Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Makkingea is oarspronklik in streekdoarp dat fan Easterwâlde út yn de 15e ieu as in agraryske ûntginningsdelsetting ûntstien is. Yn it begjin bestie it út inkele agraryske streken. Geandewei groeide der in kom om in brinkeftige romte hinne op it krúspunt fan wegen fan Easterwâlde, Aldeberkeap, Donkerbroek en Elslo út wei.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Dit Dorp is, wat de buurt aangaat, een van de voornaamsten der Grieteny; doch de Kerk is zonder toren. Tot sierraad deezer buurt dient wel inzonderheid, het huis, hier voor deezen door die van Lyklama zeer fraai opgebouwd, en nu behoorende aan den tegenwoordigen Heere Grietman. De Kerkbuurt, omtrent even als Oude Berkoop, een groen plein in het midden hebbende, ligt aan den voornoemde Boven weg.”

Súdwestlik leinen flinke buorskippen. Twijtel en Middelburen, mar fan it lêste is ûnderhân net folle mear te sjen. De letmidsieuske Lycklamastins dy’t oan de noardeastkant fan dizze krusing stie is yn 1829 ôfbrutsen. It wie de iennichste stins yn de wide omkriten en dat wiist der op dat Makkingea op in strategysk plak lei of in wisse status hie of mooglik beide. It doarp hat nei Aldeberkeap en foar Easterwâlde fan 1848 oant 1886 haadplak fan de gritenij en nei 1851 gemeente Eaststellingwerf west. Yn 1856 waard dêrta in besteand gebou ferboud ta gemeentehûs. Om dyselde tiid hinne liet grytman/boargemaster P.A. Bergsma Villa Nova as wenhûs bouwe.

Foar de ûntwikkeling wie it fan belang dat yn 1887 de Makkingeaster Feart nei de kanalisearre Tsjonger ta groeven waard en dat it yn 1914 boppedat oan de tramline fan Easterwâlde nei Stienwyk kaam te lizzen. Oan de Wemeweg is yn 1895 de suvelfabryk stichte, de Coöperatieve Melkerij ‘De Eendracht’, dy’t yn 1908 oergie op stoomkrêft. Nôtmole De Weijert waard yn 1925 oan de Lyclamaweg opnij boud, nei’t er yn De Gordyk (doe noch in houtseachmole) en Twizel earder draaid hie. Nei de oarloch hawwe der earst yn it súdeasten, dêrnei yn it súdwesten doarpsútwreidingen yn Makkingea plak fûn.

Makkum hat fan alle Fryske doarpen dy’t hast stêd wurden binne de measte stedske alluere. De skiednis hat Makkum ûnrjocht oandien. It begûn by de tsjerketerp yn it noarden, wat mear nei it suden ta groeide der in delsetting by in slûs: Statum. Letter is der ek súdliker in slûs kommen, it gebiet by de Grutte Sylroede mei de Voorstraat en Vallaat as wetterfronten mei gâns foarname bebouwing.

Oan de diels dimpte Markt stiet it hege waachgebou, it pronkstik fan it warbere en bedriuwige plak. Makkum hat as gjin oar doarp yn Fryslân in stedske struktuer, mar boppedat ek in dêrta hearrende differinsearre maatskiplike gearstalling en ekonomyske opbou. Makkum komt om-ende-by it jier 1000 foar it earst yn de boarnen foar. It hjit dan Maggenheim. Op de list fan Fryske parochy’s út 1270 stiet Makkum fermeld as Mackingum. Yn 1379 is de namme Macking-he.

Makkum is begûn as in boeredoarp op in terp. Dy fynt men no werom yn it noarden, by de hjoeddeiske Tsjerkebuorren. Folle mear nei it suden ta, op it plak dêr’t de Grutte Sylroede útkaam yn de Sudersee, groeide in flinke hannesldelsetting. Nei ferrin fan tiid ferienige dizze delsetting him mei Statum en it oarspronklike terpdoarp ta it Makkum fan hjoeddei. Twa farwegen hawwe beslissend west foar de groei en bloei fan dit seeplak. De Grutte Sylroede dy’t by de kust yn twa earmen útinoar foarke, wêrtroch’t der gâns wâlromte skept wurde koe en de súdliker streamende Lytse Sylroede. De Grutte Sylroede ferbûn Makkum mei it efterlân fan it westen fan Fryslân, benammen mei Boalsert. Yn de súdlike mûning fan de Sylroede waard yn de 13e ieu al in syl boud, in slûs (dêrom sylroede en net seilroede). De skutslûs wie belangryk foar it ferkear oer it wetter. Boppedat, it wie in spuislûs om it oerstallige wetter út it efterlân spuie te kinnen.

Geandewei waard it belang fan de haven by de mûning fan de Grutte Sylroede grutter. Boalserter keaplju keazen foar de ferbining oer Makkum en brûkten de haven foar harren hannel op lannen om de Noardsee en Skandinavië hinne. Fan de 17e ieu ôf rekken de kaden oan de Grutte Sylroede beboud mei hearehuzen en represintative pakhuzen. Mear it lân yn kamen de bedriuwen: in tichelwurk of stienbakkerij, in pottebakker, in glêsblazerij, in papierfabryk, tsientallen kalkbrânerijen en skipstimmerbedriuwen en gâns in rige yndustrymûnen.

Nei’t Makkum yn de rin fan de 17e ieu ferskate stêden yn ‘e Súdwesthoeke al foarby stribbe wie, ferriisde yn 1698 it waachgebou. It hege, toerfoarmige bouwurk dominearret de kearn fan it plak. De selsbewuste Makkumer boargerij hat yn de Waach represintaasje en dekoarum sjen litten, sa as dat yn ferskate stêden en doarpen by de stedhuzen barde. By de waach waarden de wyk- en jiermerken hâlden: bûter, fleis en tsiis waarden keurd en woegen. Op de kaden fan de ôfdamme noardlike earm fan de Grutte Sylroede kaam in merk foar keapwaar ta ûntwikkeling foar de hannel yn agraryske produkten .

Makkum is ferneamd om syn ierdewurk. De Koninklijke Aardewerkfabriek fan de famylje Tichelaar is it âldste noch besteande yndustriële bedriuw yn Nederlân. De produksje fan dit ierdewurk datearret al út de 16e ieu. De beropsfiskerij hat wat fan syn glâns ferlern, al is Makkum noch altyd de thúshaven fan in lytse fiskersfloat. Der lizze noch sa ‘n tsien kotters yn de bûtehaven.

Troch de Makkumer Waard is in slinke groeven sadat de haven better berikber waard. Bûten it trasee fan de dyk koe sadwaande bedriuwichheid komme. Skipswerf Amels boude dêr in gigantyske skipsbouhal, dy’t no it silhûet bepaalt. Troch al dizze ûntwikkelingen is Makkum geandewei groeid, yn it earstoan tusken en tichteby de âlde kearnen, nei de oarloch oan de eastkant en de lêste tsientallen jierren benammen yn it noarden.

Makkum is al lange tiid in favoryt plak foar de wetterrekreaasje. De slûs wurdt no frijwol útslutend foar de rekreaasjefeart brûkt. Boppedat hat him de lêste tsientallen jierren op de Makkumer Súdwaard kustrekreaasje fan in hiel eigen sfear ûntwikkele, mei in echte bûlevaar mei in pier de see yn. De Makkumer Noardwaard is natuerreservaat.

Mantgum is in terpdoarp dat yn 1329 as Mantinga-heem yn de boarnen foarkomt, mar folle âlder is. It lei tichtby de westkant fan de Middelsee en no leit it oan it spoar Ljouwert-Snits. De leane dy’t de spoarhalte mei de tsjerketerp ferbynt, de Seerp van Galemawei, hat de alluere fan in stasjonswei, mar dan op doarpsmjitte. Oan it begjin fan de leane stiet it eardere gemeentehûs, in karakteristyk bouwurk út 1939.

Mantgum is fan 1908 oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta it haadplak fan de gemeente Baarderadiel west. De belangrykste strjitte is neamd nei Seerp van Galema, in haadling út de 16e ieu dy’t wenne op de Hoxwier, noardeastlik fan it doarp. De state is healwei de 18e ieu sloopt. De prachtige grêfsark fan Seerp stiet yn ‘e tsjerke: hy stiet yn fol ornaat ôfbylde. Oan wjerskanten fan de Seerp fan Galemawei steane grutte notabele wenningen ferskûle yn djippe tunen mei meastal âlde beammen. It moaiste ensemble fan dit type huzen yn Fryslân.

By de Frijbuorren leit in leech en iepen stik lân, in útgroeven flank fan de terp. Oan de râne stiet in oantal karakteristike wenningen, sa as de pastorije en de âlde Bewaarskoalle. Yn de noardeasthoeke stiet kafee Bonnema, in 18e- of ier 19e-ieusk rjochthoekich blok fan giele bakstien. De doarpskearn fan Mantgum is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Net sa’n ferwûnderlike status, it geve en skildereftige karakter fan it gehiel oerskôgjend. De nei-oarlochske útwreidings binne oan de westkant fan it doarp kommen, by de NS-halte. Dêr is koartlyn in flinke útwreiding neist lein, weryn’t it grutte nije doarpshûs opfalt.

De âlde kearn wurdt dominearre troch de ljocht bepleistere tsjerke, dy‘t út de 16e ieu datearje moat. Om it romme tsjerkhôf stiet in smei-izeren stek yn neoklassisisme. Benammen it dûbele swaaistek is fan in ekselinte kwaliteit. It ynterieur is yn de jierren 1779-1781 ferfraaid mei nije betimmeringen en meubilêr, wêrby’t de rûne preekstoel mei bibelske foarstellings troch H. Berkebijl opfalt.

Marrum is in radiaal terpdoarp dat inkele jierren foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It doarp komt yn de iere Midsieuwen foar it earst yn de boarnen foar as Mereheim. De frijwat útstrekte en behoarlik beboude terp is net ôfgroeven en noch bêst te werkennen. Lykwols toant it ek syn agraryske oarsprong troch de noch op de terp oanwêzige boerepleats, nochal wat frijsteande bebouwing en grientetúntsjes. Oan de âlde Langebuorren is de bebouwing kompakt, lyk as fan in stedsje. It tsjerkepaad, mei lielinebeammen om it romme hôf hinne, en ek de ringwei binne geef bewarre bleaun.

Fan de 11e ieu ôf is de terp yn de âldste bediking opnaam, sadat de terp alhiel binnendyks kaam. Marrum wie mei twa fearten ûntsletten, noardlik de Marrumer Feart en súdlik de Hearreweister Feart, dy’t beide yn súdeastlike rjochting by Wânswert byelkoar komme om by Tergrêft yn de Ie út te kommen. Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf is der bebouwing ûntstien by de âlde dyk lâns, de Lage Herenweg, de trochgeande dyk fan Ljouwert nei Ferwert. Dêr binne de boargerhuzen en de frijsteande wenningen fan de begoedigen te finen, sa as twa huzen fan beton út 1911 en 1913, ûntwikkele troch de pleatslike betonfabrikant.

De doarpstsjerke, oarspronklik tawijd oan Sint-Godehardus, is in ien-beukige romaanske tsjerke fan giele en reade kleastermoppen dy’t gruttendiels datearret út it begjin fan de 13e ieu. Der is doedestiids ek wol opnij dowestien brûkt fan de foargongster. It wat ynspringende, ynwindich heal rûne en útwindich fiifkantich sletten koar hat kralen op de hoeken. Dêr binne spoaren fan rûnbôgefinsters te sjen. Oan de súdkant binne op de skieding fan skip en koar spoaren fan in oanbou fan in kapel sichtber. Fan de 14e oant de 16e ieu binne der brede rûnbôgefinsters oanbrocht. Yn 1858 is de westlike gevel mei de yn de foartsjerke opnommen toer mei in ynsnuorre spits boud. Yn it ynterieur falle in moai detaillearde 17e-ieuske preekstoel en foaral in barokke hearebank op.

Marsum is in radiaal terpdoarp dat om-ende-by it begjin fan de jiertelling ûntstien is oan de westkant fan de Middelsee. Om it jier 1000 hinne waard dêr de Middelseedyk oanlein. Foaral it noardlike part fan de terp is fanâlds ticht beboud. Fan de hegedyk ôf rint de Buorren dwers oer de terp. De tsjerke stiet heech op it sintraal lizzende hôf en de ringdyk bestiet foar in part noch, benammen de Skoallestrjitte. De opfearten en de haven binne der noch en ek oare fragminten fan de romtlike radiale struktuer van Marsum binne noch altyd werkenber.

De groei fan it doarp is oant fier yn de 19e ieu yn it besteande doarpsgebiet opfongen troch fertichting. Fan begjin 20e ieu ôf wreide it doarp út by it Franjumbuorsterpaad en omjouwing lâns. Letter, doe’t it doarp in favoryt wenplak foar forinzen waard, ek eastlik fan de Bitgumerdyk, ûnderdiel fan de Hegedyk. Yn 1897 koe der westlik fan it doarp de stoomsuvelfabryk de Eendracht iepene wurde.

Oan ‘e súdkant fan de doarpskom bepale Heringastate of it Poptaslot en it yn 1711 dêrneist boude Poptagasthûs fierhinne it doarpsgesicht. De state is yn de 16e ieu boud en yn de twa dêrop folgjende ieuwen faak ferboud en útwreide. De state hat lykwols foaral in renêssânsekarakter. It âldste part sit oan de noardkant. Oan beide kanten fan it sealfoarmige haadfolume steane treptuorren. It poartegebou krige yn 1631 in pronkgevel. Yn de state binne de âldst bekende bêden fan Fryslân te finen: se datearje út healwei de 16e ieu. It seal hat in opmerklik rike ynrjochting yn renêssânsestyl. It Poptagasthûs is in leech karreefoarmich gebou mei in sierlike yngongspoarte mei halsgevel, dat yn 1852 oan de Buorren noch ris útwreide waard.

De tsjerke hat in dowestiennen skip út de 12e ieu en is ferskate kearen ferboud en fergrutte. It koar datearret út de 17e ieu. De âlde toer krige yn de 18e ieu oan twa kanten in beklamping en mooglik yn dy tiid ek in spits. It ynterieur hat eksellint meubilêr.

Menaam is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op de kwelderwâl tusken Dronryp en Bitgum yn ûntstien is. De bebouwing konsintrearre him om ‘e tsjerke hinne, útsein oan de súdeastkant, want dêr stie Orxmastate. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “Dit dorp heeft eene schoone kerk en toren, op eene groote hoogte gebouwd, en voor weinige jaaren merkelyk versierd. De buurt ligt byna cirkelswyze ten Westen, Noorden en Oosten om de kerk, en ten Zuiden de aanzienlyke State Orxma, ook Dekama genoemd, bestaande in eene schoone oude uit het water opgehaalde huizinge en een ruime wel aangelegde plantagie, hovinge, cingels.” Orxmastate, ien fan al dy staten dy’t by of yn de omjouwing fan Menaam stienen, is yn 1830 sloopt. Hoewol’t it der op like dat Berltsum de âldste papieren hie en ek Dronryp him ûntwikkele ta in doarp fan betsjutting, waard Menaam it haadplak fan de gritenij.

Yn it lêst fan de 19e ieu binne der stikken fan de terp ôfgroeven. It doarp wie ûntsletten troch de Menamer Feart dy’t by Marsum oergong yn de Ballensfeart rjochting Harnzer Trekfeart. By dizze feart lâns ûntwikkele him oan Lytsebuorren, Lytsedyk en Langpaed bebouwing. Ek it eastlik fan de âlde kearn en oan ‘e feart lizzende Warnzerbuorren, wie al yn de 18e ieu ta ûntwikkeling kaam. Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf kaam der boppedat lintbebouwing by de stadichoan ferhurde útfalswegen lâns: Dyksterbuorren, Rypsterdyk en Bitgumerdyk en dêrnei ek Ljochtmisdyk.

De Menamers wienen aktyf yn de lânbou, mei namme de ierappelteelt. Yn it begjin fan de 20e ieu stie it gebou fan de ierappelfeiling oan de Lytsedyk. Dêr stie noch it kafee De Aardappelbeurs. Mar ek de túnbou wie fan belang, foaral oan de Berltsumer kant dêr’t gâns gernierkerijen te finen wienen.

Yn it sintrum fan it doarp stiet oan Dyksterbuorren by de feart noch it ea as gritenijhûs boude gemeentehûs, in ûntwerp fan Thomas Romein. It is in bûtengewoan smaakfol bouwurk yn neoklassisisme mei in yngongspartij dy’t flankearre wurdt troch toskaanske pylders fan getten izer mei dêrboppe yn de wat útspringende middenpartij in trijeliddich finster mei healpylders. It gebou einicht yn in kroanlist en in attyk.

De op in heech en rom hôf steande herfoarme tsjerke is in robúst gebou dat yn 1874 op fundeminten fan de eardere, oan de Hillige Lambertus wijde tsjerke, oprjochte is. It fiifkantige koar wie al yn 1855 fernijd. De tsjerke hie oan de noardkant in transept, in dwersbeuk, en oan dy kant ek in konsistoarje fan twa boulagen. De Menamer bou-ûndernimmers M. en J.P. Boonstra wienen de útfierders fan it wurk, mar in arsjitekt is net bekend. It soe wêze kinne dat it Jacob Izaaks Douma út Ljouwert wie. De styl fan de tsjerke past wol yn syn oeuvre en dizze arsjitekt makke it ûntwerp fan de yn 1866 oprjochte toer.

It skip fan de tsjerke is ferdield yn pilasters en is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei trasearrings fan getten izer. De toer, boud as ferfanging fan in sealdaktoer, hat trije segminten dêr’t de twa heechsten fan fersierd binne mei rûnbôgefriezen fan keunststien. It ynterieur is ek yndield ta muorrefakken tusken korintyske pilasters yn. Yn it rêstige ynterieur falle de ryklik fersierde dooptún en preekstoel mei persoanifikaasjes fan de deugden ‘Geloof, Hoop, Liefde, Gerechtigheid en Standvastigheid’ en it rike oargelfront op. De pastorije stiet oan de Mieddyk op in omgrêft hiem. It is in flinke neoklassicistyske middengongwenning út 1838. Oan de Greate Buorren stean twa 18e-ieuske wenningen.

Yn de twadde helte fan de 19e ieu groeide it ynwennertal sterk en oan de belangrike strjitten, sa as Dyksterbuorren en útfalswegen stean de represintative wenningen út it lêst fan de 19e yn mingstyl en it begjin fan de 20e ieu yn fernijingsstyl en ek inkele yn sjaletstyl. De earste folkshúsfesting kaam oan de Ljochtmisdyk. Nei de oarloch is Menaam, foaral sûnt it fan de sechstiger jierren ôf ûntdutsen wie as forinzedoarp, sterk groeid oan de noardwest- en súdkant.

It terpdoarp Mitselwier wie sûnt it ein fan de 18e ieu it haadplak fan de gemeente Eastdongeradiel. It is inkele jierren foar it begjin fan de jiertelling ûntstien. De bebouwing hat him lange tiid beheind ta de ovaalfoarmige terp mei ringwei, de Master van Loanstrjitte en Balthasar Beckerstrjitte. Yn it earstoan stie de bebouwing foaral noardlik fan de tsjerke, mar dernei rekke it gehiel kompakt beboud. De measte huzen binne rjochte op de radiale paden en wegen binnen de ringwei. Yn de 19e ieu fûnen wat doarpsútwreidings plak yn eastlike rjochting, dêr’t de terp it meast ôfgroeven wie.

Oan de Balthasar Beckerstrjitte waard yn 1876 it gemeentehûs op it plak fan it âlde rjochtshûs, ek herberch, boud. It wie in blokfoarmich gebou fan ienfâldige alluere, seis finsterfakken breed en twa lagen heech. Fierder kamen oan dizze wichtige ûntslutingswei frijsteande filla’s en inkele monumintale boerepleatsen. Alhiel yn it easten is yn 1912 de grifformearde tsjerke boud, in eklektysk dekoratyf sealtsjerkje. Oan de noardkant stiet it lytse stasjon dat as stopplak fan it lokaalspoar fan 1912 oant 1936 funksjonearre hat. Nei de oarloch hat him oan de súdkant in oansjenlike doarpsútwreiding ûntwikkele. Yn de 17e ieu is yn de súdlike rjochting de doarpsfeart groeven om ferbining te krijen mei de Suder Ie en it efterlân.

De herfoarme tsjerke is as ferfangster foar in âlder gebou yn 1776 ta stân kommen. It hat in ienfâldich skip, in trijekantich sletten koar en in ynboude toer mei spits. De gevels ha rûnbôgige finsters, dêr’t tuskenyn pilasters stean mei ienfâldige listkapitelen. Boppe de yngong oan de súdkant sit in tinkstien mei opskrift oer it lizzen fan de earste stien. Der is in bekroaning fan in byldhoud alliânsjewapen. Yn de bûtenmuorre fan it koar sit in stien dy’t de Alderhilligenfloed yn 1570 betinkt. Mitselwier tanket syn karakter net oan monuminten fan in opmerklike kwaliteit, mar oan it skildereftige en geve, ynbannige gehiel. De doarpsferiening yn it begjin fan de santiger jierren is nasjonaal ta foarbyld steld.

Mullum is in terpdoarp en hat ieuwenlang in foarútskode post fan Frjentsjerteradiel west. It is ûntstien op ien fan ‘e terpen, dy’t hjir, sa tichteby de see, frijwat ticht siedde wienen. Mullum wie it earste doarp oan de rydwei, de Witteweg, fan Harns nei Ljouwert. De warbere en bedriuwige Koningsbuurt hearde der ek by. Dêr stienen ûnder mear tichelwurken, kalkbrânerijen en learloaierijen. De tsjerke wie yn de Midsieuwen in dochtertsjerke fan de Augustiner abdij Ludingatsjerke dy’t tusken Harns en Achlum yn lei.

It doarp mei syn Koningsbuurt is jierren lyn oan de stêd Harns tafoege. De tsjerke stiet op in rjochthoekige, frij hege terprest dêr’t it doarp mei hjir en dêr wat âlde bebouwing fuort omhinne groepearre is. Oan de westkant steane agraryske gebouwen en oan de noardeastkant in groep restaurearre diakonijwenninkjes mei gevelankers (1702). By de âlde ryddyk lâns stiet ek noch wat 19e en ier-20e-ieuske bebouwing, en dêr tuskenyn in eardere smidderij. Fierder is it doarp, pas nei 1950 sterk útwreide mei folkswenningen en letter mei huzen yn de frije sektor. Dat is yn stroken noardlik en eastlik fan de tsjerke, mar foaral súdlik fan de Ljouwerterdyk bard.

De tsjerke op it frij romme en hege, troch in ligusterhage omseame tsjerkhôf datearret foar in grut part út it begjin fan de 13e ieu, mar se hat gâns ferbouwingen ûndergien. Benammen de toer, dy’t yn de 18e ieu in elegante bekroaning fan in lantearne hie, is nochal wat feroare. Hy is yn 1810 ferlege en foarsjoen fan in achtkante ynsnuorre spits. Dizze toer is alhiel fan giel bakstienmateriaal, foar in part moppen en foar it measte lytse trijelingstientsjes oplutsen. Oan it begjin fan de 20e ieu is de tsjerke opknapt, ommitsele, útsein de noardgevel dêr’t noch giele kleastermoppen sichtber binne. De súdmuorre is bepleistere. Om de yngong en de rûnbôgefinsters hinne stekke de deikanten fan brune mangaanstien út. Yn it trijekantich sletten koar binne noch wat bouspoaren fan âldere iepeningen te sjen, mar foaral de noardmuorre fertelt hiel wat mei alderhande spoaren fan finsters en poarte-iepeningen. By de toer stiet in wierskynlik 18e-ieuske sark mei in prachtige ôfbylding yn heech reliëf fan in mole mei skuorren en seagerijen.

Midslân is in streekdoarp dat ûntstien is op in âlde strânwâl. Súdlik fan it hjoeddeiske doarp waard oan de Hoofdstraat yn de 10e ieu al in houten tsjerkje fan Stryp stichte, dat letter ferfongen waard troch in tsjerke fan stien. Mar ek noardliker, op it plak fan de tsjerke fan no, is yn de 14e of 15e ieu in tsjerke boud. Yn de omjouwing fan it doarp ûntstienen noch oare buorskippen: Baaidunen, Kinnum, Kaart en mear westlik Hee.

Om de tsjerke fan Midslân hinne hat, yn tsjinstelling ta oare Skylger doarpen, komfoarming mei in frij tichte bebouwing plak fûn. Oer in slinke hinne waard de Westerdaam oanlein, wêrtroch’t Stryp oan Midslân fêst groeie koe. De Striper tsjerke waard yn 1569 ferwoeste, mar it tsjerkhôf is oant begjin 19e ieu yn gebrûk bleaun. De grêfheuvel, dy’t meters heech boppe de omjouwing útriist, rekke yn ferfal. Dêr stean de foar de eilannen en de kuststreek kenmerkjende natuerstiennen grêfpeallen út it lêst fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu dy’t mei rolwurk en Flaamske woartels de ripe renêssânse foarmjouwing ha dy’t de byldhou-ateliers fan de fêste wâl sa goed behearskje. It Striper hôf is opknapt en no binne der noch sa’n tweintich fan dizze grêfpeallen te bewûnderjen.

Nei’t de âlde tsjerke fan Midslân yn 1880 ôfbrutsen waard, is der it jier dêrnei in krústsjerke yn dekorative mingstyl nei ûntwerp fan M. Daalder út Den Helder boud. Op de súdbeuk kaam in foarse lantearne mei in achtkante spits. Dizze net al te degelik boude tsjerke is ferskate kearen hersteld en op details feroare. Ynwindich hat se in stukadoare krúsferwulf, twa galerijen en in oargelbalkon mei in oargel út de boutiid.

Oan de Heereweg stiet it eardere diakenijhûs út om-ende-by 1880. Oan de Oosterburen stiet it fan neoklassicistyske eleminten foarsjoene Polderhuis (1872) dêr’t de bestjoerders fan de ynpoldere landerijen (grieën) by elkoar kamen om harren belangen te bepraten. Yn it doarp binne ferskate 17e-ieuske wenningen mei tutegevels mei ‘vlechtingen’- skean ferrinnende rollagen - te finen.

Miedum is in terpdoarp dêr’t yn ‘e rin fan de tiid net folle fan oerbleaun is. Lykwols oan de uterste noardlike râne fan de gemeente Ljouwert hat it wol in markante skeane wachter, in toer krekt sa skean as de Aldehou. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 is te lêzen: “Dit kleine Dorpje heeft een Kerk met een toorntje, is de 16e eeuw getimmerd. Even ten Noorden van hetzelve loopt eene dwarsvaart uit de Ee naar de wateren van Tietjerksteradeel.” Fyftjin jier letter hie it doarp 64 ynwenners.

Healwei de 19e ieu wit it Aardrijkskundig Woordenboek: “Vroeger stond hier eene kerk, met een torentje, doch zonder orgel, welks omstreeks het jaar 1630 gesticht werd. Zij is voor eenige jaren afgebroken, doch de toren is alleen blijven staan.” De tsjerke is yn 1834 ôfbrutsen: de lytse mienskip koe de ûnderhâldskosten nei alle gedachten net mear opbringe. Nettsjinsteande syn ferware uterlik stiet de toer der noch proastich by. It is in karakteristike sealdaktoer mei skouders op de hoeken en in izeren krús op it dak. Oan ‘e westkant sit in ienfâldige doar yn in nis, dy’t krekt even spitsbôgich is en oan de eastkant is ûnder in spitsbôgenis te sjen. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e ieu. Ut de Midsieuwen is net folle mear te sjen, want de toer krige yn de 19e ieu in nije mantel, oan trije kanten fan graubrune en oan de eastkant fan giele stientsjes. Underyn sitte âldere ferrassingen: in soarte fan plint fan stiennen yn flinke ôfmjittings, moppen en roaswinkels dy’t út de lette Midsieuwen stamme. Mooglik dat dit materiaal is fan de tsjerke dy’t yn 1834 ôfbrutsen is.

Oan it Wynserbinnenpaed 22 stiet in boerepleats dy’t nei in brân yn 1962 yn tradisjonele foarmen opnij opboud is. De nije kop-hals-rompbuorkerij, yn eigendom by it Sint-Anthony-gasthûs yn Ljouwert is troch P. Kingma Lzn. ûntwurpen en faaks wol de lêst boude yn syn soarte.

Mildaam is in streekdoarp oan de Schoterlandseweg fan Aldskoat nei Donkerbroek dat yn de 18e ieu ûntstien is by in plak dêr’t de Tsjonger oerstutsen wurde koe. Dêr tanket Mildaam ek syn namme oan. Der leit no in izeren flapbrêge. De Tegenwoordige Staat van Friesland naam yn 1788 net de muoite om it doarp apart te fermelden, mar fette de doarpen Brongerga, de Knipe en Mildaam gear. Wol stiet der te lêzen: “Mildam is eene niet onvermaaklyke buurt, welke, voorzien met eene Kerk en Windkorenmolen, in grootte veele Dorpen overtreft, en gelegen is aan den rydweg tusschen Oude Schoot en Nieuwe Horne, op den wal van den dikwyls gemelden Kuinder stroom.”

De ienfâldige doarpstsjerke is yn 1726 boud, sûnder muorrefakken en fan in pear rûnbôgefinsters foarsjoene sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar. Neist de toerleaze tsjerke stiet in al krekt sa‘n ienfâldige klokkestoel mei sealdak. Dêr hinget in yn 1688 troch Petrus Overney getten klok yn, dy’t ôfkomstich is út de yn 1972 ôfbrutsen klokkestoel fan Hoarnstersweach. Oan de Schoterlandseweg stiet ek de herberch ‘Het Wapen van Schoterland’, rigen âldere (1922) wenningwetwenningen en de grifformearde tsjerke út 1857 mei in yn 1950 fernijde gevel. By de flapbrêge oer de Tsjonger, Bruggelaan 10, stiet in wyt ferve wat sjalet-eftich brêgewachtershûs yn eklektyske styl. De rige wachterswenningen by de yn 1886-1888 kanalisearre Tsjonger of Kúnder, de brêge by Mildaam en de slûzen ûnder Aldhoarne, Jobbegea en Donkerbroek binne fan itselde type. De wenning foarmet mei de izeren flapbrêge in monumintaal ensemble.

Oan de Aaltjelaan (moat wêze: IJntzelaan - red.) kocht keunstner Louis le Roy oan it begjin fan de santiger jierren in fjouwer hektare grut terrein by Mildaam, in oerbedonge kultuersteppe, dy’t hy op goed gelok ynsiedde. De restanten, mear as 15.000 ton pún fan stêdlike kultuer binne stoart om dêr in eko-katedraal stâl te jaan. It is in komplekse woekering mei trochtochte struktueren fan terrassen, treppen, tuorren, poarten, gongen en stegen

Minnertsgea is it meast eastlike terpdoarp op de belangrykste kwelderwâl fan it âlde Barradeel. De terp is fan de 8e ieu ôf opsmiten. Sûnt it troch de gemeentlike weryndieling by It Bilt yndield waard, is dit it âldste doarp fan de gemeente. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 is te lêzen: “Minnertsga is het grootste dorp der Grieteny. Hier vindt men eene zwaaren Kerk en toren, weleer, volgens de overleveringen, gediend hebbende tot eene Vuurbaak, met eene groote dubbele Kerkbuurt, en in den omtrek 40 stemdraagende plaatsen, waaronder vanouds veele Adelyke Staten zyn geweest.” Dy stinzen en staten wienen ûnder mear Groot Hermana, fuort eastlik fan it doarp en Klein Hermana even noardliker dat it mei syn moaie park oant 1836 ta úthâlden hat. Fierder noch: Farnia, Tsessinga, Haytsma, Groot Folta, Folopta dy’t al gau ferdwûn binne en meastal ferfongen binne troch boerepleatsen. Alhiel yn it suden lei Sixma van Andla State dat ein 18e ieu yn ferfal rekke en dêr’t ek in pleats foar yn ‘t plak kaam.

Minnertsgea hat as grutste plak koarte tiid, fan 1820-1832, it haadplak fan Barradiel west, mar it gritenijbestjoer is doe ferhuze nei it mear sintraal lizzende Seisbierrum. It doarp is fanâlds nei it suden ta ûntsletten fia de Minnertsgeaster Feart nei de Ryd. De trochgeande dyk fan Tsjummearum nei Sint-Jabik rint mei inkele flauwe bochten oer de terp hinne en by it romme tsjerkhôf yn ‘e midden lâns.

De histoaryske bebouwing is benammen oan wjerskanten fan dizze Ferniawei, Meinardswei en Hermanawei te finen. Sa stean oan de Meinardswei – eins de Buorren – twa eardere kafees net al te fier fan mekoar ôf. It Stasjonskofjehûs is in ienfâldich blokfoarmich gebou fan twa boulagen mei in skylddak. Ek it hjoeddeiske kafee snackbar ‘t Centrum is blokfoarmich en mei twa lagen, dat neoklassicistysk is fersierd en ûnder etalaazjes besit mei in portykyngong tusken pylderkes. Mooglik hie it earder in winkelbestimming. Op nûmer 36 stiet in djip 18e-ieusk pân mei in topgevel mei flechtings – skean ferrinnende rollagen - en in natuerstiennen bekroaning. Nûmer 44 is in fraai pân fan ien boulaach mei skyldkape. It front hat in neoklassicistyske yngong mei kannelearde pilasters en ioanyske kapitelen. De steane stoepepeallen en in smei-izeren stek mei blomkes. Op nûmer 40 stiet in pân mei in grutte gevelstien mei foarstellings fan it útdriuwen út it paradys.

Noardlik fan de haadstrjitte wiist de Stationsstraat op in besûndere funksje. Dêr is yndie it no foar in oare bedriuwsbestimming brûkte stasjon fan it lokaalspoar te finen, in halte earste klasse út 1901.

Oan de westkant stiet de grifformearde tsjerke út 1908, wêrfan’t foaral it elegante tuorke opfalt. De herfoarme tsjerke, oarspronklik wijd oan Sint-Martinus, stiet op in rom hôf, dat is omjûn troch in smei-izeren stek en in seame fan kastanjebeammen. It grutte letgoatyske tsjerkegebou is yn ferskillende boufazen yn de 15e en de 16e ieu ta stân kaam. Yn 1947 is it gebou troch brân ferwoeste. De restauraasje is fuortendaliks begûn en út alderhande hoeken fan Fryslân is net allinne help bean, mar der kamen boppedat fan hiel wat kanten meubilêr en oare ynventarisstikken, sa dat de tsjerke wer ynrjochte wurde koe. Sa leit der op de flierren in boeiende kolleksje grêfstiennen, ôfkomstich út de doe sloopte Galileërtsjerke yn Ljouwert. De 19e-ieuske preekstoel komt út Blije en it lytse Brabânske oargel is fia Wjelsryp nei Minnertsgea kaam. It muorrewurk is gruttendiels oplutsen út ôfwikseljende lagen reade en giele moppen, wat by dit grutte gebou bysûnder effektyf is. Dit dekorative wurk datearret út de 16e ieu. Oan de noardkant is op it plak dêr’t in sakristy ôfbrutsen is in stik 13e-ieusk muorrewurk sichtber. Der sitte spitsbôgige finsters yn en de muorren wurde skoarre troch steunbearen. It koar hat in fiifkantige sluting . Tsjin de noardgevel oan stiet in letmidsieuske tagongspoarte mei mitselmozayk, set yn in rjochthoekige omlisting fan kralen. De toer út 1505 bestiet út twa muorrefakken en in frijwat jonger heechste segmint mei in sealdak út 1818, wat Minnertsgea in karakteristyk silhûet besoarge hat.

It lytse doarp Murns wurdt foar it earst fermeld yn de 12e ieu en leit súdlik fan it gâns gruttere Bakhuzen dat op syn grûngebiet ûntstien is. It bestiet út twa buerten mei in frij iepen bebouwing. It noardlike part bestiet út bebouwingsstreken by de krusing fan de Breelenswei en de Murnserdyk nei it suden ta. It súdlike part is de oarspronklike kearn en leit op sa ‘n fjouwer meter hichte op it Murnser Klif by de kust. Dêr stie oant healwei de 18e ieu de tsjerke.

Tusken wat groepkes huzen en wat boerepleatsen yn leit it skildereftige tsjerkhôf mei in klokkestoel mei skylddak, dat der al foar 1723 stie. Yn hiel wat Fryske doarpen waarden in de oarlochstiid troch de besetter de klokken foardere, yn Murns waard net allinne de klok, mar ek de klokkestoel oarlochsslachtoffer. Net troch skuld fan de besetter, mar troch in ûngelok fan in delstoartende alliearde Lancester bommewerper. Letter is de klokkestoel yn in legere en swierdere foarm opnij boud. Westlik stiet in ienfâldige middengongwenning op in hiem mei skearde hagen, eastlik in grutte stjelppleats mei in trage dakhelling. Oan de Murnserdyk stiet boppedat in wenhûs mei neoklassicistyske karaktertrekken. By de Wieldyk by de kust stiet in lytse Amerikaanske wynmotor út om-ende-by1920. Resintlik is der by de gemeentegrins fan Gaastelân en Nijefurd in omfangryk bûtenhûs boud yn ’e foarm fan in midsieuske stins, mar dan dôchs wer yn in frij moderne útfiering.

Foar de kust leit westlik it natuergebiet de Mokkebank. It reservaat ûntlient syn namme oan de grutte groepen kobben, ‘mokken’, dy’t dêr briede. De Mokkebank wurdt no ek besocht troch oare fûgelsoarten. Der is in paad nei in hutte om nei fûgels te sjen. Eastlik strekt him de soms oant fiif meter ta opdreaune hege rêch fan balstienliem fan it Murnser Klif út, dat efter it Rysterbosk by’t simmer gâns besikers krijt. Dêr stiet dan ek in paviljoen. Mokkebank en klif binne yn behear by It Fryske Gea.

Moddergat is in lyts dyksdoarp dat as westlike útwreiding op it Westdongeradielster gebiet fan it Eastdongeradielster doarp Peazens ûntstien is. De doarpen wurde skieden troch it wetter de Peazens, oarspronklik in seeslinke, dy’t nei it suden ta om Easternijtsjerk hinne nei Dokkum rint. Moddergat hat, krekt as it buordoarp Peazens in ferline as fiskersdoarp. It bestiet út twa buerten. By Peazens leit De Kamp dy’t op it buordoarp oanslút. Dêr is yn 1912 de grifformearde tsjerke boud, in eklektyske sealtsjerke mei in omliste yngongspartij en in houten dakruter op de foargevel. De Oere (oever) leit fierder westlik. It is in geef bewarre fiskersdelsetting dy’t nei restauraasje diels in museumfunksje krige. De measte fiskershuzen datearje út de twadde helte fan de 18e ieu. Se binne gewoanwei yn giele bakstien ta ien laach opmitsele en foarsjoen fan in hege kape dy’t oan de kant dêr’t de bêdsteden kamen wat trochsjitte. Yn Visserspad 4 is de oarspronklike yndieling bewarre bleaun mei in skou, in bêdsteedwant en in betegele keamer.

Op de seedyk stiet in monumint as oantinken oan de stoarmramp dy’t yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883 frijwol de hiele fiskersfloat fan 22 skippen út Moddergat fuortfage. Dêrby ferlearen 83 fiskers it libben. De fiskerij hat him nea wer herstelle kind. Lykwols, de see bleau de wichtichste boarne fan bestean. Seelju gienen oan it wurk by reders, dy’t somtiden fier fuort wennen, oant Vlaardingen en Emden ta. Tusken de wrâldoarloggen yn gie it yn de Waadsee en Lauwerssee ynienen opfallend goed mei de garnalefangst. De fiskers fan Moddergat pasten har oan. De garnalen wienen net foar minslike konsumpsje, mar waarden ferwurke ta aaiwytryk bistefoer, puf. Om se goed te droegjen waard der in koöperaasje stichte dy’t yn 1924 in garnalefabryk westlik bûten it doarp stichte. ‘It grenaatfabryk’, in ienfâldige readstiennen skuorre mei in dak fan golfplaten. It fabryk is yn 1930 noch útwreide. Yn it begjin fan de fjirtiger jierren gie, nei in rekordfangst yn 1940, de opbringst yn rap tempo werom. Yn 1943 is it fabryk opheft.

Ieuwenlang hie Molkwar de namme de Friese Doolhof; it is in arsjipeldoarp en dat is noch goed te fernimmen. Eartiids stienen de huzen op eilantsjes en nettsjinsteande dimpingen is it eardere byld noch wol op te roppen, te tankjen oan inkele tusken de huzen troch rinnende grêftsjes. Dizze kronkeljende wetterkes bepaalden de struktuer en net de strjitten mei kreas roaide bebouwing.

It doarp lei tusken wetterpartijen yn, noardlik lei de Sudersee, súdwestlik de útstrekte Staverske Mar, dy’t yn it begjin fan de 17e ieu droechmeald is. Hjir wenne farrensfolk, dat meastal foar Amsterdamske reders foaral op de Eastsee fear. Fan it maritime ferline is yn Molkwar neat mear oer. Yn tsjinstelling ta oare stedsjes en grutte doarpen oan de eardere Sudersee, hat Molkwar net in kompakte struktuer, mar is it doarp transparant mei alderhande trochsichtsjes. Noch altyd liket it oft de measte huzen kriskras trochelkoar hinne stean: se roppe in sfear op fan in bekoarlike ienfâld. It eardere rjochtshûs, Hellingstrjitte 8, út 1697 is in hichtepunt. It erfguod fan it doarp wurdt ûnder de oandacht brocht yn it bakkerswinkeltsje neist it Molkwarder koekefabryk. De winkel is nostalgysk ynrjochte. De herfoarme tsjerke is yn 1850 boud en de sealdaktoer is út 1799. De tsjerke hat in âlde koperen doopbekkenshâlder en trije koperen kroanen, wêrfan’t de âldste út ein 16e ieu datearret. De twadde út 1648 besit skyldsjes mei klaaiïng en de tredde is makke yn de 18e ieu.

De bloeiperioade fan Molkwar foel tusken midden 16e en ein 17e ieu yn. Nei’t de keapfardij op de Eastseelannen stagnearre, skeakelen de Molkwarder skippers oer op de fiskerij. De Staverske jollen koenen yn de baai foar de kust ôfmeard wurde. It Wiid, mei in kom by de slûs yn de seedyk, soarge foar in wetterferbining. Dy is amper mear te werkennen; it haventsje is yn de sechstiger jierren gruttendiels dimpt en de slûs sloopt. Allinne it slûswachtershûs en de natuerstiennen trep oer de dyk binne behâlden bleaun.

Moarre is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. De ovale, net sa‘n hege terp is prachtich te erfaren, omdat de measte bebouwing konsintrearre binnen de folsleine ringwei leit. De eksterne bebouwing stiet, op wat konsintraasje oan de noardeastkant en inkele grutte boerepleatsen oan de eastkant nei, op earbiedwurdige ôfstân. Sa as inkele monumintale buorkerijen noardlik fan it doarp. Utsein in lytse kop-romppleats (1772) mei dwersfleugel oan de Grutte Buorren, is der op de terp gjin bebouwing te finen.

De twillingdoarpen Moarre en Ljussens hearre op sosjaal en maatskiplik mêd by elkoar, mar se ferskille histoarysk, geografysk en stêdeboukundich sterk fan elkoar. Boppedat fertoant de lânskiplike romte tusken de doarpen yn, in ôfstân fan sa‘n 500 meter, opmerklike ferskillen. Der fynt in oergong plak fan it leechlizzende greidegebiet om Moarre hinne nei it in goed meter heger lizzende boulân om Ljussens hinne. De ta Dyksterfeart bedimme âlde kwelderslinke foarmet der ûngefear de grins fan. Op dy grins lizze de spoaren fan fernijende, bedriuwige ûntwikkelingen út begjin 20e ieu. Se foarmje noch altyd in spannend gebiet, in soarte fan buorskip, dat de lânskiplike perspektiven fan Moarre en Ljussens oer en wer ferheftigje. Hoewol’t de bedriuwige en ynfrastruktuerele dynamyk fan suvelfabryk (1915) en spoarwei (1919) ferdwûn is, ha de ûntwikkelingen wol spoaren efterlitten: it fabryk en it stasjon, dy’t beide by Ljussens rekkene wurde.

De oarspronklik oan Johannes de Evangelist tawijde ier-goatyske tsjerke is frij geef. It gebou is yn de twadde helte fan de 13e ieu fan kleastermoppen oplutsen. It fiifkantich sletten koar hat finsters mei kraalprofilen en de gevelfallen wurde ôfsletten mei kroanlisten. Yn ‘e midden fan de noardlike gevel hat in tichtmakke yngong de foarm fan in kaaisgat. De westkant is yn 1843 fernijd en mei in elegant neoklassicistysk tuorke bekroand. It ynterieur befettet fraaie eleminten, sa as 16e- oant 18e-ieuske sarken en in lyts maniëristysk moarmeren epitaaf út 1625 foar Wopke van Scheltema en Frouck Roorda van Genum.

Mûnein is in streekdoarp dat oant 1948 by Oentsjerk hearde en doe de status fan selsstannich doarp krige. It doarp bestiet út buerten oan wjerskanten fan ferskate wegen en paden, dy’t by de Dr. Kijlstraweg lâns hjir en dêr fertichtings kenne en by de krusing mei de Jelte Binneswei ta in soarte fan doarpskom foarme binne.

It doarp tanket syn namme oan in mûne dy’t alhielendal yn it easten tsjin de grins fan Dantumadiel oan stie. Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanusatlas stiet de mûne oanjûn, flakby it marke De Swarte Broek dat doedestiids folle grutter wie as tsjintwurdich. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas is de mûne ferdwûn. It doarp hie doe gjin hichtepunt mear, want in tsjerke hat it nea hân.

Pas om 1900 hinne kaam der, en no oan de súdeastlike marzje fan it doarp, wer in hichtepunt: it flaaksfabryk mei in flinke skoarstienpiip,troch de filantroop Th.M.Th. van Welderen baron Rengers stichte foar de wurkgelegenheid. It kompleks, dat no net mear yn bedriuw is, is soarchfâldich fan giele stien boud. It heechste gedielte, - ûnder in dûbeld sealdak -, is dutsen mei Fryske golfpannen dy‘t om en om griis smoard en oranjeread binne. Ien en oar levert in dekoratyf byld op. Dêrefter strekt him in legere fleugel út wêrtroch’t in moaie spanning tusken fertikale en horizontale eleminten ûntstien is.

De measte bebouwing is ynbannich, al steane der yn en by it doarp ek inkele flinke pleatsen, sa as dy út 1880 oan de Kaetsjemuoiwei 28. Op nûmer 37 stiet in hûs út 1751 dat foar in part fan kleastermoppen boud is. De yn 1905 oprjochte ‘Vereeniging tot verbetering van de volkshuisvesting in de dorpen Giekerk, Oenkerk en Oudkerk’ boude yn 1907 en 1908 oan de Kaetsjemuoiwei en Dr. Kijlstraweg fjouwer dûbele arbeidershuzen, de âldste wenningwetwenningen op it Fryske plattelân. Se stean der noch altyd mar binne ta fjouwer wenningen gearfoege. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch is oan de Dr. Kijlstraweg in fraaie rige folkswenten boud yn de tradisjonalistyske trant fan de Delftse School.

Mûntsjebuorren is in streekdoarp dat wierskynlik yn de lette Midsieuwen oan de Petsleat ûntstien is. Fan it suden, fan Spangea ôf rûn de Petsleat yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Mûntsjebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. Njonken de sleat rûn in fuotpaad. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing fan it streekdoarp by dizze feart oanjûn, wylst der oan de even westliker lizzende wei, de Grindweg dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, hast noch gjin bebouwing stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net folle te melden, wol dat der oan de Grindweg al wat mear bebouwing ûntstien is: “dit Dorpje, ten Noorden van ‘t voorige Skerpenseel, op dezelfde wyze gelegen, heeft ook eene Kerk met een klein spitsje; zynde de huizen gebouwd aan denzelfden rydweg, waar aan ook twee voorgaande Dorpen liggen, als mede aan de vaart, de Padsloot genaamd, die van Spangen, voorby Scherpenzeel, hier door loopt tot aan den Weerdyk.” It doarp hat yn 1825 in soad skea ûnderfûn fan de stoarmfloed. Huzen waarden fernield en de tsjerke stie op ynstoarten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is noch amper te sjen dat it doarp him fan de Bandseat nei de Grindweg oan it ferpleatsen wie. Dizze twa doarpsassen kamen by de tsjerke ticht by elkoar en dêr wie al wat fertichting yn de bebouwing ûntstien. Yn de 19e ieu joech neist de lânbou ek de ferfeaning in soad wurk en dat is te sjen op de kaart mei de fergroeven landerijen.

De aardich detaillearre, trijekantich sletten tsjerke út 1806 hat in houten geveltoer. It gebou is yn 1860 yngripend ferboud. Mûntsjebuorren is noch altyd in karakteristyk streekdoarp mei in frij tichte lintbebouwing. Fanwege it kronkeljende ferrin fan de Grindweg en it net konsekwint oanhâlden fan de roailinen levert dit libbendige doarpsgesichten op. De bebouwing oan de oare as fan de Petsleat is folle losser.

Mûntsjesyl is in komdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is by de yn 1476 troch de cisterciënzer monniken fan Gerkeskleaster boude slûs yn de Lauwers, dy’t it troch harren yndike lân beskermje moast. De slûs is in pear kear ferlein en fernijd. Oan ‘e ein fan de 16e ieu is der in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en Mûntsjebuorster Ryd. Yn de jierren 1874-1877 is de dyk fan Nittershoeke en Zoutkamp oanlein en sadwaande waarden de diken by Mûntsjesyl slieperdiken en hie de slûs gjin (see)wetterkearende funksje mear.

Yn 1882 waard wat eastliker ta befoardering fan de ôfwettering in streamkanaal groeven en in grutte spuislûs oanlein. Dizze ymponearjende slûs bestiet út alve ôfslútbere streamgatten en oan de bûtekant in fan steunbearen foarsjoene hege kearmuorre. Oan de binnekant is in brêge oer de streamgatten hinne lein. De delsetting dy’t him westlik fan de slûs ûntwikkele is, nettsjinsteande dat der yn 1665 al in tsjerke stichte waard, lange tiid in buorskip ûnder Boerum bleaun. De tsjerke is yn 1899 fernijd yn in min of mear neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan de yn dizze streek tige aktive arsjitekt H.A. Zondag. It is in sealtsjerke mei in sierlik tagongsportaal en in iepen bewurke houten tuorke op de foargevel dat noch datearret út in ferbouwing fan 1856.

De grifformearden lieten yn 1912-1914 in navenant flinke tsjerke bouwe nei ûntwerp fan arsjitekt Egbert Reitsma. Dit is ek in sealtsjerke mar dizze hat in út de foargevel boude toer dy’t mei flankearre romten in aardige frontpartij foarmje.

In tredde bouwurk dat it doarp silhûet ferskaft is de Mûntsjesylster Mûne dy’t ek wol ‘Rust Roest’ neamd wurdt. It is in mei reid dutsen achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou út 1856. Hy is boud as pelmûne mar no as nôtmûne yn gebrûk. Oan de rânen en yn de buert fan it doarp binne gâns monumintale boerepleatsen te finen.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.