Boustyl: Romaansk
Datearring: Ein 13de ieu
Restauraasje: 2008
Lizzing:
Fuort by Marrum leit, op in kwelderwâl, earder in doarp mar no in buert: Westernijtsjerk. De tsjerke stiet op in grut tsjerkhôf dat doedestiids in part wie fan in stinzeterrein dat tahearde oan de Jeppema’s.
Eksterieur:
Wierskynlik ein 13de ieu boud mei restanten fan in eardere stins: Jeppema State. Yn de 15de ieu waard de tsjerke fernijd en fergrutte. De tsjerke bestiet út in ienbeukich skip en in trijesidich sletten koardiel, beide fan bakstien en in allyksa bakstiennen toer. Der binne twa kleuren stien tapast: in griengiele stien en in hurder bakte reade stien dy’t by de tichtmitsele finsters oan de noardkant om bar yn streken ferwurke is.
Oan de noardkant fan it skip binne resten reade pleister te sjen. De súdmuorre is wat ferskillende gruttere parten oangiet beklaaid mei 18de ieuske stien. It koar mei de mitsele kralen oan de hoeken fan de sluting en spoaren fan rûnbôgefinsters is let-Romaansk. De muorren fan it skip binne neffens de spoaren fan finsters dy’t oan de noardkant te sjen binne noch Romaansk, mar wike troch de materiaaltapassing in bytsje ôf. De súdmuorre is yn de 19de ieu mitsele.
De twa klokken yn de toer, sûnder de namme fan de jitter, binne yn 1385 en 1405 makke. Op de grutste klok stiet yn Goatyske letters: Te colo Virgio pia vocorque postea ergo Maria a.d.m.CCCLXXXV (Jo ferearje ik fromme Faam en fierder wurd ik dêrom neamd Maria. Yn it jier fan de Heare 1385).
De lytse klok hat ek in opskrift yn it Latyn: a.d.m. CCCCV dum trahor audite voco vos ad gaudia vite (Yn it jier fan de Heare 1405. As it myn tiid wurdt, harkje! Ik rop Jo ta de freugde fan it libben).
Ynterieur:
It is in bysûnder tsjerkgebou mei fjirtjinde-ieuske muorrenissen. Fan it meubilêr yn de tsjerke is de preekstoel út de 18de ieu. Fierder is der noch in iken hearebank út it begjin fan de 17de ieu mei oerkaping op Korintyske pylders, wylst trije einsketten fan banken mei sniene panielen en bekroanings fan de 16de ieu binne. Yn de dooptún lizze orizjinele estrikken.
Oargel:
It oargelfront út 1880 - fan Fokke Bakker en Arjen Timmenga - wurdt beskôge as in moai foarbyld fan de Fryske oargelboutradysje.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke fan Westernijtsjerk wurdt net sa yntinsyf brûkt. De 'Plaatselijke Commissie' organisearret sa út en troch konserten en eksposysjes. It gebou is beskikber foar rou- en troutsjinsten. Der is wol in keuken en toilet, mar gjin ferwaarming. De tsjerke is wol gewoan te besytsjen. Belangstellenden kinne de kaai krije op it adres Pantsjewier 37 yn Marrum.