Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Feankleaster is in streekdoarp mei yn it midden in brinkeftige romte. De delsetting hat nea in tsjerke hân, mar de ûntwikkeling hinget wol gear mei in kleasterstichting. It is ûntstien by in krusing fan wegen fan en nei Kollum, Aldwâld, Kollumersweach en Twizel.

Yn de 11e of 12e ieu is it gebiet yn kultuer brocht. Yn de 13e ieu stichten de premonstratenzers der fan Dokkum út it frouljuskleaster De Olijfberg, wêrfan de earste fermelding yn 1287 bekend is en wêrfan it grûnbesit troch legaten groeide oant ûngefear 245 ta. It kleaster is yn 1579 ferlitten en yn 1644 kamen de restanten fan de gebouwen en de landerijen yn it besit fan de famylje Van Fogelsangh. Sy stichte op de kleasterterreinen in state dy’t noch altyd it middelpunt fan de delsetting is. De monumintale, neoklassicistyske buorkerijen, de ûnderkommens fan it personiel yn chaletstyl en it steatlike ‘Lyts Slot’ dy’t by de state hearre, steane om en (noard) eastlik fan de state. Westlik dêrfan ûntwikkele him in lytsskalige bebouwing om de brinkromte hinne en by de wegen lâns nei Kollumersweach en Twizel. Ta de bebouwing hearre freonlike húskes en wâldspultsjes út benammen de 19e ieu en in herberch dy’t ta in grutte en drokke dancing útboud is.

Fogelsanghstate is in lânhûs dat yn it midden fan de 17e ieu boud is, om 1734 hinne fergrutte en oan it ein fan de 18e ieu fan in nije gevel mei pilasters foarsjoen is. Mei it each op keninklike besite is de state yn 1873 ferhege en plastere. It lânhûs hat in museumfunksje. Der om hinne en der efter leit ien fan de grutste parken fan Fryslân. Yn de 18e ieu hie it in barok oanlis. Lucas Roodbaard hat der yn de earste helte fan de 19 ieu yn ferskate fazen in lânskipspark fan makke mei ôfwikseljend in parkeftich en boskeftich karakter. Der is in ferskaat oan ferrassingen te finen: trijekantbrêge, iiskelder, kluzenerij, in hiele hege heuvel mei grutte teekoepel by in rom hertekamp. Foaral de fiverpartij is fassinearjend.

Vegelinsoard is in jong streekdoarp dat yn de twadde helte fan de 19e ieu ûntstien is yn de noardeastlike punt fan de Haskerfeanpolder dy’t yn dizze perioade ferfeane waard. De delsetting is ynearsten nei in tichtby lizzend wetter Stobbegat neamd. De net bot loovjende namme is earst yn Stobbegea feroare. Om 1955 hinne waard de offisjele namme Vegelinsoard, nei de aadlike famylje dy’t foar de ûntwikkeling fan Haskerlân in protte betsjutte. De âlde namme libbe noch lang troch, mar de nije is no gongber.

Yn de 19e ieu is hjir op grutte skaal leechfean wûn. Fan it midden fan dy ieu ôf koe begûn wurde oan it droech meallen fan it ta in petgattegehiel perforearre gebiet. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út dy tiid is te sjen hoe sterk de feanpolder fergroeven is. De yn 1859 / 60 boude poldermole dy’t noardlik fan Vegelinsoard stiet, docht hjir oan tinken. Dizze ‘Deelsmole” of ‘Grevensmole’ bemealde it noardlike part fan de Haskerfeanpolder. It is in achtkante grûnsiler mei in bakstiennen foet en in mei reid beklaaide romp en kap. Yn de stikken de Binnengreven en Bûtengreven is de ûntginning fan de útfeane streek begûn. Dêr stiet oan Deelswâl 3 in pleats út 1888 mei in ûnderkeldere blokfoarmich foarhûs op’ e hoeke fan de skuorre. De measte oare bebouwing yn de polder is fan jongere datum, want yn de tritiger jierren waard wurk makke fan it yn kultuer bringen fan de hiele Haskerfeanpolder.

Der binne pleatsen en arbeiderswenningen út dizze perioade te finen.

Yn it noardeasten is de delsetting mei konsintrearre bebouwing ûntwikkele. Dy wie yn de 19e ieu troch wetterferbiningen goed ûntsletten, mar no’t it ferkear benammen oer de dyk plak fynt, leit Vegelinsoard wat isolearre. De buorskip mei haventsjes by it Muontserak, Rusken en Snilen krige mei troch nijbou nei de oarloch it karakter fan in doarp, hokker status it yn de tuskentiid ek krigen hat. De yn it doarp frij brede Swarte Wei foarmet mei in plantsoen it sintrum.

Finkegea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntginningsas wêr’t ek Blesdike, Pepergea en Steggerda oan ûntwikkele binne. Yn it easten fan de streek kamen de Binnenweg en Bovenweg by elkoar. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is te sjen dat lykas by de oare doarpen oan de Binnenweg de bebouwing oan de noardkant leit, wat noch altyd it gefal is. Tichtby de feart stiet ek de tsjerke.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fan Finkegea oanjûn: ‘dit Dorp ligt ten Westen van ’t voorige Noordwolde aan denzelfden rydweg, die wegens het geboomte en de bouwlanden ter wederzyden niet min vermaaklyk dan de voorgaande is. De turf, die hier gegraaven wordt, kan door de Finkegaster Sloot, die uit de Noordwolder Sloot naar de Veenen gegraaven is, en door de Opsplyting en andere Wyken, gemeenschap met de Vierde Parten heeft, naar de Linde worden afgevoerd. Weleer zag men hier by de Kerk een spitsen toren van een byzonder en doorlugtig maaksel; doch die, bouwvallig geworden zynde, in 1754 is weggebroken. … Ook zyn hier de turfgraaveryen zeer aan ’t afneemen. Onder dit Dorp … behooren de buurtjes Wester-Hoeve en Ooster-Hoeve, niet verre van de Linde. Van dit Dorp loopt een rydweg door de landen naar Oldeholtpade, door een Wad in de Linde; doch deeze weg wordt sedert lang niet meer gebruikt.’

De buertsjes dy’t hjir neamd wurde, ha letter it doarp De Hoeve foarme.

De tsjerke is yn 1899 ferfongen troch in nij gebou nei plannen fan B.Rouwkema dy’t ek de herfoarme tsjerke fan Steggerda yngripend ferbouwe soe. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting mei steunbearen by de traveeën en finsters en detaillearingen dy’t yn harren mingde styl noch it measte nei de neogotyk ferwize. De toer is ek bysûnder, want it is in dûbele sealdaktsjerke wêrfan de nulle net, sa as gebrûklik yn Fryslân west-east, mar noard-súd rjochte is.

Froubuorren is in streekdoarp dat yn de rin fan de 16e ieu ûntstien is nei’t yn 1505 Het Bildt ynpoldere wie. It is it eastlikste fan de Bildtdoarpen. Lykas Sint-Anne en St. Jabik is it groeid oan de Middelwei. By Froubuorren is dat net bard op in krusing fan diken of fearten, mar eastlik fan de krusing mei de Hamerenwei–Atteswei, wêrby de streekbebouwing ynearsten krekt yn eastlike rjochting groeide nei it wetter fan de Ouwe Rij. Dêr ûntstie by de al yn 1555 fermelde nôtmole oan de grins mei Ljouwerteradiel in buert: Buerstermûne. De achtkantige stellingmole op in fjouwerkante, mei hout beklaaide ûnderbou en in mei reid dekte romp en kap datearret út nei alle gedachten 1862. Der is fierder in kafee-restaurant en noardlik fan de buert stiet op it grûngebiet fan Ljouwerteradiel de goed ûnderhâlden, no as wenhûs brûkte halte 3e klasse fan it lokaalspoar út 1901. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde fan Froubuorren: “Men vindt hier eene goed Kerk met een spitsen Toren, en een goede dubbele buurt Huizen.”

Oan de Middelwei, dy’t yn it sintrum J.P. van der Bildtstrjitte hjit en eastliker Waling Dijkstrastrjitte, steane ferskillende wenningen mei 18eieuske halsgevels mei skouder en kuifstikken. Oan de eastkant stiet in opfallende buorkerij út 1903 mei in blokfoarmich foarhûs dat royaal fersierd is mei sierpleisterwurk yn neorenêssânse foarmen. Op nûmer 21 stiet in pân mei in listgevel en in pilaster listwurk. Yn de sydgevel sit in tinkstien foar de Fryske folksskriuwer Waling Dijkstra dy’t hjir in bakkerij hân hat.

De tsjerke stiet noardlik fan de Van der Bildtstrjitte wat weromlutsen, wêrtroch in doarpsplein ûntstien is. De herfoarme tsjerke hat in houten geveltuorke en fiifkantige koarsluting dy’t yn 1670 boud is om de 16eieuske te ferfangen. Sawol yn it koar as yn de westlike gevel binne yngongen oanbrocht. Dy yn it westen hat in klassicistysk listwurk en in bekroaning mei it ferhaal fan de stichting.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.