Nijsgjirrichheden yn Foudgum


Boustyl: Romaansk
Datearring: Iere midsieuwen
Ferbouwing: Oan de ein fan de 15de en yn de earste helte fan de 16de ieu is de tsjerke foar in grut part ferboud: de eastlike geveltop fan de toer is doe opboud en yn de noard- en súdgevel fan de toer binne de spoaren fan de ferbouwing werom te finen as in ferbroazele mitselferbân. De westlike geveltop waard alhiel op ’en nij mitsele. Dat ferklearret it grutte tal ankers oan de westkant fan de toer. De tiid fan de ferbouwing is oanjûn mei help fan ankers yn de topgevel, dy’t it jiertal 1753 foarmje.

Lizzing: Oan de dyk tusken Dokkum en Holwert leit it prachtige terpdoarp Foudgum.

Eksterieur: De tsjerke is in ienfâldich ienbeukich gebou: fjouwer rúttraveeën djip mei in trijesidige koarsluting en in sealtektoer. Yn de noard- en súdgevel fan de toer binne de tichtmakke bôgen te sjen, dy’t yn ferbining stienen mei de flankearjende oankaping fan it skip en sadwaande in ferlytse westwurk foarmen. De toer dy’t út ien stik is mei dêrboppe in sealtek tusken topgevels, is ôfdutsen mei swart glazuere ribbelpannen.
It skip is yn 1808 yn íén boukampanje op ’en nij opboud. It opgeande muorrewurk fan it skip is oan wjerskanten fan de tagongen en op de hoeken fan de koarsluting gearstald mei lisenen op in plint. De súdlike tagong is nei 1808 tichtmakke. De rûnbôgige finsters hawwe in izeren roedeferdieling. It skip fan de tsjerke wurdt ôfdutsen mei in sealtek mei in trijesidige sluting, belein mei swart glasuere platte Fryske pannen. Op de makelder boppe it koar stiet in wynwizer mei it wapen fan Foudgum.

Ynterieur: It tsjerke-ynterieur is hiel ienfâldich mei in aksiale opstelling fan de banken lykas yn in harkseal: fan efter nei foaren rinne de banken nei ûnderen. De tagong ûnder de galerij is in timmere wand mei in rûnbôgedoar mei derneist skyndoarren. De dûbele panieldoar wurdt flankearre troch Ionyske pilasters, dêr’t in kroanlist en in tosklist op lein binne. Dêr rêst de balustrade fan de oargelkreake op. Yn de toer lizze twa balstiennen dy’t ôfkomstich binne fan de fûneminten op de hoeken fan it westwurk. De gewichten dy’t der boppe hingje hearre by it slingeroerewurk út 1640 dat yn 1978 elektrifisearre waard. Op de toersouder hingje twa liedklokken. De grutte klok is fan 1395.

Oargel: Op de noch jimmer lege kreake waard yn 1924 in saneamd kabinetoargel út it begjin fan de 19de ieu pleatst troch de fa. Bakker en Timmenga. It oargel kaam út de 'Vrij Evangelische' tsjerke yn Ljouwert. De bouwer is J.E. Hageman, Amsterdam, omtrint 1775. It ynstrumint eaget as in kabinet, mar by it iepenjen fan de kastdoarren, dy’t by de restauraasje yn 1989 op ’en nij oanbrocht waarden, kaam it oargelfront foar ’t ljocht: trije piipfjilden mei fergulde jit-lofwurk. De stilen tusken de fjilden binne ek fersierd. By de restauraasje bleau de wizige klaviatuer en registratuer bestean. It ynstrumint hat 16 registerlûkers. In oantal binne sabeare, om de symmetry.

Hjoeddeisk gebrûk: Neist de earetsjinst wurdt it tsjerkje brûkt foar begraffenis- en troutsjinsten. Eltsenien kin tsjin fergoeding fan de ûnkosten gebrûk meitsje fan it romantyske tsjerkje. Der kinne ek lytse konserten holden wurde, (op syn meast 70 minsken). Jo moatte dêrfoar kontakt opnimme mei de Pleatslike Kommisje dy’t oer it behear en de ferhier fan it tsjerkegebou giet. Sjoch foar mear ynformaasje: www.mariakerkfoudgum.nl.

De Mariakerk staat op een terprestant. Van de oorspronkelijke kerk bestaan alleen de omstreeks 1200 gebouwde delen van de toren nog. Deze toren maakte deel uit van een gereduceerd westwerk. De restanten van de boogvormige doorgangen naar de zijruimten zijn als sporen in de noordelijke en zuidelijke muur te zien. Deze bogen hangen opvallend scheef. Dat is het gevolg van de verzakking van de toren in westelijke richting waardoor in de 15de eeuw correcties noodzakelijk waren. De toren is toen bovendien verhoogd.

De westelijke vleugelmuren en aansluitende gedeelten aan de noord- en zuidzijde zijn vernieuwd of ommetseld. In 1753 is de toren nogmaals hersteld; zie het anker in de geveltop. De toren staat met een steviger fundament sindsdien loodrecht, de oostgevel hangt nog steeds scheef. In het begin van de 19de eeuw bleek de stabiliteit nog goed, maar de kerk was zo bouwvallig dat besloten werd om een nieuwe kerk te bouwen, waarvoor in 1808 de eerste steen werd gelegd. Het schip is vier traveeën diep en de sluiting is driezijdig met lisenen op de hoeken. De dubbele deur heeft daar een halfrond bovenlicht. Aan de zuidzijde heeft eenzelfde toegang gezeten, maar die is dichtgezet met behoud van het bovenlicht ter verlichting van de voorkerk. De rondgesloten vensters bezitten ijzeren roeden.

Inwendig is de ruimte gedekt door een gedrukt houten tongewelf. Het middenpad tussen de eenvoudige bankenrijen leidt naar het liturgisch centrum dat is afgesloten door een koorhek met balusters. Daarin staat tegen de oostelijke sluitwand de preekstoel met klankbord. De kanselkuip met ranke, gecanneleerde hoekzuiltjes dateert uit het begin van de 17de eeuw, maar er zijn latere wijzigingen zoals de steun in de vorm van een korte ionische zuil. Het kabinetorgel op de westelijke galerij dateert uit 1775 en is in 1924 overgenomen uit een andere kerk.

Ten noorden van de kerk staat de interessante voormalige pastorie, waar van 1859 tot 1862 dominee François HaverSchmidt woonde, die met melancholieke gedichten onder het pseudoniem Piet Paaltjens naam maakte.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.