Noardwâlde is in grut streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat him al gau nei it graven fan de Noardwâlder Feart (oarspronklik Noordwolder Sloot) yn 1642 ûntwikkele ta in krúsdoarp. Dat byld jout de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1715 te sjen. De oarspronklike bebouwingsstreek set him nei it krúspunt fan dyk en feart noch fierder nei it easten ta troch, mar hjir, yn tsjinstelling ta oare streekdoarpen op dizze ûntginningsas, oan de súdkant fan de dyk. Noardwestlik fan de krúskearn leit noch de Molenbuurt. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt meld: “een groot Dorp .... Weleer was dit Dorp, wegens de sterke turfgraavery, zeer in bloei, waarom ‘er van jaar tot jaar nieuwe huizen werden aan gebouwd; doch thans begint het veen sterk te verminderen, en dus de bloei van ‘t Dorp af te neemen. Om de turf van hier te vervoeren, heeft men, voor deezen, met groote kosten, door hoog land, hier eene Vaart of Schipsloot gegraaven, die de Noordwolder Sloot genaamd wordt, en, met meer dan een Verlaat voorzien, in ‘t Zuiden van Nyeholtpade uitkomt in de Linde, die daar vaarbaar is, en ook gehouden wordt, door middel van een Verlaat, op de hoogte van Oldeholtpade. De kerk deezes Dorps heeft geenen toren, en staat aan den algemeenen rydweg, in ‘t geboomte. Wat Westlyker heeft men eene fraaie buurt op den wal van gemelde Sloot, over welke eene Valbrug ligt en waarby ook een Veenheerenhuis gebouwd is. Een weinig Noordelyker heeft men eenige huizen in een vermaaklyk bosschagie, insgelyks door de Eigenaars der Veenen gebouwd. Wat Westlyker ligt de Molenbuuren, en vry verre ten Noordoosten op de Heide de buurt Zandhuizen. Dit Dorp heeft een’ Korenmolen staande bewesten de voornaamste buurt ten Zuiden van den rydweg.” Troch de bloei, te tankjen oan de turfwinning, groeide de delsetting út ta in grut doarp dat as fanselssprekkend it haadplak fan de gritenij waard. Mar it tij kearde en de kaart út de atlas fan Eekhoff lit sjen dat oan de sleat, yn de doarpskearn mei de namme Koloanjefeart, de bebouwing tichter wurden wie mar dat der foar it oare amper ûntwikkelingen wienen. Om redenen fan filantropy waarden yn it lêst fan de 19e ieu troch dokter Mulder en dominee Reitsma inisjativen nommen om de wurkleaze fean- en lânarbeiders thús oan it wurk te krijen. Noardwâlde ûntwikkele him ek hjirtroch ta in doarp fan reidflechters, kuormakkers en stuollemakkers. Letter waard der oerskeakele op de rotanferwurking, foaral foar meubels. Yn it earmhûs kaam in oplieding om it fakmanskip te ferbetterjen en doe’t Harm Ellens yn 1908 de direksje fiere mocht, rêste hy net foar‘t der in echte skoalle stie. Dizze skoalle koe yn 1912 iepene wurde. Op de Ryks-reidflechtersskoalle waard foaral oandacht jûn oan de ambachtskeunst fan de produkten. Yn it earstoan moasten de nei alle dielen fan it lân ferkochte stuollen en oare produkten nei de spoarhalte fan Pepergea/De Blesse brocht wurde. Mar fan 1914 ôf koenen dy mei de tram fan Noardwâlde nei Stienwyk ferfierd wurde. Troch de konkurrinsje fan Asiatyske produsinten moast dizze bedriuwstakke ynkrimpe. De skoalle is nei de oarloch sletten, mar noch altyd wurde dizze produkten yn Noardwâlde makke. Noardwâlde is in warber plak bleaun. De reidflechtersskoalle is yn 2000 ta museum ynrjochte en mei in nij stedsk plein útwreide ta in multyfunksjoneel sintrum mei skoalle, bibleteek, in teaterseal en folle mear funksjes. Ynpakt yn opmerklike arsjitektuer mei in knypeach nei it tichtby steande eardere tramstasjon út 1913. De tsjerke stiet fan âlds yn it easten wat bûten de kom en is in sealtsjerke út 1640 mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer út 1874. Nôtmole Windlust, in achtkante houten stellingmole op in ûnderbou fan bakstien is yn 1860 as grûnsiler boud en yn 1880 ta stellingmole ferboud. De mole hat tsjintwurdich in museumfunksje. Noardwâlde is nei de lêste oarloch sterk útwreide. Dat is foaral oan de súdkant bard mei as resint resultaat it parkeftige gebiet De Stelling.

It terpdoarp Offenwier heart by it ‘Snitser Fiifgea’ om’t it mei Loaiïngea Skearnegoutum, Goaiïngea en Gau, de streek Wymbritseradielster doarpen noardlik fan Snits foarmet. De twa earstneamde doarpen binne yn 1984 by de stêd Snits foege. De trochgeande dyk út de twadde helte fan de 19e ieu hjit dan ek Fiifgeawei. Foar dy tiid wie men dêr mei in kronkeljende reed mei elkoar ferbûn. Troch it lân koe de om it doarp rinnende Grienedyk berikt wurde. De belangrykste ûntsluting wie de opfeart nei de Snitser Aldfeart. Yn it lêst fan de 18e ieu wurde der yn de Tegenwoordige Staat van Friesland net sa folle wurden oan Offenwier bestege en dy pear wurden wurde besletten mei: “doch behelst niet byzonders.” De buert tsjin de tsjerke oer hat nettsjinsteande de betiizjende pleatsing likegoed wol in gearhing, mar de oare, lytsere buerten ha dat net. It noardliker lizzende wetterbuertsje by de Sylroede hat op dat útsochte plak gjin gearhing krigen. Fierder nei it noarden is it yn haadsaak in boerestreek mei flinke pleatsen. Foaral súdlik strekke de lânerijen fan it doarp har oan ‘e Snitser Mar ta út. By de poel De Potten hat him in rekreaasjedoarp ûntwikkele. Simmerdeis is it yn Offenwier drok mei wetterrekreanten dy’t tusken Snits en de Snitser Mar hinne en wer reizgje. Yn it jier dat Offenwier by Snits kaam waard ûntdutsen dat de op it earste gesicht 19e-ieuske tsjerke âlde eleminten hie. De tsjerke fersakke en by ûndersyk die bliken dat der yn de binnemuorren noch materiaal foar it ljocht kaam fan de âlde tsjerke dy’t yn 1335 oan Sint-Nicolaas wijd waard. Ek oan dizze âlderdom is it te tankjen dat de tsjerke de status krige fan gemeentlik monumint. It kaam it gebou ek ta om’t it yn 1882 yn in freonlik eagjende mingstyl, de eklektyske styl, ferboud is. Der wurdt fan út gien dat dat plak fûn hat nei ûntwerp fan de fantasijerike Snitser arsjitekt Albert Breunissen Troost. It sealtsjerkje mei fersieringen fan ûnder mear friezen yn mitselwurk en finsteromlistingen fan pleisterwurk, besit in rank houten tuorke op de westgevel mei in klok út 1948.

Aldeberkeap liket op in ies- of brinkdoarp omdat it yn ‘e midden fan de ‘Boeren’ in grien plein besit, sa as it yn it lêst fan de 18e ieu yn de Tegenwoordige Staat van Friesland neamd waard. It súdlike diel fan dizze griene romte bestiet gruttendiels út it ommuorre tsjerkhôf: it oare is in troch gebouwen en beammen omseame romte. Lykwols is it doarp ûntstien út in yn de Stellingwerven gebrûklik streekdoarp, dêr’t twa paralelle wegen, de Binnenweg en de Buitenweg, mei dwerspaden de struktuer bepaalden. In oarder dy’t allinne ûnderbrutsen wurdt troch in diagonaal ferrinnend paad, it Schuinpad. Foar de fierdere foarming fan it doarp wie de noard-súd ferbining mei in oergong oer de Kúnder (of Tsjonger) fan grut belang. Tichtby de noardldike west-east ferrinnende wei dy’t njonken it tsjerkhôf lâns rint, de Binnenweg (tsjintwurdich de Wolvegasterweg-Oosterwoldseweg), lizze fanâlds de belangrykste gebouwen, sa as de eardere herberch De Zwaan dy’t út it begjin fan de 18e ieu datearret en wêryn’t oan 1836 ta it gritenijbestjoer fergadere. Om 1900 hinne krige it doarp ekonomyske ympulzen fan de famylje Willinge Prins, in gegoede famylje dy’t him begûn te hâlden en dragen as in aadlik geslacht. Se namen it inisjatyf ta in suvelfabryk, in bank en de agraryske oankeapsintrale. De famylje drukte in persoanlik stimpel op it doarp troch oan de westflank de filla Lunia te bouwen en oan de Boeren it hûs Vredewoud, huzen dy’t dekoarum útstriele. Foaral it lêste makket front nei de lykwichtige boargerbebouwing en strielt rykdom út. De inisjativen brochten wolfeart want yn de earste desennia fan de 20e ieu kamen der gâns goed fersoarge boargerhuzen yn Aldeberkeap ta stân. Se steane sels tusken de arbeiderswenningbou oan de Molenhoek, oarspronklik de noardlike útfalswei. De nei-oarlochske doarpsútwreidings hawwe plakfûn súdlik en súdeastlik fan de kearn. It brânpunt is de út de 12e ieu datearjende romaanske tsjerke dy’t letter útwreide is en mei in goatysk koar sletten. Foar de tsjerke fan dowestien yn dekorative sparfjilden stiet in sealdaktoer út it begjin fan de 17e ieu dy’t yn wêzen in yn stien omklampe klokkestoel is.

Aldeholtpea is in lang streekdoarp, yn de Midsieuwen ûntstien oan de dyk fan Wolvegea nei Easterwâlde. It doarp komt al yn 1204 yn de boarnen foar. De frij losse lintbebouwing by de Binnenweg (no Hoofdweg) lâns is op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 werjûn. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard oer it doarp meld: “ten Westen van het voorgaande Dorp Nijeholtpade gelegen, komt daar mede ten aanzien van grond, landeryen, geboomte en bosschagie overeen, en heeft eene Kerk met een spitsen toren, doch hooger en zwaarder dan die van Nijeholtpade, en voorzien met twee klokken, een slagwerk en de noodige wyzerplaaten. Ook heeft deeze toren, op de hoogte van ‘t muurwerk, daar het spits, dat even als de Kerk met Leyen gedekt is, een aanvang neemt, een ’fraaien omgang, van welken men zo aangenaam een gezigt over de velden, bosschen, bouwlanden enz. heeft, als waarschynlyk ergens een in Friesland is. In ‘t Noorden loopen de landeryen tot aan de Scheen, of scheiding van Ter Idzerd, zynde aldaar alle bouwlanden: daarentegen strekken zich dezelve Zuidwaarts uit tot aan de Linde, en zyn tot aan den Buitenweg bouw- en vervolgens meest weid- en hooilanden. ... De Kerkbuurt en boere wooningen staan alle aan den Binnenweg, uit welken verscheiden laanen naar den Buitenweg loopen, en van daar eene naar den Molen.” Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is de bebouwing tanommen en fertichte. De tsjerke hat ien fan de kloekste tuorren fan de wide omjouwing. Hy ferriisde yn 1608. De let-goatyske tsjerke, wijd oan Sint-Stephanus, kaam yn 1545 ta stân op in plak dêr’t in foargongster yn 1204 ta parochytsjerke ferheft wie. Westlik fan de tsjerke stiet it kafee en dan folget in konsintrearre lintbebouwing mei meast frijsteande, fariearde wenningen út begjin 20e ieu. Pas yn de twadde helte fan de 20e ieu is Aldeholtpea ta in flink doarp útgroeid mei nei de oarloch in útwreiding oan de súdkant fan de Hoofdweg en westlik fan de tsjerke.

Aldlemmer is in lang agrarysk streekdoarp dat yn 1165 foar it earst yn de boarnen foarkomt en dat oan de súdkand fan de âlde Weerdijk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik oanjûn op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 en slingere him troch it westen en noarden fan Weststellingwerf hinne, kommende út it suden by Aldetrine. Hy gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer hinne en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten ta troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “dit Dorp heeft zo wel als het voorige Scherpenzeel eene kerk. En plag weleer beroemd te zyn wegens de menigte van turf, die ‘er jaarlyks gegraaven werd; doch thans is deeze voorraad genoegzaam ten einde; ook zyn de drie Schipslooten, die uit deeze veenen naar de Kuinder loopen, reeds vervallen. Weleer plagten hier ook bouwlanden te zyn binnen den Weerdyk; doch thans ziet men hier niet anders dan weid- en hooilanden.” Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de ferfeanings te sjen. It doarp leit dan noardeastlik fan de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart. De streek is in fuortsetting fan de lintbebouwing fan Skerpenseel-Munnikebuorren. Binne dy doarpen frij konsintrearre beboud, Aldlemmer hat in folle lossere struktuer oan de Hoofdweg, de Kerkeweg en, wat noardliker by de trochgeande rûte, de Hogeweg lâns. De bebouwing hat in mear agrarysk karakter mei nochal aardich wat soms grutte boerepleatsen. Tichtby de trijesprong is de bebouwing kompakter en stean der mear wenningen. Krekt noardlik fan de trijesprong stiet de doarpstsjerke, oriïntearre en op in fersoarge tsjerkhôf. Se is in trijekantich sletten sealtsjerke út 1794 mei in foargevel mei rôlewurk-voluten. Yn 1869 is de geveltoer ferriisd en dizze draacht in yn 1629 getten liedklok. Yn de tsjerke stiet in preekstoel fan om-ende-by 1700. De pastorije is yn 1880 yn in dekorative mingstyl boud.

Aldetrine is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg dy’t yn de westlike hoeke fan de gritenij fan Skoattersyl nei Wolvegea rûn. Wylst Nijetrine him letter nei in súdliker oanleine dyk ferpleatste, is Aldetrine op de oarspronklike ûntginningsas lizzen bleaun. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus is Aldetrine al in frijwat ticht beboude streek oan de noardkant fan de dyk mei oan de westkant de tsjerke. Oan in súdliker rinnende dyk stiet de koarnmûne fan it doarp. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit Dorp ligt ten Westen van ‘t voorige Sonnega, doch minder vermaaklyk, zonder bouw of geboomte in de weid- en veenlanden. ... Ondertusschen heeft de Heer Nicolaas van Heloma, in den jaare 1748, volgens verkreegen Oktrooi, eene vaart in ‘t Westen van dit Dorp doen graaven ..., en dezelve voorzien met een Vallaat even binnen den Lindedyk, en twee Valbruggen over den rydweg van Oudetryne en Oude Lemmer. De onder dit Dorp behoorende veen- en weidlanden zyn zeer uitgebreid .... De harde Baggelaar en Sponturf, die hier en in de nabuurige Dorpen gegraaven wordt, is onder de beste en zwaarste der geheele Provincie te tellen. In ‘t Dorp van Oude Tryne, sluit aan de Zuidelyksten rydweg, de Oude Waterkeering, de Weerdijk genaamd, die met verscheiden hoeken door Oude Lemmer en Nye Holtwolde loopt, en in de hooge bouwlanden, in ‘t Noordoosten van Wolvega eindigt.” De tsjintwurdige tsjerke is in trijekantich sletten sealtsjerke mei geveltoer en is boud yn 1870. De rôlewurk-voluten op de foargevel sille mooglik fan in 18e-ieuske foargongster wêze. It gebou wurdt brûkt as doarpshûs. Frijwat westliker leit oan de Kerkhofslaan it healwei de 19e ieu oanleide tsjerkhôf, foarsjoen fan in baarhokje. Oan dizze leane en ek oan de Sonnegaweg en de Pieter Stuyvesantweg stiet in tal grutte boerepleatsen, wêrûnder’t Hoeve Clara, in stjelp mei útboud foarein út ûngefear 1905, opfalt.

Olterterp is in doarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is. De omfang fan it doarp is beskieden bleaun. Yn de 19e ieu ûndergie it lân skip in stalferwikseling. Healwei dy ieu meldt it Aardrijkskundig Woordenboek: “De aankweking van den groven den is ...voor het eerst in dezen streken te Olterterp met het beste gevolg beproefd, waardoor aldaar aanzienlijke dennenbosschen ontstaan zijn, wier groei niets te wenschen overlaat. Deze bosschen sluiten zich met die van Beetsterzwaag aaneen. Het is het werk van Mr. Ambrosius Ayso van Boelens, die voor omtrent vijftig jaren begon de woeste gronden, welke vroeger dit dorp, dat destijds uit slechts tien huizen bestond, omringden, te ontginnen en te beplanten. Hij was eigenaar van den geheelen grond van het dorpje Olterterp, en van de daaronder behoorende uitgestrekte landerijen, evenzeer als van de woningen, de kerk en verdere gebouwen, die, niet in eene buurt vereenigd, maar, hier en daar verstrooid, bevallige groepen vormen.” De oan Sint-Hippolytus wijde tsjerke is in bouwurk út de 15e ieu, dat yn 1913 op in frijmoedige wize restaurearre is. Sa krige de rjochte koarsluting doe in trapgevel. Op de tsjerkeflier lizze 17e- en 18e-ieuske sarken en oan de wanden hingje roubuorden út de 18e ieu foar leden fan pleatslike famyljes dy’t yn de omjouwing bûtenhuzen yn besit hienen: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer mei in ynsnuorre spits pleatst, de liedklok is wierskynlik fan 1444. De preekstoel mei evangelisten en in earn datearret út 1780. De famylje Boelens hat yn 1830 op it Aldhof in famyljebegraafplak oanlein. Yn 1793 waard Boelensstate stichte. Dizze is yn 1907 ferfongen troch Huize Olterterp, in bepleistere filla mei in skylddak yn in frij saaklike fernijingsstyl. It is no yn gebrûk by it Fryske Gea. Der stiet in koetshús by en oan de Van Harinxmaweg stean twa tsjinstwenningen . Wat tichter by Beetstersweach stiet it hearehûs De Horst, yn 1907 boud nei ûntwerp fan de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed yn fernijingsstyl.

Foar it noardeasten fan Fryslân is Easternijtsjerk in flink doarp en dat falt benammen op omdat de delsetting frij jong is: it bestândiel ‘nij’ yn de namme wiist al yn dy rjochting. It is net in terpdoarp en dus in útsûndering yn de streek. Easternijtsjerk is in komdoarp dat nei alle gedachten pas ûntstien is nei de bediking fan it gebiet fan de 11e ieu ôf. It doarp komt yn de twadde helte fan de 12e ieu yn in oerlevering foar en yn de boarnen foar it earst yn de 13e ieu. Oan de frij romme Buorren begûn it yn it earstoan mei lintbebouwing. De delsetting moat him geunstich ûntwikkele ha, want yn de 13e ieu kin der al in flinke tsjerketoer boud wurde. It doarp krijt mei de Nijtsjerker Opfeart in ûntsluting yn noardlike rjochting nei de Paezens ta. Sûnt de 18e ieu is it doarp boppedat oer lân ferbûn mei Dokkum. De Buorren fertoant in pear bochten en by de tsjerke in ferbreding wêrtroch’t de profilen farieard en libbendich binne. Yn de 19e ieu is der foaral boud oan de besteande paden en wegen. Yn de 20e ieu is it doarp útwreide nei de noardwestkant tusken it Lyts Ein en de Griene Wei yn en oan de noardkant om De Terp en De Fiver hinne. Resint ek oan de súdkant. De doarpstsjerke stiet op de hoeke mei Lyts Ein op in hiërargysk plak dat net ûnderdocht foar de doarpstsjerken op in terprestant. De letgoatyske tsjerke hat in út de 13e ieu datearjende swiere, bakstiennen, sletten toer, ferdield yn twa segminten dêr’t de ûnderste romte fan oerwulve is. De westlike geveltop fan it sealdak is fersierd mei nissen. It trijekantich sletten koar is yn de lette 15e ieu boud; pas dêrnei kaam it skip ta stân mei flau spitsbôgige finsters en steunbearen. It ynterieur besit ûnder mear meubilêr yn rococo-styl. Oan de Langgrousterwei stiet de ienfâldige grifformearde tsjerke út 1890. Westlik fan Easternijtsjerk leit it agraryske buorskip Bollingawier mei inkele monumintale buorkerijen.

Easterwâlde is in âld agrarysk streekdoarp mei de (Drintse) karaktertrekken fan in brinkdoarp. It wurdt al yn 1207 foar it earst meld. De ferbining fan de Brink en de tinner beboude Oosterbrink, ‘t Oost, is de âldste buert. Noardeastlik fan de brinkfoarmige romte stiet de tsjerke op in plak dêr’t yn de 14e ieu al in tsjerke stien moatten hat as kearn fan de delsetting. Yn de omjouwing leit in grut oantal buorskippen dy’t by Easterwâlde hearre, dêr’t sommigen fan weromgean op stichtingen fan belangrike famyljes. In oantal is al yn it sterk groeide Easterwâlde opnommen, oare besteane tsjintwurdich noch út in groep buorkerijen: Feanekoaten, Boekhorst, Buttinga, Heech en Leech Duerswâld, Medhuzen, Klazinga, Weper, Jardinga, Prandiga, Steginga en Nanninga. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt yn 1788 meld: “t grootste en rykste Dorp der Grieteny, waar onder 57 stemmen behooren, ligt, byna als een eiland, tusschen de Kuinder en het Groot en Klein Diept beslooten. ... By de Kerk vindt men eene dubbele buurt, en daarenbooven in den omtrek veele huizen van naam, ten blyke, dat hier aleer veele vermogende en aanzienlyke familien hebben gewoond .... Ook heeft men hier van ouds her twee Windkorenmolens gehad, bekend by den naam van Ooster- en Veene Molen: en behalven de bosschagien en bouwlanden, omtrent de huizingen en wegen, zyn hier veele schoone weilanden, inzonderheid langs en omtrent de gemelde diepten en stroomen, als de Noorder- en boven al de Oosterwolder Kampen, en andere meer.” De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt even foarby Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar it Lyts Djip is amper mear wat fan te sjen. Krekt 30 jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart súdlik fan it doarp groeven en westlik fan de âlde kearn it Fyfde of Nanninga Ferlaat lein. Easterwâlde krijt sûnt it begjin fan de 19e ieu geandewei ek de kenmerken fan in feartdoarp. Dêrfoar hat it doarp, sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf, in mearsidige struktuer krigen. De feart soarge foar prikkels om te ûntwikkeljen súdlik fan de âlde kearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 docht bliken dat der by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart in buertsje fan goed tsien huzen stie en fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl fersprate bebouwing. Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf naam de feartbuert en de heaks dêrop steande Brinkstraat en Stationsstraat sterk yn betsjutting ta. Yn 1881 waard de wyk nei de Brink ta diels dimpt en fierder útdjippe: de Brinkstraat. Dêr kaam yn 1887 it gemeentehûs dat yn 1929-1930 ferboud waard. Frijwat fierder westlik fan it bebouwingskrús waard yn 1887 in suvelfabryk stichte dy’t nei kombinaasje mei oaren ta in belangrike yndustry foar Frico-tsiis útgroeide. Yn 1911 kaam der súdlik fan de feart in trambaan en krige it doarp in stasjon. Yn ‘e rin fan de 20e ieu fûn earst fertichting en útwreiding plak oan de krusing fan feart en wei. Betide folkshúsfesting kaam der tichtby de âlde kearn, de Weemeweg en Kuipenstreek (dêr’t yn 1841 al earmekeamers boud wienen. Fuort nei de oarloch oan de Groote Singel, Prinsenstraat, Schapekamp, Hoge en Lage Esch en Martenskamp noardlik fan de feart en yn in buert efter it stasjon: Stationsplein, Brugkampweg, Moskampweg en wat letter oan de Oerkampweg. Dêrnei setten navenant grutskalige útwreidings oan de súd- en noardkant útein. Oan de súdeastkant groeide in grut bedriuweterrein. De herfoarme tsjerke stiet op in grut en net al te rom tsjerkhôf. Noardlik is yn 1888 oan de Kuipenstreek dan ek in rom hôf oanlein. De tsjerke is ta ferfanging fan in midsieusk gebou yn 1735 ta stân kommen, in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer. De tsjerke besit in achtkantich doopfont fan sânstien út de 14e ieu en in hearebank út begjin 17e ieu. Yn it koar stiet in grut oargel út 1866.

Eastersee is fan âlds in deftich streekdoarp: yn de 18e ieu stie hjir noch it rjochtshûs fan de gritenij. Het bestiet út twa gedielten: Eastersee-Buorren en Eastersee Giterskebrêge, wêrfan’t it lêste folle jonger is. De âlde streek is dy fan Eastersee-Buorren, in dûbele streek oan in knik yn de dyk. De oerlevering wol ha dat Willem I, graaf fan Hollân, om 1200 hinne yn Eastersee in slot hie. Fan it aadlike Roordastate is koartlyn in gevelstien weromfûn. Op de heakse hoeke stiet it saneamde Koopmanshûs. Fanwege omfang en útstrieling falt it op yn it lytse doarp. It makket, twa lagen heech, front nei de dyk: by útwreiding krige it yn 1820 in fleugel. De gevel is fiif fakken breed mei yn ‘e midden in snieëne doar mei boppeljocht en skofinsters mei in lytse roedeferdieling en Boheemsk glês. De frij strakke kroanlist hat klossen ûnder de profilearre goate. Dêrboppe stiet in flinke kajút yn Lodewijk XV-foarmen. Under de skouders de datearring: anno 1782. De âlde tsjerke fan Eastersee út om-ende-by 1200 stie westlik fan de ryddyk. Se hie in moaie toer. De nije tsjerke is eastliker kommen, noardlik fan de dyk en op in wat ferhege hôf. De tsjerke kaam mei it front nei de dyk ta. De yn 1860 boude neoklassicistyske sealtsjerke krige op de foargevel in fjouwerkante toer mei in iepen koepelbekroaning. De optoai is hielendal yn fyn mitselwurk mei waarmbrune bakstien ferwurke. De liedklok waard yn 1498 getten troch Gerardus van Wou en ek it toeroerwurk is âld: út 1602. Fan de 18e ieu ôf binne fan it noarden út, de âlde dyk fan de Lemmer nei It Hearrenfean, de súdlik lizzende feanen fan it Easterseeïngerlân ferfeane en yn kultuer brocht. Op de krusing fan de dyk en de Giterske Feart, neamd nei de komôf fan de feanarbeiders, groeide de twadde wenkearn. Dêr is it ûnderwilens sletten en sloopte suvelfabryk (en in konstruksjebedriuw ) kommen en sa bleau Giterskebrêge in karakteristike arbeidersdelsetting. De bebouwing bestiet benammen dan ek út ‘wenningwetwenningen’.

Easthim is in terpdoarp dat yn ‘e Midsieuwen just noardlik fan Drylts ûntstien is. It doarp is al lange tiid goed ûntsletten troch de Boalserter Sylfeart of de Wimerts. Yn it hjoeddeiske doarpsbyld is te sjen dat de bebouwing sawol op de doarpsstrjitte as op de feart rjochte is. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is net al te folle bebouwing oan wjerskanten fan de tsjerke te sjen. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1716 meld: “Dit dorp, dat ten Noordwesten van Ylst, en niet verre van de Bolswerder vaart gelegen is, heeft een’goede kerk, die van binnen wel afgetimmerd en met een Orgel voorzien is, zynde de Pastory of Predikants wooning, hier by uitstek fraai. In ‘t Zuiden ligt een klein meertje, naar dit dorp genoemd, en een weinig zuidelyker de Nieuwezyl, die wel onder dit dorp, doch in eigendom behoort aan de Stad Bolsward, die ook de tollen der hier door vaarende schepen ontvangt. ... Niet verre van dit dorp heeft men verscheiden vischryke plassen en meertjes, die op de kaart zyn aangewezen.” Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1851 lit it doarp om de tsjerke hinne in kompakte bebouwing sjen. De tsjerke mei stompe toer, in toer mei sealdak, wurdt yn âlde beskriuwings altyd bysûnder kreas fersoarge neamd. It wie de ynwenners net netsjes en kreas genôch en men liet yn 1860 in nije, grutte tsjerke bouwe nei ûntwerp fan A. Breunissen Troost. It gebou yn mingstyl hat foaral neoklassicistyske trekken. De ynboude toer, besteande út trije segminten en in hege, ynsnuorre spits is mei de westgevel stukadoare. De pastorije is ek fernijd: yn 1866 is nei ûntwerp fan H.J. Jaarsma in grutte blokfoarmige wenning yn neoklassicistyske styl boud en foarsjoen fan in geveltoer. Njonken dizze tsjerke jout in paad tagong ta in fuotgongersbrêge dy’t laat nei it skildereftige wetterbuertsje Hernepaed. Utwreidings binne der oan de súd- en noardkant.

Eastrum is in terpdoarp dat nei alle gedachten inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn it troch streamkes en see-earmen trochsnieën gebiet. It leit tusken de Suder Ie en it Dokkumer Grut Djip yn. De Eastrumer Opfeart leit even westlik fan it doarp en foarme de wetterferbining mei de Suder Ie. Oan de oare kant fan dit wetter leit Tilbuorren, dêr’t in groep flinke boerepleatsen stiet. In ûntsluting nei it Grutdjip mei in slûs yn de seedyk levere geregeldwei swierrichheden op. De om 1900 hinne diels ôfgroeven, frijwat hege terp rikt ta fjouwer en in heale meter boppe NAP út. De wenhichte hat in radiale struktuer mei in ringwei, dêr’t it súdlike segmint noch fan bestiet en it eastlike part as paad te werkennen is. De sirkelfoarm is fierder ôf te lêzen oan perseelgrinzen. Op it súdeastlike part fan de terp stie Rinthjemastate en dêr is de terp nei it slopen fan de state lange tiid ûnbeboud bleaun. Underskate paden en wegen fiere fan de soal nei de krún fan de terp, dêr’t inkele fan yn de rin fan de 19e ieu ferhurde binne. It súdlike part fan de ringwei is geandewei in part wurden fan de frij kronkelige ferbining tusken Dokkum en Ie. De doarpstsjerke, oarspronklik wijd oan St. Nicolaas, is in ienbeukige bakstiennen tsjerke. De sealdaktoer datearret út de 13e ieu. De tsjerke is om 1500 hinne boud en hat in sletten noardmuorre en in trijekantige koarsluting. It súdlike dakskyld is dutsen mei saneamde monniken en nonnen, ûnder- en boppepannen. By de restauraasje binne op it muorrewurk skilderingen mei silhûeteftige foarstellings fan fjouwer tsjerken mei hege tuorren foar it ljocht kaam dy’t mooglik datearje út de 16e ieu. Oan it Grutdjip súdlik fan Eastrum hat Jan Helder yn 1873 in stoomstienfabyk stichte. Al gau moast it fabryk útwreidzje en de skoarstienpiip waard yn 1879 ferhege fan njoggen nei mar leafst 35 meter. It fabryk, dat ûnder mear reade stringpersstien makke en oan1968 ta yn bedriuw west hat, hat in ringûne en in groep grutte droechskuorren.

De Pein is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is. De bebouwing rjochte him benammen op de Lijkweg, no de Kommisjewei. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Opeinde, tot onderscheiding van andere gelyknaamige dorpen, by ‘t Landvolk Smallinger Pein genoemd, heeft eene kerk met een stompen toren, buiten welke echter de klokken hangen. Aan den Lykweg naar het Westen, vindt men hier eene lange streek huizen met zeer vermaaklyke gezigten door het geboomte, zo langs den weg als op de horrnlegers der huizen.” It doarpsgebiet wie útstrekt, yn it noarden op de ôffeane streken dêr’t De Tike, Rottefalle, de Drachtster Kompenije en Houtigehage ûntstien binne. Yn it súdeasten lei de buert De Kletten – no it noardlike part fan it Drachtster bedriuweterrein De Haven – dat mei de Burmaniasleat en de Kletstefeart yn ferbining stie mei de Smeliestersân. Fan mear belang wie de feart fan de Leien nei it suden ta, nei de Sân. Dêr skriuwt healwei de 19e ieu Van der Aa yn syn Aardrijkskundig Woordenboek oer: “Oudtijds liep er eene vaart dwars door het dorp, van het water de Leijen zuidwaarts tot in de Smalle-Ee’ster-zanding. Deze vaart, die thans vervallen is, werd het Juffers-gat genaamd. ... Tegenwoordig bestaat er eene vaart, voor eenige jaren gegraven, uit het midden van het dorp naar de Leijen.” De feart is yn 1883 ta it Peinder Kanaal ferbrede. Nei de tiid kaam der op de krusing fan dyk en feart in konsintraasje fan bebouwing. Yn it easten stie de tsjerke noardlik fan de Lijkweg, de Kommisjewei fan no. De tsjerke waard yn 1908 ferfongen troch de hjoeddeiske súdlik fan de wei, in tsjerkhôf sûnder tsjerke mei in klokkestoel mei skylddak efterlittend. De nije krústsjerke mei toer is ûntwurpen troch Wolter te Riele. Tsjin de tsjerke oer stiet ien fan de moaiste buorkerijen fan Fryslân (1928) mei frijsteande fila yn de styl fan de Amsterdamse School. Nei de oarloch is it doarp benammen fanwege de wenningbou, tusken de Kommisjewei en de súdliker lizzende Hegewei yn gâns útwreide.

Toppenhuzen is, krekt lyk as Twellingea fan oarsprong in feartdoarp oan it Ges yn it leechlizzende lân súdeastlik fan Snits. It is om it jier 1000 hinne ûntstien. Op de kaart fan Schotanus út 1716 stiet de losse bebouwing foaral by de westkant fan It Ges lâns; yn ‘e midden, by in bocht stiet de tsjerke. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het eerste Dorp in rang onder de Buitendykster Dorpen ... ligt aan eene Oude Vaart, die uit de Houkevaart naar Uitwellingerga loopt: ter weerszyden van deeze vaart heeft men de meeste huizen en plaatsen, die onder dit Dorp behooren; terwyl zich de landeryen Noordwaarts uitstrekken tot aan de gerechtigheid van Sneek; Westwaards, alwaar de vaart naar Langweer doorvloeit, en ook de Witte en Zwarte Brekken gelegen zyn, tot aan het Kruiswater of de Jouwster vaart, en Zuidwaarts tot aan de landen van Uitwellingerga. ... Weleer had men hier twee Staten of Stinzen, met naame Sjaarda Stins, en dat van een zekeren Pier Foppes.” De Sjaarda of Sjaardema stins hat by de tsjerke oan de oare kant fan It Ges stien. De hjoeddeiske tsjerke is boud yn 1695 yn opdracht fan grytman D.G. van Burmania. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting dy’t yn 1834 hersteld is en wêrby’t yn 1817 in toer yn trije segminten mei in ynsnuorre spits oplutsen is. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1851 is it doarp amper feroare, al leit der westlik fan de bebouwing in kronkelich paad. Oer lân rekke it doarp pas echt ûntsluten doe’t yn 1866-1868 westlik fan en sawat parallel oan de feart, de dyk Snits-Twellingea oanlein waard. Der ûntwikkele him oan wjerskanten fan dizze dyk bebouwing fan benammen frijsteande wenningen. Oan de oriïntaasje fan de oan It Ges steande agraryske bebouwing is te sjen dat it doarp yn eardere tiid op dizze feart rjochte wie. Westlik fan de Tsjerkebuorren is nei de Twadde Wrâldoarloch flink wat wenningbou ta stân kommen, foar in grut part folkshúsfesting.

Ald Beets bestiet as doarp eins net mear. De boerestreek is yn 1958 yn twa helten knipt troch it oanlizzen fan Rykswei 43 en is as doarp út de gemeentlike administraasje trochskrast. It âlde streekdoarp wie begjin17e ieu noch in doarp fan belang. Pier Winsemius skreau yn 1622: “Van desen allen de dorpen van Opsterland is het voornaamste Beetz ghelegen int Westen, naest aen Utingeradeel, is een groot Dorp. ... gaet in vruchtbaerheyt ende goedicheyt van weyden alle d’andere te boven, waerom oock d’ínwoonders van ‘t vee ende Bouw haer alleen geneeren, hebben gantsch geen Veenen. Dit Dorp heeft in alle by-een-comsten van ghemeene saken altijdt de voorstemme, wordt ghehouden voor een seer oudt Dorp.” Yn de Midsieuwen stie der al in Sint-Geertruidatsjerke. Se hie in hege toer mei spits, mar nei’t dy ein 16e ieu ynstoart wie, is de toer gâns ynkoart. Nei dat eastlik it deftige streekdoarp Beetstersweach ta ûntwikkeling kaam, naam de betsjutting fan Ald Beets ôf. Yn 1788 stelt de Tegenwoordige Staat van Friesland: “Dit Dorp, in ouden tyden veel grooter ... geweest zynde, is thans van een’middelmaatigen omtrek, en bestaat uit eene verzameling van verstrooide huizen en plaatsen, gelegen in ‘t geboomte, aan den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar ‘t Westen loopt ... Dit Dorp is ‘t vruchtbaarste der geheele Grieteny, en zonder Veenlanden, waarom de inwooners zich byna alleen met den Landbouw en de Veefokkery ophouden.” Yn 1889 wie der op inisjatyf fan aadlike famyljes, nei ûntwerp fan arsjitekt Luitje de Goed, in pracht fan in neorenêssance tsjerke boud. Nei in wjerljochtsynslach yn 1967 en tsientallen jierren yn gebrûk as byldhou-atelier, is de tsjerke yn 1984 sloopt. Der restearje noch fundeminten, sarken en grêfmonuminten fan foarname famyljes. Yn 1988 waard der in klokkestoel op it tsjerkhôf oprjochte. Nei de oarloch wie it al gjin selsstannich doarp mear en it grutste part fan it doarpsgebiet wurdt by de jonge delsetting fan Nij Beets rekkene.

Aldeleie is in streekdelsetting dy’t yn de lette Midsieuwen al ûntstien is mar pas nei de oarloch de status fan doarp krigen hat. Dielen fan it buorskip hawwe lange tiid by de trije gritenijen heard: it westlike part by Froubuorren yn It Bilt, it noardeastlike by Hallum yn Ferwerderadiel en it súdeastlike part by Feinsum yn Ljouwerteradiel. Troch grinskorreksjes en statusferheging heart it no yn syn gehiel as doarp by Ljouwerteradiel. De delsetting is ûntstien yn it ier ynpoldere Nieuwland by in Syl, in slûs, yn de Stienzer Hegedyk, it diel dat no de namme Leijster Hegedyk hat. Earst kaam der bebouwing by de feart lâns dy’t sawol de ferbining foarme mei de Feinsumer Feart as de Hijumer Feart. Letter, doe’t It Bildt ynpoldere wie, kaam heaks dêrop lintbebouwing oan de dyk. Healwei de 19e ieu, doe’t der leafst 450 ynwenners wienen, wie der yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa oer ‘Leije’ ûnder mear te lêzen: “Er lag vroeger eene buitensluis, langs welke Leeuwarderadeel en Ferwerderadeel hunne uitwatering in de Middelzee hadden; doch sedert het Bildt is ontstaan, was de Leije eene binnensluis geworden, welker zijlroede thans eene binnenvaart is, die zoowel met de binnenwaters van Oostergoo als met die van Westergoo gemeenschap heeft.Die sluis is reeds voorlang weggeruimd. Het is thans eene groote buurt, meest uit arbeiderswoningen bestaande, ter wederzyden van den ouden dijk en de vaart naar Oude-Bildtzijl. Te midden daarvan staat het nieuwe en groote schoolgebouw van het dorp Finkum, waartoe dit gedeelte, ter zuidzijde der vaart behoort.” Aldeleie hat nea in tsjerke hân en likemin binne der eleminten dy’t it frij beskieden doarpssilhûet ferrykje. Oan de Leijster Hegedyk stiet in wenhûs mei jiertalankers, dy’t fertelle dat it yn 1765 boud is. Oan Oan’e Slink stean twa âlde monumintale buorkerijen, nûmer 1 datearret fan 1769 en nûmer 6 út 1804. It yn it suden steande haltegebou fan de lokaalspoarwei heart offisjeel ek by Aldeleie, mar wurdt hjir besprutsen by Froubuorren.

Oudebildtdijk is een opmerkelijke streek die administratief onder verschillende Bildtse dorpen valt, maar een eigen karakter bezit. Het is de eerste zeedijk van Het Bildt die in 1505 is opgeworpen van Dijkshoek, waar hij aansloot op de Griene Dyk van het voormalige Barradeel, tot de Noorderdijk van Ferwerderadiel. Daarmee werden het Oud Bildt en in het oosten het veel kleinere Oud Monnikebildt ingepolderd. Het Bildt kreeg toen van de Saksische Heer van Friesland de status van grietenij, de jongste van Friesland. Nadat in 1600 de Nieuwe Bildtdijk tot stand was gekomen, werd de oude dijk slaperdijk en begon de ontwikkeling tot merkwaardige woonbuurt. Het is de langste, vrijwel ononderbroken woonnederzetting van het land geworden. Inclusief de als zelfstandig dorp aangemerkte Westhoek is de nederzetting elf en een halve kilometer lang. Bij de Oudebildtzijl is een apart kruisdorp gegroeid en veel westelijker is Nij Altoenae ten noorden van Sint-Annaparochie ook een kleine kern geworden. De Oosthoek bij de Koude Vaart en Spitsroeden ten noorden van Sint- Jacobiparochie zijn echter weer niet tot kleine kernen uitgegroeid. De lange streek heeft een opmerkelijke structuur. Tegen de buitendijkse noordzijde zijn de arbeiderswoningen gebouwd en aan de binnendijkse zijde achter de dijksloot en in het land de boerderijen. Deze vaak monumentale boerderijen maken vanaf de dijk grote indruk. In de Tegenwoordige Staat van Friesland werd al in 1788 geschreven: ‘Aan den Ouden Bildt- Dyk, heeft men veele heerlyke Boereplaatsen, die meer naar Heeren dan Boeren Wooningen gelyken; ook verscheiden Buitenplaatsen van vermogende Eigenerfden, gelyk mede omtrent de beide overige Dorpen plaats heeft.’ Zo is nummer 289 een 18de-eeuwse boerderij met een dwarsgeplaatst, onderkelderd woonhuis van mangaansteen die een classicistische ingang heeft. Nummer 319 is een kop-halsromp met een voorhuis van roodbruine steen en voorzien van een classicistische ingangspartij met ionische pilasters. Nummer 331 daarentegen is een stelp uit omstreeks 1880 van voorname eenvoud met een mezzanine. Nummer 435 is de Fonteinplaats: een winkelhaakboerderij in rijke neorenaissance van de familie Wassenaar.

Aldehaske is in streekdoarp dat om 1200 hinne ûntstien is op de ûntginningsas tusken Westermar (de Jouwer) en It Hearrenfean yn. It wie in wichtich doarp fan it Hasker Fyfgea, dêr’t Sniksweach, Westermar, Haskerhoarne en Nijehaske ek by hearden. Op de meast iere gritenijkaart, dy fan Schotanus út 1718, is it oan de wei en de noardlik dêrfan rinnende feart, de Oerspitting, in ridlyk beboude, lang útstrekte streek. De bebouwing stie destiids allinne mar oan ‘e súdkant fan de wei en de tsjerke stiet noch fierder fan de dyk ôf. Oan de noardkant lizze de Aldehasker Utgongen en noardliker de Hasker Mieden mei in strook dêr tuskenyn, De Dolten dêr’t it der op liket dat mei de ferfeanings útein setten is. Yn de Tegenwoordige Staat fan Friesland waard yn 1788 meld: “Oudehaske, weleer een aanzienlyk Dorp, onder ‘t welk nog 60 stemmen behooren; doch die thans, ten grooten deele, in stemmende stellen of ledige Hornlegers zyn veranderd. De kerk heeft een spitsen toren, en ligt ten Zuiden der Overspitting in de bouwlanden. De Noordelyke landen, bekend onder den naam van Oude Hasker Uitgangen, zyn, als de nabuurige, laag en tot maadlanden dienende, voorts veenig en op veele plaatsen reeds vergraaven”. Destiids wienen der mannich ferlitten of sels hielendal lege pleatsen dêr’t noch stimrjocht oan ferbûn wie. De ferfeaningen wienen doe al yn gong setten. Goed in heale ieu letter is it byld fan Haskerlân en benammen de omjouwing fan Aldehaske folslein feroare. De gritenijkaart út 1848 yn de atlas fan Eekhoff is ferbjusterjend. De Hasker Mieden, healannen, binne fergroeven ta in wetterflakte, de Hasker Utgongen, ek hea- en greidlannen binne ta de helte útgroeven en de boulannen yn it suden binne ek gruttendiels fernield, oan oer de gritenijgrinzen mei Skoatterlân ta. Fan it suden út, St. Jansgea, wienen de Gitersken mei harren rigoereuze ferfeaningsmetoade nei it noarden ta tein. Op grutskalige wize is foar de turfwinning het âlde waaierfoarmige lânskip alhiel oeralhelle. De ferfeaners út Giethoorn, feanbazen en arbeiders, setten, nei’t de eastlike helte fan Haskerlân troch harren tadwaan fuortbaggere en feroare wie yn wetterflakten, fierder yn eastlike rjochting nei Aengwirden en Opsterlân. Op de al neamde kaart is it doarp Aldehaske noch in dyk mei raffelige stroken lân oan wjerskanten. Fan healwei de 19e ieu ôf binne de feandobben stadichoan bepoldere of droechmeald en it lân wer yn kultuer brocht. Op ien grutte poel nei: it Haskerwiid of Nannewiid, dat as rekreaasjemar in wichtige funksje by Aldehaske krije soe. De tsjerke lei frij fier súdlik fan de dyk, de lettere Jousterweg. Healwei de 19e ieu wurdt noch meld: “Deze kerk is een oud gebouw, met eenen spitsen toren, doch zonder orgel.” Yn 1906 is op ‘e hoeke fan de Jousterweg en de Badweg – dy’t nei it Haskerwiid en fierder nei Rottum ta fiert – in nije tsjerke boud. It âlde tsjerkhôf bleau súdliker oan de Badweg yn eare. De nije tsjerke is in sealtsjerke mei in rjochte koarsluting dy’t oan de nei de haadwei ta rjochte gevel fan in houten tuorke fersjoen is. De rûnbôgefinsters stean yn útdjippe gevelfakken. Oan de Badweg binne yn de nei-oarlochske perioade nochal wat folkswenninngen boud, sa as in freonlik eagjende rige yn tradisjonalistyske trant fan de Delftse School. Oan de Jousterweg stiet de measte âlde bebouwing, dy’t gruttendiels datearret út de lêste tsientallen jierren fan de 19e of de earste fan de 20e ieu. Jousterweg 112 is in boargerhûs mei in útboude middenpartij út om-ende-by 1890 en nûmer 118 in bepleistere eksimplaar út 1899. Op nûmer 140 stiet it foarein – mei in rike 18e-ieuske betimmering – fan in pleats dêr’t de skuorre fan ferdwûn is. Der steane boppedat inkele karakteristike wenningen út de tuskenoarlochske perioade. Nei de oarloch is it doarp earst útwreide oan de súdwestlike kant by de wâlskanten fan it Haskerwiid, letter noch sterker oan de súdeastkant dêr’t it bouwen noch altyd trochgiet. Oan de noardkant is oan de ferbiningswei nei de autosneldyk, Haskeruitgangen, in bedriuweterrein ûntwikkele.

Streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is en ieuwenlang it haadplak fan Skoatterlân west hat. De buert ûntwikkele him yn it earstoan west-east by de Schoterlandseweg lâns, frij ticht by de Tsjonger dêr’t in passaazjemooglikheid wie. Dy is yn de Tachtichjierrige Oarloch fersterke mei in skâns, de Schoterschans, dy’t yn it rampjier 1672 noch in kear fernijd is. Yn de 18e ieu wie Aldskoat in favoryt oarde foar de elite om bûtens, sa as Herema en Jagtlust, oan te lizzen. De measten waarden stichte yn it letter selsstannich wurden Oranjewâld, yn de 18e ieu noch Schoterwoud neamd. De yn 1828 oanleine ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol joech it doarp in sterke ympuls en groeide it ek oan wjerskanten fan dy wei út ta in krúsdoarp. Nei de oarloch hat it doarp súdlik fan de tsjerke in eigen útwreiding krigen. Dêrnei is de rykswei wat yn eastlike rjochting ferpleatst wêrtroch’t de doarpskearn fan de eastlike streek ôfsnien is. Wilens wie it plak Hearrenfean yn súdlike rjochting sa sterk groeid dat it part fan Aldskoat as selsstannich doarp opslokt waard troch de grutte buorman en waard it Hearrenfean-Súd. Dat proses is fersterke doe’t koartlyn de dyk ta autosneldyk omboud is. Allinne de streek eastlik fan de sneldyk wurdt noch as Aldskoat beskôge. De tsjerke stiet op in frijwat heech tsjerkhôf en datearret út 1752. Se is in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar, troch lisenen yndielde gevels en in sawat sletten foargevel mei klaustikken. Op de gevel stiet in houten tuorke mei in ynsnuorre spits. Oan de Wolvegaasterweg en Schoterlandseweg, it âlde krúspunt fan wegen, stiet noch in tal represintative wenningen en oare gebouwen út ein 19e en begjin 20e ieu, sa as in wyt bepleistere, eardere herberch. Oan de oare kant fan de sneldyk strekt him de Julia Jan Woutersstichting út, in breed gebou yn neorenêssânse- styl dat yn 1901 it âlde Veenwijk ferfong en oarspronklik bedoeld wie foar dames op jierren.

Aldwâld is in streekdoarp op in letmidsieuske ûntginningas, de Foarwei, en in wierskynlik wat jongere, twadde, dwers dêrop steande streek yn it noarden, de Wigeast. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) docht bliken dat it noch grutter is, Aldwâld is: “een middelmaatig dorp: hier onder behoort de buurt Wygeest, alwaar weleer de Staten Allema en Buma gevonden werden, met de buurtjes Wirden en Oudwoudumer zyl. Ook behoort onder dit dorp ... de vermaakelyke buurt Veenklooster, ten Oosten van Kollumerzwaag gelegen, alwaar ligt de heerlykheid Rosema, thans behoorende aan de Familie van Heemstra.” Feankleaster is no in selsstannich doarp en Allemastate bestiet noch altyd. Aldwâld is in streekdoarp bleaun. Ek nei de oarloch wie der gjin sprake fan komfoarming, al binne der westlik fan de Jan Binneswei inkele strjitten efter de streken oanlein en beboud wurden. De kearn is oan it westlike diel fan de Foarwei te finen: dêr stean de tsjerke, de skoalle en it eardere ferieningsgebou byinoar. De tsjerke is in ienbeukich gebou út de 15e ieu. By de bou is it boumateriaal fan de foargongster opnij brûkt. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer dy’t mei de westgevel ein 17e ieu boud is. It ynterieur fan de tsjerke wurdt dominearre troch in grut oantal roubuorden en in oerkape hearebank. It ferieningsgebou is ein 19e ieu tusken de tsjerke en pastorije yn boud, in karakteristyk sealgebou mei spitsbôgefinsters. De pastorije is in middengongwenning út 1806 dêr’t de middenpartij fan in ieu letter ferboud is. De skoalle en skoallehûs fan itselde type binne yn 1898 ta stân kommen, mar de skoalle mei twa lokalen is twa kear ferboud wurden. Noardlik fan de doarpskearn stiet oan de Allemawei in boerepleats mei it foarein fan de wei ôfkeard. In monumintaal oerbliuwsel fan in sealstins. It is ien fan de inkele sealstinzen dy’t ridlik kompleet bewarre bleaun binne. Mooglik datearret Allemastate al út de rûzige 14e ieu.

Ouwsterhaule is een streekdorp van middeleeuwse oorsprong die met Ouwster-Nijega en Oldeouwer de Trijega of Ouwster Trijega de oostelijke hoek van Doniawerstal vormden. Drie agrarische dorpen, waarvan Ouwsterhaule het grootste is. Op de grietenijkaart van Schotanus uit 1718 is een compacte buurt te zien tussen de weide- en hooilanden ten noorden en bouwlanden ten zuiden van de weg. Ten noorden van het dorp ligt de Haulsterpoel die pas in de tweede helft van de 19de eeuw werd drooggemaakt. Aan het einde van de 18de eeuw meldde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘dit Dorp ligt met de twee volgende … aan een rydweg en vaart, van de Scheendyk af tot aan het Tjeuke meer: weleer had ieder deezer Dorpen eene Kerk, doch thans is die van Ouwster- Haule maar alleen in weezen. … In ’t jaar 1741 werd hier een groote Polder aangelegd, op aanraden van wylen den Heere Vegilin, welke een ruime uitgestrektheid van dit en de twee volgende Dorpen beslaat; zynde zestien boereplaatsen, ten grooten deele, binnen den Polderdyk beslooten. Sommigen zeggen dat de landen hier thans minder vruchtbaar zyn dan voor deezen, toen zy, jaarlyks, door het Tjeuke meer, onder water gezet, en daar door met een vruchtmaakend slyk overdekt en bemest wierden.’ Op de grietenijkaart van Eekhoff uit 1850 is deze Trijegasterpolder aangegeven. Ouwsterhaule is het enige dorp van de Trijega waar een kerk staat. Werd tot voor kort nog aangenomen dat de kerk uit de 18de eeuw dateerde, in 1802 een nieuwe westelijke gevel kreeg en in 1877 ingrijpend werd gewijzigd, bij de restauratie in 2001 bleek dat de aanpak van 1877 heeft bestaan uit de ommanteling van de laat-middeleeuwse kerk omdat de kerk er zo lelijk uitzag. De 19de-eeuwse schil is er nu afgehaald en het muurwerk van middeleeuwse moppen is in het zicht gebracht. De zaalkerk heeft een driezijdige koorsluiting en rondboogvensters. De naar verhouding grote, houten geveltoren is bekleed met lood en heeft een licht ingesnoerde spits.

It dykdoarpke Peazens is al frij gau nei it oanlizzen fan de earste seedyk yn de 11e ieu ûntstien. De syl, de slûs, dy’t yn ‘e mûning fan de ta feart bedimme slinke de Peazens lein wurde moast, waard in oantreklik fêstigingsplak. Fanwege it oanslykjen wie de útwetteringsslûs mar beheind te brûken en hy waard yn 1449 opromme. Peazens groeide út ta in fiskersplak dêr’t de bebouwing fan him oant yn de twadde helte fan de 18e ieu konsintrearre yn de buert fan de tsjerke. It levere net in regelmjittige tsjerkebuorren op. De huzen binne yn in pear ûnegale rigen tsjin de soal fan de dyk en de sintrale doarpsstrjitte oan boud. Fan de twadde helte fan de 18e ieu ôf wreide it doarp him nei it westen ta út, trochdat by Peazens foar de dyk in soad lân oanslike en de bebouwing fier fan it wetter ôf kaam te lizzen. Oan ‘e westkant wie dat net it gefal en koenen de fiskersskippen makliker op de ree ankere wurde. Dêr ûntstie doe it twillingdoarp Moddergat. De ynwenners fan de doarpen foarmen mei-elkoar in fiskersfloat en de stoarmramp fan 1883 rekke Peazens like hurd. Krekt tsjin it lêst fan de 20e ieu is súdlik fan it doarp in beskieden útwreiding yn ûntwikkeling nommen. De doarpstsjerke datearret út begin 13e ieu en wie wijd oan Antonius. It is in let-romaanske, ienbeukige bakstiennen tsjerke, mei in wat ynspringend, healrûn sletten koar. De muorren rinne fan west nei east wat nei elkoar ta. Nei sloop fan de sealdaktoer yn 1792 is it skip nei it westen ta ferlinge. Op in nije slútmuorre is in houten toer mei in ynsnuorre spits pleatst. Nei alle gedachten is doe it tonferwulf ek oer it skip hinne spand. Yn 1861 is súdlik fan it doarp nôtmûne De Hond boud, in achtkantige boppekruier op in mitsele foet en mei in stelling. Boppe de yngong sit in stien mei de ôfbylding fan in hûn en it jiertal 1861.

Parregea is in lang útstrekt streekdoarp oan it wetter de Warkumer Trekfeart. Oan de eastkant stean benammen boerepleatsen by it wetter. Sa strekt him oan de Boalserter kant in monumintale kop-hals-romppleats út dêr’t de foarein fan in ‘gedrukte’ ferdjipping hat. Sawat yn ‘e midden fan de him foaral oan de westkant fan de trekfeart útstrekkende bebouwing leit it terpeftich gebiet fan tsjerkhôf mei tsjerke. Even súdlik fan de brêge stiet de eardere herberch De Harmonie, in bouwurk út de 18e ieu mei in fraaie boppeseal dy’t boud is fan brune stien, mei in flinke skuorre boud fan gieltsjes. Fierderop yn it suden riget in rige fan giele huzen him oanelkoar dy’t beheind fan omfang en uterst ienfâldich fan arsjitektuer, lykwols in ymposant ensemble foarmet. Oan de oare kant fan de feart hat fan de brêge ôf de heaks dêrop steande de Horstweg lintbebouwing fan de skoalle en huzen krigen. De Parregeaster Mar is yn 1876-1879 tagelyk mei de neistlizzende Feitemar droechmeald. Doe wie it dien mei de lukrative fiskerij foar de Parregeasters, mar der wie sa om-ende-by 320 ha boulân wûn. Troch de polderwurkers is net allinne in regelmjittige blokferkaveling yn de droechmakkerij kommen, mar is, mei tank oan ûntwikkelders út Noard Hollân ek in rige stolpbuorkerijen ta stân kommen. Der is noch ien eksimplaar fan dit foar dizze streken eksoatyske type te finen. De tsjerke stiet efter de bebouwing op in terpeftich en omgrinze hôf. Dizze om 1300 hinne fan grutte giele bakstien boude Johannes de Dopertsjerke mei in fiifkantige koarsluting, hat in relatyf mânske toer, dy’t yn de wide omkriten al fan fierôf te werkennen is. Oan de súdkant is de tsjerke iepene mei frij grutte spitsbôgefinsters mei stukadoare deikanten, wêrtroch’t der steunbearen tusken de finsters yn needsaaklik waarden. De foarse toer is fan read en brún materiaal mitsele en ûnder ek fan grutte moppen yn gemêlearde kleuren. Skean tsjin de tsjerke oer stiet de pastorije mei in navenant djippe foartún; in medaillon yn de tagongstravee jout it jiertal 1802 te lêzen.

It terpdoarp Peins leit yn it easten fan Frjentsjerteradiel: eastlik fan Frjentsjer en ek fan Skalsum dêr’t it mei in tunnel ûnder de autosnelwei A31 troch ferbûn is. It heart ta de rige terpen dy’t fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, Slappeterp oan de Hege Wier tusken Menaam en Berltsum ta rint. Peins is in aardich doarp oan de dyk fan Frjentsjer rjochting Menameradiel wêroan’t, even eastliker yn de by it doarp hearrende buert Tamterp, inkele aadlike staten stien hawwe mei bewenners, dy’t it om bar foar it sizzen hienen yn de gritenij Frjentsjerteradiel. Oan en efter dizze dyk binne de nei-oarlochske doarpsútwreidings situearre. Yn it doarp rint fan dizze trochgeande dyk in ôftakking nei Sweins ta, nei it suden, mei in brêge oer de Skalsumer Feart, dy’t de efterkant fan Peins libbendich makket. De âldste bebouwing stiet oan dizze súdlike tak: inkele rigen huzen fan giele stientsjes dy’t datearje moatte út de 18e ieu en mooglik ien mei in rûn ûntlêstingsbôchje yn it muorrewurk miskien sels út de 17e ieu. Dêr yn de buert stiet ek de tsjerke, dêr’t eastlik fan ek noch in pear huzen fan it neamde type stean. De oarsprong fan de Gertrudistsjerke moat fan foar 1200 wêze, mar se is al om 1300 ferboud. Yn 1865 is de tsjerke yn- en útwindich flink oanpakt en yn 1902 is se opnij ferboud. Yn dat lêst neamde jier is de toer ôfbrutsen en waard de hjoeddeiske sjarmante lantearne-eftige bekroaning op it middelste, wat útspringende diel fan de westgevel oanbrocht. It skip hat in trijekantige koarsluting fan brún bakstienmateriaal. It oare muorrewurk is iepene mei betreklik grutte rûnbôgefinsters en bestiet út alderhande soarten bakstienmateriaal. Fan foaral moppen yn giel en appelblossem dêr’t wat restanten dowestien fan de oarspronklike tsjerke yn fersile lykje te sitten. Sawol oan de noard- as súdkant is in tichtsetten yngong te bespeuren, mar de yntree sit no yn it front fan de tsjerke. Dat is fierder ûngastfrij sletten, mar de freonlike lantearnebekroaning fan in twaliddige koepel makket in soad goed.

Pepergea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntwikkelingsas dêr’t ek Blesdike, Steggerda en Finkegea oan ûntwikkele binne. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet Pepergea tekene as in lange útstrekte streek mei allinne bebouwing oan de noardkant fan de wei mei yn it suden, sawat yn ‘e midden fan it doarp, de tsjerke. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “insgelyks aan den gemelden Kerkweg, ten Westen van ‘t voorige Steggerda. De Kerk heeft hier een welgebouwden kloktoren, en staat aan den Zuidkant van den rydweg, terwyl men de huizen aan den Noordkant in ‘t geboomte vindt. ... De landen van dit Dorp zyn tegen ‘t overvloeien der Linde bedykt; terwyl deeze stroom, hooger Noordoostwaards op, ten Zuiden van Oldeholtpade, door het zoogenaamde Hille- of Linde Verlaat, wordt afgeslooten, om het water, vooral des Zomers, zo ten dienste der hooge streeken, als der Turfschepen, die van Noordwolde en Finkega komen .... De landen hiertoe behoorende, komen met die der nabuurige Dorpen in aard overeen.” Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is te sjen dat de healannen by de Linde troch it ferfeanjen alhiel fergroeven wienen. De ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol yn 1828 makke dat der yn it westen in buert groeide, dy’t him foarme ta it doarp De Blesse. Noch gjin heale ieu letter waard de spoarwei oanlein en krige Pepergea in stopplak (1870) en dêr by in kafee. Sadwaande waard it doarp yn twa parten ferdield, wat noch fersterke waard troch de oanlis fan de autosnelwei. It westlike part wurdt no by De Blesse rekkene. De tsjerke is noch krekt net yn de ferdrukking kommen. Dizze wie oarspronklik wijd oan Sint- Nicolaas en is yn 1810 opnij boud, wêrby’t gebrûk makke is fan stikken âld muorrewurk. De elegante let-midsieuske toer is yn 1537 ferhege mei in tredde segmint en in iepen bewurke achtkantige, bakstiennen lantearne. De pinakels op de hoeken wurde mei krúsblommen bekroand.

Piaam, dat yn 1555 foarkomt as Pianghum, is in komdoarp dat bysûnder skildereftich justjes efter de eardere Suderseekust op net al te lege grûnen leit, de posysje fan oare doarpen yn de kuststreek yn acht nimmende. De kust is hjir fierders net frij want yn it noarden leit de Makkumer Súdwaard en yn it suden de Koaiwaard yn ‘e Iselmar. It doarpsgebiet rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhandele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels. Tichtby de doarpskom binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerkelike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam. De doarpsstrjitte bûcht nei de 13e-ieuske bakstiennen doarpstsjerke ta. Yn 1555 woenen de ynwenners der in laaien dak op ha; wierskynlik leit der dan noch reid op it dak en dat hat, sa tichtby de kust, te lijen fan stoarmen. Der wurdt meld: “Pyanghum is nyet beplant met eenighe boemen”. De westgevel is fernijd en by de restauraasje fan 1953 binne de rûnbôgige finsters yn it koar hersteld en it koar krige wer goatyske spitsbôgen. Oan de noardkant sit in hagioskoop yn it muorrewurk. Eastlik fan de tsjerke leit de fraaie kop-rompbuorkerij Nynke Pleats dy’t út de 18e ieu datearje moat en wat súdliker noch sa’n buorkerij mei nijsgjirrich flechtwurk yn de gevel fan ‘e foarein. Yn 1889 waard it lytse grifformearde tsjerkje boud. Hjir is (fan de Aldfaers Erfrûte) dan ek it fûgelmuseum te besjen mei ûnder mear in diapresintaasje oer de bûtendykse, tige fûgelrike waarden.

Pitersbierrum is it meast westlike terpdoarp fan de rige dy’t yn eastlike rjochting op in kwelderwâl rint mei Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum en fierder. Pitersbierrum is it lytste twillingdoarp fan it wat eastliker lizzende Seisbierrum dêr’t it mei ferbûn is troch in mei beammen omseame dyk dy’t by de terp merkber oprint. Seisbierrum is mei nei-oarlochske nijbou foaral optein yn de rjochting fan Pitersbierrum. It is eins in streekdoarp dat by de terp lâns skampt, mar der lizze ek noch wat buertsjes omhinne, bgl. yn it suden bûten de soal fan de terp. Der steane dêr nochal wat notabele wenningen, foar Fryslân kenmerkjende brede doarpswenningen fan notabelen en rinteniers út de jierren om 1900 hinne. Ien fan dy huzen fertoant dúdlik de karakteristiken fan de fernijingsstyl. In tige grut eksimplaar is Walburgastate mei djippe tún en oprydleanen. Walburga is in grutte neoklassicistyske filla mei in trije finsterfakken brede middenopbou mei in flau ôfdragend dak en fleugels mei ôfknobbe skylddakken. De grutte filla is yn 1857 boud foar de famylje Collot d’Escury. It funksjonearre fan 1909 oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta as gemeentehûs fan Barradiel. Even fierder foarby de kearn fan it lytse doarp riist de herfoarme tsjerke op, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar. Yn 1845 boud nei in ferwoestende brân fan de âlde tsjerke yn 1843. It ûntwerp is fan de ferneamde neoklassicistyske boumaster Thomas Romein út Ljouwert. In profilearre wetterlist rint as omlisting om de fraai metrysk pleatste rûnbôgefinsters hinne. It ynterieur is bepleistere en hat in stukadoare houten ferwulf. De bakstiennen toer, dêr’t de earste stien fan yn 1879 lein waard, is sa’n bytsje neogoatysk fan styl. De romp is trije kear fersnien boud fan brune stien en fersierd mei flinke kordonbannen en frieskes. De tsjerke wurdt al jierren net mear foar de earetsjinst brûkt en stiet net op de monumintelist. Ferskate aksjes hâlde it gebou foarlopich oerein. It doarpsgebiet rûn eartiids troch oant en mei Roptastate oan de waadkust, mar by de weryndieling kaam it gebiet by Harns.

It mânske doarpsgebiet fan Penjum wurdt beskerme troch in noch gruttendiels te werkennen tige âld stelsel fan diken: de Penjumer Gouden Halsbân. Yn it ûnder bepaalde waarsomstannichheden ûnbarmhertich lege lânskip efter de seedyk foarmet Penjum in herberchsume, kompakte delsetting. It is in terpdoarp mei in net al te skerp ôfgroeven tsjerketerp dy’t noch bysûnder goed te erfaren is. It doarp hat in rom tsjerkhôf mei in izeren stek op in muorke en in seame fan net tige âlde linebeammen. Noardlik fan de tsjerke stiet yn in heale kring in prachtige rige diakonijwenningen, boud fan de yn dizze omjouwing sa karakteristike giele stientsjes: de Fryske trijelingen. Dêrtsjinoer leit de moaie buorren, de Grote Buren mei nochal wat goed ûnderhâlden en fariearde notabele wenningen. Yn de Kleine Buren stiet ek in grut ferskaat oan huzen. De Burenlaan dy’t oan wjerskanten fan de yntree fan it doarp front makket nei de smelle Harnzer Feart, foarmet mei in fraai fariearde bebouwing fan fersoarge wenningen en boerepleatsen, fan om-ende-by 1900 en de tritiger jierren, in moaie eastlike doarpsgrins. De nei-oarlochske útwreidings binne sawol yn it noarden – mei ûnder mear in fraaie tradisjonalistyske rige wenningen út 1948 oan de L. Scheltestrjitte – as yn it suden telâne kommen, wêrtroch’t it doarp de regelmjittigens fan in rjochthoeke krigen hat. De âlde letgoatyske doarpstsjerke op de net skerp ôfgroeven tsjerketerp is yn 1759 foar in part fernijd. De sealtsjerke hat yn de súdgevel trije rûnbôgefinsters. It measte muorrewurk is fan giel bakstienmateriaal fan lyts formaat, de noardgevel fan meardere soarten giele moppen mei foaroan ien rûn finster. It ûnderste segmint fan de foarse en yn de wide omkriten werkenbere toer is fan opnij brûkte dowestien mitsele, nei fersnijing sjogge we mêleard giele bakstien; nei in twadde fersnijing foaral lytser read materiaal. Yn it noarden oan de Grote Buren leit it lytse 18e-ieuske skûltsjerkje, opnommen yn it gewoane doarpswenning, fan de menisten, dat hjir in bysûndere wearde hat omdat Menno Simons yn Penjum libbe hat.

It terpdoarp Poppenwier is it noardlikste doarp fan de Legean en heart ta de fierste it lân yn lizzende terpdoarpen fan Fryslân. Yn de lette Midsieuwen hat it lytse kleaster Engwerd by Poppenwier stien. Noardlik fan de doarpskom stiet in buorkerij op it eardere kleasterhiem. Oant yn de twadde helte fan de 19e ieu wie Poppenwier net oer lân mei Raerd en Tersoal ferbûn, in ferbining dy’t hjoeddei sa fanselssprekkend liket. De ferbiningen oer it wetter wienen wol goed. Krekt súdwestlik fan it doarp lei de Poppenwierster Mar, in marke dat droechlein is en dêr’t de kop-hals-romppleats Marsherne, earder kleaster- en letter weeshûsbesit, noch in oantinken oan is. It terpdoarp is rjochthoekich. De rjochte roailine is sichtber by de Bûtenbuorren dêr’t efter de wat oprinnende foartunen de huzen kreas yn in rjochthoekige rige stean. Poppenwier is in geef foarbyld fan in terp mei in blokferkaveling yn in lânskip mei sa’n selde karakter. Yn ‘e midden leit it gebiet fan tsjerkhôf mei de tsjerke. Yn 1860 is de âlde tsjerke (Sint-Nicolaas) troch de hjoeddeiske ferfongen, wêrby’t de oriïntaasje ek fuortendaliks feroare is. It tsjerkeskip fan brune bakstien wurdt troch grutte rûnbôgefinsters ferljochte. De houten toer mei ynsnuorre spits is op de súdgevel pleatst. Westlik stiet in flinke pleats. De súdlike buert fan meast lytse huzen is op de feart rjochte. Oan de foarkant fan de huzen leit in paad mei oertunen. Der kaam in lytse flapbrêge dy’t it skildereftige karakter fersterke. De hiemen by it plein yn de Binnenbuorren wurde mei rigen stekken ôffredige. It eastlik part fan de terp is kompakt beboud: oan beide kanten fan de Binnenbuorren stean de huzen ticht op elkoar. De huzeparade wurdt iepene mei in breed 18e-ieusk pân. De efterterreinen binne troch de Fiskerssteech en Skoalsteech berikber. Oan de lêste stege leit de 18e-ieuske fermanje. Even fierderop stiet de eardere herberch, it ienichste âlde bouwurk fan twa boulagen. Tsjin it doarp oan stiet in tal flinke boerepleatsen om de oergang fan it kompakte terpdoarp nei it iepen lân te begelieden.

Raard is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in radiale terp, wêrfan’t de min of mear ovaal ferrinnende ringwei noch foar likernôch twatredde part om de terp hinne rint. De ringwei is frij ticht beboud, eastlik oan beide kanten, súdlik allinne oan de kant fan de terp. De westkant fan de terp is ôfgroeven. Oan de noardkant, dêr’t de even foar 1870 oanleine trochgeande dyk rjochting Lichtaard yn Ferwerderadiel rint, is dat destiids sa sterk en djip bard, dat der in doarpsiisbaan ûntstien is. Dêr manifestearret de terphichte him it dúdlikst. Fan de ringwei ôf rinne inkele steil oprinnende, soms foar privee- gebrûk ôfsetten paden nei de krún fan de terp. It doarp is yn súdlike rjochting ûntsletten troch de as in âlde slinke troch it lânskip meänderjende Raarder Feart. Dizze rint nei de Dokkumer Ie dêr’t fan it noarden út de streekrjochte, lange wetterferbining fan Holwert op oanslút. De beskieden útwreidings hawwe earst oan de dyk rjochting Boarnwert plakfûn en letter, oant al in tiid nei der oarloch oan de eastkant fan de ringdyk en dêr efter, bûten de âlde terp. By de krusing, westlik fan it doarp stiet de yn 1916 nei ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke fan Raard en Boarnwert. Westlik fan it doarp leit neiby de grins mei Ferwerderadiel it buorskip Kleffens mei monumintale boerepleatsen oan wjerskanten fan de dyk: Noard en Súd Kleffens. Noard Kleffens út it tredde kwart fan de 19e ieu hat in oerdwers foar de skuorre boud, ûnderkeldere foarein. De doarpstsjerke, yn de Midsieuwen wijd oan Johannes de Doper, hat in navenant mânske toer mei ynsnuorre spits, dy’t út 1807 datearret. De lytse, fan kleastermoppen boude tsjerke stamt út it begjin fan de 13e ieu. Se hat in wat âlder koar mei in trijekantige sluting, wêrby’t de hoeken troch skalken aksintuearre wurde. Se binne lykwols foar in part ferdwûn efter grutte, letter oplutsen steunbearen.

Ravenswâld is in jong streekdoarp yn de uterste súdeastlike hoeke fan Fryslân. It graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart wie om 1820 hinne op ’e hichte fan it lettere Ravenswâld ta foardere. Parallel oan dizze feart waard de Nije Feart groeven en dêrfan út alve wiken en in pear krúswiken it fean yn. Dêr’t de Dadde Wiek en de Eerste Kruuswiek by mekoar kamen ûntstie de delsetting dy’t yn ‘t earstoan Appelscha Dadde Wiek neamd waard, mar wêrfoar’t nei de oarloch in namme ûntliend waard oan de yn it fean lizzende poel, de Ravensmar. Ravenswâld wie de lêste feankoloanje fan Fryslân dy’t om-ende-by 1860 ûntstie en yn 1952 de status fan selsstannich doarp krige. Der stienen yn ‘t earstoan ferfeanershutten. It earste echte hûs waard dêr yn 1871 boud op rekken fan in feanbaas en winkelman út Appelskea. Yn de desennia om 1900 hinne waard it ôffeane gebiet in kultuer brocht. De NV. Gezamenlijke Compagnons van Opsterlandse en Ooststellingwerver Veenen en Vaerten beplante it sintrale gebiet fan 1883 oant 1908 mei in bosk fan 200 ha: de Compagnonsbosschen. Al gau nei dy tiid binne de grûnen dêromhinne oanmakke yn opdracht fan in spesjaal dêrfoar yn 1908 oprjochte kompanjy, dêr’t earder ek de Nederlandsche Heidemaatschappij by belutsen wie. Yn in wiid karree dêromhinne is de grûn geskikt makke foar boulân, wêrby’t de boerepleatsen tige regelmjittich, strang hast, oan de rânewegen boud waarden. De earste pleats ‘Kloksveen’ waard yn 1911 troch de Heidemij ûntwurpen. De dêrop folgjende twa buorkerijen kamen yn 1913 ek yn it easten ta stân nei ûntwerp fan arsjitekt C.J. Wierda. In jier dêrnei kamen der nochris seis pleatsen yn it noarden. Oan it ein fan de Dadde Wiek is op in sânhichte in stjerrebosk-foarmich plantsoen oanlein. Om-ende-by 1915 stienen der noch gjin tweintich huzen. Dêr kaam feroaring yn doe’t fan 1918 ôf de wenningstichting oan wjerskanten fan de Compagnonsweg ferskate wenningen bouwe liet. Ravenswâld groeide westlik fan de Compagnonsbosschen út ta in L-foarmige delsetting fan beskieden wenningen, dy’t wilens oan de kant fan it bosk in eigen moderne doarpsútwreiding krigen hat.

Readtsjerk is in lang streekdoarp fan foaral fersprate bebouwing mei hjir en der wat konsintraasjes fan agraryske bebouwing. It doarp hinget wat tsjin de Trynwâlden oan, de doarperige yn it noarden fan Tytsjerksteradiel en koe him dêr ûntwikkelje omdat der noch krekt in útrinner leit fan de hegere grûn dy’t nei Readtsjerk oergiet yn lege, feaneftige streken. Oan de súdeastlike kant leit de âlde kearn by de tsjerke en oan de noardwestlike kant rint it doarpsgebiet troch oant by de Moark.Dêr stiet yn de buert Healbird, in 18eieuske kop-hals-romppleats. Oan it ein fan de 18e ieu hie it in struktuer dy’t no noch te sjen is: : ‘een dorpje met eene kerk zonder toren; ligt aan ’t water de Zwarte Broek, en loopt Westwaards aan, tot aan de Trynwouden in Tietjerksteradeel, met zyne bouwlanden, in welke zyn de buurtjes Healbird, de Syewier aan de Mork, en wat nader by de Weerbuuren.’ Readtsjerk is hielendal rjochte op de Trynwâlden, omdat it efter de feangebieten en it pas let (1926) yn kultuer brocht en troch natuergebieten omringe Bûtenfjild frij isolearre leit oangeande de oare doarpen fan Dantumadiel. De frij losse, foaral agraryske bebouwing fan de streekjes by de Koaiwei en Sickamawei en yn de buert fan de tsjerke mei wat kop-romppleatsen giet frijwol ûngemurken troch yn dy fan noardlik Mûnein. De tsjerke sûnder toer is yn de betide 12e ieu boud fan dowestien mar is letter feroare. De dowestiennen noardlike muorre is noch hielendal yn it sicht; de westlike muorre is yn de 18e ieu yn reade bakstien restaurearre en letter binne de súdlike en eastlike muorren ommitsele. Op it dak lizze glazuere Lucas IJsbrandpannen. By de tsjerke is in opmerklike fynst dien: in sarkofaachdeksel fan griisgiele sânstien út de 12e ieu – ûngefear like âld as de tsjerke – mei in foarstelling fan in yn in pij klaaide man en mei in dekorative rânefersiering. It seldsume keunstwurk is no yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Reahûs wie oant 1956 in buorskip by Easterein en krige doe pas de status fan selsstannich doarp. It lei tsjin de súdlike flank fan de Slachte oan en dus eins bûten it ‘eilân fan Easterein’, al stiet der in lytse stjelppleats mei in moaie beammeseame op it eilân. It is ien fan de jongste doarpen fan Fryslân. Nei de Herfoarming is hjir tichtby de grins fan twa gritenijen troch dyjingen dy’t it âlde leauwen trou bleaunen, in skûltsjerke ynrjochte yn in hûs mei in read pannedak. Folle letter is dêr in lytse delsetting omhinne groeid: healwei de 19e ieu is der sprake fan in seistal huzen by it tsjerkje. Oan wjerskanten fan de Slachte steane kapitale esken dy’t de streek by de dyk lâns in soarte fan yntimiteit jout. Daliks by de westlike yntree yn Reahûs steane oan de súdkant earst in grutte stjelpbuorkerij út it begjin fan de 20e ieu en in fraai opknapte kop-hals-romppleats fan om-ende-by 1870 te pronk. Dêrnei folgje inkele en groepen wenningen út ferskillende bouperioaden. Reahûs is in roomsk-katolike enklave mei in echte tsjerke sûnt 1892, de neogoatyske Martinustsjerke, ûntwurpen troch Alfred Tepe. Se is in pseudobasilyk fan fjouwer ferwulffakken djip, dy’t skoarre wurde troch swiere pylders mei listkapitelen. It brede skip wurdt ferfette yn in lang útrekt koar, mar de sydbeuken rikke net sa djip en einigje yn achtkantige kapellen. De mânske toer wurdt bekroand troch in ynsnuorre spits. Tsjerke en toer hawwe yn de wide omkriten in sterke silhûetfoarming. Yn de jierren 1895-1905 krige de tsjerke neogoatysk meubilêr út it ferneamde atelier Mengelberg út Utert. Fierder kaam der yn de tsjerke in searje brânskildere ruten. De rige krúsweistaasjes en in alterstik binne skildere troch de út Wâldsein ôfkomstige keunstner Otto de Boer. De parochy besit in polygromeard, let 15e-ieusk byld fan Sint-Martinus op it hynder mei de bidler. It is yn ‘e tiid fan de Reformaasje meinaam út Easterein, fanâlds ek in Martinus-parochy. It is ien fan de moaiste midsieuske foarwerpen fan devoasje fan Fryslân.

Reitsum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Mei Ginnum, Lichtaard, Jislum foarmet it in kwartet fan de Vlieterpen, flechtterpen. In eigenaardige beneaming omdat frijwol alle doarpsmienskippen yn de wide omjouwing terpen foarmen om by heech wetter flechtsje te kinnen. Ut âld kaartmateriaal blykt dat Reitsum altyd út in tsjerke, inkele huzen en buorkerijen en in state bestien hat. Yn de beheinde beskriuwing fan de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) komt it der op del dat Reitsum noch wat oansjen hat troch de hearlikheid Hania. Dit Hania is net werom te finen, wol Staniastate dat noardeastlik tichtby Lichtaard leit. De terp fan Reitsum koe mei troch de tinne bebouwing oan it ein fan de 19e ieu foar in grut part fergroeven wurde. De doarpstsjerke is yn 1738 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. De preekstoel mei ryk houtsnijwurk út 1638 bleau wol bewarre. De ienfâldige tsjerke mei lisenen tusken de gevelflakken mei brede spitsbôgefinsters is oant twa kear ta flink útwreide. Yn 1874 binne oan de westkant de foartsjerke en oan de eastkant it koarpart fergrutte. Op it westlike part stiet in houten geveltoer mei in lûdklok dy’t yn 1612 troch Hendrik Wegewaert getten is. Yn 1881 is de tsjerke fergrutte mei in dwers pleatste noardlike beuk. De fergruttingen ha plak fûn omdat it tal tsjerkegongers doe grut wie. De ferneamde predikant J.J.A.Ploos van Amstel stie hjir fan 1863 oant 1866 en fan 1876 oant syn dea yn 1895. Yn de lêste perioade hat er de Doleânsje yn 1886 aktyf belibbe. Reitsum wie de earste Fryske gemeente dy’t doleare en de tredde fan it lân. Ploos is op it tsjerkhou fan Reitsum begroeven. In jier nei syn dea is de grifformearde tsjerke boud, in ienfâldige sealtsjerke mei in houten geveltuorke. Der steane in tal monumintale kop-hals-romppleatsen yn de omjouwing fan de tsjerke; op de âlde Staniaterp stiet ek in buorkerij fan dat type.

It terpdoarp Ried is stichte op ien fan de súdwest noardeast rinnende kustwallen yn it âlde Barradiel en Frjentsjerteradiel. It hat syn namme te tankjen oan de namme fan it wetter, de Rie, dy’t noardlik by it doarp lâns rint, in oantinken oan de slinken út de tiid dat it lân noch net bedike wie. De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieuweweg nei it noarden mei foaral wenningwetwenningen beboud rekke. Flakby de tsjerke stiet yn de kearn fan it doarp de eardere suvelfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage mei ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch amper te sjen is dat se op in terp lizze. De tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar, is yn 1653 boud, nei alle gedachten op de fûneminten fan in âldere tsjerke. De leeftyd wurdt net troch it gebou sels oanjûn, want it is yn de 19e ieu blokt stukadoare. Oan de súdkant sitte mânske spitsbôgefinsters; oan de noardkant is de gevel hielendal blyn en foarsjoen fan de oanbou mei byromten. It oarspronklike gevelwurk is net te sjen. Yn de súdlike (sicht) gevel wurdt troch in grutte rige gevelstiennen in protte meidield. De boudatum fan de tsjerke en ek dat de toer ynstoart is en dat de nije yn 1625 boud is troch mr. Abe Ede. De betinkingsstien is mei noch in oare mei de meidieling “1625” wer pleatst, want de toer is folle nijer. Hy is yn 1925/26 hielendal ommitsele. Boppe de nok fan it tsjerkedak draacht de romp in foarse kordonlist en hat er in list foar bekroaning en in ynsnuorre achtkantige spits.

Rinsumageast is as streekdoarp op in sânrêch – fandêr ‘ geast’ yn de namme – op de oergang fan de klaai yn it noarden en it fean yn it suden ûntstien yn de Midsieuwen. Doe ferstigen de haadlingen har dêr dy’t Juwsmastate, Eysingastate, Melkamastate en Tjaardastate yn of tichtby it doarp stichten. De earste ferdwûn al gau; Tjaardastate, in echt kastiel, stie noch oant 1834 súdlik fan de tsjerke. Troch dizze staten wie Rinsumageast in deftich doarp. Yn de folle Midsieuwen waard noardlik fan it doarp it kleaster Klaarkamp stichte: it soe ta ien fan de grutste kleasters fan Fryslân útgroeie. Fan de 17e ieu ôf hat it doarp him ûntwikkele by de Moark lâns, it wetter dat oant by de Trynwâlden yn noardlik Tytsjerksteradiel rûn. Heaks dêr op in groeven feart mei in yn 1648 oanlein trekpaad nei de Dokkumer Ie. Yn dit swierwichtige doarp hienen dan ek it gritenij – en letter gemeentebestjoer sit. De herberch dy’t ek as rjochthûs brûkt waard, stiet op’ e hoeke fan de Rjochthûsstrjitte en Van Aylvawei en is nei alle gedachten fan ûngefear 1700. It is in mânsk, twa boulagen tellend pân mei pilasters yn de gevels. Doe’t yn 1881 in nij riedshûs yn Damwâld (Moarmerwâld) boud waard, rekke it syn funksje foar it bestjoer kwyt. By de freonlike doarpsgrêft lâns steane noch altyd kreaze doarpswenningen, wêrfan inkele fan it notabele type en respektabele leeftyd. De Tjaardawei giet fan de kearn út yn westlike rjochting. Dêr riist de tsjerke mei dûbel skip en sealdaktoer op. It rûne koar is it âldst, fan ûngefear 1100, miskien sels earder. Der is yn de 12e ieu in skip mei sydbeuken byboud. De sydbeuken binne letter ferdwûn en de muorren fan it skip ticht setten. It muorrewurk fertelt dat mei grutte bôgen. Under it koar is yn de 14e of begjin 16e ieu in kript yngroeven en oanklaaid mei gâns âld materiaal: in mysterieuze romte. Oan it begjin fan de 16e ieu is de grutte súdbeuk boud. De toer kaam yn 1610.

Reahel is in streekdoarp fan nei alle gedachten deselde midsieuske oarsprong as de doarpen dy’t der omhinne lizze, mar der is net folle mear fan in doarp te fielen. Reahel hat dan ek in dramatyske skiednis. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Schotanus út 1718 hat Reahel noch in aardige kompakte buert en hielendal oan de súdkant fan de Tsjerkewei stiet de tsjerke op de noardlike wâl fan de Tsjûkemar. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 al: ‘Rohel, of Nyega, een Dorpje gelegen ten Westen van ’t voorige Rotsterhaule, en onmiddelyk grenzende aan het Tjeuke meer, dat van tyd tot tyd een groot gedeelte der Veenige landen, hier onder behoorende, heeft ingezwolgen. Door dit Dorpje, alwaar voor deezen ten minsten eens zo veel huizen plagten te staan, gaat de gewoone rydweg uit deezen kwartieren naar de Lemmer.’ De tsjerke en tsjerkhou mei klokkestoel binne troch de grutte wetterflakte fan de Tsjûkemar yndie ferswolgen. De lytse mienskip is net by steat west om in nij gebedshûs te stichtsjen, wêrtroch it doarp nea in kearn wer krigen hat. Op de kaart yn de Eekhoff atlas fan 1848 is it byld fan doarp en lânskip folslein feroare. Der stiet yn it uterste suden noch it eardere tsjerkhou oanjûn en noardlik leit in grutte plasse troch it fergraven fan it lân foar de turfwinning. Nei de Earste Wrâldoarloch is Polder Reahel foarme en yn kultuer brocht. Nei de Twadde Wrâldoarloch is yn it noarden in belangryk part fan it lân útjûn foar sân túnboubedriuwen. Fandêr de úntslutingsdyk Kwekerijwei. Súdlik fan it doarp leit de kant fan de Tsjûkemar en dêr wurdt yn de buert wêr’t ea de tsjerke stie mei in âld draaibrechje oer de dyksleat tagong ferskaft ta it natuergebiet Marswâl fan Staatsbosbeheer. Der mei oer de dyk kuiere wurde. tsjintwurdich steane oan it súdeastlike part fan de Tsjerkedyk wat buorkerijen, noardliker in buertsje fan wenningen en ferspraat hjir en dêr noch wat bebouwing.

Rotstergaast is in streekdoarp dat tichtby feanmoeras nei alle gedachten yn de Midsieuwen ûntstien is op in útrinner fan in sânrêch noardlik fan de Tsjonger of de Kuunder. Yn 1315 stienen twa kapellen yn Rotstergaast, wêrfan ien ta tsjerke ferheven waard. It doarp hat twa út inoar lizzende buerten mei wat konsintrearre bebouwing en fierder fersprate pleatsen. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld dat Rotstergaast of Kleine Gaast it lytste doarp fan de gritenij Skoatterlân is: ‘Weleer stond hier eene Kerk, die reeds voor veele jaaren is te niete geraakt: dit Dorpje ligt even ten noorden van de Kuinder, en strekt zich zeer verre uit naar dien kant met zyne hooilanden; zynde de Westelykste huizen bekend by den naam van Westergaast. Ook gaat van dit Dorpje, door de drooge Rustersloot, een rydweg naar Nieuwe Schoot.’Op de gritenijkaart yn de Schotanusatlas fan 1718 stie al oanjûn dat de tsjerke ferfallen wie. De súdwestlike buert, Westergeast is no de streek by de Skoatterwei en wie doe aardich beboud. Wylst yn de noardeastlike buert, mei de namme Snakkerbuorren dy’t doe noch by Rottum hearde, ferspraat wat huzen en pleatsen stienen. In reed yn noardeastlike rjochting gie nei Nijeskoat. De Rustersleat dy’t nei Rottum gie, stie oan it begjin fan de 18e ieu al droech, mar dêr is letter wat oan dien: op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de Rotster Sleat oanjûn. Yn Westergeast is it tsjerkhou bestean bleaun en nei’t de tsjerke ferfallen wie, is yn 1928 dochs wer in sobere herfoarme kapel boud. Der stie yn elts gefal fan 1722 ôf in klokkestoel. De tsjintwurdige, mei in helmdak, is yn 1976 restaurearre. Yn Snakkerbuorren stiet de stjelpbuorkerij Champignon út 1871 mei in foar in part ûnderkeldere foarhûs en oan de Skoatterdyk tusken de twa buerten yn oan de iene kant Nieuw Jagtlust, in stjelp fan itselde type út 1870 en oan de oare kant de kop-hals-romppleats Tsjongerswâl út it midden fan de tritiger jierren mei ekspresjonistyske karakteristiken.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |