Nijsgjirrichheden yn Allingawier


Boustyl: Sealtsjerke mei sealtektoer
Datearring: 1635
Restauraasje: 1978

Lizzing
Allingawier, foar it jier 1000 al in terpdoarpke mei op de terp de tsjerke. It lei hielendal yn it wetterlân fan súdwest Fryslân. Tichtby leine de grutte Warkumer- en Makkumermar

Eksterieur
It eksterieur is hiel sober. By de bou binne wer goatyske ruten oanbrocht, mooglik yn neifolging fan de âlde tsjerke dy’t yn 1635 sloopt en alhiel ferfongen is. By de koarsluting is oan de kleur fan de stien te sjen dat de tsjerke yn de jierren 1783-1788 ferboud is en dat de tsjerke doe ynkoarte. De tweintich meter hege toer hat tige tsjokke muorren. Yn de toer hinget in lûdklok dy’t komt út de âlde tjerketoer. Dy klok is yn 1599 getten troch Henrik Hegewaert út Kampen.

Ynterieur
In karakteristyk protestantsk ynterieur sûnder fersiering of hearebanken. In tinkstien yn de toer is fan 1635. Bysûnder yn it ynterieur binne de tsjerkebanken fan 1545.

Hjoeddeisk gebrûk
De grutte tsjerke fan Allingawier, in âld fiskers- en turfstekkersdoarp flakbij in droechmeallen mar, is hjoed-de-dei as 'Woord & Beeldkerk' ûderdiel fan de toeristyske rûte 'Aldfaers Erf', dy’t troch de doarpen Eksmoarre, Allingawier, Ferwâld en Piaam giet. Dy museumrûte liedt jo by restaurearre en oarspronklik ynrjochte pânen, ambachten, ark en gebrûksfoarwurpen. Sa kinne jo in byld krije fan it Fryske plattelânslibben yn de achttjinde en njoggentjinde ieu, yn de doarpkes flakbij de eardere Sudersee. Yn de tsjerke kinne jo sjen en harkje nei in klankbyldfoarstelling om it tema fan de Skepping hinne.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!