôch mei de preekstoel ferweve is. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwarzenberg en Hohelansberg binne grêfspoaren yn de tsjerke te finen.

De om 1200 hinne fan giele kleastermoppen boude tsjerke stiet op in hôf dat omseame is mei in skulpepaad mei esken en iperen beammen. Yn de noardmuorre binne spoaren te sjen fan lytse romaanske finsters, yn de súdmuorre inkele spoaren fan flau spitsbôgige romaanske finsters en in rûnbôgige hagioskoop. Ek de toer is oplutsen fan giele moppen.

Hidaard is in lyts terpdoarp yn de eastlike punt fan it eilân fan Easterein en even noardeastlik fan de skerpe bocht dy‘t de Slachtedyk makket by de Kliuw. It doarp kin allinne mar oer de Slachte berikt wurde: de ‘oprydleane’ nei it doarp ta leit even noardlik fan de Hidaarder Syl. By dizze brêgeslûs steane wat huzen; fierderop stiet de measte bebouwing fan huzen en buorkerijen om de tsjerketerp hinne en oan de súdeastkant by it parkearplak en boarterstún. Foar de tsjerketerp leit oan de westkant in flink keatsfjild. It doarpshûs is fêstige yn it eardere skoallegebou.

Om de tsjerke op de betreklik hege tsjerkhôfterp hinne rint in grintpaad mei in dûbele hage mei linebeammen. De tsjerke is yn 1873 nei in ûntwerp fan J.A. Timmenga boud as ferfanger fan in nij godshûs. It gebou is oplutsen fan graubrune bakstien mei giele kezinen om de finsters mei izeren trasearringen hinne. De toer is opnommen yn de westgevel en krige in houten boppebou mei in ynsnuorre, achtkantige spits mei in dakbedekking fan laaien. It tsjerkedak hat blau glazuere golve Fryske pannen. Mei in restauraasje is de grêfsark fûn fan de lêste abt fan Bloemkamp, de cisterciënzer abdij by Hartwert. De sark fan Thomas van Groningen is yn de tsjerke opsteld.

De Hidaarder Syl is lange tiid fan grut belang west foar de ôfwettering fan de binnendykse lannen fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It wetter waard útwettere yn de Alde Kleasterfeart. It kleaster yn kwestje wie de abdij Bloemkamp, dy ‘t nei alle gedachten in rol spile hat by it oanlizzen dêrfan. De slûs waard ûnderhâlden troch de yngelanden fan de polder Easterein.

It stik dyk dat fan Easterein ôf om it doarpsgebiet fan Hidaard rint, de Tjebbingadyk, fiert nei de Kliuw, it knooppunt fan diken by de skerpe bocht yn de Slachte. De namme pronket op in grutte stjelppleats noardlik fan de bajonetfoarmige fjouwersprong en westlik fan de dyk. De namme de Kliuw hat him benammen hechte oan de eardere herberch súdeastlik fan de krusing.

Hieslum is in lyts terpdoarp dat al yn in stik út it jier 855 neamd wurdt om ‘t in sekere Folkertus út it doarp in skinking docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. It doarp komt ek foar yn in list fan kleasterbesitingen fan Fulda. Eartiids lei Hieslum ynsletten tusken alderhande marren en puollen yn. It is te tankjen oan de droechmakkerijen dat it no leit yn de ferlittenheid tusken de Warkumer Trekfeart en de Brekken by Aldegea yn. It is it meast súdeastlike doarp fan Wûnseradiel.

Yn de doarpskearn wenje net sa folle minsken; de measte ynwenners fynt men yn twa buorskippen. Noardlik fan it doarp leit it buorskip Atzebuorren, súdlik fan it frijwat gruttere Idzerdabuorren. It doarp mei mar in pear huzen, skuorren en loadsen oan de dyk, leit merkber heech yn de lannen. It útsicht is dan ek wrydsk.

De tsjerke stiet wat efterôf en kaam op it plak fan de midsieuske tsjerke, dy ‘t fermoedlik om 1300 hinne boud wie. De tsjerke hearde yn de lette Midsieuwen by it St.-Odulphuskleaster yn Starum. Dat betsjutte dat de pastoars oansteld waarden troch dit kleaster. Op in tekening út 1789 is te sjen dat it in tsjerke mei in sealdaktoer west hat.

De hjoeddeiske tsjerke fan Hieslum is net âld. Yn 1874 is it midsieuske gebou ôfbrutsen. De nije tsjerke hat in soad wei fan dy fan Skuzum en krige in houten toer op it westlike front. Se hat in skip mei rûnbôgefinsters, in trijekantige koarsluting en dat houten tuorke op de westgevel. Op de oergong nei de achtkantige spits sit in lytse balústrade mei krúst regelwurk. Yn ‘e toer hong in klok dy‘t yn 1696 troch Petrus Overney yn Ljouwert getten is, mar dy‘t yn de oarloch troch de besetters stellen is. Der hinget no in nije liedklok. It ynterieur befettet in preekstoel mei Ioanyske pylderkes op de hoeken fan de kûpe, dy‘t yn de earste helte fan de 17e ieu makke is. Efter it 19e-ieuske oargelfront mei sulver beskildere pipen stiet in harmoanium.

Hijum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl by de mûning fan de Boarn. Fan de 11e ieu ôf is de terp yn de meast iere bediking – de Lege Hearewei en Hijumerweg – opnaam, wêrtroch‘t de terp alhiel binnendyks kaam te lizzen. Hijum wie mei de Hijumer Feart ûntsluten. Dizze komt yn de buert fan it eardere kleaster Genezareth út yn ‘e Feinsumer Feart om dêrnei ferbining mei de Dokkumer Ie te krijen.

De terp hat oarspronklik in radiale struktuer, mar dêr is net folle mear fan te sjen omdat op it rjochthoekige, hege tsjerkhôf nei, de terp om 1900 hinne sterk ôfgroeven is. It hôf mei in beammeseame leit as in eilân yn de iepen doarpskearn. It hichteferskil falt foaral op oan de westlike kant: dêr kaam dan ek de iisbaan te lizzen. Oan de noardkant leit it buertsje de Alde Ringwei en de ringwei is fierder mei wat muoite te werkennen by Efter de Wâl, de sportfjilden, by de Oerd en de Lege Hearewei lâns. De Ljouwerterdyk is letter eastlik fan it doarp ferlein en yn 1900 krige Hijum in stopplak 3e klasse fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg, dy‘t yn 1936 opheft is. It stasjonsgebou is bewarre bleaun, in beskieden gebou mei in útspringende partij. It trasee fan it spoar is noch yn it lânskip te sjen.

By it ynkommen rint de Lege Hearewei skean it doarp yn en dêr easket de grifformearde tsjerke, de Betheltsjerke, de oandacht op. It gebou is yn 1877 oplutsen op in T-foarmige plattegrûn en hat in aardich geveltuorke dat bekroand wurdt troch in iepen bewurke houten spitske. De âlde doarpstsjerke, wijd oan Sint-Nicolaas, is yn it twadde kwart fan de 12e ieu fan dowestien boud. Se hat in fiifkantich sletten koar (15e ieu) en in ynboude sealdaktoer. Dy foarmet mei de sydromten in westwurk, dêr‘t de noardlike sydromte fan op de ferdjipping ek noch in tonferwulf hat. It muorrewurk fan it skip fertoant sparfjilden, lisenen en rûnbôgefriezen.

Hilaard is in terpdoarp wêrfan‘t de bebouwing yn ‘t earstoan frijwat ferspraat oer de terp en de neiste omjouwing struid like te wêzen. Fan healwei de 19e ieu ôf is it doarp tichter beboud en foarmen har wat strjitsjes en in soarte fan plein.

Yn de 20e ieu is Hilaard útgroeid by de trochgeande dyk lâns, de Van Aylvaleane en de Hoptilsterdyk. De ôfrûne desennia is dat mei de bou fan bedriuwsgebouwen rjochting Westergoawei sterk trochgien. De tsjerke stiet op de noardlike râne fan de terp, dy‘t fierders ôfgroeven is. Dêrefter stie Tsjessingastate dêr‘t de famylje Aylva generaasjes lang residearre. Oan de oare kanten leit it hege hôf, omseame troch linebeammen. De âlde kosterij datearret út 1780. Oan it nei de tsjerke ta rinnende strjitsje stean in pear huzen fan gieltsjes út wierskynlik de iere 19e ieu. Tichter nei de dyk ta stiet in ienfâldige notabele wenning en op de hoeke in neimakke eksimplaar. Dêr tsjinoer leit op in rom hiem in fraaie kop-hals-romppleats út 1869. Yn de pleineftige Smidsstraat stiet de opknapte smidderij yn fernijingsstyl en mei it opskrift: ‘A.Th. Bakker Electr. Smederij annex Rijwielen’. In stichtingsstien fertelt dat it gebou út 1907 is.

Oan de Van Aylvaleane stiet de doleânsjetsjerke. Dizze letgoatyske tsjerke is nei alle gedachten yn de 15e ieu by de ier-13e-ieuske toer oplutsen ta ferfanging fan in âldere tsjerke. It skip is seis traveeën djip, it koar is fiifkantich. De yntreepartij is omliste troch in spitsbôge en in rjochthoekige kordonbân en dêr boppe-op sit noch in leech spitsbôgefinsterke. Fierders binne der spitsbôgefinsters. It muorrewurk is mitsele fan roaswinkels, lytser as moppen. De toer is wol mitsele fan kleastermoppen. De ier-17e-ieuske westlike top hat in elegante yn- en útswinkende foarm.

De buert Hoptille oan de Boalserter Feart heart by Hilaard. Dêr stie destiids it molkfabryk, dat nei‘t it sluten waard, brûkt wurden is as flaaksfabryk; yn 1948 is it gebou ôfbrând. By de brêge stiet it âlde tolhûs mei in gevelstien mei it wapen fan Boalsert en it jiertal 1652.

Hinnaard is in lyts kompakt terpdoarp. It leit mar 500 meter súdlik fan de Boalserter Trekfeart, mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie Sassingastate, op it hiem stiet no in buorkerij.

Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De gritenij en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen. Yn de lette Midsieuwen fûn yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de gritenij plak.

Hinnaard is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e ieu. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.

De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e ieu. Yn ‘e midden stiet in fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e ieu en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e ieu.

Hitsum is in terpdoarp súdlik fan Frjentsjer en bestiet útsein de bebouwing by de trochgeande dyk by de tsjerketerp lâns út twa dwers dêrop steande frij kompakte streken huzen. Mei de Arumer Feart ek noch in buert dy‘t alear Westerhitsum neamd waard. Op dat plak soe ek Roordemastins stien ha.

Hitsum is in ynbannich doarp, dat sa as bliken docht út argeologyske fynsten, in foarnaam ferline hat. Sa is der in gouden Noarske bracteaat (sieraadmunt) út de 6e ieu mei it rune-opskrift “foro” fûn en boppedat in brûnzen mantelspjelde, in izeren spearpunt, in Romeinsk brûnzen masker en in frouljusbyldsje út mooglik de 11e ieu. De haadlingefamylje fan de Burmania ‘s komt fan Hitsum. Nochal wat fan harren kamen terjochte op hege bestjoerlike en militêre posysjes. Fan dizze famylje is Gemme van Burmania de bekendste. As ôffurdige fan Fryslân by kening Filips II yn 1555 soe hy wegere ha om knibbeljend de eed ôf te lizzen: “Wy Friezen knibbelje allinne foar God.”

De net al te hege doarpstoer leit súdlik fan de dyk. De tsjerke leit binnen in seame fan esken en in bûkehage. De sealtsjerke fan 1883 bestiet út trije, mei rûnbôchfinsters iepene fakken en in trijekantige sluting. De noardmuorre en dy fan it koar binne oplutsen yn grauwe stien; de súdkant is stukadoare. Yn de foar in part yn it tsjerkefolume stekkende toer hingje twa klokken út 1637 en 1671.

Noardlik fan it doarp rint it Hitsumer Binnepaed. It is in spoar fan in dynamyske perioade út de skiednis. Yn de tsientallen jierren om 1900 hinne kaam der in ticht net fan tramwegen yn Fryslân. In drok stik wie dat fan Snits nei Harns mei in sydtakke oer Hitsum nei Frjentsjer. Dêr wie wer oansluting op tram- en spoarlinen troch Barradiel en It Bilt. Nei opheffing fan de tramferbining is it trasee tusken Hitsum en Frjentsjer omtovere ta in fytspaad en binne de bermen beplante mei tichte seamen fan beammen en struken.

Hollum is in iesdoarp mei buerten, it is út twa dielen ûntstien. Yn it súdlike, jonge part is de losse bebouwing frij regelmjittich pleatst by twa noard-súd ferrinnende leanen lâns, de Ooster- en Burenlaan, dy‘t by elkoar komme by it tsjerkhôf fan de doarpstsjerke. De tsjerke mei har foarse sealdaktoer is in dominant elemint, yn it doarp en ek yn de wide omjouwing. De tsjerke is yn letmidsieuske trant heech oplutsen en foarsjoen fan opfallend grutte spitsbôgefinsters tusken steunbearen yn. De toer is yn de 15 ieu mitsele fan readkleurige bakstien. Op it ferhege hôf, omjûn troch beammen, stean grêfstiennen fan ûnder mear walfiskfarders.

De wenhuzen binne op frije hiemen oan, mei foarse beammen beplante en fan gersbermen fersjoene leanen boud mei harren karakteristike giele geveltoppen nei de strjitte ta. In soad huzen binne foarsjoen fan 17e en 18e-ieuske ankerdatearrings. De kommandeurshuzen besitte kenmerkjende friezen, siermitselwurk om finsters en doarren hinne en frissels yn de geveltoppen, soms mei reade aksinten yn it giele muorrewurk. In groep fan dizze orizjinele en rekonstruearre wenningen mei in kearn út 1751 oan de Herenweg is as museum ynrjochte. Yn dy strjitte stiet ek de flinke sealtsjerke fan de menisten mei in dekorative foargevel. It grifformearde tsjerkje mei in dakruterke is te finen oan de Westerlaan.

Foarmet it suden fan it doarp in geef gehiel, it âldere hat de sjarme fan it spontane. It is dêr ûnregelmjittich fan oanlis en de bebouwing liket willekeurich groepearre en foarmet by de herberch, ien fan in pear bouwurken mei ferdjipping, in plein. Dit Hotel de Zwaan (1764) befettet in pronkkeamer mei in elegante rococo-skou en in âlde bêdsteewand.

Noardwestlik fan it doarp stiet de rûne, 48 meter hege fjoertoer fan getten izer, in opfallend beaken mei horizontale read-wite bannen. Hy is yn 1880 nei in ûntwerp fan Q. Harder konstruearre. Op in wat leger plato is in U-foarmich kompleks fan fjouwer dûbele wachterswenningen yn in bepleistere neoklassicistyske toai. De belangrykste doarpsútwreidings ha earst oan de noard- en letter oan de eastkant plakfûn.

Holwert bestiet út in radiale tsjerketerp, dy’t inkele jierren foar de jiertelling foarme is. Súdlik dêrop oansluten is in út de 8e of 9e ieu datearjende lang útrekte hannelsterp, dêr’t de bebouwing by de as fan de Buorren en Foarstrjitte lâns ta stân kommen is. De earste kustdyk is yn de 12e of 13e ieu oanlein, wêrby‘t de tsjerketerp yn it earstoan bûtendyks kaam te lizzen. Oant 1580 ta; doe waard de seedyk ferlein.

Yn de 17e ieu is nei it suden ta de Holwerter Feart oanlein, wêrtroch’t it doarp in streekrjochte en krekt by Raard wat kronkeljende wetterferbining nei it efterlân krige. De sintrale strjitte is yn 1871 ferlege, wylst de huzen op it terpenivo bleaunen. Sadwaande ûntstienen de karakteristike profylferskillen wêrtroch’t foar de huzen oan de Hege Buorren ûntslutings mei trepkes needsaaklik wienen. De âlde doarpskearn bestiet út in patroan fan strjitten en stegen dêr‘t frijwat foarname bebouwing de sfear bepaalt. De útwreidings binne oan de noard- en eastkant ta stân kommen, nei de oarloch benammen oan de eastkant.

De herfoarme tsjerke is oan de noardlike flank op de yn 1890 diels ôfgroeven terp in sterke bepaler fan it Holwerter silhûet. De kloeke toer datearret út de earste helte fan de 13e ieu: de hege ynsnuorre nullespits kaam yn 1661 ta stân en is nei de tiid in pear kear opknapt. Ut de wat lettere 17e ieu datearret ek ien fan de tagongspoartsjes mei kwabornamint. De tsjerke wie wijd oan Willibrord en is yn 1776 ûnder lieding fan Willem Douwes út Harns ferfongen troch it hjoeddeiske gebou mei in L-foarmige plattegrûn dat in twadde tagongspoarte krige yn Lodewijk XVI-foarmen. Yn it romme ynterieur, mei omtrint gjin ferdieling yn segminten, falle it elegante doopstek en de rokoko preekstoel mei koperwurk op. Oan de oare kant fan Holwert stiet oan de Stasjonswei de meniste tsjerke mei in neoklassicistysk front út 1850. Oan de Elbasterwei stiet de yn 1933, nei in ûntwerp fan P. en R. Offringa boude grifformearde tsjerke mei in waaierfoarmige plattegrûn en in slanke toer yn de oksel fan de fleugels.

Hommerts is in lang útrekt streekdoarp dat yn ‘e lette Midsieuwen ûntstien is as wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westlike kant fan de feart, it Far. Sûnt de oanlis fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1843 oan ‘e eastkant fan it wetter hat it doarp geandewei in draai makke fan 180 graden en hat him sadwaande ta in dyksdoarp ûntwikkele. Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851is dit proses sichtber.

Begjin 18e ieu is alle, foaral agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ” een groot Dorp, ten Oosten grenzende aan Uitwellingerga en de Oude Weg, die ‘t zelve van Doniawerstal scheidt; ten Zuiden aan de Jelte Sloot, waar door het van dezelfde Grieteny gescheiden wordt, en ten Westen aan de Wester-Wymerts, scheidende de landen deezes Dorps van die van Heeg. Dit dorp bevat 41 stemmende plaatsen, alle gelegen ten Noorden en ten Zuiden der Kerk, waar onder ook behoort het buurtje Lippenwoude .... Weleer lag hier, niet verre van de Kerk, Hettinga Stins, en op den wal van de Jelte Sloot, Okma State”.

Utsein de tsjerke bleau de bebouwing yn it earstoan foaral beheind ta de westkant fan ‘e dyk. Mar yn de 20e ieu is hjir en dêr ek oan ‘e oare kant wat bebouwing ta stân kommen. Súdlik fan ‘e tsjerke is yn 1849 de ryddyk nei Osingahuzen en Heech oanlein; in komfoarming is der nea fan kommen. Lippenwâlde by de Jeltesleat is noch altyd in apart buorskip.

De herfoarme tsjerke is in yn 1876 troch P. De Jong ûntwurpen sealtsjerke yn fersoarge mingstyl mei in trijekantige sluting en in kloeke, heal ynboude toer fan fjouwer segminten mei in ynsnuorre spits mei frontons

Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De doarpsstrjitte rekke yn ‘t earstoan oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan ein 19e ieu ôf waard der ek oan de oare kant boud.

Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sa yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân komme wêze. It is yn de dêrop folgjende ieuwen iderkear wer fergrutte en feroare. Om-ende-by 1270 kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. Dêrfan is de noardmuorre frij geef troch de ieuwen hinne kommen. It skip krige koepelferwulven, dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer ferwidere binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om 1330 hinne waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de boufallich wurden toer sawat foar de helte ynkoarten en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 bûtenom bepleistere, mar by in yngeande reparaasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach wer ferwidere. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. Troch alderhande spoaren is de tsjerke in boeiend ferhaal fan stien. Het ynterieur hat fraai meubilêr, dêr‘t foaral de beskildere nachtmielstafel, foarsjoen fan spreuken út it begjin fan de 17e ieu opfalt.

Oan de doarpsstrjitte stiet de yn 1907 boude mânske pastorije. Dêrnjonken stiet in buorkerij mei foarein en in frij lege skuorre, dy‘t oan de sydkant dan ek in ‘schúntsje’ hat. Yn Hoarne fynt men noch in oantal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738.

Houtigehage is in heidedoarp dat krekt yn it lêst fan de 19e ieu stâl krige. Fanâlds is it âlder. Oan de earste helte fan de 18e ieu ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning.

Doe‘t healwei de 18e ieu dat wurk klear wie, waard it ruïnearre doarp oan syn lot oerlitten en ûntjoech him in heidegebiet, dêr‘t earmoedsaaiers besochten wat hoekjes grûn yn kultuer bringen om yn harren eigen ûnderhâld te foarsjen. Houtigehage bestie yn dy tiid út in ûnoarderlike en ferspraat lizzende samling spitketen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 docht bliken dat de delsetting hjir en dêr al wat mear struktuer krigen hat. It lân is op in och sa lytsskalige wize yn kultuer brocht. De bewenning lei noch altyd ferspraat en der wienen noch in soad net-oanmakke eardere feangrûnen, mar by de Houtigehaachster Wyk lâns – no deSkoallewyk – stienen doedestiids al rigen huzen dy‘t sa in begjin fan in delsetting begûnen te fertoanen. Yn 1896 waard der krekt in skoalle boud: it wie de earste kollektive foarsjenning.

Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp Rottefalle. Johannes Antonie Visscher, dominy yn it begjin fan de 20e ieu, wie begien mei it lot fan Houtigehage, publisearre oer de’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten wienen. Ien fan dy huzen is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en ynrjochte. Yn 1930 waard Houtigehage in selsstannich doarp. Yn 1937 kaam de herfoarme tsjerke ta stân. Nei de oarloch is it doarp sterk groeid, foaral ek omdat de wenningbouferiening dêr flink begûn te bouwen.

Húns is in lyts terpdoarp mei in oantreklik ûntwikkele struktuer. It leit noardlik fan de Boalserter Feart, dêr‘t it mei in doarpsfeart oan ferbûn wie. Oer it lân lei Húns oan yn de twadde helte fan de 19e ieu ta frijwat isolearre. No is it, troch de nije Westergoawei hiel goed ûntsletten. Oan de oare kant fan de autodyk leit in buertsje by de Panwurksbrêge, dat by Húns heart en dêr’t yn it ferline in panne- en stienfabryk stien hat.

Fan de Westergoawei ôf liedt in kromme dyk de Húnzer doarpskom yn. Yn ’e bûtebocht steane wat huzen, yn de binnebocht de rizige, eardere en no in boufallige skoalle, dy’t yn in opknapbeurt bestjurre liket te wêzen. Dêrnei wurdt it profyl ferheftige en it perspektyf wider. De doarpsstrjitte rint op as hy krekt by de ôfgroeven tsjerketerp lâns giet en oan de súdkant hat men it sicht oer it romme keatsfjild. De doarpsstrjitte wurdt omseame troch tichte rigen kastanjebeammen en begelaat troch it eardere kafee en no it doarpshûs ‘De Murdhûn’, in gebou fan twa lagen heech fan in ienfâldige steatlikens. Dêrnei folgje in pear leechlizzende huzen dy’t it oprinnende tsjerkepaad begeliede.

Fanwege de skerp ôfstutsen hege terp liket de beskieden tsjerke omheech te rizen en it doarp oan de noardkant te beskermjen. Oan de nei de noardkant nei de doarpskom rjochte súdkant is de tsjerke hielendal mei ferskate kearen reparearre betonsemint ynstrutsen, mei noch wol in aardich profyl om de yngong hinne. Oan de west- en noardkant is it oarspronklike boumateriaal sichtber: giele kleastermoppen mei ferskillende reparaasjes. De tsjerke datearret fan justjes nei 1200. Op de westgevel is in tuorke mei in houten opbou en spits pleatst, dêr’t in klok yn hinget dy‘t yn1617 getten is troch Hans Falck. De toer draacht in nei it doarp rjochte oerwurk mei anno 1929.

Tsjin de tsjerke oer leit in romme kampe lân, it leechlizzende keatsfjild, omseame troch aardige, hjir en dêr romantysk opknapte húskes yn in libbendich ferskaat yn maten, oerkappings en finster-segminten. Yn gearhing mei de hege tsjerketerp foarmet dizze romte in faksinearjend romtlik kontrast.

Hurdegaryp is in yn ‘e lingte útrekt streekdoarp, yn de Midsieuwen ûntstien op in sânrêch. De doarpskearn mei in 13e-ieuske tsjerke lei ynearsten súdliker dan dêr‘t no it sintrum te finen is. Mear nei it suden ta lei noch it buorskip Gaestmabuorren, dat gruttendiels by Hurdegaryp hearde. Dêr stie oan1829 ta de Grovestins, in kloeke toerstins.

Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet op it plak dêr‘t it hjoeddeiske doarp leit bebouwing oan wjerskanten fan it ferlingde fan de yn 1528-1531 oanleine Zwarteweg, dy ‘t fan Ljouwert ôf yn eastlike rjochting rûn. Dêr stiet ek Huize Bennema yntekene mei de meidieling dat de famylje Fortuijn dêr dan wennet. Oan de súdlik rinnende Simmerdyk wennen noch net safolle minsken, mar de tsjerke stie der wol. Wer mear nei it suden ta hie Gaestmabuorren in behoarlike bebouwing. De Tegenwoordige Staat van Friesland fermeldt: “Dit dorp heeft een fraaje Kerk en toren, met een schoone buurt huizen. De Kerk stond weleer aan de Zomerweg; doch is in ‘t jaar 1714 by de buurt geplaatst, welke bestaat uit een dubbele streek huizen, by welke men eene fraaje hofstede ziet, aldaar door zekeren Bennema van Leeuwarden gesticht, aan den vermaakelijken rydweg die van hier naar Veenwouden loopt, en thans behoorende aan de Familie van Boelens. In ‘t Zuidwesten ligt eene buurt en een groot gebouw met naame Gaalslot, voorzien van eene schoone plantagie. In ‘t Zuidzuidoosten, niet verre van Bergum, ligt in ‘t geboomte Gaastmabuuren .... By deeze huizen lag weleer de state Groustins, waarvan de stins noch in weezen is.”

De Grovestins stiet op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1847 noch oanjûn, al wie it gebou yn 1829 al sloopt. By de ferkearsdyk yn it noarden stiet de nije tsjerke yntekene en op it plak fan de midsieuske tsjerke is it Oud kerkhof oanjûn en fuort dêrby it Priestershuis. Yn 1830 is de rykswei fan Ljouwert nei Grins oanlein, diels oer it trasee fan de Zwarteweg. Troch Hurdegaryp hinne rûn ûngefear op it hjoeddeiske plak ek al in dyk. Oan de westlike kant fan de buert dy‘t dêr ûntstie, is yn 1711 de nije herfoarme tsjerke boud troch timmerman Eilof Johannes út Wyns. Dat stiet te lêzen boppe in opskrift boppe de yngong. It is in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar en houten geveltoer. Binnenyn hat de tsjerke in kânsel út it begjin fan de 18e ieu mei ryk snijwurk. It meubel hat korintyske pylderkes op de hoeken fan de kûp en draacht evangelistesymboalen en der stean twa hearebanken, wêrfan’t ek ien út de 17e ieu, sûnder mis út de âlde tsjerke komt. Fierderop oan de Ryksstrjitwei stiet ek noch in evangelisaasjelokaal fan de herfoarmden, in ienfâldich bouwurk út 1935 mei inkele ekspresjonistyske eleminten.

Under de wenhuzen falt mei namme de wat efterôf steande ‘Villa Nova’ op. De L-foarmige filla mei in útboude middenpartij is yn 1856 boud foar J. Hora en P.J. Hora-Adema yn in mingstyl dêr’t it neoklassisisme de oerhân hat. Fierders stiet oan de haadier fan de âlde streek in oantal notabele wenningen mei in middengong dêr‘t de middenpartij by útboud is of aksintuearre troch in sierlike kajút. Mear nei it westen ta stean wenhûspânen meast út de 20e ieu. Dêr binne ek karakteristike eksimplaren by.

Op in royale kavel op nûmer 24 boude arsjitekt Abe Bonnema yn 1961-1962 in doaze-foarmige, modernistyske houten fila. It tsjinne as eigen wenhûs en kantoar foar syn arsjitektenburo. De tún is oanlein nei in ûntwerp fan Mien Ruys. Fan de sechstiger jierren ôf krige Hurdegaryp in stevige ympuls trochdat der in soad Ljouwerters har dêr te wenjen setten. Yn sa ‘n tsien jier tiid groeide it doarp út ta in forinzeplak. Súdlik fan de Ryksstrjitwei kamen omfangrike wenwiken yn in nochal strange rjochthoekige ferkaveling ta stân. De foarsjennings binne meigroeid. Sa krige it plak koartlyn in merkplein oan de Fuormanderij, omseame troch in winkelsintrum, diels mei apparteminten en ferdjippings.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!