Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


It dykdoarpke Peazens is al frij gau nei it oanlizzen fan de earste seedyk yn de 11e ieu ûntstien. De syl, de slûs, dy’t yn ‘e mûning fan de ta feart bedimme slinke de Peazens lein wurde moast, waard in oantreklik fêstigingsplak. Fanwege it oanslykjen wie de útwetteringsslûs mar beheind te brûken en hy waard yn 1449 opromme.

Peazens groeide út ta in fiskersplak dêr’t de bebouwing fan him oant yn de twadde helte fan de 18e ieu konsintrearre yn de buert fan de tsjerke. It levere net in regelmjittige tsjerkebuorren op. De huzen binne yn in pear ûnegale rigen tsjin de soal fan de dyk en de sintrale doarpsstrjitte oan boud.

Fan de twadde helte fan de 18e ieu ôf wreide it doarp him nei it westen ta út, trochdat by Peazens foar de dyk in soad lân oanslike en de bebouwing fier fan it wetter ôf kaam te lizzen. Oan ‘e westkant wie dat net it gefal en koenen de fiskersskippen makliker op de ree ankere wurde. Dêr ûntstie doe it twillingdoarp Moddergat. De ynwenners fan de doarpen foarmen mei-elkoar in fiskersfloat en de stoarmramp fan 1883 rekke Peazens like hurd. Krekt tsjin it lêst fan de 20e ieu is súdlik fan it doarp in beskieden útwreiding yn ûntwikkeling nommen. De doarpstsjerke datearret út begin 13e ieu en wie wijd oan Antonius. It is in let-romaanske, ienbeukige bakstiennen tsjerke, mei in wat ynspringend, healrûn sletten koar. De muorren rinne fan west nei east wat nei elkoar ta. Nei sloop fan de sealdaktoer yn 1792 is it skip nei it westen ta ferlinge. Op in nije slútmuorre is in houten toer mei in ynsnuorre spits pleatst. Nei alle gedachten is doe it tonferwulf ek oer it skip hinne spand.

Yn 1861 is súdlik fan it doarp nôtmûne De Hond boud, in achtkantige boppekruier op in mitsele foet en mei in stelling. Boppe de yngong sit in stien mei de ôfbylding fan in hûn en it jiertal 1861.

Parregea is in lang útstrekt streekdoarp oan it wetter de Warkumer Trekfeart. Oan de eastkant stean benammen boerepleatsen by it wetter. Sa strekt him oan de Boalserter kant in monumintale kop-hals-romppleats út dêr’t de foarein fan in ‘gedrukte’ ferdjipping hat. Sawat yn ‘e midden fan de him foaral oan de westkant fan de trekfeart útstrekkende bebouwing leit it terpeftich gebiet fan tsjerkhôf mei tsjerke.

Even súdlik fan de brêge stiet de eardere herberch De Harmonie, in bouwurk út de 18e ieu mei in fraaie boppeseal dy’t boud is fan brune stien, mei in flinke skuorre boud fan gieltsjes. Fierderop yn it suden riget in rige fan giele huzen him oanelkoar dy’t beheind fan omfang en uterst ienfâldich fan arsjitektuer, lykwols in ymposant ensemble foarmet. Oan de oare kant fan de feart hat fan de brêge ôf de heaks dêrop steande de Horstweg lintbebouwing fan de skoalle en huzen krigen.

De Parregeaster Mar is yn 1876-1879 tagelyk mei de neistlizzende Feitemar droechmeald. Doe wie it dien mei de lukrative fiskerij foar de Parregeasters, mar der wie sa om-ende-by 320 ha boulân wûn. Troch de polderwurkers is net allinne in regelmjittige blokferkaveling yn de droechmakkerij kommen, mar is, mei tank oan ûntwikkelders út Noard Hollân ek in rige stolpbuorkerijen ta stân kommen. Der is noch ien eksimplaar fan dit foar dizze streken eksoatyske type te finen.

De tsjerke stiet efter de bebouwing op in terpeftich en omgrinze hôf. Dizze om 1300 hinne fan grutte giele bakstien boude Johannes de Dopertsjerke mei in fiifkantige koarsluting, hat in relatyf mânske toer, dy’t yn de wide omkriten al fan fierôf te werkennen is. Oan de súdkant is de tsjerke iepene mei frij grutte spitsbôgefinsters mei stukadoare deikanten, wêrtroch’t der steunbearen tusken de finsters yn needsaaklik waarden. De foarse toer is fan read en brún materiaal mitsele en ûnder ek fan grutte moppen yn gemêlearde kleuren. Skean tsjin de tsjerke oer stiet de pastorije mei in navenant djippe foartún; in medaillon yn de tagongstravee jout it jiertal 1802 te lêzen.

It terpdoarp Peins leit yn it easten fan Frjentsjerteradiel: eastlik fan Frjentsjer en ek fan Skalsum dêr’t it mei in tunnel ûnder de autosnelwei A31 troch ferbûn is. It heart ta de rige terpen dy’t fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, Slappeterp oan de Hege Wier tusken Menaam en Berltsum ta rint.

Peins is in aardich doarp oan de dyk fan Frjentsjer rjochting Menameradiel wêroan’t, even eastliker yn de by it doarp hearrende buert Tamterp, inkele aadlike staten stien hawwe mei bewenners, dy’t it om bar foar it sizzen hienen yn de gritenij Frjentsjerteradiel. Oan en efter dizze dyk binne de nei-oarlochske doarpsútwreidings situearre. Yn it doarp rint fan dizze trochgeande dyk in ôftakking nei Sweins ta, nei it suden, mei in brêge oer de Skalsumer Feart, dy’t de efterkant fan Peins libbendich makket. De âldste bebouwing stiet oan dizze súdlike tak: inkele rigen huzen fan giele stientsjes dy’t datearje moatte út de 18e ieu en mooglik ien mei in rûn ûntlêstingsbôchje yn it muorrewurk miskien sels út de 17e ieu. Dêr yn de buert stiet ek de tsjerke, dêr’t eastlik fan ek noch in pear huzen fan it neamde type stean.

De oarsprong fan de Gertrudistsjerke moat fan foar 1200 wêze, mar se is al om 1300 ferboud. Yn 1865 is de tsjerke yn- en útwindich flink oanpakt en yn 1902 is se opnij ferboud. Yn dat lêst neamde jier is de toer ôfbrutsen en waard de hjoeddeiske sjarmante lantearne-eftige bekroaning op it middelste, wat útspringende diel fan de westgevel oanbrocht. It skip hat in trijekantige koarsluting fan brún bakstienmateriaal. It oare muorrewurk is iepene mei betreklik grutte rûnbôgefinsters en bestiet út alderhande soarten bakstienmateriaal. Fan foaral moppen yn giel en appelblossem dêr’t wat restanten dowestien fan de oarspronklike tsjerke yn fersile lykje te sitten. Sawol oan de noard- as súdkant is in tichtsetten yngong te bespeuren, mar de yntree sit no yn it front fan de tsjerke. Dat is fierder ûngastfrij sletten, mar de freonlike lantearnebekroaning fan in twaliddige koepel makket in soad goed.

Pepergea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntwikkelingsas dêr’t ek Blesdike, Steggerda en Finkegea oan ûntwikkele binne. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet Pepergea tekene as in lange útstrekte streek mei allinne bebouwing oan de noardkant fan de wei mei yn it suden, sawat yn ‘e midden fan it doarp, de tsjerke.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “insgelyks aan den gemelden Kerkweg, ten Westen van ‘t voorige Steggerda. De Kerk heeft hier een welgebouwden kloktoren, en staat aan den Zuidkant van den rydweg, terwyl men de huizen aan den Noordkant in ‘t geboomte vindt. ... De landen van dit Dorp zyn tegen ‘t overvloeien der Linde bedykt; terwyl deeze stroom, hooger Noordoostwaards op, ten Zuiden van Oldeholtpade, door het zoogenaamde Hille- of Linde Verlaat, wordt afgeslooten, om het water, vooral des Zomers, zo ten dienste der hooge streeken, als der Turfschepen, die van Noordwolde en Finkega komen .... De landen hiertoe behoorende, komen met die der nabuurige Dorpen in aard overeen.”

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is te sjen dat de healannen by de Linde troch it ferfeanjen alhiel fergroeven wienen. De ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol yn 1828 makke dat der yn it westen in buert groeide, dy’t him foarme ta it doarp De Blesse. Noch gjin heale ieu letter waard de spoarwei oanlein en krige Pepergea in stopplak (1870) en dêr by in kafee. Sadwaande waard it doarp yn twa parten ferdield, wat noch fersterke waard troch de oanlis fan de autosnelwei. It westlike part wurdt no by De Blesse rekkene.

De tsjerke is noch krekt net yn de ferdrukking kommen. Dizze wie oarspronklik wijd oan Sint- Nicolaas en is yn 1810 opnij boud, wêrby’t gebrûk makke is fan stikken âld muorrewurk. De elegante let-midsieuske toer is yn 1537 ferhege mei in tredde segmint en in iepen bewurke achtkantige, bakstiennen lantearne. De pinakels op de hoeken wurde mei krúsblommen bekroand.

Piaam, dat yn 1555 foarkomt as Pianghum, is in komdoarp dat bysûnder skildereftich justjes efter de eardere Suderseekust op net al te lege grûnen leit, de posysje fan oare doarpen yn de kuststreek yn acht nimmende. De kust is hjir fierders net frij want yn it noarden leit de Makkumer Súdwaard en yn it suden de Koaiwaard yn ‘e Iselmar.

It doarpsgebiet rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhandele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.

Tichtby de doarpskom binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerkelike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam.

De doarpsstrjitte bûcht nei de 13e-ieuske bakstiennen doarpstsjerke ta. Yn 1555 woenen de ynwenners der in laaien dak op ha; wierskynlik leit der dan noch reid op it dak en dat hat, sa tichtby de kust, te lijen fan stoarmen. Der wurdt meld: “Pyanghum is nyet beplant met eenighe boemen”. De westgevel is fernijd en by de restauraasje fan 1953 binne de rûnbôgige finsters yn it koar hersteld en it koar krige wer goatyske spitsbôgen. Oan de noardkant sit in hagioskoop yn it muorrewurk.

Eastlik fan de tsjerke leit de fraaie kop-rompbuorkerij Nynke Pleats dy’t út de 18e ieu datearje moat en wat súdliker noch sa’n buorkerij mei nijsgjirrich flechtwurk yn de gevel fan ‘e foarein. Yn 1889 waard it lytse grifformearde tsjerkje boud. Hjir is (fan de Aldfaers Erfrûte) dan ek it fûgelmuseum te besjen mei ûnder mear in diapresintaasje oer de bûtendykse, tige fûgelrike waarden.

Pitersbierrum is it meast westlike terpdoarp fan de rige dy’t yn eastlike rjochting op in kwelderwâl rint mei Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum en fierder. Pitersbierrum is it lytste twillingdoarp fan it wat eastliker lizzende Seisbierrum dêr’t it mei ferbûn is troch in mei beammen omseame dyk dy’t by de terp merkber oprint. Seisbierrum is mei nei-oarlochske nijbou foaral optein yn de rjochting fan Pitersbierrum.

It is eins in streekdoarp dat by de terp lâns skampt, mar der lizze ek noch wat buertsjes omhinne, bgl. yn it suden bûten de soal fan de terp. Der steane dêr nochal wat notabele wenningen, foar Fryslân kenmerkjende brede doarpswenningen fan notabelen en rinteniers út de jierren om 1900 hinne. Ien fan dy huzen fertoant dúdlik de karakteristiken fan de fernijingsstyl. In tige grut eksimplaar is Walburgastate mei djippe tún en oprydleanen. Walburga is in grutte neoklassicistyske filla mei in trije finsterfakken brede middenopbou mei in flau ôfdragend dak en fleugels mei ôfknobbe skylddakken. De grutte filla is yn 1857 boud foar de famylje Collot d’Escury. It funksjonearre fan 1909 oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta as gemeentehûs fan Barradiel.

Even fierder foarby de kearn fan it lytse doarp riist de herfoarme tsjerke op, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar. Yn 1845 boud nei in ferwoestende brân fan de âlde tsjerke yn 1843. It ûntwerp is fan de ferneamde neoklassicistyske boumaster Thomas Romein út Ljouwert. In profilearre wetterlist rint as omlisting om de fraai metrysk pleatste rûnbôgefinsters hinne. It ynterieur is bepleistere en hat in stukadoare houten ferwulf. De bakstiennen toer, dêr’t de earste stien fan yn 1879 lein waard, is sa’n bytsje neogoatysk fan styl. De romp is trije kear fersnien boud fan brune stien en fersierd mei flinke kordonbannen en frieskes. De tsjerke wurdt al jierren net mear foar de earetsjinst brûkt en stiet net op de monumintelist. Ferskate aksjes hâlde it gebou foarlopich oerein. It doarpsgebiet rûn eartiids troch oant en mei Roptastate oan de waadkust, mar by de weryndieling kaam it gebiet by Harns.

It mânske doarpsgebiet fan Penjum wurdt beskerme troch in noch gruttendiels te werkennen tige âld stelsel fan diken: de Penjumer Gouden Halsbân. Yn it ûnder bepaalde waarsomstannichheden ûnbarmhertich lege lânskip efter de seedyk foarmet Penjum in herberchsume, kompakte delsetting. It is in terpdoarp mei in net al te skerp ôfgroeven tsjerketerp dy’t noch bysûnder goed te erfaren is. It doarp hat in rom tsjerkhôf mei in izeren stek op in muorke en in seame fan net tige âlde linebeammen. Noardlik fan de tsjerke stiet yn in heale kring in prachtige rige diakonijwenningen, boud fan de yn dizze omjouwing sa karakteristike giele stientsjes: de Fryske trijelingen. Dêrtsjinoer leit de moaie buorren, de Grote Buren mei nochal wat goed ûnderhâlden en fariearde notabele wenningen.

Yn de Kleine Buren stiet ek in grut ferskaat oan huzen. De Burenlaan dy’t oan wjerskanten fan de yntree fan it doarp front makket nei de smelle Harnzer Feart, foarmet mei in fraai fariearde bebouwing fan fersoarge wenningen en boerepleatsen, fan om-ende-by 1900 en de tritiger jierren, in moaie eastlike doarpsgrins. De nei-oarlochske útwreidings binne sawol yn it noarden – mei ûnder mear in fraaie tradisjonalistyske rige wenningen út 1948 oan de L. Scheltestrjitte – as yn it suden telâne kommen, wêrtroch’t it doarp de regelmjittigens fan in rjochthoeke krigen hat.

De âlde letgoatyske doarpstsjerke op de net skerp ôfgroeven tsjerketerp is yn 1759 foar in part fernijd. De sealtsjerke hat yn de súdgevel trije rûnbôgefinsters. It measte muorrewurk is fan giel bakstienmateriaal fan lyts formaat, de noardgevel fan meardere soarten giele moppen mei foaroan ien rûn finster. It ûnderste segmint fan de foarse en yn de wide omkriten werkenbere toer is fan opnij brûkte dowestien mitsele, nei fersnijing sjogge we mêleard giele bakstien; nei in twadde fersnijing foaral lytser read materiaal. Yn it noarden oan de Grote Buren leit it lytse 18e-ieuske skûltsjerkje, opnommen yn it gewoane doarpswenning, fan de menisten, dat hjir in bysûndere wearde hat omdat Menno Simons yn Penjum libbe hat.

It terpdoarp Poppenwier is it noardlikste doarp fan de Legean en heart ta de fierste it lân yn lizzende terpdoarpen fan Fryslân. Yn de lette Midsieuwen hat it lytse kleaster Engwerd by Poppenwier stien. Noardlik fan de doarpskom stiet in buorkerij op it eardere kleasterhiem.

Oant yn de twadde helte fan de 19e ieu wie Poppenwier net oer lân mei Raerd en Tersoal ferbûn, in ferbining dy’t hjoeddei sa fanselssprekkend liket. De ferbiningen oer it wetter wienen wol goed. Krekt súdwestlik fan it doarp lei de Poppenwierster Mar, in marke dat droechlein is en dêr’t de kop-hals-romppleats Marsherne, earder kleaster- en letter weeshûsbesit, noch in oantinken oan is. It terpdoarp is rjochthoekich. De rjochte roailine is sichtber by de Bûtenbuorren dêr’t efter de wat oprinnende foartunen de huzen kreas yn in rjochthoekige rige stean. Poppenwier is in geef foarbyld fan in terp mei in blokferkaveling yn in lânskip mei sa’n selde karakter. Yn ‘e midden leit it gebiet fan tsjerkhôf mei de tsjerke.

Yn 1860 is de âlde tsjerke (Sint-Nicolaas) troch de hjoeddeiske ferfongen, wêrby’t de oriïntaasje ek fuortendaliks feroare is. It tsjerkeskip fan brune bakstien wurdt troch grutte rûnbôgefinsters ferljochte. De houten toer mei ynsnuorre spits is op de súdgevel pleatst. Westlik stiet in flinke pleats. De súdlike buert fan meast lytse huzen is op de feart rjochte. Oan de foarkant fan de huzen leit in paad mei oertunen. Der kaam in lytse flapbrêge dy’t it skildereftige karakter fersterke.

De hiemen by it plein yn de Binnenbuorren wurde mei rigen stekken ôffredige. It eastlik part fan de terp is kompakt beboud: oan beide kanten fan de Binnenbuorren stean de huzen ticht op elkoar. De huzeparade wurdt iepene mei in breed 18e-ieusk pân. De efterterreinen binne troch de Fiskerssteech en Skoalsteech berikber. Oan de lêste stege leit de 18e-ieuske fermanje. Even fierderop stiet de eardere herberch, it ienichste âlde bouwurk fan twa boulagen. Tsjin it doarp oan stiet in tal flinke boerepleatsen om de oergang fan it kompakte terpdoarp nei it iepen lân te begelieden.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.