Boalsert is de iennichste noch selsstannige stedsgemeente fan Fryslân. De stêd lei yn de Midsieuwen strategysk foar ferkear oer it wetter en hannel. Der wie ferbining mei de Middelsee en troch de Marneslinke mei de Sudersee. Hoewol ‘t de wetterwegen tichtsliken, bleau Boalsert te berikken foar wetterferkear en koe opbloeie as hannelsplak. It rekke ferbûn oan de Hanze. De oarsprong is noch te fielen oan de terpen by de Martinitsjerke en by de Hoogstraat: De lêste wie de hannelsterp. Boalsert wie in tsjerklik sintrum foar in wide omjouwing. Neist it Marktplein leit de belangrike grêft fan Marktstraat en Appelmarkt mei it fraaie stedshûs yn it sicht. Oan de Marktstraat steane foarname grêftepânen mei gevels yn barok, rokoko en neoklassicistyske stilen. De Boalserters woenen yn 1614-1617 harren wolfeart en beskaving útdrukke mei it bouwen fan in prachtich stedshûs. It rjochthoekige bouwurk mei pronkgevels en in hege lantearnetoer is boud nei in ûntwerp fan en útfierd troch pleatslike boumasters en dêrmei waarden de potinsjes fan de stêd ta útdrukking brocht. De middenpartij, wêr ‘t op de haadferdjipping de fjouwerskaar foar de rjochtspraak leit, wurdt bekroand troch in hege geveltop mei oerdadich rolwurk mei obelisken. Dêryn steane te pronk de personifikaasjes fan “Geloof, Hoop, Liefde en Gerechtigheid”; de twa lêsten dêrfan binne fan in útsûnderlike kwaliteit. De lantearnetoer is in wûnder fan arsjitektoanyske pracht. De Jongemastraat wurdt breder oan it ein fan it Broereplein ta. Dêr rize de dramatyske muorren fan de Broeretsjerke op. De tsjerke, dy ‘t yn 1980 troch in brân grutte skea oprûn hat, is no in fassinearjende ruïne. It is in sobere 15e-ieuske pseudo-basilyk mei in rike foargevel, in rike fersiering dy ‘t net past by de biddeloarder fan de Fransiskanen, mar wol by de stêd Boalsert. Yn de Heeremastraat stiet in stedsstate fan ien fan de aadlike famyljes fan Boalsert: Heeremastate, dy ‘t krekt nei 1500 boud is. De muorren binne mitsele fan ôfwikseljend giele kleastermoppen en bannen fan lytsere reade bakstien. De langste stedsgrêft, de Dijl, is omseame troch ôfwikseljende bebouwing fan Kleine en Grote Dijlakker. Foarname listgevels, in rychje ienfâldige halsgevels, in fraai fersierde trepgevel en in tige fraaie halsgevel. Efter de roailine riist de Sint Franciscustsjerke op, yn 1934 boud (nei ûntwerpen fan H.C. van der Leur en Dom. Paul Bellot) yn ekspresjonistyske styl, dêr ‘t foaral binnen yn de tsjerke fan te genietsjen falt. It is de tsjerke fan in mear as seis ieuwen âld devoasjebyld fan de Lieve Vrouw van Zevenwouden. Der wurdt in mirakelboek út it midden fan de 16e ieu bewarre. It hûs Wipstraat 6, efter it stedshûs, wurdt beskôge as it bertehûs fan Gysbert Japix, de Fryske dichter út de 17e ieu. Oan de Nieuwmarkt, even fierder as de hearenssosiëteit “De Doele”, stiet it brede en fan bûten wat stive Sint Anthony Gasthuis. It is boud yn 1778-1791as húsfesting foar allinnichsteande froulju en hat in besûnder ynrjochte fâdenkeamer yn Lodewijk XV-styl. Oan de Skilwyk, in dimpt haventsje, stiet de Fermanje tsjerke mei in neoklassicistysk front en sels in tuorke op de foargevel; in útsûndering by de menisten. Oan de noardeastkant leit it lêste restant fan it Hoog Bolwerk. Dêrefter riist de magistrale Martinitsjerke op, in pseudobasilyk, boud tusken 1446 en 1466. De mânske fiifliddige toer is wat âlder; de grutste fan de kenmerkjende sealdaktuorren fan Fryslân. It hege koar wurdt skoarre troch hege steunbearen; dat is ek wol needsaaklik omdat de wanden gruttendiels iepene binne mei grutte spitsbôgefinsters. Binnenyn binne op inkele ferwulven skilderings, sa as it krysttafereel. Yn it ljochte blanke ynterieur komt it manjefike iken meubilêr prachtich ta syn rjocht. Yn it koar steane ryk snieëne koarbanken, dy ‘t diels út de Broeretsjerke komme. De barokke preekstoel is yn 1662 makke troch in kollektyf fan Boalserter faklju. De earste stedsútwreidings kamen nei de tweintiger jierren yn it súdeasten ta stân, dêrnei nei de oarloch yn Plan Noard. De stêd is yn de lêste desennia fan de 20e ieu gâns útwreide mei wiken oan de east- en noardkant. Fanâlds lizze de bedriuwen súdwestlik fan de binnestêd. It nije bedriuwepark is folop yn ûntwikkeling yn de Weeshúspolder westlik fan Boalsert.

Goede waar priizget himsels. Dat jildt eins ek foar Gaasterlân, in unyk stikje Nederlân. It licht gloaiende lânskip lit in tige grutte fariaasje sjen: greiden, boulân, bosk, heide, reidlannen, sompe, wetter, leechlizzende bedike polders en heechlizzende ’gaasten’ en kliffen. Ieuwen lyn al wie it gebiet ’tusken Mar en Klif’ (de Fryske marren en de kliffen by de Iselmar lâns) yn trek as wengebiet foar de adel. En doe`t yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu hiel stadich it toerisme begûn op te kommen, wie Gaasterlân net om `e nocht ién fan de earste gebieten dy`t dêrfan profitearren. Foar in hiele soad hat de namme fan it gebiet in magyske klank dy`t jin fakânsjes yn `t sin bringt dy`t men dêr trochbrocht hat. De lange toeristyske tradysje betsjut ek dat it gebiet hielendal ynsteld is op it toerisme. Nettsjinsteande soks hat Gaasterlân syn autentisiteit folslein behâlde kind. Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten en It Fryske Gea beheare yn Gaasterlân in grut tal ferskillende gebieten dy`t om har natuerlike en/of lânskiplike wearde wol beskerming ha moastte: bosken, heidefjilden, kliffen, polders en bûtendykse gebieten. It binne te folle om op te neamen; en it neamen fan in stikmannich soe de oare gebieten tekoart dwaan. Dêrom: sjoch sels mar ris op de websteeën fan dy organisaasjes en ûntdek sa it grutte ferskaat fan natuer en lânskippen. Binne jo ienris yn it gebiet, dan rikkemandearje wy in besite oan it streekynformaasjesintrum ’Mar en Klif’ tige oan. It sintrum sit yn it moaie brinkdoarp Aldemardum en biedt in skat oan ynformaasje oer de natuer, de skiednis en de kultuer fan Gaasterlân. Men kin it gebiet op in soad ferskillende manieren ûntdekke. Mei de fyts, kuierjend, op it hynder, op de motor of mei de auto; op Route Zuidwest Friesland kinne jo oanjaan wat jo wolle en dêrnei kieze út rûten dy`t foldogge oan jo winsken. Mei sin foar fytsers is der ek in knooppuntenetwurk ûntwikkele: op grûn dêrfan kinne jo jo eigen rûte gearstalle. It skildereftige rivierke De Luts, de Van Swinderenfeart, de Spûkershoekfeart en de Rysterfeart binne geskikt foar de lytse wettersport. Meiïnoar foarmje se it trajekt fan de Alvestêdetocht dat troch Gaasterlân giet en de Sleattemermar en De Fluezen meiïnoar ferbynt. De rûte giet oer in lyts marke dat ûntstien is troch it ôfgraven fan sân foar it oanlizzen fan de N359. Tsjintwurdich is it in part fan natuergebiet Wyldemerk, dat yn 2007 útroppen waard ta it earste libellereservaat fan Nederlân. De rêst fan no is in grut ferskil mei de skiednis fan it plak, dat ek de namme (’Wylde Merk’) ferklearret. It ferhaal wol dat hjir lang lyn alle jierren in (wyld) heidensk feest holden waard ta ôfskied fan de simmer. Wís is dat it letter, oant de ein fan de njoggentjinde ieu, it plak wie foar in jiermerk mei in merke, dêr`t it nochal ris wyld om en ta gean koe... Fan 1954 oant 1969 siet der yn it gebiet in barakkekamp foar islamityske Molukkers. De moskee dy`t dêr boud is wie de twadde fan Nederlân. Súdeastlik fan Wyldemerk leit in prachtige, 9-holes natuergolfbaan. Dy baan hat as earste yn Europa in saneamd ’Grienlabel’ krigen om it spesjale omtinken foar de natuer by sawol it oanlizzen as it behear. It dwaan fan boeregolf heart ek ta de mooglikheden, bygelyks by IJsboerderij De Bûterkamp yn Aldemardum. Dêr wurde ek ekskurzjes organisearre en, de namme seit it al, der wurdt ambachtlik iis makke én ferkocht. As jo nei it iten fan dat iis (suver) alles witte wolle oer kij, dan kinne jo terjochte yn it Koeienmuseum yn Nijemardum. In oar museum mei in bysûnder tema is it Scheermuseum yn Bakhuzen. In prachtich útsicht oer it lânskip fan Gaasterlân hawwe jo fan de loftwachttoer ôf dy`t yn de tiid fan de Kâlde Oarloch boud waard westlik fan Aldemardum, op it heechste punt fan Gaasterlân. It is efkes klauterjen, mar dan hawwe jo ek wat! Gewoan lekker op it strân lizze kin fansels ek, bygelyks by De Hege Gerzen. In aardich útstapke foar bern is ta beslút Sybrandy’s Ontspanningspark tusken Aldemardum en Riis. In beskriuwing fan in gebiet as Gaasterlân is fansels nea folslein; dêrfoar is der gewoan te folle te sjen, te dwaan, te belibjen en te ûndergean. Foar dat probleem is mar ién oplossing: it gebiet séls ûntdekke! Jo binne fan herten wolkom.

Volgens mij zijn plastic koeien voor het eerst in Friesland opgedoken tijdens Simmer-2000. Dit was een Fries zomerevenement tijdens het eerste jaar van het derde millennium. Je kunt het evenement zien als een Fries onderonsje en reünie op provincieschaal. Friezen kwamen van heinde en ver om het Fries zijn met elkaar te delen, te beleven en te vieren. Onder het predikaat "Fryslân, lân fan kij" (Friesland, land van koeien) werden 500 kunststof koeien gefabriceerd en in het landschap tentoongesteld. Wellicht omdat de levende exemplaren op stal stonden en de weides wel wat zwart-bont-gevlekt kon gebruiken als landelijk decor van het Simmer-2000 evenement. We zijn inmiddels ruim 20 jaar verder. Er is veel veranderd. Koeien zijn in Friesland gewoon weer in de weide te zien. Weidegang en kruidenrijk gras zijn gangbare begrippen geworden in melkproductie en melkconsumptie. Als je nu door Friesland rijdt zie je bij tijd en wijle meer weides mét koeien dan weides zonder koeien. Plastic koeien leven langer dan echte. Na ruim 20 jaar zijn ze er nog volop. Vaak als ornament in particuliere tuinen of als blikvanger voor bedrijven, zoals notabene bij de Fonterra mega-kaasfabriek in Heerenveen, die hebben een heleboel. Ik maak er een gewoonte van om ze te fotograferen. Je ziet ze in allerlei kleuren. Het wordt inmiddels een bonte verzameling. Vandaag staat in de Leeuwarder Courant dat de Friese veeboeren de komende jaren een hard gelag wacht. Velen van hen zullen gedwongen moeten stoppen. Ik vraag me af hoe de provincie Friesland over nog eens ruim 20 jaar eruit zal zien. Moeten we straks weer plastic koeien "van stal" halen zeker. Dacht het niet! "Fryslân, lân fan kij"

Sibrandahûs is een gehucht tussen Dokkum en Burdaard. In de regio is het vooral bekend vanwege een prachtig Middeleeuws kerkje (waar ook getrouwd wordt) en een niet erg spannende brug over de Dokkumer-Ee. De brug verbindt Noord en Zuid, kleigrond en zandgrond, én liefdesrelaties. De meeste mensen kennen het fenomeen van de liefdesslotjes. Je ziet het vooral in de grote romantische toeristensteden. Geliefden hangen een hangslotje aan een brugleuning als teken van eeuwige trouw en liefde.  Voor veel geliefden westelijk van Dokkum heeft de brug in Sibrandahûs in vroeger jaren een belangrijke rol gespeeld. Ik hoorde een verhaal tijdens een voorleesavond in de kloosterkapel in Jannum, niet ver van Sibrandahûs. Het verhaal ging over Gerben en Ybeltsje. Hij woonde aan de noordkant van de Dokkumer-Ee, zij aan de zuidkant. Hij was een welgestelde boerenzoon, zij dochter van een eenvoudige arbeider. Hij kwam van de kleigrond, zij van de zandgrond.  Het verhaal combineert onmogelijke liefde, rang en stand en een geheime ontmoetingsplaats bij de brug van Sibrandahûs. Het verhaal trof me in het hart, mijn ouders trof hetzelfde lot. Hij was zoon van het hoofd van de school, zij was dochter van een eenvoudige groenteboer. Hij kwam van de noordelijke kleigrond, zij van de zuidelijke zandgrond. Hij schreef liefdesgedichten en schetste de brug van Sibrandûs erbij als te nemen obstakel. Heit was een romanticus. De liefde overwon, zowel bij Gerben en Ybeltsje als bij mijn ouders. Had het fenomeen bestaan dan hadden er regelmatig liefdesslotjes aan de brug van Sibrandahûs gehangen.

De Waddeneilanden zijn de spreekwoordelijke ’parels’ van Friesland. Vier, of eigenlijk vijf op een rij. Texel, Vlieland, Terschelling, Ameland en Schiermonnikoog.  Texel valt op deze website helaas buiten de boot omdat het bij de provincie Noord-Holland hoort en deze website nou eenmaal over Friesland gaat. Het ene Waddeneiland is nog mooier dan het andere. Een paar belangrijke en populaire eigenschappen hebben ze gemeen, de onmetelijk lange goudgele zandstranden. Bij een bezoek aan een van de Waddeneilanden doen zich een paar bijzondere fenomenen voor. Bij vertrek en aankomst en op de boot kan het heel druk zijn, maar als je eenmaal op het eiland bent verspreidt deze drukte zich en ervaar je rust en ruimte. Destemeer als je op het strand bent aanbeland. Daar heb je kilometers zandstrand helemaal voor jezelf. Een ander fenomeen is dat je gezichten van de boot herkent op het eiland, op het fietspad of op het terras. Je ziet telkens weer dezelfde mensen voorbijkomen. Hierdoor lijken de Waddeneilanden groot en klein tegelijk. Hoewel de Waddeneilanden allemaal dezelfde basisingrediënten bevatten zoals dorpjes, duinen en stranden, zijn ze op een bijzondere manier toch ook  weer verschillend van elkaar. Het ene eiland heeft meer bossen, het andere eiland meer heide. Het ene meer cranberryvelden het andere meer weilanden en boerenbedrijven. Het ene is autoluw en het andere niet. Allemaal hebben ze vele kilometers aan wandel- en fietspaden. De jeugd weet vooral Terschelling te waarderen. Gezinnen Ameland. Natuurliefhebbers en vogelaars Schiermonnikoog. Vlieland heeft een wat exclusiever karakter en is populair bij celebs. Eén fenomeen blijft tot nu toe onbesproken, "eilandgevoel". Je moet er geweest zijn om dit fenomeen te herkennen. Het begint zodra de boot de trossen heeft losgegooid en eindigt als je bij terugkomst weer voet aan vaste wal zet in Holwerd, Lauwersoog of Harlingen. Er zijn boeken over geschreven. Dit eilandgevoel heb je, voor zover ik weet, alleen op de Waddeneilanden!

Akkrum is yn de betide Midsieuwen as terpdoarp ûntstien. Omdat it geunstich lei oan de súdlike wâl fan de âlde, meänderjende wetterloop de Boarn koe it doarp him foarspoedich ûntwikkelje. Doe ‘t der yn de 19e ieu goede wegen- en spoarferbinings kamen, koe Akkrum de haadplakfunksje fan de gemeente Utingeradiel oernimme fan it minder geunstich lizzende Aldeboarn. De Oeriselskestrjitwei kaam as rykswei yn 1827-1828 klear en yn 1868 waard it spoar oanlein. It wie al earder in passaazjeplak foar it ferkear: “Akkrum is een vermaaklyk Dorp, dewyl alles, wat te paarde of met rydtuig van Leeuwarden naar ‘t Heerenveen en verder wil, hier door zynen weg moet neemen”, waard oan it ein fan de 18e ieu skreaun. Wilens hie it doarp him fan de terphichte ôf by it wetter en de Slachtedyk lâns ûntjûn as streekdoarp. It streekdoarp bûcht him mei de wetterloop fan de Boarn ta in elegante haadstruktuer. Fan west nei east litte de Ljouwerterdyk, it Heechein, de Buorren, de Kanadeeskestrjitte en fierderop de Boarnsterdyk ek in oangename ôfwikseling sjen fan sletten bebouwing en iepen romten. Yn de 19e ieu rekke de streek oan beide kanten alhiel beboud. Om 1900 hinne wie Akkrum yn it easten fêstgroeid oan it buordoarpke Nes. De earste doarpsútwreidings yn de 20e ieu fûnen dêr plak. Bgl. sa as it folksbuertsje mei tún-stedsk karakter fan De Túntsjes en De Stripe út 1919. Nei de oarloch krige it wenwykje yn it súdeasten, efter it stasjon, stâl en doe waard begûn mei de wenningbou yn de súdlike strook. De yn 1949 yn tradisjonalistyske Delftse Schooltrant ûntwikkele Sinnebuorren krige de karakteristyk fan de optimistyske weropbou. Dêrnei binne yn de sechstiger jierren efter de Boarnsterdyk tusken Akkrum en it âlde Nes wenstrjitten oanlein. Dit diel fan it doarp is troch Rijksweg N32, letter ferdûbele ta autosneldyk A32, min ofte mear fan Akkrum ôfsnien. Fan it begjin fan de santiger jierren ôf hat de wyk noardlik fan de Boarn him ûntjûn en oan it ein fan de 20e ieu is de omfangrike wetterwyk Boarnstee noardlik fan Akkrum yn it lânskip oanlein. De herfoarme tsjerke stiet yn ‘e midden fan it doarp op in earder rom en heech lizzend hôf. De ynbannige sealtsjerke is yn 1759 boud ta ferfanging fan it midsieuske godshûs. De toer, ferdield yn trije fjilden en in ynsnuorre spits is yn 1882 oplutsen. De tsjerke hat meubilêr út de 17e en 18e ieu en yn fjouwer grutte rûnbôgefinsters sitte brânskildere finsters mei wapens út 1760-1762, dy ‘t yn 1940 rekonstruearre binne. Hjir skean tsjinoer stiet de meniste tsjerke, wol wat bûten de roailine, mar dat wurdt kompensearre mei in opfallend neoklassisistysk front mei in doryske yngongspartij en in sjarmante koepeltoer. It is ien fan de earste tsjerken yn dizze styl yn Fryslân en boud troch oannimmer Jacob Romein, dy ‘t frij wis syn soan Thomas Romein it ûntwerp meitsje liet. Westlik fan de herfoarme tsjerke stiet efter in romme tún it tehûs foar frijgeselle dames en widdowen “Welgelegen”. S. Hoekstra makke yn 1924 it ûntwerp yn ekspresjonistyske styl wêrby ‘t foaral de middenpartij tusken de wat knierjende fleugels mei de rizige kape opfalt. It tehûs stiet op it terrein dêr ‘t fanâlds in bûten mei in besûndere tún stie. It prachtige achtkantige túnhûs mei koepeldak út de 18e ieu oan it Heechein is dêrfan bewarre bleaun. In besûndere tún is no te finen oan de Ljouwerterdyk; it is in lânskiplike tún fan Gabe Westra om it yn 1901 troch gemeente-arsjitekt F.H. Hoekstra yn in tige dekorative styl ûntwurpen Coopersburg hinne. Coopersburg is in tehûs fan 22 keamerswenningen, dy ‘t stik foar stik in tutegeveltsje krigen. De wenninkjes wienen bedoeld foar de minder fermogende Akkrumer âlderein. De út dit doarp ôfkomstige Folkert Kuipers (Cooper) stichte it tehûs nei ‘t hy yn Amearika in fortún makke hie. Kuipers hat foar himsels en syn frou in mausoleum oprjochtsje litten, yn 1906 útfierd nei in ûntwerp fan J.H. Schröder yn de Sezession-fariant fan de Jugendstil. Njonken de yngongspartij stean pleuranten en dêrboppe de portretmedaillons fan Cooper en syn frou.

Achlum is in terpdoarp mei in bysûndere foarm. De ferneamde Slachtedyk rint súdlik om de âlde kearn hinne, wylst de Achlumerfeart der nei it noarden ta by lâns rint. Yn ’e midden leit it iepen, ôfgroeven part fan de terp dat tsjintwurdich as in rom bemjitten keatsfjild brûkt wurdt. Op it súdlike part fan de hege terp stiet de midsieuske tsjerke mei diakenijwenten en pastorije en westlik dêrfan de saneamde kleasterpleats, in monumintale kop-hals-romppleats út de 18e ieu. Mear nei it noarden ta fynt men yn in libbendich ritme benammen 19e-ieuske bebouwing by de feart lâns, wêrby’t de bysûndere dakpannen opfalle. Dit binne de read of blau glazuere Lucas IJsbrandpannen mei in laaifoarmich patroan, ûntwikkele yn Makkum en op it panwurk yn Achlum neimakke yn de tiid om 1900 hinne. By de feart stiet tusken de skildereftige bebouwing yn de karakteristike eardere doarpsherberch. Oan ’e westkant fan de doarpskom is wat bedriuwichheid te finen en de doarpsútwreidingen ha nei de oarloch mei namme yn it easten, oan de oare kant fan de Hitzumerweg, har beslach fûn. De herfoarme tsjerke stiet op it hege part fan it oerbliuwsel fan de terp. It gebou is oarspronklik 12e-ieusk; de spoaren fan romaanske bôgen en tichtsetten finsterkes binne noch te sjen yn stikken muorrewurk fan dowestien, foaral oan de noardkant. Der sit in fraai reliëf (sûnder holle) fan rôze Bremer sânstien út de 14e ieu yn it muorrewurk. De toer datearret út de 15e ieu en de houten bekroaning mei in spitske is fan 1789. Ynwindich hat de tsjerke in geve protestantske ynrjochting mei meubilêr út it begjin fan de17e ieu. Tsjin de bûtekant fan de súdlike muorre oan stiet in plaat ta oantinken oan Ulbe Piers Draisma, in boer dy’t yn 1811 de “eerste onderlinge brandwaarborg van Friesland” oprjochte hat. Eastlik fan Achlum stiet oan de noardkant fan de Slachtedyk op in omgrêfte terrein Groot Deersum, no in 18e-ieuske pleats, mar yn eardere tiden in state, wer ‘t de stinzepoarte fan noch boppe de grêft stiet. De ienichste yn Fryslân mei in trepgevel.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |