Nijsgjirrichheden yn Sint Jabik


Boustyl: Neoklassisistysk
Datearring: 1843
Restauraasje: 1980 en 2010

Lizzing:
Sint-Jabik ûntstie yn 1505, doe’t It Bilt troch arbeiders út ûnder oare Súd-Hollân, Seelân en Fryslân yndike waard. En it is it begjinpunt fan it Jabikspaad dat yn Spanje einiget. De tsjerke stiet oan de haadstrjitte.

Eksterieur:
De eardere tsjerke waard yn 1842 ôfbrutsen en wie doe 170 jier âld. De tsjerke fan no is it ûntwerp fan de arsitekt Thomas Romein yn in ferbastere Empirestyl.
De tsjerke hat in iepen foartsjerke mei fjouwer Doaryske pylders, mei dêrboppe in argitraaf en in fronton. Op in fjouwerkante ûnderbou stiet in lantearne mei acht pylders.
De klok út de ôfbrutsen tsjerke fan hjirfoar (de foargonger fan de tsjerke fan Romein) hat yn de sierlike lantearne noch in ieu beierje mocht, mar is yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútske besetter foardere en nea wer weromkommen. Op de nije klok fan 1952 stiet in gedicht fan de Biltske taalstrider H.S. Buwalda:

Deur St. Jabuurster gemeenskapssin
Is ’t, dat ik hier kommen bin;
Soa’t eerst myn foorganger deed
Sel ik tenà loië bij freugd en bij leed

By de restauraasje fan 2010 hat it eksterieur fan de tsjerke de oarspronklike kleuren weromkrigen, dy’t arsitekt Romein yn 1843 útsocht hie. Nei de restauraasje waard De Groate Kerk op 8 april 2011 op ’en nij feestlik yn gebrûk nommen.

Foartsjerke:
Yn de foartsjerke fan De Groate Kerk sit sûnt koart it 'Pelgrims Informatiecentrum Sint Jacob' fan it 'Nederlands Genootschap van Sint Jacob' en de 'Stichting Jabikspaad Fryslân'. It ynformaasjesintrum is iepen op eltse twadde en fjirde sneon fan de moanne, fan 11.00 oant 15.00 uur. De kaai fan de foartsjerke is ek te besetten by teeskinkerij 'De Jacobshoeve', krekt westlik fan De Groate Kerk.

Ynterieur:
It ynterieur bestiet út in rjochthoekige seal fan 27 meter lang en 10 meter breed, mei in flau bûgd stucferwulf. De preekstoel is derút helle (dy is no nammers te sjen yn de 'Museumkerk' op Skoklân). Op it plak fan de preekstoel waard yn 1980 in bar ynstallearre. By de restauraasje fan 2010 hat it ynterieur fan de tsjerke in yngeande opknapbeurt krigen. It poadium is ferhuze nei de eastkant fan de tsjerke, en der is in folslein nije ljocht- en lûdsynstallaasje oantúgd. De Groate Kerk hat 250 sitplakken.

Oargel:
By de restauraasje fan 1980 is it Van Dam-oargel hanthavene. Jo kinne it oargel beharkje mei de website fan Organum Frisicum.

Gebrûk hjoed-de-dei:
De Groate Kerk funksjonearret al tritich jier mei in soad súkses as kultureel sintrum foar de hiele gemeente It Bilt en omkriten. Efter de tsjerke is yn 2003/2004 in oanbou makke, ’t Jabikshuus, dêr’t ûnder oaren gearkomsten en resepsjes yn holden wurde. Sjoch ek it webstee fan de Groate Kerk.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!