Rotsterhaule Rotsterhaule is in streekdoarp dat om 1500 hinne ûntstien is op de ûntginningsas fan Sint Jansgea út yn it noardeasten. Op de betiidste kaart dy’t Rotsterhaule yn byld bringt, de kaart fan Schotanus út 1718, is it doarp in streek mei wat huzen en buorkerijen mei wat boulân en fierder feanlân yn it noarden en healân yn it suden. It doarp hat gjin tsjerke, yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 net safolle oer it doarp skreaun: ‘Rotsterhaule, dus genaamd om ’t zelve te onderscheiden van Ousterhaule in Doniawerstal, ligt in ’t Noorden van St. Johannisga, tusschen ’t zelve en Rohel, en in eene volkomen gelyke ligging, ten opzigte der Bouw- en Veenlanden.’ Fan it midden fan de 18e ieu ôf baggeren de Gietersen by Aldehaske en al gau ek by Sint Jansgea en Rotsterhaule leechfean út om it ta turf te bewurkjen. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat der troch de grutskalige ferfeaningen nochal wat feroare is yn Rotsterhaule en syn doarpsgebiet. De bebouwing by de Streek lâns is gâns tichter wurden, mar de omjouwing in stik leger. De noardeastlike helte fan de doarpsstreek wurdt flankearre troch grutte feanplassen. Fan it ein fan de 19e ieu ôf rekke de streek ynpoldere en is de bebouwing fan de streek fierder fertichte. De landerijen oan wjerskanten fan de Streek lizze merkber leech: it measte hiem is ophege, mar sommige wenningen lizze opfallend djip. Der stiet nochal wat karakteristike bebouwing út de tweintiger en tritiger jierren. Oan de súdlike flank fan it doarp lizze in stik as wat mânske stjelpbuorkerijen. Grutte bakkers ha, lykas yn it buordoarp Sint Jansgea, harren spoaren efterlitten, want brea en koeke waarden eksportprodukten fan dizze streek. Oan de Hege Dyk yn it suden, de ferbiningswei tusken It Fean en de Lemmer, is in agraryske streek groeid. Fierder nei it suden ta oan de Tsjûkemar leit de buorskip Fjouwerhûs, in karakteristyk gebou út de jierren tritich. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderlandRottum Rottum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen by de Binnendyk lâns as ûntginningsbasis ûntstien is. Op de betiidste gritenijkaart fan Skoatterlân (Schotanus, 1718) is de agraryske streek fan Rottum mei hast allinne bebouwing oan de noardkant fan de Binnendyk werjûn. Yn it midden fan de streek stie de tsjerke. Noardlik fan de streek lei feanlân, súdlik en eastlik healân. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: : ‘Rottum, weleer Rotna genaamd, is thans een klein Dorp, alwaar veele huizen zyn afgebroken, … loopende tot aan Haskerlands grenzen: weleer hield men hier den Landsdag der Zevenwouden. Uit dit Dorp kan men, langs drie verschillende wegen, ryden naar Oudeschoot, Lemsterland, Donjewerstal en Haskerland: ook loopt van hier eene vaart in de Overspitting, die van de Jouwer naar ’t Heerenveen gaat, benevens eene andere, die in het Tjeukemeer valt, om nu niet te spreeken van de Rotstersloot, die voor deezen van hier naar de Kuinder liep, doch thans is opgedroogd.’ Faaks hie it doarp troch de goede ûntslutingen oer wetter ea in sintrale posysje. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie it noch sa belangryk en strategysk fan lizzing dat der in skâns oanlein wie. De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen. Dy is sûnder toer west, want der stie yn elts gefal yn 1732 al in klokkestoel. Op it wat ferhege tsjerkhou stiet no in út de tritiger jierren datearjende goed ûnderhâlden, betonnen klokkestoel mei in lûdklok dy’t nei alle gedachten yn 1443 troch Johan van Bomen getten is. De Binnendyk is in belangrike ferkearsdyk tusken It Fean en De Lemmer wurden en it doarp liket tsjintwurdich te bestean út inkele buerten. Oan de agraryske streek tusken Rottum en It Fean steane in stik as wat kreaze buorkerijen, in kop-hals-romppleats út 1914 en de stjelp ‘Geertje Hoeve’ út ûngefear 1930. It eastlike part fan de doarpskearn krige flakby de Moleleane de wichtichste doarpsútwreiding. Ek westlik by de Badwei is wat nijbou nei de oarloch realisearre. De âlde Binnendyk en de âlde Postwei foarmje âldere streken. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderlandRûgehuzen Hoewol it streekdoarp Rûgehuzen súdwestlik fan Balk it karakter fan in buorskip hat, wurdt it fanâlds oanmerke as in selsstannich doarp. Oan de Coenderssingel, de Rûchhústerwei en foaral de Jan Jurjenssingel stiet ferspraat lytsskalige bebouwing fan huzen en buorkerijkes. It doarp skynt lang lyn in tsjerke oan de Balkster kant hân te ha, mar dêr is gjin spoar mear fan oer. Tsjin de súdlike râne fan de Starnumanbosk leit it begraafplak wêr’t in klokkestoel op stiet mei in yn 1746 troch Cyprianus Crans getten klok, wat wol op in doarpsk ferline wiist. Yn it lêste kwart fan de 17e ieu ha harren hjir út Frankryk flechte Hugenoaten festige, fan wa’t noch in pear huzen oerbleaun binne. Efter Rûchhústerwei nûmer 16 stiet in grutte Amerikaanske wynmotor fan ûngefear 1920. Tsjinoer de noardeastlike seame fan it Starnumanbosk leit it bosk fan de Bremer Wyldernis en dêr efter de buert Nieuw Amerika. Efter de Coenderssingel is in ferrassing te finen. Dêr stiet efter de oprydleane De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 wêrfan de ôfkomst noch net helder is. It wyt pleistere bûtenferbliuw is yn in mingde styl boud wêrby it neoklassisisme dominearret. It bestiet út in hege middenbou en lege fleugels. It brede middenstik is ta twa boulagen as trapeziumfoarmige erker útboud. Dêr steane oan de foarkant finsters yn, skieden troch sjarmante pylderkes en krulornaminten yn de swikken en yn de skeane sydkanten smelle, sletten finsters. De middenpartij wurdt bekroand troch in tichte attyk mei yn en útswinkende kontoer. De fleugels wurde op de bûtenste hoeken en flakby de erker flankearre troch brede pilasters mei listkapitelen dy’t gjin fries of kroanlist ha, mar wêr’t in horizontaal fjild op folget mei muorreankers yn dûbele palmet-foarm. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenRyptsjerk Ryptsjerk is in streekdoarp dat mooglik al yn de Midsieuwen ûntstien is en dat yn de 16e ieu in ympuls krige doe’t stedhâlder George Schenk van Toutenburg súdwestlik fan de streek in bûtenferbliuw stichte. It doarp kaam deunby de yn 1528/31 oanleine dyk fan Ljouwert nei dit Toutenburg te lizzen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is Ryptsjerk lykas dy fan Trynwâlden in doarp mei frij losse bebouwing by in pear troch beammen omseame wegen en paden lâns. Súdlik lizze Toutenburg en Hanenburg oan de dyk dy’t nei Tytsjerk en Suwâld liedt. Oer wetter is it doarp nei it westen en easten ûntsletten. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 fan Ryptsjerk meld: ‘Dit dorp is door menigvuldig geboomte zeer vermaakelyk, ook water- en vischryk, waarom ’t ook veel door watervogelen bezocht wordt, die hier in menigte, door middel van verscheiden kooien, gevangen worden. … In ’t Zuiden aan de Zwarteweg heeft men verscheiden fraaie buitenplaatsen, wier oudste is Toutenburg, alhier aan den rydweg naar Tietjerk. … Het grootste gedeelte van de Zwarteweg … behoort onder dit dorp.’ De Swartewei waard yn 1830 ferbettere en ferlingd ta ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins. Yn de tsjerkebuorren stiet de yn 1757 boude tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei in ynsnuorre spits. Fan it meubilêr datearje de preekstoel mei doophek en fjouwer hearebanken út it twadde kwart fan de 17e ieu. By de tsjerke stiet in buorkerij dy’t mei in dwers pleatst foarhûs mei útboude halsgevel ferwiist nei de 18e ieu, mar it resultaat is fan wer brûken yn 1878. It bûtenferbliuw Vijversburg út ûngefear 1725 is yn 1844 yn opdracht fan dr.Nicolaas Ypeij ferboud. It is hielendal pleistere en fertoant nei neoklassicistyske details. Yn it leste jier is it park nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn lânskipsstyl ferboud. Oan de Swartewei stiet it túnhûs mei in omrinnend balkon. De Stichting Op Toutenburg is in âldereinkompleks yn neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan H.H.Kramer. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderlandSânfurd Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn it midden fan it marregebiet yn it súdwesten fan de gritenij. Op de betiidste kaart fan de gritenij yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de tsjerke fan ‘Zandvoord’ mei ien hûs oan Het Hop, in rune útrinner fan de Ringwiel. Westlik fan dizze kom stiet ien, en fierder op it skiereilân nei de Flakke Brekken lizze noch in fjouwertal pleatsen. Noardlik fan de Aldegeaster Brekken leit tusken in pear poelen de Sânfurder Ryp dy’t by it doarp hearre. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Zandfirde, of Zandvoord, ook een klein waterachtig dorp … in ’t Noorden aan de Ringwiel. In ’t Oosten heeft men een Watertje, dat den naam draagt van Gouden poel, en in ’t Westen een groot doch ondiep water, de Vlakke Brekken genaamd. In ’t Noorden van hier, over de Oudegaster Brekken, aan de poelen, op de scheidinge van Wonzeradeel, ligt het buurtje, Zandvoorder Ryp.’ De fersprate bebouwing wie allinne oer wetter ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff blykt de bebouwing yn de doarpskom tanommen en dizze is mei in lândyk oer De Band mei Aldegea ferbûn. Ek yn de Sânfurder Ryp binne mear pleatsen kommen. It doarp bestiet út in tsjerke, inkele groepkes huzen en in pear ferspraat lizzende flinke stjelpbuorkerijen oan de dyk dy’t nei de Flakke Brekken liedt. Om de tsjerke hinne stiet in trijetal wenningen, datearjend út it ein fan de 19e ieu en yn de tuskentiid diels ferboud. Hjirtusken riist de tsjerke op. It tsjerkhou wurdt omseame troch in bûkehage mei linebeammen. De ienfâldige sealtsjerke is boud fan waarme readbrune stien. Sa’t bliken docht út de ankers yn de sletten westgevel is de tsjerke boud yn 1732. De gevels fan it skip binne yndield mei lisenen. De súdgevel is iepene mei rûnbôgefinsters. Ek de yngongspartij is rûn sletten. De houten geveltoer hat in ynsnuorre mei sink dutsen spits. It ynterieur hat in preekstoel út it midden fan de 17e ieu en in oargel. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderlandSkalsum Skalsum leit eastlik fan Frjentsjer en foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjer Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en buorkerijen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou.Foar oan de dyk, op’ e hoeke, stiet de foarse (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e ieu. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare as is de wenning fan grutte blokken natoerstien boud. De middenpartij hat in dûbele doar yn in portyk mei in balkon der boppe. De finsters binne yn pleister omlist mei fraaie slutingskuiven yn it midden. De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Sy toant har oan de súdlike gevel op syn âldst: in histoarysk tapyt. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem.De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes wêr’t in pear grutte finsters yn stean. It koar is healrûn sletten, mar boppe de finsters liket it oer te gean yn in 5/8 systeem. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur datearret de iken preekstoel mei sniene panelen út 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19eieus foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenSkarl Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard. It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre. Lês mearTekst: © Foto: © Jan DijkstraSkearnegoutum Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks. It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming. Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant. Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen. Lês mearTekst: © Foto: © Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga Leeuwarden, Perkswaltje: Nieuw Sint-Anthony Gasthuis Met gasthuizen worden in Fryslân altijd hofjes bedoeld, met name voor het collectief wonen van ouden van dagen. De geschiedenis van het Sint-Anthony Gasthuis gaat terug tot de vijftiende eeuw. Tussen 1862 et 1864 werd een nieuw gesticht gerealiseerd naar ontwerp van Frederik Stoett. Aan de Groeneweg verrees een reeks kamerwoningen, bestaande uit één bouwlaag met een kap parallel aan de weg. Aan het Perkswaltje zijn haaks daarop vleugels geplaatst, die worden afgesloten door blokvormige kopwoningen van twee bouwlagen. De neo-classicistische kopwoningen zien er uit als deftige herenhuizen. Op deze wijze werd in de architectuur het standsverschil van de bewoners uitgedrukt, respectievelijk de mingegoede ouden van dagen, de bejaarden van de beschaafde stand die 'buiten staat' waren geraakt en de bejaarden van de beschaafde stand, die zich hadden ingekocht. In de kunststenen bekroning van de middentraveeën van de kopwoningen zijn de namen en de wapens aangebracht van de families die de instelling in het verleden in belangrijke mate hadden gesteund: Burmania, Minnema, Auckama en Wiarda. Aan het Schoenmakersperk kwam in de jaren 1909-1910 de Julianavleugel tot stand. Deze is ontworpen in neo-renaissancestiil door W.C. de Groot uit Leeuwarden. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lauswolt Het landhuis aan de Van Harinxmaweg verrees in 1868 in opdracht van jonkheer Augustinus Lycklama à Nijeholt op een stuk bouwland. Hij vroeg architect Samuel van Lunteren uit Utrecht om een herenhuis en een koetshuis met stal te ontwerpen. Het zou oorspronkelijk een gebouw van één bouwlaag op een souterrain worden maar al snel besloot hij om het gebouw van een verdieping te voorzien. De gevel naar de weg kreeg een grote erker over beide verdiepingen en een gevelbekroning met een klok. De uitbouw werd beneden van drie deuren voorzien. Aan weerszijden van de erker waren twee vensters op beide verdiepingen. Van Lunteren legde in 1871 ook de tuin aan en ontwierp de tuinmanswoning en de oranjerie. Augustinus woonde na zijn huwelijk in 1877 met zijn vrouw op het landhuis maar al in 1878 verkocht hij het aan zijn neef Rijnhard baron van Harinxma thoe Slooten. De overlevering wil dat de verkoop na het uitzitten van het oudejaar en het rijkelijk nuttigen van drank heeft plaatsgevonden. Rijnhard moest ƒ 100.000 betalen. Hij bewoonde het gebouw tot 1928 met zijn huishoudster en twee kinderen. Zijn dochter Adriana, gehuwd met Jan Bieruma Oosting uit Oranjewoud, erfde het bezit. Zij liet het gebouw door architect Willem Gerretsen en de tuinaanleg door S. Voorhoeve wijzigen. Na haar dood kreeg het gebouw de huidige hotelfunctie. In 2007 werd Lauswolt ‘wereldberoemd’ vanwege de formatiegesprekken voor het nieuwe kabinet. Toegankelijkheid: Horecafunctie. Beperkt toegankelijk.Lês mearTekst: © Foto: © Albert Speelman Beetsterzwaag, Hoofdweg 85-87: kantongerechtsgebouw Het gerechtsgebouw van het kanton Beetsterzwaag uit 1923 is een markant bouwblok in een traditionalistische bouwtrant verwant aan de Um-1800-stijl. Het ontwerp voor het 'kanton- gerechtsgebouw waarin kantoren voor den ontvanger der registratie' is van de Rijksbouwmeester der Justitiegebouwen, Simon Wijn, en omvatte oorspronkelijk tevens een lagere, aangebouwde conciërgewoning, een brandstofhok en een houten rijwielstalling. Het hoofdvolume van het kantongerechtsgebouw heeft een T-vormige plattegrond en bestaat uit twee bouwlagen, opgetrokken in bruine bezande baksteen, die is verlevendigd met natuurstenen, tectonische decoraties. De zuidgevel wordt geleed door kolossale lisenen. De middentravee bevat een porte brisée onder een gefrijnde zandstenen latei met een eierlijst, waarop een zandstenen plaat met in metalen letters: 'Kanton Gerecht'. De middentravee wordt afgesloten door een kajuit met ingesnoerde klokgevel. De vestibule en hal zijn afgewerkt in schoon metselwerk van geel geglazuurde bakstenen met een groen geglazuurde bakstenen 'lambrizering'. Een fraaie granieten steektrap met bordes leidt naar de eerste verdieping met wacht- en zittingzaal. In de zittingzaal zijn twee hoge, gemetselde schoorsteenmantels, waarvan één is voorzien van een diepreliëf met de afbeelding van een balansweegschaal. Lês mearTekst: © Foto: © Jan Lafeber Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |
Rotsterhaule Rotsterhaule is in streekdoarp dat om 1500 hinne ûntstien is op de ûntginningsas fan Sint Jansgea út yn it noardeasten. Op de betiidste kaart dy’t Rotsterhaule yn byld bringt, de kaart fan Schotanus út 1718, is it doarp in streek mei wat huzen en buorkerijen mei wat boulân en fierder feanlân yn it noarden en healân yn it suden. It doarp hat gjin tsjerke, yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 net safolle oer it doarp skreaun: ‘Rotsterhaule, dus genaamd om ’t zelve te onderscheiden van Ousterhaule in Doniawerstal, ligt in ’t Noorden van St. Johannisga, tusschen ’t zelve en Rohel, en in eene volkomen gelyke ligging, ten opzigte der Bouw- en Veenlanden.’ Fan it midden fan de 18e ieu ôf baggeren de Gietersen by Aldehaske en al gau ek by Sint Jansgea en Rotsterhaule leechfean út om it ta turf te bewurkjen. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat der troch de grutskalige ferfeaningen nochal wat feroare is yn Rotsterhaule en syn doarpsgebiet. De bebouwing by de Streek lâns is gâns tichter wurden, mar de omjouwing in stik leger. De noardeastlike helte fan de doarpsstreek wurdt flankearre troch grutte feanplassen. Fan it ein fan de 19e ieu ôf rekke de streek ynpoldere en is de bebouwing fan de streek fierder fertichte. De landerijen oan wjerskanten fan de Streek lizze merkber leech: it measte hiem is ophege, mar sommige wenningen lizze opfallend djip. Der stiet nochal wat karakteristike bebouwing út de tweintiger en tritiger jierren. Oan de súdlike flank fan it doarp lizze in stik as wat mânske stjelpbuorkerijen. Grutte bakkers ha, lykas yn it buordoarp Sint Jansgea, harren spoaren efterlitten, want brea en koeke waarden eksportprodukten fan dizze streek. Oan de Hege Dyk yn it suden, de ferbiningswei tusken It Fean en de Lemmer, is in agraryske streek groeid. Fierder nei it suden ta oan de Tsjûkemar leit de buorskip Fjouwerhûs, in karakteristyk gebou út de jierren tritich. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Rottum Rottum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen by de Binnendyk lâns as ûntginningsbasis ûntstien is. Op de betiidste gritenijkaart fan Skoatterlân (Schotanus, 1718) is de agraryske streek fan Rottum mei hast allinne bebouwing oan de noardkant fan de Binnendyk werjûn. Yn it midden fan de streek stie de tsjerke. Noardlik fan de streek lei feanlân, súdlik en eastlik healân. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: : ‘Rottum, weleer Rotna genaamd, is thans een klein Dorp, alwaar veele huizen zyn afgebroken, … loopende tot aan Haskerlands grenzen: weleer hield men hier den Landsdag der Zevenwouden. Uit dit Dorp kan men, langs drie verschillende wegen, ryden naar Oudeschoot, Lemsterland, Donjewerstal en Haskerland: ook loopt van hier eene vaart in de Overspitting, die van de Jouwer naar ’t Heerenveen gaat, benevens eene andere, die in het Tjeukemeer valt, om nu niet te spreeken van de Rotstersloot, die voor deezen van hier naar de Kuinder liep, doch thans is opgedroogd.’ Faaks hie it doarp troch de goede ûntslutingen oer wetter ea in sintrale posysje. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie it noch sa belangryk en strategysk fan lizzing dat der in skâns oanlein wie. De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen. Dy is sûnder toer west, want der stie yn elts gefal yn 1732 al in klokkestoel. Op it wat ferhege tsjerkhou stiet no in út de tritiger jierren datearjende goed ûnderhâlden, betonnen klokkestoel mei in lûdklok dy’t nei alle gedachten yn 1443 troch Johan van Bomen getten is. De Binnendyk is in belangrike ferkearsdyk tusken It Fean en De Lemmer wurden en it doarp liket tsjintwurdich te bestean út inkele buerten. Oan de agraryske streek tusken Rottum en It Fean steane in stik as wat kreaze buorkerijen, in kop-hals-romppleats út 1914 en de stjelp ‘Geertje Hoeve’ út ûngefear 1930. It eastlike part fan de doarpskearn krige flakby de Moleleane de wichtichste doarpsútwreiding. Ek westlik by de Badwei is wat nijbou nei de oarloch realisearre. De âlde Binnendyk en de âlde Postwei foarmje âldere streken. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Rûgehuzen Hoewol it streekdoarp Rûgehuzen súdwestlik fan Balk it karakter fan in buorskip hat, wurdt it fanâlds oanmerke as in selsstannich doarp. Oan de Coenderssingel, de Rûchhústerwei en foaral de Jan Jurjenssingel stiet ferspraat lytsskalige bebouwing fan huzen en buorkerijkes. It doarp skynt lang lyn in tsjerke oan de Balkster kant hân te ha, mar dêr is gjin spoar mear fan oer. Tsjin de súdlike râne fan de Starnumanbosk leit it begraafplak wêr’t in klokkestoel op stiet mei in yn 1746 troch Cyprianus Crans getten klok, wat wol op in doarpsk ferline wiist. Yn it lêste kwart fan de 17e ieu ha harren hjir út Frankryk flechte Hugenoaten festige, fan wa’t noch in pear huzen oerbleaun binne. Efter Rûchhústerwei nûmer 16 stiet in grutte Amerikaanske wynmotor fan ûngefear 1920. Tsjinoer de noardeastlike seame fan it Starnumanbosk leit it bosk fan de Bremer Wyldernis en dêr efter de buert Nieuw Amerika. Efter de Coenderssingel is in ferrassing te finen. Dêr stiet efter de oprydleane De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 wêrfan de ôfkomst noch net helder is. It wyt pleistere bûtenferbliuw is yn in mingde styl boud wêrby it neoklassisisme dominearret. It bestiet út in hege middenbou en lege fleugels. It brede middenstik is ta twa boulagen as trapeziumfoarmige erker útboud. Dêr steane oan de foarkant finsters yn, skieden troch sjarmante pylderkes en krulornaminten yn de swikken en yn de skeane sydkanten smelle, sletten finsters. De middenpartij wurdt bekroand troch in tichte attyk mei yn en útswinkende kontoer. De fleugels wurde op de bûtenste hoeken en flakby de erker flankearre troch brede pilasters mei listkapitelen dy’t gjin fries of kroanlist ha, mar wêr’t in horizontaal fjild op folget mei muorreankers yn dûbele palmet-foarm. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Ryptsjerk Ryptsjerk is in streekdoarp dat mooglik al yn de Midsieuwen ûntstien is en dat yn de 16e ieu in ympuls krige doe’t stedhâlder George Schenk van Toutenburg súdwestlik fan de streek in bûtenferbliuw stichte. It doarp kaam deunby de yn 1528/31 oanleine dyk fan Ljouwert nei dit Toutenburg te lizzen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is Ryptsjerk lykas dy fan Trynwâlden in doarp mei frij losse bebouwing by in pear troch beammen omseame wegen en paden lâns. Súdlik lizze Toutenburg en Hanenburg oan de dyk dy’t nei Tytsjerk en Suwâld liedt. Oer wetter is it doarp nei it westen en easten ûntsletten. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 fan Ryptsjerk meld: ‘Dit dorp is door menigvuldig geboomte zeer vermaakelyk, ook water- en vischryk, waarom ’t ook veel door watervogelen bezocht wordt, die hier in menigte, door middel van verscheiden kooien, gevangen worden. … In ’t Zuiden aan de Zwarteweg heeft men verscheiden fraaie buitenplaatsen, wier oudste is Toutenburg, alhier aan den rydweg naar Tietjerk. … Het grootste gedeelte van de Zwarteweg … behoort onder dit dorp.’ De Swartewei waard yn 1830 ferbettere en ferlingd ta ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins. Yn de tsjerkebuorren stiet de yn 1757 boude tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei in ynsnuorre spits. Fan it meubilêr datearje de preekstoel mei doophek en fjouwer hearebanken út it twadde kwart fan de 17e ieu. By de tsjerke stiet in buorkerij dy’t mei in dwers pleatst foarhûs mei útboude halsgevel ferwiist nei de 18e ieu, mar it resultaat is fan wer brûken yn 1878. It bûtenferbliuw Vijversburg út ûngefear 1725 is yn 1844 yn opdracht fan dr.Nicolaas Ypeij ferboud. It is hielendal pleistere en fertoant nei neoklassicistyske details. Yn it leste jier is it park nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn lânskipsstyl ferboud. Oan de Swartewei stiet it túnhûs mei in omrinnend balkon. De Stichting Op Toutenburg is in âldereinkompleks yn neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan H.H.Kramer. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Sânfurd Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn it midden fan it marregebiet yn it súdwesten fan de gritenij. Op de betiidste kaart fan de gritenij yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de tsjerke fan ‘Zandvoord’ mei ien hûs oan Het Hop, in rune útrinner fan de Ringwiel. Westlik fan dizze kom stiet ien, en fierder op it skiereilân nei de Flakke Brekken lizze noch in fjouwertal pleatsen. Noardlik fan de Aldegeaster Brekken leit tusken in pear poelen de Sânfurder Ryp dy’t by it doarp hearre. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Zandfirde, of Zandvoord, ook een klein waterachtig dorp … in ’t Noorden aan de Ringwiel. In ’t Oosten heeft men een Watertje, dat den naam draagt van Gouden poel, en in ’t Westen een groot doch ondiep water, de Vlakke Brekken genaamd. In ’t Noorden van hier, over de Oudegaster Brekken, aan de poelen, op de scheidinge van Wonzeradeel, ligt het buurtje, Zandvoorder Ryp.’ De fersprate bebouwing wie allinne oer wetter ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff blykt de bebouwing yn de doarpskom tanommen en dizze is mei in lândyk oer De Band mei Aldegea ferbûn. Ek yn de Sânfurder Ryp binne mear pleatsen kommen. It doarp bestiet út in tsjerke, inkele groepkes huzen en in pear ferspraat lizzende flinke stjelpbuorkerijen oan de dyk dy’t nei de Flakke Brekken liedt. Om de tsjerke hinne stiet in trijetal wenningen, datearjend út it ein fan de 19e ieu en yn de tuskentiid diels ferboud. Hjirtusken riist de tsjerke op. It tsjerkhou wurdt omseame troch in bûkehage mei linebeammen. De ienfâldige sealtsjerke is boud fan waarme readbrune stien. Sa’t bliken docht út de ankers yn de sletten westgevel is de tsjerke boud yn 1732. De gevels fan it skip binne yndield mei lisenen. De súdgevel is iepene mei rûnbôgefinsters. Ek de yngongspartij is rûn sletten. De houten geveltoer hat in ynsnuorre mei sink dutsen spits. It ynterieur hat in preekstoel út it midden fan de 17e ieu en in oargel. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Skalsum Skalsum leit eastlik fan Frjentsjer en foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjer Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en buorkerijen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou.Foar oan de dyk, op’ e hoeke, stiet de foarse (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e ieu. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare as is de wenning fan grutte blokken natoerstien boud. De middenpartij hat in dûbele doar yn in portyk mei in balkon der boppe. De finsters binne yn pleister omlist mei fraaie slutingskuiven yn it midden. De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Sy toant har oan de súdlike gevel op syn âldst: in histoarysk tapyt. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem.De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes wêr’t in pear grutte finsters yn stean. It koar is healrûn sletten, mar boppe de finsters liket it oer te gean yn in 5/8 systeem. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur datearret de iken preekstoel mei sniene panelen út 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19eieus foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Skarl Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard. It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre. Lês mearTekst: © Foto: © Jan Dijkstra
Skearnegoutum Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks. It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming. Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant. Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen. Lês mearTekst: © Foto: © Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga
Leeuwarden, Perkswaltje: Nieuw Sint-Anthony Gasthuis Met gasthuizen worden in Fryslân altijd hofjes bedoeld, met name voor het collectief wonen van ouden van dagen. De geschiedenis van het Sint-Anthony Gasthuis gaat terug tot de vijftiende eeuw. Tussen 1862 et 1864 werd een nieuw gesticht gerealiseerd naar ontwerp van Frederik Stoett. Aan de Groeneweg verrees een reeks kamerwoningen, bestaande uit één bouwlaag met een kap parallel aan de weg. Aan het Perkswaltje zijn haaks daarop vleugels geplaatst, die worden afgesloten door blokvormige kopwoningen van twee bouwlagen. De neo-classicistische kopwoningen zien er uit als deftige herenhuizen. Op deze wijze werd in de architectuur het standsverschil van de bewoners uitgedrukt, respectievelijk de mingegoede ouden van dagen, de bejaarden van de beschaafde stand die 'buiten staat' waren geraakt en de bejaarden van de beschaafde stand, die zich hadden ingekocht. In de kunststenen bekroning van de middentraveeën van de kopwoningen zijn de namen en de wapens aangebracht van de families die de instelling in het verleden in belangrijke mate hadden gesteund: Burmania, Minnema, Auckama en Wiarda. Aan het Schoenmakersperk kwam in de jaren 1909-1910 de Julianavleugel tot stand. Deze is ontworpen in neo-renaissancestiil door W.C. de Groot uit Leeuwarden. Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Lauswolt Het landhuis aan de Van Harinxmaweg verrees in 1868 in opdracht van jonkheer Augustinus Lycklama à Nijeholt op een stuk bouwland. Hij vroeg architect Samuel van Lunteren uit Utrecht om een herenhuis en een koetshuis met stal te ontwerpen. Het zou oorspronkelijk een gebouw van één bouwlaag op een souterrain worden maar al snel besloot hij om het gebouw van een verdieping te voorzien. De gevel naar de weg kreeg een grote erker over beide verdiepingen en een gevelbekroning met een klok. De uitbouw werd beneden van drie deuren voorzien. Aan weerszijden van de erker waren twee vensters op beide verdiepingen. Van Lunteren legde in 1871 ook de tuin aan en ontwierp de tuinmanswoning en de oranjerie. Augustinus woonde na zijn huwelijk in 1877 met zijn vrouw op het landhuis maar al in 1878 verkocht hij het aan zijn neef Rijnhard baron van Harinxma thoe Slooten. De overlevering wil dat de verkoop na het uitzitten van het oudejaar en het rijkelijk nuttigen van drank heeft plaatsgevonden. Rijnhard moest ƒ 100.000 betalen. Hij bewoonde het gebouw tot 1928 met zijn huishoudster en twee kinderen. Zijn dochter Adriana, gehuwd met Jan Bieruma Oosting uit Oranjewoud, erfde het bezit. Zij liet het gebouw door architect Willem Gerretsen en de tuinaanleg door S. Voorhoeve wijzigen. Na haar dood kreeg het gebouw de huidige hotelfunctie. In 2007 werd Lauswolt ‘wereldberoemd’ vanwege de formatiegesprekken voor het nieuwe kabinet. Toegankelijkheid: Horecafunctie. Beperkt toegankelijk.Lês mearTekst: © Foto: © Albert Speelman
Beetsterzwaag, Hoofdweg 85-87: kantongerechtsgebouw Het gerechtsgebouw van het kanton Beetsterzwaag uit 1923 is een markant bouwblok in een traditionalistische bouwtrant verwant aan de Um-1800-stijl. Het ontwerp voor het 'kanton- gerechtsgebouw waarin kantoren voor den ontvanger der registratie' is van de Rijksbouwmeester der Justitiegebouwen, Simon Wijn, en omvatte oorspronkelijk tevens een lagere, aangebouwde conciërgewoning, een brandstofhok en een houten rijwielstalling. Het hoofdvolume van het kantongerechtsgebouw heeft een T-vormige plattegrond en bestaat uit twee bouwlagen, opgetrokken in bruine bezande baksteen, die is verlevendigd met natuurstenen, tectonische decoraties. De zuidgevel wordt geleed door kolossale lisenen. De middentravee bevat een porte brisée onder een gefrijnde zandstenen latei met een eierlijst, waarop een zandstenen plaat met in metalen letters: 'Kanton Gerecht'. De middentravee wordt afgesloten door een kajuit met ingesnoerde klokgevel. De vestibule en hal zijn afgewerkt in schoon metselwerk van geel geglazuurde bakstenen met een groen geglazuurde bakstenen 'lambrizering'. Een fraaie granieten steektrap met bordes leidt naar de eerste verdieping met wacht- en zittingzaal. In de zittingzaal zijn twee hoge, gemetselde schoorsteenmantels, waarvan één is voorzien van een diepreliëf met de afbeelding van een balansweegschaal. Lês mearTekst: © Foto: © Jan Lafeber