Op en om de Ofslútdyk Foar de measten is de Ofslútdyk net mear en net minder as in handige, flugge ferbining tusken Fryslân en Noard-Hollân. Net folle minsken beseffe dat de tusken 1927 en 1932 oanleine dyk ien fan de grutste wettersteatswurken is dy’t oait op ’e wrâld realisearre binne. De ferwêzenliking fan in 30 kilometer lange daam as ôfsluting fan in binnensee wie - hielendal foar dy tiid - in gigantyske prestaasje. De Ofslútdyk foarmet net allinnich in ferbining tusken bestimmingen; de dyk is séls ek in oantreklike bestimming. Jo belibje dêr de oertreffende trep fan it begryp wiid. By moai waar is it útsicht oer de Waadsee en de Iselmar manjefyk. En by wat minder waar binne jo dêr echt ien mei de eleminten... Koarnwertersân is, krekt lykas Breesândyk, in earder wurkeilân. Dêr waard yn maaie 1940 de Dútske opmars noch lang tsjinholden. De saneamde kazematten (bunkers) besteane noch altyd en foarmje tsjintwurdich in ynteressant museum. Fierder leit dêr in slûzekompleks, dat bestiet út in spuislûs en twa skutslûzen. It kompleks is in ryksmonumint en is neamd nei Hendrik Lorentz, dy’t yn 1902 de Nobelpriis foar natuerkunde krige en in belangrike rol spile by de oanlis fan de Ofslútdyk. De regio om de oansluting fan de Ofslútdyk op it fêstelân hinne is ek de muoite wurdich. Koarnwert, berteplak fan de dichter Obe Postma, is in beskerme doarpsgesicht en yn Wûns stiet in bysûnder seldsume ’sintraalboutsjerke’. Surch is û.o. bekend fanwegen Hotel-café-restaurant De Steenen Man, dêr’t in protte dykwurkers fertier sochten en dêr’t it neffens de ferhalen rûch om en ta gean koe...

Fryslân op syn moaist: dat fine in soad minsken fan it gebiet om de Burgumer Mar hinne. En ek al is dat fansels subjektyf, foar dy kwalifikaasje is in boel te sizzen. It gebiet eastlik en noardeastlik fan de Burgumer Mar is it kearngebiet fan it ’Nationaal Landschap De Noordelijke Friese Wouden’. Lang ferlyn waard dêr fan de noardwestlike helling fan it Drintsk Plato ôf de heide en it leger lizzende feangebiet yn lange smelle stripen ûntgonnen. Om dy perselen waarden ’dykswâlen’ oanlein, ierden dykjes dêr`t beammen op plante waarden. Sa ûntstie in karakteristyk heide- en feanûntginningslânskip, dat nearne oars yn Nederlân sa moai bewarre bleaun is as hjir. En nearne yn Fryslân fine jo binnen sa`n lytse ôfstân de kombinaasje fan in lytsskalich, heal ticht beamwâllânskip mei de wiidsheid fan twa marren, de Burgumer Mar en De Leien. De Burgumer Mar is in natuerlik mar dat yn de iistiid ûntstien is. It lient him tige foar ferskillende foarmen fan wettersport. De mar wurdt krúst troch it Prinses Margrietkanaal. Dat Fryske part fan de wichtige skipfeartferbining fan De Lemmer nei Delfsyl waard groeven tusken 1949 en 1952. De Kûkhernster Feart, de Petsleat en De Swemmer foarmje foar de plezierfeart in wichtige ferbining met de Lauwersmar. De Leien is in feanôfgraving út de santjinde ieu. Omdat er net sa djip wie, hie de mar lang allinne wat te betsjutten foar de lytse wettersport. Yn it ramt fan it grutskalige Fryske Marreprojekt is de mar folslein op `en nij ynrjochte. Dêrby binne sawol de rekreaasjemooglikheden as de natuerwearden grutter wurden. Der binne slinken groeven nei De Rotfalle en tusken De Pein en Eastermar. De feanôfgraving is no in ûnderdiel fan de Lits-Lauwersmarrûte, in oantreklike alternative farrûte fan de Fyske marren nei de Lauwersmar, dy`t geskikt is foar grutte motorboaten. Foar de net-wettersporter en de wettersporter dy`t ek wolris de wâl op wol hat it gebiet ek in hiel soad te bieden. It grutte tal lytse, rêstige dykjes en ûnferhurde paden troch it skitterjende beamwâllânskip meitsje it gebiet ta in paradys foar kuierders, hurdrinners, fytsers, ruters, mountainbikers en skeelerers. De kultuerhistoarje is te sjen en te fernimmen yn it ûnskeinde lânskip en de autentike doarpkes. En wa`t mear te witten komme wol oer de eardere heideûntginnings en libbensomstannichheden yn it gebiet, kin terjochte yn temapark ’De Spitkeet’ by De Harkema. De Burgumer Mar en syn omkriten hawwe koart sein alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw; sawol foar natuerleafhawwers en rêstsikers as foar dejingen dy`t op syk binne nei wat mear aksje.

It Hearrenfean hat ynternasjonale bekendheid fanwegen it reedriden. Thialf wie fan de hiele wrâld de twadde oerkape 400 meterbaan en jildt noch hieltyd as íen fan de iisbanen yn’e wrâld mei de hurdste tiden. Dêrneist is It Hearrenfean fansels bekend fan de fuotbalklup mei deselde namme en it nei de legindaryske fuotballer Abe Lenstra neamde stadion. Mar dizze ’sportstêd’ en har omkriten hawwe mear te bieden, folle mear! It Hearrenfean is fanâlds in feankoloniale delsetting. Yn 1551 waard troch de notabelen Van Dekema, Van Cuijk en Foeyts, de ’heeren van het veen’, de ’Schoterlandse Veencompagnie’ oprjochte, de âldste Nederlânske heechfeankoloanje en de op íen nei âldste ’Naamloze Vennootschap’ fan Nederlân. Se begûnen mei it graven fan de Hearresleat, dêr`t de turf ôffierd wurde soe. Heaks dêrop waard yn eastlike rjochting de Skoatterlânske Kompanjonsfeart groeven, dêr`t it lêste stik fan, méi troch de ûntginning fan it fean, hieltyd fierder opskode. It Hearrenfean is ûntstien by it krúspunt fan dy turffearten. Dy fearten waarden de definitive grinzen fan de besteande ’gritenijen’ (gemeenten). Oant der yn 1934 in gruttere gemeente kaam mei de namme ’Heerenveen’ - dy`t bestie út de eardere gemeenten Skoatterlân, Eanjewier en in part fan Haskerlân - lei It Hearrenfean ieuwen lang yn trije ferskillende gemeenten. It ferline én it hjoed fan It Hearrenfean en omkriten wurdt op boeiende wize ferteld en ferbylde yn Museum Willem van Haren. In apart diel dêrfan is alhiel wijd oan de dûmny, frijtinker, sosjalist, anargist en anty-militarist Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy`t him bysûnder ynset hat om de jammerdearlik minne libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. Dy libbensomstannichheden wienen in grut ferskil mei dy fan de notabelen dy`t har yn de rin fan de ieuwen te wenjen setten yn it gebiet súdeastlik fan It Hearrenfean, dat ûnderwilens ûntgonnen wie. Yn 1676 lieten de Fryske steedhâlder Willem Freark en syn frou, Albertine Agnes fan Oranje, dêr in bûtenpleats oanlizze. Dêrnei kamen tal fan oare notabelen dy`t yn it gebiet lânhuzen bouden en parkeftige tunen oanleinen. Sadwaande is in hiel bysûndere konsintraasje ûntstien fan bûtenpleatsen mei byhearrende tsjinstwenningen en pleatsen, ieuwenâlde bosken, steatlike leanen en prachtige parken. Meiïnoar is it de tsjintwurdige bûtenpleats Oranjewâld, in gebiet fan 400 hektare dat beheard wurdt troch ’Staatsbosbeheer’. De bynamme ’Pronkseal fan Fryslân’ seit eins alles In part fan de bûtenpleats waard ûntwurpen troch Daniël Marot, dy`t ek de tunen fan paleis ’Het Loo’ ûntwurpen hat. Dat part is yn 2004 yn syn oarspronklike, barokke styl rekonstruearre. Dêrby waard it gebiet ek útwreide mei in nije tún, dêr`t it nij boude Museum Belvédère (museum foar moderne Fryske keunst; in oanrikkemandaasje!) mei in strakke foarmjouwing, op fraaie wize yn yntegrearre is. Bûtenpleats Oranjewâld kin men it bêste rinnend besjen. Troch ’Staatsbosbeheer’ is in kuierrûte útset fan mar leafst 19 kilometer. De widere omkriten binne in skitterjend, tige ôfwikseljend dekôr foar fytstochten. Noardlik fan it boskgebiet lizze de arsjitektoanysk en stêdeboukundich nijsgjirrige wenwyk Skoatterwâld en it al neamde Museum Belvédère. Yn súdlike rjochting giet it boskgebiet frij hommels oer yn it iepen lânskip dat bestiet út greiden oan wjerskanten fan de rivier de Tsjonger. Nei it easten ta is der in stadige oergong nei in heal iepen lânskip. It Fryske Haachje, sa as It Hearrenfean en omkriten ek wol neamd wurdt, hat alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw. De libbenens fan sport- en winkelstêd It Hearrenfean, de rêst, de natuer en de kultuerhistoarje fan Oranjewâld, de kultuer, arsjitektuer en stêdebou fan Museum Belvédère en Skoatterwâld én it grutte ferskaat fan lânskippen fan de widere omjouwing.

Tusken Ljouwert en Drachten leit in wol hiel bysûnder stikje Fryslân. Dêr geane de Fryske Wâlden oer yn de Lege Midden, it leech lizzende part fan Fryslân dêr`t de Fryske Marren ek yn lizze. Dy oergong jout in prachtige kombinaasje fan ferskillende lânskippen: it heal iepen beamwâlelânskip fan de Wâlden, in wiid en iepen feangreidelânskip, droechleine marren, in inkele terp, sompe- en reidlannen en wetter, in hiel soad wetter. Dat lêste makket it gebied fansels út soarte oantreklik foar de wettersporter. Mar foar lânrotten hat dit skitterjende gebied ek in hiel soad te bieden. Der binne twa wichtige ferbinings foar de beropsfeart, it Prinses Margrytkanaal en de ôfsplissing dêrfan nei Ljouwert en Harns, it Van Harinxmakanaal, dy`t troch it gebied hinne rinne. Beide kanalen kamen klear tusken 1949 en 1952. Dêrby waarden besteande fearten útdjippe en kanalisearre. It plak dêr`t it Prinses Margrietkanaal de earder drokke farrûte tusken Ljouwert en Drachten krúst, hjit hiel tapaslik ’Krúswetters’. Besuden dêrfan leit Nasjonaal Park De Alde Feanen, in 4000 hektare grut gebied dat bestiet út iepen wetter, grutte reidfjilden, blommige greiden en sompebosken. In grut part is yn behear by It Fryske Gea. Fanâlds hjit it gebied ek wol ’De Prinsehôf’, om it part dat earder troch it Hûs fan Oranje as jachtgebied brûkt waard. It waard begjin tweintichste ieu al ûntdutsen as rekreaasjegebied en jout de besiker fan no wit hoefolle mooglikheden: farre, sile, rinne, natuerekskurzjes, boattochten. Earnewâld is ûnferwrichber ferbûn mei it ferline en it hjoed fan ’De Alde Feanen’. Neidat troch de turfgravers it lânskip der oars út kaam te sjen, waard it in doarp fan fiskers, skippers en reidsnijers. Tsjintwurdich is it in rekreaasje- en wettersportdoarp én it toeristyske hert fan it Nasjonaal park. Neist it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park binne ek earrebarrestasjon It Eibertshiem, Museum Het Kokelhûs en it Skûtsjemuseum, in lytse besite wurdich. Foar keunstleafhawwers is Galerie Koopmans in oanrikkemandaasje. Mar de regio hat mear te bieden as Earnewâld en de Alde Feanen! Gean ris it Prinses Margrietkanaal oer, bygelyks nei Warten. Dat typyske wetterdoarp oan de âlde skipfeartrûte fan Ljouwert nei Drachten krige earst yn 1865 in ferbining oer lân. Yn it doarp stiet de iennichste oerbleaune ’langhûspleats’ fan Fryslân dy’t, lykas it eardere earmehûs, no in museumfunksje hat. Wat fierder nei it westen ta leit Wergea. Dat is ûntstien op in terp tusken trije marren dy`t yn de santjinde en achttjinde ieu droechlein waarden. It doarp groeide bot tanksij de lizzing oan de eardere drokke frachtfearrûte fan Ljouwert, oer Grou nei Snits. De ynwenners stienen bekend as de ’Brêgebidlers’ om de tol dy`t de skippers betelje moasten by it foarbygean fan de brêge fan it doarp. Yn 1886 waard yn Wergea it earste koöperative suvelfabryk fan Nederlân oprjochte, dy`t útgroeide ta it hjoeddeiske ynternasjonale suvelconcern ’Friesland Foods’. It moaie doarp is ek it dekor foar it ferneamde boek fan Nynke van Hichtum, ’Afkes Tiental’. Yn it âlde slot dat dêryn foarkomt, siet oant 2019 it Museum Ald slot. Troch de webside www.wergea.com fan it doarp kinne jo in kuierrûte en twa fytsrûten ynlade. Eastlik fan de Alde Feanen leit Aldegea. Troch de Aldegeaster Sanning, in mar dat yn 1922 droechmeald is, hie dit doarp earder in ferbining mei de Wide Ie. Oan de oare kant it wetter leit it plakje Smelle Ie, dat eartiids in wichtich hannelsplak wie. Tsjintwurdich is der mear te belibjen yn De Feanhoop, dat benammen rjochte is op de wettersport. Omtrint de dei dat hjir de wedstriid fan it ferneamde Skûtsjesilen holden wurdt, fynt ek it Veenhoopfestival plak fan mear as ien dei. In prachtige fytsrûte troch it oergongsgebied tusken de Fryske Wâlden en de Lege Midden is it Healânspad. De rûte giet ûnder mear oer Garyp. Dat doarp hat fanâlds in sterke bining mei it oan de oare kant it Prinses Margrietkanaal lizzende Suwâld. Al yn 1645 wie der in ’oerset’, dy`t yn 1995 mei rjocht op `en nij ynsteld is troch it yn gebrûk nimmen fan in (fyts)pontsje dat fart op sinne-enerzjy. Súdlik fan Suwâld stiet noch it âlde fearhûs fan 1727.

De streek tusken Feankleaster en Feanwâlden is in hiel eigen stikje Fryslân. Nearne net yn Fryslân komt men yn sa`n lyts gebiet safolle doarps- en streeknammen tsjin dy`t ferwize nei it (oarspronklike) lânskip. It gebiet leit foar in grut part op de ’sweach’ fan Kollum (Kollumer-sweach), in rêch fan balstienliem op de grins fan in heger lizzend gebiet en legere feangebieten noardlik en westlik derfan. Yn dat feangebiet is, op in heger lizzende sânrêch, Fean-wâlden ûntstien. De Westereen (yn it Nederlânsk Zwaag-westeinde) leit op de westlike ein fan de sweach. In bytsje súdeastlik derfan leit Sweager-bosk en súdlik dérfan Twizeler-heide. De namme Sânbulten is ek al sa dúdlik as mar kin. Hielendal yn it easten leit as lêste Fean-kleaster. De namme Feankleaster ferwiist nei in frouljuskleaster dat dêr yn de trettjinde ieu fan Dokkum út stifte waard: de Oliifberch. Yn de santjinde ieu is op it kleasterterrein Fogelsanghstate boud en in grut park oanlein. De pleatsen en tsjinstwenten om de state hinne hearden fanâlds ek by de bûtenpleats. It doarp is íén fan de hiel inkelde yn Fryslân sûnder tsjerke. De struktuer fan it doarp is yn Fryslân ek nochal seldsum: men tinkt jin suver yn in Drintsk brinkdoarp. Al met al is dizze, noch net ûntdutsen, toeristyske pearel in besite sûnder mear de muoite wurdich. Bewesten it boskrike Feankleaster leit it foar de Noardlike Fryske Wâlden karakteristike beamwâllânskip: in lytsskalich, heal iepen lânskip dêr`t om de stikken lân elzesingels en saneamde ’dykswâlen’ lizze. Hjir en dêr steane noch de karakteristike, hiel lytse ’wâldhúskes’, dy`t ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu stadichoan yn `t plak kamen fan de spitketen fan de turfstekkers. Troch it gebiet rint it spoar fan Grins nei Ljouwert, dat yn 1866 yn gebrûk nommen waard. De trein stoppet ûnder mear yn Feanwâlden, dat ek in lytse besite wurdich is. Dêr stiet de om 1300 hinne boude Skierstins, in fersterke stiennen wentoer. It is de iennige midsieuske toerstins yn Fryslân dy`t bewarre bleaun is. En as jo dan dochs yn de buert binne, sjoch dan ek efkes yn it skildereftige Feanwâldsterwâl, dat krekt súdwestlik fan Feanwâlden ûntstien is as feankoloanje. Dêr is de sfear fan de njoggentjinde ieu noch bewarre bleaun. De feart troch it doarp is de grins tusken de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. It doarpke is in hiel goede útfalsbasis foar kanotochten yn it feangebiet benoarden Feanwâlden.

De streek om De Fluezen hinne falt alderearst op troch syn grutte widens: middenmank grutte stikken greide, dy`t leech lizze, mei hjir en dêr in sânrêch dy`t soarget foar in gloaiïng yn it lânskip: dêr leit in grut, lang útrutsen mar. Om syn omfang en djipte is De Fluezen benammen by silers tige favoryt. Mar de streek is net allinne in walhalla foar de wettersporter; op de wâl hat it ek in hiel soad moais te bieden, wis foar dyjingen dy`t hâlde fan rêst en natuer. Tûzenen jierren lyn, yn de ien nei lêste iistiid, waard troch it skowende lâniis in delling útslipe. Dy gletsjerdelling rûn letter fol wetter en sa ûntstienen de Hegemer Mar en De Fluezen. Trochdat de iismassa de grûn foar him út treaun hie, wienen stouwâlen ûntstien dy`t tsjintwurdich as sânrêgen boppe it oare lân útstekke. Himmelum leit op sa`n sânrêch. Dêr stie sûnt de midden fan de trettjinde ieu in frouljuskleaster dêr`t oardel ieu letter in manljuskleaster foar yn it plak kaam. Dat is lykas de oare ek al lang ferdwûn. Mar yn 2001 kaam der op `en nij in kleaster yn it doarp: it Russysk Ortodoks kleaster fan de Hillige Nikolaas fan Myra. De lizzing fan Himmelum oan de Moarre en flakby de bosken fan Gaasterlân makket it ta in treflike útfalsbasis foar far-, fyts- of kuiertochten. Sjoch op "Route Zuidwest Fryslân" foar in tal mooglike rûten. Koudum is ek ûntstien op in heger lizzende sânrêch. Yn it doarp wenne earder in tal famyljes fan kwizekwânsje. Ién dêrfan wie de famylje Galama, dy`t him ynsette foar de ûntginning fan de leechlizzende stikken grûn. As beleanning dêrfoar krigen de Galama’s yn 1628 fan de Fryske Steaten it rjocht om tol te heffen by de smelle trochfeart tusken De Fluezen en De Moarre. doe`t yn 1732 tusken Hynljippen (Hylpen) en Himmelum de Koudumer Slieperdyk oanlein waard, kaam by de ’Galama-dammen’ in slús. It tolrjocht waard earst yn 1942 ôfkocht troch de doedestiidske gemeente Himmelumer Aldfurd. Sûnt yn 2007 it akwadukt yn gebrûk nommen is, heart it opûnthâld foar de skipfeart en it dyksferkear ta it ferline. Fanwegen de túnbou dy`t him by Koudum ûntjoech, krigen de ynwenners de bynamme fan ’Koudumer Beantsjes’. Sûnt 2005 fynt alle jierren de Koudumer Beantsjedei plak ta eare fan it ploaitsjen fan de earste beantsjes (ein juny). Twa jier letter waard dat feest foar it earst kombinearre mei in nostalgyske race foar sylpreammen fan Koudum nei De Gaastmer hinne en werom. Opfallend is it tal galerys en ateliers yn it doarp: Singel 19, Beeldhouwcentrum Koudum, Galerie Hekker, Wigle Engelsma en Hanshan Roebers. Ieuwenlang stienen de leger lizzende lannen in grut part fan it jier splis. Dat gou bygelyks foar it gebiet noardwestlik fan De Fluezen. Dêr lizze buorskippen mei nammen as It Heidenskip en De Hel, dy`t ferwize nei de foarhinne minne natuerlike omstannichheden. It droechmeallen fan it lân betsjutte in grutte ferbettering. De namme ’Polder De Vooruitgang’ seit wat dat oangiet gâns. Tsjintwurdich is it in prachtich, wiids gebiet mei skitterjende fiersichten en swide wolkeloften. It bemeallen fan de polders bart noch altyd foar in part troch mûnen. In karakteristyk type is de saneamde Amerikaanske Wynmotor: it bysûndere dêrfan is dat er in lichte, izeren konstruksje hat, in wynrêd mei izeren skoepen en ien of twa izeren wynwizers. Tusken Koudum en Molkwar stiet íén fan de grutste eksimplaren fan Fryslân. Oan de súdeastkant fan de mar leit de streek Noardwâlde. Nei it bedykjen fan de Grutte Noardwâlder Feanpolder yn 1835 waard dêr turf wûn. By de dyk lâns, troch de doarpen dy`t dêr lizze, steane ferskate monumintale pleatsen mei yn in soad gefallen ûnder it wenhûs in molkenkelder, dêr`t earder tsiis en bûter makke waard. De thúsproduksje ferdwûn foar in grut part doe`t yn 1910 yn Ealahuzen in suvelfabryk boud waard. Hjoed de dei sit yn it fabryk in groepsakkommodaasje. It doarp hat dêrneist twa sylskoallen. Aldegea hie foarhinne ek in eigen haventsje oan De Fluezen. It slúske yn de Grutte Turffeart, de ferbining tusken de mar en it doarp, bestiet noch altyd. Yn Kolderwâlde steane by de dyk lâns in tal frouljusbylden, De Famkes van Kolderwolde.

Snits hoecht eins gjin taljochting: it is ién fan de Fryske alve stêden en ít wettersportsintrum fan Fryslân. Hichtepunten fan it wettersportseizoen binne de finale fan it Skûtsjesilen en fansels de ’Sneekweek’, dy`t iepene wurdt mei de tradisjonele floatskou. Mar it brûzjende Snits hat mear te bieden as allinne de wettersport: in soad winkels, gesellige kafees, goede restaurants, muzyk, teater en it hiele jier troch ferskillende eveneminten. En dat alles yn in prachtige, histoaryske omjouwing. Eltsenien ken de ferneamde Wetterpoarte, mar de stêd hat noch in hiel soad oare monuminten. Yn in oantal dêrfan binne musea fêstige. It Fries Scheepvaartmuseum biedt in alsidich byld fan de skiednis fan de Fryske skipfeart fan de 17de oant de 20ste ieu. Yn it NS-stasjon sit it Nationaal Modelspoormuseum. Dêr koene jo oant 2014 ek de stoomtrein nei Starum nimme Oan it skildereftige Lytssân fine jo it winkeltsje fan de ferneamde distillearderij Weduwe Joustra dat de muoite fan it besjen wurdich is. Keunstleafhawwers kinne har hert ophelje yn ferskillende galerys, dêrûnder Het Lam en Galerie Peter Bax. Sjoch ek ris op www.kunstkast.nl as jo fan keunst halde. Wolle jo efkes fuortflechtsje fan de drokte fan Snits? Yn it gebiet eastlik en noardeastlik fan de stêd fine jo in oaze fan rêst! Dy streek hjit ek wol de ’Lege Geaën’, de lege gebieten. Genietsje dêr fan de stilte en it typysk Fryske lânskip mei syn prachtige fiersichten en yndruk meitsjende wolkeloften. It tichtby wêzen fan de Snitser Mar jout it gebiet noch in ekstra diminsje, wat it lânskip oangiet, mar ek wat de natuer oangiet. Mei de oanbuorjende polders is it in nijsgjirrich en ryk natuergebiet fan sa`n 1200 hektare. It is ûnder oaren fan grut ynternasjonaal belang foar in soad wetterfûgels. Dwers troch it gebied slingeret it restant fan in âlde see-earm, de Snitser Aldfeart. De measte doarpen binne dêrmei ferbûn troch saneamde ’opfearten’. In oar karakteristyk lânskipselemint is de Griene Dyk. Dy dyk, dy`t rint fan Snits oant Jirnsum, waard yn de 12de ieu oanlein om it leech lizzende gebiet te beskermjen tsjin oerstreamings út it súdeasten wei. Skearnegoutum, Gau, Goaiïngea, Loaiïngea en Offenwier steane ek wol bekend as de ’Snitser Fiifgea’. Gau, Goaiïngea en Offenwier binne ferstille, autentike doarpkes dy`t de wiidsheid fan it lânskip efkes ûnderbrekke. Yn Offenwier sit yn in âld pân mei in moderne oanbou in galery. Eastlik fan it doarp, oan de Snitser Mar, leit it drok besochte rekreaasjesintrum De Potten. It grutste doarp fan de Snitser Fiifgea is Skearnegoutum. Dat is ûntstien op de eastlike kant fan de eardere Middelsee. It doarp leit moai oan De Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining wie tusken Ljouwert en Snits en tsjintwurdich, as in part fan de Middelseerûte, benammen wichtich is foar de plezierfeart. Op de flagge en it wapen fan it doarp stiet in fiifpuntige stjer, dy`t de fiif doarpen fan de Snitser Fiifgea symbolisearret. Loaiïngea is noch krekt net opslokke troch Snits. Om dy bysûndere enklave te beskermjen tsjin de opkringende ferstêdliking is in lânskipsplan makke en útfierd. In ûnderdiel dêrfan wie it graven fan in haventsje en in farferbining mei De Swette. Yn it noardlike part fan de Lege Geaën lizze de aardige doarpkes Sibrandabuorren, Tersoal en Poppenwier. It lêste is in beskerme doarpsgesicht en hiel skildereftich. Yn Sibrandabuorren stiet noch it eardere suvelfabryk ’De Lege Geaën’, dat fan 1891 oant 1975 yn bedriuw wie. Oer de Sibrandabuorsterfeart, de ferbining mei de Snitser Mar, liet in prachtige brêge út 1865. Tersoal hat ek in farferbining mei de mar. Alle trije doarpen binne oer in opfeart ferbûn mei de Snitser Aldfeart. It wetter dat oeral oanwêzich is is alle jierren it tafriel fan it saneamde ’preamkeskowen’. Dêrby nimme seis doarpen yn it gea it tsjin inoar op yn in wedstriid mei karakteristike preammen. In goede manier om dit prachtige gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rondje Sneekermeer dwaan kinne

It bêst bewarre geheim fan Fryslân leit wierskynlik westlik fan Wolvegea: in skitterjend gebiet dat by it grutte publyk amper bekend is en mei dêrtroch syn autentike karakter beholden hat. Grutte, wide feanpolders, sleatten, fearten, rivierkes, petgatten, sompen, âlde diken, slûzen, gemalen, mûnen: leafhawwers fan rêst, natuer en kultuerhistoarje kinne hjir harren hert ophelje. Hâlde jo fan kuierjen? Of mear fan fytsen? Farre? Hynsteride? Kanofarre? Skeelerje? It kin hjir allegear! De Grutte Feanpolder, sa stiet it gebiet súdwestlik fan de Helomafeart bekend. Oan de oare kant fan dy feart bestiet it lânskip út in tal lytsere feanpolders, dêr`t de nammen fan yn de measte gefallen net tsjûgje fan in soad fantasije: ’Polder De Ontginning’, ’Hoekstra’s Polder’, ’Polder Oldelamer’ Yn de niisneamde polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet ’Het Braandemeer’, dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. Klik hjir foar in wiidweidige en orizjinele beskriuwing fan dat gebiet (mei prachtige foto’s derby). In bytsje nei it suden leit noch sa`n skitterjend natuergebiet: de Rottige Meenthe. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy’t, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net droechmeald en yn kultuer brocht is. Dat hat dêr ek in ferskaat fan petgatten, reidlannen en sompen en in tige bysûndere floara en fauna opsmiten. It gebiet kin rinnend, mei de fyts of mei de kano ferkend wurde. Wolle jo in saakkundige taljochting, dan kinne we jo de geregeld fan Steatsboskbehear organisearre ekskurzjes oanrikkemandearje. Keunst en kultuer spilet in wichtige rol yn de ’Rottige Meenthe’. It gebiet is ûnder oaren it dekôr foar twa opera’s, dy`t alle jierren organisearre wurde: dy fan Nijetrine en dy fan Spangea. Mear ynformaasje fine jo hjir. Yn it lêste doarp is ek it (op ôfspraak te besytsjen) atelier mei galery te finen fan keramiste en plateelskilderes Alie Jager en ambachtskeunstatelier Zink en Zilver. De Grutte Feanpolder is ek yn kultuerhistoarysk opsicht in tige nijsgjirrich gebiet. Ieuwen foar de feanûntginning waard hjir (troch muontsen?) De Skene (Stellingwerfsk: De Scheene) al groeven, dy`t it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger (Stellingw.: De Kuunder) en De Linde (Stellingw.: De Lende) yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Tsjintwurdich is De Skene in idyllysk, sa te sjen natuerlik lânskipselemint. Wêr’t de Skene útkomt yn de Helomafeart leit de ’Scheenesluis’. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy`t it gebiet fan de Grutte Feanpolder droechmealden. De al earder neamde Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meiïelkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy`t yn 1704 yn besit kaam fan de ’Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie’. Op it plak dêr`t de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de ’Driewegsluis’ boud. Dy yn Nederlân unike slûs wie nedich om de wettersteatkundige needsaak: om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre. De Linde en De Tsjonger komme byelkoar by Slikenboarch. De oarsprong fan dit doarp as ferdigeningsskâns tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch is neat mear fan te sjen. It is wol sa dat de âlde diken hjir oan de tiid tinken dogge dat it doarp noch oan de kust fan de Sudersee lei. By it doarp rint de N351 del dy`t neamd is nei Peter Stuyvesant, de direkteur-generaal fan de eardere Nederlânske koloanje ’Nieuw-Nederland’, dêr`t Nieuw-Amsterdam (it tsjintwurdige New York) de haadstêd fan wie. By Skerpenseel, it doarp dêr`t er opgroeide, stiet oan de N351 in monumint ta eare fan dizze wichtige histoaryske figuer. In stânbyld fan him stiet oan de Tsjerk Hiddeswei yn Wolvegea. Dat doarp is in besite wurdich: ûnder oare om Museum Het Kiekhuus en de Oudheidkamer dy`t yn de mûne ’Windlust’ sit. Noch mear ynformaasje oer de lokale skiednis kinne jo krije mei it Historisch Informatie Punt dat yn de ’Openbare Bibliotheek’ sit. En as jo dêr dan dochs binne, sjoch dan ek ris efkes yn de Kijkzaal, dêr`t wikseljende keunstútstallings holden wurde.

Faak wurdt sein dat Fryslân eins ophâldt by de rivier De Tsjonger: besuden dêrfan lizze de Stellingwerven, in streek mei in hiel eigen karakter en kultuer. Dêr prate se gjin Frysk, mar ’Stellingwarfs’, in Nedersaksysk dialekt dat yn de oanbuorjende parten fan Oerisel en Drinte ek praat wurdt. Alles oer de skiednis fan dizze bysûndere streek fine jo op de webside www.stellingwerven.dds.nl. De Tsjonger (’De Kuunder’ yn it Stellingwerfsk) en De Linde (Stellingwerfsk: ’De Lende’) binne twa rivierkes dy`t bydrage oan de ôfwettering fan it Drintsk Plato. Krekt tusken dy beide rivierkes yn, dêr`t it lân heger en dus droeger wie, is in tal doarpen ûntstien. De by de doarpen hearrende lannen (de ’doarpsgebieten’) rinne yn noardlike en súdlike rjochting oant de niisneamde rivierkes ta. Beide rivierkes foarmen yn de Tachtichjierrige Oarloch tegearre de Linde-Tsjongerlynje, dy`t in part wie fan de Fryske Wetterlynje dy`t dwers troch Súdeast Fryslân rint. Súdeastlik fan Aldeberkeap, by it ’Stuttebosch’, lei de Bekhofskâns, dêr`t de kontoeren fan sûnt 2007 wer besjoen wurde kinne. Aldeberkeap, yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu haadplak fan Weststellingwerf, is net allinne letterlik it middelpunt fan dy streek: it moaie doarp, dat in beskate grandeur útstrielet, is ek it toeristysk sintrum. It leit midden yn it 340 hektare grutte natuergebiet Tsjongervallei fan Steatsboskbehear. It Fryske Gea hat yn de omkriten fan Aldeberkeap ek in tal natuergebieten: Meulebos, de Delleboersterheide, de Diakonievene en de Bekhofschaans. Fan it doarp út binne kuierrûten útset nei de ferskillende natuergebieten. By it VVV-folderstipepunt binne dêrneist beskriuwings te krijen fan in kuierrûte troch it doarp en in tal fytsrûten yn de fierdere omkriten. It tige aktive doarp hat in grut tal eveneminten. Om der in pear te neamen: de "voorjaarsfair", ein juny in ’kuierwykein’, fjouwer wike lang yn de simmer in "Kunst- en Kijkroute" en op de lêste woansdei fan july in jiermerk. Fierder is der yn it doarp in ynternasjonale skoalle foar tekstyltechnyk, keunst en foarmjouwing (mei in galery; sjoch www.hawar.nl), in galery dy`t him spesjalisearre hat yn ’hûne- en hynstekeunst’ (Nimrod), in skaakmuseum, in hertekamp, in tsiisbuorkerij en in ’1000-bistebuorkerij’. It lânskip tusken De Linde en De Tsjonger is in typysk beamwâlelânskip dat karakteristyk is foar it grutste part fan de Stellingwerven: lange perselen greide en bou mei beamwâlen deromhinne, ôfwiksele troch heide, wetter en bosk. In prachtich dekor om yn te kuierjen, te fytsen of te hynsteriden. Mar fan it wetter ôf kin it gebiet ek ferkend wurde. De Tsjonger, part fan de Turfrûte, is te befarren foar motorboaten en is oer in opfeart ferbûn mei Aldeberkeap, dêr`t in passantehaven is. De Linde is gaadlik om te kanofarren. In kano kinne jo bygelyks hiere op de kamping fan Aldeholtpea, dy`t de ’Vereniging Plaatselijk Belang’ yn eigendom hat. Troch dy ferieniging binne trije kuiertochten útset yn de omkriten fan it doarp. Foar de rûtebeskriuwings, mei ynteressante ynformaasje oer de omkriten ynbegrepen, sjoch www.oldeholtpade.com. Yn it gebiet noardwestlik fan Aldeholtpea waard om 1840 hinne begûn mei it ôfgraven fan it fean. De saneamde ’Holtwolder akkerturf’, neamd nei de doarpen Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde, wie nei ’t sein waard fan bûtengewoane kwaliteit. Yn it noardeasten fan dizze streek leit Makkingea, dat bekend is om syn rommelmerk dy’’t fan maart oant en mei oktober alle lêste sneonen fan de moanne holden wurdt. Dy iepenloftmerk wurdt ek wel oantsjut mei ’Waterlooplein van het Noorden’. Yn it doarp is it Museum ’Oold Ark’, dêr`t alderhande ark út eardere tiden útstald is. Yn dat museum is ek in rûtebeskriuwing te krijen foar in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp. Mear ynformaasje oer de rommelmerk en it museum fine jo op it webstee fan de VVV-Makkinga.

’Hier op `e wadden, wereld fan water en slik, won hij lând út see in weer en wyn, skep foor skep, monnikewerk’. Dizze tekst op it monumint ’De Slikwerker’, dat by Swarte Haan op de dyk stiet, is typearjend foar de skiednis fan dit bysûndere gebiet. It is noch mar rillatyf koartby dat dêr it wetter fan de Middelsee rûn. Fan de sechstjinde ieu ôf is It Bilt stikje by bytsje op de see wûn. De dêrnei nei-inoar kommende ynpolderingen binne dúdlik te sjen yn it wide lânskip: dat beskaat wurdt troch sawol âlde, minder âlde as nije diken. Dêrtuskenyn is, fan de tekentafel ôf, in hiel regelmjittich lânskip útset mei rjochte en heaks op inoar steande wegen en fearten. By it ynpolderjen fan de Middelsee krigen de Fryske bewenners help fan grutte oantallen slykwurkers út ûnder oaren Seelân en Súd-Hollân. In soad dêrfan bleaunen yn it gebiet wenjen en mingden har mei de lokale befolking. Dêrtroch is in hiel eigen taal ûntstien: it Biltsk. De Hollânske ynfloed docht ek bliken út de earste nammen foar Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren: Wijngaarden, Altoenae en Kijfhoek: trije (eardere) doarpen yn de omkriten fan Rotterdam. By de Aldebiltdyk lâns (út 1505) en de Nijebiltdyk (út 1600) is in hiel karakteristyk bebouwingspatroan ûntstien. Oan de noardkant steane, tsjin de dyk oan en op de dyk, de arbeiderswenten en oan de súdkant fan de dyk, efter de dykssleat, de gauris monumintale pleatsen fan de heareboeren dy`t it doedestiids nije lân yn besit hienen. Op guon plakken is de lintbebouwing fierder útgroeid ta in doarp. As de doarpen Westhoek en Alde Biltsyl meirekkene wurde, leit by de Aldebiltdyk lâns it langste, min of mear oanien sletten bebouwingslint fan Nederlân (11,5 kilometer). It Bilt hat dus in rike kultuerhistoarje. Mar ek natuerleafhawwers kinne benammen efter de hjoeddeiske seedyk har hert ophelje. Dêr leit it Noarderleech. Earst soe dat gebiet ek ynpoldere wurde foar de lânbou: der wienen al lege dykjes (simmerdiken) oanlein. Op oanstean fan natuerorganisaasjes krijt no de see wer mear de romte en wurde de simmerpolders stadich wei omfoarme ta kwelders. Rêst, romte, prachtige fiersichten, spektakulêre wolkeloften, kultuer en natuer... . It Bilt hat in soad te bieden! Nederlân syn ferneamdste skilder, Rembrandt van Rijn, hat ek net om `e nocht It Bilt besocht. Hy moete dêr Saskia van Uylenburgh, mei wa`t er yn 1634 troude yn de herfoarme tsjerke fan Sint Anne.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |