Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Damwâld, it haadplak fan de eardere gemeente Dantumadiel, is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de fan west nei east op mekoar folgjende streekdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Damwâld, dy ‘t op dat stuit al hielendal oan mekoar groeid wienen. De trije kearnen fan Damwâld ûnstienen by in east-west rinnende midsieuske bewennings-as lâns, de Voorweg. Fan dêrút waard it gebiet ûntgind. Mooglik ha wat noardliker noch âldere ûntginningsgebieten lein, de Achterweg fan Ikkerwâld wiist der wol wat op. It binne dan ek karakteristike streek- of dyksdoarpen, mei-elkoar mei in lingte fan sa ‘n fjouwer kilometer.

De bebouwing fan de trije doarpen is fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf nochal wat tichter beboud wurden en is fierder bylâns de Voorweg grutter en langer wurden. It gefolch wie dat de doarpen tsjin elkoar oan kamen te lizzen. Boppedat kaam fan dy tiid ôf yn Moarrewâld by de Murmerlaan (Hoofdweg) lâns ek bebouwing ta stân. Dizze belangrike rûte nei Dokkum krige yn 1880 selskip fan de earste trambaan yn Fryslân: in hynstetram. Oan dit krúspunt waard yn 1881 dan ek in gemeentehûs boud. Foar wat bedriuwichheid waard it dêr in geskikt festigingsplak. It ynearsten tinst befolke doarp fan de trije koe sadwaande útgroeie ta in flink krúsdoarp. Hoewol ‘t it gemeentehûs nei de ferskillende kearen ferboude, mar wol deftige Rinsmastate yn Driezum ferhuze, sette de ûntwikkeling nei de twadde wrâldoarloch sterk troch. Krekt op it tiidstip fan de millenniumwende kaam it gemeentehûs by it krúspunt werom, efter it âlde gemeentehûs en de midsieuske tsjerke. Ikkerwâld en Damwâld ha minder dynamyske ûntwikkelings ûndergien en fertoane noch altyd de karakteristiken fan streekdoarpen.

It âldste gebou fan it eardere Damwâld is de Beenedictustsjerke. Sy datearret út de 12e ieu en dy hege âlderdom is te sjen oan de sterk bûgde, dowestiennen súdmuorre mei grutte sparfjilden en oan de boppekant in keperfries. Ek de sealdaktoer befettet in soad dowestien, mar lykwols is de toer net mear romaansk. It ynterieur besit in rokoko preekstoel (1777) mei in fraaie koperen lessener. It oargel is yn 1777 troch Albertus Anthoni Hinsz boud. Ferwûnderlik binne de muorreskilderings út it lêste jier fan de 16e ieu: bibelteksten yn de folkstaal, fette yn grutte rolwurk-cartouches. Even mear nei it westen stiet oan de oare kant fan de Voorweg Plantenhove. Yn 1906 boud yn in elegante fernijingsstyl foar in notaris. Yn 1912 lei de ferneamde Leonard Springer dêr in nije tún oan yn strakke geometryske styl. Plantenhove is no in konferinsjesoard. Wer wat westliker stiet yn it beamteguod de sobere Fermanje út 1767. By de Voorweg lâns stiet royaal situearre frijsteande bebouwing, sa as 19e-ieuske buorkerijen, wâldhúskes en wat jongere rinteniers- en boargerswenningen. Oan de krúsende wegen fan it eardere Moarrewâld stean plezierich eagjende, frijsteande huzen, mei namme út de earste tritich jier fan de 20e ieu. Op en yn de buert fan de krusing rize de belangrykste gebouwen op. Op de hoeke kaam yn 1881 it troch gemeente-arsjitekt J.W. Duijff ûntwurpen nije, kloeke gemeentehûs mei in middenpartij mei trepstoepe-portyk en balkon en omlistings yn sierpleister. De seisrútsfinsters ha noch skobbe blinen persiennes. Dêrnjonken is yn itselde jier herberch “De Kruisweg” boud, dy ‘t ek as tramhalte fan de âlde tramlyn tsjinne. Hjir waarden de hynders fan de tram stâle. Letter binne glês-yn-lead en strielde rúten yn art nouveau-styl oanbrocht en oan de súdkant kaam in tradisjoneel oerdutsen feranda.

It âldste bouwurk fan dizze doarpskearn is de wat westliker steande Bonifatiustsjerke út begjin 13e ieu. It is ien fan de âldste bakstiennen tsjerken fan Fryslân. De muorreyndieling fan sparfjilden mei rûnbôchjes en lytse finsters is romaansk. Tsjin de noardkant oan is yn 1914 in dwersbeuk pleatst. Boppe-yn de sealdaktoer binne klimmende friezen te sjen. De herfoarme tsjerke fan it eardere Ikkerwâld is yn 1850 fernijd yn de trant fan de neoklassicistyske rûnbôgestyl. It tuorke hie yn ‘t earstoan in spits, de iepenwurke lantearne datearret út de tweintiger jierren. Oan de Achterweg falle de bedriuwsgebouwen fan de fan 1899 oant 1969 aktive suvelfabryk “De Dokkumer Wâlden en omkriten” op.

De Blesse is in streekdoarp dat as buert by it wetterke Blesse al op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus oanjûn stiet. It heart dan noch by it doarp Blesdike. Yn it noarden, by de Linde, hat stêdehouwer Willem Lodewijk oan it ein fan de 16e ieu in skâns oanlein. De spoaren dêrfan binne noch lange tiid yn it lânskip sichtber west, mar binne no net mear te ûnderskieden.

Nei ‘t yn 1828 de lândyk fan Wolvegea nei it suden ta – foar in part by it wetterke Blesse lâns – ûnderdiel waard fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol, wreide de buert him út en oerfleugele sa stadichoan it oarspronklike doarp. Jierliks waarden der twa fee- en hynstemerken hâlden; sa fier hie it oerdoarp Blesdike it noch nea brocht. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 liket it der op dat it groeiproses noch mar krektlyn op gong kommen is. Efter de bebouwing by de strjitwei lâns stiet wol in koarnmûne oanjûn. It is mûne De Mars, boud yn 1834. Op in bakstiennen ûnderbou mei stelling riist de mei reid dutsen achtkantige romp op. It wjokkenkrús is yn 1927 fuorthelle. De mûne is letter restaurearre; dêrby binne ûnderdielen brûkt fan in út it jier 1877 datearjende mûne út Swarte Haan.

Yn De Blesse is nea in tsjerke kommen, mar om 1880 hinne is der oan de Steenwijkerweg wol in herfoarme kapel boud; in ienfâldich, alhiel bepleistere sealtsje. De wjerskanten fan de Steenwijkerweg binne foaral fan ein 19e ieu ôf frij ticht beboud rekke mei boarger- en arbeidershuzen en ek inkele bedriuwspânen sa as bygelyks in kafee. Al frij gau kaam der oan de Steenwijkerweg yn 1921 by de provinsjegrins in rige wenningwetwenningen. Oan de eastkant is nei de Twadde Wrâldoarloch efter de lintbebouwing in nije wyk ûntstien; in wyk mei aardich wat folkshúsfesting. De Blesse hat it karakter fan in lang útrekt streekdoarp trouwens net ferlern. It memmedoarp Blesdike hat dizze ûntwikkeling net kend, wêrtroch it oerfleugele waard troch De Blesse.

De Falom, in wetter- en dykbuert, krige yn 1974 de status fan selsstannich doarp. Dêrfoar waard it noardlike part by Moarmerwâlde en it súdlike part by de Westerein rekkene. As delsetting is it âlder. De Falom is súdlik fan de doarpen fan de Dokkumer Wâlden ûntstien mei en nei de ferfeaningsaktiviteiten, lykas De Broek dat ta Broeksterwâld groeide. De Falom is lyts bleaun en ûntwikkele him ynearsten kreas lineêr oan de noardlike kant fan de Falomster Feart.

Yn de twadde helte fan de 17e ieu is de measte feangrûn noch net ôfgroeven. De Tegenwoordige Staat van Friesland jout oan it ein fan de 18e ieu foar dizze lytse delsetting in oandachtige beskriuwing: ‘ten zuiden van Dantumawoude liggen deeze landen tot aan Kuikhorne; en in deeze ruime uitgestrektheid vindt men eene buurt, de Valom, alwaar meer dan twintig huizen aan eene vaart staan, die gemeenschap heeft met de wateren van Tietjerksteradeel, en daar door met de Ee en andere wateren. Weleer werd hier veel turf gegraaven; doch dezelve is reeds voor veele jaaren geheel verdweenen, en heeft plaats voor rogge en boekweit gemaakt.’

De bebouwing oan de feart tsjûget der noch fan mei in tal buorkerijen. De ikkers binne ferdwûn en ha plak makke foar greide, al wurde de lêste tiid ek stikken grûn oan de natuer werom skonken.

De krusende dyk fan Feanwâlden nei Damwâld is der net altyd west. Oan it ein fan de 17 ieu rûn dizze fan it noarden oan de feart ta, in pear desennia letter waard de dyk nei it suden trochlutsen en der kaam in brêge, in tolhûs en in herberch. De dyk is om 1850 hinne rjocht lutsen en ferhurde. Sûnt dy tiid is der ek bebouwing by de dyk lâns kommen. It binne foar it grutste part kreaze boarger en arbeiderswenninkjes, yn dûbel histoarysk kontrast mei de bebouwing oan de feart. Dêr minge âlde gebouwen har mei nije frijsteande wenningen fan minsken dy’t foar dizze wetterstreek kieze.

De Haule is in âld streekdoarp, dat nei alle gedachten al yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rêch yn it lân oan ‘e noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Veenhuizen yn en fierder nei Drinte. It wie in âlde delsetting yn in frijwat leechlizzend gebiet.

Healwei de 18e ieu fûn der yn it noardlike doarpsgebiet in omslach plak troch de ferfeanings. De Drachtster Kompenije begûn dêr fan 1756 ôf mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Oan dy feart groeide in delsetting fan in oare aard, dy ‘t him as doarp losmakke fan De Haule. Letter soe it westlike gedielte fan Haulerwyk him as doarp Waskemar fer ferselsstannigje. It earste is dus in bern, it oare in lytsbern fan De Haule. It wie net fan ynfloed op De Haule sels. Dat bleau in lange útstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 wurdt der meld: “De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen.” De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lâns waard earst fan it lêst fan de 19e ieu ôf tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing en lizze oan de noardkant fan de lânbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as it Blauwe Bosch oanplante, dêr‘t tusken yn heidefjilden en inkele puollen hanthavenene binne.

Yn 1851 waard der in skoalle yn De Haule stichte, dy‘t yn 1921 fernijd waard ta in skoalle fan trije lokalen en dy‘t nei de oarloch ferfongen is troch in nij gebou. Oan de eastkant fan De Haule is yn 1854 in nije tsjerke op it plak fan de âlde boud. H.J. Noorman makke it ûntwerp fan de sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar mei in iepen dakruter op de gevel.

De Hoeve is in lyts en jong streekdoarp by in trijesprong fan wegen. Op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp noch net oanjûn. Wol binne der op de heide súdlik fan de Linde twa lytse boeredelsettingen tekene: Westerhoeven en Oosterhoeven. By de lêste binne twa dobben tekene mei de namme “De Meer”.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1788 krige De Hoeve gjin eigen fermelding, mar waard it al even neamd by it doarp Finkegea: “Onder dit Dorp ... behooren de buurtjes Wester-Hoeve en Ooster-Hoeve, niet verre van de Linde. Van dit Dorp (Vinkega) loopt een rydweg door de landen naar Oldeholtpade, door een Wad in de Linde; doch deeze weg wordt sedert lang niet meer gebruikt.” Op dizze kaart siet it waad troch de Linde oanjûn. It paad dêrhinne oan ‘e westkant fan de noch besteande Noardwâlder Feart, is yn it lânskip net wer werom te finen.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat in jier earder it Oosterhoevemeer droechlein is. De Hoeve leit op in sânrêch fan hast trije meter hichte dy‘t nei it easten ta trochrint en heger wurdt, mar it eardere Oosterhoeven foarby, dêr‘t no ûnder mear de boerepleatsen Stellingenhoeve en Welgelegen lizze, in ynsinking kin; it droechlizzen fan goed oardel jier lyn.

Wie it sa dat foarhinne de ferbining mei de omlizzende doarpen folslein oars rûn, hjoeddei meändert de ferbiningswei tusken de belangrykste plakken fan Weststellingwerf, Wolvegea en Noardwâlde, om De Hoeve hinne. De haadstrjitte fan west nei east, de Jokweg, is ek frij jong, al stiet hy wol op de Eekhoff-kaart oanjûn. Oan dizze dyk stiet de âldste bebouwing fan it doarp. Dy is net âlder as de ieuwikselingsperioade om 1900 hinne. It kafee fan alear oan de trijesprong en dêrnjonken in dûbele arbeiderswenning binne fan om-ende-by 1920. In eintsje fierderop stiet, ek út deselde tiid, de herfoarme tsjerke. In freonlik eagjende, rjochtsletten sealtsjerke mei in iepenwurke geveltoer.

De Knipe is in streekdoarp dat yn de 17e ieu oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart as gefolch fan de feanwinning ûntstien is. It graven fan de feart en de dwers dêrop steande wiken, it winne en ferfiere fan it fean en it nei dy tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten, joegen oan in soad minsken in sober en skraal bestean, mei as gefolch dat ek ambachtslju en lytse bedriuwichheid nei dizze streek ta kaam.

De Knipe bestiet oarspronklik út twa kearnen. It westlike en it neist by It Hearrefean lizzende gedielte hjitte Benedenknipe en ek wol Nieuw Brongerga. Dêr kaam fan it suden út de Prinsenwijk fan Oranjewâld ôf op út. It eastlike gedielte waard Bovenknipe neamd en ek Nieuw-Katlijk en dêr kaam de doarpswyk fan Ketlik op út. By de Knipe foarmen har oant by Bontebok krekt boppe de feart lytse kavels lân in tige raffelige grins tusken de gritenijen en letter de gemeenten Skoatterlân en Opsterlân yn it noarden. Yn it westen fan Benedenknipe is by de Feanslûs in kearn ûntstien, dêr‘t in lyts joadetsjerkhôf leit en in suvelfabryk boud waard. Fierder nei it easten ta stean de grifformearde en de yn 1661 stichte herfoarme tsjerke, dy‘t letter alhiel stukadoare is. Op it algemiene begraafplak stiet in klokkestoel fan beton. Yn 1967 is it westlike gedielte fan de Kompanjonsfeart dimpt.

Boppeknipe mei de meniste tsjerke út 1856, wêrby‘t yn de klokgevel eleminten út 1751 wer brûkt binne, lit de âlde skildereftige struktuer fan de bebouwing oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart noch sjen. Oan de noardkant fan ‘e feart is de Commissieweg oanlein dy’t yn 1955 ek it eastlike part behoarlik goed ûntslute soe. Yn 1881 waard de trambaan fan It Hearrefean nei Drachten oanlein dy‘t oan ‘de Hoeke’ ta de Compagnonsweg folge en dêrnei nei it noarden ta ôfbûgde. De trambaan is yn 1947 opheft. Dêr by ‘de Hoeke’ stiet ek it kafee en der is nei de oarloch in bebouwingskom ûntstien. Fan de jierren tachtich ôf súdlik fan de Meyerweg en oan ‘e noardkant fan de lette njoggentiger jierren ôf.

De Tike is in streekdoarp dat yn de 17e ieu as ferfeanersdelsetting op in beskieden wize westlik fan it Swartfean stal krige. Op de gritenijkaart fan Schotanus stiet it oanjûn en hoewol’t it ferfeanjen doe noch yn folle gong wie, hienen pioniers parten fan de súdlike lannen al yn kultuer brocht ta ikkers.

Oan it ein fan de 18e ieu wist de Tegenwoordige Staat van Friesland by de Pein te melden: ‘In ’t Noordwesten van dit dorp, aan de grenzen van Tietjerksteradeel, vindt men veele nieuwe bouwlanden, die door ’t afgraaven der hooge veenen gebooren, en sedert tot bouwakkers gemaakt zyn, als ook twee buurten van naame, welke naaste het Zwartveen, en het verst afgelegende de Smallinger Tieke heet.’ Dizze Smellingerlânske Tike waard ieuwen lang as buorskip by Nyegea rekkene.

Yn de 19e ieu waard it hiele gebiet yn kultuer brocht. Yn it midden fan dy ieu konstatearre Van de Aar yn syn Aardrijkskundig Woordenboek: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd, over de drie uren gaans in den omtrek. …Ook behoort nog een klein gedeelte van het gehucht de Tiek, onder het dorp Opeinde.’. De streek by de Leijen is ien fan de grutste en nea droech mealde petgatten en bleaun tin befolke. Yn it noarden wienen foaral lytsskalige agraryske bedriuwen fêstige en yn it suden bedriuwen dy’t wat grutter wienen.

Doe’t de Tike yn 1953 de status fan selsstannich doarp krige soe it troch in grutte dyk fluch fan it memmedoarp skieden wurde. Boppedat gie in kultueromslach yn omdat it rêstige, wat isolearre lizzende doarp ûntdutsen waard troch forinzen út Drachten en omkriten wei. Foaral yn de ôfrûne tsientallen jierren is de bebouwing oan de Master de Jongwei, wêr’t ek de skoalle en it doarpshûs steane, sterk mei wenten fertichte, sûnder dat dit it karakter fan in feanûntginningsdoarp oantaaste hat.

De Feanhoop is in streekdoarp dat yn de 19e ieu ûntstien is op it plak wêr’ it Polderhoofdkanaal yn it Grytmansrak útkomt. It wie in strategysk plak omdat yn it suden ien fan de grutste polders fan Fryslân leit: de Grutte Feanpolder fan Smellingerlân en Opsterlân. It mânske kanaal leit de ferbining fia it rak mei de Kromme en Wide Ie en mei it wetterferkearsnet fan Fryslân.

By de beskriuwing fan it doarp Boarnburgum, wêr eartiids de hiele súdwestlike streek fan Smellingerlân ta hearde, stiet yn it midden fan de 19e ieu yn it Aardrijkskundig Woordenboek fermeld: ‘Westwaarts vindt men veel laag hooiland, dat ‘s winters onder water loopt, en veel vergraven land of putten, waarin riet wast. In het jaar 1819 is onder Boornbergum eene nieuwe veenderij aangelegd, die met polderdijken en molens is voorzien, en de Veenhoop genoemd wordt.’

Nettsjinsteande de prachtige lizzing siet der net folle groei yn De Feanhoop. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff atlas (1848) steane noch mar in pear huzen yntekene, wêrfan ien it Polderhûs wêze moat. Yn dat Polderhûs, yn it midden fan de 19e ieu oplutsen fan lytse giele stien, is de frontgevel foarsjoen fan aedicula-ornamint dat kenlik bedoeld (west) is as râne fan in betinkingsboerd. Der stiet in grutte boereskuorre efter en it gehiel is ferboud as kafee restaurant. Oan de oare kant stiet efter it resint ynrjochte parkearplak foar toeristen de iepenbiere basisskoalle út de tritiger jierren dy’t noch altyd yn gebrûk is.

Oan de Kraanlânswei leit lintbebebouwing mei wenningen fan de wenningbouferiening en fan partikulieren. It ferskaat is noch grutter wurden troch de bou fan grutte frijsteande huzen by it parkearplak en op’ e hoeke fan it Eijzengapaad. Ek oan de noardkant fan it kanaal, de Slûswei, stiet in rige frijsteande wenningen. De Feanhoop is lang in frij foarmleas gehiel fan streekjes west, mar begjint de lêste tiid troch werynrjochting en nijbou hieltyd mear it karakter fan in doarp te krijen.

De Westerein is in streekdoarp op it westlik ein fan de sweach fan Kollum, in keiliemrêch op ’e grins fan in nochal hege streek en legere feangebieden oan de noardwestkant.

Dantumadiel rûn ynearsten troch yn eastlike rjochting, mar doe’t Kollumerlân oan it ein fan de 14e ieu foarme waard, kaam de grins eastlik fan de Westerein te lizzen. De grins mei Achtkarspelen leit oan de súdkant. De lânskiplike ferkaveling mei wegen en paden en de bebouwingsstruktuer rinne troch by de doarpen De Westerein, Sweagerbosk en Twizelerheide. De even westliker lizzende Nije Feart is noardliker as Petsleat en Nije Swemmer mei it Dokkumer Grutdjip ferbûn. Nei it suden foarmet er as Kûkhernster Feart de ferbining nei de Burgumer Mar en is al ieuwen in goede ûntsluting fan it doarpsgebiet fan De Westerein. Eartiids hearde ek in stik fan it noardlike part fan de grinsbuert Kúkherne by De Westerein. Oan de ûntginningswei yn it noarden, de Foarstrjitte, wie al betiid agraryske bebouwing te finen.

Yn de 18e ieu setten ferearme lju, losse arbeiders, feanarbeiders en sutelers harren nei wenjen op de ôfplagge heide yn it suden en foarmen dêr in archipel fan spitketen en heidehutten. Al gau oertroffen de spitketen de al besteande wenten en wâldspultsjes oan de Foarstrjitte yn oantal. Nei 1910 kaam der stadichoan ferbettering yn de wensituaasje troch de aktiviteiten fan ûnder mear de wenningbouferieningen. De ynearsten noch lytse hûzen ferfongen de keten. Fan de earste wenningwetwenten (1912) besteane allinne noch in twatal oan de Tolwei, súdlik fan de spoardyk. De lêste spitkeet koe yn 1939 sloopt wurde.

De herfoarme tsjerke út 1836 wie in ienfâldich gebou op in T foarmige plattegrûn mei in lytse geveltoer. Yn 1966 waard de tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in grutte, moderne tsjerke oan de Skoallestrjitte, wêrfan de tsjerkeseal mei in sealdak dekt is en it front markearre wurdt troch in hege, iepen klokketoer. De minnistetsjerke oan de Foarstrjitte, in lytse tradisjonele sealtsjerke mei dekorative rûnbôgefinsters, hat in front mei in licht útboude tagongspartij, dy’t boppe it dak trochrint ta in toerfoarmige muorreskiif mei in hege pinakel as bekroaning.

Oan it ein fan de 18e ieu sette de út Hessen ôfkomstige Joadske keapman Salomon Levy him ta wenjen yn De Westerein. Hy lei dêr de basis foar lytshannel yn ûnder mear tekstyl en dêrmei foar it suteljen mei in ferskaat oan produkten, foaral foar de kleanyndustry. It hat it karakter fan de befolking en de delsetting foarme.

Oan de Foarstrjitte binne ferskate oantinkens oan de tekstylyndustry te finen. ‘Texo Baarsma’, in tekstylgruthannel, is in foars gebou dat foar in part pleistere is en fan in fersoarge winkelpei foarsjoen is yn foarmen fan de fernijingsstyl. De eardere konfeksjefabryk ‘N.V. Handelsvereeniging v/h Baarsma’ is in konfeksje-atelier út 1927 mei in foarhûs út 1926. It ûntwerp is fan A.Pijkstra yn de foar dy tiid tekene ekspresjonistyske foarmen. Dat jildt ek foar de eardere tekstylgruthannel fan de ‘Firma H.Elzinga’ út ein jierren tweintich wêrby it ekspresjonisme yn it blokfoarmige bedriuwsgebou mei moai mitselwurk saaklik strak ferwurke is. Yn dit gebou is ek in wenning.

De âlde ûntginningsas, de Foarstrjitte, fertelt as gehiel in protte oer de skiednis fan De Westerein, mar net alles. De spitketen binne allegearre ferdwûn, mar der stiet noch wol in wâldhúske mei reiden dak út ûngefear 1880. Fierder steane yn de Foarstrjitte de wat deftiger boargerhuzen, bygelyks in moai eksimplaar út it ein fan de 19e ieu yn neorenêssânse styl en it wenhûs Jeremi út 1911 yn fernijingsstyl. Yn 1902 krige it spoar fan Ljouwert nei Grins, dy’t al yn 1866 súdlik fan it doarp oanlein wie, in halte yn De Westerein. Oan de eastkant fan de Ferlingde Stasjonsstrjitte stiet noch in rige lytse boargerhuzen út de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu dy’t fan de gefolgen fan dizze ûntwikkeling tsjûget. Dêrnei is it doarp yn súdlike rjochting útwreide, in proses dat nei de oarloch sterk trochsette, wêrby de bou fan sosjale wenten sterk oerhearsket.

De Wylgen is in streekdoarp dat lang in buorskip by Boarnburgum wie. It hat tsjerke noch skoalle en hat dy foarsjenningen ek nea hân. Boppedat is de delsetting oant inkele tsientallen jierren nei de Twadde Wrâldoarloch beskieden bleaun. De streek stiet al oanjûn op de gritenijkaart (1718) yn de atlas fan Schotanus en dêr is it in troch beammen omseame koarte streek wêrby oan de súdkant ikkers lizze.

Oan it ein fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by Boarnburgum: ‘Hier onder behooren veele buurten. … In ’t Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oosterlyker ’t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ’t Kerkhof nog te zien is. In ’t Noorden ligt de Middelgaast, verder opwaards de Wilgen, en nog wat verder, het geweezen Klooster of Smallen Eester Konvent.’

De buorskip De Wylgen hat in ûntsluting fia de nei it noarden groeven Wylger Sleat rjochting de oergong fan it Smeliester Sân nei it Geaster Gat. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 stiet der al wat mear bebouwing by de dyk mei de Postbrêge oer de Drait lâns, rjochting Drachten, en oan de Drachtster Heawei dy’t de Grutte Feanpolder ynliedt. Oan de no noch besteande bebouwing is te sjen dat it in agraryske delsetting west hat mei in ferskaat oan pleatsen en arbeiderswenten.

Fanôf de santiger jierren is De Wylgen in forinzeplak op’ e drompel fan it sterk útwreide Drachten. De pleatsen binne hast allegearre geskikt makke foar bewenning. De arbeiderswenten binne of sloopt en ferfongen troch huzen dy’t oan de hjoeddeiske easken fan wenkomfort foldogge of útwreide mei foarse eleminten. Ek de stedske túnkultuer is meinommen troch de forinzen. Fierder nei it easten steane oan de Drachtster Heawei pleatsen dy’t noch fol yn bedriuw binne, wêrfan inkele monumintale mei de Mr.M.Singenberghoeve út de tweintiger jierren as hichtepunt. Noardlik fan de streek is de Drachtster wetterwyk De Sanding ûntwikkele, dy’t administratyf ûnder De Wylgen rekkene wurdt.

It terpdoarp Dearsum leit oan de súdeastlike dyk fan de eardere Middelsee. It is in âld terpdoarp alhoewol ‘t dêr net folle fan te fernimmen is; lykwols binne der hjir en yn de omjouwing argeologyske fynsten dien, dy ‘t datearje fan foar it begjin fan de jiertelling. Nei ‘t de Middelsee oan- en tichtslike wie kamen der flinke stikken nijlân by it doarp.

De terp fan Dearsum en de oan beide kanten beboude buert mei in soad grien, dy ‘t nei it suden ta rint, stiet skean op de âlde wetterkearing. Dearsum hat in betreklik losse bebouwing fan benammen huzen mei foartunen – mei op de hoeke in brede notabele wenning – en in pear pleatsen. Tsjin de tsjerke en pastorije oer hat him, ticht op ‘e dyk, in oanien sletten buertsje foarme. De pastorije stiet yn in royale tún; in breed bouwurk mei neoklassicistyske kenmerken foar de perioade fan koart nei it midden fan de 19e ieu. It hûs hat fleugels en in hege middenpartij mei in djippe tagongsportyk en in frontonfoarmige bekroaning.

Nei ‘t de âlde middelseedyk bepune wie ta in rydwei fan Snits nei Ljouwert, hat it doarp him amper by dy nije ferkearsier lâns ûntwikkele. Op de hoeke kaam wol in herberch. Letter waard dizze útspanning in kafee, ytkafee en no is it in restaurant. Súdwestlik fan de krusing leit in buertsje fan inkele huzen en in stjelpbuorkerij en noardlik noch wat losse bebouwing. Dearsum is al mear as in ieu ferneamd om syn feefokkerij.

De tsjerke, wijd oan Sint Pieter, stiet op in hôf mei hikken en hagen en wat bebouwing deromhinne. It bouwurk hat romaanske karaktertrekken, foaral oan de noardkant. It rûnsletten koar is de belangrykste oanwizing om de tsjerke, oplutsen fan ferskillende soarten reade stien, op om-ende-by 1200 te datearjen. De sydmuorre hat foaral goatyske kenmerken mei brede spitsbôgefinsters. De slanke, karakteristike sealdaktoer siet foar de westgevel en hat oan alle kanten twa rûnbôgige galmgatten en op de geveltuten betreklik hege pinakels.

Nei de reedriderssuksessen fan doarpsgenoat Ids Postma is Dearsum mei ûngefear 150 ynwenners, sa ‘n bytsje wrâldferneamd wurden. Lofts fan de iennichste en ek noch dearinnende dyk stiet in brede ein-19e –ieuske wenning, dêr ‘t de Fryske dichter Douwe Kalma opgroeid is.

Dedzjum is in terpdoarp; yn it lânskip is de omtrek fan de oarspronklike, rûne terp noch te werkennen. Deddingaheem wurdt foar it earst yn 855 yn de boarnen neamd.

It doarp leit tusken de Warkumer Trekfeart en de yn 1634 droechleine Sensmar yn. It lânskip fan leechlizzende greidlannen deromhinne hat syn wjerslach op it doarp hân; de bebouwing is meast agrarysk fan karakter mei relatyf in soad buorkerijen. Oan de noardkant stean restanten fan in wetterbuert oan de feart en wat fierder nei it noarden ta leit it agraryske buorskip Arkum, besteande út in pear grutte pleatsen op in terp, dy’t ek ôfgroeven is. Op Ysgum yn it suden, eartiids ek in terpbuertsje, stiet noch mar ien pleats.

Foar it oare is it Dedzjumer doarpsgebiet lyts. It liket dat de huzen en buorkerijen yn buerten yn it noarden en it suden groepearre binne, yn ‘e buert fan de tsjerke is de bebouwing mear iepen. De terp mei tsjerke is sterk ôfgroeven, wat foaral oan de súdkant goed te sjen is. Der stiet op in kearmuorre in fraai izeren stek om it tsjerkhôf hinne. Der is noch in foto bewarre bleaun fan in flinke 13e-ieuske tsjerke mei in healrûn koar en in sealdaktoer. Dizze tsjerke is yn 1889 ferfongen troch in nij tsjerkegebou. De fraaie poarte is destiids oerbrocht nei it doe krekt stichte Frysk Museum yn Ljouwert, mar de snieëne banken binne opromme.

De nije tsjerke is ûntwurpen troch Jan van Reenen, de arsjitekt dy ‘t de toer fan Skettens en nei alle gedachten ek de tsjerke mei toer fan Himmelum tekene hat. It is in flinke tsjerke mei in skip fan fjouwer rûnbôgige finsterfakken djip yn in trijekantich sletten koar. De slanke, hege toer sjocht der opfallend goed fersoarge út mei de wat libbender meitsjende nissen yn de ûnderste segminten, oerwurkplaten, galmgatten en in detaillearre kroanlist mei dêrop de ynsnuorre nullespits. Eartiids wie nochal in grut part fan de befolking yn Dedzjum roomsk-katolyk, mids 19e ieu noch 62 %. Hjoeddei leit it der gâns oars hinne, nei alle gedachten omdat de roomsk-katoliken nei it tichteby lizzende Blauhús ferhuzen.

Deinum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch westlik fan de Middelsee ûntstien is. De radiale struktuer fan de terp is goed bewarre bleaun en te ûnderfinen fan de noch oanwêzige ringwei ôf, de Sint-Janswei, foar de Herfoarming de Processieweg op Sint-Jansdei.

Oan dizze ringwei is in ferskiedenheid oan bebouwing te finen. Hoewol ‘t yn ieuwenâlde beskriuwingen iderkear meld wurdt dat Deinum in doarp is fan skieppe- en bargeslachters, stiet oan de Sint-Janswei ek in pân dat wiist op in oare hannel, in neoklassicistysk gebou mids19e ieu mei in tsiissouder mei healrûne finsters. Oan de ringwei steane in grut pân fan in eardere kûperij mei direkteurswenning en in boerepleats mei in foarein yn fernijingsstyl. Deinum wie sûnt de 17e ieu al goed ûntsletten; it kaam doe frijwol op de wâlskant fan de Harnzer Trekfeart te lizzen. Dêr kaam dan ek in, wiles ferdwûn bûten Welgelegen, ta stân. Ein 19e ieu is de terp diels ôfgroeven, foaral oan de westkant, dêr ‘t no ûnder mear noch in iepen kampe lân leit.

It oansjenlike oerbliuwsel fan de terp is it hege poadium fan de tsjerke. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp pronkt met een schoone groote kerk en kloktoren van een byzonder maaksel, rondsom voorzien met huizen.” It “byzondere maaksel” is de “sipel op ‘e toer”, de bekroaning op ‘e toer yn de foarm fan in sipel, wêr ‘t sels ferskes oer songen wurde. De tsjerke is wijd oan Sint-Jan de Doper. It is oarspronklik in letromaansk bouwurk út de 13e ieu, dat noch al ris fergrutte en feroare is: oan de eastkant kaam in fiifkantich sletten koar. De toer datearret fan 1550-1567. De sipelfoarmige spits mei hoekepinakels kaam, nei de Herfoarming, yn 1589 ta stân. De tsjerke herberget in kolleksje grêfsarken fan eksellinte kwaliteit.

Noardeastlik fan Deinum leit oan wjerskanten fan it Sylsterrak – in stik fan de Harnzer Trekfeart – it buorskip Ritsumasyl, dat diels by Marsum heart.

It streekdoarp Dolsterhuzen hat eartiids, yn de tiid fan de ferfeanings yn benammen de 18e en 19e ieu by de gritenij en letter gemeente Schoterland heard. Dêrnei is it doarp in tiidlang by Haskerlân yndield west en no is Dolsterhuzen it noardlikste doarp fan Lemsterlân. Al dizze wikselings ha de rêst fan it fiif kilometer lange doarp amper fersteurd.

Dolsterhuzen is mooglik it meast iepen streekdoarp fan Fryslân. De noardlike grins is de Ruytenschildtbrug oer de brede Broeresleat of Vierhuistervaart. De súdlike is de noch bredere Pier Christiaanssleat dy ‘t eartiids de grins wie tusken Lemsterlân en Skoatterlân. Boppedat hearden doe de Skoatter Uterdiken, in fiif kilometer lange polderstrook oant en mei de Skoatter Syl westlik fan de Tsjonger, noch by dit doarp. Dêrtroch hat Dolsterhuzen in tige grut útrutsen tinbefolke doarpsgebiet. Efter de streek leit de feanpolder Dolsterhuzen, wêr ‘t mids de 20e ieu noch wat ferfeanings plakfûnen. De polder fan 800 ha is yn 1919 oprjochte om it útfeane lân nei de bepoldering wer yn kultuer te bringen. Allinne fuort oan de noardkant fan de Pier Christiaanssleat is de bebouwing konsintrearre ta in kom mei ek noch wat nei-oarlochske folkshúsfesting. Lykwols stean dêr ek minder huzen dan oan de oare kant, wêr ‘t Ychtenbrêge him útstrekt. Wol hie krekt Dolsterhuzen in koöperative suvelfabryk. Boppedat ha har by beide doarpen foarsjennings ûntwikkele foar wetterrekreanten, sa as in kafee-restaurant op it hoekje by de brêge. Bûten dizze brêgebuorren leit de agraryske bebouwing frijwat ferspraat oan de Marwei, dy ‘t hjir en dêr de igge fan de Tsjûkemar rekket.

Sels de doarpstsjerke docht mei yn dizze losse struktuer. De mei lisenen yn finsterfekken yndielde sealtsjerke hat in gevel mei skouders en voluten, in rjochte sluting en in yn de westlike gevel opnommen toer mei ynsnuorre nullespits. De tsjerke is yn 1908 boud nei in ûntwerp fan J. Schreur. It tsjerkhôf leit even eastliker oan de oare kant fan de Marwei. Der stiet in baarhokje út ein19e ieu.

Diken is in streekdoarp oan de eastlike wâl de Kûferdermar. Oan de oare kant fan dizze mar hearde ek noch in brede strook lân oan de Noarder Ie en Smelbrêge by Diken. Mar dat is nei de lêste oarloch mei it lân noardlik en súdlik dêrfan, dat by Langwar en Teroele hearde, foarme ta it nije doarp Kûferderigge.

It noardlike part oan de eastkant fan de Kûferdermar – earder rekkene by Langwar – is fan oarsprong in wetterstreek. Dêr wienen de pleatsen rjochte op ‘e Kraansleat. Dit is no in dearinnende sleat by de buorkerij Hoek. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorpje ten Noorden van Ter Oele. Het land is hier laag, en grenst aan de Koevorde: tegenwoordig staaan er maar elf Boerenplaatsen; doch ‘er worden verscheiden Huissteeden gezien, ook ter plaatse daar voorheen het buurtje de Kattebuuren plag te zyn. Weleer zag men hier ook eene Solkama State.”

Op de gritenijkaart fan Doniawerstal binne tusken de pleatsen yn yndie in soad lege hiemen – de hússteden – te sjen en ek it buertsje Katteburen tusken Langwar en Diken yn bestiet inkeld út lege plakken. De stins of state Solkema stiet yn 1718 wol, mar yn 1850 net mear op de kaart. De tsjerke is om 1700 hinne yn ferfal rekke. It sil nei alle gedachten net in weardefol gebou west ha, want it is net ‘op ôfbraak ferkocht’, mar ferwurden ta in ruïne. Op it heechlizzende tsjerkhôf is in klokkestoel mei in helmdak pleatst. Foar it tsjerkhôf, dat ynpakt is yn in moaie tichte seame fan beammen en struken, stiet in lyts mar fraai stek. De boerestreek bestiet út in ein út elkoar steande, meastal grutte pleatsen. Yn ‘e bocht in buorkerij fan even nei 1900 en yn it noardlike part ûnder mear in kop-hals-romppleats mei in molkenkelder út healwei de 19e ieu. Súdeastlik fan de trijesprong steane in deftige stjelp yn neoklassicistyske foarmtaal en in kop-hals-romppleats ticht by elkoar.

Doanjum is in terpdoarp op in kwelderrêch, wêr ‘t de wat fierder nei it easten lizzende doarpen Boer en Ried ek op leinen en dy’t nei it westen ta trochrint mei it buorskip Foarryp en it doarp Winaem. Frijwat eastliker fan it doarp is it troch de Doanjumer Feart ferbûn mei de âlde slinke fan de Ryd. Doanjum leit noch gjin twa kilometer fan de Slachtedyk ôf, mar it is abslút net op de dyk oriïntearre. Tusken de Slachte en Doanjum yn lei tusken de Beintsemiedleane en de Hovensreed krekt in leechlizzende streek, dy ‘t sels de Doanjumer Mar neamd waard. De yn 1776 ynpoldere leechte is in oerbliuwsel fan in âlde seeslinke, de Ryd.

Om Doanjum hinne lizze ikkers en greiden. It doarp bestiet út inkele streekjes oan de Frjentsjerterdyk en de dêrop krusende Doanjumerdyk. Efter de bebouwingsstreken is nei de oarloch in oansjenlike wenwyk kommen.

Súdlik fan de Doanjumerdyk stiet wat ôfsidich de Herfoarme tsjerke. Dizze ienfâldige tsjerke is yn 1777 boud ta ferfanging fan in âld godshûs. It hat readbrún muorrewurk mei sparfjilden tusken lisenen en mei rûnbôgefinsters, in trijekantich sletten koar en in fjouwerkante toer mei spits. Yn de tsjerke freget in monumint yn it koar de oandacht: de moarmeren grêftombe mei portretbúste, yn 1737 makke troch Jean Baptist Xaverij foar Sicco van Gosliga, “grytman fan Franekeradeel en gedeputeerde te velde” en Johanna Isabella, baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

De Goslinga ‘s dy ‘t it yn ‘e rin fan de 17e ieu yn Frjentsjeradiel te sizzen krigen, wennen yn earsten op Sikkemastate yn Hjelbeam. Om-ende-by 1670 bouden se by Doanjum Goslingastate, dy ‘t yn 1803 wer ôfbrutsen is. De meast nijsgjirrige bewenner, Sicco van Goslinga (1664-1731), ûntwikkele him nei syn stúdzjes yn binne- en bûtelân, ta deputearre yn ‘e tiid fan de Spaanske Successie-oarloch. Letter wie hy ambassadeur fan de Republyk by de ûnderhandelingen foar de “Vrede van Utrecht” yn 1712 – 1713 en oan it hôf fan Loadewyk XIV yn Versailles yn 1714.

Dunegea is in streekdoarp tusken Sint Nyk yn Skarsterlân en Follegea yn Lemsterlân yn. De namme jout oan dat it doarp ea it bestjoerssintrum fan de gritenij west hat, mar dat is net mear merkber.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “t’Zuidelykste Dorp der Grieteny, die daarvan haaren naam ontvangt, ligt anderhalve uur gaans van de Lemmer, ten Zuidwesten van Oldouwer, en is voorzien met een Kerk zonder toren. Men zegt dat de Saxischen hier in ‘t jaar 1408, zeven en twintig huizen hebben afgebrand; thans zyn ‘er zestien, uitmaakende evenzo veel boereplaatsen”.

It is no in boerestreek mei in tal kloeke pleatsen. Ungefear healwei de dyk leit it frijwat heech lizzende tsjerkhôf. De tsjerke is begjin 19e ieu sloopt, nei‘t hy yn 1722 de toer ferlern hie. Nei alle gedachten stie der fan de santjinde ieu ôf al in klokkestoel by en dy is, nei wat fernijingen noch altyd oanwêzich. Op it hege hôf, mei dêr omhinne in fariearde seame mei beammen – sa as in treurbeam by it stek – stiet de klokkestoel ek noch op in eigen ferheging. Der hinget in liedklok yn dy’t Aernt Butendiic yn 1460 getten hat.

Yn it noardlike part fan de streek lizze de boerepleatsen frij fier fan de Wielwei ôf. Oan de dyk stiet wol in kafee De Wiel, in middengongwenning yn ienfâldige neo-renêssânsestyl. Skean dêr tsjinoer leit in opfallend goed fersoarge detaillearre stjelp mei molkenkelder yn it midden en blinen foar de ruten. Krekt súdliker stiet in kop-hals-romppleats fan reade Grinzer stien út de perioade fan fuort nei de oarloch. Der steane inkele huzen ferspraat by de dyk lâns. Súdliker leit de magistrale Meerhoeve, in kop-rompbuorkerij. De foarein hat in opfallend hege molkenkelder, wêrby‘t de boppeljochten fan de lûken fantasyfolle roeden ha. It súdlikste buertsje dat romtlik noch by Dunegea heart, heart by Follegea. Westlik fan it doarp leit yn it lânskip noch it trasee fan de eardere trambaan fan de Lemmer nei Sint Nyk.

Donkerbroek is in streekdoarp dat mooglik al yn de 13e ieu ûntstien is tusken Hoarnstersweach en de Haule, oan de fan west nei east rinnende dyk, op in wat hegere rêch yn it lân noardlik fan de Tsjonger. It doarp is dêrmei ien fan de âldere delsettings yn de wide omkriten.

It is al ein 18e ieu dat der in sterke feroaring komt yn dit rêstige agraryske streekdoarp, as fan it noarden út de Opsterlânske Kompanjonsfeart fan it buorskip Lyts Grins ôf yn súdlike rjochting trochlutsen wurdt. Op de krusing fan dyk en feart waard yn 1789 de earste brêge slein.

De ferfeanings binne foar de fierdere ûntwikkeling fan Donkerbroek en omkriten fan grut belang west, mar evengoed is it doarp gjin feanûntginningsdoarp wurden. Der binne plannen west om it feanpakket te brûken foar it winnen fan turf, wêr’t men earst wiken fan de feart út wei grave moast. It is der net fan kommen. Der folgen wol bou-ûntwikkelings oan de feart, sels foar yndustriële aktiviteiten. Sadwaande krige de streek in krúsfoarmich karakter. Noardlik fan Donkerbroek binne by de Kompanjonsfeart yn de tiid fan de feaneksploitaasjes de buorskippen Petersburg en Moskou ûntstien. Dôchs bleau de bebouwing by de Herenweg lâns it meast dominant. Om 1850 hinne reaune de buorkerijen har by dizze dyk lâns oanelkoar. Yn 1861 waard de dyk troch it doarp fluorre en yn 1888 waard de dyk oer Haule nei Veenhuizen ferhurde. Ek by de feart lâns kaam wat bebouwing. De âlde draaibrêge waard yn 1856 ferfongen troch in izeren draaibrêge.

Noardeastlik fan de Kompanjonsfeart waard yn 1898 in suvelfabryk boud, letter folge troch in “Coöperatieve Aankoopvereniging Friesland” fan boeren. Dizze stiet oan de Fruitier de Talmaweg oan de feart, in kompleks út 1911 fan horizontale en fertikale, saaklike bou-eleminten mei sierlike details yn fernijingsstyl. De silo is healwei de fyftiger jierren oprjochte.

Alhiel yn it westen fan de streek stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1714 boud waard as ferfanging fan de midsieuske, oan de Sint-Laurentius wijde tsjerke, dêr ‘t noch wat muorrewurk fan bewarre bleaun is. De yn de westlike gevel opnommen toer is earst yn 1860 oplutsen. De yngong fan de tsjerke is ek yn de ferboutiid bekroand mei byldhoude wapenstien. De preekstoel is mooglik yn de boutiid of even letter yn de tsjerke pleatst. It oargel is om 1700 hinne boud foar de roomskkatolike tsjerke fan Jutphaas en is yn 1879 yn dizze tsjerke pleatst. Foar de eardere tsjerke sûnder toer stiet op it hôf in dûbele houten klokkestoel, dy ‘t in pear kear fernijd is, mei in klok fan om-ende-by 1300, makke troch Geert van Wou en noch letter ien fan Johan Schonenborch út 1520.

De bebouwing by de Herenweg en de G.W. Smitweg lâns waard tichter en wreide him út yn de rjochting fan Haule. Ek ‘t West, rjochting Hoarnstersweach, rekke beboud. Dêr stiet noch in tolhúske út sawat 1860. Boppedat kaam der oan de sydpaden, sa as de Schapendrift en de Balkweg, bebouwing.

Oan de lêste dyk, dêr ‘t begjin de 20e ieu ek de trambaan lein waard, kaam yn 1845 it bûtenhûs “Ontwijk” ta stân yn opdracht fan R.L. Fruitier de Talma en J.W. Berghuis. It neoklassicistyske gebou hat in blokt bepleistere front en boppe de tagongspartij in fronton. Yn it suden waarden boskperselen oanplante. Yn 1928 waard it bûten mei bosken oankocht troch inkele notabelen, dy ‘t dêrta de “Vereeniging tot Behoud van Natuurschoon” oprjochte hienen, in bysûnder foarlik inisjatyf op it terrein fan natuerbehâld. It waard, mei de bosken, yn 1969 oerdroegen oan Staatsbosbeheer.

Underwilens waard der amper boud by de Kompanjonsfeart lâns. Útsûnderings binne wat frijsteande boargerswenten en in rychje wâldebuorkerijkes, wenhuzen mei oan de efterkant in stâl, dy ‘t yn 1920 yn it kader fan de Wenningwet oan de Herenwal boud binne. Hjirfan is ien fan de fiif sloopt. Fuort nei de oarloch kamen der goede projekten fan folkshúsfesting ta stân oan de Schapendrift en de Wemerstraat. Nei dy tiid hat Donkerbroek him foaral flink útwreide oan de súdeastkant.

Drachten is in flekke, in grut plak, dat ûntstien is út in dûbel streekdoarp. Oant al in stikhinne yn ‘e 17e ieu wie der noch gjin sprake fan Drachten. Der wienen twa boerestreken: de Noarderdracht en de Suderdracht, beide neamd nei wetterstreamen fuortby yn de omjouwing. Noarderdracht is neamd nei de Kleine Dracht yn ‘e buert fan De Kletten en de Suderdracht ontlient syn namme oan de flinke wetterrin De Drait, dy ‘t noch altyd nei It Súd rint. De buorskippen hienen om 1200 hinne lytse tsjerkjes mei hôven en koenen beide in doarp neamd wurde.

Yn Noarderdracht stienen yn de Midsieuwen by de Oudeweg en it Noord lâns sa ‘n tweintich boerepleatsen en yn Suderdracht goed tritich. Oant yn de 17e ieu ta feroare der net safolle yn dizze agraryske delsettingen. Yn 1743 kaam der tusken de twa streken yn in folweardige tsjerke ta stân, in let gefolch fan de ommekear fan in ieu letter. De buerttsjerken binne al sûnt lang ferdwûn mar beide tsjerkhôven bestean noch.

De ommekear en oergong kaam yn 1641 doe ‘t de Drachtster Kompanjons in kontrakt sletten om it heechfean eastlik fan de beide streken ôf te graven en ta turf te ferwurkjen. Fuortendaliks waard útein set mei it graven fan de feart en stadichoan ek mei de wiken, de sleatten yn it fean. Somtiden wurken der wol sa ‘n 800 man. Doe ‘t de ynfrastruktuer der lei, gie men yn it fean oan it wurk. Al gau wienen der mear feanarbeiders as de oarspronklike boerebefolking. De twa buerten groeiden nei elkoar ta. Oan de nij groeven Drachtster feart setten har winkellju en keaplju te wenjen; se kamen ôf op de befolkingsympuls. Tal fan nearingdwaanden, ambachtlike en(iere)yndustriële bedriuwen seagen harren kâns en fêstigen har graach oan of yn ‘e buert fan de feart.

Drachten waard sadwaande in flekke fan middenstanners en arbeiders. Nei ‘t de betsjutting fan de turfwinning yn ‘e rin fan de 19e ieu minder waard, bleau Drachten him ûntwikkeljen mei in ferskaat oan bedriuwichheid. Drachten stuts oare doarpen nei de kroan, sa as it âlde en deftige Aldegea, dêr ‘t eartiids it gritenijbestjoer setele. It nije gritenijhûs waard yn 1830 yn Drachten boud. By kalkbrânerijen en skipswerven fûnen in soad minsken wurk. In learloaierij hie tsientallen minsken yn tsjinst en dat oantal groeide noch doe ‘t mei de fabrikaazje fan skuon útein set waard. De oaljemûne krige in nij libben mei de Balata yndústry. Beide fabriken waarden letter ûnderdiel fan it Dunlop-konsern. Fierders kamen der ûnder oaren in sûkerijfabryk, tabaksfabriken en in blikfabryk . Begjin 20e ieu waarden oan it Moleneind in suvelfabryk en in betonfabryk boud.

Sommige bedriuwen lieten wenningen foar har personiel bouwe en bou-ûndernimmers spilen yn op dizze fraach nei wenten. Der kamen typyske arbeidersbuerten, mar ek deftiger strjitten wêr ‘t de elite en yndustriëlen har te wenjen setten. De Noarder- en Suderbuert ûntwikkelen har ta in streek fan winkels. Nei de oarloch kaam der op partikulier inisjatyf in “Industriecommissie” en súdlik fan de Lange West (de eardere Meeuwweg) lei de gemeente in earste yndustryterrein oan. It slagge de Industriecommissie om oan de Oliemolenstraat in yndustryhal te realisearjen, in saneamde “aanloophal”. Yn septimber 1950 koe men yn Drachten Philips wolkom hjitte; it betsjutte in sterke ympuls foar it iverige en warbere Drachten. Yn in foarlopich ûnderkommen koenen tritich famkes begjinne mei de montaazje fan skearapparaten. De gemeente wie behelpsum by it stichtsjen fan in montaazjehal oan de Oliemolenstraat. It iene jier nei it oare kamen der mear fabrykshallen by. Tusken de Oliemolenstraat en de Noorderhogeweg groeide in grutte Philips-delsetting, wêr ‘t yn de santiger jierren sa ‘n 2500 minsken wurken. Al dizze wurknimmers en dy fan de taleverings- en oare bedriuwen dy ‘t op it dynamyske Drachten ôfkamen, moasten húsfeste wurde. Want reizgen de measte famkes en manlju út de omjouwing yn ‘t earstoan mei de bus hinne en wer, oan de winsk om by it wurk te wenjen, moast ek foldien wurde. De gemeente makke útwreidingsplan nei útwreidingsplan. It earste yn it noardeasten en mei namme de wenningboukorporaasjes folden de wiken op mei wenningen. Ek sy dielden mei yn de dynamyk fan de “boomtown” Drachten. Foar kultuer en ûntspanning waard De Lawei foar Drachten en wide omkriten in ferneamd sintrum.

Drachtster Kompenije is in streekdoarp dat yn ‘e twadde helte fan de 18e ieu ûntstien is út in pear buertsjes by it gearkommen fan in oantal feanwiken mei de Kompenijstersdwersfeart. Al gâns earder wie op dit plak bewenning: by De Knobben is in grêfheuvel út de brûnstiid fûn. Troch it oplûkende fean is bewenning net mooglik wurden. Dit heechfean is fan healwei de 18e ieu ôf fergroeven. Oan it ein fan dy ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by de beskriuwing van De Pein dat der yn it easten in grutte oerflakte oan “hoog en vergraaven Veenland, naast aan de Drachten tot aan de Ommelanden uitloopt, onder den naam van Folger Veenen”, it Drachtster Kompenije fan no mei in ferskaat oan buerten en huzen.

Doe ‘t de ferfeaning yn dizze streek dien wie, ferfarden de feanarbeiders fierderop nei oare plakken wêr ‘t wer nij wurk lei te wachtsjen, nei Nij Beets bgl. Yn de Drachtster feanen bleaunen ek arbeiders te wenjen. Sy besochten mei it yn kultuer bringen fan it lân in nij bestean op te bouwen. Sadwaande kamen der buertsjes by: de Meerwijk en de Korte Wijk en de dyk dwers dêrop. Fierders ûntwikkele him oan beide kanten fan De Feart, de Kompenijstersdwersfeart, in wat mear iepen bebouwing fan wenten mei skuorkes en boerepleatsen.

Fan de earste helte fan de 19e ieu ôf kamen der de earste kollektive foarsjennings. Yn 1834 kaam der in skoalle, dy ‘t yn 1869, tagelyk mei de bou fan in skoalhûs, fergrutte waard. Yn 1850 waard op de kop fan de feart in Herfoarme tsjerke boud. De ôfskiedenen bouden der in sealtsje.

Nei de oarloch binne oan de Smidswei en de Swarte Wyk folkswenningen boud, yn de santiger jierren folge troch huzen oan bgl. It Heechfean en yn de njoggentiger jierren de nijbou oan de Pream efter de besteande bebouwing, op sa ‘n wize dat it lânskip net fersteurd wurdt. Yn 1993 wurdt der in achttal wenningen fan nei de oarloch yn it sintrum fan ‘e Tsjerkebuorren ferfongen troch nijbou. Skoalle en tsjerke wienen doe al fernijd.

Driezum is in streekdoarp yn it easten fan Dantumadiel en it meast eastlike doarp op de sânrêch fan de Dokkumer Wâlden. It is in doarp mei in manifeste ûntwikkelingsas, wêr ‘t letter in oantal dwersstrjitten op oanlein binne. De Voorweg en de Achterweg komme hjir bijelkoar en op dy moeting is in doarpskom ûntstien. Eastlik fan it doarp, rjochting Strobosser Trekfeart lei de agraryske buert Eastwâld mei flinke, soms monumintale pleatsen út de 19e ieu. De buorkerijen oan de Achterweg binne ienfâldiger, mar ek âlder. Oan de râne fan de doarpskearn, de H.G. van der Veenstraat, stiet in ûnferwacht jong eksimplaar mei in foarein yn art nouveau-styl, dêr ‘t mei namme de elegante daklistfersiering by opfalt.

De Herfoarme tsjerke is yn 1713 boud as ferfanging fan it ferfallen tsjerkegebou. Boppe de noardlike yngong sit de yn it Latyn stelde earste stien en boppe de súdlike yngong in sinnewizer. De toer is yn 1876 ferriisd. Oan de binnekant binne yn de damen tusken de finsters byldhoude wapen-cartouches pleatst; in pear dêrfan datearje út de 16e ieu (1581). It meubilêr mei in nachtmielstafel en in hearebank fan de famylje Van Sytzama datearret foar in grut part út de 18e ieu. Oare hearebanken binne út de boutiid fan ‘e tsjerke en ien fan ein 18e ieu. Efter de tsjerke stiet it skoalhûs dat nei in brân yn 1787 opnij boud is. It is in dwershûs mei sealdak mei in ta halsgevel oplutsen middenpartij.

Eastlik fan de doarpskom leit Rinsmastate, wêr ‘t de namme fan de Sytzama ‘s oan ferbûn is. De state is faak feroare en yn 1843 ferfongen troch in neoklassicistysk gebou mei fleugels. It middengebou waard yn 1944 troch bommen troffen, mar de fleugels koene behâlden bliuwe. It haadgebou is yn 1947-1948 yn bakstien ferboud en waard fan 1972 oant 1999 brûkt as gemeentehûs. Sawol foar as efter binne lânskiplike romantyske tunen út de 19e ieu mei wetterpartijen, âlde beammen en stinzefloara oanlein. Oan de Van Sytzamaweg stiet ek de út om-ende-by 1883 datearjende túnmanswenning fan Rinsmastate.

Droegeham is in komdoarp dat heech leit oan en om de Tsjerkebuorren hinne, dat stadichoan útgroeid is ta in dyksdoarp, de Buorren. Ek is der noch de Ikebuorren, dy ‘t oan it begjin fan de 20e ieu as in brinkeftige romte midden yn it doarp lei en yndie omseame mei beammen wie. Oars as de namme seit binne it iperen beammen. De romte is der noch altyd en hat by de jongste doarpsfernijing in fleurige en kleurige ynrjochting krigen.

Droegeham wie in agrarysk doarp, wêr ‘t in pear pleatsen yn de doarpskom en oan de trochgeande dyk noch fan tsjûgje. Sa as in lytse stjelp dy ‘t opfalt omdat hy boud is fan kleurige kalksânstien. Meastal wienen it destiids ikkerbouwers, dêr ‘t no foaral feehâldersbedriuwen te finen binne yn it kûlisselânskip mei beamwâlen. Yn de súdwest-noardeast rjochte ferkavelingsstruktuer is yn 1891 de Droegehamster Feart nei it Knillesdjip groeven. Dy waard mei namme brûkt foar it transport fan Hamster sân dat oant nei de oarloch ta wûn waard. In hege beamwâl krige fan de fyftiger jierren ôf yn de súdlike doarpsútwreiding in dominant plak as in opfallende griene streek tusken de Boskloane en de Dykswâl.

Nei de oarloch is Droegeham it measte útwreide yn súdeastlike rjochting, resint sels de Lytsewei foarby, eartiids ien fan de agraryske streken fan Droegeham. Dizze dyk fiert nei it ta it doarp behearend agrarysk buorskip Hamsherne yn it suden. Dit wurdt no fan it âlde doarp ôfsnien troch de N369, dy ‘t om it doarp hinne lein is. Troch de útwreidings kaam de âlde kom fan Droegeham oan de noardwestkant te lizzen.

De doarpstsjerke stiet midden op in tsjerkhôf op in hege sânrêch, sa as op in terp. Tsjerke en toer datearje út it earste kwart fan de 13e ieu. De sealdaktoer stiet der noch, mar de tsjerke wie yn de 19e ieu boufallich wurden. Sy mocht yn 1877 fernijd wurde: op diktaat út Den Haag, wêr ‘t de monumintesoarch noch yn ‘e berneskuon stie, moast dit dien wurde yn de “bouoarder” fan de âlde tsjerke.

Dronryp is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It wie yn it begjin in agraryske delsetting wêr ‘t de bebouwing him konsintrearre om de Tsjerkebuorren hinne. Begjin 16e ieu krige Dronryp in goede ûntsluting oer it wetter: de feart tusken Ljouwert en Harns, dy ‘t yn de 17e ieu ta trekfeart ferbettere waard.

De krusing fan de feart mei de dyk, de hjoeddeiske Hearewei, Skilpaad en Dûbele Streek wie in oantreklik festigingsplak foar hannnels- en ambachtslju en fersoargjende funksjes, bgl. loazjeminten. Sa foarme him súdlik fan ‘e Tsjerkebuorren in twadde kearn, de Brêgebuorren. By en yn de omjouwing fan Dronryp stie in flink oantal staten en bûtens. Oer lân waard Dronryp yn 1842 troch it oanlizzen fan de strjitwei fan Ljouwert nei Harns, goed ûntsletten en yn 1863 kaam der súdlik fan it doarp it spoar tusken deselde stêden ta stân mei in stopplak by Dronryp, yn 1868 kaam der in stasjon.

De twa delsettingen groeiden yn ‘e rin fan ‘e tiid oan elkoar. De groei fan Dronryp wie it gefolch fan de bloeiende bedriuwichheid: wat lytse fabriken en mûnen en fan 1891 ôf ek in suvelfabryk. Der kaam wenningbou ta stân oan de Alddyk, it Skilpaad, de Hobbemasingel en de Puoldyk. Oan de Hearewei, de tagongsdyk fan de strjitwei ôf, kaam de represintative bebouwing fan de notabele wenningen mei oan de westkant grutte middengonghuzen yn parkeftige tunen. Yn 1876 waard it haventsje fan Tsjerkebuorren, dat syn funksje ferlern hie, dimpt, mar de Buwefeart dêrhinne, bleau bestean.

Yn 1940 is de trekfeart gruttendiels dimpt. Allinne oan it brede profyl is oan ‘e Brêgebuorren noch te fernimmen dat op dit plan de foar de ûntjouwing fan it doarp ienris sa wichtige trekfeart rûn. Ek de bebouwing strielt dat út. It foar in part al earder groeven en yn 1951 iepene Van Harinxmakanaal kaam bylâns de súdkant fan it yn rap tempo groeiende Dronryp te rinnen. Yn de krisis- en oarlochstiid, mar ek yn de earste desennia nei de oarloch stagnearre de groei. Fan it ein fan de sechstiger jierren ôf, doe Dronryp as forinzedoarp ûntdutsen waard, kaam de groei der wer yn. De earste nijbou wie oan de eastkant fan de Hearewei, letter ek westlik fan de Buwefeart en koartlyn op ‘e nij wer oan de eastkant. Tusken de âlde trekfeart en it nije kanaal yn binne bedriuweterreinen te finen. Sûnt de lêste desennia fan de 20e ieu komme der, yn in lange streek by de âlde rykswei lâns, nije bedriuwen ta stân.

It yn in parkeftige tún lizzende bûtenhûs Schatzenburg is fanwege it oanlizzen fan de autodyk A31mei in fiadukt, frijwat brút fan Dronryp ôfsnien. It bûten is stichte yn 1689. In ferbouwing fan 1724-1725, begelaat troch Wybe Saagmans út Ljouwert, hat de opset yntakt litten. It dekoraasjeskema waard wol feroare mei byldhouwurk fan Jacob Sydses Bruinsma. Op in frij heech sûterrain is it bûtenhûs Schatzenburg ien laach heech en foarsjoen fan in hege kape. Foar de yngong mei in omlisting fan blokfoarmen, leit in royale trepopgong . Dêrboppe is in geveltop útmitsele, foarsjoen fan in barokke bekroaning mei de alliânsjewapens Huber-de Hertoghe. Agnes Alida Huber, bewenster fan Schatzenburg, wie yn 1745 stichtster fan it frouljusgasthûs Vredenhof. De oarspronklike rige ienkeamerwenten waard in ieu nei de stichting ferdûbele. Boppedat liet it gasthûs yn 1872-1876 in rige wenningen oan It Heech bouwe.

Fan de oarspronklik romaanske tsjerke resteare noch inkele fragminten. De tsjerke waard yn 1504 ta de hjoeddeiske tsjerke fernijd yn karakteristike letgoatyske foarmen. De toer waard boud yn 1544. De ûnderbou hat twa segminten wêrfan de ûnderste mei in brede, hege yngongspartij en de boppeste mei nissen yn Goatysk trasearwurk. Hjir stiet in achtkantige stiennen lantearne op, dy ‘t op de hoeken mei pilasters fersierd is en wêr ‘t de galmgatten fan boppe-oan ek foarsjoen binne fan Goatysk trasearwurk. Oan de Dûbelestreek stiet de roomsk-katolike tsjerke út 1839, dy ‘t in ieu letter by in fergrutting fan it skip in tradisjoneel front mei toer krige.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!