Boppe Dokkum leit in prachtich en noch foar in grut part net ûntdutsen gebiet. It lânskip falt op troch prachtige fiersichten, skildereftige terpdoarpkes, ieuwenâlde tsjerkjes, ferskillende soarten mûnen, steatlike pleatsen, meänderjende streamkes en âlde diken. It lân by kust lâns wurdt oerhearske troch de ymposante seedyk. Dy is yn de jierren ’70 fan de foarige ieu op Deltahichte brocht (5 meter boppe NAP). Dêrmei like it of dat de striid tsjin it wetter definityf beslist wie. Mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat de dyk yn de takomst dochs noch ferhege wurde moatte sil. Bûtendyks lizze de kwelders, dy`t allinne by stoarm en ekstreem heechwetter noch ûnderstrûpe. Daliks efter de dyk lizze de doarpen Wierum, Peazens en Moddergat. It fiskerijferline is dêr noch dúdlik te fielen en te sjen. Op de dyk by Wierum en Moddergat steane twa monuminten dy`t yndruk meitsje en dy`t in oantinken binne oan de grutte fiskersrampen dy`t dêr ein njoggentjinde ieu plakfûnen. It ieuwenâlde tsjerkje fan Wierum stiet hast tsjin de moderne, strakke seedyk oan, dat in prachtich kontrastearjend byld jout. Nei it westen ta lizze Ternaard en Holwert. Dêr is noardlik fan de âlde dyk in nije dyk oanlein. Oer de âlde dyk rint in dyk dy`t in moai útsicht jout oer it âlde en it nije lân. De dyk fan Holwert nei Dokkum giet oer in pear terpen mei lytse doarpkes derop. Ién dêrfan is Foudgum, dêr`t de dichter Francois HaverSchmidt, alias Piet Paaltjens, fan 1859 oant 1863 dûmny wie. De pastorije is hjoed de dei in ’Bed and Breakfast’. It lân by de kust lâns bestiet út in âlde kwelderwâl. Troch de hegere lizzing is it dêr meast boubuorkerij. Fierder it lân yn leit it lân leger en is it greidbuorkerij. It is in prachtich, net skeind terpelânskip dêr`t men al fytsend of rinnend ta rêst komme sil. It is net frjemd dat hjir, justjes súdlik fan Hantum, in boeddhistysk meditaasjesintrum is. It gebou yn de foarm fan in Yndiaaske ’stoepa’ (timpel) hat yn dy omjouwing in ferfrjemdzjend effekt en is allinne om dy reden al in lytse besite wurdich. Troch it gebiet slingeret fierder it rivierke de Peazens. Yn 1860 waard dêryn in ’ontzaggelijk groote visch’ ûntdutsen. Nei in ferwoeden striid dy`t twa dagen duorre, waard de 2.60 meter lange steur yn de opfeart nei Nijewier fongen. It fleis (en de kaviaar?) waard ferkocht oan in tal fermogende Kollumers. De hûd fan it bist waard opfolle mei strie en is no noch altyd te bewûnderjen yn it doarpshûs fan Nijewier.

’Hert fan Fryslân’, sa wurdt Grou faak neamd. Letterlik sjoen kin men dêr eins net folle op ôftingje: it doarp leit likernôch yn de midden fan de provinsje. Yn oerdrachtlike sin is der lykwols ek in soad te sizzen foar dy beneaming: Grou stiet symboal foar Fryslân as wettersportprovinsje. It doarp is net om `e nocht it prachtige dekôr foar de iepeningswedstriid fan it jierlikse ’skûtsjesilen’ op de Pikmar en de Wide Ie. Benammen yn de moannen juny, july en augustus is Grou in tige drok besocht en brûzjend wettersportsintrum. Mar it doarp hat mear te bieden as allinne it wetter, folle mear. Fóar de opkomst fan de wetterrekreaasje wie Grou al in bloeiend doarp. De sintrale lizzing en it wetter dat der oeral is wienen geunstich foar hannel, skipfeart, fiskerij en lyksoartige bedriuwichheid, lykas skipswerven, seilmakkerijen en touslaggerijen. Der wie net allinne in soad wetter om it doarp hinne, mar ek ýn it doarp. It measte dêrfan is tichtsmiten, mar de ’arsjipelstruktuer’ is noch dúdlik te sjen. De kombinaasje mei de meast foarname bebouwing soarget foar in sfearfolle en foar in part deftige ambiânse. In unyk barren is it Sint Piterfeest, dat alle jierren op 21 febrewaris fierd wurdt en min of mear de Grouster wjergader is fan it Sinteklaasfeest. It feest is neamd nei de beskermhillige fan de fiskers en de skippers. Oan dy Sint Piter is ek de ymposante tolfde-ieuske tsjerke wijd. Oare bysûnderheden dy`t de muoite fan it besjen wurdich binne binne it mineralogysk museum en it yn 1942 boude riedshûs, mei yn de kelder museum De Trije Grietenijen. Súdlik fan Grou leit Akkrum, in oar typysk wettersportdoarp. Wat minder drok as Grou, mar ek tige libben en gesellich. It doarp is de skeakel tusken de Fryske Marren en de Turfrûte, in rekreative farrûte troch súdeast Fryslân, de Kop fan Oerisel en it westen fan Drinte. Lykas Grou is Akkrum ek foar de net-wettersporter oantreklik. Troch de ôfwikseling fan meast karakteristike bebouwing mei moaie iepen romten is it sûnder mear in fraai doarp. Hiel bysûnder is Coopersburg, yn 1901 boud as ’tehuis voor minvermogende ouderen’. It is neamd nei de begoedige stichter Folkert Harmens Kuiper, dy`t 23 jier âld út Akkrum emigrearre wie nei Amearika en him dêr Cooper neamde. Yn it derby hearrende park liet er foar him sels en syn frou in prachtich mausoleum bouwe. In oar bysûnder gebou is Welgelegen, yn 1924 boud as ’tehuis voor ongetrouwde dames en weduwen’. Keunstleafhawwers kinne terjochte by Atelier Wynske en Atelier Zuup (in Nes). En wolle jo ris hiel wat oars? Doch mei oan it Open Fries Kampioenschap Slingeraap, dat alle jierren yn Akkrum holden wurdt. De Kromme Knilles slingeret ek, sa’t de rivier de Boarn tusken Akkrum en it Prinses Margrietkanaal hjit. Oan de oare kant fan dat kanaal leit Jirnsum, in sfearfol wettersportdoarp, krekt wer wat rêstiger as Akkrum. Hjir hat de Boarn de alles betsjuttende namme ’Rak fan Ungemak’: troch it grutte tal bochten koe men de rivier net maklik besile. De skiednis fan it doarp wurdt wiidweidich en aardich ferwurde en ferbylde op www.irnsum.nl. Bûten de trije wettersportdoarpen fine jo wier in oäze fan rêst. Greiden sûnder ein, wetter, prachtige fiersichten, monumintale pleatsen en hjir en dêr in ferstille doarpke. In paradys foar fytsers, ruters, kuierders en skeelerders. Fytsen kinne jo hiere yn Grou of Akkrum. In moaie en goed dokumintearre rûte is ’De 8 van Grou’, te krijen by de VVV. Mar jo kinne de omkriten fansels ek hiel goed op eigen manneboet ûntdekke. In must foar natuerleafhawwers is it gebiet om Goaiïngahuzen hinne, súdlik fan de Pikmar en de Wide Ie. Hjir lizze de Botmar en it "Unlân van Jelsma en Kobbelân". Trije houtene spinnekopmoles meitsje it plaatsje folslein. Grou mei dan ’it hert fan Fryslân’ wêze, it échte middelpunt is Eagum, ién fan de lytste doarpkes fan de provinsje. Teminsten, it wíe ea it middelpunt. Mooglik. Neffens de oerlevering stiet de opfallende, sûnt inkelde ieuwen losse, tsjerketoer sels deun neist it middelpunt fan de wrâld. Nijsgjirrich? Gean it sjen!

Yn dit prachtige gebiet fine jo in soad wetter, in híél soad wetter: njonken de Snitser Mar sels ek de withoe folle fearten, sleatten en puollen dêromhinne. It is dus ynearsten in paradys foar de wettersporter! Mar ek foar dyjingen dy`t leaver fêste grûn ûnder de fuotten hawwe hat it gebiet in hiele soad te bieden. Moair fiersichten, fertier, kultuer, kultuerhistoarje, natuer, rêst en stilte. In goede manier om it gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rûntsje Snitser Mar dwaan kinne. Top en Twel is de pleatslike namme foar de doarpen Toppenhuzen en Twellingea, dy`t yn it Nederlânsk Oppenhuizen en Uitwellingerga hjitte. It gebiet om de doarpen hinne bestiet út in tizeboel fan fearten, sleatten en markes. It is dêr in oäze fan rêst, ferlike mei de tichtbije Snitsermar en it drokke Prinses Margrietkanaal. By de dyk lâns troch de beide doarpen stiet in keunstwurk dat ’de trije reuzen’ symbolisearret, dy`t neffens in leginde ferantwurdlik binne foar it ûntstean fan in trijetal fearten yn it gebiet. Top en Twel hat ek de net-wettersporter it nedige te bieden: in galery, in tal keunstners waans wurk jo (op ôfspraak) by harren thús besjen kinne en in itensiedersstudio. Hiel aardich is ek it bewarre bleaune tramhúske yn Twellingea, dat hearde by de ûnderwilens al lang ferdwûne tramline Snits-De Jouwer. Eastlik fan de Snitser Mar lizze de Lege Wâlden. Troch de lege lizzing wie it lang in ûntrochlitber, sompich gebiet. It leechfean waard fan de tsiende ieu ôf oanmakke, mar oant fier yn de njoggentjinde ieu stie it gebiet alle winters noch ûnder wetter. Dêrtroch ûntjoegen har saneamde blaugerslannen. De ’Blaugerzen’beëasten Eagmaryp is it grutste oaniensletten areaal blaugerslân fan Nederlân. Noch wat fierder nei it easten leit it nochal isolearre Vegelinsoard, dat earder Stobbegat hiet en earst yn 1955 syn hjoeddeiske namme krige. It doarp is neamd nei de adellike famylje Vegelin, dy`t in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan it gebiet noardeastlik fan De Jouwer. Vegelinsoard leit yn it noardelike part fan de Haskerfeanpolder, dat earst yn de earste helte fan de tweintichste ieu oanmakke is. Goaiïngaryp is in wettersportdoarpke dat populêr is om syn prachtige lizzing oan de puollen dy`t nei it doarp neamd binne. Dy Goaiïngarypster Puollen steane yn direkte ferbining mei de Snitser Mar en binne yn de ferneamde Snitswike in part fan it wetter foar de wedstriid. Fierder yn it jier oerhearskje rêst en stilte. It rêstige en freonlike Terkaple hat ek syn ´eigen´ puollen. Oan de noardwestkant dêrfan leit Terherne. Njonken wettersportsintrum is dit doarp ek bekend om it aventoerepark Kameleondorp. In oare ’lûker’ yn dit gesellige doarp is de klassike skippehaven. It seit himsels dat Terherne ek wat terraskes oangiet, restaurants en oernachtingsmooglikheden folslein ynsteld is op it toerisme.

Yn Fryslân binne de ferfeanterijen nearne sa dúdlik yn it lân te sjen as yn it gebiet tusken It Hearrenfean en Akkrum. Hjir, yn de saneamde Lege Midden fan provinsje, leit it natuergebiet De Delen. Yn dit prachtige gebiet oerhearskje rêst, romte en natoer. Dat wie yn de earste helte fan de tweintichste ieu wol oars. Om 1920 hinne waard yn it gebiet begûn mei it ôfgraven fan it leechfean en wie it der in drokte fan komsa. Troch it ôfgraven ûntstienen de saneamde ’petgatten’; dêrtusken waarden lytse stikken lân gewurde litten dêr`t it ôfgroeven fean te droegjen lein waard: de saneamde ’setfjilden’. De turf waard ôffierd troch de spesjaal dêrfoar groeven ringfeart, dy`t by Ulesprong oansleat op de Nije Feart en by Haskerdiken op de Hearresleat, dy`t al yn de sechstjinde ieu groeven wie foar de turfwinning. Nei it ôfrinnen fan de turfwinning hat him in unyk natuergebiet ûntjûn, dêr`t in grut tal soarten wetterfûgels har bysûnder thús fiele. Mei troch de oanwêzichheid fan seldsume soarten as de blaustirns (’zwarte stern’), de reade reager (’purperreiger’) en de brune hoanskrobber (’bruine kiekendief’) hat it gebiet de ynternasjonale status fan ’Wetland’ krigen. ’Staatsbosbeheer’ hat troch it 500 hektare grutte natuergebiet twa kuierrûten útset (1,5 respektivelik 3,5 km). Troch it museum It Damshûs yn Nij Beets binne spesjale farekskurzjes nei en troch it gebiet te meitsjen. In rûte dy`t yn it teken stiet fan de ferfeantingsskiednis fan it gebiet is Domela’s Paad, neamd nei Domela Nieuwenhuis, de bekende dominy en politikus dy`t him tige ynset hat om de erbarmlike libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. De 25 kilometer lange rûte giet troch it gebiet tusken De Tynje en Nij Beets en is geskikt om te fytsen of te rinnen. Yn en om De Tynje is fan alles te dwaan. Autoleafhawwers kinne bygelyks terjochte yn it ’1e Nederlandse Opelmuseum’ yn it doarp sels. Leafhawwers fan streekprodukten kinne har hert ophelje by tsiisbuorkerij ’De Deelen’ (oan de dyk rjochting Aldeboarn) en tsiisbuorkerij ’De Gelder’ oan de dyk nei Lúkswâld. Ulesprong, noardwestlik fan De Tynje, is in paradys foar keunstleafhawwers: dêr lizze galery en byldetún La Lanka en kinne jo (op ôfspraak) wurk besjen fan byldhouster Lia Versteege. En oan de oare kant fan de Nije Feart stiet it yn 1924 boude Sudergemaal dêr`t wikseljende eksposysjes holden wurde fan keunstners dy`t har ferbûn fiele mei it Fryske lânskip. It yn 1876 oan de Ringfeart boude Tripgemaal wurdt ek foar dat doel brûkt. Hjir is tagelyk in lyts museum fêstige dat in byld jout fan de ferfeanterij en de fiskerij yn it gebiet. It Tripgemaal wie in part fan it stelsel fan mûnen, gemalen, diken en slûzen dat tsjinne om it gebiet besuden De Delen droech te lizzen en droech te hâlden om it úteinlik wer yn kultuer bringe te kinnen. Yn dit gebiet, de eardere gemeente Eanjewier, wie it ôfgraven fan it fean al yn 1800 begûn. Troch de rigoereuze manier dêr`t dat op dien waard, bestie Eanjewier 30 jier letter foar mear as de helte út wetter en wie it oare lân foar in grut part net mear geskikt foar oar gebrûk. Om op ’t lêst it saneamde ’ûnlân’ wer geskikt te meitsjen foar de lânbou wie yn 1833 de ’Polder van het Vierde en Vijfde Veendistrict’ oprjochte. Noardlik fan De Delen rint De Boarn, in ôfwetteringsrivier fan it Drintsk Plato dat yn eardere tiden útkaam yn de Middelsee, in see-earm dy`t Fryslân ferdielde yn in westelik part (Westergoa) en in eastlik part (Eastergoa). Krekt as de Nije Feart en de Hearresleat is de Boarn in part fan de (grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel. Aldeboarn, dat oan de Boarn leit, stiet bekend om de jierlikse gondelfeart yn augustus. Dat barren bestiet al sûnt 1946 en hat him ûntjûn fan in optocht op it wetter ta in spektakel mei 15 objekten op it wetter dy`t winliken hiele teaterproduksjes foarmje. Net om `e nocht komme hjir alle jierren tûzenen besikers op ôf.

Noardeastlik en eastlik fan Ljouwert leit in hiel bysûnder gebiet. Hast nearne yn Nederlân binne op sa`n koarte ôfstân fan elkoar sokke ferskillende lânskippen te sjen. Bosk, sompige reidlannen, greiden, feandobben, beammesingels: de Trynwâlden biede in soad ôfwikseling. Neffens in leginde ûntlient it gebiet syn namme oan in rike widdofrou, Tryntsje. Dy liet har sân soannen elts in pleats nei mei in soad grûn. Om dy pleatsen bouden de soannen neffens it ferhaal elts har ’eigen’ doarp. Sa waard Âldtsjerk ferneamd nei de âldste soan, Oentsjerk nei soan Oene, Gytsjerk nei Gieke, Readtsjerk (Roodkerk) nei Rode, Ryptsjerk naar Rype, Tytsjerk nei Tiete en Wyns nei Wynse. Foar it doarpskafee oer yn Oentsjerk stiet in keunstwurk dat Tryntsje en har sân soannen útbyldet. De seis ’tsjerkedoarpen’ lizze op in smelle, fan noard nei súd rinnende sânrêch. Dat boskrike gebiet wie earder al yn trek by de adel, dy`t dêr harren bûtenferbliuwen bouwe lieten. In oantal derfan binne bewarre bleaun: De Klinze, Stania State en Vijversburg. Om alle trije leit in 19de ieusk park yn de Ingelske lânskipsstyl, ûntwurpen troch de ferneamde Lucas Pieter Roodbaard. Nei it westen ta giet it smûke lânskip abrupt oer yn in wiid polderlânskip. Dêr lizze dielnimmers oan de Alvestêdetocht har lêste kilometers ôf, foardat se finishje op de Bonkefeart, dy`t fuort neist de westlike tagongsdyk fan Ljouwert lâns rint. De brêge oer it Alddeel is omtsjoend yn in unyk monumint foar de ’Tocht der tochten’. Súdlik fan Gytsjerk leit it natuergebiet De Grutte Wielen, dat bestiet út dobben, sompige reidlannen en leech lizzende greidlannen. Tusken dit gebiet en it fierder nei it easten lizzende Ottema-Wiersmareservaat is in ekologyske ferbiningssône oanlein: de Bouwe Pet, in sompe-eftich gebiet. Eastlik fan Oenstjerk giet de oergong fan bosk nei it iepen feangreidegebiet folle mear fansels. Dêr wurde stikken bosk ôfwiksele troch iepen plakken. Dat jout fan de lytse dykjes, sânpaden en ruterpaden ôf prachtige trochkykjes. It sil dúdlik wêze: de Trynwâlden hawwe eigentlik alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw. In prachtich, ôfwikseljend lânskip, in ferskaat fan natuer, wetter en in rike kultuerhistoarje. En soks allegear binnen fytsôfstân! Mar neist fytsen lient it gebiet him ek poerbêst foar kuiertochten en is it in paradys foar ruters en de (lytse) wettersport.

Liefhebbers van cultuurhistorie en traditionele kunst kunnen hun hart ophalen in het prachtige kustgebied tussen Makkum en Hindeloopen. Het gebied is de bakermat van het beroemde Makkumer aardewerk, de vermaarde Hindelooper schilderkunst en het iets minder bekende, maar ook zeer karakteristieke Workumer aardewerk. Twee van de Friese Elfsteden liggen hier: Workum en Hindeloopen. En wie Makkum bezocht heeft, zal het er over eens zijn dat er eigenlijk twaalf Friese steden hadden moeten zijn Maar dit gebied heeft veel meer te bieden: een schitterend wijds landschap, schilderachtige dorpjes, rust, ruimte en een veelzijdige natuur. U kunt hier werkelijk prachtig fietsen, wandelen, skeeleren of paardrijden. En het IJsselmeer biedt grenzeloze mogelijkheden om te varen, zeilen, (kite)surfen, waterskiën, zwemmen of vissen. Makkum is van oorsprong een vissersplaatsje, waar later wat industriële bedrijvigheid ontstond: scheepswerven, houtzaagmolens, steenfabrieken en kalkovens. De laatste decennia is het uitgegroeid tot een drukbezocht en bruisend dorp dat voornamelijk leeft van het toerisme. Een deel van de Makkumerwaard, een ingepolderd deel van het IJsselmeer, is omgetoverd in een recreatief gebied met een camping, een villapark, een zandstrand, een jachthaven en een boulevard met winkels. Ten noorden en zuiden daarvan liggen de Makkumerwaarden, een aantrekkelijk natuurgebied. Het oude dorp heeft zijn authentieke en sfeervolle karakter behouden. Door de aaneengesloten bebouwing, die vooral bestaat uit voorname woningen, herenhuizen en pakhuizen heeft Makkum een stedelijke uitstraling. Aan de Turfmarkt is in twee achttiende-eeuwse panden met een moderne uitbreiding het wereldberoemde aardewerkbedrijf Koninklijke Tichelaar gevestigd, waar u (op afspraak) een rondleiding kunt krijgen. Kunstliefhebbers kunnen ook terecht bij Galerie Käller, Atelier In Beeld of in het atelier van Aart Cornelissen. Gaat u liever winkelen? Ook dan kunt u in Makkum uitstekend terecht. De stad, pardon: het dorp, heeft veel leuke winkels en voor tussendoor en na afloop zijn er zijn verschillende gezellige terrasjes, cafés en restaurants. Tussen Makkum en Workum ligt het gebied van de Aldfaers Erf Route. Deze ruim 20 kilometer lange route verbindt een aantal schilderachtige dorpjes, voert door uitgestrekte weilanden, langs de IJsselmeerdijk en combineert cultuurhistorie, landschap en natuur. Tussen museumdorp Allingawier en Idsegahuizum ligt de Makkumer Súdmar, een veenpolder die eind negentiende eeuw is drooggelegd. Zuidelijk van Piaam loopt de route direct achter de dijk en langs de Dyksfearten. Gaast, de naam zegt het al, ligt wat hoger op een zandopduiking. De lieflijke, prachtige ligging direct achter de dijk doet op geen enkele wijze vermoeden dat hier vroeger, volgens de overlevering, ruig volk woonde: jagers, matrozen en walvisvaarders. Hier hebt u vanaf de dijk een werkelijk adembenemend uitzicht over het IJsselmeer, de Makkumerwaarden en de Workumerwaard. De Workumerwaard werd na de afsluiting van de Zuiderzee (1932) bedijkt. Vanaf de weg over de oude Zuiderzeedijk hebt u een prachtig zicht op het oude en nieuwe land. Ten zuidwesten van Workum ligt het Workumer Nieuwland, dat ruim 300 jaar eerder al werd ingepolderd. De weg van Workum naar Hindeloopen ligt ook hier op de oorspronkelijke Zuiderzeedijk. Workum en Hindeloopen zélf behoeven eigenlijk nauwelijks toelichting. Voor een beschrijving van de sfeer en het karakter: klik hierboven op één van beide steden. Workum dankt zijn bekendheid natuurlijk mede aan het Jopie Huisman Museum. Maar ook Museum Warkums Erfskip is een bezoekje waard. Verder telt dit gezellige stadje een behoorlijk aantal galeries, ateliers en pottenbakkerijen. U vindt ze op site www.workum.nl, die we van harte aanraden als u nog meer over Workum wilt weten. Hindeloopen is beroemd vanwege de karakteristieke schilderstijl. Voorbeelden daarvan kunt u zien in verschillende winkels en ateliers én in het Hidde Nijland Museum. In het schilderachtige stadje vindt u ook het unieke Eerste Friese Schaatsmuseum. Is het meer weer voor op het strand? Dat vindt u aan de zuidkant van het stadje. Realiseer u dan dat u deel uitmaakt van een lange traditie. Het bijzondere, in 1913 gebouwde badpaviljoen getuigt van de lange historie van Hindeloopen als badplaats.

It Lauwersmargebiet By de Deltawurken tinkt eltsenien daliks oan Seelân en Súd-Hollân, dêr`t yn 1953 de Wettersneedramp plakfûn. Mar de dyk dy`t de Lauwersmar skiedt fan it Waad komt ek fuort út de yn 1955 oannommen Deltawet. Dy dyk waard, nei acht jaar wurk, op 25 maaie 1969 ticht makke. De eardere Lauwerssee, 9000 ha grut, foel foar it grutste part definityf droech. De heechste stikken waarden ynrjochte foar de lânbou en der kamen rekreative foarsjennings en in militêr oefenterrein. Mar yn it grutste part koe de natuer frij syn gong gean om him te ûntjaan. Om 1980 hinne waard útein set mei aktyf natuerbehear. De oerbliuwende 2000 ha bleau iepen wetter en foarmet sûnt in oantreklik wettersportgebiet. It hiele gebiet hat op 12 novimber 2003 de status fan 'Nationaal Park' krigen. It Lauwersmargebiet biedt syn besikers in hiel soad mooglikheden foar in oangenaam ferbliuw. Of jo it gebiet no mei de fyts, rinnend of fan it wetter ôf ferkenne, yn alle gefallen sille jo fersteld stean fan de prachtige natuer, it ôfwikseljende lânskip, de skitterjende fiersichten en de fasjinearjende wolkeloften en sinneûndergongen. En boppe-al troch de oerweldigjende rêst, want dy hearsket hjir noch. Fansels kinne jo jo eigen fyts, kano, surfplanke of (syl)boat meinimme. Mar it hóecht net. Op meardere plakken om de mar hinne kinne jo terjochte foar it hieren fan soksoarte saken. Der binne ek mooglikheden om it gebiet te ferkennen ûnder lieding fan saakkundige gidsen. It gebiet hat eins te folle om op te neamen. Mar in pear 'highlights' wolle we jo net ûnthâlde. Iezumakeech: lânoanwinningsgebiet súdlik fan Iezumasyl, dat nei it ticht meitsjen fan de Lauwerssee as lânbougebiet yn gebrûk nommen waard, mar letter ta natuergebiet omfoarme waard: in boppeslach foar de fûgelleafhawwer! Bûtenhaven Lauwerseach: is fansels it ôfreispunt foar in dei nei Skiermûntseach. Mar sjoch ek ris efkes yn de fiskerijhaven: sjoch hoe`t de fisk oan wâl brocht wurdt en prebearje ris íén by in kream of in ien fan de restaurants; farsker kin net! Esonstêd: in by De Skâns boud fakânsjepark yn de foarm fan in âld fêstingstedsje; troch de ien ferhune as ‘nep’ en ‘sabeare neimakke’, troch de oar priizge as ‘eat nijs’ en ‘orizjineel’: dat moat men dus sjoen hawwe! Dêr giet trouwens ek in boat wei nei Skiermûntseach. Ekskurzje met de boskwachter: wolle jo de prachtige natuer echt belibje, dan kin in ekskurzje fansels net sûnder de lieding fan in kenner; der binne ferskate: rinnend, mei de boat, moarns betiid of by ljochtmoanne; der is foar eltsenien wol wat! Foar mear ynformaasje: sjoch www.lauwersmeer.org (kies: “Wat kan ik doen”).

Der sille mar inkelde bern út de noardlike provinsjes wêze dy`t dêr nét ea op skoalreiske west ha: Appelskea. Dy namme hat foar in soad noarderlingen in wol hast magyske klank. De bysûndere oanlûkingskrêft komt bygelyks ta utering yn de namme ’Kobus gaat naar Appelscha’ (in súksesfolle punkband út de jierren tachtich fan de foarige ieu) en it programma ’Groeten uit Appelscha’ fan Omrop Fryslân. Al sûnt de jierren tweintich fan de foarige ieu binne Appelskea en omkriten in toeristyske ’trekpleister’. En dat is net sa frjemd: de skientme fan it grinsgebiet dêr tusken Fryslân en Drinte hat syn wjergea net. Boulân, greide, bosk, heide en sânferstowings wikselje inoar ôf en foarmje it skildereftige dekor foar in grut tal fyts-, kuier- en ruterrûten. Yn 2007 wie de konklúzje fan in wittenskiplik ûndersyk, dêr`t tûzenen minsken har favorite lânskip by gearstalden en wittenskippers dêr de lokaasjes by sochten, dat Appelskea it moaiste lânskip fan Nederlân hat. It gebiet omfiemet ûnder oaren íén fan de grutste natuergebieten fan Nederlân, it Nationaal Park Drents-Friese Wold: goed 6000 hektare bosk, heide, stosân en beekdellingsgerslannen. Troch it park rinne ferskillende kuier-, fyts-, ATB-, ruter- en menrûten en it park hat in tal spesifike foarsjennings en attraksjes foar húshâldings mei bern. De Kanadamar is geskikt om yn te swimmen. Der is in besikerssintrum yn Appelskea en in ynformaasjesintrum yn Diver. Mar der is mear te genietsjen as it giet om natuer en lânskip. Nim bygelyks it Fochtelerfean: íén fan de lêste oerbliuwsels ’libben’ heachfean yn Nederlân. Yn dit 2500 hektare grutte gebiet groeit de feanlaach noch hieltyd oan. Trochdat der gjin bebouwing en wegen yn de wide omkriten binne is it hjir noch écht rêst en stilte. Dy unike omstannichheden liede ta in hiel bysûndere en rike floara en fauna. De kraanfûgel, dy`t tige hege easken stelt oan syn libbensgebiet, is dêrfan faaks wol it meast sprekkende foarbyld. In lytser, mar lyk sa nijsgjirrich natuergebiet is de Schaopedobbe bij Else (Elsloo), in heidegebiet fan 98 hektare mei feanen, in sânferstowing en tropkes beammen. Kultuerhistoarysk sjoen is it gebiet ek mear as de muoite wurdich. De ûntginningsskiednis is noch dúdlik yn it lânskip te sjen. Fan de heger lizzende gebieten út waard it fean systematysk ôfgroeven. Dêrby ûntstie in tige regelmjittich lânskip mei kersrjochte ’wiken’: sleatten dêr`t de turf lâns yn lytse boatsjes ôffierd waard nei de gruttere fearten lykas de Opsterlânske Kompanjonsfeart en de ’Drentse Hoofdvaart’. Beide binne in part fan de saneamde (grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel. It is dúdlik: dit gebiet hat wier álles te bieden foar in ûnferjitlik ferbliuw. Nearne is it klisjee ’voor elk wat wils’ mear op syn plak as krekt hjir: natuer, rêst, kultuerhistoarje, attraksjes, wettersport, fytse, kuierje, hynsteride... De regio biedt letterlik te folle om op te neamen. In lêste ’highlight’ dy`t lykwols sûnder mear neamd wurde moat, is it unike finzenisdoarp Feanhuzen, fuort benoarden it Fochtelerfean. It Gevangenismuseum bringt net allinne it ferline fan de twangkoloanje ta libben, mar it lit ek wat sjen fan it hjoeddeiske finzenislibben. It museum is yn 2007 net om `e nocht útroppen ta it ’Bêste histoaryske museum fan Nederlân’.

It gebiet east fan Dokkum is yn lânskiplik en kultuerhistoarysk opsicht ien fan de meast ynteressante stikjes Fryslân. It seeklaaigebiet wurdt karakterisearre troch rûme fiergesichten, skynber samar hjir en dêr lizzende terpdoarpkes, achter âlde diken ferskûle buorkerijen en in pear natuerlike en groeven wetterwegen. Sintraal yn it gebiet leit it Dokkumer Grutdjip, it restant fan in see-earm dy`t oan Dokkum ta kaam en de stêd ieuwenlang in streekrjochte ferbining mei iepen see bea. Yn it earstoan koene de grutste seeskippen Dokkum berikke. Mar de see-earm slibbe yn’e rin fan’e ieuwen hieltiten fierder ticht. Op it lêst bleau allinne in sterk meänderjend soal oer. Yn 1729 waard de see-earm by it hjoeddeiske Dokkumer Nije Silen ôfsletten. yn’e dyk waard in slús mei trije spuikanalen boud. It kompleks wurdt oant hjoed de dei ta brûkt foar de ôfwettering fan it Fryske boezemwetter. Yn 1969, doe`t de Lauwerssee ôfsletten waard, waard krekt súd fan de âlde slús foar de skipfeart in aparte skutslús boud. It Dokkumer Grutdjip is hjoed de dei ûnderdiel fan de steande-mêst-rûte fan’e Fryske marren nei de Waadsee. Foar de skipfeart waarden yn’e rin fan’e ieuwen de measte bochten ôfsnijd, mar de oarspronklike rin fan it soal is der noch foar it grutste part en ek foar in stik noch befarber. Ek de diken dy`t oan wjerssiden fan’e sea-earm leinen, binne noch fierhinne yntakt. Se foarmje de stille en ymposante tsjûgen fan it ferline. Krekt bûten Dokkum leit de ’Schreiershoek’. Eartiids stiene dêr froulju en bern te ’skriemen’ as harren mannen en heiten wer foar in lange tiid de see op gongen. Wat fierder nei it noarden rint de Súd Ie, dy`t by Iesumasyl yn’e Lauwersmar útkomt. Dat wetter hat foaral in funksje foar de ôfwettering fan it gebiet, mar lient him ek hiel goed foar in tocht mei de kano. Al ridend oer de wei fan Dokkum nei Lauwerseach binne oan wjerssiden dúdlik de ôfsnijde bochten fan it fan oarsprong sterk kronkeljende rivierke te sjen. Súdlik fan it Dokkumer Grutdjip leit de Strobosser Trekfeart. Dy feart waard healweis de santjinde ieu groeven yn opdracht en op kosten fan de stêd Dokkum, dy`t graach in farferbining mei Grins woe. De kosten blieken lykwols folle heger as de opbringsten en de stêd drige fallyt te gean. It eigendom fan’e feart kaam doe yn hannen fan in groep skuldeaskers. Dy liet lâns it trajekt in pear tolhuzen bouwe dy`t der foar soargje moasten dat de feart syn jild opsmiet. Lâns de feart del rûn in jaachpaad dêr`t de hynders op rinne koene dy`t it trekskip lûke moasten. By de hjoeddeistige wei lâns steane op ferskate plakken noch de saneamde ’rolpeallen’, dy`t by bochten soarge foar it lieden fan de jaachline. Om de ôfwettering te ferbetterjen waard ein njoggentjinde ieu tusken de Strobosser Trekfeart en it Dokkumer Grutdjip de Nije Swemmer groeven. De Alde Swemmer leit dêr krekt wat noardliker fan. Mei al dat wetter is it in prachtich fargebiet foar benammen de ’lytsere’ wettersport. Mar ek foar gruttere boaten binne der in soad mooglikheden. En foar de grutste skippen rint dwers troch it prachtige gebiet de steande-mêst-rûte fan de Fryske marren nei de Waadsee. Dy tige drok befearne rûte komt troch Dokkum, ien fan de Fryske alve stêden en sintrum fan Noardeast Fryslân. Dit prachtich behâlden festingsstedsje móatte jo sjoen ha! Ek ’op ’e wâl’ lit it gebiet him fierders poerbêst ferkenne. De protte lytse en rêstige weikes binne ideaal foar koartere en langere fytstochten. Dêrneist rinne troch it gebiet ferskate rûtes om te kuierjen.

Lang ferlyn kaam de see troch De Lauwers fier it lân yn. Tsjintwurdich is fan dy ynholte fan de see allinnich noch mar in rivierke oer, dat foar in part de grins tusken Fryslân en Grinslân is. Muontsen fan Gerkeskleaster leinen yn de fyftjinde ieu in dyk yn de mûning fan De Lauwers. By de ôfwetteringsslûs yn dy dyk, dy`t yn de rin fan de ieuwen mannichkear ferlein en fernijd is, ûntstie it doarp Muntsjesyl (munts = muonts; syl = slûs). Oan de ’Grinslanner kant’ fan de Lauwers lizze twa doarpkes dy`t har namme ûntliene oan de oanwêzichheid fan in slûs: Lauwerssyl en Pitersyl. It lêstneamde doarp hearde, krekt as Fiskfliet, oant 1637 by Fryslân. It gebiet om De Lauwers hinne hat in prachtich, ôfwikseljend lânskip, dat him tige lient om te fytsen, te kuierjen en/of te farren. Benoarden it Prinses Margrietkanaal leit in typysk seeklaailânskip: prachtige fiersichten, âlde diken, slingerjende wetterkes en ferspraat lizzende doarpkes mei altyd in tsjerketoer en faak in mûne. Bij Boerum is yn de jierren ’60 fan de foarige ieu in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje boud, dat yn de folksmûle ’It grutte ear’ neamd wurdt. De lokaasje waard keazen om it feit dat it ûntfangen en ferstjoeren fan radiosinjalen yn dit iepen en lege lânskip net of hast net steurd wurdt. As je it oer rêst ha... In bytsje besuden Boerum hat earder it frouljuskleaster Galileä stien, dat hearde by it kleaster yn Gerkeskleaster. Dat doarp ûntlient syn namme oan de stichter fan it kleaster, in Gerke Harkema út Stiensgea. De tsjerke, dy`t tsjintwurdich in bytsje ôfsidich stiet fan it doarp, is ûntstien út in ferbouwing fan it brouhûs fan it kleaster. It doarp is yn de rin fan de ieuwen gearraand mei Strobos, dat oant 1993 by de provinsje Grinslân hearde. It twillingdoarp wurdt behearske troch de skipswerf fan Barkmeijer, dy`t yn 1850 oan it doetiidske Knillesdjip fêstige waard. Yn Strobos koe men oer in brêge it kanaal oerstekke. Dêr, oan de oare kant fan it wetter, lizze de Surhuzumer Mieden. Dy ’mieden’ (earder meast brûkt as healannen), dy`t ek foarkomme besuden Bûtenpost, foarmje in hiel spesifyk lânskip op de oergong fan klaai, sân en fean. wa`t dy wietige gebieten rinnend of mei de fyts ferkent, sjocht in hiel nijsgjirrich kultuerhistoarysk lânskip: feanferkaveling yn de foarm fan lange stripen mei petgatten, elzesingels en beamwâlen, mei in grutte natuerlike rykdom: mieden, moerassen, greidefûgels. It part fan De Lauwers besuden it Prinses Margrietkanaal is net te befarren, mar - en winliken allinne noch - te werkennen as in slingerjende ’ferdjipping’ yn it lânskip, dy`t oant by Surhústerfean de provinsjegrins foarmet.

Tusken wêr’t de Boarn en de Tsjonger har begjin fine - twa rivierkes dy`t it wetter fan it Drintske Plato nei it westen ta ôffiere - leit in ôfwikseljend lânskip mei bosk, heide, sânferstowings, puollen en feanûntginnings. It is it grinsgebiet fan de trije noardlike provinsjes. Allardseach is it ’trije-provinsje-punt’. Dêr leit de ’Landweer’, in ferdigeningswâl út de lette midsieuwen mei greppels oan wjerskanten, dy`t oanlein waard tsjin mooglike oanfallen fan Drinten en Grinslanners. Dit is it earste natuergebiet dat de provinsjale feriening foar natuerbeskerming, It Fryske Gea, krek nei it oprjochtsjen yn 1930, yn besit krige. Hjoed de dei is it in part fan it Mandefjild-Bakkefean, in skitterjend, ôfwikseljend natuergebiet fan 261 hektare, mei fyts- en kuierpaden en in rolstoelfreonlik paad. De neiste omkriten fan Bakkefean hawwe fanâlds in soad oanlûkingskrêft foar gewoane toeristen en deitoeristen. Attraksjes yn it gebiet binne ûnder mear in iepenloftswimbad, in doalhôfpaad en in moderne ’belvedère’ (útsichttoer). Noardeastlik fan it doarp leit De Slotplaats, in bûtenpleats dy`t oarspronklik fan 1668 is. It eardere bûtenferbliuw is no in restaurant, teehûs en gearkomsteplak, mei in klassike tún mei slotgrêft deromhinne. De bûtenpleats yn syn gehiel is ien fan de gruttere boskgebieten fan Fryslân. Hiel bysûnder is de stjerfoarmige (oefen)skâns dy`t om 1995 hinne yn de bosk ûntdutsen waard en begjin dizze ieu restaurearre is. Fuort súdlik fan de bûtenpleats ’De Slotplaats’ leit de Duerswâldster Heide. Dat natuergebiet hat syn namme ûntliend oan it doarp Duerswâld, dat yn 1973 mei it oanbuorjende Weinterp en Weinterpstreek gearfoege waard ta Wynjewâld. It is mei in oerflakte fan 145 hektare it grutste oaniensletten heidegebiet yn Fryslân en hat oan twa kanten bosk. It gebiet is bysûnder om in tal lytsere en gruttere, rûne puollen. Foar in part giet it dêrby om saneamde ’pingoruïnes’: restanten fan iisheuvels út de lêste ’lytse’ iistiid: yn dy tiid lei Nederlân net ûnder in iiskap, mar it wie wol sa kâld dat de ûndergrûn permanint beferzen wie (permafrost). De iisheuvels ûntstienen trochdat yn ferhâlding waarm grûnwetter troch swakke plakken yn de beferzen grûn omheech sipele, krekt ûnder de oerflakte befrear en de dêr boppe lizzende grûn omheech treau. Troch de kontinue oanfier fan grûnwetter groeide de iiskearn hieltyd fierder en glied de laach grûn op in beskaat stuit nei ûnderen. doe`t de temperatuer omheech gie, teide it iis en bleau in gat fol mei wetter oer, mei in ringwâl deromhinne: de pingoruïne. In oar bysûnder gebiet is de saneamde Blauwe Bosk, dat tusken Waskemar, De Haule en Haulerwyk leit en dat sa hjit om de blaueftige spjirren dy`t der groeiden. Tagelyk mei nuddelbosk is der ek leafbosk, greide, wetter en heide. Koartsein: in tige ferskaat gebiet. It hiele stik is frij tagonklik en lient him o sa om it rinnend, op it hynder of mei de fyts te ferkennen. Troch it mei opsetsin neamen fan boppeneamde gebieten wurde de oare parten fan dizze streek eins tekoart dien. De bosk- en heidegebieten lizze middenmank grutte feanûntginnings, dy`t lânskiplik en kultuerhistoarysk ek tige de muoite weardich binne. En wêr’t op guon plakken boppedat ek noch ris wichtige natuerwearden oanwêzich binne, lykas yn de Haulerpolder, súdlik fan De Haule. De ûntginningsskiednis is te sjen oan it tige regelmjttige lânskip. Dy regelmaat komt fan de meast kearsrjochte ’wiken’. Dat binne sleatten dy`t mei sin groeven binne en wichtich wienen foar de ôfwettering en dy`t tsjinnen foar de ôffier fan de turf. De fierdere ôfset dêrfan fûn plak oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Dy farferbining is tsjintwurdich in part fan (de grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel. Al mei al binne it net de losse, bysûndere gebieten dy`t dizze streek sa oantreklik meitsje, mar giet it just om de unike kombinaasje fan oan de iene kant de ferskillende soarten lânskippen en oan de oare kant de natuerlike en kultuerhistoaryske wearden.

Nederland polderland: als die uitdrukking érgens letterlijk van toepassing is, dan is het wel in het gebied ten zuiden en westen van het Tjeukemeer. De Lemster Polders, de Veenpolder van Echten, de Veenpolder van Delfstrahuizen: het is allemaal heel praktisch en overzichtelijk. Overal in dit gebied is het land, nadat het veen was afgegraven, droog gemalen en netjes in cultuur gebracht. Wie daaruit de conclusie trekt dat er dan wel sprake zal zijn van een saai, weinig tot de verbeelding sprekend landschap, heeft het mis! Het grootste meer van Friesland en het vlakke en lege land, met hier en daar een boomsingel, een molen, een kerktoren, een boerderij of een oude dijk: die combinatie resulteert in een landschap met een monumentale allure. Hier wordt in het groot aangetoond: ’less is more’! Over het ontstaan van het Tjeukemeer bestaat een mooie legende. Aan de zuidoever van het meer, bij Echten, staat een beeld van de hoofdrolspeelsters, Tsjûke en March. Hier staat ook het voormalige stoomgemaal uit 1913, dat de Polder van Echten droog moest houden. Het meer is via de Pier Christiaansloot verbonden met de rivieren en vaarten in Zuidoost Friesland en de plassen in Noordwest Overijssel. En via de Follegasloot is zowel de rest van het Friese Merengebied als het IJsselmeer gemakkelijk en snel bereikbaar. Het Tjeukemeer zelf biedt uitstekende mogelijkheden om te zeilen, te surfen, te zwemmen en te vissen. Langs de oevers liggen jachthavens, trailerhellingen, strandjes, campings, hotels en groepsaccomodaties. De watersporter die op zoek is naar (meer) rust, kan aanmeren bij de ligplaatsen die recreatieschap De Marrekrite gerealiseerd heeft aan de oevers van de eilandjes in het meer. Wie wat meer leven in de brouwerij wil, kan terecht in het bruisende toeristische centrum Lemmer. De stedelijke allure van dit grote dorp is het gevolg van de belangrijke handels- en havenfunctie die het in de zestiende en zeventiende eeuw had. Later ontwikkelde zich in het dorp, als alternatief voor de afnemende turfgraverij in de omgeving, een bloeiende visserij. Visrokerijen produceerden onder meer de beroemde ’Lemster Bokking’. Dat is tegenwoordig ook de naam van een prijs die eens in de twee jaar wordt uitgereikt aan een persoon of instelling die zich op bijzondere wijze heeft ingezet voor karakteristiek of historisch dorpsbehoud. En jaarlijks wordt de ’Lemster Bokking Race’ gehouden, een zeilwedstrijd voor verschillende typen boten. Een ander, zeer spectaculair zeilevenement is natuurlijk het beroemde Skûtsjesilen. Jaarlijks organiseren de SKS en de IFKS eind juli, begin augustus op het IJsselmeer en het Tjeukemeer meerdere races. Maar Lemmer en Lemsterland is méér dan alleen watersport: ook echte landrotten komen in dit gebied prima aan hun trekken. Zo kunt u in Lemmer bijvoorbeeld een zeer interessante dorpswandeling maken. Ook een bezoekje aan het Duikmuseum is de moeite waard. De geschiedenis van Lemmer en omgeving wordt verbeeld in Streekmuseum/Oudheidkamer ’Lemster Fiifgea’. Natuurlijk mag in de beschrijving van Lemmer het "Ir. D.F. Woudagemaal" niet ontbreken. Het grootste nog werkende stoomgemaal van de wereld bekroond met de status van UNESCO werelderfgoed. Niet te missen als u in het gebied bent! Fietsers kunnen in het gebied hun hart ophalen dankzij het Fietsroutenetwerk Zuidwest Friesland. Dat wordt gevormd door een systeem van knooppunten, op basis waarvan u uw eigen route kunt samenstellen. Veel van de verbindingen waaruit het netwerk bestaat, zijn overigens ook toegankelijk voor motoren. Bent u niet alleen liefhebber van motorrijden, maar ook van oude motoren, dan is het Indian Motor Museum in Lemmer een must. Op welke manier u zich ook verplaatst, dit gebied zal u aangenaam verrassen. Het weidse landschap, de prachtige vergezichten, de indrukwekkende wolkenluchten; de vele monumentale boerderijen, de molens, de kerkjes en de klokkenstoelen; en niet te vergeten de natuur: het Tjeukemeer en de landerijen er omheen vormen een paradijs voor vele soorten water- en weidevogels. Daarnaast is in een aantal verspreide percelen rietland in de in de Ychtenerfeanpolder sprake van een zeldzame flora en fauna. Dat alles bij elkaar vormt het schitterende decor voor een verblijf zoals ú dat wenst.

De Dokkumer Ie, dy`t fan Ljouwert nei Dokkum rint, bestie lang ferlyn út twa aparte ôfwetteringsstreamkes. De keunstmjittige, groeven ferbining tusken beide streamkes is noch te sjen yn it rjochte stik fan de (fierders bochtige) Ie tusken Burdaard en Tergrêft. De namme fan lêstneamde útbuorren tsjut ek op de keunstmjittige oarsprong fan dat part fan de Dokkumer Ie. Nei it ferbinen fan beide parten waard de skipfeartfunksje hieltyd belangriker. Foar dy skipfeart moast men de wetterwei geregeld ‘slatte’ (baggelje, útdjipje). Oant op de dei fan hjoed is de Dokkumer Ie, as ûnderdiel fan de ’steande-mêst-rûte’ tusken de Fryske Marren en it Waad in wichtige ferbining, benammen foar de rekreaasjefeart. Oan wjerskanten fan de Dokkumer Ie leit it karakteristike terpelânskip: sa fier as men sjen kin greiden, sa’t it liket samar hjir en dêr delsette mûnen, fersprate pleatsen, hjir en dêr wat beammen en fansels it grutte tal skildereftige terpdoarpkes. In tal dêrfan westlik fan Dokkum binne bekend ûnder de namme ‘Flieterpen’: Lichtaard, Reitsum, Ginnum en Jannum. Yn it trettjinde ieuske tsjerkje fan lêstneamd doarp sit it ’Kerkmuseum’. De kolleksje midsieuske sarkofagen is íén fan de grutste fan Europa. Wat fierder nei it noarden leit de terp fan Hegebeintum, de heechste fan Nederlân (8.80m boppe NAP). By de terp is in ynformaasjesintrum. Yn it gebiet wienen earder meardere kleasters. Krekt bewesten Sybrandahûs lei Klaarkamp, it earste sistersiënzer kleaster yn Noard Nederlân, fan wêrút tal fan oare kleasters stifte waarden. By Bartlehiem, it wiid ferneamde doarp oan de Alvestêderûte, stie it kleaster Bethlehem, dêr`t it doarp syn namme oan ûntlient. Fan de kleasters sels is neat oerbleaun. De kleasterterreinen binne yn guon gefallen noch wol dúdlik te werkennen yn it lânskip. Dat jildt bygelyks foar Klaarkamp en Foswert, in earder kleaster súdlik fan Ferwert. De kriten yn de buert fan de Dokkumer Ie ha in soad te bieden foar eltsenien dy`t ynteressearre is yn de skiednis fan tsjerken en kleasters. Troch it grutte tal lytse dykjes is it boppedat in gebiet dat hiel goed op `e fyts ferkend wurde kin. Mar faaks ûndergeane jo it prachtige, wide lânskip mei syn terpen, mûnen en tsjerketuorren noch wol it bêste rinnend. Under de namme Historische Wandelpaden binne troch Landschapsbeheer Friesland yn dit gebiet ek in tal prachtige kuierrûten beskreaun.

De measte Alvestêdereedriders sille der gjin erch yn hawwe dat se it earste part fan de tocht, fan Ljouwert nei Snits, troch in gebiet ride dat om it jier 1200 noch see wie: de Middelsee. Dat wie in ynham fan it Waad djip it lân yn, dy`t westlik by Ljouwert del rûn, by Raerd nei it westen ôfbûgde en oan de ein oant Boalsert ta kaam. Bij Raerd kaam de rivier De Boarn út yn de Middelsee. In bytsje noardlik dêrfan leit it frij bysûndere Park Jongemastate, dat ek wol Raerder bosk hjit. De Middelsee dielde Fryslân yn twaen: Westergo en Eastergo. doe`t de see-earm begûn ticht te slykjen, waard dy fan de midden fan de alfde ieu ôf fan it suden út ynpoldere. De polders waarden neamd nei de doarpen dy`t op de rânen fan de (eardere) see-earm leinen: Weidumer Nijlân, Mantgumer Nijlân, Wytgaarder Nijlân, ensfh. De bebouwing yn de ’nijlannen’ is oant op de dei fan hjoed beheind bleaun ta hjir en dêr inkelde pleatsen. It gebiet hat dêrtroch in grutte iepenheid en prachtige fiersichten: foar in soad minsken Fryslân op syn moaist. De grins tusken it ’nijlân’ en it ’âldlân’ is yn it lânskip dúdlik te sjen oan de wat heger lizzende, bochtsjende diken by de eardere Middelsee lâns. Dy hie tusken Easterwierrum en Boazum in ’flessehals’: de beide kanten leinen dêr noch gjin kilometer fan elkoar ôf. De dyk tusken beide doarpen is it begjin (of de ein) fan de ferneamde, goed 42 kilometer lange Slachtedyk, dy`t yn 2000 foar it earst it parkoers wie foar de Slachtemarathon. Dy wurdt sûnt ien ris yn de fjouwer jier organisearre. Mar jo hoege net oant 2016 te wachtsjen: de dyk is frij tagonklik. En as jo op eigen manneboet op ’n paad geane, ûndergeane jo it prachtige lânskip, de rêst en de stilte nammerste te mear! En fansels meie jo dan ek bêst in lyts stikje fan it trajekt rinne... Krekt yn’e midden tusken de iggen fan de eardere Middelsee rint de Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining west hat tusken Ljouwert en Snits. Underskate doarpen op de iggen fan de eardere see-earm wienen troch opfearten ferbûn mei de Swette. Tsjintwurdich is de Swette in part fan de Middelsee-rûte. Troch dy yn 2005 iepene farrûte is it gebiet tusken Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer tagonklik makke foar wettersporters. Fan de doarpen op de rânen fan de eardere Middelsee is in tal mei de boat te berikken. Boazum, dat leit oan de Boazumer Feart, is in sfearfol, skildereftich doarp mei in autentyk doarpskafee. Easterwierrum, bekend fan it jierlikse Berne-iepenloftspul, leit deunby de Swette. By it doarp binne oanlisplakken makke, krekt as by Dearsum. Dat doarp wie earder ferneamd om it fokken fan fee. De pleats fan de ynternasjonaal ferneamde feefokker Durk Schaap, dy`t yn 1913 besite krige fan keninginne Wilhelmina en prins Hendrik, hat hjoed de dei in bestimming as lúkse rekreaasjewenning en minykamping. Mantgum leit wat fierder fan de Swette ôf, mar is te berikken troch de Mantgumer Feart en hat in eigen haventsje. Wannear’t jo in kuier meitsje troch de skildereftige buorren fan it doarp sille jo it net frjemd fine dat dy de status fan beskerme doarpsgesicht hat. Op syn minst like moai is de Seerp van Galamawei, de dyk nei it stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Snits, dat der yn 1883 kaam is. Foar Mantgum oer, oan de oare kant fan de eardere Middelsee, leit Reduzum, dat fan de Swette ôf ek te berikken is foar de lytse plezierfeart en in jachthaven mei 30 lisplakken hat. Op www.reduzum.com is ûnder oaren te lêzen dat it fanâlds in foarútstribjend doarp is. Mar ek as jo gjin wettersporter binne, hat dit gebiet in hiele soad te bieden. De rêstige wegen en stille boeredykjes liene har der bygelyks o sa foar om te fytsen. Op dy manier lizze ek de oare doarpen ticht by de doar. Sjoch bygelyks ris efkes yn Jellum, dat bekend stiet om it jierlikse pompoenefestival yn it tredde wykein fan septimber. Bears, dat deun by leit, is in lytse besite weardich om Bezoekerscentrum Uniastate. Fan dy state is de oarspronklike poarte bewarre bleaun en wurde de eardere kontoeren werjûn troch in ’frame’ fan stiel. In echte oanrieder by einbeslút is Weidum: in skildereftich, in wat deftich doarp mei yn de midden in unike, prachtige iepen romte. It westlike part derfan, oan de râne fan de terp (mei dêrop ien fan de moaiste tsjerken fan Fryslân), wurdt brûkt as keatsfjild. In plaatsje!


0 | 1 | 2 | 3 |