Meinte Ruurds Abma

Meinte Ruurds Abma
©: archief db Folsgare
Meinte Ruurds Abma
Carpe Diem (©: Atse Bruin)
Meinte Ruurds Abma
Oan it wurk (©: archief db Folsgare)
Meinte Ruurds Abma
Carpe Diem 1946 (©: db Folsgare)

Op 12 maaie 1898 wurdt  Meinte Ruurds Abma berne yn Hidaard. Syn âlden Ruurd Taedes Abma en Hesseltje Brandsma ferhúzje yn 1905 nei Folsgeare.  Op 11 maaie 1922 trout hy mei Akke Boschma, in dochter fan Feike Boschma en Willemke Rollema. Hy wurdt letter boer op de “Blikken pleats” en jout dizze de nije namme Carpe Diem. Meinte Ruurds skriuwt in soad stikjes, it neikommende ferhaal is fan syn hân.

It fierste oantinken oan hynders giet werom nei Hidaard, dêr’t moarns it hynder foar de tsjernmole rûn. En dat bleau ek wol ris stean en dan kaam mem troch de tsjernhoarnedoar en sei: krr, krr, en it spul rûn wer. Yn 1905 ferhuzen wy nei Folsgeare  en yn 1907 waard de pleats ferboud. Doe kaam der wer in hynder foarde tsjernemole, mar no gong it om de wetterbak (400 liter) op’e souder fol te pompen.

As jonge mochten jo yn‘e fakânsje mei it âldste hynder tuskenyn ride yn‘t dongjen, doe’t je wat âlder waarden, krigen je in wat wiffer bist yn‘e hannen, alles ûnder kondysje “meist net sa jeie”. Mei in span foar de meanmasine waard al wat grutter blyk fan fertrouwen jûn. As feint mei in faam yn’e tilbury op heechtijdagen nei Ljouwert as nei Gaasterlân wiene hichtepunten. Soldaat wurde wie der ek by. “Waar wil je dienen?” waard ús by de keuring frege. “Bij de cavalerie”,  wie it antwurd.

Zie voor meer informatie:

Meinte Ruurds Abma en zijn paarden, nl
Meinte Ruurds Abma en syn hynders, fr




















db Folsgare



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de schrijver van dit item (Wytske Heida)



Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokele producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de DeeEnAa website via onderstaande knop.