|

Rûn it Dokkumer Grutdjip

Rûn it Dokkumer Grutdjip
©: FrieslandWonderland

It gebiet east fan Dokkum is yn lânskiplik en kultuerhistoarysk opsicht ien fan de meast ynteressante stikjes Fryslân. It seeklaaigebiet wurdt karakterisearre troch rûme fiergesichten, skynber samar hjir en dêr lizzende terpdoarpkes, achter âlde diken ferskûle buorkerijen en in pear natuerlike en groeven wetterwegen.

Sintraal yn it gebiet leit it Dokkumer Grutdjip, it restant fan in see-earm dy`t oan Dokkum ta kaam en de stêd ieuwenlang in streekrjochte ferbining mei iepen see bea. Yn it earstoan koene de grutste seeskippen Dokkum berikke. Mar de see-earm slibbe yn’e rin fan’e ieuwen hieltiten fierder ticht. Op it lêst bleau allinne in sterk meänderjend soal oer. Yn 1729 waard de see-earm by it hjoeddeiske Dokkumer Nije Silen ôfsletten. yn’e dyk waard in slús mei trije spuikanalen boud. It kompleks wurdt oant hjoed de dei ta brûkt foar de ôfwettering fan it Fryske boezemwetter. Yn 1969, doe`t de Lauwerssee ôfsletten waard, waard krekt súd fan de âlde slús foar de skipfeart in aparte skutslús boud.

It Dokkumer Grutdjip is hjoed de dei ûnderdiel fan de steande-mêst-rûte fan’e Fryske marren nei de Waadsee. Foar de skipfeart waarden yn’e rin fan’e ieuwen de measte bochten ôfsnijd, mar de oarspronklike rin fan it soal is der noch foar it grutste part en ek foar in stik noch befarber. Ek de diken dy`t oan wjerssiden fan’e sea-earm leinen, binne noch fierhinne yntakt. Se foarmje de stille en ymposante tsjûgen fan it ferline. Krekt bûten Dokkum leit de ’Schreiershoek’. Eartiids stiene dêr froulju en bern te ’skriemen’ as harren mannen en heiten wer foar in lange tiid de see op gongen.

Wat fierder nei it noarden rint de Súd Ie, dy`t by Iesumasyl yn’e Lauwersmar útkomt. Dat wetter hat foaral in funksje foar de ôfwettering fan it gebiet, mar lient him ek hiel goed foar in tocht mei de kano. Al ridend oer de wei fan Dokkum nei Lauwerseach binne oan wjerssiden dúdlik de ôfsnijde bochten fan it fan oarsprong sterk kronkeljende rivierke te sjen. Súdlik fan it Dokkumer Grutdjip leit de Strobosser Trekfeart. Dy feart waard healweis de santjinde ieu groeven yn opdracht en op kosten fan de stêd Dokkum, dy`t graach in farferbining mei Grins woe. De kosten blieken lykwols folle heger as de opbringsten en de stêd drige fallyt te gean. It eigendom fan’e feart kaam doe yn hannen fan in groep skuldeaskers. Dy liet lâns it trajekt in pear tolhuzen bouwe dy`t der foar soargje moasten dat de feart syn jild opsmiet. Lâns de feart del rûn in jaachpaad dêr`t de hynders op rinne koene dy`t it trekskip lûke moasten. By de hjoeddeistige wei lâns steane op ferskate plakken noch de saneamde ’rolpeallen’, dy`t by bochten soarge foar it lieden fan de jaachline.

Om de ôfwettering te ferbetterjen waard ein njoggentjinde ieu tusken de Strobosser Trekfeart en it Dokkumer Grutdjip de Nije Swemmer groeven. De Alde Swemmer leit dêr krekt wat noardliker fan.

Mei al dat wetter is it in prachtich fargebiet foar benammen de ’lytsere’ wettersport. Mar ek foar gruttere boaten binne der in soad mooglikheden. En foar de grutste skippen rint dwers troch it prachtige gebiet de steande-mêst-rûte fan de Fryske marren nei de Waadsee. Dy tige drok befearne rûte komt troch Dokkum, ien fan de Fryske alve stêden en sintrum fan Noardeast Fryslân. Dit prachtich behâlden festingsstedsje móatte jo sjoen ha!

Ek ’op ’e wâl’ lit it gebiet him fierders poerbêst ferkenne. De protte lytse en rêstige weikes binne ideaal foar koartere en langere fytstochten. Dêrneist rinne troch it gebiet ferskate rûtes om te kuierjen.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!