Omjouwing Easterskar
NederlandsDuitsEngels

Omjouwing Easterskar


Deel:

-

-

Doarpen en stêden yn dit gebiet

HaskerhoarneNijehaskeAldeouwerAldehaskeOusternijegeaOusterhauleReahelRotstergaastRotsterhauleRottumSint Jansgea

Omjouwing Easterskar

Omjouwing Easterskar

Rottum, Rotsterhaule, Rotstergaast, Reahel... It binne net de meast útnoadigjende nammen. Dochs is it gebiet tusken It Hearrenfean en de Tsjûkemar it besykjen mear as wurdich. It wide lânskip is oerweldigjend moai, de stilte is te hearren en de rêst hat syn gelikens net.

It gebiet bestiet út leechlizzende stikken feangrûn mei hjir en dêr in sânhichte. De útgongen -haule en -gaast tsjutte op dy heger lizzende grûnen. Oan de plaknammen is de bewenningsskiednis ôf te lêzen: út Rottum (nei alle gedachten neamd nei in edelman, Tjalling Rotmers) wei binne Rotsterhaule en Rotstergaast ûntstien, út Alde Ouwer (’âlde wâl’) wei Ousternijegea en Ousterhaule en út Aldehaske wei Nijehaske en Haskerhoarne. ’Haske’ soe fan oarsprong ferwize nei in gerssoarte, mar it is ek Frysk foar ’lytse hazze’; it dier dat de flage fan de eardere gemeente Haskerlân sierde.

Natuerleafhawwers kinne har hert ophelje yn it Easterskar, in goed 500 hektare grut natuergebiet tusken Sint-Jânsgea en it rivierke De Tsjonger. It bestiet út iepen wetter, reidlannen, greide en moerasbosk en is ûntstien troch it ôfgraven fan fean yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu.

It skilderachtich lizzende Nannewiid by Aldehaske is ek it gefolch fan turfwinning. It is in paradys foar de (lytse) wettersport, fiskers en swimmers. Noch folle mear mooglikheden foar wetterrekreaasje biedt fansels de Tsjûkemar.

Tekst: © FrieslandWonderland • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.