Regio's

Regio


It meast súdwestlike puntsje fan it fêstelân fan Fryslân is in nijsgjirrige hoeke. Mei de auto is it in úthoeke dêr’tst net gau komst. En it boemeltsje Snits – Starum: dêr sitte net grutte kloften minsken yn.... It is dan ek in prachtich, stil gebiet. De woldiedige rêst fan hjoed is in grut ferskil mei it drokke en warbere ferline.

Yn 991 waard Starum plondere troch de Wytsingen (Noarmannen). Blykber wie it yn dy tiid al in woltierige, rike stêd. Tanksij de strategyske lizzing oan de Sudersee wie Starum yn de trettjinde ieu sels útgroeid ta de wichtichste stêd fan Fryslân. doe`t de Hollânske greve Willem IV yn 1345 Starum feroverje woe, liet er in part fan syn float noardlik fan de stêd oan lân gean. De rest fan it leger gie by Laaksum oan lân en soe oer Warns nei Starum optsjen. De fjildslach dy`t dêrnei kaam, is letter ferneamd wurden as de Slach by Warns, dy’t einige yn in jammerdearlike nederlaach foar de Hollanners en de dea fan greve Willem. De dyk fan Skarl nei Warns, dêr`t de Hollânske ridders harren ûndergong temjitte gienen, hiet oant fier yn de tweintichste ieu noch ’de ferkearde wei’ en wurdt yn de folksmûle noch altyd sa neamd. By it monumint op it Reaklif, in swerfstien mei de tekst ’Leaver dea as slaaf’, wurdt de slach alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht.

Starum koe tiden fan grutte bloei, mar ek fan delgong en ferfal. Dat is ek it ûnderwerp fan de prachtige sêge fan It Frouke fan Starum. By de âlde haven stiet in byld fan dizze heechhertige, rike widdo dy’t, sa wol it ferhaal, it ûntstean fan it Frouwesân feroarsake hat: in ûndjipte foar de kust dy`t de skipfeart hindere en sa de oarsaak wêze soe foar de delgong fan de stêd.

Oan it begjin fan de njoggentjinde ieu wie Starum net folle mear as in neatich fiskersdoarpke. In nije ympuls wie de spoarferbining mei Snits (1885) en benammen de feartsjinst op Inkhuzen dy`t in jier letter út ein sette. Yn 1888 wie der in botsing tusken de twa stoomrêdboaten ’Friesland’ en ’Holland’. Dý ’slach’ wie foar Hollân: de ’Friesland’ ferdwûn spitigernôch ûnder wetter. Yn 1899 waard de earste fan trije stoomponten yn gebrûk nommen, dêr`t treinwagons op riden wurde koene. Yn 1916, it topjier, waarden mar leafst 340.000 passazjiers en 43.000 goederewagons oerset.

Hjoed de dei is Starum in slommerjend, prachtich Iselmarstedsje dat benammen yn de simmer ta libben komt tanksij it wettersporttoerisme. Mar ek foar net-boatsjeminsken is it stedsje in besite mear as wurdich. Priuw al kuierjend de unike sfear. Stap ris binnen by Atelier Basalt, Kunsthuis Stavoren, Galerie De Staverse Jol. Of sjoch ris yn Toankamer ’t Ponthûs. En wolle jo dochs it wetter op, meitsje dan mei de hjoeddeiske, toeristyske feartsjinst in oertocht nei Inkhuzen.

Molkwar en Warns wienen earder ek, tanksij de hannel en seefeart, woltierige plakken. Om de eilantsjes dêr`t it op boud waard, stie Molkwar lang bekend as it ’Friese Doolhof’ of ’Venetië van het Noorden’. In oare bynamme wie ’Heksenhol’, dêr`t mei ferwiisd waard nei de froulju waans manlju faak lang op see bleaunen. It doarp stie bekend om de hannel yn swannepikelfleis en hie in eigen fertsjintwurdiging yn Amsterdam. Sûnt 1916 wurdt yn it doarp de ferneamde Molkwarder Koeke makke, in spesifike Fryske lekkernij. Yn de oarspronklike bakkerij sit hjoed de dei in Oudheidkamer met teeskinkerij.

Warns hat noch in tal saneamde ’grutskipperswenningen’. Tsjintwurdich binne it benammen skippers fan plesierboaten dy`t it doarp as thúshaven hawwe. Der binne ferskillende toeristyske oernachtingsmooglikheden en in tal ateliers en galeryen.

It gebiet is net allinne om de rike en rûzige skiednis en de hjoeddeiske toeristyske fasiliteiten de muoite fan in besite wurdich, mar ek en faaks wol benammen om it prachtige lânskip, de natuer en de rêst. It hege Reaklif, it skildereftige haventsje fan Laaksum, de leech lizzende Sudermarpolder, de eardere seedyk, de bûtendykse natuergebieten Mokkebank en Bocht van Molkwar en de wide Iselmar, dat troch de pleatselike befolking net om ’e nocht noch altyd "de See" neamd wurdt Dat is allegear it skitterjende dekôr dêr`t men hearlik yn fytse kin, kuierje of gewoon genietsje!

It Amelân

It Amelân hat in soad te bieden. In moaie natuerlike omjouwing dêr`t men alle kanten út fytse en kuierje kin. Meitsje ris in tocht nei It Oerd of noch fierder, De Hon, en ûndergean de romte, de leechte en de stilte. Besytsje de doarpkes en priuw de rike histoarje en eigensinnige Amelanner kultuer. Beklim de fjoertoer fan Hollum en genietsje fan it geweldige útsicht. Of sykje it nóch heger op en meitsje fan it fleanfjild fan Ballum ôf in rûnflecht boppe it eilân. In parasjutesprong heart ek ta de mooglikheden. En mei beide fuotten wer op de grûn kin men dêrnei op de golfbaan in baltsje slaan. Of men kin kitesurfe, of hynsteride, of gewoan lekker op it strân lizze. Op It Amelân hoecht men jin net te ferfelen!

De Amelanners sels ferfele har ek net: der is gjin eilân dêr`t safolle eveneminten organisearre wurde. Op kultureel mêd bygelyks: it 'Midzomerfeest', it 'Rôggefeest', Zydeco at Sea, de de Horizontoer en de Kunstmaand. Dêrneist mei It Amelân him mei rjocht it sportyfste waadeilân neame. Alle jierren is der in nasjonaal 'beachvolleybal'-toernoai, in ynternasjonaal strânrugby-toernoai, de 'Advent-Ure Run' en de 'Tri Ambla', Nederlân syn moaiste cross-triatlon (yn 2008 it offisjele ETU Europeesk Kampioenskip!).

It Amelân yn in nutedop: der bart fan alles, der kín fan alles, mar der móat neat! Alhoewol... Wat jo eins net misse méie, is de tewetterlitting fan de hynsterêdingsboat. Trochinoar íén kear yn 'e moanne wurdt sjen litten hoe`t earder by ‘skip yn need' de rêdingsboat troch tsien hynders oer it strân en troch de brâning ‘lansearre’ waard. In spektakulêr gesicht!

Ea, oan de ein fan de njoggentjinde ieu, wie it eilân mei in daam ferbûn mei it fêstelân. Mar de see besleat doedestiids dat It Amelân in eilân bliuwe moast: de daam ferdwûn foar it grutste part yn de weagen. It earste part wie de basis foar de tsjintwurdige feardaam by Holwert. By eb binne de restanten fan it fierdere part noch te sjen.

Yn de tweintichste ieu binne plannen makke om It Amelân troch twa diken te ferbinen mei it fêstelân en it gebiet tusken dy diken yn te polderjen. Dy kear wie it de minske sels dy`t besleat dat it eilân in eilân bliuwe moast. Gelokkich mar...

De streek besuden Dokkum stiet bekend as De Dokkumer Wâlden. Dêr leit in sânrêch dêr`t him yn de rin fan de ieuwen in bysûnder lânskip ûntwikkele hat. Karakteristyk binne de elzesingels dy`t de ôfskieding foarmje tusken de stikken lân. Foar it romme, iepen lânskip fan it seeklaaigebiet noardlik fan Dokkum komt hjir in heal ticht, saneamd beamwâlelânskip foar yn it plak.

De ôfwikseling tusken iepen stikken lân, beamwâlen en lytse stikjes bosk jout it gebiet in hiel eigen sjarme. It makket net om `e nocht diel út fan it ’Nationaal Landschap ’De Noordelijke Friese Wouden’’.

Op de heger lizzende sânrêch wie al om 4000 foar Kristus hinne sprake fan bewenning. Troch it heger wurden fan de seespegel feroare it gebiet yn de rin fan de ieuwen lykwols yn in ûntagonklik heechfeangebiet. Fan sawat it jier 1100 ôf waard dat fan de noardlike klaaistreek út ûntgonnen. Dwers op de noard-súdrjochte ferkaveling ûntstie sa op de oarspronklike sânrêch in rige doarpen: Driezum, Wâlterswâld, Damwâld (Nedl.: Dantumawoude), Moarrewâld (Nedl.: Murmerwoude), Ikkerwâld (Nedl.: Akkerwoude) en Rinsumageast. De lêste trije binne yn 1971 gearfoege ta Damwâld. ’Dam’ betsjut dêrby neat oars as de earste letters fan de trije oarspronklike doarpen, yn in maklik te lêzen folchoarder, útgeande fan de Nederlânske beneamings.

De Dokkumer Wâlden binne in paradys foar eltsenien dy`t hâldt fan rêst, natuer en moaie lânskippen. Likegoed binne alle foarsjennings foar in noflik ferbliuw oanwêzich. Yn kultuerhistoarysk opsicht hat it gebiet ek it nedige te bieden: tsjerken, mûnen, de tichteby lizzende fêstingstêd Dokkum, it Cichoreimuseum De Sûkerei ensfh. De Dokkumer Wâlden liene har by útstek om mei de fyts of te gean ferkend te wurden. Kanoleafhawwers kinne terjochte op de Falomster Feart, dy`t de súdlike grins fan it gebiet is en tagong jout ta it feangebiet bewesten De Dokkumer Wâlden.

De ’Skieding’ is de tapaslike namme foar de wei dy`t fan Surhústerfean nei it suden rint. Dy wei is nammentlik de provinsjale grins tusken Grinslân en Fryslân. It lânskip is oan wjerskanten is it risseltaat fan fean- en heide-ûntginnings. It tichte patroan fan lytse weikes, in hiel soad fersprate bebouwing by dy weikes lâns en de karakteristike beamwâlen en elzesingels jouwe it gebiet in lytsskalich, besletten karakter. De kavels binne oer it generaal lang en smel; allinne om de heidedoarpen Boelensloane en Houtigehage hinne is de ferkaveling mear blokfoarmich.

De doarpen yn dit gebiet binne yn ferhâlding jong en hawwe troch har ûntsteansskiednis as ûntginningsdoarpen gauris gjin dúdlik te werkennen kearn. Drachten, wilens útgroeid ta de twadde stêd fan Fryslân, bestie oant fier yn de santjinde ieu ek noch net as kearn. De oantrún foar de groei kaam troch it kontrakt dat de ’Drachtster Compagnons’ yn 1641 sleaten om it heechfean noardlik en eastlik fan it hjoeddeiske sintrum fan de stêd of te graven.

Dat it hjir om in grinsgebiet giet, docht ûnder mear bliken út it feit dat in grut part fan de ynwenners fan it Grinslânske doarp ’Opende’ (yn it Frysk De Grinzer Pein) Frysktalich is. Net allinnich kultureel besjoen mar ek lânskiplik besjoen rinne de beide provinsjes ’yn elkoar oer’. Dat jildt ek foar it grinsgebiet besuden de A7. Dêr lizze ûnder mear Fryske Peallen en De Wylp: doarpen dêr`t de ’útrinners’ fan yn de oanbuorjende provinsjes lizze.

It gebiet om de Skieding hinne biedt in freonlik, karakteristyk en ôfwikseljend lânskip. It lient him by útstek om mei de fyts of te gean te ferkennen. By moai waar is ’Strandheem’ in prachtich plak: in rekreaasjedobbe dêr`t men swimme, surfe en op it strân lizze kin. En wolle jo in dei te winkeljen? Drachten leit nêst de doar!

Foar in soad minsken is Harns de moaiste fan de Fryske alve stêden. Oer smaak kinst fansels tsiere, mar de stêd fan de ’Ouwe Seunen’ hat yn alle gefallen wat dat de oare tsien net hawwe: de unike sfear fan in havenstêd. Yn it wettersportseizoen is Harns in libbene, brûzjende stêd. Mar ek yn de winter soargje de ferskillende havens foar ’libben yn de brouwerij’.

De earste haven waard al om 1500 hinne oanlein. Tanksij de bloeiende hannel en seefeart groeide de stêd yn de twadde helte fan de sechstjinde ieu oermjittich. doe`t de Fryske Admiraliteit yn 1645 fan Dokkum nei Harns ferpleatst waard, waard de stêd tagelyk ek noch marinehaven.

It rike ferline is ôf te lêzen oan de goed 500 (!) monuminten dy`t de stêd hat. Yn íén derfan, it Hannemahuis, sit it gemeentemuseum, dêr`t de skiednis fan de stêd op in boeiende wize ta libben brocht wurdt. Jo kinne dêr ferskillende stedskuiers krije. In oar nijsgjirrich museum is it Harlinger Aardewerkmuseum oan de Sâltsleat. Dy fraaie lytse grêft is winterdeis it prachtige dekôr foar in krystmerk dy`t útgroeid is ta ien fan de meast orizjinele en sfearfolle fan Nederlân. Twa oare jierlikse eveneminten dy`t in lytse besite wurdich binne, binne it saneamde ’Leanekeatsen’ (tredde wike fan juny) en de fiskerijdagen (ein augustus). Keunstleafhawwers ferwize wy graach nei ’Kunst aan de kust’

It kontrast tusken it libbene Harns en it ’efterlân’ is grut. De rêst en stilte yn it westlike part fan de ’Bouhoeke’, it boulângebiet noardlik fan de line Harns Ljouwert, wurdt allinnich sa út en troch fersteurd troch it lûd fan lânboumasines. Yn de earste trije desennia fan de tweintichste ieu wie ek geregeld noch in stoomtrein te hearren: troch it gebiet rûn it spoar Stiens-Harns fan de ’Noord Friesche Lokaalspoorweg Maatschappij’. De ’Staatsspoorwegen’ hienen yn 1863 al it spoar Harns-Ljouwert iepene, it earste spoar fan Fryslân.

De nammen fan alle doarpen yn dizze regio einigje op -um, dat ôflaat is fan it Germaanske heem, dat ’wenstee’ betsjut (yn it Frysk noch oerlevere yn it wurd hiem). In dit gebiet, dat oant fier nei it begjin fan de jiertelling net beskerme wie tsjin de see, leinen dy wensteeën needsaaklikerwize op keunstmjittige ferhegings yn it kwelderlân: terpen. Dy wenhichten waarden gauris opsmiten op al besteande natuerlike ferhegings yn it lân, de kwelderwâlen. In ferneamde terp is dy fan Winaam. Dêr binne yn it ferline bysûndere argeologyske fynsten dien. In lytse besite oan it archeologysk stipepunt is tige de muoite wurdich.

Fan likernôch it jier 1000 ôf waard begûn mei it oanlizzen fan diken. Ién dêrfan is de Slachtedyk, dy`t goed 42 kilometer lang is. Yn 2000 wie de dyk foar it earst it parkoers foar de Slachtemarathon, dy`t sûnt dy tiid ienris yn de fjouwer jier organisearre wurdt. Mar jo hoege net oant de folgjende te wachtsjen: de dyk is frij tagonklik. En as jo op eigen manneboet op paad geane, ûnderfine jo it prachtige lânskip, de rêst en de stilte nammerste mear! En fansels meie jo dan ek bêst in lyts stikje fan it trajekt rinne...

De tsjintwurdige seedyk hat ek op in soad in ûnwjersteanbere oanlûkingskrêft. Bij moai waar is it útsjoch oer it Waad én it lân wier magistraal! En by ’rûch’ waar, as de funksje fan de dyk te fernimmen en te sjen is, kin men der hearlik ’útwaaie’. Oan de binnenkant fan de dyk lizze hjir en dêr saneamde ’dyksputten’, dy`t meiïnoar natuergebiet de Bjirmen foarmje.

De ûntsteansskiednis fan it gebiet wurdt op in dúdlike en byldzjende wize út de doeken dien op it webstee fan it doarp Seisbierrum. Mar net foardat earst efkes yngien wurdt op de yntrigearjende Nederlânske namme fan it doarp Sexbierum... Trochdat Seisbierrum en it oanbuorjende Pitersbierrum nochal wat monumintale pleatsen en statige wenningen fan notabelen en rinteniers hawwe, striele se in beskate grandeur út.

It sil dúdlik wêze: Harns is mear as allinne it plak dêr`t de boat nei Flylân of Skylge fuortgiet en oankomt en de omkriten sille jo oangenaam ferrasse. Nim ris in pear dagen de tiid om de monumintale, gesellige stêd en de skitterjende, rêstjaande omkriten te ferkennen. In trijetal unike oernachtingsmooglikheden soargje dêrby foar it ’ultime havengefoel’

Goede waar priizget himsels. Dat jildt eins ek foar Gaasterlân, in unyk stikje Nederlân. It licht gloaiende lânskip lit in tige grutte fariaasje sjen: greiden, boulân, bosk, heide, reidlannen, sompe, wetter, leechlizzende bedike polders en heechlizzende ’gaasten’ en kliffen. Ieuwen lyn al wie it gebiet ’tusken Mar en Klif’ (de Fryske marren en de kliffen by de Iselmar lâns) yn trek as wengebiet foar de adel. En doe`t yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu hiel stadich it toerisme begûn op te kommen, wie Gaasterlân net om `e nocht ién fan de earste gebieten dy`t dêrfan profitearren. Foar in hiele soad hat de namme fan it gebiet in magyske klank dy`t jin fakânsjes yn `t sin bringt dy`t men dêr trochbrocht hat. De lange toeristyske tradysje betsjut ek dat it gebiet hielendal ynsteld is op it toerisme. Nettsjinsteande soks hat Gaasterlân syn autentisiteit folslein behâlde kind.

Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten en It Fryske Gea beheare yn Gaasterlân in grut tal ferskillende gebieten dy`t om har natuerlike en/of lânskiplike wearde wol beskerming ha moastte: bosken, heidefjilden, kliffen, polders en bûtendykse gebieten. It binne te folle om op te neamen; en it neamen fan in stikmannich soe de oare gebieten tekoart dwaan. Dêrom: sjoch sels mar ris op de websteeën fan dy organisaasjes en ûntdek sa it grutte ferskaat fan natuer en lânskippen. Binne jo ienris yn it gebiet, dan rikkemandearje wy in besite oan it streekynformaasjesintrum ’Mar en Klif’ tige oan. It sintrum sit yn it moaie brinkdoarp Aldemardum en biedt in skat oan ynformaasje oer de natuer, de skiednis en de kultuer fan Gaasterlân.

Men kin it gebiet op in soad ferskillende manieren ûntdekke. Mei de fyts, kuierjend, op it hynder, op de motor of mei de auto; op Route Zuidwest Friesland kinne jo oanjaan wat jo wolle en dêrnei kieze út rûten dy`t foldogge oan jo winsken. Mei sin foar fytsers is der ek in knooppuntenetwurk ûntwikkele: op grûn dêrfan kinne jo jo eigen rûte gearstalle.

It skildereftige rivierke De Luts, de Van Swinderenfeart, de Spûkershoekfeart en de Rysterfeart binne geskikt foar de lytse wettersport. Meiïnoar foarmje se it trajekt fan de Alvestêdetocht dat troch Gaasterlân giet en de Sleattemermar en De Fluezen meiïnoar ferbynt. De rûte giet oer in lyts marke dat ûntstien is troch it ôfgraven fan sân foar it oanlizzen fan de N359. Tsjintwurdich is it in part fan natuergebiet Wyldemerk, dat yn 2007 útroppen waard ta it earste libellereservaat fan Nederlân. De rêst fan no is in grut ferskil mei de skiednis fan it plak, dat ek de namme (’Wylde Merk’) ferklearret. It ferhaal wol dat hjir lang lyn alle jierren in (wyld) heidensk feest holden waard ta ôfskied fan de simmer. Wís is dat it letter, oant de ein fan de njoggentjinde ieu, it plak wie foar in jiermerk mei in merke, dêr`t it nochal ris wyld om en ta gean koe... Fan 1954 oant 1969 siet der yn it gebiet in barakkekamp foar islamityske Molukkers. De moskee dy`t dêr boud is wie de twadde fan Nederlân. Súdeastlik fan Wyldemerk leit in prachtige, 9-holes natuergolfbaan. Dy baan hat as earste yn Europa in saneamd ’Grienlabel’ krigen om it spesjale omtinken foar de natuer by sawol it oanlizzen as it behear.

It dwaan fan boeregolf heart ek ta de mooglikheden, bygelyks by IJsboerderij De Bûterkamp yn Aldemardum. Dêr wurde ek ekskurzjes organisearre en, de namme seit it al, der wurdt ambachtlik iis makke én ferkocht. As jo nei it iten fan dat iis (suver) alles witte wolle oer kij, dan kinne jo terjochte yn it Koeienmuseum yn Nijemardum. In oar museum mei in bysûnder tema is it Scheermuseum yn Bakhuzen. In prachtich útsicht oer it lânskip fan Gaasterlân hawwe jo fan de loftwachttoer ôf dy`t yn de tiid fan de Kâlde Oarloch boud waard westlik fan Aldemardum, op it heechste punt fan Gaasterlân. It is efkes klauterjen, mar dan hawwe jo ek wat! Gewoan lekker op it strân lizze kin fansels ek, bygelyks by De Hege Gerzen. In aardich útstapke foar bern is ta beslút Sybrandy’s Ontspanningspark tusken Aldemardum en Riis.

In beskriuwing fan in gebiet as Gaasterlân is fansels nea folslein; dêrfoar is der gewoan te folle te sjen, te dwaan, te belibjen en te ûndergean. Foar dat probleem is mar ién oplossing: it gebiet séls ûntdekke! Jo binne fan herten wolkom.

’Hier op `e wadden, wereld fan water en slik, won hij lând út see in weer en wyn, skep foor skep, monnikewerk’.

Dizze tekst op it monumint ’De Slikwerker’, dat by Swarte Haan op de dyk stiet, is typearjend foar de skiednis fan dit bysûndere gebiet. It is noch mar rillatyf koartby dat dêr it wetter fan de Middelsee rûn. Fan de sechstjinde ieu ôf is It Bilt stikje by bytsje op de see wûn. De dêrnei nei-inoar kommende ynpolderingen binne dúdlik te sjen yn it wide lânskip: dat beskaat wurdt troch sawol âlde, minder âlde as nije diken. Dêrtuskenyn is, fan de tekentafel ôf, in hiel regelmjittich lânskip útset mei rjochte en heaks op inoar steande wegen en fearten.

By it ynpolderjen fan de Middelsee krigen de Fryske bewenners help fan grutte oantallen slykwurkers út ûnder oaren Seelân en Súd-Hollân. In soad dêrfan bleaunen yn it gebiet wenjen en mingden har mei de lokale befolking. Dêrtroch is in hiel eigen taal ûntstien: it Biltsk. De Hollânske ynfloed docht ek bliken út de earste nammen foar Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren: Wijngaarden, Altoenae en Kijfhoek: trije (eardere) doarpen yn de omkriten fan Rotterdam.

By de Aldebiltdyk lâns (út 1505) en de Nijebiltdyk (út 1600) is in hiel karakteristyk bebouwingspatroan ûntstien. Oan de noardkant steane, tsjin de dyk oan en op de dyk, de arbeiderswenten en oan de súdkant fan de dyk, efter de dykssleat, de gauris monumintale pleatsen fan de heareboeren dy`t it doedestiids nije lân yn besit hienen. Op guon plakken is de lintbebouwing fierder útgroeid ta in doarp. As de doarpen Westhoek en Alde Biltsyl meirekkene wurde, leit by de Aldebiltdyk lâns it langste, min of mear oanien sletten bebouwingslint fan Nederlân (11,5 kilometer).

It Bilt hat dus in rike kultuerhistoarje. Mar ek natuerleafhawwers kinne benammen efter de hjoeddeiske seedyk har hert ophelje. Dêr leit it Noarderleech. Earst soe dat gebiet ek ynpoldere wurde foar de lânbou: der wienen al lege dykjes (simmerdiken) oanlein. Op oanstean fan natuerorganisaasjes krijt no de see wer mear de romte en wurde de simmerpolders stadich wei omfoarme ta kwelders.

Rêst, romte, prachtige fiersichten, spektakulêre wolkeloften, kultuer en natuer... . It Bilt hat in soad te bieden! Nederlân syn ferneamdste skilder, Rembrandt van Rijn, hat ek net om `e nocht It Bilt besocht. Hy moete dêr Saskia van Uylenburgh, mei wa`t er yn 1634 troude yn de herfoarme tsjerke fan Sint Anne.

It Hearrenfean hat ynternasjonale bekendheid fanwegen it reedriden. Thialf wie fan de hiele wrâld de twadde oerkape 400 meterbaan en jildt noch hieltyd as íen fan de iisbanen yn’e wrâld mei de hurdste tiden. Dêrneist is It Hearrenfean fansels bekend fan de fuotbalklup mei deselde namme en it nei de legindaryske fuotballer Abe Lenstra neamde stadion. Mar dizze ’sportstêd’ en har omkriten hawwe mear te bieden, folle mear!

It Hearrenfean is fanâlds in feankoloniale delsetting. Yn 1551 waard troch de notabelen Van Dekema, Van Cuijk en Foeyts, de ’heeren van het veen’, de ’Schoterlandse Veencompagnie’ oprjochte, de âldste Nederlânske heechfeankoloanje en de op íen nei âldste ’Naamloze Vennootschap’ fan Nederlân. Se begûnen mei it graven fan de Hearresleat, dêr`t de turf ôffierd wurde soe. Heaks dêrop waard yn eastlike rjochting de Skoatterlânske Kompanjonsfeart groeven, dêr`t it lêste stik fan, méi troch de ûntginning fan it fean, hieltyd fierder opskode. It Hearrenfean is ûntstien by it krúspunt fan dy turffearten. Dy fearten waarden de definitive grinzen fan de besteande ’gritenijen’ (gemeenten). Oant der yn 1934 in gruttere gemeente kaam mei de namme ’Heerenveen’ - dy`t bestie út de eardere gemeenten Skoatterlân, Eanjewier en in part fan Haskerlân - lei It Hearrenfean ieuwen lang yn trije ferskillende gemeenten. It ferline én it hjoed fan It Hearrenfean en omkriten wurdt op boeiende wize ferteld en ferbylde yn Museum Willem van Haren. In apart diel dêrfan is alhiel wijd oan de dûmny, frijtinker, sosjalist, anargist en anty-militarist Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy`t him bysûnder ynset hat om de jammerdearlik minne libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen.

Dy libbensomstannichheden wienen in grut ferskil mei dy fan de notabelen dy`t har yn de rin fan de ieuwen te wenjen setten yn it gebiet súdeastlik fan It Hearrenfean, dat ûnderwilens ûntgonnen wie. Yn 1676 lieten de Fryske steedhâlder Willem Freark en syn frou, Albertine Agnes fan Oranje, dêr in bûtenpleats oanlizze. Dêrnei kamen tal fan oare notabelen dy`t yn it gebiet lânhuzen bouden en parkeftige tunen oanleinen. Sadwaande is in hiel bysûndere konsintraasje ûntstien fan bûtenpleatsen mei byhearrende tsjinstwenningen en pleatsen, ieuwenâlde bosken, steatlike leanen en prachtige parken. Meiïnoar is it de tsjintwurdige bûtenpleats Oranjewâld, in gebiet fan 400 hektare dat beheard wurdt troch ’Staatsbosbeheer’. De bynamme ’Pronkseal fan Fryslân’ seit eins alles

In part fan de bûtenpleats waard ûntwurpen troch Daniël Marot, dy`t ek de tunen fan paleis ’Het Loo’ ûntwurpen hat. Dat part is yn 2004 yn syn oarspronklike, barokke styl rekonstruearre. Dêrby waard it gebiet ek útwreide mei in nije tún, dêr`t it nij boude Museum Belvédère (museum foar moderne Fryske keunst; in oanrikkemandaasje!) mei in strakke foarmjouwing, op fraaie wize yn yntegrearre is.

Bûtenpleats Oranjewâld kin men it bêste rinnend besjen. Troch ’Staatsbosbeheer’ is in kuierrûte útset fan mar leafst 19 kilometer.

De widere omkriten binne in skitterjend, tige ôfwikseljend dekôr foar fytstochten. Noardlik fan it boskgebiet lizze de arsjitektoanysk en stêdeboukundich nijsgjirrige wenwyk Skoatterwâld en it al neamde Museum Belvédère. Yn súdlike rjochting giet it boskgebiet frij hommels oer yn it iepen lânskip dat bestiet út greiden oan wjerskanten fan de rivier de Tsjonger. Nei it easten ta is der in stadige oergong nei in heal iepen lânskip.

It Fryske Haachje, sa as It Hearrenfean en omkriten ek wol neamd wurdt, hat alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw. De libbenens fan sport- en winkelstêd It Hearrenfean, de rêst, de natuer en de kultuerhistoarje fan Oranjewâld, de kultuer, arsjitektuer en stêdebou fan Museum Belvédère en Skoatterwâld én it grutte ferskaat fan lânskippen fan de widere omjouwing.

It Lauwersmargebiet

By de Deltawurken tinkt eltsenien daliks oan Seelân en Súd-Hollân, dêr`t yn 1953 de Wettersneedramp plakfûn. Mar de dyk dy`t de Lauwersmar skiedt fan it Waad komt ek fuort út de yn 1955 oannommen Deltawet. Dy dyk waard, nei acht jaar wurk, op 25 maaie 1969 ticht makke.

De eardere Lauwerssee, 9000 ha grut, foel foar it grutste part definityf droech. De heechste stikken waarden ynrjochte foar de lânbou en der kamen rekreative foarsjennings en in militêr oefenterrein. Mar yn it grutste part koe de natuer frij syn gong gean om him te ûntjaan. Om 1980 hinne waard útein set mei aktyf natuerbehear. De oerbliuwende 2000 ha bleau iepen wetter en foarmet sûnt in oantreklik wettersportgebiet. It hiele gebiet hat op 12 novimber 2003 de status fan 'Nationaal Park' krigen.

It Lauwersmargebiet biedt syn besikers in hiel soad mooglikheden foar in oangenaam ferbliuw. Of jo it gebiet no mei de fyts, rinnend of fan it wetter ôf ferkenne, yn alle gefallen sille jo fersteld stean fan de prachtige natuer, it ôfwikseljende lânskip, de skitterjende fiersichten en de fasjinearjende wolkeloften en sinneûndergongen. En boppe-al troch de oerweldigjende rêst, want dy hearsket hjir noch. Fansels kinne jo jo eigen fyts, kano, surfplanke of (syl)boat meinimme. Mar it hóecht net. Op meardere plakken om de mar hinne kinne jo terjochte foar it hieren fan soksoarte saken. Der binne ek mooglikheden om it gebiet te ferkennen ûnder lieding fan saakkundige gidsen.

It gebiet hat eins te folle om op te neamen. Mar in pear 'highlights' wolle we jo net ûnthâlde.

De measte Alvestêdereedriders sille der gjin erch yn hawwe dat se it earste part fan de tocht, fan Ljouwert nei Snits, troch in gebiet ride dat om it jier 1200 noch see wie: de Middelsee. Dat wie in ynham fan it Waad djip it lân yn, dy`t westlik by Ljouwert del rûn, by Raerd nei it westen ôfbûgde en oan de ein oant Boalsert ta kaam. Bij Raerd kaam de rivier De Boarn út yn de Middelsee. In bytsje noardlik dêrfan leit it frij bysûndere Park Jongemastate, dat ek wol Raerder bosk hjit.

De Middelsee dielde Fryslân yn twaen: Westergo en Eastergo. doe`t de see-earm begûn ticht te slykjen, waard dy fan de midden fan de alfde ieu ôf fan it suden út ynpoldere. De polders waarden neamd nei de doarpen dy`t op de rânen fan de (eardere) see-earm leinen: Weidumer Nijlân, Mantgumer Nijlân, Wytgaarder Nijlân, ensfh. De bebouwing yn de ’nijlannen’ is oant op de dei fan hjoed beheind bleaun ta hjir en dêr inkelde pleatsen. It gebiet hat dêrtroch in grutte iepenheid en prachtige fiersichten: foar in soad minsken Fryslân op syn moaist.

De grins tusken it ’nijlân’ en it ’âldlân’ is yn it lânskip dúdlik te sjen oan de wat heger lizzende, bochtsjende diken by de eardere Middelsee lâns. Dy hie tusken Easterwierrum en Boazum in ’flessehals’: de beide kanten leinen dêr noch gjin kilometer fan elkoar ôf. De dyk tusken beide doarpen is it begjin (of de ein) fan de ferneamde, goed 42 kilometer lange Slachtedyk, dy`t yn 2000 foar it earst it parkoers wie foar de Slachtemarathon. Dy wurdt sûnt ien ris yn de fjouwer jier organisearre. Mar jo hoege net oant 2016 te wachtsjen: de dyk is frij tagonklik. En as jo op eigen manneboet op ’n paad geane, ûndergeane jo it prachtige lânskip, de rêst en de stilte nammerste te mear! En fansels meie jo dan ek bêst in lyts stikje fan it trajekt rinne...

Krekt yn’e midden tusken de iggen fan de eardere Middelsee rint de Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining west hat tusken Ljouwert en Snits. Underskate doarpen op de iggen fan de eardere see-earm wienen troch opfearten ferbûn mei de Swette. Tsjintwurdich is de Swette in part fan de Middelsee-rûte. Troch dy yn 2005 iepene farrûte is it gebiet tusken Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer tagonklik makke foar wettersporters.

Fan de doarpen op de rânen fan de eardere Middelsee is in tal mei de boat te berikken. Boazum, dat leit oan de Boazumer Feart, is in sfearfol, skildereftich doarp mei in autentyk doarpskafee. Easterwierrum, bekend fan it jierlikse Berne-iepenloftspul, leit deunby de Swette. By it doarp binne oanlisplakken makke, krekt as by Dearsum. Dat doarp wie earder ferneamd om it fokken fan fee. De pleats fan de ynternasjonaal ferneamde feefokker Durk Schaap, dy`t yn 1913 besite krige fan keninginne Wilhelmina en prins Hendrik, hat hjoed de dei in bestimming as lúkse rekreaasjewenning en minykamping.

Mantgum leit wat fierder fan de Swette ôf, mar is te berikken troch de Mantgumer Feart en hat in eigen haventsje. Wannear’t jo in kuier meitsje troch de skildereftige buorren fan it doarp sille jo it net frjemd fine dat dy de status fan beskerme doarpsgesicht hat. Op syn minst like moai is de Seerp van Galamawei, de dyk nei it stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Snits, dat der yn 1883 kaam is.

Foar Mantgum oer, oan de oare kant fan de eardere Middelsee, leit Reduzum, dat fan de Swette ôf ek te berikken is foar de lytse plezierfeart en in jachthaven mei 30 lisplakken hat. Op www.reduzum.com is ûnder oaren te lêzen dat it fanâlds in foarútstribjend doarp is.

Mar ek as jo gjin wettersporter binne, hat dit gebiet in hiele soad te bieden. De rêstige wegen en stille boeredykjes liene har der bygelyks o sa foar om te fytsen. Op dy manier lizze ek de oare doarpen ticht by de doar. Sjoch bygelyks ris efkes yn Jellum, dat bekend stiet om it jierlikse pompoenefestival yn it tredde wykein fan septimber. Bears, dat deun by leit, is in lytse besite weardich om Bezoekerscentrum Uniastate. Fan dy state is de oarspronklike poarte bewarre bleaun en wurde de eardere kontoeren werjûn troch in ’frame’ fan stiel.

In echte oanrieder by einbeslút is Weidum: in skildereftich, in wat deftich doarp mei yn de midden in unike, prachtige iepen romte. It westlike part derfan, oan de râne fan de terp (mei dêrop ien fan de moaiste tsjerken fan Fryslân), wurdt brûkt as keatsfjild. In plaatsje!

Yn dit gebiet spile him yn 2006 in barren ôf dat oer de hiele wrâld de oandacht loek. Yn it bûtendykse gebiet rekken yn de nacht fan 31 oktober op 1 novimber troch stoarm en springfloed mear as 200 hynders ynsletten troch it wetter. In pear dagen stie de keppel ticht opinoar heappe op in heger lizzend stik lân. Bylden dêrfan én fan de rêdingsaksje giene de wrâld oer en stiene by mannichien yn it ûnthâld printe. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Micky Nijboer, dy’t de rêdingsaksje betocht en mei fiif oare amazônes útfierde. Dêr (en ek op Youtube) steane ek de yndruk meitsjende bylden fan de rêdingsaksje. Fiif jier nei it drama (der kamen ek mear as 20 hynders by om) waard op de dyk by Marrum ta neitins in keunstwurk ûntbleate, makke troch Machiel Braaksma (sjoch by Marrum, tema “Kunstwerken”).

It noarden fan de gemeente Ferwerderadiel is in hiel nijsgjirrich gebiet. Op in kwelderwâl dy‘t doedestiids min of mear de grins fan lân en see wie, ûntstienen inkelde ieuwen foar de jiertelling al de terpdoarpen Blije, Ferwert, Marrum en Hallum. De trochgeande dyk troch dy doarpen giet lâns it trasee fan de dyk dy’t yn de alfde ieu oanlein waard om it lân om de doarpen hinne te beskermjen tsjin de see. Oan de bûtenkant fan de seedyk ûntstie troch it oanslykjen yn de rin fan de ieuwen nij kwelderlân. Healwei de achttjinde ieu waard dy kwelder bedike. De seedyk fan no is wol in stik heger, mar hy leit noch hieltyd op itselde plak as doedestiids.

Yn de achttjinde ieu krigen de fjouwer doarpen elts in eigen ferbining oer it wetter mei de Dokkumer Ie yn it suden. En oan it begjin fan de njoggentjinde ieu waard it gebiet ek noch ris ûntsletten troch in spoarline. Dy waard oanlein en eksploitearre troch de “Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij” (NFLS) en gie fan Ljouwert, oer Dokkum nei Eanjum. De line is al lang opheft en it spoar is foar in grut part ferdwûn, mar it saneamde “Dockumer Lokaeltsje” binne in soad minsken noch altyd o sa oer te sprekken. It trasee is hjir en dêr noch te sjen yn it lânskip en de measte stasjons steane der noch, mar binne faak fan harsels mar lestich te werkennen. Dat lêste jildt net foar it stasjon fan Marrum-Westernijtsjerk, dat hielendal yn orizjinele steat werombrocht is.

Werom nei de seedyk. Dêr stiet, by Marrum, in monumintaal keunstwurk, makke troch Ids Willemsma. It is makke ta gelegenheid fan it ree kommen fan it op Deltahichte bringen fan de Fryske waadseediken tusken 1963 en 1993. De hege dyk biedt in prachtich útsjoch op it bûtendykske gebiet, it Noarderleech. Der wie al in begjin makke mei it yn kultuer bringen fan dat oanslike lân doe’t noch besletten waard om de see der ‘kontrolearre’ frij spul te jaan. Sûnt de bûtenste simmerdiken (lege diken) trochstutsen waarden hat him op de grins fan sâlt en swiet in unyk natuergebiet ûtwikkele dat frij tagonklik is fan 1 july oant en mei 15 maart en dêr’t twa kuiers útset binne.

Net allinne om de natuer is it gebiet ek nijsgjirrich om de noch dúdlik oanwêzige spoaren fan it proses fan ynpoldering en kultivearring: simmerdiken, slúskes, prachtige rûne drinkwetterplakken (dobben) mei ringdiken deromhinne en de resten fan in spoarbaantsje dat earder tsjinne foar it ferfier fan hout (en arbeiders) foar de âlde lânoanwinningswurken. Der steane yn it gebiet ek twa bunkers út de Twadde Wrâldoarloch.

Noard Ferwerderadiel: in ûnferwacht alsidich gebiet en in perfekte kombinaasje fan rêst, natuer, kultuer en skientme fan it lânskip.

Tusken wêr’t de Boarn en de Tsjonger har begjin fine - twa rivierkes dy`t it wetter fan it Drintske Plato nei it westen ta ôffiere - leit in ôfwikseljend lânskip mei bosk, heide, sânferstowings, puollen en feanûntginnings. It is it grinsgebiet fan de trije noardlike provinsjes. Allardseach is it ’trije-provinsje-punt’. Dêr leit de ’Landweer’, in ferdigeningswâl út de lette midsieuwen mei greppels oan wjerskanten, dy`t oanlein waard tsjin mooglike oanfallen fan Drinten en Grinslanners. Dit is it earste natuergebiet dat de provinsjale feriening foar natuerbeskerming, It Fryske Gea, krek nei it oprjochtsjen yn 1930, yn besit krige. Hjoed de dei is it in part fan it Mandefjild-Bakkefean, in skitterjend, ôfwikseljend natuergebiet fan 261 hektare, mei fyts- en kuierpaden en in rolstoelfreonlik paad.

De neiste omkriten fan Bakkefean hawwe fanâlds in soad oanlûkingskrêft foar gewoane toeristen en deitoeristen. Attraksjes yn it gebiet binne ûnder mear in iepenloftswimbad, in doalhôfpaad en in moderne ’belvedère’ (útsichttoer). Noardeastlik fan it doarp leit De Slotplaats, in bûtenpleats dy`t oarspronklik fan 1668 is. It eardere bûtenferbliuw is no in restaurant, teehûs en gearkomsteplak, mei in klassike tún mei slotgrêft deromhinne. De bûtenpleats yn syn gehiel is ien fan de gruttere boskgebieten fan Fryslân. Hiel bysûnder is de stjerfoarmige (oefen)skâns dy`t om 1995 hinne yn de bosk ûntdutsen waard en begjin dizze ieu restaurearre is.

Fuort súdlik fan de bûtenpleats ’De Slotplaats’ leit de Duerswâldster Heide. Dat natuergebiet hat syn namme ûntliend oan it doarp Duerswâld, dat yn 1973 mei it oanbuorjende Weinterp en Weinterpstreek gearfoege waard ta Wynjewâld. It is mei in oerflakte fan 145 hektare it grutste oaniensletten heidegebiet yn Fryslân en hat oan twa kanten bosk. It gebiet is bysûnder om in tal lytsere en gruttere, rûne puollen. Foar in part giet it dêrby om saneamde ’pingoruïnes’: restanten fan iisheuvels út de lêste ’lytse’ iistiid: yn dy tiid lei Nederlân net ûnder in iiskap, mar it wie wol sa kâld dat de ûndergrûn permanint beferzen wie (permafrost). De iisheuvels ûntstienen trochdat yn ferhâlding waarm grûnwetter troch swakke plakken yn de beferzen grûn omheech sipele, krekt ûnder de oerflakte befrear en de dêr boppe lizzende grûn omheech treau. Troch de kontinue oanfier fan grûnwetter groeide de iiskearn hieltyd fierder en glied de laach grûn op in beskaat stuit nei ûnderen. doe`t de temperatuer omheech gie, teide it iis en bleau in gat fol mei wetter oer, mei in ringwâl deromhinne: de pingoruïne.

In oar bysûnder gebiet is de saneamde Blauwe Bosk, dat tusken Waskemar, De Haule en Haulerwyk leit en dat sa hjit om de blaueftige spjirren dy`t der groeiden. Tagelyk mei nuddelbosk is der ek leafbosk, greide, wetter en heide. Koartsein: in tige ferskaat gebiet. It hiele stik is frij tagonklik en lient him o sa om it rinnend, op it hynder of mei de fyts te ferkennen.

Troch it mei opsetsin neamen fan boppeneamde gebieten wurde de oare parten fan dizze streek eins tekoart dien. De bosk- en heidegebieten lizze middenmank grutte feanûntginnings, dy`t lânskiplik en kultuerhistoarysk ek tige de muoite weardich binne. En wêr’t op guon plakken boppedat ek noch ris wichtige natuerwearden oanwêzich binne, lykas yn de Haulerpolder, súdlik fan De Haule. De ûntginningsskiednis is te sjen oan it tige regelmjttige lânskip. Dy regelmaat komt fan de meast kearsrjochte ’wiken’. Dat binne sleatten dy`t mei sin groeven binne en wichtich wienen foar de ôfwettering en dy`t tsjinnen foar de ôffier fan de turf. De fierdere ôfset dêrfan fûn plak oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Dy farferbining is tsjintwurdich in part fan (de grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel.

Al mei al binne it net de losse, bysûndere gebieten dy`t dizze streek sa oantreklik meitsje, mar giet it just om de unike kombinaasje fan oan de iene kant de ferskillende soarten lânskippen en oan de oare kant de natuerlike en kultuerhistoaryske wearden.

Beestersweach waard lanlik bekend doe`t de parse der efter kaam dat bûtenpleats Lauswolt de ’geheime’ lokaasje wie foar de besprekkings dy`t úteinlik laten ta it kabinet Balkenende IV. De kar fan de politike lieders foar dy omkriten is net sa frjemd: fier fuort fan alle hektyk, yn it skaad fan it beamtegrien én mei de nedige grandeur. Net om `e nocht stiet Beetstersweach by ’ynwijden’ ek wol bekend as ’it Wassenaar fan het noarden’.

Fanâlds wienen de omkriten fan Beetstersweach al yn trek by de adel en it patrisiaat, dy`t dêr harren bûtenpleatsen mei bûtenferbliuwen bouden. Begjin njoggentjinde ieu waard troch de grutgrûnbesitters begûn mei it op grutte skaal oanplantsjen fan bosk. Sûnt dy tiid ûntjoech it doarp him ek ta in wenplak dat oant de dei fan hjoed assosjearre wurdt mei ’sjyk’ en ’deftich’. De bosken om Beetstersweach hinne binne lânskiplik sjoen in juwieltsje: om en om nuddelbosk en leafbosk mei tuskentroch stikken greide, heide en wetter. Neist de bûtenpleats Lauswolt, dêr`t ek in golfbaan oanlein is, leit hjir noch it prachtige Park Olterterp, dat yn de lânskipsstyl oanlein is. Yn it lânhûs mei deselde namme, dat yn 1907 boud waard as ferfanging fan in âlder slot, sit It Fryske Gea, de provinsjale feriening foar natuerbeskerming.

By de Boarn lâns (of Alddjip) - in ôfwetteringsrivierke fan it Drintsk Plato - leit der in brede, stripe iepen lân dy`t troch it gebiet fan east nei west rint. Súdlik dêrfan is der wer bosk en dêr leit ek de Liphústerheide, in grut stik heidefjild fan 6 hektare. Noch fierder nei it suden giet de bosk oer yn it heal iepen lânskip om De Himrik en Lippenhuzen hinne. Dêr is de skiednis fan it ferfeantsjen fan it gebied noch dúdliker te sjen troch de strakke ferkaveling yn de foarm fan lange smelle stikken lân.

Dat lêste jildt ek foar it westlike part fan de regio, tusken De Gordyk en de Wide Ie (westlik fan Drachten). Dêr sjocht men in ôfwikseljend lânskip dat bestiet út grutte feangebieten, lytse stikjes bosk en wetter. De Boarn giet hjir fierder syn wei, en fierder lizze hjir de Nije Feart en it Polderhaadkanaal, dy`t beide groeven binne foar de ôfwettering én de ôffier fan turf. It kersrjochte Polderhaadkanaal, dat by Nij Beets in heakse bocht makket yn de rjochting fan de Nije Feart, is fan 1875 en waard yn 1967 ôfsletten foar de skipfeart. Ynkoarten giet it foar de rekreaasjefeart op `en nij iepen. Dêrmei ûntstiet in ekstra skeakel tusken de Turfrûte, dêr`t de Nije Feart in part fan is, en it Fryske Marregebied. Foar in moai byld fan de skiednis en de gefolgen fan it ferfeantsjen yn it gebiet is der it museum It Damshûs yn Nij Beets.

Oan de ein mei de Weinterper Skar perfoarst net oerslein wurde: in natuergebiet eastlik fan de bosken fan Beetstersweach dat bestiet út bosk, puollen, heide en rûge greide. Troch dat gebied rint in trije kilometer lange ’poëzijrûte’: in kuier by fyftjin panielen lâns mei gedichten fan ferskillende dichters, yn it Frysk, Nederlânsk én Stellingwerfsk, de streektaal dy`t yn Súd-east Fryslân praat wurdt. De gedichten binne, foarlêzen troch de dichter sels, ek te beharkjen mei in mp3-spiler. De lûdsbestannen en de teksten steane op it webstee fan ’Staatsbosbeheer-MP3’.

It sil dúdlik wêze: de wide omkriten fan Beetstersweach binne yn alles in tige oantreklik gebied. Natuer, rêst, lânskipsskiente, kultuer en kultuerhistoarje, sportive mooglikheden: dizze regio hat in hiel soad te bieden. Der is op him sels al in ferskaat fan bosk: dy lient him ek noch by útstek foar kuierjen, hynsteriden of mountainbiken. En foar wa`t it enoarme ferskaat fan de hiéle regio ûntdekke wol, is de fyts in útsocht ferfiermiddel. By einbeslút kin ién en oar ek noch kombinearre wurde mei in fartocht troch it gebied.

Om Boalsert hinne leit in prachtich gebiet mei in tige ynteressante ûntsteansskiednis. Foar in protte minsken is dit op en top Fryslân: spektakulêre fiersichten, skildereftige en ferstille doarpkes, tsjerken op noch âldere terpen mei ieuwenâlde restanten fan âlde diken, eardere seeslinken...

De striid tsjin it wetter is hjir dúdlik te fielen en te sjen. De see wie trouwens net allinne mar fijân. Mei tank oan de see koe Boalsert him ommers ûntwikkelje ta in rike hannelsstêd. En fan dy bloei profitearre it omlizzende gebiet ek mei.

Dêr wêr’t hjoed de dei auto’s rjochting Ofslútdyk ride, foeren 1000 jier ferlyn skippen út Boalsert wei nei de Sudersee. En fierder fuort: nei Ingelân, Skandinavië, de Eastsee, Ruslân... De stêd lei oan de súdlike ôfsplissing fan de Marneslink, in see-earm dy`t noardlik fan de hjoeddeiske Ofslútdyk it lân ynkrong. De súdlike en noardlike Marneslink kamen beide eastlik fan Boalsert út yn de Middelsee, in see-earm dy’t Fryslân út noardlike rjochting ynkrong.

Dêrtroch lei de stêd feitlik op in eilân, dat fanwege it lege lizzen beskerme waard troch in ringdyk. Dêrmei wie it ien fan de earste gruttere gebieten dy’t bedike waarden: it ûntstean fan de saneamde memmepolders. Fan de fjouwer Fryske memmepolders is dit de grutste: de polder rint fan Hartwert oant Wytmarsum en fan Burchwert oant de A7.

Ek doe`t de Marne en de Middelsee allang tichtslike wiene, bleau Boalsert noch lang in wichtich hannelssintrum. De stêd hie ek letterlik in sintrale posysje en dat is op de kaart noch hieltyd te sjen: út Boalsert wei rinne yn allegearre rjochtingen fearten dy`t eartiids wichtige ferbiningen foarmen mei Makkum, Warkum, Drylts/Snits, Harns en in oantal lytsere plakken yn de omjouwing.

Jo kinne sadwaande dit unike gebiet ek hiel goed fanôf it wetter ûntdekke. En fansels mei de fyts. Of kuierjend. Mei de auto advisearje wy lykwols allinne at it min waar is...

Der sille mar inkelde bern út de noardlike provinsjes wêze dy`t dêr nét ea op skoalreiske west ha: Appelskea. Dy namme hat foar in soad noarderlingen in wol hast magyske klank. De bysûndere oanlûkingskrêft komt bygelyks ta utering yn de namme ’Kobus gaat naar Appelscha’ (in súksesfolle punkband út de jierren tachtich fan de foarige ieu) en it programma ’Groeten uit Appelscha’ fan Omrop Fryslân.

Al sûnt de jierren tweintich fan de foarige ieu binne Appelskea en omkriten in toeristyske ’trekpleister’. En dat is net sa frjemd: de skientme fan it grinsgebiet dêr tusken Fryslân en Drinte hat syn wjergea net. Boulân, greide, bosk, heide en sânferstowings wikselje inoar ôf en foarmje it skildereftige dekor foar in grut tal fyts-, kuier- en ruterrûten. Yn 2007 wie de konklúzje fan in wittenskiplik ûndersyk, dêr`t tûzenen minsken har favorite lânskip by gearstalden en wittenskippers dêr de lokaasjes by sochten, dat Appelskea it moaiste lânskip fan Nederlân hat.

It gebiet omfiemet ûnder oaren íén fan de grutste natuergebieten fan Nederlân, it Nationaal Park Drents-Friese Wold: goed 6000 hektare bosk, heide, stosân en beekdellingsgerslannen. Troch it park rinne ferskillende kuier-, fyts-, ATB-, ruter- en menrûten en it park hat in tal spesifike foarsjennings en attraksjes foar húshâldings mei bern. De Kanadamar is geskikt om yn te swimmen. Der is in besikerssintrum yn Appelskea en in ynformaasjesintrum yn Diver.

Mar der is mear te genietsjen as it giet om natuer en lânskip. Nim bygelyks it Fochtelerfean: íén fan de lêste oerbliuwsels ’libben’ heachfean yn Nederlân. Yn dit 2500 hektare grutte gebiet groeit de feanlaach noch hieltyd oan. Trochdat der gjin bebouwing en wegen yn de wide omkriten binne is it hjir noch écht rêst en stilte. Dy unike omstannichheden liede ta in hiel bysûndere en rike floara en fauna. De kraanfûgel, dy`t tige hege easken stelt oan syn libbensgebiet, is dêrfan faaks wol it meast sprekkende foarbyld.

In lytser, mar lyk sa nijsgjirrich natuergebiet is de Schaopedobbe bij Else (Elsloo), in heidegebiet fan 98 hektare mei feanen, in sânferstowing en tropkes beammen.

Kultuerhistoarysk sjoen is it gebiet ek mear as de muoite wurdich. De ûntginningsskiednis is noch dúdlik yn it lânskip te sjen. Fan de heger lizzende gebieten út waard it fean systematysk ôfgroeven. Dêrby ûntstie in tige regelmjittich lânskip mei kersrjochte ’wiken’: sleatten dêr`t de turf lâns yn lytse boatsjes ôffierd waard nei de gruttere fearten lykas de Opsterlânske Kompanjonsfeart en de ’Drentse Hoofdvaart’. Beide binne in part fan de saneamde (grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel.

It is dúdlik: dit gebiet hat wier álles te bieden foar in ûnferjitlik ferbliuw. Nearne is it klisjee ’voor elk wat wils’ mear op syn plak as krekt hjir: natuer, rêst, kultuerhistoarje, attraksjes, wettersport, fytse, kuierje, hynsteride...

De regio biedt letterlik te folle om op te neamen. In lêste ’highlight’ dy`t lykwols sûnder mear neamd wurde moat, is it unike finzenisdoarp Feanhuzen, fuort benoarden it Fochtelerfean. It Gevangenismuseum bringt net allinne it ferline fan de twangkoloanje ta libben, mar it lit ek wat sjen fan it hjoeddeiske finzenislibben. It museum is yn 2007 net om `e nocht útroppen ta it ’Bêste histoaryske museum fan Nederlân’.

’Hert fan Fryslân’, sa wurdt Grou faak neamd. Letterlik sjoen kin men dêr eins net folle op ôftingje: it doarp leit likernôch yn de midden fan de provinsje. Yn oerdrachtlike sin is der lykwols ek in soad te sizzen foar dy beneaming: Grou stiet symboal foar Fryslân as wettersportprovinsje. It doarp is net om `e nocht it prachtige dekôr foar de iepeningswedstriid fan it jierlikse ’skûtsjesilen’ op de Pikmar en de Wide Ie. Benammen yn de moannen juny, july en augustus is Grou in tige drok besocht en brûzjend wettersportsintrum. Mar it doarp hat mear te bieden as allinne it wetter, folle mear.

Fóar de opkomst fan de wetterrekreaasje wie Grou al in bloeiend doarp. De sintrale lizzing en it wetter dat der oeral is wienen geunstich foar hannel, skipfeart, fiskerij en lyksoartige bedriuwichheid, lykas skipswerven, seilmakkerijen en touslaggerijen. Der wie net allinne in soad wetter om it doarp hinne, mar ek ýn it doarp. It measte dêrfan is tichtsmiten, mar de ’arsjipelstruktuer’ is noch dúdlik te sjen. De kombinaasje mei de meast foarname bebouwing soarget foar in sfearfolle en foar in part deftige ambiânse.

In unyk barren is it Sint Piterfeest, dat alle jierren op 21 febrewaris fierd wurdt en min of mear de Grouster wjergader is fan it Sinteklaasfeest. It feest is neamd nei de beskermhillige fan de fiskers en de skippers. Oan dy Sint Piter is ek de ymposante tolfde-ieuske tsjerke wijd. Oare bysûnderheden dy`t de muoite fan it besjen wurdich binne binne it mineralogysk museum en it yn 1942 boude riedshûs, mei yn de kelder museum De Trije Grietenijen.

Súdlik fan Grou leit Akkrum, in oar typysk wettersportdoarp. Wat minder drok as Grou, mar ek tige libben en gesellich. It doarp is de skeakel tusken de Fryske Marren en de Turfrûte, in rekreative farrûte troch súdeast Fryslân, de Kop fan Oerisel en it westen fan Drinte. Lykas Grou is Akkrum ek foar de net-wettersporter oantreklik. Troch de ôfwikseling fan meast karakteristike bebouwing mei moaie iepen romten is it sûnder mear in fraai doarp.

Hiel bysûnder is Coopersburg, yn 1901 boud as ’tehuis voor minvermogende ouderen’. It is neamd nei de begoedige stichter Folkert Harmens Kuiper, dy`t 23 jier âld út Akkrum emigrearre wie nei Amearika en him dêr Cooper neamde. Yn it derby hearrende park liet er foar him sels en syn frou in prachtich mausoleum bouwe. In oar bysûnder gebou is Welgelegen, yn 1924 boud as ’tehuis voor ongetrouwde dames en weduwen’. Keunstleafhawwers kinne terjochte by Atelier Wynske en Atelier Zuup (in Nes). En wolle jo ris hiel wat oars? Doch mei oan it Open Fries Kampioenschap Slingeraap, dat alle jierren yn Akkrum holden wurdt.

De Kromme Knilles slingeret ek, sa’t de rivier de Boarn tusken Akkrum en it Prinses Margrietkanaal hjit. Oan de oare kant fan dat kanaal leit Jirnsum, in sfearfol wettersportdoarp, krekt wer wat rêstiger as Akkrum. Hjir hat de Boarn de alles betsjuttende namme ’Rak fan Ungemak’: troch it grutte tal bochten koe men de rivier net maklik besile. De skiednis fan it doarp wurdt wiidweidich en aardich ferwurde en ferbylde op www.irnsum.nl.

Bûten de trije wettersportdoarpen fine jo wier in oäze fan rêst. Greiden sûnder ein, wetter, prachtige fiersichten, monumintale pleatsen en hjir en dêr in ferstille doarpke. In paradys foar fytsers, ruters, kuierders en skeelerders. Fytsen kinne jo hiere yn Grou of Akkrum. In moaie en goed dokumintearre rûte is ’De 8 van Grou’, te krijen by de VVV. Mar jo kinne de omkriten fansels ek hiel goed op eigen manneboet ûntdekke. In must foar natuerleafhawwers is it gebiet om Goaiïngahuzen hinne, súdlik fan de Pikmar en de Wide Ie. Hjir lizze de Botmar en it "Unlân van Jelsma en Kobbelân". Trije houtene spinnekopmoles meitsje it plaatsje folslein.

Grou mei dan ’it hert fan Fryslân’ wêze, it échte middelpunt is Eagum, ién fan de lytste doarpkes fan de provinsje. Teminsten, it wíe ea it middelpunt. Mooglik. Neffens de oerlevering stiet de opfallende, sûnt inkelde ieuwen losse, tsjerketoer sels deun neist it middelpunt fan de wrâld.

Nijsgjirrich? Gean it sjen!

It gebiet westlik en noardwestlik fan Heech wurdt wol it ’Lytse Marregebiet’ neamd. Dêr lizze, midsmank griene greiden, fyftjin markes en puollen dy`t meiïnoar ferbûn binne troch brede of smelle sleatten. Dat is miskien wol it wiere Fryske lânskip: wetter, greiden, weauwend reid, monumintale pleatsen, hjir en dêr in mûne, in tsjerketoer of in klokkestoel en boppe-al dy typearjende, swide wiidsheid.

It Lytse Marregebiet is in paradys foar dyjingen dy`t op syk binne nei rêst, romte, stilte en natuer. Grutte stikken binne allinne tagonklik foar de lytse wettersport. It gebiet is by útstek geskikt om te kanofarren. By de VVV’s yn Heech, De Gaastmar en Aldegea binne meardere rûten te krijen. Mar ek as jo net sa fan farren hâlde, kinne jo it unike karakter fan dizze streek ûndergean: it is der ek prachtich om te kuierjen, te fytsen of te skeelerjen. En net allinne yn de simmer, mar eins yn alle tiden fan it jier. In moaie rûte rint bygelyks by de noardlike kant fan de Aldegeaster Brekken del. It wetter, de reidkragen en de dêr efter lizzende polders foarmje in prachtich Muntsebuorsterpolder natuergebiet.

Aldegea en De Gaastmar lizze direkt oan it wetter en binne wakker besochte, mar dochs rêstige wettersportdoarpen. Idzegea en Sânfurd binne ferstille útbuorrens dy`t besteane út in pear pleatsen en in tsjerkje en dy`t der idyllysk by lizze. It tsjerkje fan Sânfurd, dêr`t regelmjittich aktiviteiten plakfine, hat in eigen oanlissteger. De útbuorren leit op de noardlike igge fan De Hop, dat tegearre mei de Ringwiel ek in is.

Ut en troch wurdt de rêst efkes op in noflike wize fersteurd troch de stoomtrein dy`t tusken Snits en Starum rydt. Drylts is no noch it meast tichtbije stasjon dêr`t jo opstappe kinne, mar der binne ek plannen foar in halte yn Aldegea. Yn it gebiet noardlik fan de spoarline lizze tsjintwurdich noch fiif puollen. De trije westlike foarmje meiïnoar natuergebiet de Blauhúster Puollen. De measte markes dêr waarden fan de santjinde ieu ôf droechlein. In foarbyld is de Sinsmar eastlik fan Dedzjum. Hieslum, tsjintwurdich midsmank de greiden, lei eartiids ek tusken it wetter yn.

De slingerjende Himdyk beskerme it lân dat fan himsels al aardich wiet wie tsjin it wetter fan de Middelsee. Op en om dy dyk leit Blauhús. De ferneamde arsjitekt P.H. Cuypers boude dêr ein njoggentjinde ieu in neogoatyske krúsbasilyk, dy`t mei de pastorije, de tún, it stek en it tsjerkhôf in prachtich gehiel foarmet. In bytsje nei it súdwesten leit it skildereftige Greonterp, dêr`t skriuwer Gerard Reve in tal jierren wenne en wurke hat. It doarp hat in unike klokketoer.

Foar wat mear libben en drokte kinne jo terjochte yn Heech, dat fan maaie oant septimber in brûzjend wettersportdoarp is. De almeast foarname bebouwing en it kompakte karakter jouwe it doarp in beskate grandeur en in lytsstedsk karakter.

Trochdat it direkt oan de Hegemer Mar leit én op in krúspunt fan wichtige farwegen, is it doarp útgroeid ta ién fan de wichtichste wettersportsintra fan Fryslân. Mar Heech hat ek oan net-wettersporters genôch te bieden: aardige winkeltsjes, ferskillende restaurants en gesellige terraskes. Leafhawwers fan nautyske en maritime keunst kinne harren hert ophelje yn galery De Scheepskamer van Heeg. En yn Houtbouwmuseum De Helling krije jo in moai byld fan de tradisjonele Fryske houtene skipstypen en de rike skiednis fan it doarp.

Mei De Gaastmar en Wâldsein wie Heech fan it lêste fearnspart fan de santjinde ieu ôf it sintrum fan de Nederlânske ielfiskerij en ielhannel. De iel waard ûnder oare skipe nei Ingelân. Oant 1938 wie der yn Londen oan de wâl fan de Teems sels in frij lisplak foar de Fryske ielaken. Mei de ielhannel ferdwûn nei de Twadde Wrâldoarloch ek dat skipstype. Sûnt 2009 hat ’Houtbouwmuseum De Helling’ lykwols in nij boude ielaak ta syn foldwaan, dêr`t deitochten mei makke wurde kinne. Foar dyjingen dy`t de foarkar jouwe oan in syltocht op in skûtjse, is der it beurtfear Heeg-Woudsend-Balk. Jo kinne jo fyts meinimme oan board!

Liefhebbers van cultuurhistorie en traditionele kunst kunnen hun hart ophalen in het prachtige kustgebied tussen Makkum en Hindeloopen. Het gebied is de bakermat van het beroemde Makkumer aardewerk, de vermaarde Hindelooper schilderkunst en het iets minder bekende, maar ook zeer karakteristieke Workumer aardewerk. Twee van de Friese Elfsteden liggen hier: Workum en Hindeloopen. En wie Makkum bezocht heeft, zal het er over eens zijn dat er eigenlijk twaalf Friese steden hadden moeten zijn

Maar dit gebied heeft veel meer te bieden: een schitterend wijds landschap, schilderachtige dorpjes, rust, ruimte en een veelzijdige natuur. U kunt hier werkelijk prachtig fietsen, wandelen, skeeleren of paardrijden. En het IJsselmeer biedt grenzeloze mogelijkheden om te varen, zeilen, (kite)surfen, waterskiën, zwemmen of vissen.

Makkum is van oorsprong een vissersplaatsje, waar later wat industriële bedrijvigheid ontstond: scheepswerven, houtzaagmolens, steenfabrieken en kalkovens. De laatste decennia is het uitgegroeid tot een drukbezocht en bruisend dorp dat voornamelijk leeft van het toerisme. Een deel van de Makkumerwaard, een ingepolderd deel van het IJsselmeer, is omgetoverd in een recreatief gebied met een camping, een villapark, een zandstrand, een jachthaven en een boulevard met winkels. Ten noorden en zuiden daarvan liggen de Makkumerwaarden, een aantrekkelijk natuurgebied.

Het oude dorp heeft zijn authentieke en sfeervolle karakter behouden. Door de aaneengesloten bebouwing, die vooral bestaat uit voorname woningen, herenhuizen en pakhuizen heeft Makkum een stedelijke uitstraling. Aan de Turfmarkt is in twee achttiende-eeuwse panden met een moderne uitbreiding het wereldberoemde aardewerkbedrijf Koninklijke Tichelaar gevestigd, waar u (op afspraak) een rondleiding kunt krijgen. Kunstliefhebbers kunnen ook terecht bij Galerie Käller, Atelier In Beeld of in het atelier van Aart Cornelissen. Gaat u liever winkelen? Ook dan kunt u in Makkum uitstekend terecht. De stad, pardon: het dorp, heeft veel leuke winkels en voor tussendoor en na afloop zijn er zijn verschillende gezellige terrasjes, cafés en restaurants.

Tussen Makkum en Workum ligt het gebied van de Aldfaers Erf Route. Deze ruim 20 kilometer lange route verbindt een aantal schilderachtige dorpjes, voert door uitgestrekte weilanden, langs de IJsselmeerdijk en combineert cultuurhistorie, landschap en natuur. Tussen museumdorp Allingawier en Idsegahuizum ligt de Makkumer Súdmar, een veenpolder die eind negentiende eeuw is drooggelegd. Zuidelijk van Piaam loopt de route direct achter de dijk en langs de Dyksfearten. Gaast, de naam zegt het al, ligt wat hoger op een zandopduiking. De lieflijke, prachtige ligging direct achter de dijk doet op geen enkele wijze vermoeden dat hier vroeger, volgens de overlevering, ruig volk woonde: jagers, matrozen en walvisvaarders. Hier hebt u vanaf de dijk een werkelijk adembenemend uitzicht over het IJsselmeer, de Makkumerwaarden en de Workumerwaard.

De Workumerwaard werd na de afsluiting van de Zuiderzee (1932) bedijkt. Vanaf de weg over de oude Zuiderzeedijk hebt u een prachtig zicht op het oude en nieuwe land. Ten zuidwesten van Workum ligt het Workumer Nieuwland, dat ruim 300 jaar eerder al werd ingepolderd. De weg van Workum naar Hindeloopen ligt ook hier op de oorspronkelijke Zuiderzeedijk.

Workum en Hindeloopen zélf behoeven eigenlijk nauwelijks toelichting. Voor een beschrijving van de sfeer en het karakter: klik hierboven op één van beide steden. Workum dankt zijn bekendheid natuurlijk mede aan het Jopie Huisman Museum. Maar ook Museum Warkums Erfskip is een bezoekje waard. Verder telt dit gezellige stadje een behoorlijk aantal galeries, ateliers en pottenbakkerijen. U vindt ze op site www.workum.nl, die we van harte aanraden als u nog meer over Workum wilt weten.

Hindeloopen is beroemd vanwege de karakteristieke schilderstijl. Voorbeelden daarvan kunt u zien in verschillende winkels en ateliers én in het Hidde Nijland Museum. In het schilderachtige stadje vindt u ook het unieke Eerste Friese Schaatsmuseum. Is het meer weer voor op het strand? Dat vindt u aan de zuidkant van het stadje. Realiseer u dan dat u deel uitmaakt van een lange traditie. Het bijzondere, in 1913 gebouwde badpaviljoen getuigt van de lange historie van Hindeloopen als badplaats.

Op en om de Ofslútdyk

Foar de measten is de Ofslútdyk net mear en net minder as in handige, flugge ferbining tusken Fryslân en Noard-Hollân. Net folle minsken beseffe dat de tusken 1927 en 1932 oanleine dyk ien fan de grutste wettersteatswurken is dy’t oait op ’e wrâld realisearre binne. De ferwêzenliking fan in 30 kilometer lange daam as ôfsluting fan in binnensee wie - hielendal foar dy tiid - in gigantyske prestaasje.

De Ofslútdyk foarmet net allinnich in ferbining tusken bestimmingen; de dyk is séls ek in oantreklike bestimming. Jo belibje dêr de oertreffende trep fan it begryp wiid. By moai waar is it útsicht oer de Waadsee en de Iselmar manjefyk. En by wat minder waar binne jo dêr echt ien mei de eleminten...

Koarnwertersân is, krekt lykas Breesândyk, in earder wurkeilân. Dêr waard yn maaie 1940 de Dútske opmars noch lang tsjinholden. De saneamde kazematten (bunkers) besteane noch altyd en foarmje tsjintwurdich in ynteressant museum. Fierder leit dêr in slûzekompleks, dat bestiet út in spuislûs en twa skutslûzen. It kompleks is in ryksmonumint en is neamd nei Hendrik Lorentz, dy’t yn 1902 de Nobelpriis foar natuerkunde krige en in belangrike rol spile by de oanlis fan de Ofslútdyk.

De regio om de oansluting fan de Ofslútdyk op it fêstelân hinne is ek de muoite wurdich. Koarnwert, berteplak fan de dichter Obe Postma, is in beskerme doarpsgesicht en yn Wûns stiet in bysûnder seldsume ’sintraalboutsjerke’.

Surch is û.o. bekend fanwegen Hotel-café-restaurant De Steenen Man, dêr’t in protte dykwurkers fertier sochten en dêr’t it neffens de ferhalen rûch om en ta gean koe...

Tusken Ljouwert en Drachten leit in wol hiel bysûnder stikje Fryslân. Dêr geane de Fryske Wâlden oer yn de Lege Midden, it leech lizzende part fan Fryslân dêr`t de Fryske Marren ek yn lizze. Dy oergong jout in prachtige kombinaasje fan ferskillende lânskippen: it heal iepen beamwâlelânskip fan de Wâlden, in wiid en iepen feangreidelânskip, droechleine marren, in inkele terp, sompe- en reidlannen en wetter, in hiel soad wetter. Dat lêste makket it gebied fansels út soarte oantreklik foar de wettersporter. Mar foar lânrotten hat dit skitterjende gebied ek in hiel soad te bieden.

Der binne twa wichtige ferbinings foar de beropsfeart, it Prinses Margrytkanaal en de ôfsplissing dêrfan nei Ljouwert en Harns, it Van Harinxmakanaal, dy`t troch it gebied hinne rinne. Beide kanalen kamen klear tusken 1949 en 1952. Dêrby waarden besteande fearten útdjippe en kanalisearre. It plak dêr`t it Prinses Margrietkanaal de earder drokke farrûte tusken Ljouwert en Drachten krúst, hjit hiel tapaslik ’Krúswetters’. Besuden dêrfan leit Nasjonaal Park De Alde Feanen, in 4000 hektare grut gebied dat bestiet út iepen wetter, grutte reidfjilden, blommige greiden en sompebosken. In grut part is yn behear by It Fryske Gea. Fanâlds hjit it gebied ek wol ’De Prinsehôf’, om it part dat earder troch it Hûs fan Oranje as jachtgebied brûkt waard. It waard begjin tweintichste ieu al ûntdutsen as rekreaasjegebied en jout de besiker fan no wit hoefolle mooglikheden: farre, sile, rinne, natuerekskurzjes, boattochten.

Earnewâld is ûnferwrichber ferbûn mei it ferline en it hjoed fan ’De Alde Feanen’. Neidat troch de turfgravers it lânskip der oars út kaam te sjen, waard it in doarp fan fiskers, skippers en reidsnijers. Tsjintwurdich is it in rekreaasje- en wettersportdoarp én it toeristyske hert fan it Nasjonaal park. Neist it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park binne ek earrebarrestasjon It Eibertshiem, Museum Het Kokelhûs en it Skûtsjemuseum, in lytse besite wurdich. Foar keunstleafhawwers is Galerie Koopmans in oanrikkemandaasje.

Mar de regio hat mear te bieden as Earnewâld en de Alde Feanen! Gean ris it Prinses Margrietkanaal oer, bygelyks nei Warten. Dat typyske wetterdoarp oan de âlde skipfeartrûte fan Ljouwert nei Drachten krige earst yn 1865 in ferbining oer lân. Yn it doarp stiet de iennichste oerbleaune ’langhûspleats’ fan Fryslân dy’t, lykas it eardere earmehûs, no in museumfunksje hat. Wat fierder nei it westen ta leit Wergea. Dat is ûntstien op in terp tusken trije marren dy`t yn de santjinde en achttjinde ieu droechlein waarden. It doarp groeide bot tanksij de lizzing oan de eardere drokke frachtfearrûte fan Ljouwert, oer Grou nei Snits. De ynwenners stienen bekend as de ’Brêgebidlers’ om de tol dy`t de skippers betelje moasten by it foarbygean fan de brêge fan it doarp. Yn 1886 waard yn Wergea it earste koöperative suvelfabryk fan Nederlân oprjochte, dy`t útgroeide ta it hjoeddeiske ynternasjonale suvelconcern ’Friesland Foods’. It moaie doarp is ek it dekor foar it ferneamde boek fan Nynke van Hichtum, ’Afkes Tiental’. Yn it âlde slot dat dêryn foarkomt, siet oant 2019 it Museum Ald slot. Troch de webside www.wergea.com fan it doarp kinne jo in kuierrûte en twa fytsrûten ynlade.

Eastlik fan de Alde Feanen leit Aldegea. Troch de Aldegeaster Sanning, in mar dat yn 1922 droechmeald is, hie dit doarp earder in ferbining mei de Wide Ie. Oan de oare kant it wetter leit it plakje Smelle Ie, dat eartiids in wichtich hannelsplak wie. Tsjintwurdich is der mear te belibjen yn De Feanhoop, dat benammen rjochte is op de wettersport. Omtrint de dei dat hjir de wedstriid fan it ferneamde Skûtsjesilen holden wurdt, fynt ek it Veenhoopfestival plak fan mear as ien dei.

In prachtige fytsrûte troch it oergongsgebied tusken de Fryske Wâlden en de Lege Midden is it Healânspad. De rûte giet ûnder mear oer Garyp. Dat doarp hat fanâlds in sterke bining mei it oan de oare kant it Prinses Margrietkanaal lizzende Suwâld. Al yn 1645 wie der in ’oerset’, dy`t yn 1995 mei rjocht op `en nij ynsteld is troch it yn gebrûk nimmen fan in (fyts)pontsje dat fart op sinne-enerzjy. Súdlik fan Suwâld stiet noch it âlde fearhûs fan 1727.

Yn Fryslân binne de ferfeanterijen nearne sa dúdlik yn it lân te sjen as yn it gebiet tusken It Hearrenfean en Akkrum. Hjir, yn de saneamde Lege Midden fan provinsje, leit it natuergebiet De Delen. Yn dit prachtige gebiet oerhearskje rêst, romte en natoer. Dat wie yn de earste helte fan de tweintichste ieu wol oars. Om 1920 hinne waard yn it gebiet begûn mei it ôfgraven fan it leechfean en wie it der in drokte fan komsa. Troch it ôfgraven ûntstienen de saneamde ’petgatten’; dêrtusken waarden lytse stikken lân gewurde litten dêr`t it ôfgroeven fean te droegjen lein waard: de saneamde ’setfjilden’. De turf waard ôffierd troch de spesjaal dêrfoar groeven ringfeart, dy`t by Ulesprong oansleat op de Nije Feart en by Haskerdiken op de Hearresleat, dy`t al yn de sechstjinde ieu groeven wie foar de turfwinning.

Nei it ôfrinnen fan de turfwinning hat him in unyk natuergebiet ûntjûn, dêr`t in grut tal soarten wetterfûgels har bysûnder thús fiele. Mei troch de oanwêzichheid fan seldsume soarten as de blaustirns (’zwarte stern’), de reade reager (’purperreiger’) en de brune hoanskrobber (’bruine kiekendief’) hat it gebiet de ynternasjonale status fan ’Wetland’ krigen. ’Staatsbosbeheer’ hat troch it 500 hektare grutte natuergebiet twa kuierrûten útset (1,5 respektivelik 3,5 km). Troch it museum It Damshûs yn Nij Beets binne spesjale farekskurzjes nei en troch it gebiet te meitsjen. In rûte dy`t yn it teken stiet fan de ferfeantingsskiednis fan it gebiet is Domela’s Paad, neamd nei Domela Nieuwenhuis, de bekende dominy en politikus dy`t him tige ynset hat om de erbarmlike libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. De 25 kilometer lange rûte giet troch it gebiet tusken De Tynje en Nij Beets en is geskikt om te fytsen of te rinnen.

Yn en om De Tynje is fan alles te dwaan. Autoleafhawwers kinne bygelyks terjochte yn it ’1e Nederlandse Opelmuseum’ yn it doarp sels. Leafhawwers fan streekprodukten kinne har hert ophelje by tsiisbuorkerij ’De Deelen’ (oan de dyk rjochting Aldeboarn) en tsiisbuorkerij ’De Gelder’ oan de dyk nei Lúkswâld. Ulesprong, noardwestlik fan De Tynje, is in paradys foar keunstleafhawwers: dêr lizze galery en byldetún La Lanka en kinne jo (op ôfspraak) wurk besjen fan byldhouster Lia Versteege. En oan de oare kant fan de Nije Feart stiet it yn 1924 boude Sudergemaal dêr`t wikseljende eksposysjes holden wurde fan keunstners dy`t har ferbûn fiele mei it Fryske lânskip. It yn 1876 oan de Ringfeart boude Tripgemaal wurdt ek foar dat doel brûkt. Hjir is tagelyk in lyts museum fêstige dat in byld jout fan de ferfeanterij en de fiskerij yn it gebiet.

It Tripgemaal wie in part fan it stelsel fan mûnen, gemalen, diken en slûzen dat tsjinne om it gebiet besuden De Delen droech te lizzen en droech te hâlden om it úteinlik wer yn kultuer bringe te kinnen. Yn dit gebiet, de eardere gemeente Eanjewier, wie it ôfgraven fan it fean al yn 1800 begûn. Troch de rigoereuze manier dêr`t dat op dien waard, bestie Eanjewier 30 jier letter foar mear as de helte út wetter en wie it oare lân foar in grut part net mear geskikt foar oar gebrûk. Om op ’t lêst it saneamde ’ûnlân’ wer geskikt te meitsjen foar de lânbou wie yn 1833 de ’Polder van het Vierde en Vijfde Veendistrict’ oprjochte.

Noardlik fan De Delen rint De Boarn, in ôfwetteringsrivier fan it Drintsk Plato dat yn eardere tiden útkaam yn de Middelsee, in see-earm dy`t Fryslân ferdielde yn in westelik part (Westergoa) en in eastlik part (Eastergoa). Krekt as de Nije Feart en de Hearresleat is de Boarn in part fan de (grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel. Aldeboarn, dat oan de Boarn leit, stiet bekend om de jierlikse gondelfeart yn augustus. Dat barren bestiet al sûnt 1946 en hat him ûntjûn fan in optocht op it wetter ta in spektakel mei 15 objekten op it wetter dy`t winliken hiele teaterproduksjes foarmje. Net om `e nocht komme hjir alle jierren tûzenen besikers op ôf.

De Dokkumer Ie, dy`t fan Ljouwert nei Dokkum rint, bestie lang ferlyn út twa aparte ôfwetteringsstreamkes. De keunstmjittige, groeven ferbining tusken beide streamkes is noch te sjen yn it rjochte stik fan de (fierders bochtige) Ie tusken Burdaard en Tergrêft. De namme fan lêstneamde útbuorren tsjut ek op de keunstmjittige oarsprong fan dat part fan de Dokkumer Ie. Nei it ferbinen fan beide parten waard de skipfeartfunksje hieltyd belangriker. Foar dy skipfeart moast men de wetterwei geregeld ‘slatte’ (baggelje, útdjipje). Oant op de dei fan hjoed is de Dokkumer Ie, as ûnderdiel fan de ’steande-mêst-rûte’ tusken de Fryske Marren en it Waad in wichtige ferbining, benammen foar de rekreaasjefeart.

Oan wjerskanten fan de Dokkumer Ie leit it karakteristike terpelânskip: sa fier as men sjen kin greiden, sa’t it liket samar hjir en dêr delsette mûnen, fersprate pleatsen, hjir en dêr wat beammen en fansels it grutte tal skildereftige terpdoarpkes. In tal dêrfan westlik fan Dokkum binne bekend ûnder de namme ‘Flieterpen’: Lichtaard, Reitsum, Ginnum en Jannum. Yn it trettjinde ieuske tsjerkje fan lêstneamd doarp sit it ’Kerkmuseum’. De kolleksje midsieuske sarkofagen is íén fan de grutste fan Europa. Wat fierder nei it noarden leit de terp fan Hegebeintum, de heechste fan Nederlân (8.80m boppe NAP). By de terp is in ynformaasjesintrum.

Yn it gebiet wienen earder meardere kleasters. Krekt bewesten Sybrandahûs lei Klaarkamp, it earste sistersiënzer kleaster yn Noard Nederlân, fan wêrút tal fan oare kleasters stifte waarden. By Bartlehiem, it wiid ferneamde doarp oan de Alvestêderûte, stie it kleaster Bethlehem, dêr`t it doarp syn namme oan ûntlient. Fan de kleasters sels is neat oerbleaun. De kleasterterreinen binne yn guon gefallen noch wol dúdlik te werkennen yn it lânskip. Dat jildt bygelyks foar Klaarkamp en Foswert, in earder kleaster súdlik fan Ferwert.

De kriten yn de buert fan de Dokkumer Ie ha in soad te bieden foar eltsenien dy`t ynteressearre is yn de skiednis fan tsjerken en kleasters. Troch it grutte tal lytse dykjes is it boppedat in gebiet dat hiel goed op `e fyts ferkend wurde kin. Mar faaks ûndergeane jo it prachtige, wide lânskip mei syn terpen, mûnen en tsjerketuorren noch wol it bêste rinnend. Under de namme Historische Wandelpaden binne troch Landschapsbeheer Friesland yn dit gebiet ek in tal prachtige kuierrûten beskreaun.

De streek om De Fluezen hinne falt alderearst op troch syn grutte widens: middenmank grutte stikken greide, dy`t leech lizze, mei hjir en dêr in sânrêch dy`t soarget foar in gloaiïng yn it lânskip: dêr leit in grut, lang útrutsen mar. Om syn omfang en djipte is De Fluezen benammen by silers tige favoryt. Mar de streek is net allinne in walhalla foar de wettersporter; op de wâl hat it ek in hiel soad moais te bieden, wis foar dyjingen dy`t hâlde fan rêst en natuer.

Tûzenen jierren lyn, yn de ien nei lêste iistiid, waard troch it skowende lâniis in delling útslipe. Dy gletsjerdelling rûn letter fol wetter en sa ûntstienen de Hegemer Mar en De Fluezen. Trochdat de iismassa de grûn foar him út treaun hie, wienen stouwâlen ûntstien dy`t tsjintwurdich as sânrêgen boppe it oare lân útstekke. Himmelum leit op sa`n sânrêch. Dêr stie sûnt de midden fan de trettjinde ieu in frouljuskleaster dêr`t oardel ieu letter in manljuskleaster foar yn it plak kaam. Dat is lykas de oare ek al lang ferdwûn. Mar yn 2001 kaam der op `en nij in kleaster yn it doarp: it Russysk Ortodoks kleaster fan de Hillige Nikolaas fan Myra. De lizzing fan Himmelum oan de Moarre en flakby de bosken fan Gaasterlân makket it ta in treflike útfalsbasis foar far-, fyts- of kuiertochten. Sjoch op "Route Zuidwest Fryslân" foar in tal mooglike rûten.

Koudum is ek ûntstien op in heger lizzende sânrêch. Yn it doarp wenne earder in tal famyljes fan kwizekwânsje. Ién dêrfan wie de famylje Galama, dy`t him ynsette foar de ûntginning fan de leechlizzende stikken grûn. As beleanning dêrfoar krigen de Galama’s yn 1628 fan de Fryske Steaten it rjocht om tol te heffen by de smelle trochfeart tusken De Fluezen en De Moarre. doe`t yn 1732 tusken Hynljippen (Hylpen) en Himmelum de Koudumer Slieperdyk oanlein waard, kaam by de ’Galama-dammen’ in slús. It tolrjocht waard earst yn 1942 ôfkocht troch de doedestiidske gemeente Himmelumer Aldfurd. Sûnt yn 2007 it akwadukt yn gebrûk nommen is, heart it opûnthâld foar de skipfeart en it dyksferkear ta it ferline.

Fanwegen de túnbou dy`t him by Koudum ûntjoech, krigen de ynwenners de bynamme fan ’Koudumer Beantsjes’. Sûnt 2005 fynt alle jierren de Koudumer Beantsjedei plak ta eare fan it ploaitsjen fan de earste beantsjes (ein juny). Twa jier letter waard dat feest foar it earst kombinearre mei in nostalgyske race foar sylpreammen fan Koudum nei De Gaastmer hinne en werom. Opfallend is it tal galerys en ateliers yn it doarp: Singel 19, Beeldhouwcentrum Koudum, Galerie Hekker, Wigle Engelsma en Hanshan Roebers.

Ieuwenlang stienen de leger lizzende lannen in grut part fan it jier splis. Dat gou bygelyks foar it gebiet noardwestlik fan De Fluezen. Dêr lizze buorskippen mei nammen as It Heidenskip en De Hel, dy`t ferwize nei de foarhinne minne natuerlike omstannichheden. It droechmeallen fan it lân betsjutte in grutte ferbettering. De namme ’Polder De Vooruitgang’ seit wat dat oangiet gâns. Tsjintwurdich is it in prachtich, wiids gebiet mei skitterjende fiersichten en swide wolkeloften.

It bemeallen fan de polders bart noch altyd foar in part troch mûnen. In karakteristyk type is de saneamde Amerikaanske Wynmotor: it bysûndere dêrfan is dat er in lichte, izeren konstruksje hat, in wynrêd mei izeren skoepen en ien of twa izeren wynwizers. Tusken Koudum en Molkwar stiet íén fan de grutste eksimplaren fan Fryslân.

Oan de súdeastkant fan de mar leit de streek Noardwâlde. Nei it bedykjen fan de Grutte Noardwâlder Feanpolder yn 1835 waard dêr turf wûn. By de dyk lâns, troch de doarpen dy`t dêr lizze, steane ferskate monumintale pleatsen mei yn in soad gefallen ûnder it wenhûs in molkenkelder, dêr`t earder tsiis en bûter makke waard. De thúsproduksje ferdwûn foar in grut part doe`t yn 1910 yn Ealahuzen in suvelfabryk boud waard. Hjoed de dei sit yn it fabryk in groepsakkommodaasje. It doarp hat dêrneist twa sylskoallen.

Aldegea hie foarhinne ek in eigen haventsje oan De Fluezen. It slúske yn de Grutte Turffeart, de ferbining tusken de mar en it doarp, bestiet noch altyd. Yn Kolderwâlde steane by de dyk lâns in tal frouljusbylden, De Famkes van Kolderwolde.

It bêst bewarre geheim fan Fryslân leit wierskynlik westlik fan Wolvegea: in skitterjend gebiet dat by it grutte publyk amper bekend is en mei dêrtroch syn autentike karakter beholden hat. Grutte, wide feanpolders, sleatten, fearten, rivierkes, petgatten, sompen, âlde diken, slûzen, gemalen, mûnen: leafhawwers fan rêst, natuer en kultuerhistoarje kinne hjir harren hert ophelje. Hâlde jo fan kuierjen? Of mear fan fytsen? Farre? Hynsteride? Kanofarre? Skeelerje? It kin hjir allegear!

De Grutte Feanpolder, sa stiet it gebiet súdwestlik fan de Helomafeart bekend. Oan de oare kant fan dy feart bestiet it lânskip út in tal lytsere feanpolders, dêr`t de nammen fan yn de measte gefallen net tsjûgje fan in soad fantasije: ’Polder De Ontginning’, ’Hoekstra’s Polder’, ’Polder Oldelamer’

Yn de niisneamde polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet ’Het Braandemeer’, dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. Klik hjir foar in wiidweidige en orizjinele beskriuwing fan dat gebiet (mei prachtige foto’s derby). In bytsje nei it suden leit noch sa`n skitterjend natuergebiet: de Rottige Meenthe. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy’t, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net droechmeald en yn kultuer brocht is. Dat hat dêr ek in ferskaat fan petgatten, reidlannen en sompen en in tige bysûndere floara en fauna opsmiten. It gebiet kin rinnend, mei de fyts of mei de kano ferkend wurde. Wolle jo in saakkundige taljochting, dan kinne we jo de geregeld fan Steatsboskbehear organisearre ekskurzjes oanrikkemandearje.

Keunst en kultuer spilet in wichtige rol yn de ’Rottige Meenthe’. It gebiet is ûnder oaren it dekôr foar twa opera’s, dy`t alle jierren organisearre wurde: dy fan Nijetrine en dy fan Spangea. Mear ynformaasje fine jo hjir. Yn it lêste doarp is ek it (op ôfspraak te besytsjen) atelier mei galery te finen fan keramiste en plateelskilderes Alie Jager en ambachtskeunstatelier Zink en Zilver.

De Grutte Feanpolder is ek yn kultuerhistoarysk opsicht in tige nijsgjirrich gebiet. Ieuwen foar de feanûntginning waard hjir (troch muontsen?) De Skene (Stellingwerfsk: De Scheene) al groeven, dy`t it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger (Stellingw.: De Kuunder) en De Linde (Stellingw.: De Lende) yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Tsjintwurdich is De Skene in idyllysk, sa te sjen natuerlik lânskipselemint. Wêr’t de Skene útkomt yn de Helomafeart leit de ’Scheenesluis’. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy`t it gebiet fan de Grutte Feanpolder droechmealden.

De al earder neamde Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meiïelkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy`t yn 1704 yn besit kaam fan de ’Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie’. Op it plak dêr`t de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de ’Driewegsluis’ boud. Dy yn Nederlân unike slûs wie nedich om de wettersteatkundige needsaak: om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre.

De Linde en De Tsjonger komme byelkoar by Slikenboarch. De oarsprong fan dit doarp as ferdigeningsskâns tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch is neat mear fan te sjen. It is wol sa dat de âlde diken hjir oan de tiid tinken dogge dat it doarp noch oan de kust fan de Sudersee lei. By it doarp rint de N351 del dy`t neamd is nei Peter Stuyvesant, de direkteur-generaal fan de eardere Nederlânske koloanje ’Nieuw-Nederland’, dêr`t Nieuw-Amsterdam (it tsjintwurdige New York) de haadstêd fan wie. By Skerpenseel, it doarp dêr`t er opgroeide, stiet oan de N351 in monumint ta eare fan dizze wichtige histoaryske figuer. In stânbyld fan him stiet oan de Tsjerk Hiddeswei yn Wolvegea. Dat doarp is in besite wurdich: ûnder oare om Museum Het Kiekhuus en de Oudheidkamer dy`t yn de mûne ’Windlust’ sit. Noch mear ynformaasje oer de lokale skiednis kinne jo krije mei it Historisch Informatie Punt dat yn de ’Openbare Bibliotheek’ sit. En as jo dêr dan dochs binne, sjoch dan ek ris efkes yn de Kijkzaal, dêr`t wikseljende keunstútstallings holden wurde.

Om de Langwarder Wielen hinne

De streek om de Langwarder Wielen hinne is in unyk stikje Fryslân. Nearne yn de provinsje sjocht men yn sa`n lyts gebiet sokke grutte lânskiplike ferskillen: de widens en iepenens fan it feangreidegebiet mei de Wielen en De Kûfurd en dêrfoaroer de yntimiteit en beslettenens fan de bosken by Sint-Nyk. It ferline is hjir noch dúdlik te fernimmen en te sjen en de streek azemet sûnder mear de nedige 'grandeur': it skildereftige, wat sjike Langwar; de bosken mei har steatige leanen en monumintale lânhuzen; it deftige De Jouwer; mar ek it grutte tal monumintale pleatsen yn it bûtengebiet.

Syn alluere hat de streek te tankjen oan it ferline. Tanksij de geunstige lizzing oan it wetter ûntjoech Langwar him om 1600 hinne ta merk- en havenplak mei in waach, in 'regtshuys' en ferskate lúkse wenhuzen foar de begoedige boargerij, dêrûnder Osingastate. In ferliking tusken de moaie âlde foto's út it boek 'Trije Swannen yn folle Flecht' en de hjoeddeiske situaasje leart dat it doarp syn histoaryske karakter foar in grut part beholden hat. Neffens in soad minsken is De Buorren de moaiste doarpsstrjitte fan Fryslân. Om syn sjarme, yn kombinaasje mei de prachtige omjouwing en de wettersportmooglikheden, mei it doarp hjoed de dei ek noch ferskillende notabelen en bekende Nederlanners ta syn ynwenners en geregelde gasten rekkenje.

Men kin it jin tsjintwurdich hast net mear yntinke, mar De Jouwer wie yn it ferline ek in wichtich havenplak: dêrút wei waard sels op Ingelân en Skandinavië fearn. Neist de hannel ûntstie ek it nedige ambachtswurk en de nedige yndustry, lykas skipswerven, meubelmakkerijen, koperjitterijen, klokkemakkerijen en fansels de kofjebrânerij fan Douwe Egberts. It doarp ûntjoech him ta in saneamde 'vlecke', in plak dat tusken in doarp en in stêd yn sit. De stedske trekjes en it rike ferline jouwe De Jouwer in hiel eigen oansjoch.

Yn de skadige bosken by Sint Nyk steane ferskillende steatlike wenhuzen. De Vegelinbosken binne neamd nei de man dy`t se yn de achttjinde ieu oanplantsje liet, Johan Vegelin van Claerbergen. Dy man, waans neiteam de bosken noch altyd yn besit hat en beheart, wie ek de driuwende krêft efter it ynpolderjen fan de leechlizzende lannen yn de streek. Wilhelminaoord, in kuierbosk, waard healwei de njoggentjinde ieu oanlein. De bosken wienen en (binne noch altyd) in attraksje foar deitoeristen út de wide omkriten. By herberch 'Huis ter Heide' waard in kolfbaan oanlein. Beide binne ûnderwilens ferdwûn. Folle letter kaam in eintsje fierderop de hjoeddeiske 18-holes golfbaan.

De streek is fansels yn it foarste plak in walhalla foar de wettersporter. Langwar is in wettersportdoarp mei styl en tradysje. De pleatslike sylklup waard al yn 1859 oprjochte en is dêrmei ien fan de âldste fan Nederlân. De Langwarder Wielen steane yn streekrjochte ferbining mei it fierdere grutte Fryske Marregebiet. Hja binne alle jierren it dekor foar ferskillende sylwedstriden, dêrûnder it ferneamde skûtsjesilen.

As jo séls silen leare wolle dan kinne jo terjochte by sylskoalle Neptunus yn Jiskenhuzen, it berteplak fan Egbert Douwes, grûnlizzer fan Douwe Egberts. Bliuwe jo dochs mar leaver op it lân? Gjin probleem: mei de fyts, op de motor, rinnend of op skeelers lit de streek him ek hiel goed ûntdekke. Nim bygelyks ris de 'pontsjerûte' (sjoch op Route Zuidwest Friesland.nl by Langwar). Of stippelje op dy site in eigen rûte út mei help fan it útsochte systeem fan (fyts)knooppunten.

Op De Jouwer is safolle te sjen en te dwaan dat jo der maklik in hiele dei foar útlûke kinne. Kombinearje bygelyks in lyts moarnsskoft winkeljen mei in besite oan Museum Joure, dat yn in prachtich yndustrieel kompleks sit út de ein fan de njoggentjinde ieu. It yn 2008 iepene, unike Puzelmuseum is ek in lytse besite mear as wurdich. Of doch it Jouster Kuierke, in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp, ûnder lieding fan in gids. Keunstleafhawwers hawwe de kar út meardere galeryen.

In pear kear it jier, by in tal grutte, spektakulêre eveneminten, is it yn it doarp ekstra gesellich: de Boerebrulloft, de Ballonfeesten(beide ein july) en de Jouster Merke (ein septimber). Benammen yn de simmermoannen wurde ek noch tal fan oare, lytsere aktiviteiten organisearre. Wolle jo séls in hiel bysûndere aktiviteit dwaan, dan rekommandearje wy in kursus fierljeppen by de pleatslike fierljeppersferiening fan herten oan.

Lang ferlyn kaam de see troch De Lauwers fier it lân yn. Tsjintwurdich is fan dy ynholte fan de see allinnich noch mar in rivierke oer, dat foar in part de grins tusken Fryslân en Grinslân is. Muontsen fan Gerkeskleaster leinen yn de fyftjinde ieu in dyk yn de mûning fan De Lauwers. By de ôfwetteringsslûs yn dy dyk, dy`t yn de rin fan de ieuwen mannichkear ferlein en fernijd is, ûntstie it doarp Muntsjesyl (munts = muonts; syl = slûs). Oan de ’Grinslanner kant’ fan de Lauwers lizze twa doarpkes dy`t har namme ûntliene oan de oanwêzichheid fan in slûs: Lauwerssyl en Pitersyl. It lêstneamde doarp hearde, krekt as Fiskfliet, oant 1637 by Fryslân.

It gebiet om De Lauwers hinne hat in prachtich, ôfwikseljend lânskip, dat him tige lient om te fytsen, te kuierjen en/of te farren. Benoarden it Prinses Margrietkanaal leit in typysk seeklaailânskip: prachtige fiersichten, âlde diken, slingerjende wetterkes en ferspraat lizzende doarpkes mei altyd in tsjerketoer en faak in mûne. Bij Boerum is yn de jierren ’60 fan de foarige ieu in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje boud, dat yn de folksmûle ’It grutte ear’ neamd wurdt. De lokaasje waard keazen om it feit dat it ûntfangen en ferstjoeren fan radiosinjalen yn dit iepen en lege lânskip net of hast net steurd wurdt. As je it oer rêst ha...

In bytsje besuden Boerum hat earder it frouljuskleaster Galileä stien, dat hearde by it kleaster yn Gerkeskleaster. Dat doarp ûntlient syn namme oan de stichter fan it kleaster, in Gerke Harkema út Stiensgea. De tsjerke, dy`t tsjintwurdich in bytsje ôfsidich stiet fan it doarp, is ûntstien út in ferbouwing fan it brouhûs fan it kleaster. It doarp is yn de rin fan de ieuwen gearraand mei Strobos, dat oant 1993 by de provinsje Grinslân hearde. It twillingdoarp wurdt behearske troch de skipswerf fan Barkmeijer, dy`t yn 1850 oan it doetiidske Knillesdjip fêstige waard.

Yn Strobos koe men oer in brêge it kanaal oerstekke. Dêr, oan de oare kant fan it wetter, lizze de Surhuzumer Mieden. Dy ’mieden’ (earder meast brûkt as healannen), dy`t ek foarkomme besuden Bûtenpost, foarmje in hiel spesifyk lânskip op de oergong fan klaai, sân en fean. wa`t dy wietige gebieten rinnend of mei de fyts ferkent, sjocht in hiel nijsgjirrich kultuerhistoarysk lânskip: feanferkaveling yn de foarm fan lange stripen mei petgatten, elzesingels en beamwâlen, mei in grutte natuerlike rykdom: mieden, moerassen, greidefûgels.

It part fan De Lauwers besuden it Prinses Margrietkanaal is net te befarren, mar - en winliken allinne noch - te werkennen as in slingerjende ’ferdjipping’ yn it lânskip, dy`t oant by Surhústerfean de provinsjegrins foarmet.

Fryslân op syn moaist: dat fine in soad minsken fan it gebiet om de Burgumer Mar hinne. En ek al is dat fansels subjektyf, foar dy kwalifikaasje is in boel te sizzen. It gebiet eastlik en noardeastlik fan de Burgumer Mar is it kearngebiet fan it ’Nationaal Landschap De Noordelijke Friese Wouden’. Lang ferlyn waard dêr fan de noardwestlike helling fan it Drintsk Plato ôf de heide en it leger lizzende feangebiet yn lange smelle stripen ûntgonnen. Om dy perselen waarden ’dykswâlen’ oanlein, ierden dykjes dêr`t beammen op plante waarden. Sa ûntstie in karakteristyk heide- en feanûntginningslânskip, dat nearne oars yn Nederlân sa moai bewarre bleaun is as hjir. En nearne yn Fryslân fine jo binnen sa`n lytse ôfstân de kombinaasje fan in lytsskalich, heal ticht beamwâllânskip mei de wiidsheid fan twa marren, de Burgumer Mar en De Leien.

De Burgumer Mar is in natuerlik mar dat yn de iistiid ûntstien is. It lient him tige foar ferskillende foarmen fan wettersport. De mar wurdt krúst troch it Prinses Margrietkanaal. Dat Fryske part fan de wichtige skipfeartferbining fan De Lemmer nei Delfsyl waard groeven tusken 1949 en 1952. De Kûkhernster Feart, de Petsleat en De Swemmer foarmje foar de plezierfeart in wichtige ferbining met de Lauwersmar.

De Leien is in feanôfgraving út de santjinde ieu. Omdat er net sa djip wie, hie de mar lang allinne wat te betsjutten foar de lytse wettersport. Yn it ramt fan it grutskalige Fryske Marreprojekt is de mar folslein op `en nij ynrjochte. Dêrby binne sawol de rekreaasjemooglikheden as de natuerwearden grutter wurden. Der binne slinken groeven nei De Rotfalle en tusken De Pein en Eastermar. De feanôfgraving is no in ûnderdiel fan de Lits-Lauwersmarrûte, in oantreklike alternative farrûte fan de Fyske marren nei de Lauwersmar, dy`t geskikt is foar grutte motorboaten.

Foar de net-wettersporter en de wettersporter dy`t ek wolris de wâl op wol hat it gebiet ek in hiel soad te bieden. It grutte tal lytse, rêstige dykjes en ûnferhurde paden troch it skitterjende beamwâllânskip meitsje it gebiet ta in paradys foar kuierders, hurdrinners, fytsers, ruters, mountainbikers en skeelerers. De kultuerhistoarje is te sjen en te fernimmen yn it ûnskeinde lânskip en de autentike doarpkes. En wa`t mear te witten komme wol oer de eardere heideûntginnings en libbensomstannichheden yn it gebiet, kin terjochte yn temapark ’De Spitkeet’ by De Harkema.

De Burgumer Mar en syn omkriten hawwe koart sein alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw; sawol foar natuerleafhawwers en rêstsikers as foar dejingen dy`t op syk binne nei wat mear aksje.

It gebiet east fan Dokkum is yn lânskiplik en kultuerhistoarysk opsicht ien fan de meast ynteressante stikjes Fryslân. It seeklaaigebiet wurdt karakterisearre troch rûme fiergesichten, skynber samar hjir en dêr lizzende terpdoarpkes, achter âlde diken ferskûle buorkerijen en in pear natuerlike en groeven wetterwegen.

Sintraal yn it gebiet leit it Dokkumer Grutdjip, it restant fan in see-earm dy`t oan Dokkum ta kaam en de stêd ieuwenlang in streekrjochte ferbining mei iepen see bea. Yn it earstoan koene de grutste seeskippen Dokkum berikke. Mar de see-earm slibbe yn’e rin fan’e ieuwen hieltiten fierder ticht. Op it lêst bleau allinne in sterk meänderjend soal oer. Yn 1729 waard de see-earm by it hjoeddeiske Dokkumer Nije Silen ôfsletten. yn’e dyk waard in slús mei trije spuikanalen boud. It kompleks wurdt oant hjoed de dei ta brûkt foar de ôfwettering fan it Fryske boezemwetter. Yn 1969, doe`t de Lauwerssee ôfsletten waard, waard krekt súd fan de âlde slús foar de skipfeart in aparte skutslús boud.

It Dokkumer Grutdjip is hjoed de dei ûnderdiel fan de steande-mêst-rûte fan’e Fryske marren nei de Waadsee. Foar de skipfeart waarden yn’e rin fan’e ieuwen de measte bochten ôfsnijd, mar de oarspronklike rin fan it soal is der noch foar it grutste part en ek foar in stik noch befarber. Ek de diken dy`t oan wjerssiden fan’e sea-earm leinen, binne noch fierhinne yntakt. Se foarmje de stille en ymposante tsjûgen fan it ferline. Krekt bûten Dokkum leit de ’Schreiershoek’. Eartiids stiene dêr froulju en bern te ’skriemen’ as harren mannen en heiten wer foar in lange tiid de see op gongen.

Wat fierder nei it noarden rint de Súd Ie, dy`t by Iesumasyl yn’e Lauwersmar útkomt. Dat wetter hat foaral in funksje foar de ôfwettering fan it gebiet, mar lient him ek hiel goed foar in tocht mei de kano. Al ridend oer de wei fan Dokkum nei Lauwerseach binne oan wjerssiden dúdlik de ôfsnijde bochten fan it fan oarsprong sterk kronkeljende rivierke te sjen. Súdlik fan it Dokkumer Grutdjip leit de Strobosser Trekfeart. Dy feart waard healweis de santjinde ieu groeven yn opdracht en op kosten fan de stêd Dokkum, dy`t graach in farferbining mei Grins woe. De kosten blieken lykwols folle heger as de opbringsten en de stêd drige fallyt te gean. It eigendom fan’e feart kaam doe yn hannen fan in groep skuldeaskers. Dy liet lâns it trajekt in pear tolhuzen bouwe dy`t der foar soargje moasten dat de feart syn jild opsmiet. Lâns de feart del rûn in jaachpaad dêr`t de hynders op rinne koene dy`t it trekskip lûke moasten. By de hjoeddeistige wei lâns steane op ferskate plakken noch de saneamde ’rolpeallen’, dy`t by bochten soarge foar it lieden fan de jaachline.

Om de ôfwettering te ferbetterjen waard ein njoggentjinde ieu tusken de Strobosser Trekfeart en it Dokkumer Grutdjip de Nije Swemmer groeven. De Alde Swemmer leit dêr krekt wat noardliker fan.

Mei al dat wetter is it in prachtich fargebiet foar benammen de ’lytsere’ wettersport. Mar ek foar gruttere boaten binne der in soad mooglikheden. En foar de grutste skippen rint dwers troch it prachtige gebiet de steande-mêst-rûte fan de Fryske marren nei de Waadsee. Dy tige drok befearne rûte komt troch Dokkum, ien fan de Fryske alve stêden en sintrum fan Noardeast Fryslân. Dit prachtich behâlden festingsstedsje móatte jo sjoen ha!

Ek ’op ’e wâl’ lit it gebiet him fierders poerbêst ferkenne. De protte lytse en rêstige weikes binne ideaal foar koartere en langere fytstochten. Dêrneist rinne troch it gebiet ferskate rûtes om te kuierjen.

Nederland polderland: als die uitdrukking érgens letterlijk van toepassing is, dan is het wel in het gebied ten zuiden en westen van het Tjeukemeer. De Lemster Polders, de Veenpolder van Echten, de Veenpolder van Delfstrahuizen: het is allemaal heel praktisch en overzichtelijk. Overal in dit gebied is het land, nadat het veen was afgegraven, droog gemalen en netjes in cultuur gebracht. Wie daaruit de conclusie trekt dat er dan wel sprake zal zijn van een saai, weinig tot de verbeelding sprekend landschap, heeft het mis! Het grootste meer van Friesland en het vlakke en lege land, met hier en daar een boomsingel, een molen, een kerktoren, een boerderij of een oude dijk: die combinatie resulteert in een landschap met een monumentale allure. Hier wordt in het groot aangetoond: ’less is more’!

Over het ontstaan van het Tjeukemeer bestaat een mooie legende. Aan de zuidoever van het meer, bij Echten, staat een beeld van de hoofdrolspeelsters, Tsjûke en March. Hier staat ook het voormalige stoomgemaal uit 1913, dat de Polder van Echten droog moest houden.

Het meer is via de Pier Christiaansloot verbonden met de rivieren en vaarten in Zuidoost Friesland en de plassen in Noordwest Overijssel. En via de Follegasloot is zowel de rest van het Friese Merengebied als het IJsselmeer gemakkelijk en snel bereikbaar. Het Tjeukemeer zelf biedt uitstekende mogelijkheden om te zeilen, te surfen, te zwemmen en te vissen. Langs de oevers liggen jachthavens, trailerhellingen, strandjes, campings, hotels en groepsaccomodaties. De watersporter die op zoek is naar (meer) rust, kan aanmeren bij de ligplaatsen die recreatieschap De Marrekrite gerealiseerd heeft aan de oevers van de eilandjes in het meer.

Wie wat meer leven in de brouwerij wil, kan terecht in het bruisende toeristische centrum Lemmer. De stedelijke allure van dit grote dorp is het gevolg van de belangrijke handels- en havenfunctie die het in de zestiende en zeventiende eeuw had. Later ontwikkelde zich in het dorp, als alternatief voor de afnemende turfgraverij in de omgeving, een bloeiende visserij. Visrokerijen produceerden onder meer de beroemde ’Lemster Bokking’. Dat is tegenwoordig ook de naam van een prijs die eens in de twee jaar wordt uitgereikt aan een persoon of instelling die zich op bijzondere wijze heeft ingezet voor karakteristiek of historisch dorpsbehoud. En jaarlijks wordt de ’Lemster Bokking Race’ gehouden, een zeilwedstrijd voor verschillende typen boten. Een ander, zeer spectaculair zeilevenement is natuurlijk het beroemde Skûtsjesilen. Jaarlijks organiseren de SKS en de IFKS eind juli, begin augustus op het IJsselmeer en het Tjeukemeer meerdere races.

Maar Lemmer en Lemsterland is méér dan alleen watersport: ook echte landrotten komen in dit gebied prima aan hun trekken. Zo kunt u in Lemmer bijvoorbeeld een zeer interessante dorpswandeling maken. Ook een bezoekje aan het Duikmuseum is de moeite waard. De geschiedenis van Lemmer en omgeving wordt verbeeld in Streekmuseum/Oudheidkamer ’Lemster Fiifgea’.

Natuurlijk mag in de beschrijving van Lemmer het "Ir. D.F. Woudagemaal" niet ontbreken. Het grootste nog werkende stoomgemaal van de wereld bekroond met de status van UNESCO werelderfgoed. Niet te missen als u in het gebied bent!

Fietsers kunnen in het gebied hun hart ophalen dankzij het Fietsroutenetwerk Zuidwest Friesland. Dat wordt gevormd door een systeem van knooppunten, op basis waarvan u uw eigen route kunt samenstellen. Veel van de verbindingen waaruit het netwerk bestaat, zijn overigens ook toegankelijk voor motoren. Bent u niet alleen liefhebber van motorrijden, maar ook van oude motoren, dan is het Indian Motor Museum in Lemmer een must.

Op welke manier u zich ook verplaatst, dit gebied zal u aangenaam verrassen. Het weidse landschap, de prachtige vergezichten, de indrukwekkende wolkenluchten; de vele monumentale boerderijen, de molens, de kerkjes en de klokkenstoelen; en niet te vergeten de natuur: het Tjeukemeer en de landerijen er omheen vormen een paradijs voor vele soorten water- en weidevogels. Daarnaast is in een aantal verspreide percelen rietland in de in de Ychtenerfeanpolder sprake van een zeldzame flora en fauna.

Dat alles bij elkaar vormt het schitterende decor voor een verblijf zoals ú dat wenst.

Skiermûntseach

In oerke mei de boat, en men is yn in hiel oare wrâld. Dat is Skiermûntseach. It is it meast eastlike (bewenne) Nederlânske waadeilân en hat sûnt 1989 yn syn gehiel de status fan Nasjonaal Park. In walhalla foar de natuerleafhawwer sadwaande. Mar ek foar dejinge dy`t om de rêst komt: auto’s binne net tastien op it eilân, útsein foar de eilanners sels. En kin men yn it heechseizoen by de ôfreis fan Lauwerseach ôf noch wolris it idee hawwe dat it drok wurdt op it eilân, in heal oerke nei oankomst hat eltsenien him oer it eilân ferspraat.

Njonken de prachtige natuer en it ôfwikseljende lânskip hat it eilân ek yn kultuerhistoarysk opsicht it nedige te bieden. Yn de Midsieuwen wie it eilân yn besit fan de ‘skiere’ (grize) muontsen fan it kleaster Claercamp by Dokkum. Yn de sechtjinde ieu waard de provinsje Fryslân eigner fan alle kleastergoed en dêrmei ek fan it eilân. Fanwegen jildkrapte ferkocht de provinsje it eilân yn 1638. Net folle letter kaam Skiermûntseach yn hannen fan de famylje Stachouwer, dy`t sa’n 200 jier eigner bleau.

De lêste privee-eigner wie de aadlike Dútske famylje Bernstorff, dy`t it eilân yn 1893 kocht. Yn 1945 waard it eilân as fermogen fan de fijân yn beslach nommen en kaam it yn hannen fan de Nederlânske Steat.

Mei it oanlizzen fan it hjoeddeiske doarp Skiermûntseach, ek wol Oosterburen neamd (yn it Skiermûntseager Frysk Aisterbun), waard om 1720 útein set. It doarp kaam yn it plak fan it fierder nei it westen lizzende doarp Westerburen (Wåsterbun). Trochdat it eilân stadich mar hoe dan ek yn eastlike rjochting ‘kuieret’, ferdwûn dat doarp stadichoan yn de see. Mei help fan de famylje Stachouwer krige it nije doarp in hiel regelmjittige opset.

Ieuwenlang wienen de seefeart en fiskerij de wichtichste middels fan bestean op Skiermûntseach. Fan 1872 oant 1934 wie der op it eilân in seefeartskoalle. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen in soad eilanners terjochte yn de walfiskfeart. De walfisktsjeaken yn it doarp dogge tinken oan dy tiid. Tsjintwurdich is it toerisme de wichtichste boarne fan ynkomsten. De likernôch 1000 ynwenners ferwolkomje alle jierren sa’n 300.000 toeristen op it eilân, dat hja sels beskieden har Lytje Pole (lytse pôle) neame.

Mear ynformaasje oer Skiermûntseach kinne jo fine op www.schierweb.nl

De namme fan dizze streek is ûntliend oan de eardere gemeente mei deselde namme, dêr`t it gebiet dêr`t hjir om giet rûchwei de eastlike helte fan is. Skoatterlân wie yn de njoggentjinde ieu ek de namme fan íén fan de kiesdistrikten yn Fryslân. Dat distrikt keas yn 1888 Ferdinand Domela Nieuwenhuis as earste sosjalist ea yn de Twadde Keamer. Dy dominy, frijtinker, sosjalist en anty-militarist hie him tige ynset om de jammerdearlike libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. De ûntginning fan it fean hat in wichtige stimpel set op de (sosjale) skiednis fan it gebiet. En yn it hjoeddeistige lânskip is it ôfprintsel fan dat stimpel noch altyd hiel dúdlik te sjen.

Foar de ôffier fan de turf wienen se yn de midden fan de sechstjinde ieu by It Hearrenfean begûn mei it graven fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Dy feart waard yn de rin fan de ieuwen stikje by bytsje yn eastlike rjochting trochlutsen. Omdat it dêr stadich omheech rûn, wienen slûzen nedich. De earste slûs kaam by it hjoeddeiske Bontebok, de twadde noardlik fan Aldhoarne en de tredde by it hjoeddeiske Jobbegea, dat oant fier yn de tweintichste ieu oantsjut waard as Tredde Slûs. Oan wjerskanten fan de haadûntsluting ûntstie in regelmjittich stelsel fan lytsere fearten en sleatten en, yn de heger lizzende gebieten, dykjes. By it jaan fan nammen oan al dy saneamde ’wiken’ wie de fernimstichheid net oeral like grut: yn de Hoarnstersweachsterkompenije, it gebiet eastlik fan Jobbegea, kamen se net fierder as ’1e Wyk’, ’2e Wyk’ ensafuorthinne, oant en mei ’19e Wyk’.

Nei it ôfgraven fan it fean wie it lân op de measte plakken net daliks gaadlik om te brûken: yn de leger lizzende gebieten wie it te wiet of stie it sels ûnder wetter, en de heger lizzende sângrûnen wienen net o sa fruchtber. It lânskip lei der nochal ferlitten by en in soad bewenners hienen in lijerich bestean. Stikje by bytsje waard it lân yn kultuer brocht, meast troch de bewenners sels. Trochdat it allegear lytsskalich wie en it stadichwei gie, krige tagelyk de natoer gelegenheid om wer foarút te gean.

De ûntsteansskiednis hat meibrocht dat der in prachtich, ôfwikseljend lânskip ûntstie dêr`t oan de iene kant de ynfloed fan de minske hiel dúdlik te sjen is en oan de oare kant de natoer op `en nij in dúdlik plak ferovere hat. In rjochtlinige ynfrastruktuer en systematyske ferkaveling, iepen greidelânskip, lytsskalige stikken lân mei beamwâlen deromhinne, bosk, heideIt lânskip hat hjir in soad smaken, dy`t him op mear as ien manier priuwe lit: op `e fyts, rinnend, op it hynder, mei de boat of yn de kano.

It gebiet hat twa ’offisjele’ natoergebieten. Westlik fan Nijhoarne leit de Ketliker Skar, in tige ôfwikseljend, goed 400 bunder grut natoergebiet dat bestiet út heide, greide, wetter en kultuerbosk. Utsein inkelde kuierrûten hat behearder It Fryske Gea hjir ek in rolstoelfreonlik paad oanlein fan likernôch 2,5 kilometer, dat as rûntsje ôflein wurde kin. Súdeastlik fan Aldhoarne lizze de ’Kikenberch’ en it ’Tolheksbosk’, dy`t beide in part binne fan it natoergebiet Tjongervallei.

De doarpen Nij- en Aldhoarne organisearje alle jierren, op de lêste saterdei (sneon) fan septimber it saneamde Flaeijelfeest (Flaeijel = in swingel om te terskjen, Nedl.: ’dorsvlegel’). Op dit tradisjonele rispinge- en terskfeest wurde alle kanten fan it eardere libben op it plattelân foar it fuotljocht brocht. It barren lûkt alle jierren tsientûzenen besikers.

Dizze unike streek mei har sosjaal rûzige skiednis, har troch minskehannen makke struktuer, har kultuerhistoarje dy`t je fiele- en sjen kinne én har lânskiplike en natoerlike kwaliteiten hie eins ek yn íén wurd gearfette wurde kind: yntrigearjend! Want wa kin syn nijsgjirrigens en fantasije noch ynhâlde by it lêzen fan nammen as Bontebok, Spekpôlledraai, Belgyske Wyk, Lúksemboarch, Prikkedaam en Sing Sang (in dykje tusken Bontebok en Jonkerslân).


0 | 1 |
Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.