Haskerdiken is in streekdoarp dat ûntstien is yn de buert fan it kleaster Maria’s Rozendal of it Haskerkonvint, dat om 1235 stichte is op it plak dêr‘t de fromme kluzener Dodo syn klûs hie. Op de gritenijkaart fan 1718 stiet by de kronkelige Hasker Diken fersprate bebouwing fan benammen buorkerijen. De measte dêrfan steane yn it noarden. Yn ‘e midden binne de kapel fan it konvint en inkele pleatsen ôfbylde. In strak oanleine dyk leit njonken de âlde kronkeldyk. Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it doarp bestie út in wrydsk grûngebiet, mar dat der net sa folle huzen stienen: “Naar dit Dorp is dat gedeelte van den rydweg genaamd, ‘t welk van Akkrum naar ‘t Heerenveen, door deeze Grieteny, loopt : deeze weg, eertyds zeer bogtig en een groot gedeelte van ‘t jaar onbruikbaar zynde, werd in 1716 door den Heere Grietman Jr. P.F. Vegilin van Claerbergen verbeterd, en verder Westwaarts gelegd, onder den naam van de Nieuwe Hasker Dyken.” De nije rjochte dyk krige behalve de funksje fan wetterkearing dy fan ferbiningswei en hy waard yn 1826 gruttendiels brûkt om der en stik fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol ta oerhinne te lizzen. It doarp bestiet no út in pear buerten mei ferskillend karakter. Alhiel yn it noarden leit in streek fan grutte, soms monumintale pleatsen by de âlde Ryksstrjitwei en de Sminiawei lâns. Yn ‘e midden leit by de brêge en de fly-over fan de autodyk oer de Nije Pompsleat, de Kapellewei. De dyk fiert nei it licht ferhege tsjerkhôf mei de herfoarme tsjerke dy‘t yn 1818 boud is op it plak fan de kleasterkapel fan it konvint. It is in sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in geveltuorke. Nei it suden ta is in buert foarme by de slûs en in nije brêge yn de feart dy’t laat nei de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Dat foarme it buorskip Nijbrêge, dat earder by Schoterland en de gemeente It Hearrefean hearde.

Haskerhoarne is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. It is nei alle gedachten om 1200 hinne oan de ferbiningswei tusken Westermar/Joure en It Hearrenfean ûntstien. Op it âldste betroubere kaartbyld, dat yn de atlas fan Schotanus út 1718, leit in tal pleatsen op in rige, rom súdlik fan de dyk. Mooglik lei op dat plak it midsieuske paad. Der stienen doe hast fjirtich huzen en in lytse tweintich pleatsen yntekene: foar dy tiid in flinke streek. Yn it lêst fan de 18e ieu beskreau de Tegenwoordige Staat van Friesland: “dit Dorp ligt ten Westen van het voorige (Oudehaske), meerendeels binnen de voornoemde bepoldering. De kerk, met een stompen toren staat ten Zuiden van den rydweg, tusschen ‘t Heerenveen en de Joure, en aan weerskanten staande huizen. Het land ten Zuiden van dien rydweg, is hoog bouwland en van een hoogveenigen aard; doch het Noordelyke gedeelte is, gelyk dat der overige Dorpen, laag, veenig, zeer uitgebreid en weinig bewoond.” De âlde tsjerke hie in hege toer mei in sealdak. De hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar is yn de 18e ieu boud op in rom hôf en krige yn 1913 in nije westlike gevel en in geveltoer mei ynsnuorre spits. It gebou is oplutsen fan grauwe stien en de súdlike gevel is bepleistere. Der is nea in kearn foarme om de tsjerke hinne en de omjouwing dêr fan. Yn it suden kaam oan de Haulsterdyk súdlik fan it doarp yn 1919 de earste folkshúsfesting ta stân, in rige fan 8 frijsteande huzen. By de trijesprong stiet oan de Jousterdyk de eardere suvelfabryk, wêryn’t in lyts part noch yn ridlik oarspronklike steat ferkeart. Fierders is der oan dizze haadrûte in fariearde bebouwing oan de noardkant. Oan de súdkant leit de boerestreek noch altyd op romme ôfstân fan de dyk: de grutte boerepleatsen foarmje mei-inoar in fraai ritme. De nei-oarlochske útwreidings binne benammen te finen yn it gebiet eastlik fan de Haulsterdyk en oan ‘e súdkant fan de Jousterdyk. Noardlik fan it doarp stiet by de Polderboskfeart in nijsgjirrrich gemaal.

Haulerwyk is in karakteristyk en nei ferhâlding âld feankoloanjedoarp; in streekdoarp by de Kompanjonsfeart lâns, de Haulerwykster Feart en Krûme Elleboogvaart. De feart waard yn 1756 troch de Drachtster Kompenije groeven op it doarpsgebiet fan Haule. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt der yn 1788 noch mei gjin wurdt oer skreaun, wylst der dan al in generaasje lang yn it heechfean wurke wurdt. Wol meldt de Staat yn de ynlieding oer Eaststellingwerf: “Een groot deel der Grieteny bestaat nog in onvergraaven hoog veen, en bevat dus eenen schat, die in vervolg van tyd van zeer groote waarde zal worden.” Goed in heale ieu letter, lit it kaartbyld fan de gritenij yn de atlas fan Eekhoff (1849) sjen dat Haulerwyk dan yn de folle lingte ûntwikkele is en fan de feart ôf in ticht net fan wiken het fean yn groeven is. It yn dyselde tiid útkommen Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa melde: “Het is eene volkrijke buurt van wel anderhalf uur lengte, zich langs de Haulstervaart uitstrekkende. Men telt er 187 h. en ruim 1000 inw., die meest hun bestaan vinden in den veenarbeid en voorts in den landbouw. Er is hier eene kerk voor Afgescheidenen.” Oan wjerskanten fan de hast seis kilometer lange feart wie destiids op in frij regelmjittige wize bebouwing fan frijsteande hutten, keten en hokken, mar ek lytse boargerwentsjes ta stân kommen. Sûnder dat der sprake wie fan echte konsintraasjes wie de lange delsetting ferdield yn Beneden Haulerwyk, dat letter it selsstannige doarp Waskemar wurde soe, Haulerwyk yn ‘e midden en it dôchs wat tichter beboude Boven Haulerwyk. Oan de eastkant fan Boven Haulerwyk makke de feart in heakse knik nei it suden ta om as Kromme Elleboogvaart ek noch sa‘n 800 meter bebouwing te hawwen. Yn 1880 krige dizze lange streek fan delsettingen de status fan selsstannich doarp. Yn de earste ieu fan syn bestean hie Haulerwyk gjin goede ferbining oer lân. Der wie inkeld mar in reed fan de eastlike kant fan it memmedoarp Haule nei Boven Haulerwyk ta, ûngefear op it plak dêr‘t no de Oosterwoldseweg leit. Yn 1859 waard op de noardlike kant fan de feart in dyk oanlein en yn 1911 waard it in keunstdyk. Dêrtroch sette de fertichting oan de noardkant fan de feart mear troch dan oan ‘e súdkant. Oan dy kant fan de feart bleau it agraryske karakter fan Haulerwyk goed bewarre. Hoewol ‘t de tastân fan de arbeidershuzen yn Haulerwyk gjin sprekken lije koe kamen der nei de Wenningwet net fuortendaliks inisjativen fan ‘e grûn. Dit kaam ek omdat der net sa maklik geskikte lokaasjes fûn wurde koenen. De bedoeling wie om safolle as mooglik wie selsstannige wenningen te bouwen op in rom hiem, dêr‘t wat oan ikkerbou dien wurde koe en men wat lytsfee hâlde koe. De earste noch besteande folkswenningen kamen yn 1920 oan de Meidoornlaan. Dêr waarden yn 1937 noch in pear bijboud, krekt as oan de Slotemaker, de Bruïneweg, de Scheidingsreed en alhiel oan de oare kant fan Haulerwyk oan it Smidslaantje. Oan de oarloch ta feroare der oan de struktuer fan Haulerwyk net folle. Nei dy tiid soe earst de bebouwing oan de Leeksterweg nei it noarden ta en by de Oosterwoldseweg nei it suden ta lâns sterk tanimme, wêrtroch’t it op in krúsdoarp begûn te lykjen. Al gau binne ek de kwarten tusken it krús yn mei nijbouwiken fol rekke, yn it earstoan yn de eastlike kwarten, letter ek yn it westen. Haulerwyk groeide út ta in grutte kearn mei goede foarsjennings en in sterke middenstân. By it sintrum, dêr‘t in stik fan de feart dimpt is, stiet sûnt 1852 de herfoarme tsjerke. It is in ynbannich gebou mei in rjochte koarsluting en in houten geveltoer. Fierder út it sintrum wei, oan de noardkant fan de feart, kaam in 1925 de meniste tsjerke, ek wer in uterst sobere sealtsjerke. Frijwat fierder nei it westen ta, yn it oarspronklik middelste diel fan Haulerwyk waard yn 1930 in fraaie ekspresjonistyske nije grifformearde tsjerke boud, nei in ûntwerp fan F.Offringa. Yn 1996 is der in kontrastryk bygebou bykommen, ûntwurpen troch arsjitekt Jelle de Jong.

Heech is in wetterdoarp mei in beskieden tsjerketerp. It doarp komt mei de namme Haghekercke yn 1132 yn de boarnen foar. Doe wie der al sprake fan fiskerij, skipfeart en hannel. It doarp is al folle earder ûntstien op in knooppunt fan wetterwegen. Tusken de Syl, de libbensier van Heech en de tsjerke yn hat him streekbebouwing ûntjûn by de Harinxmastrjiite lâns, dy‘t stadichoan tichter beboud waard, wêrtroch‘t it doarp in lytsstedsk karakter krige. Súdlik fan dizze streek stie de Harinxmastins. Nettsjinsteande de nije dynamyk foar wetterrekreanten is it ferline fan fiskerij, skipfeart en hannel noch te werkennen oan de romtlike struktuer en it karakter fan de bebouwing yn de doarpskearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de kompakte doarpsstruktuer te sjen. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Heeg, anders Hegens, een groot en bestraat dorp, op een vrij hoogen heuvel, gelegen ten Noorden van het Heeger meer. In ‘t Westen der buurt plag Harinxma state te zijn, hebbende het gelagt van dien naam hier, sedert verscheiden eeuwen gebloeid. ... De buurt en kerk, die in den jaare 1745, in plaats van den voorige, die wel groot en aanzienlyk, doch door ouderdom vervallen was, gebouwd werd, staat aan het Westeinde der buurt; dezelve pronkt met een spits torentje .... Buiten de buurt heeft men meerendeels laage landen en veel poelen, als Henxte-, Feike-, Palse Poelen enz. Van hier, Noordwaarts, loopt een paarde weg tot aan de buurt Osingahuizen, hier onder behoorende .... Tusschen de Wymerts en het Heeger meer, ligt een stuk lands, met de naame Oostwoude, daar eene plaats gevonden wordt, bekend by den naam van Gouden Bodem, welke mede behoort tot dit Dorp, dat zich in ‘t Westen zeer verre uitstrekt.” De ‘paardenweg’ nei Oazingahuzen is yn 1846 ta in strjitwei ferbettere en dêrtroch krige Heech oer de dyk in goede ferbining mei it efterlân. Dêrop rekke de Skatting geandewei beboud. Foar de Twadde Wrâldoarloch waarden de noch lege plakken ûnbeboud gebiet noardlik fan de haadstrjitte en de Wegsloot mei huzen beboud. Nei de oarloch binne der yn ferskillende fazen noardlik fan de âlde kearn flinke útwreidingswiken ta stân kommen. Wilens wienen de wâlskanten en havens foar de rekreaasjefeart ûntwikkele en wreide it bedriuweterrein oan de noardeastkant him geandewei út. Heech is yntiid in grut doarp mei fariearde karakteristiken. De herfoarme tsjerke is yn 1840 boud as ferfanger foar in tsjerke fan in lytse ieu âlder, dy‘t wer in midsieusk godshûs ferfong. Se is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in houten geveltoer, der‘t de romp noch fan datearret út 1745 en in bekroaning út 1797. De liedklok is yn 1616 getten. De tsjerke hat meubilêr út begjin 18e ieu. De neogotyske roomskkatolike tsjerke is yn 1876 ferriisd nei in ûntwerp fan P.J.H. Cuypers mei earnstige bemuoienissen fan de boupastoar. De ienbeukige krústsjerke hat in trijekantich sletten koar en in toer fan trije segminten mei in ynsnuorre spits. Se hat in passend ynterieur en meubilêr út de boutiid en fan even letter. De yn 1891 nei in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers oan de Skatting boude grifformearde tsjerke is in fraai foarbyld fan neorenêssânse. Se is in krústsjerke mei in toer, wêrfan’t benammen de spits ryk detaillearre is. It ynterieur is yn 1967 ‘modernisearre’. Op de Nijewâl by de Syl stiet in rige deftige wenningen. De kearn fan Heech, de Harinxmastrjitte, besit foaral 18e- en 19e-ieuske bebouwing. Der stiet in tal foarname huzen: huzen fan rike fiskers en ielhannelers. Dorpsstraat 27 mei in útboude middenpartij mei fyn byldhouwurk is in 18e-ieusk pronkje, dat syn wjergea yn Fryslân amper kin. Op it Eilân nû. 1 is in beskieden húske út 1782 te finen. Yn ‘e midden op de sichtgevel stiet in flinke dakkajút mei in omlisting fan sânstien. Yn de wangen dêrfan binne op in elegante wize tusken rococokrolwurk fjouwer snoeken ferwurke en yn de bekroaning mei in holbolle omlisting mei tufen stiet yn it cartouche: ‘Siet u Selfs’.

Hegebeintum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in ‘ideale’ terp mei in stikhinne sirkelfoarmige ringdyk. It súdlike part fan dizze ringdyk is no ferhurde; it noardlike diel hat noch it autentike karakter. Omdat de terp altyd tinbefolke bleaun is koe hy tusken 1896 en 1905 fierhinne ôfgroeven wurde. Allinne de tsjerke mei it hôf binne sparre bleaun en de trije steil oprinnende paden meitsje dat it nivo fan de terp sintúchlik te erfaren is. Just omdat it de heechste terp fan Fryslân is: de krún rikt leafst ta 8,8 meter hichte. By de ôfgraving is it bewiis levere dat de âldste ophegingslaach – it begjin fan de terpebou – op likernôch 600 jier foar Kristus steld wurde kin. Hegebeintum wie oan de westkant troch de Ferwerter Feart ûntsletten. De doarpstsjerke is in frij geve, 12e-ieuske dowestiennen tsjerke mei in wat ynspringend koar mei in healrûne abdis. It muorrewurk mei âlde spoaren hat spitsbôgefinsters krigen. Oan de westkant is de tsjerke mei kleastermoppen fergrutte, dêr‘t yn 1717 de hjoeddeiske sealdaktoer kaam. Yn it ynterieur kamen restanten foan muorreskilderingen foar it ljocht. In dûbele hearebank út 1762 mei in rococo tûfestik foar de famylje De Schepper-Coehoorn van Scheltinga stiet der te pronk. De fyftsjin ryk fersierde roukassen en wapenbuorden út de 18e ieu fan leden fan de famyljes Van Coehoorn, Nijsten en De Schepper dominearje it ynterieur. Harstastate, eastlik fan de terp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 15e ieu. Harsta hat frijwat ferbouwings meimakke. Yn de 17e ieu waard in fleugel yn de kolossaaloarder boud, dy‘t yn de 19e ieu al wer sloopt waard, lykas de ferdjipping fan de âldere fleugel. De begeane grûn krige doe in neoklassicistysk uterlik. Harstastate hat in tagongspartij mei Ioanyske pilasters en in kroanlist mei blokken. By de restauraasje ein 20e ieu is der in eigenwize dakkajút pleatst. ‘Het zaal’ is yn it lêst fan de 19e ieu ynrjochte yn de Lodewijk XIV-styl.

It Heidenskip is ien fan de nijsgjirrichste doarpen fan Fryslân. Hinget yn omtrint alle oare plakken it lânlik doarpsgebiet wat by de kearn, hjir telt de útstrekte en tinbefolke streek en is de kearn, Brânburren yn it súdeasten de kers op de taart. De streek leit súdlik fan Warkum, tusken it spoar Snits-Starum en de Fluezen yn en heart fan âlds ek by dizze stêd. De namme is nei alle gedachten werom te fieren op it begryp: wyld lân. Dat soe men no net mear sizze, want yn it kreaze wrydske lânskip lizze de (soms monumintale) pleatsen ferspraat. Fuortby Brânburren leit boppedat it buertsje De Hel, mar dat duvelske wurdt wer kompensearre troch de buorkerij Sint-Ursula, dêr’t de poel midden yn It Heidenskip syn namme ek oan tanket. Yn it suden hat de bebouwing him oan de kanten fan de Heidenskipster Feart fertichte ta de skildereftige wenkearn Brânburren mei paden oan ‘e feart en kompakte bebouwing fan ynbannige huzen, dêr‘t tuskenyn de ek al sobere herfoarme tsjerke mei toer in hichtepunt foarmet. Nettsjinsteande dat it gehiel in sfear azemt fan fier ferfleine tiden, is Brânburren in jonge delsetting. Op it kaartblêd fan de streek út 1851yn de atlas fan Eekhoff binne allinne in oerset by de ‘Oude School’ en twa gebouwen yntekene. De feart leit meastal fol mei skippen en boatsjes, oer de Hôfmar bestiet in streekrjochte ferbining mei de Fluezen. Oan de Heideskipsterdyk stiet de yn it begjin fan de 20e ieu mei dekorative ambysje boude grifformearde tsjerke, dy ‘t no as wenning brûkt wurdt. Brânburren hat de ôfrûne tsientallen jierren sels echte oanstriid ta in doarp mei nijbouwenningen oan de Heideskipsterdyk.

Himmelum azemt troch syn hege lizzing in besûnder eigen sfear. It doarp hat in frijwol rjochthoekige kom, dy‘t fan út de wegen oan de súd- en westkant, dêr ‘t de âldste bebouwing stiet, ûntwikkele is. Dizze âldste bebouwing giet trouwens net fierder werom dan oan it ein fan de 19e ieu ta. De nei-oarlochske doarpsútwreiding hat plak krigen yn it noardeastlike kwartier. Bûten de krusing fan de wegen stiet de frij jonge tsjerke dy‘t nearne mear tinken docht oan it kleasterferline fan Himmelum. Dôchs hawwe der sawol in frouljuskleaster út healwei de 13e ieu as in hast oardel ieu jonger mannekleaster stien. Beide wienen se ûnderhearrich oan it yn dizze kontrijen tige machtige Sint-Odulphuskleaster fan Starum. Fierders hat it doarp yn de lette Midsieuwen syn rol spile yn de striid fan de Skieringers en de Fetkeapers. Dit omdat der in pear aadlike famyljes wennen dy‘t harren ynfloed yn de hiele Súdwesthoeke jilde litte woenen. Fan de alluere dy‘t it doarp eartiids sûnder mis hân hat, is hast neat mear werom te finen, mar it ynbannige doarp leit mei syn útbuorrens noch altyd prachtich yn it lânskip. De doarpstsjerke stiet op in sfearfol tsjerkhôf. Se docht mei har eigensinnige foarm wol rjocht oan de besûndere tsjerklike skiednis. It is in krústsjerke dy‘t yn 1896 boud is fan giele bakstien. It westwurk is wat gearstald, mar is wol sletten en der stekt net in dakruter, mar in echte, slanke toer omheech. Dizze toer mei de fraaie plastyske ynfolling fan de segminten, de oerwurkplaten en de moai detaillearre kroanlist, docht jin sterk tinken oan dy fan Skettens en Dedzjum. Hoewol‘t de arsjitekt ûnbekend bleaun is, soe it wêze kinne dat it Jan van Reenen west hat. Rûnbôgefinsters en rûne finsters yn de geveltoppen fan de dwersbeuken jouwe it gebou in eigen karakter. Fan de Koudumer Slieperdyk (1732) fan de ferneamde wettersteatkundige Willem Loré binne nochal wat stikken ferdwûn, mar noardeastlik fan Himmelum leit noch in trasee fan twa kilometer. Fan it hjoeddeiske Johan Wilem Frisokanaal ôf rint de slieperdyk rjochting Nijbuorren ûnder Himmelum dêr‘t hy tsjin de frij steil omheech rinnende glasiale rêch op rint.

Healwei de 19e ieu melde it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa dat ta it doarp Himpens foar dy tiid ek Zuiderburen behearde, mar dat de fiif huzen alle fiif sloopt wienen. No is it omkearde it gefal: de namme fan it gehucht Zuiderburen is jûn oan de jongste wenwyk fan Ljouwert, dy’t de doarpen Himpens en Tearns omklammet. Himpens en Tearns binne wol yn harren wêzen litten, mar de nijbou komt tichteby. Himpens is in âld doarp yn de leechlizzende polder it Lang Deel súdeastlik fan Ljouwert. In streekdoarp by in dyk lâns, dy‘t even fierder as Tearns en de brêge oer de Nauwe Greuns as skoalledyk it easten yn rint. De bebouwing leit útslutend oan de súdkant fan dizze dyk, fuort by de brêge rint der in stik feart njonken lâns, in soarte fan ynstekhaven. Ek stiet der wat bebouwing oan inkele dwerspaden, ‘t Streekje en ‘t Leechje. Súdlik fan de bebouwing leit it yn 1967 oanleine sportfjild fan Wêz fluch en om dit iepen sintrum hinne hat dit doarp him fan de santiger jierren ôf ûntjûn by de Reintje Visser Beardastrjitte, J.H. van IJsselsstrjitte en De Leijte lâns. It doarp slút oan de eastkant ôf mei in karakteristike stjelppleats út 1859 en mei de doarpstsjerke. De tsjerke stiet op it plak dêr‘t yn ‘e Midsieuwen al in beahûs stie. De earste fermelding datearret út 1511. Tsjerke en toer binne ferskate kearen fernijd. Fan in tekening út healwei de 18e ieu is bekend dat der doedestiids noch in frij lege en foarse sealdaktoer stie. Yn 1872 kaam der in nije westlike gevel ta stân mei in skerpe toer fan sa’n 20 meter heech. De tsjerke is nei in brân koart nei de Twadde Wrâldoarloch opnij boud yn tradisjonele foarmen. Wat de lizzing oanbelanget hat de tsjerke in plak fûn yn de streekbebouwing, mar se stiet wol op in rom rjochthoekich en mei beammen omseame tsjerkhôf mei in kolleksje goed ûnderhâlden 19e en 20e-ieuske grêfmonuminten.

De Himrik is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is op in sânrêch tusken de heide yn it noarden en it heechfean yn it suden yn. Yn de Midsieuwen stie der in oan Sint-Andreas wijde tsjerke. Dizze is yn 1739 fernijd, wêrby‘t wierskynlik dielen fan it muorrewurk hanthavende binne. Der kaam in klokketoer mei skylddak foar de klok út 1495. Koarte tiid hjirnei, mids 18e ieu, is de Opsterlânske Kompanjonsfeart groeven mei de bedoeling om it heechfean te eksploitearen It agraryske doarp krige in ympuls troch de turfwinning. De feart kaam frij ticht súdlik fan it doarp te rinnen en der waard yn 1755 it Himriker Ferlaat yn de Kompanjonsfeart slein. Krekt in ieu letter is de slûs yn stien ferfongen en yn 1902 alhiel fernijd. Der stiet in slûswachtershûs by, dat út om-ende-by 1880 datearret. De flapbrêge út ûngefear 1920 is yn 1952 fan in oar plak kommen. Njonken de feart lâns is yn de 19e ieu wat bebouwing ûntstien, dy‘t by it ferlaat fertichte is. De âlde dyk op de sânrêch makket yn De Himrik in bocht en dêr stiet de ljocht kleurde doarpstsjerke tige effektfol yn in beammeseame op in ferhege tsjerkhôf. De sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar is nei alle gedachten yn de 19e ieu bepleistere, dêr‘t mooglik geheimen fan âlde muorregedielten ûnder ferskûle sitte. Yn de tsjerke stiet in 17e-ieuske preekstoel. Efter de tsjerke hat de ferfeanersfamylje Van der Sluis yn de twadde helte fan de 19e ieu in grut grêf oanlizze litten. De stichter fan dizze heal yn it hege hôf groeven kelder is de yn 1863 ferstoarne J.A. van der Sluis. Der leit in grêfstien mei de stambeam. Oan de westkant fan De Himrik stiet ‘Het Koetshuis’, dat deselde famylje yn 1901 yn de neonrenêssânsestyl bouwe litten hat. Noardlik steane oan it Himrikerpaed in pear âlde pleatsen en westlik fan it doarp is in moderne stoeterij kommen.

Hjerbeam is in lyts terpdoarp westlik fan de Slachte. De kearn mei de tsjerke fan de eardere rykswei Ljouwert-Harns, dy‘t destiids in soad ferkearsoerlêst feroarsake. Hjir stie ek Sikkemastate, in aadlik hûs dêr‘t de rom fan ôf glânzige omdat Sicco van Goslinga dêr berne wie. Sicco wie grytman fan Frjentsjeradiel en kurator fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer, dêr‘t hy sels ek studearre hie, mar reizge in soad as foaroansteand ambassadeur fan de Republyk. Dizze Sicco, begroeven yn it tichteby lizzende Doanjum, ûnderhannele sels op Versailles mei de ’Zonnekoning’. Der wurdt beweard dat hy him mei ien fan de kriichslju, S.G.J. van Burmania, yn it Frysk ûnderhâlde, skreaun mei Grykse letters. Op de fraach wat as de kaai ta it geheimskrift wie, moat hy de Frânske kardinaal Richelieu antwurde ha: “Dêr wie nin kaei fan”, der wie gjin kaai foar. It lêste spoar fan de Sikkemastate is in restant fan de stinzepoarte – in trochgong dy‘t de opbou mist – oplutsen fan ûnder mear roaswinkels, in soarte fan bakstien dat even lytser is dan de kleastermop en datearret út begjin 16e ieu. Mei de tsjerke is it ek sawat sa fergien. Oarspronklik datearret sy út de Midsieuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e ieu. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkantige spits, mei laaien dutsen. De tsjerke stiet op in net al te grutte terp, mei in grintpaad, mar gjin beammeseame. De tsjerkebuorren is oan de súdkant ôfgrinze troch inkele leechsteande, brede huzen fan foar dizze omkriten kenmerkjende giele stien. De wenningbou fan nei de oarloch kaam gruttendiels yn in lus noardlik om ‘e tsjerkebuorren hinne.

Lytse Jouwer is in lyts terpdoarp dêr’t de ûntsteansskiednis noch net dúdlik fan is. Mooglik kin de terp al datearje fan foar it begjin fan de jiertelling omdat it op âlde kaarten op in radiale terp liket, dy‘t fergelykber is mei radiale struktueren út de omjouwing, dy‘t sûnder mis út dy tiid datearje. Dêrtsjinoer stiet it feit dat de terp net sa heech is en dat pleitet wer foar in datearring yn de iere Midsieuwen, net al te lange tiid foar it begjin fan de dikebou yn de 11e ieu. De terp bleau troch de ieuwen hinne tige tinbefolke. Krekt yn de ôfrûne oardel ieu binne heaks op de trochgeande dyk, oan De Wylgen en benammen de Krûdikker, wenbuertsjes ûntstien. Der is gjin spoar mear te finen fan in ringdyk of radiale paden. Bûten de lytse kearn bestiet it doarp fierder út ferspraat steande agraryske bebouwing, dêr‘t de buorkerij fan Hibbema oan de súdwestkant ek op in terp liket te lizzen. Noardwestlik fan Lytse Jouwer en oan de oare kant fan de Hantumer Feart leit it buorskip Lutkelaard dat bestiet út in pear buorkerijen. Noardlik fan dizze pleatsen leit neffens de kaart fan Eekhoff in ûnbeboude terp. Eartiids wie Lytse Jouwer op in lytse ôfstân ûntsletten troch de Hantumer Feart, dy ‘t mei in frij ûnregelmjittich berin fan dat doarp nei Dokkum rûn. Pas let, yn de twadde helte fan de 19e ieu, is de dyk Hantumerwei – De Ham fan de Hantumershoeke oer Lytse Jouwer nei Betterwird – Dokkum ta stân kommen. De doarpstsjerke fan Lytse Jouwer stiet no oan de jonge, trochgeande dyk op it restant fan de terp. De tsjerke is boud yn 1869 op it plak fan in âlde tsjerke mei in sealdaktoer dy‘t yn it muorrewurk in soad dowestien en mooglik stiennen ferwulven befette. De nije tsjerke is in ûntwerp fan G.P. Keuning fan Ternaard. De toer mei ynsnuorre spits is yn boud yn de tsjerke. Nei de foartsjerke is it skip trije traveeën djip en dan folget de trijekantige sluting. It gebou is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei izeren roeden.

It terpdoarpke Hichtum komt yn 1270 foar it earst as Hectum yn de boarnen foar. It is it earste doarp noardlik fan Boalsert oan de Harnzer Trekfeart en wurdt oan dat wetter ynlieden troch in aardich wetterbuertsje. It doarpsgebiet is nea fan grutte omfang west. It buertsje Syswert heart der fanâlds by; it leit no oan de oare kant fan de provinsjale Westergoawei. Yn Hichtum is mar ien strjitte: de Schwartzenbergweg. Oan ‘e noardkant fan ‘e tsjerke stiet wat bebouwing, dy‘t in doarpskom foarmet. Tsjin de tsjerke oer is yn de lette 19e ieu in buorrentsje ûntstien. Súdlik fan Hichtum stie Wibrandastate, dat bestie út twa flinke gebouwen en in poartegebou, dêr‘t generaasjes lang foar Wûnseradiel ferneamde aadlike geslachten residearre ha: Wibranda, Aysma, Van Huyghis, Aytta en Schwarzenberg en Hohelansberg. Wibrandastate telde 25 keamers en wie ferneamd om har tunen mei fruchtbeammen. Dat dy beammen ek wolris úttinne waarden, bewiist in houtferkeap yn de 18e ieu. Yn 1833 wurde der 330 beammen ferkocht en fjouwer jier letter alle noch oerbleaune beammen. Net folle letter is de state ôfbrutsen. Op dit plak is der doe in kop-hals-rompbuorkerij foar yn ‘t plak kommen, dy‘t der noch altyd stiet. Hoewol ‘t sa‘n ferfanging gebrûklik is, is hjir dôchs wol wat besûnders mei: om de hjoeddeiske Wibrandastate lizze ek no wer in royaal en fraai oanlein boerehiem en in (appel)hôf. Yn de Gouden Ieu waard de state bewenne troch Hessel van Huyghis en Frouck van Wyckel; foar harren waard yn de tsjerke in pronkerich grêfmonumint oprjochte dat no frjemd genôch mei de preekstoel ferweve is. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwarzenberg en Hohelansberg binne grêfspoaren yn de tsjerke te finen. De om 1200 hinne fan giele kleastermoppen boude tsjerke stiet op in hôf dat omseame is mei in skulpepaad mei esken en iperen beammen. Yn de noardmuorre binne spoaren te sjen fan lytse romaanske finsters, yn de súdmuorre inkele spoaren fan flau spitsbôgige romaanske finsters en in rûnbôgige hagioskoop. Ek de toer is oplutsen fan giele moppen.

Hidaard is in lyts terpdoarp yn de eastlike punt fan it eilân fan Easterein en even noardeastlik fan de skerpe bocht dy‘t de Slachtedyk makket by de Kliuw. It doarp kin allinne mar oer de Slachte berikt wurde: de ‘oprydleane’ nei it doarp ta leit even noardlik fan de Hidaarder Syl. By dizze brêgeslûs steane wat huzen; fierderop stiet de measte bebouwing fan huzen en buorkerijen om de tsjerketerp hinne en oan de súdeastkant by it parkearplak en boarterstún. Foar de tsjerketerp leit oan de westkant in flink keatsfjild. It doarpshûs is fêstige yn it eardere skoallegebou. Om de tsjerke op de betreklik hege tsjerkhôfterp hinne rint in grintpaad mei in dûbele hage mei linebeammen. De tsjerke is yn 1873 nei in ûntwerp fan J.A. Timmenga boud as ferfanger fan in nij godshûs. It gebou is oplutsen fan graubrune bakstien mei giele kezinen om de finsters mei izeren trasearringen hinne. De toer is opnommen yn de westgevel en krige in houten boppebou mei in ynsnuorre, achtkantige spits mei in dakbedekking fan laaien. It tsjerkedak hat blau glazuere golve Fryske pannen. Mei in restauraasje is de grêfsark fûn fan de lêste abt fan Bloemkamp, de cisterciënzer abdij by Hartwert. De sark fan Thomas van Groningen is yn de tsjerke opsteld. De Hidaarder Syl is lange tiid fan grut belang west foar de ôfwettering fan de binnendykse lannen fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It wetter waard útwettere yn de Alde Kleasterfeart. It kleaster yn kwestje wie de abdij Bloemkamp, dy ‘t nei alle gedachten in rol spile hat by it oanlizzen dêrfan. De slûs waard ûnderhâlden troch de yngelanden fan de polder Easterein. It stik dyk dat fan Easterein ôf om it doarpsgebiet fan Hidaard rint, de Tjebbingadyk, fiert nei de Kliuw, it knooppunt fan diken by de skerpe bocht yn de Slachte. De namme pronket op in grutte stjelppleats noardlik fan de bajonetfoarmige fjouwersprong en westlik fan de dyk. De namme de Kliuw hat him benammen hechte oan de eardere herberch súdeastlik fan de krusing.

Hieslum is in lyts terpdoarp dat al yn in stik út it jier 855 neamd wurdt om ‘t in sekere Folkertus út it doarp in skinking docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. It doarp komt ek foar yn in list fan kleasterbesitingen fan Fulda. Eartiids lei Hieslum ynsletten tusken alderhande marren en puollen yn. It is te tankjen oan de droechmakkerijen dat it no leit yn de ferlittenheid tusken de Warkumer Trekfeart en de Brekken by Aldegea yn. It is it meast súdeastlike doarp fan Wûnseradiel. Yn de doarpskearn wenje net sa folle minsken; de measte ynwenners fynt men yn twa buorskippen. Noardlik fan it doarp leit it buorskip Atzebuorren, súdlik fan it frijwat gruttere Idzerdabuorren. It doarp mei mar in pear huzen, skuorren en loadsen oan de dyk, leit merkber heech yn de lannen. It útsicht is dan ek wrydsk. De tsjerke stiet wat efterôf en kaam op it plak fan de midsieuske tsjerke, dy ‘t fermoedlik om 1300 hinne boud wie. De tsjerke hearde yn de lette Midsieuwen by it St.-Odulphuskleaster yn Starum. Dat betsjutte dat de pastoars oansteld waarden troch dit kleaster. Op in tekening út 1789 is te sjen dat it in tsjerke mei in sealdaktoer west hat. De hjoeddeiske tsjerke fan Hieslum is net âld. Yn 1874 is it midsieuske gebou ôfbrutsen. De nije tsjerke hat in soad wei fan dy fan Skuzum en krige in houten toer op it westlike front. Se hat in skip mei rûnbôgefinsters, in trijekantige koarsluting en dat houten tuorke op de westgevel. Op de oergong nei de achtkantige spits sit in lytse balústrade mei krúst regelwurk. Yn ‘e toer hong in klok dy‘t yn 1696 troch Petrus Overney yn Ljouwert getten is, mar dy‘t yn de oarloch troch de besetters stellen is. Der hinget no in nije liedklok. It ynterieur befettet in preekstoel mei Ioanyske pylderkes op de hoeken fan de kûpe, dy‘t yn de earste helte fan de 17e ieu makke is. Efter it 19e-ieuske oargelfront mei sulver beskildere pipen stiet in harmoanium.

Hilaard is in terpdoarp wêrfan‘t de bebouwing yn ‘t earstoan frijwat ferspraat oer de terp en de neiste omjouwing struid like te wêzen. Fan healwei de 19e ieu ôf is it doarp tichter beboud en foarmen har wat strjitsjes en in soarte fan plein. Yn de 20e ieu is Hilaard útgroeid by de trochgeande dyk lâns, de Van Aylvaleane en de Hoptilsterdyk. De ôfrûne desennia is dat mei de bou fan bedriuwsgebouwen rjochting Westergoawei sterk trochgien. De tsjerke stiet op de noardlike râne fan de terp, dy‘t fierders ôfgroeven is. Dêrefter stie Tsjessingastate dêr‘t de famylje Aylva generaasjes lang residearre. Oan de oare kanten leit it hege hôf, omseame troch linebeammen. De âlde kosterij datearret út 1780. Oan it nei de tsjerke ta rinnende strjitsje stean in pear huzen fan gieltsjes út wierskynlik de iere 19e ieu. Tichter nei de dyk ta stiet in ienfâldige notabele wenning en op de hoeke in neimakke eksimplaar. Dêr tsjinoer leit op in rom hiem in fraaie kop-hals-romppleats út 1869. Yn de pleineftige Smidsstraat stiet de opknapte smidderij yn fernijingsstyl en mei it opskrift: ‘A.Th. Bakker Electr. Smederij annex Rijwielen’. In stichtingsstien fertelt dat it gebou út 1907 is. Oan de Van Aylvaleane stiet de doleânsjetsjerke. Dizze letgoatyske tsjerke is nei alle gedachten yn de 15e ieu by de ier-13e-ieuske toer oplutsen ta ferfanging fan in âldere tsjerke. It skip is seis traveeën djip, it koar is fiifkantich. De yntreepartij is omliste troch in spitsbôge en in rjochthoekige kordonbân en dêr boppe-op sit noch in leech spitsbôgefinsterke. Fierders binne der spitsbôgefinsters. It muorrewurk is mitsele fan roaswinkels, lytser as moppen. De toer is wol mitsele fan kleastermoppen. De ier-17e-ieuske westlike top hat in elegante yn- en útswinkende foarm. De buert Hoptille oan de Boalserter Feart heart by Hilaard. Dêr stie destiids it molkfabryk, dat nei‘t it sluten waard, brûkt wurden is as flaaksfabryk; yn 1948 is it gebou ôfbrând. By de brêge stiet it âlde tolhûs mei in gevelstien mei it wapen fan Boalsert en it jiertal 1652.

Hinnaard is in lyts kompakt terpdoarp. It leit mar 500 meter súdlik fan de Boalserter Trekfeart, mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie Sassingastate, op it hiem stiet no in buorkerij. Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De gritenij en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen. Yn de lette Midsieuwen fûn yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de gritenij plak. Hinnaard is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e ieu. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning. De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e ieu. Yn ‘e midden stiet in fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e ieu en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e ieu.

Hitsum is in terpdoarp súdlik fan Frjentsjer en bestiet útsein de bebouwing by de trochgeande dyk by de tsjerketerp lâns út twa dwers dêrop steande frij kompakte streken huzen. Mei de Arumer Feart ek noch in buert dy‘t alear Westerhitsum neamd waard. Op dat plak soe ek Roordemastins stien ha. Hitsum is in ynbannich doarp, dat sa as bliken docht út argeologyske fynsten, in foarnaam ferline hat. Sa is der in gouden Noarske bracteaat (sieraadmunt) út de 6e ieu mei it rune-opskrift “foro” fûn en boppedat in brûnzen mantelspjelde, in izeren spearpunt, in Romeinsk brûnzen masker en in frouljusbyldsje út mooglik de 11e ieu. De haadlingefamylje fan de Burmania ‘s komt fan Hitsum. Nochal wat fan harren kamen terjochte op hege bestjoerlike en militêre posysjes. Fan dizze famylje is Gemme van Burmania de bekendste. As ôffurdige fan Fryslân by kening Filips II yn 1555 soe hy wegere ha om knibbeljend de eed ôf te lizzen: “Wy Friezen knibbelje allinne foar God.” De net al te hege doarpstoer leit súdlik fan de dyk. De tsjerke leit binnen in seame fan esken en in bûkehage. De sealtsjerke fan 1883 bestiet út trije, mei rûnbôchfinsters iepene fakken en in trijekantige sluting. De noardmuorre en dy fan it koar binne oplutsen yn grauwe stien; de súdkant is stukadoare. Yn de foar in part yn it tsjerkefolume stekkende toer hingje twa klokken út 1637 en 1671. Noardlik fan it doarp rint it Hitsumer Binnepaed. It is in spoar fan in dynamyske perioade út de skiednis. Yn de tsientallen jierren om 1900 hinne kaam der in ticht net fan tramwegen yn Fryslân. In drok stik wie dat fan Snits nei Harns mei in sydtakke oer Hitsum nei Frjentsjer. Dêr wie wer oansluting op tram- en spoarlinen troch Barradiel en It Bilt. Nei opheffing fan de tramferbining is it trasee tusken Hitsum en Frjentsjer omtovere ta in fytspaad en binne de bermen beplante mei tichte seamen fan beammen en struken.

Holwert bestiet út in radiale tsjerketerp, dy’t inkele jierren foar de jiertelling foarme is. Súdlik dêrop oansluten is in út de 8e of 9e ieu datearjende lang útrekte hannelsterp, dêr’t de bebouwing by de as fan de Buorren en Foarstrjitte lâns ta stân kommen is. De earste kustdyk is yn de 12e of 13e ieu oanlein, wêrby‘t de tsjerketerp yn it earstoan bûtendyks kaam te lizzen. Oant 1580 ta; doe waard de seedyk ferlein. Yn de 17e ieu is nei it suden ta de Holwerter Feart oanlein, wêrtroch’t it doarp in streekrjochte en krekt by Raard wat kronkeljende wetterferbining nei it efterlân krige. De sintrale strjitte is yn 1871 ferlege, wylst de huzen op it terpenivo bleaunen. Sadwaande ûntstienen de karakteristike profylferskillen wêrtroch’t foar de huzen oan de Hege Buorren ûntslutings mei trepkes needsaaklik wienen. De âlde doarpskearn bestiet út in patroan fan strjitten en stegen dêr‘t frijwat foarname bebouwing de sfear bepaalt. De útwreidings binne oan de noard- en eastkant ta stân kommen, nei de oarloch benammen oan de eastkant. De herfoarme tsjerke is oan de noardlike flank op de yn 1890 diels ôfgroeven terp in sterke bepaler fan it Holwerter silhûet. De kloeke toer datearret út de earste helte fan de 13e ieu: de hege ynsnuorre nullespits kaam yn 1661 ta stân en is nei de tiid in pear kear opknapt. Ut de wat lettere 17e ieu datearret ek ien fan de tagongspoartsjes mei kwabornamint. De tsjerke wie wijd oan Willibrord en is yn 1776 ûnder lieding fan Willem Douwes út Harns ferfongen troch it hjoeddeiske gebou mei in L-foarmige plattegrûn dat in twadde tagongspoarte krige yn Lodewijk XVI-foarmen. Yn it romme ynterieur, mei omtrint gjin ferdieling yn segminten, falle it elegante doopstek en de rokoko preekstoel mei koperwurk op. Oan de oare kant fan Holwert stiet oan de Stasjonswei de meniste tsjerke mei in neoklassicistysk front út 1850. Oan de Elbasterwei stiet de yn 1933, nei in ûntwerp fan P. en R. Offringa boude grifformearde tsjerke mei in waaierfoarmige plattegrûn en in slanke toer yn de oksel fan de fleugels.

Hommerts is in lang útrekt streekdoarp dat yn ‘e lette Midsieuwen ûntstien is as wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westlike kant fan de feart, it Far. Sûnt de oanlis fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1843 oan ‘e eastkant fan it wetter hat it doarp geandewei in draai makke fan 180 graden en hat him sadwaande ta in dyksdoarp ûntwikkele. Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851is dit proses sichtber. Begjin 18e ieu is alle, foaral agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ” een groot Dorp, ten Oosten grenzende aan Uitwellingerga en de Oude Weg, die ‘t zelve van Doniawerstal scheidt; ten Zuiden aan de Jelte Sloot, waar door het van dezelfde Grieteny gescheiden wordt, en ten Westen aan de Wester-Wymerts, scheidende de landen deezes Dorps van die van Heeg. Dit dorp bevat 41 stemmende plaatsen, alle gelegen ten Noorden en ten Zuiden der Kerk, waar onder ook behoort het buurtje Lippenwoude .... Weleer lag hier, niet verre van de Kerk, Hettinga Stins, en op den wal van de Jelte Sloot, Okma State”. Utsein de tsjerke bleau de bebouwing yn it earstoan foaral beheind ta de westkant fan ‘e dyk. Mar yn de 20e ieu is hjir en dêr ek oan ‘e oare kant wat bebouwing ta stân kommen. Súdlik fan ‘e tsjerke is yn 1849 de ryddyk nei Osingahuzen en Heech oanlein; in komfoarming is der nea fan kommen. Lippenwâlde by de Jeltesleat is noch altyd in apart buorskip. De herfoarme tsjerke is in yn 1876 troch P. De Jong ûntwurpen sealtsjerke yn fersoarge mingstyl mei in trijekantige sluting en in kloeke, heal ynboude toer fan fjouwer segminten mei in ynsnuorre spits mei frontons

Houtigehage is in heidedoarp dat krekt yn it lêst fan de 19e ieu stâl krige. Fanâlds is it âlder. Oan de earste helte fan de 18e ieu ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning. Doe‘t healwei de 18e ieu dat wurk klear wie, waard it ruïnearre doarp oan syn lot oerlitten en ûntjoech him in heidegebiet, dêr‘t earmoedsaaiers besochten wat hoekjes grûn yn kultuer bringen om yn harren eigen ûnderhâld te foarsjen. Houtigehage bestie yn dy tiid út in ûnoarderlike en ferspraat lizzende samling spitketen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 docht bliken dat de delsetting hjir en dêr al wat mear struktuer krigen hat. It lân is op in och sa lytsskalige wize yn kultuer brocht. De bewenning lei noch altyd ferspraat en der wienen noch in soad net-oanmakke eardere feangrûnen, mar by de Houtigehaachster Wyk lâns – no deSkoallewyk – stienen doedestiids al rigen huzen dy‘t sa in begjin fan in delsetting begûnen te fertoanen. Yn 1896 waard der krekt in skoalle boud: it wie de earste kollektive foarsjenning. Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp Rottefalle. Johannes Antonie Visscher, dominy yn it begjin fan de 20e ieu, wie begien mei it lot fan Houtigehage, publisearre oer de’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten wienen. Ien fan dy huzen is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en ynrjochte. Yn 1930 waard Houtigehage in selsstannich doarp. Yn 1937 kaam de herfoarme tsjerke ta stân. Nei de oarloch is it doarp sterk groeid, foaral ek omdat de wenningbouferiening dêr flink begûn te bouwen.

Húns is in lyts terpdoarp mei in oantreklik ûntwikkele struktuer. It leit noardlik fan de Boalserter Feart, dêr‘t it mei in doarpsfeart oan ferbûn wie. Oer it lân lei Húns oan yn de twadde helte fan de 19e ieu ta frijwat isolearre. No is it, troch de nije Westergoawei hiel goed ûntsletten. Oan de oare kant fan de autodyk leit in buertsje by de Panwurksbrêge, dat by Húns heart en dêr’t yn it ferline in panne- en stienfabryk stien hat. Fan de Westergoawei ôf liedt in kromme dyk de Húnzer doarpskom yn. Yn ’e bûtebocht steane wat huzen, yn de binnebocht de rizige, eardere en no in boufallige skoalle, dy’t yn in opknapbeurt bestjurre liket te wêzen. Dêrnei wurdt it profyl ferheftige en it perspektyf wider. De doarpsstrjitte rint op as hy krekt by de ôfgroeven tsjerketerp lâns giet en oan de súdkant hat men it sicht oer it romme keatsfjild. De doarpsstrjitte wurdt omseame troch tichte rigen kastanjebeammen en begelaat troch it eardere kafee en no it doarpshûs ‘De Murdhûn’, in gebou fan twa lagen heech fan in ienfâldige steatlikens. Dêrnei folgje in pear leechlizzende huzen dy’t it oprinnende tsjerkepaad begeliede. Fanwege de skerp ôfstutsen hege terp liket de beskieden tsjerke omheech te rizen en it doarp oan de noardkant te beskermjen. Oan de nei de noardkant nei de doarpskom rjochte súdkant is de tsjerke hielendal mei ferskate kearen reparearre betonsemint ynstrutsen, mei noch wol in aardich profyl om de yngong hinne. Oan de west- en noardkant is it oarspronklike boumateriaal sichtber: giele kleastermoppen mei ferskillende reparaasjes. De tsjerke datearret fan justjes nei 1200. Op de westgevel is in tuorke mei in houten opbou en spits pleatst, dêr’t in klok yn hinget dy‘t yn1617 getten is troch Hans Falck. De toer draacht in nei it doarp rjochte oerwurk mei anno 1929. Tsjin de tsjerke oer leit in romme kampe lân, it leechlizzende keatsfjild, omseame troch aardige, hjir en dêr romantysk opknapte húskes yn in libbendich ferskaat yn maten, oerkappings en finster-segminten. Yn gearhing mei de hege tsjerketerp foarmet dizze romte in faksinearjend romtlik kontrast.

It lytse terpdoarp Idaerd wie yn de Midsieuwen it haadplak fan de gritenij Idaarderadiel, mar it is letter troch hast alle oare Idaarderadielster doarpen oerfleugele. It wie mei de Kromme Sleat oer it Eagumer Djip, it farwetter tusken Ljouwert en Grou, ferbûn. It hie in dyk nei Reduzum, dy’t yn 1853 ferbettere waard ta in púndyk en it wie al nei de oarloch dat der in dykferbining nei Grou ta kaam. Doe‘t om 1960 hinne rykswei N32 fan Ljouwert nei It Hearrefean oanlein waard, wie it doarp foar in koarte tiid goed ûntsletten. Mar nei’t de N32 in autosneldyk wurden wie, siet Idaerd wer yn it isolemint. Healwei de 19e ieu toant de gritenijkaart in agrarysk doarp, groepearre om de tsjerketerp hinne mei de pleatsen Groot en Klein Epema en Sijbema oan de eastkant en wat lytsere gebouwen noardlik fan de terp. Oan de dyk nei Reduzum ta leit Friesmastate. Oan1882 ta lei dit aadlike bûten yn it útstrekt park. Der is gjin spoar mear fan te finen. Oan de noardlike útfalswei stean pleatsen, boarger- en folkswenningen yn in rige. Hjoeddei bestiet de kearn fan Idaerd út in diels ôfgroeven terp mei de tsjerke en toer, in lyts buorrentsje fan in pear pânen dêr tsjinoer en in griene romte oan de eastkant, wêromhinne inkele monumintale buorkerijen. De tsjerke datearret út 1774, de stichtingsstien meldt dat de fjouwerjierrige Cornelius Arent van Scheltinga op 4 july de earste stien lein hat. Trije jier letter soe dizze jongste soan fan de grytman datselde ek dwaan by de tsjerke fan Eagum. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting. De wat útdjippe traveeën besitte ‘korf’-bôgige sletten finsters. De sealdaktoer is út de 15e ieu en hat oan de westkant in flakke geveltop mei in lûk. De eastlike, nei it doarp ta rjochte geveltop is toaid mei in trijetal nissen. Oan alle kanten sitte twa rûnbôgige galmgatten mar allinne oan de noardkant is in oerwurk oanbrocht. De tsjerke hat seis brânskildere ruten út de 16e ieu.

Skuzum leit súdlik fan Makkum op noch gjin kilometer fan de kust ôf. It lytse terpdoarp leit mids benammen greiden. By de eardere seedyk is noch wat ikkerbou, dêr’t eartiids lytsskalige bou fan ûnder mear jirpels en gladioalen in spesjaliteit wie. Om 1270 hinne komt it doarp foar it earst foar yn de boarnen as Ytsingahusum, in goed ieu letter is it: Idsingahusen. Sa binne der noch in pear farianten en kin der betizing ûntstean mei Jiskenhuzen yn Skarsterlân, it eardere Doniawerstal. Ieuwenlang wie it doarp oer lân allinne fan de seedyk ôf te berikken, mar sûnt it droechlizzen fan de Makkumer Mar yn 1876-1879 yn it easten is Skuzum oer de Brekkerweg troch de polder mei Allingawier en it fierdere efterlân ferbûn. De doarpsgerjochtichheid rikte destiids fier nei it noarden en de súdlike bebouwing fan Makkum om de Lytse Sylroede hinne hearde, kompleet mei grutte bedriuwen as in hout- en papiermûne, by Skuzum. De koarte doarpsfeart fiert nei de Lytse Sylroede en nei Makkum: foar it droechlizzen fan de Makkumer Mar fan grutte betsjutting foar it skipfeartferkear. Om de tsjerke hinne is in buorren groeid dêr’t de pastorije in oandachtspunt foarmet. It is in karakteristike middengongwenning mei pilasters neist de yngongspartij en midden op it dak in kajút mei sierrântsjes. Fierder binne oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte en inkele sydpaden wat wenningen, hokken en skuorren te finen. De rânen fan de doarpskom binne wer omseame troch buorkerijen, inkele mei in flinke omfang. In kop-hals-rompbuorkerij mei in ljocht stukadoare front is dêr it meast opfallende fan. De tsjerke is it middelpunt fan Skuzum. Se is yn 1870 boud op it plak fan âldere foargongsters. De hjoeddeiske tsjerke hat op it westlike front in navenant kloeke houten toer mei in ynsnuorre, achtkantige spits. De sealtsjerke is oan de foarkant iepene mei in doar mei in healrûn boppeljocht, flankearre troch twa healrûne finsters. It tsjerkeskip hat grutte, rûnsletten finsters. Al mei al is it in sober, mar evenwichtich gehiel; in karaktertrek dy’t it doarp as gehiel past.

Iens is in lyts terpdoarp mei in losse struktuer fan in pear pleatsen en fierder wat huzen om in troch hagen omseame en nei de terp oprinnend dykje nei de tsjerke ta. Mei twa dwersdiken efter de tsjerke mei aardige buertsjes. Op de noardlike hoeke stiet in stukadoare pân út 1877 dat eaget as in âlde herberch. Der is in romantyske tún by oanlein en in fraai kontrastearjende, moderne sêre. Dêr tsjinoer stiet in rige oaniensletten arbeidershuzen mei in aardich ferline: de oarsprong leit al yn de 18e ieu, mar se binne sterk fernijd. Op de oare hoeke stiet in ûnderkeldere wenning fan giele bakstien mei in trep nei de foardoar en dêrneist in grut dûbeld hûs út de perioade om 1800 hinne mei in deftige yngong en moaie koarstmoas op de bakstien. Oan de noardlike râne fan Iens stiet in stjelppleats en even bûten it doarp oan de súdkant, dêr’t it opfeartsje fan it doarp nei de Boalserter Feart in knik makket leit in grutte stjelp op in rom hiem. It is de ‘Sinte Klaze Pleats’, dêr‘t in pracht fan in ferhaal oan fêst sit oer in boerewiddo dy‘t harsels op sinteklaasjûn kado jout oan har masterfeint. Yn 1874 is de fan oarsprong13e-ieuske tsjerke gruttendiels fernijd. Oan de noardkant sit noch muorrewurk fan giele moppen mei in spoar fan in romaansk rûnbôgefinsterke mei in lûk. De oare muorren binne fan brune stien mitsele. Ek de toer, fernijd yn 1852, bestiet diels út giele moppen. De deklisten, skouders en pinakels fan de bekroaning binne fan betonbepleistering. Besûnder is de strieljende stjer op de eastpunt fan it tsjerkedak, dy‘t yn alle gefallen út de 19e ieu datearret. De kânsel út de 17e ieu is noch altyd it middelpunt fan it ynterieur. De doarpsput fan 1783 is troch fergrutting fan de tsjerke yn it koar fan de tsjerke telâne kommen. De alterstien út 1350 dy‘t by de restauraasje yn 1988-1990 weromfûn is, wurdt no brûkt as nachtmielstafel.

Ingelum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch ûntstien is. De Bitgumer Feart meändert fan it noarden út wei nei Ingelum en wurdt trochlutsen nei Marsum yn ‘e rjochting fan de Harnzer Trekfeart. Boppedat hat it doarp in feart yn ‘e rjochting fan de Hogedijk, no mei de namme Sirtemawei. De strjitnamme Feartswâl docht dêr noch oan tinken. By de dyk, aardich wat fierder fan it doarp ôf, stie de stins fan de Sirtema ‘s, de Grovestins. Underskate leden fan de famylje Sirtema fan Grovestins ha namme skreaun as houdegens, Skerne Wibe (dêr‘t it doarpshûs nei neamd is) oan it ein fan de 15e ieu en Frederik Sirtema fan Grovestins, dy‘t yn ‘e tiid fan de Spaanske Suksesje-oarloch as ruteroanfierder yn 1712 it noarden fan Frankryk ûnfeilich makke. Oare famyljeleden wienen grytman fan Menameradiel en Hinnaarderadiel. Yn ‘e buert fan de ferdwûne stins stiet no in boerepleats. Under de tsjerkeflier leit in grêfsark fan dizze aadlike famylje. Nei it ôfdamjen fan de Middelsee om 1300 hinne krige Ingelum der in stik nijlân by. De omjouwing fan Ingelum wie oan it begjin fan de 20e ieu ta hast allinne boulân, mar stadichoan is der, foaral yn it suden mear en mear feehâlderij kommen. Ingelum is oer de dyk sawol fan de Sirtemawei as fan Bitgummole ôf te berikken. Om 1900 hinne stie oan dizze dyk in herberch mei de nijsgjirrige namme ‘De oude ridder van St. Joris’. De Buorren, mei ynbannige bebouwing, rint streekrjocht op de tsjerke ta. Oan de Tsjerkeleane stiet de pastorij, in middengongwenning mei in heger útmitsele middenpartij yn mingstyl út 1879. Oan de oare kant riist de herfoarme tsjerke op, dy‘t yn 1773 opnij boud is op it plak fan de âlde tsjerke. It gebou hat yn 1975 slimme skea oprûn troch brân, mar koe nei restauraasje yn 1980 wer brûkt wurde. It is mooglik dat de toer fan trije segminten noch in kearn hat út de midsieuwen; hy waard yn 1887 opnij boud of ommantele.

Jelsum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl. Fan Ljouwert ôf sjoen is dit it earste fan in rige fan de terpdoarpen dy‘t op de eastlike wâl ûntstien is. It doarp wie rjochting Dokkumer Ie ûntsletten troch de Jelsumer Feart of Haskermar súdlik fan it doarp. Oan de Noardkant wie de Koarnjumer Feart like fier fan it doarp ôf. Jelsum lei mar in pear hûndert meter fan de seedyk fan de Middelsee ôf. Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp oan de noardkant ôfgroeven, it part fan de terp dêr‘t Harinxmastate op stie. Oan de lannen oan de binnenkant fan de noch altyd besteande ringdyk is te sjen hoe grut de omtrint dûbele terp west hat. It súdlike diel is noch op hichte. Dêr stiet no oan de noardkant de tsjerke en is de âlde bebouwingsrâne sichtber. Tusken de ringdyk, Op ‘e Terp en de tsjerke yn is in gersfjild foarme. It plak, dêr’t no Dekemastate stiet wie, te oardielen oan argeologyske spoaren, yn de 13e ieu al bewenne. De hjoeddeiske, omgrêfte sealstins is net sa maklik te datearjen, om‘t der withoefaak wat oan feroare is. Hy wurdt foar it earst neamd yn 1486, is yn 1498 troch brân fernield en al gau dêrnei opnij opboud. Mooglik is de oerwulve kelder noch âlder; der sitte spoaren yn fan smelle finsters of sjitsluven. Om 1540 hinne ferrize der in haadfleugel yn twa boulagen en in noardlike oanbou; in ieu letter in heaks dêrop steande súdfleugel. Yn 1814 binne de ferdjippings fan de haad- en dwersfleugel ôfbrutsen. De tagongsbrêge en de muorre by de doarpskearn binne yn 1905 oanlein. De doarpstsjerke is yn de 12e ieu oplutsen fan dowestien: it fiifkantige koar is yn de 15e ieu yn bakstien fernijd. De noardmuorre fan it skip fertoant sparfjilden en rûnbôgefriezen. De toer is ferriisd yn de 13e ieu. Yn it ynterieur binne de twa hearebanken, de preekstoel en inkele ier-renêssânse sarken fan betsjutting.

Jislum is in radiaal terpdoarp dat datearret fan inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling. It doarp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 8e ieu as Gisleheim. Dat Jislum in terpdoarp is, falt amper mear op: de wenhichte is om 1910 gruttendiels ôfgroeven. Dat koe gebeure om‘t de terp troch de ieuwen hinne altyd tinbefolke bleaun is. Nettsjinsteande dat de terp fergroeven is, kin oan de yndieling fan de perselen it súdeastlike part noch wol werom kend wurde. Even nei healwei de 19e ieu is de trochgeande ferhurde dyk fan Ferwert nei Burdaard oanlein. Dy waard yn Jislum lyk as by Ginnum oer de terp hinne lein. Opmerkliker is dat ek bûten de oarspronklike omfang fan de terp oan de súdkant, it radiale segmint trochrint yn it lânskip oan sels in part fan in ringfoarmich paad ta dat mooglik rom om de terp hinne lein hat. Der stiet wat bebouwing oan de trochrinnende dyk en fierder agraryske bebouwing ferspraat troch it lân hinne. Noardlik fan de tsjerke stiet op in restant fan ‘e terp in kop-hals-rompbuorkerij mei in oerdwers pleatste, legere stâl-fleugel. Op it folle súdliker lizzende stateterrein fan Groot Hickaerd stiet sûnt 1914 in stjelpbuorkerij. De Tegenwoordige Staat van Friesland besteget yn 1786 net sa folle wurden oan it doarp: “JESLUM, een klein dorp, welks toren eene spits heeft, terwyl alle de overige torens deezer Grieteny gemeente huisdaken hebben .” It wie dus de ienichste tsjerke dy‘t gjin sealdaktoer hie. It tige sobere tsjerkje hie in simpel houten geveltuorke. Der stiet wilens in nije tsjerke dy‘t yn 1886 ien of twa foargangsters ferfangt. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en yn bakstien omliste rûnbôgefinsters. De tsjerke krige in kloeke toer oan de westkant. Hy hat trije segminten en yn de rjochthoekige sparfjilden binne rûnbôgige nissen oanbrocht. Mei boppe de westlike yngong sels in roasfinster. Yn de toer hingje in yn 1445 troch Johannes van Wou getten klok en in klok út 1636 fan Jacob Noteman.

Jistrum is in doarp dat it midden hâldt tusken in lang útrekt streekdoarp en in iestdoarp omdat it in brink-eftige romte yn ‘e midden hat. It doarp is yn de Midsieuwen eastlik fan de Burgumer Mar op in sânrêch ûntstien. In sânrêch dy‘t fan de lege wâl ôf oer noch gjin kilometer oprint oant 3,7 m. boppe N.A.P. en dy‘t fan it noardwesten ôf – de Iest – mei in bûging nei it easten ta rint. Op de gritenijkaart fan 1716 is de kom goed te sjen, lyk as de mei beammen omseame diken en paden dy‘t oer de rêch yn noardwestlike en eastlike rjochtingen ferbiningen lizze. Nei it suden ta leit in paad rjochting Knillesdjip dêr‘t de Bargetille by Skûlenboarch nei Eastermar ta fiert. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “een dorp, in ‘t Noorden en Oosten, aan Achtkarspelen palende, en insgelyks zeer vermakeyk door de menigvuldige plantagien en bouwlanden. Verscheiden persoonen zyn hier ryk geworden door de heidevelden in goed bouwland te veranderen ....Zuidwaarts loopt dit dorp tot aan de zogenoemde Bargetille, en heeft Noord- en Noordwestwaarts, de buurtjes de Meeren en de Eest onder zich. De kerk heeft een stompen toren en eene goede buurt rondsom zich, door welke een rydweg naar de Kooten loopt; ook schiet eene vaart van dit dorp naar het Bergummer meer.” Yn de haadstrjitte, de Schoolstraat, stiet foar it measte frijsteande fariearde bebouwing. In opfallende pleats fan likernôch 1800 stiet op nûmer 31. It foarein is oan de lange kant útboud foar mear wenromte en in grutte souder. Yn Jistrum binne mear pleatsen te finen mei útboude wenromten, sa as dy oan de Tillewei 1 út om-ende-by 1820. De romano-goatyske tsjerke is healwei de 13e ieu op in hichte yn ‘e midden fan it doarp boud. Se hat in healrûn sletten koar, in toer mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en mei in sealdak. It skip hat lytse rûnbôgefinsters en is fersierd mei in keperfries. Ynwindich wurdt it dutsen troch koepelferwulven mei elk acht rûnstêfribben .

It Jonkerslân is in jong streekdoarp, dat him yn de 20e ieu út in buorskip by Langsweagen ûntjûn hat. Yn dizze súdwestlike hoeke fan Opsterlân stie alles oant fier yn de 19e ieu yn it teken fan de turfwinning. Yn it noarden wie foar dat doel tusken Langsweagen en It Jonkerslân yn de Nije Feart groeven en wat mear nei it easten ta de Nijsleatster Feart, dy’t súdliker in Nijsleatster Dwersfeart krige. Yn de omjouwing fan de lêste fearten bestie healwei de 19e ieu in beskieden delsetting fan in pear streekjes mei frij losse bebouwing. It buertsje dêr‘t de bebouwing wat tichter wie waard doe Nije Feart neamd. Yn it easten, oan de útrin fan it út it noarden wei groeven Jonkers Rak en de Alde Jonkersfeart dy‘t him wer fuortsette yn de Jonkerslânfeart, lei in oare buert: Dekema. Súdlik fan dit gebiet, krekt op it grûngebiet fan de gemeente Schoterland, no It Hearrenfean, lei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart. It Jonkerslân is oan de dyk tusken It Hearrenfean-Langsweagen en Koartsweagen-De Gordyk groeid nei‘t de ôffeane hege feanen fan it lêst fan ‘e 19e ieu ôf yn kultuer brocht waarden. Dat wie mooglik nei dat foar it ôffeane lân feanpolders mei in goede wetterbehearsking ynrjochte wienen. Der is yn It Jonkerslân nea in tsjerke ta stân kommen; de agraryske mienskip bleau tsjerkjen yn Langsweagen. Wol kaam der yn It Jonkerslân in iepenbiere legere skoalle. Súdlik fan It Jonkerslân heart it buorskip mei de nuveraardige namme Sing Sang no by dit doarp. Geandewei de 20e ieu is it doarp stadichoan groeid: yn de nei-oarlochske jierren is dat proses noch wat fersterke. Sadwaande hat It Jonkerslân in fariearde bebouwing fan buorkerijen en wenningen út alderhande perioaden. Op de hoeke fan Fûgelsang en Feanborch is it wyt ferve doarpshûs it middelpunt fan it doarp. De measte buorkerijen binne beskieden; der stiet ek in oantal gruttere pleatsen mei foarein. Ferskate wenningen ha it karakter fan lânarbeidershúskes, mar der binne ek brede, oerdwers boude wenningen te finen. Oan de Jelle Beenenwei is fuort nei de oarloch in rige tradisjonalistyske dûbele wenningen boud.

Jorwert is in terpdoarp dat ûntsletten waard troch de Jaanfeart, dy‘t ek wol de Jorwerter Feart neamd waard en dy‘t mei grutte slingers troch it lân rint en Swette en Frjentsjerter Feart ferbynt en dêrby de westlike doarpsgrins fan Jorwert rekket. Oer de dyk binne der jongere ûntslutings oer de Arsumerdyk nei de Hegedyk, de dyk fan de eartiidske Middelsee en de Lucht en Veldsterdyk rjochting Baard. De kearn fan Jorwert bestiet út de hege, promininte tsjerketerp mei dêromhinne in rom tsjerkhôf. Op it hôf in dûbele hage en seamen fan iperen beammen, bûken en linebeammen. De ringdyk om de tsjerketerp is oan de east- en noardkanten ferbrede ta in strjitte en oeral rjochtet de bebouwing him nei dizze kearn ta. Oan de tsjerkebuert, de Sluytermanwei, stean súdlik fan de tsjerke twa grutte notabele wenten yn mingstyl, de earste, de pastorije (1871) efter in djippe tún. Skean dêr tsjinoer riist it wyt ferve kafee op en dêrneist is, frijwat bûten de roailine, de ferneamde notariswenning te finen. Ferneamd, omdat elk jier yn augustus yn de tún it drok besochte iepenloftspul opfierd wurdt. Tsjin de tsjerke oer strekt him lege, sletten bebouwing út, mei dêr tuskenyn opfallend in pân fan ienfâldige steatigens fanwege it stoepestek dat efteroer linet. Op alderhande plakken yn de tsjerkebuert binne steechjes mei efterbebouwing fan meastal beskieden, freonlik eagjende húskes fan giele stien te finen. De tsjerkebuert hoeket fierder om it noarden fan it tsjerkhôf hinne: de bebouwing wurdt rjochting brêge oer de Jaanfeart hinne ynformeler. By de feart is in lyts wetterbuertsje foarme. Oan de foarkant liedt de Master Fopmawei it doarp yn. Dêr stiet oan wjerskanten in ryk ferskaat oan huzen, diels mei brechjes oer de bermsleatten, fan wenningwet- ta notabele wenningen. Tsjerke en toer binne fan dowestien boud. De tsjerke is betiid-12e-ieusk en hat in ferlingd koar mei ûngelikense, lytse rûnbôgefinsters. De toer is út de lette 12e ieu mei sparfjilden, keperfriezen en keppele galmgatten mei diel-pylderkes. By de restauraasje yn 1951 stoarte de toer yn en waard wer opnij opboud.

Jouswier is in terpdoarp dat troch de ieuwen hinne it lytste doarp fan Eastdongeradiel wie en dat is it ek bleaun. Om de terp hinne ha altyd mar inkele huzen en boerepleatsen stien. Yn de omjouwing leit noch wat fersprate agraryske bebouwing. De terp is gruttendiels ôfgroeven en der is gjin patroan yn de struktuer mear te werkennen. Lykwols liket it der op dat de terp in rjochthoekige blokferkaveling kend hat. Dat soe betsjutte kinne dat it in relatyf jonge terp is. Mar it feit dat it terprestant frij heech is - benammen goed te sjen oan de westlike kant – wiist wer op in hege âlderdom. Jouswier leit frij ticht by de Suder Ie, in foar dit gebiet belangrike ûntsluting. Eastlik fan it doarp leit de Jouswierster Tille, ek wol de Grutte Tille neamd, oer dit wetter. Dizze brêge ferbynt it noarden en suden fan de gritenij mei elkoar. De Bergsmaweg fiert nei dizze dyk dy‘t Mitselwier mei Ie ferbynt. De tsjerketoer mei sealdak is ferriisd yn 1752 en krige yn 1915 in klampe. Der hinget in âlde klok yn: yn 1395 getten troch Hermanus. De tsjerke, oarspronklik wijd oan Petrus, is in ienbeukich gebou mei in fjouwerkantige sluting, dat yn 1557 ta stân kaam. Yn de 19e ieu is der fan alles feroare: in 1823 binne de finsters fernijd, yn 1858 is it gebou wat ferhege en waard der in nije kape mei in tonferwulf oanbrocht. Yn 1876 is it tsjerkeskip bepleistere. Dizze bepleistering is by de restauraasje fan 1978 wer ferwidere, op de rânen fan de deikanten fan de finsters nei. Yn 1987 is de tsjerke opnij restaurearre. Yn it ynterieur falle de blakers op de banken en de kearsekroanen op. De tsjerke hat ntl. gjin elektryske ferljochting. Trije 18e-ieuske, ryk snieëne roubuorden dominearje dit ynterieur. Se binne fan Willem Bergsma. Bergsma hat it troch handich manûvrearjen mei stimmen brocht ta grytman fan Eastdongeradiel.

Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om-ende-by 1315 oanleine âlde dyk dy’t yn 1529 slieperdyk waard doe‘t om it Nieuwkruisland in nije dyk oanlein waard. Nei dy tiid is de bebouwing kommen yn de buert fan de yn de 15e ieu pleatste dûker yn de dyk (de pomp). Kollumerpomp is lange tiid in buorskip west by Kollum, mar hat no de doarpsstatus. De bebouwing kaam tenearsten benammen oan de súdkant fan de dyk, de Foyingaweg. Yn eastlike rjochting binne it foaral boerepleatsen, bgl. dy op nûmer 138 mei in kreas fersoarge los foarein fan it middengongtype, op nûmer 108 in frij geve kop-hals-romppleats út om-ende-by 1880 en op nûmer 106 in nije ekspresjonistyske stjelp út 1937 mei in útboud simmerhûs. Oan de noardkant fan de Foyingaweg stiet parallel oan de âlde dyk in kop-hals-romp út likernôch 1880 yn in goede hiembeplanting en fierder it lân yn de yn ûngefear 1830 boude stjelppleats Groot Kabel. Dizze buorkerij mei in frij heech opmitsele foargevel stiet op in omgrêfte hústerp en de delsetting bestiet dus al út de tiid foardat yn 1529 de dyk oanlein is. Nei de oarloch kaam der oan de noardkant in flinke doarpsútwreiding. De grifformearde tsjerke sûnder toer kaam yn 1906 oan de Foyingaweg ta stân. It jiertal is te lêzen yn de bekroaning fan de geveltop. Se is in sealtsjerke mei in detaillearing dy’t in nijsgjirrige ferminging fan stilen fertoant. De rûnbôgefinsters binne omfette mei spitsbôgen en de geveltop hat in klimmende rûnbôgefries. Noardlik fan it doarp stean oan de dyk Wester Nieuw Kruisland grutte pleatsen. Op de Nieuwe Zee- of Buitendijk stiet it kontribúsjehúske dat it wetterskip Zeedijken Contributie Kollumer-land en Nieuw Kruisland yn 1828 bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershúske en romte foar gearkomsten. It húske hat in tintedak mei in opfallende wynfean. In spil is ferbûn mei in wynroas ûnder it plafond om sadwaande binnenyn it heger wurden of krimpen fan de wyn ôflêze te kinnen. Om it geboutsje hinne rint in houten stelling.

Kollumersweach is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de noardlike râne fan in rêch fan balstienliem dy‘t yn de 11e en 12e ieu in ûntginnings-as foarme. De lange Foarwei tsjûget der noch fan. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat it doarp: “in ‘t Zuiden van dit deel gelegen, en zeer vermaakelyk wegens het geboomte, waar mede de huizen en bouwlanden omringd, en de wegen beplant zijn ... en onder ‘t zelve liggen ten Noorden de watertjes ‘t Wydwater, ‘t Merrygat en de Gauw.” Yn it Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa út healwei de 19e ieu wurdt nei it melden fan de earmoede in aardige sosjale beskriuwing fan de befolking jûn: “die meest hun bestaan vinden in den landbouw, alsmede in het snijden en verkoopen van dekriet (Phragmites Communis), het verkoopen van jonge stoppel-, els- en berkenboompjes, het maken van roop of strootouw, van roggestroo gedraaid, hetwelk zij bij de bind verkoopen en op hunne hoofden, gelijk heidenbezems en schrobbers, door geheel Groningerland dragen; ook wonen hier vele handelaren in grove Friesche kaas, welke zij op wagens, veelal met oude afgeleefde paarden bespannen, in de prov. Groningen verkoopen, waar zij tevens oude paarden opkoopen of voor kaas inruilen, die in het najaar te Kollumer-Zwaag gedood en gevild worden, waarom de Kollumer-Zwaagsters, in vroeger tijden van vooroordeel, als paardenvillers en roopendraaijers in minachting waren; de kinderen loopen hier des zomers meest allen barrevoets.” Der is net folle mear oer fan dizze eartiidske earmoede. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe as hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de klokkelieders fan de tsjerke. Oan de oare kant fan de Foarwei, justjes westlik fan de tsjerke stean twa wâldpleatsen, op 145 in lyts spultsje út 1788 en op nûmer 149 in gruttere buorkerij út 1724. Fierders is der net in soad âlde bebouwing te finen. Sels fan de wenningen út de iere skiednis fan de organisearre folkshúsfesting is hast neat mear oerbleaun. Oan de alhiel westlik lizzende Feartwei steane noch twa út om-ende-by 1930. Yn it lêst fan de 19e ieu, mar noch mear oan it begjin fan de 20e ieu hat de âlde bebouwing plak makke foar kreaze boargerwenten mei hjir en dêr in winkel of in filla. In moai foarbyld fan de lêste is yn it easten oan de Foarwei nûmer 70 de filla Zwagerveen. De wenning is oplutsen yn kalksânstien mei kontrastearjende kleure-aksinten en yn foarmen fan de fernijingsstyl. Dêrnjonken stiet in wenning út 1911, dy‘t nei alle gedachten earder in winkelbestimming hân hat, en yn de fernijingsstyl. Oan de oare kant riist de grifformearde tsjerke op dy‘t yn 1925 boud is ta ferfanging fan in foargongster út 1894. It gebou is foarsjoen fan in portaal en hat in dakruter op de foargevel. Oan de Tsjerkestrjiite en de Koarteloane hat him om 1950 hinne in flinke buert ûntwikkele fan 27 huzen, 24 âlderenwenningen en in Griene Krúsgebou yn de tradisjonalistyske foarmen fan de Delftse School. Nei de tiid is der frijwat sosjale wenningbou yn Kollumersweach ta stân brocht, wêrtroch‘t it doarp nei de oarloch yn it noarden en yn it suden sterk groeid is. Middelpunt fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy‘t oan in slinger yn de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealdaktoer datearje út de 12e ieu; it koar is yn de 15e ieu fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: “Deze kerk ... verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.”

De Ofslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêrút de Ofslútdyk oanlein is. Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand. Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. in doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der wurden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel. Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel yn 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Koartehimmen is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat op de âldste kaarten foarkomt as in agraryske delsetting yn in tizeboel oan leanen tusken de ekers yn. De buorskippen Sânbuorren en de Galhoeke hearre oarspronklik by it doarp, mar binne der sûnt it oanlizzen fan de autosneldyk – wol mei in fiadukt – fan ôfsnien. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit dorp is klein van omtrek, heeft eene kerk zonder toren. ... Onder ‘t zeelve behoort de Zandbuuren. De landeryen deezes dorps zyn bouwakkers, behalve eenige veenen, aan het watertje ‘t Drait, waar door ‘t overtollige water der landen naar de Smallen Eester zanding geleid, en dit dorp van de Zuiderdrachten gescheiden wordt. De rydweg van Boornbergum naar Smalle Ee loopt hier, in ‘t Noordwesten voorby.” Van der Aa meldt yn syn Aardrijkskundig Woordenboek noch dat de tsjerklike gemeente “hier eene oude, doch zeer goed onderhouden kerk heeft, zonder toren of orgel, doch met een klokkenhuis.” De fraai yn it grien steande toerleaze tsjerke is om 1300 hinne fan grutte kleastermoppen yn goatyske styl boud. De sydmuorren binne ferdield yn troch fan de grûn ôf opgeande spitsbôgige sparfjilden; in pear dêrfan mei siermitselwurk. De rjochte koarsluting datearret fan 1620 en ek de frontgevel oan de westkant is fan lettere tiid doe‘t it tsjerkje oan dy kant ynkoarten is. Yn de tsjerke stiet ûnder mear in preekstoel mei doopstek en in lessener út de earste helte fan de 17e ieu. De tsjerke hat ûnderwilens ek in oargel, yn 1935 boud troch Bakker & Timmenga. Op it wat ferhege hôf stiet noardlik fan ‘e tsjerke in yn 1950 fernijde klokkestoel mei in liedklok dy‘t yn 1750 getten is troch Johan Borchhardt. Oan de Boerestreek stean inkele opmerklike buorkerijen, in moai boerespultsje út 1718 en in fraaie lytse kop-rompbuorkerij út healwei de 19e ieu. De ‘Arbeidersgemeenschap der Woodbrookers’ stichte yn 1937 hjir in konferinsje-oard, dat foar de arbeidersemansipaasje en folksedukaasje fan grutte betsjutting west hat.

It komdoarp Koudum wie oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta it haadplak fan Hemelumer Oldeferd en leit op in lange, hege sânrêch dy’t op it heechste punt mear as seis meter heech is. En of‘t dat net genôch wie, boude men der yn it begjin fan de 17e ieu op inisjatyf fan de grytman in toer by de âlde tsjerke, dêr‘t de romp fan hast tritich en de spits noch ris mear as tritich meter heech wie. Yn de gânse Súdwesthoeke moat it silhûet fan Koudum te sjen west ha. De toer wie in beaken foar de skippers op de Sudersee. Dat wie sa, want healwei de 19e ieu binne tsjerke en toer ferfongen troch de hjoeddeiske. It doarp lei – en dat is opmerklik – yn de 17e ieu al breed útstrekt op de sânrêch, oan trije likernôch parallel rinnende strjitten. Dat binne no de Bovenweg, de Onderweg en de Onderweg dy‘t fan it westen nei it easten ta sawat in kilometer lang binne. Koudum is lange tiid fierwei it tichtst befolke plak in de wide omkriten. Der soenen om 1620 hinne al ûngefear hûndert huzen stean en : “Ook liggen deeze huizen zeer vermaaklyk in eene zaverige, vruchtbaare en lommerryke landouwe.” It nijsgjirrige doarp luts deftige persoanen oan, sa as de Galama’s, Epema’s, Donia’s dy‘t dêr harren stinzen en staten bouden. De tsjerke stiet op de súdwestlike flank fan de sânrêch. Se is yn 1857 boud op it plak fan de âlde tsjerke, dy ‘t wijd wie oan de H. Martinus. De nije tsjerke is robúst, mar fan arsjitektuer net besûnder. De ferrassing is yn it ynwindige te finen, want it besûndere meubilêr is der opnij pleatst. Benammen de kânsel is opfallend omdat it preekmeubel mei snijwurk fan pylders, friezen en panelen mei blomme- en fruchteguirlandes, rêst op sân pylders fan moarmer yn in foarm dy‘t ek bekend is út de Amsterdamske Westertsjerke. Men ornearret dan ek dat de preekstoel út Hollân ôfkomstich is. Mids yn it doarpspatroan fan strjitsjes stiet oan de Vermaningseweg de beskieden meniste fermanjetsjerke. Se is net folle grutter as de huzen der omhinne, mar fuortendaliks werkenber oan de rûnbôgen fan finsters en doar en in grut rûn finster yn de geveltop. Yn de nei-oarlochske perioade is Koudum flink yn omfang groeid. Oan alle rânen kaam wol wat wenningbou, mar kloeke doarpsútwreidings binne oan de súdeastlike en súdwestlike kanten ûntwikkele. Om de kom fan it doarp fan drok ferkear te ûntlêsten is de autodyk mei in bôge om de bebouwing hinne lein. Mear as trije kilometer noardlik fan Koudum lei eartiids de by it doarp hearrende buert Terwisga, dy ‘t fanâlds Kolderwiske neamd waard. De buert lei foar de yndiking fan it Warkumer Nijlân oan see. Hjoeddei fine we dêr noch twa groepen flinke boerepleatsen mei de nammen Grutte en Lytse Wiske. Fan Hylpen oant Himmelum hat oer Koudum ienris de Koudumer Slieperdyk (1732) fan de ferneamde wettersteatkundige Willem Loré rûn. By de ôfslach nei Hylpen leit by de Grutte Wiske noch in stikje. It grutste trasee fan dy krusing ôf nei Koudum ta is koartlyn ferbrede ta autodyk, sadat der net mear fan it besûndere profyl fan de ieuwenâlde Koudumer Slieperdyk geniete wurde kin. By it heechlizzende Koudum wie de dyk net needsaaklik, mar súdliker waard de wetterferdigening wer opnaam, fan Galamadammen ôf oan it ek wer heechlizzende Himmelum ta. Tusken de Moarre en de Fluezen yn mei yn ‘e buert markes en puollen kaam yn 1732 in trochfeart foar it wetterferkear tusken Starum en Snits. Dat barde op kosten fan in riedshear foar it Hof van Friesland, dy‘t der dêrnei foar ivich tol heffe mocht. Der kaam in robúst slûzekompleks: de Galamadammen. Der leit no in brêge. By de wetterwurken stie in bûtenpleats en, sa as in boarne út it lêst fan de 18e ieu meldt: “Ook is hier eene aangenaame Herberg, alwaar in den Zomer veel lieden komen om meervisch te eeten, die hier in overvloed te vinden is.“ It kloeke tolhûs is yn 1945 troch brân ferwoeste, mar der stiet no wer in nij hotelrestaurant.

Koufurderrige is in tige jong agrarysk streekdoarp, dat krekt nei de Twadde Wrâldoarloch as doarp beskôge waard. It hearde doedestiids noch by Doniawerstal, in gemeente dy‘t fierder oan de oare kant fan de Kûfurd lei. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is de streek by Wymbritseradiel yndield, dêr ‘t it foar de foarsjennings ek alhiel op rjochte wie. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de streek westlik fan ‘e mar sa goed as leech. Yn it noarden stiet allinne it buorskip Sand Buiren oanjûn, trije buorkerijen en in fûgelkoai en folle súdliker, oan ‘e súdkant fan de feart de Welle, is noch in fûgelkoai yntekene. De streek hat gjin selsstannige status, mar hearde yn parten oan de oare kant fan de Kûfurd. It lytste, noardlike part hearde mei Sand Buiren by Langwar. It middelste, grutste, mar wol lege gedielte hearde ûnder Diken en it súdlike part by Teroele. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, dy‘t yn it lêst fan de 18e ieu opmakke waard, wurdt gjin oandacht oan dizze lege streek jûn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 stiet de ryksstrjitwei, dy‘t yn 1848 fan Snits nei de Lemmer oanlein is, oanjûn. Dizze is foar de ûntwikkeling fan it gebiet fan grutte betsjutting wurden. Yn it Langwarder gebiet leit de buert Sânbuorren of Sângaast noch altyd en fuortby de nije dyk en de Jeltesleat is der in pleats by kaam. Oan ‘e igge fan ‘e mar is op it gebiet fan Diken de buorkerij Koesprong kaam en yn it súdlike Teroelster gebiet kaam by de ferfallen fûgelkoai oan ‘e kant fan ‘e mar ek in boerepleats. De streek is echt goed ûntwikkele fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf. Doe is der yn in koart tiidskoft yn de perioade 1870-1890, in flinke rige meastal grutte pleatsen boud. Foar it grutste part oan de eastkant fan de rykswei, mar ek in trijetal oan de westkant.

It terpdoarp Kûbaard kin allinne berikt wurde oer kronkeldykjes, as binne de tagongsdiken op effekt oanlein. Yn ‘e tsjerke is yn it begjin fan de 16e ieu dan ek Sint-Christoffel ôfbylde, de patroan fan de reizgers en it transport. Kûbaard hat in kompakte doarpskearn: oan dykjes en fearten waaiert de bebouwing beskieden it lânskip yn. Nijbou is foaral oan de súdkant kommen. Oan de eastkant fan de kearn stiet de tsjerke op in rom hôf en tusken in troch hege linebeammen omseame tsjerkebuert yn. Tsjin de toer oer stiet it doarpshûs, ea it doarpskafee, en skean dêr tsjinoer in boargerhûs dat yn it ferline de skoalle húsfêste. Yn it sintrum stiet in tsiispakhús dat net sa’n lange tiid as sadanich funksjonearre, omdat de suvelhannel him konsintrearre yn grutte plakken. It eardere doleânsjetsjerkje is ien fan de lytste yn de provinsje. De strjitte, rjochting de Swarte Beyen oan de âlde monumintale Slachtedyk, is oan ien kant beboud mei karakteristike frijsteande doarpswenningen út de perioade om 1900 hinne. De bepleistere tsjerke docht net âld oan, mar de djippe finsternissen yn it dikke muorrewurk jouwe oan dat it gebou út de Midsieuwen stammet. De mantel fan de bepleistering sit op muorrewurk fan dowestien, in oanwizing dat de tsjerke datearret út de tiid fan foar 1200.Yn de 19e ieu is der fan alles mei de tsjerke bard. Der kaam in oargel yn en rjocht dêr tsjinoer kaam in gigantyske kreake. Oargel en kreake binne twa poalen mei de Gouden Ieu dêr tusken yn: prachtich renêssânsemeubilêr fan preekstoel mei dooptún en hearebanken. Dêr sjocht Christoffel mei nocht op út. Ek oan de bûtekant is frijwat út de 19e ieu te belibjen: de bepleistering is út de earste, de toer út de twadde helte fan de ieu, lyk as de deftige pastorije dy‘t eastlik fan de tsjerke yn in romme tún mei âlde beammen stiet. Dêr efter, fierder nei it easten en noardeasten ta, lizze noch twa leechlizzende buertsjes ferskûle.

Langedike is in âld streekdoarp dat him by de dyk fan Makkingea nei Groot Wateren yn Drinte ta útstrekt. It is fierwei it lytste doarp fan Eaststellingwerf. Om it jier 1500 hinne wurdt it doarp fermeld as in parochy dy‘t by it dekanaat Drenthe hearde. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamde it yn 1788: “een klein Dorpje aan den rydweg van Makkinga naar Appelsche, waaronder maar 12 stemmen behooren; ‘Kerkje zonder toren staat ten Westen van dien rydweg, en verder Zuidwaards vindt men eenige boeren huizen, in ‘t geboomte aan de Bouwlanden, loopende tot digt aan Appelsche.” Folle boerepleatsen stienen der net, allegear op rjochthoekige, opstrekkende kavels yn in regelmjittich patroan. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas (1849) kinne net mear as tsien boerepleatsen teld wurde. De lytse mienskip hat syn tsjerke dan ek net behâlde kinnen, yn it noarden leit it tsjerkhôf der noch wol. Nei it ferdwinen fan de tsjerke waard der in klokkestoel oprjochte, dêr’t de âldst datearre liedklok – mar leafst út 1300 – út Fryslân yn hinget. Tsjerklik is it al sûnt ieuwen kombinearre mei Makkingea en Elslo. De frijwol útslutend op dizze wei rjochte agraryske bebouwing lei frijwat ferspraat. Yn it suden rûn de doarpsstreek út op de sândunen fan Appelskea, dêr ‘t letter bosken oanlein binne. Likernôch 700 meter eastlik fan de oarspronklike streek oan de wei lei in paralelle agraryske streek tusken Boekhorst ûnder Easterwâlde en Terwischa ûnder Appelskea yn dy‘t ek by Langedike hearde. Tusken dizze twa streken yn is in ferbiningswei oanlein, de Stokdijk, wêroan‘t yn 1864 de skoalle boud is en trije jier letter ek it skoallehûs. Yn ‘e buert fan de skoalle hat nei de oarloch sprake west fan in soarte fan komfoarming. Dêr kaam oan de Weidewijk de nije skoalle en ek it doarpshûs ‘Oons Dörpshuus’ dat noch net sa lang lyn útwreide is. By it krúspunt fan de Klokhuisdijk en de Stokdijk is ek wat konsintraasje, mar foar it oare bestean de streken fan Langedike noch altyd út in frijwat losse bebouwing.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |