Nijsgjirrichheden yn Holwert


Boustyl: Loadewijk XVI-styl
Datearring: 1776-1778
Restauraasje: 1968

Lizzing: De mânske tsjerke leit oan de râne fan it doarp.

Eksterieur: De Sint Willibrordustsjerke is boud yn de jierren 1776-1778, op itselde plak as syn foargonger dy’t fan dowestien wie. De plannemakkers woenen dat it nije gebou oansleat by de trettjinde-ieuske toer en sa ûntstie de eigenaardige L-foarm yn de plattegrûn. It is eins in heale krústsjerke wurden. Boukundich heart de tsjerke ta de famylje fan de 'Sintraal-tsjerken' yn de Loadewyk XVI-styl. De tsjerke is boud neffens in ûntwerp fan de stedsboumaster fan Harns, Willem Douwes, dy’t ek behelle wie yn de bou fan de herfoarme tsjerken yn Harns en Berltsum.
Yn it mitsele muorrewurk sitte rûnbôgige finsters, dy’t by de restauraasje fan 1968 har âlde, achttjinde-ieuwske houtene roedeferdieling werom krigen ha. Mitsele pilasters drage in foars, houten listwurk. De tagongen ta it tsjerkgebou hawwe natuerstiennen poartjes deromhinne. It iene mei klassisistyske fersiersels is út de boutiid fan de tsjerke. It waard makke troch de stienhouwer Jelle Agema.
Neist de yngong is in eigenaardige stien mitsele mei in opskrift oer de bediking by Holwert yn de tiid fan tusken 1580 en 1584. In oare stien fan 1776 ferwiist nei it boujier fan de tsjerke.

Toer: De toer is in monumint op himsels. De markante spits út 1729 hat lang tsjinst dien as beaken foar de skipfeart op it Waad. Mei syn 52 meter hichte is it íén fan de heechste tsjerketuorren fan Fryslân. Der hingje twa klokken yn de toer: de iene is yn 1653 yn Ljouwert makke troch Jurien Balthasar. Earder hong dêrby in oare klok út 1600, mar dy waard yn 1943 troch de Dútske besetter yn beslach nommen en omsmolten. Dêrfoar yn ’t plak is yn 1974 in klok kommen dy’t earst yn de 'Heilige Hartparochie' yn Den Haach brûkt is. It boujier fan dizze klok is fan 1950. It oerewurk is yn 1912 fernijd.


Ynterieur: It tsjerkgebou wurdt oerkape mei fraaie tonneferwulften. It stucwurk waard oanbrocht troch Jan Filippes en Johan George Hinpel. Dy lêstneamde is ûnder mear bekend fan de kânsels dy’t er mei houtsnijwurk fersierde foar de tsjerken van Seisbierrum, Harns en Berltsum.
Hiel bysûnder is de kânsel út 1778 dy’t tsjin de noardmuorre pleatst is, makke troch houtfiker Yge Rintjes út Dokkum. De kânsel hat in rokokofersiering en foarmet mei it doopstek in skitterjend gehiel. Dat krijt ekstra oandacht troch de rykdom fan koperwurk fan in lessener, in sânglêshâlder, twa kandlers op de kânsel en in doopbekkehâlder oan de trep.
Yn de tsjerke lizze in alvetal grutte monumintale grêfsarken mei nammen fan aadlike famyljes lykas Van Alya, Tziessens, Jaersama, Ringia en Bonga. Der binne ek inkele grêfkelders.

Oargel: Yn 1852 wie der in yngripende ferbouwing. De doedestiidske kreake waard ûntmantele, om plak te meitsjen foar in oargel fan de firma J.C. Scheuer en Zn út Swol. Om lykwols genôch sitplakken te hâlden, waard de hjoeddeiske kreake boud. It oargel is yn 1907 yngripend ferboud troch de firma Bakker en Timmenga út Ljouwert. Yn 1988 is it oargel op ’en nij restaurearre. Men kin it oargel beharkje op de website fan Organum Frisicum.

Gebrûk hjoed-de-dei: De tsjerke fan Holwert is yn 2008 oernommen. De Pleatslike Kommisje hat it behear op him nommen: dy organisearret út en troch konserten en útstallings. De Protestânske Tsjerke yn Holwert, dêr’t de pleatslike grifformearren en herfoarmen sûnt 1 jannewaris 2009 yn opgien binne, hiert de eardere Herfoarme Tsjerke tolve kear it jier werom foar in sneinske earetsjinst. It gebou lient him foar grutskalige aktiviteiten: der is plak foar goed 250 besikers.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.