Nijsgjirrichheden yn Haskerdiken


Boustyl: sealtsjerke
Datearring: 1880
Restauraasje: 1985 (eksterieur) en 1995 (ynterieur)

Lizzing: oardel kilometer noardlik fan de doarpskearn fan Haskerdiken stiet, mei in pear pleatsen deromhinne mar fierder alhiel op himsels, de eardere herfoarme tsjerke 'De Kapelle', tusken oan de iene kant Rykswei A32 en oan de oare kant it spoar fan Ljouwert-It Hearrenfean en de Hearresleat.

Eksterieur: de oan de eastkant trijekantich ôfsluten sealtsjerke út it earste fearnspart fan de njoggentjinde ieu hat grutte rûnbôgefinsters en in geveltoer mei in ynsnoerde spits. Boppe de yngong sit in gevelstien mei in opskrift yn it Latyn, dat oerset wurde kin mei: “Yn it jier 1818 yn de moanne april is dizze tsjerke restaurearre doe’t Ferdinand Adriaan Boelens behearder wie fan it domeingoed yn Fryslân, Grinslân en Drinte”.

Ynterieur: de tsjerkeromte wurdt ôfdutsen troch in houten tonferwulf. It ynterieur is by de restauraasje fan 1994 yngeand wizige troch ûnder oare de sechtich jier âlde houtene flier der út te heljen. Dêrtroch kamen de donkergrize estrikken wer te foarskyn. Yn de flier sitte yn de midden fan it skip seis grêfstiennen út de santjinde en de achttjinde ieu.

Begraafplak: it begraafplak om De Kapelle hinne is eigendom fan de boargerlike gemeente Skarsterlân en noch altyd yn gebrûk. Wa’t in útfeart hâlde wol yn it tsjerkje, kin kontakt opnimme mei de hierder, frou T. Boon-Fischer.

Hjoeddeisk gebrûk: de tsjerke wurdt ferhierd oan byldzjend keunstner frou Tineke Boon-Fischer út It Hearrenfean, dy’t de tsjerke brûkt as atelier en eksposysjeromte. Yn it winterseizoen organisearret sy tagelyk konserten. Boppedat ferhiert se it tsjerkje it hiele jier troch foar rou- en troutsjinsten. Acht kear it jier binne der noch earetsjinsten fan de Protestantske Gemeente yn It Hearrenfean, dy’t De Kapelle yn juny 2012 oerdroegen hat oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Jabikspaad: De Kapelle leit oan it Jabikspaad, de pylgerrûte tusken Swarte Haan en Hasselt. Dêrwei kin de pylgertocht fierder fuortset wurde nei Santiago de Compostella. Pylgers dy’t de tsjerke besjen wolle, kinne sjen oft de doar iepen is en oft de keunstner der is. Frou T. Boon-Fischer hat sels in stempel meitsje litten foar yn it pylgerpaspoart. Wa’t it offisjele stimpel ha wol fan de Stichting Jabikspaad Fryslân, kin terjochte by in ynwenner fan it doarp. Groepen pylgers dy’t der wis fan wêze wolle dat se terjoche kinne, wurde frege om kontakt op te nimmen mei de hierder of mei de Pleatslike Kommisje.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!