|

Tusken de Lende en de Tsjonger yn

Tusken de Lende en de Tsjonger yn
©: FrieslandWonderland

Faak wurdt sein dat Fryslân eins ophâldt by de rivier De Tsjonger: besuden dêrfan lizze de Stellingwerven, in streek mei in hiel eigen karakter en kultuer. Dêr prate se gjin Frysk, mar ’Stellingwarfs’, in Nedersaksysk dialekt dat yn de oanbuorjende parten fan Oerisel en Drinte ek praat wurdt. Alles oer de skiednis fan dizze bysûndere streek fine jo op de webside www.stellingwerven.dds.nl.

De Tsjonger (’De Kuunder’ yn it Stellingwerfsk) en De Linde (Stellingwerfsk: ’De Lende’) binne twa rivierkes dy`t bydrage oan de ôfwettering fan it Drintsk Plato. Krekt tusken dy beide rivierkes yn, dêr`t it lân heger en dus droeger wie, is in tal doarpen ûntstien. De by de doarpen hearrende lannen (de ’doarpsgebieten’) rinne yn noardlike en súdlike rjochting oant de niisneamde rivierkes ta. Beide rivierkes foarmen yn de Tachtichjierrige Oarloch tegearre de Linde-Tsjongerlynje, dy`t in part wie fan de Fryske Wetterlynje dy`t dwers troch Súdeast Fryslân rint. Súdeastlik fan Aldeberkeap, by it ’Stuttebosch’, lei de Bekhofskâns, dêr`t de kontoeren fan sûnt 2007 wer besjoen wurde kinne.

Aldeberkeap, yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu haadplak fan Weststellingwerf, is net allinne letterlik it middelpunt fan dy streek: it moaie doarp, dat in beskate grandeur útstrielet, is ek it toeristysk sintrum. It leit midden yn it 340 hektare grutte natuergebiet Tsjongervallei fan Steatsboskbehear. It Fryske Gea hat yn de omkriten fan Aldeberkeap ek in tal natuergebieten: Meulebos, de Delleboersterheide, de Diakonievene en de Bekhofschaans. Fan it doarp út binne kuierrûten útset nei de ferskillende natuergebieten. By it VVV-folderstipepunt binne dêrneist beskriuwings te krijen fan in kuierrûte troch it doarp en in tal fytsrûten yn de fierdere omkriten.

It tige aktive doarp hat in grut tal eveneminten. Om der in pear te neamen: de "voorjaarsfair", ein juny in ’kuierwykein’, fjouwer wike lang yn de simmer in "Kunst- en Kijkroute" en op de lêste woansdei fan july in jiermerk. Fierder is der yn it doarp in ynternasjonale skoalle foar tekstyltechnyk, keunst en foarmjouwing (mei in galery; sjoch www.hawar.nl), in galery dy`t him spesjalisearre hat yn ’hûne- en hynstekeunst’ (Nimrod), in skaakmuseum, in hertekamp, in tsiisbuorkerij en in ’1000-bistebuorkerij’.

It lânskip tusken De Linde en De Tsjonger is in typysk beamwâlelânskip dat karakteristyk is foar it grutste part fan de Stellingwerven: lange perselen greide en bou mei beamwâlen deromhinne, ôfwiksele troch heide, wetter en bosk. In prachtich dekor om yn te kuierjen, te fytsen of te hynsteriden. Mar fan it wetter ôf kin it gebiet ek ferkend wurde. De Tsjonger, part fan de Turfrûte, is te befarren foar motorboaten en is oer in opfeart ferbûn mei Aldeberkeap, dêr`t in passantehaven is. De Linde is gaadlik om te kanofarren. In kano kinne jo bygelyks hiere op de kamping fan Aldeholtpea, dy`t de ’Vereniging Plaatselijk Belang’ yn eigendom hat. Troch dy ferieniging binne trije kuiertochten útset yn de omkriten fan it doarp. Foar de rûtebeskriuwings, mei ynteressante ynformaasje oer de omkriten ynbegrepen, sjoch www.oldeholtpade.com. Yn it gebiet noardwestlik fan Aldeholtpea waard om 1840 hinne begûn mei it ôfgraven fan it fean. De saneamde ’Holtwolder akkerturf’, neamd nei de doarpen Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde, wie nei ’t sein waard fan bûtengewoane kwaliteit.

Yn it noardeasten fan dizze streek leit Makkingea, dat bekend is om syn rommelmerk dy’’t fan maart oant en mei oktober alle lêste sneonen fan de moanne holden wurdt. Dy iepenloftmerk wurdt ek wel oantsjut mei ’Waterlooplein van het Noorden’. Yn it doarp is it Museum ’Oold Ark’, dêr`t alderhande ark út eardere tiden útstald is. Yn dat museum is ek in rûtebeskriuwing te krijen foar in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp. Mear ynformaasje oer de rommelmerk en it museum fine jo op it webstee fan de VVV-Makkinga.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.