Nijsgjirrichheden yn Wier


Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: Earste faze 13de ieu
Restauraasje: 2011-2012

Lizzing:
De tsjerke fan Wier stiet op in ouwerwâl oan de eardere râne fan de Middelsee. Hy is nei alle gedachten boud as in kapel fan Lauta-state dat dêr tichtby lei. De Middelsee ferdwûn earst doe’t yn de 16de ieu de diken fan It Bilt oanlein waarden.

Eksterieur:
Boud mei in grut formaat 'âlde friezen'. It skip hat in healrûn koar. Yn 1786 hat de súdmuorre in nije skyl fan bakstien krigen. De toer is yn 1881 alhiel fernijd. De steunbearen oan de súdkant fan it skip binne fan 1923.

Ynterieur:
Yn it koar is in foar Fryslân unike opstelling te sjen fan in ovale jûnsmielstafel út 1876. Nei de Reformaasje krige de tsjerke in protestantsk ynterieur: dêrby waard de preekstoel oan de súdmuorre ophongen. Foar de preekstoel oer is in hearebank.
Yn de hal is it koalehok bewarre bleaun dat by de restauraasje fan 1954 oanbrocht is. By de lêste restauraasje hat it ynterieur de kleurstelling beholden dy’t yn de ‘sobere jierren fyftich’ oanbrocht is.

Astronomysk oerewurk:
Yn de Twadde Wrâldoarloch siet J. Fred. M. Bruin ûnderdûkt op de pleats fan de famylje Sevenster, tichtby de tsjerke. Hy makke út tankberens in astronomysk oerewurk, dat yn 1946 oan de súdgevel fan de toer befêstige is. Dat oerewurk is ek folslein restaurearre.

Oargel:
It oargel is boud troch P.J. Radersma út Wieuwert (1842). It wachtet noch op restauraasje.

Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke is no yn gebrûk as ‘Ioannis Theater Tsjerke Wier’. Yn it eardere bierehokje binne no twa húskes makke. De tsjerke is boppedat foarsjoen fan in moderne ljocht- en lûdsynstallaasje. De tsjerke is te hier foar tredden.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.