|

Súdwest-Fryslân: marren, kliffen en stêden

Súdwest-Fryslân: marren, kliffen en stêden
©: FrieslandWonderland

Foar in hiele protte besikers stiet Fryslân synonym foar it súdwestlike diel fan de provinsje, mei al syn wetter. Oan dy prachtige krite hat Fryslân syn reputaasje te tankjen as wettersportprovinsje by útstek. En dat is ek net sa frjemd, as jo neigeane wat de regio datoangeande te bieden hat: in omfangryk stelsel fan marren, plassen en fearten, in grut ferskaat fan gesellige wettersportplakken en de Iselmar ’flak om ’e hoeke’. In wier paradys foar wettersporters!

Mar Súdwest-Fryslân is folle mear as allinnich mar wetter. Ek sûnder boat, kano of surfplanke is it gebiet sûnder mear de muoite wurdich. It wûndermoaie, wide marregebiet lit him ek prima fytsend, rinnend of mei de auto ûntdekke. Genietsje fan de stilte, de natuer en de ymposante fiergesichten.

In hiele oare sfear treffe jo yn Gaasterlân: in gloaiend lânskip mei in bysûnder moaie ôfwikseling fan bosken, iepen gebieten en oergongen dêrtusken. Unyk foar Nederlân binne de kliffen, dy`t op guon plakken oant wol tsien meter boppe de Iselmar útstekke. By ien dêrfan, it Reaklif, hat him yn 1345 de ferneamde Slach by Warns ôfspile.

Behalve rêst en romte, poerbêste wettersportmooglikheden, prachtige lânskippen en moaie natuergebieten hat Súdwest-Fryslân ek in rike kultuerhistoarje. Jo fine dêr mar leafst seis fan de Alve Stêden, elk mei syn eigen sjarme: it bedriuwige Snits, it ferstille Drylts, it unike Sleat, it âlde Starum, it bysûndere Hylpen en it eigensinnige Warkum.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


    Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

    Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

    De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

    Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!