Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Ypekolsgea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong, wêrby yn de hege Midsieuwen yn it noardeasten in delsetting by it wetter de Ie ûntstie dy’t fanôf de betide 11e ieu in selsstannige posysje krige: Wâldsein dat it memmedoarp al betiid mei gloede benefter liet. Ypekolsgea bleau in agraryske streek. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus bestiet it doarp yn de uterste súdwesthoeke út in lange streek fan sawat trije kilometer mei ûngefear tsien fier út elkoar steande pleatsen. Se steane foar in grut part súdlik fan de Weisleat, in sleat dy’t yndie flankearre wurdt troch in wei. De tsjerke stiet noardlik fan dizze ferkearsas.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Ipekolsga of Epekolsga, een Dorp van maatigen omtrek {…}; ’t zelve grenst ten Zuiden aan het Slooter meer, en had eertyds een sterk huis, toebehoorende aan Take Abbema, ’t welk in 1520, verwoest werd door de Schieringers, die te Slooten in bezettinge lagen. De Kerk van dit Dorp, in 1497, door de Soldaaten in brand gestoken zynde, verteerde met vyftien, daar in zynde, gewyde Hostien tot assche, die naderhand, zo men beuzelde, groote mirakelen deeden, en daarom zo veel toeloops hadden, dat men uithet offergeld eene nieuwe Kerk kon bouwen, die, vervolgens wederom vervallen zynde in 1664, werd vernieuwd, en met een spits torentje voorzien.’

De tsjerke is yn de 18e ieu ôfbrutsen. Der stiet no in yn 1956 fernijde dûbele klokkestoel mei helmdak. De twa liedklokken binne yn 1644 getten troch Jelte, Pier en Johan Riemers. Ypekolsgea hat in tal monumintale buorkerijen, sa as de yn 1783 boude kop-romp ‘Arbeid en Moeite’, dy’t no de namme ‘Werklust’ hat. Noardlik leit oan de wâl fan de Hegemer Mar de boerestreek Yndyk. In yn de greiden lizzend tsjerkhôf is it oantinken oan in doarpsferline.

Ysbrechtum is in komdoarp mei mooglik in terpferline. It tsjerkhôf leit nammentlik frij heech. It doarp leit tichtby Snits, wêrmei it yn 1844 in ferbiningsdyk krige, de mei pún ferhurde dyk fan Snits nei Boalsert. Tusken Ysbrechtum en Tsjalhuzum kaam in tolhûs dat der noch altyd stiet. Tsjalhuzum is oarspronklik in terpdoarp en is tsjinwurdich in agraryske delsetting fan in stik as wat buorkerijen en in tsjerkhôf mei in toer út 1871. Ear’t de wei nei Snits der kaam wie Ysbrechtum fia de Frjentsjerter Feart nei it wetternetwurk fan Fryslân ûntsletten.

De kom fan it doarp is foarme oan wjerskanten fan de Epemawei, by de ôfslach nei Skearnegoutum, de Kleasterwei. De kroniken sprekke fan in kreaze buert en in mei beammen omseame skadige yntree fan it doarp. De yntree út Snits wei is breed, mar in protte alluere is der net mear. De kreaze buert is bleaun want de Epemawei is foaral oan de noardkant omseame troch in rige notabele wenten, de brede middengongwenten, dy’t foar de twadde helte fan de 19e ieu sa tekenjend binne foar de Fryske doarpen fan wat betsjutting.

Alhoewol de tsjerke op it hege en mei in izeren stek fan de dyk ôfgrinze tsjerkhôf oan it ein fan de 18e ieu mei lof neamd wurdt, wurdt se yn 1865 ferfongen troch de tsjintwurdige, wêrfan it ûntwerp troch de Snitser stedsarsjitekt Meinse Molenaar makke is. It is in gebou yn in mingde styl dat út in romme tsjerkeseal mei grutte rûnbôgefinsters en in gâns leger en smeller oanboud koar bestiet. De toer hat in nullespits. In prielgrêf út 1696 fan de bewenners fan Epemastate siert de tsjerke.

Epemastate leit yn in rom park mei bosk en is ieuwenlang de residinsje west fan aadlike famyljes. De state datearret út de earste helte fan de 17e ieu en is faak ferboud: de lêste kear yngripend oan it ein fan de 19e ieu. In poartegebou mei wenferdjipping markearret de opleane.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!