West-Skylge West-Skylge is in komdoarp dat yn de 13e ieu ûntstien is op it plak wêr’t letter de fjoertoer Brandaris boud waard. It is sûnt lang it haaddoarp fan it eilân, al hienen de iere bekende machthawwers, de Popma’s, harren stins hielendal oan de oare kant fan it eilân boud. It doarp ûntwikkele him geunstich troch fiskerij, skipfeart en loadswêzen, mooglik troch de geunstige lizzing oan in natuerlike baai en it ekonomysk sterke efterlân. Skylge kaam dan ek ûnder Hollânske ynfloed te stean. Yn 1666 is it bloeiende doarp troch de Ingelsen platbaarnd. De weropbou folge yn de jierren 1666/73. Der waard tusken it Seinpaalduin en de baai in ticht beboude doarpskom oan in fyn net fan strjitten en stegen foarme. Dizze ovale doarpskom is oant en mei de 19e en betide 20e ieu folboud. Oan de Burgemeester Eschauzierstraat is yn 1909 en 1915 in maatskiplik belangryk en arsjitektoanysk skildereftich kompleks fan tsientallen sosjale wenten boud. It hichtepunt fan West-Skylge, de Brandaris, is krekt yn it brânpunt fan it doarp terjochte kommen. Dizze foarse en hege toer hat de brân trochstien. It earste fjoerbeaken is al yn 1323 op Skylge boud. Yn 1593/94 is de grutte toer yn opdracht fan de Staten van Holland boud. Folksetymology hat de toer nei alle gedachten syn namme besoarge. Der is gjin bewiis dat de legindaryske Ierske reizgjende muonts Sint-Brandaan der wat mei te meitsjen hat. De toer is yn 1834/35 yngripend ferboud en ommitsele en hat in ljochthûs mei koepel en draailjocht krigen. Efter de toer leit in lyts begraafplak mei in stik as wat skippersgrêven. Yn de lêste wrâldoarloch hat de Dútske besetter op it Seinpaalduin rigen bunkers boud, de marineflankbatterie Terschelling-West. Se binne diels sloopt, diels ûnder stood en foar in part al gau nei de oarloch ferboud ta fakânsjehúskes. Nei dizze oarloch is it doarp yn noardlike en noardeastlike rjochting útwreide. It gemeentebestjoer fan Skylge wie yn it tichte weefsel fan it doarp bedroevend húsfeste. Nei’t der foar de oarloch al plannen foar in nij gemeentehûs makke wienen, koe it yn 1954 oan de eastkant fan it doarp mei in ûntwerp fan arsjitekt G.A.Heldoorn út Ljouwert, pas realisearre wurde. In gemeentehûs op in moai plak yn in dinneboskje oan de eastkant fan it doarp. Der waard gebrûk makke fan it terrein troch in winkelheakfoarmige split-level struktuer te ûntwerpen, dy’t yn de op de ambachtlike boutradysje stuolle styl fan de Delftse School foarm krige. Mei koarten sil tichtby in nij gemeentehûs boud wurde. De weropbou yn de twadde helte fan de 17e ieu hat in rige typyske eilanner wenten oplevere. Dêrfan is in tal de ieuwen goed troch kommen. Se wurde mei harren sierlike trep of topgevels foarsjoen fan reade aksinten yn it giele muorrewurk, flechtingen, friezen en mitselmozayk om de finsters hinne gewoanlik kommandeurswenten neamd. Soms ha dizze en oare wenten foar de eilannen en wat minder foar de kuststreek fan it fêste lân, karakteristike natuerstiennen stoepepeallen út it ein fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu. Mei rolwurk en Flaamske woartels ha se de ripe renêssânse foarmjouwing dy’t de byldhou ateliers fan de fêste wâl behearsken. Ek dizze stoepepeallen ha de brân oerlibbe. De herfoarme tsjerke yn de Westerbuurtstraat is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en in dakrúter. De tsjerke is yn 1663 boud en suver net skeind troch de brân fan in pear jier letter. It gebou is om 1900 hinne plastere en yn de tritiger jierren hielendal ommitsele. Ek de minniste tsjerke út 1850 is in ienfâldige seal tsjerke. De tsjerke hat twa brânskildere finsters yn fernijingsstyl. Tichtby de haven hat it toeristebedriuw definityf oare aktiviteiten fan skipfeart en fiskerij ferdrongen. Om 1875 hinne is in havengebou stichte mei neoklassistyske eleminten en ek de skippersferiening “Het Wakend Oog”boude der yn in mingde styl mei neorenêssânse aspekten in karakteristyk (earder) wachtlokaal. It rêdingsboathûs út 1904 is yn in fleurige chaletstyl boud tichtby de opslach fan de kleurige seebeakens. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenAasterein Aasterein is in agrarysk streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in dúnfoet en op de râne fan de súdlik lizzende polders. It waard lange tiid beskôge as in buorskip by it westlik lizzende Hoarne dêr’t it foar de foarsjenningen ek op rjochte wie. Aasterein hat nea in tsjerke hân en likemin oare bysûndere funksjes, sa as in skoalle, húsfeste. Wol wie der yn de 14e ieu tichtby dit doarp op in stinswier de Popmastins boud. It gebou is yn de 16e ieu al wer sloopt, mar de stinswier leit noch altyd súdlik fan dit doarp yn de lânerijen. It streekdoarp bestiet út fersprate bebouwing fan buorkerijen en wenningen by inkele wegen en paden lâns wêrfan’t de Hoofdweg pas letter ferhurde wurden is. Eastlik fan it doarp stiet oan dizze dyk by de Dwarsdijk in tinkstien dy’t fertelt dat de ferhurding fan de dyk yn de hiele lingte fan in bewenne part fan it eilân yn 1910 syn beslach krige. It is in stien mei ornaminten yn de fernijingsstyl, ûntwurpen troch J.M. Krijger. Oan de westlike yntree fan it doarp stiet in frij jonge - begjin 20e-ieuske – buorkerij fan it slak-type, mei in freonlik oranjeread pannedak. Noardlik fan de Hoofdweg stiet op nûmer 21 in kop-rompbuorkerij dêr’t de jierankers fan fertelle dat hy yn 1879 boud is. De hege skuorre hat oan de sydkant in karakteristyk ‘skúntsje’, in houten útbou mei in sealkapke. By dizze buorkerij lâns laat de Lykwei nei de âlde dyk fuort ûnder de dúnfoet. Op de hoeke stiet yn de lingte fan de dúnwei in bûten bedriuw stelde stjelppleats. De foargevel fertoant in geve yndieling en út it rjochter skuorredak stekt in ‘skúntsje’. Ek oan de efterkant is it in nijsgjirrige buorkerij. Njonken de ‘millem’-doar stiet in opmerklik oanboude skoarstien, dy’t mei in seemansterm it kombuis neamd wurdt. De buorkerij op nûmer 31 út 1978 hat in skúntsje. Op de Boskplaat leit by de Stuifdijk in bunker dy’t in restant is fan de ‘Marineflankbatterie Terschelling Ost’, dy’t yn 1943 troch de Dútske besetter oanlein is. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenMidslân Midslân is in streekdoarp dat ûntstien is op in âlde strânwâl. Súdlik fan it hjoeddeiske doarp waard oan de Hoofdstraat yn de 10e ieu al in houten tsjerkje fan Stryp stichte, dat letter ferfongen waard troch in tsjerke fan stien. Mar ek noardliker, op it plak fan de tsjerke fan no, is yn de 14e of 15e ieu in tsjerke boud. Yn de omjouwing fan it doarp ûntstienen noch oare buorskippen: Baaidunen, Kinnum, Kaart en mear westlik Hee. Om de tsjerke fan Midslân hinne hat, yn tsjinstelling ta oare Skylger doarpen, komfoarming mei in frij tichte bebouwing plak fûn. Oer in slinke hinne waard de Westerdaam oanlein, wêrtroch’t Stryp oan Midslân fêst groeie koe. De Striper tsjerke waard yn 1569 ferwoeste, mar it tsjerkhôf is oant begjin 19e ieu yn gebrûk bleaun. De grêfheuvel, dy’t meters heech boppe de omjouwing útriist, rekke yn ferfal. Dêr stean de foar de eilannen en de kuststreek kenmerkjende natuerstiennen grêfpeallen út it lêst fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu dy’t mei rolwurk en Flaamske woartels de ripe renêssânse foarmjouwing ha dy’t de byldhou-ateliers fan de fêste wâl sa goed behearskje. It Striper hôf is opknapt en no binne der noch sa’n tweintich fan dizze grêfpeallen te bewûnderjen. Nei’t de âlde tsjerke fan Midslân yn 1880 ôfbrutsen waard, is der it jier dêrnei in krústsjerke yn dekorative mingstyl nei ûntwerp fan M. Daalder út Den Helder boud. Op de súdbeuk kaam in foarse lantearne mei in achtkante spits. Dizze net al te degelik boude tsjerke is ferskate kearen hersteld en op details feroare. Ynwindich hat se in stukadoare krúsferwulf, twa galerijen en in oargelbalkon mei in oargel út de boutiid. Oan de Heereweg stiet it eardere diakenijhûs út om-ende-by 1880. Oan de Oosterburen stiet it fan neoklassicistyske eleminten foarsjoene Polderhuis (1872) dêr’t de bestjoerders fan de ynpoldere landerijen (grieën) by elkoar kamen om harren belangen te bepraten. Yn it doarp binne ferskate 17e-ieuske wenningen mei tutegevels mei ‘vlechtingen’- skean ferrinnende rollagen - te finen. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenLies Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De Dorpsstraat rekke ynearsten foaral oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan it lêst fan de 19e ieu ôf kaam der ek bebouwing oan de oare kant. Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sawat yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân kommen wêze. Yn de ieuwen dêrnei is se gauris fergrutte en feroare. Om 1270 hinne kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. De noardmuorre dêrfan is frij geef troch de ieuwen hinne kaam. It skip krige koepelferwulven dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer fuorthelle binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om-ende-by 1330 waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de troch de tiid hinne boufallich wurden toer ûngefear de helte ynkoart en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 útwindich bepleistere, mar by de yngeande restauraasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach der wer ôfhelle. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. De tsjerke is troch alderhande spoaren in spannend ferhaal yn stien. It ynterieur hat fraai meubilêr, dêr’t tuskenyn foaral de beskildere nachtmielstafel mei spreuken, út it begjin fan de 17e ieu opfalt. Oan de Dorpsstraat stiet de yn 1907 boude kloeke pastorije. Dêrneist stiet in boerepleats mei foarein en in frij lege skuorre dy’t oan de sydkant dan ek foarjoen is fan in ‘schúntsje’. Hoarne hat noch in tal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen, sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenLanderum Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter. Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenHoarne Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De doarpsstrjitte rekke yn ‘t earstoan oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan ein 19e ieu ôf waard der ek oan de oare kant boud. Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sa yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân komme wêze. It is yn de dêrop folgjende ieuwen iderkear wer fergrutte en feroare. Om-ende-by 1270 kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. Dêrfan is de noardmuorre frij geef troch de ieuwen hinne kommen. It skip krige koepelferwulven, dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer ferwidere binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om 1330 hinne waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de boufallich wurden toer sawat foar de helte ynkoarten en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 bûtenom bepleistere, mar by in yngeande reparaasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach wer ferwidere. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. Troch alderhande spoaren is de tsjerke in boeiend ferhaal fan stien. Het ynterieur hat fraai meubilêr, dêr‘t foaral de beskildere nachtmielstafel, foarsjoen fan spreuken út it begjin fan de 17e ieu opfalt. Oan de doarpsstrjitte stiet de yn 1907 boude mânske pastorije. Dêrnjonken stiet in buorkerij mei foarein en in frij lege skuorre, dy‘t oan de sydkant dan ek in ‘schúntsje’ hat. Yn Hoarne fynt men noch in oantal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenFormearum Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter. Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenEast-Flylân East Flylân is nei de ûndergong fan it oarspronklik gruttere West Flylân healwei de 18e ieu it ienichste doarp fan it eilân. It is in streekdoarp dat yn de 12e ieu ûntstien is. De brede, troch flink beamte omseame en likernôch in kilometer lange Dorpsstraat hat oan wjerskanten sletten bebouwing dy’t allinne troch stegen en gloppen ûnderbrutsen wurdt. De measte bebouwing hat mar ien folledige boulaach en fertoant in soad fariaasje, sawol yn funksje en arsjitektoanyske pronk as yn de leeftyd fan de gebouwen: fan de 17e oant de 20e ieu. Krekt foar de Twadde Wrâldoarloch wennen der noch gjin 500 minsken op it eilân en yn de perioade dy’t dêr oan foarôfgie is der mar in bytsje boud. Healwei de fyftiger jierren binne noardlik fan it âlde doarpslint lange rigen sosjale wenningen oan ûnder mear de Nieuwstraat en Middenweg boud en ek nei dy tiid wreide it doarp him noch út, it measte yn noardeastlike rjochting fan it bosk oant en mei de resinte útwreiding oan it Vorkduin. De herfoarme tsjerke is yn 1605 fan giele stientsjes boud ta ferfanging fan in âlde kapel. Yn 1647 binne der dwerspânen tafoege, wêrtroch’t it in krústsjerke waard. It ynterieur hat bysûnder meubilêr. De tsjerke foarmet mei tsjerkhôf en oan de oare kant it diakenijhûs in skildereftich ensemble. It diakonijhûs út 1641 is in lang pân mei in opfallend hege kape mei in smel útmitsele middenstik. It hat bysûndere ynterieurûnderdielen. Op de hoeke fan it Kerkplein stiet it eardere riedhûs mei in nijsgjirrich klokketuorke. De oarsprong is al fan 1598, mar it is yn 1855 ferboud. Dêrtsjinoer kaam yn 1998 it nije riedhûs ta stân. Hielendal oan de oare kant fan it doarp stiet fuortby de haven it yn 1877 nei ûntwerp fan C.H. Peters boude eardere postkantoar. Yn ‘e midden fan de Dorpsstraat freget in breed, pleistere pân mei in ûnregelmjittige yndieling om oandacht. Dit Tromphuis is no in museum en hat yn it ferline ûnder mear as ûnderkommen fan de Admiraliteit fan Amsterdam en it Noorderkwartier tsjinst dien. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van KampenBakhuzen Bakhuzen is in komdoarp oan ‘e foet fan in rêch fan balstiensân, dy ‘t even eastlik fan it doarp oant mear as 11 meter heech is. Bakhuzen is sa om-ende-by 1200 ûntstien as buorskip dat oarspronklik hearde by it súdeastlik lizzende doarp Murns. Nei de Reformaasje bleau it in katolike enklave en makke it har yn de rin fan de 18e ieu los fan Murns. Yn earder tiden wie Bakhuzen in streekdoarp by trochgeande wegen lâns sa as de Sint-Odulphusstraat en de Teeuwis de Boerstraat. Mar it hat him sûnt healwei de 19e ieu nei it suden ta útwreide ta in komdoarp mei frij losse bebouwing en in iepen kearn, wêr ‘t ek it tsjerkhôf leit. Mei de nijbou is it mear fertichte wurden. By de earder neamde strjitten lâns stiet in tal fraaie middengonghuzen út it lêst fan de19e ieu, mar ek boargerwenten út de tuskenoarlochske perioade. Yn de Sint Odulphusstraat steane in aardich kafee en in winkel. Nei de oarloch binne mei de tradisjonalistyske folkshúsfesting de iepen romten yn de wanden fan de Teeuwis de Boerstraat fertichte en noch net sa lang lyn kaam der in yn it byld passende post foar de brânwacht by. Al mei al levert dizze belangrike strjitte in evenwichtich byld op. Al gau hjirnei krige it doarp in entree oan ‘e eastkant mei bebouwing oan de Rysterdyk. Noardlik fan de tsjerke krigen even letter de bebouwingswanden om it Plantsoen hinne stâl. Yn it noardwesten stiet de roomskkatolike Sint Odulphustsjerke, boud yn 1913-1914 nei in ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele, as ferfanging fan in tsjerkje út 1857. De tsjerke is in pseudobasilyk yn neoGoatyske styl mei in trijesidich sletten koar en in toer mei in ynsnuorre spits. It skip hat net-ferwulven en de sydbeuken krús-ferwulven. It meubilêr komt út it atelier fan F.W. Mengelberg en it oargel is fan de bruorren Adema. De brânskildere ruten binne yn 1914 makke troch F. Nicolas en de skilderingen op de muorren en ferwulven (1935-1941) troch Johannes Ydema. Yn de Nagelhoutstraat is yn 1938 it frouljuskleaster Mariahof boud. Yn 1987 waard it kleaster ferboud ta 19 apparteminten. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Plattegrond van Harlingen met de limietscheiding van Almenum daarop aangegeven. N.B. J. van Leeuwen vermeldt in een notitie hierbij dat deze kaart heeft gediend als bewijsstuk in een proces tussen de stad en de grietenij Barradeel. De kaart bevond zich in 1732 in het slot der Van Harens te St. Annaparochie waaruit deze tijdens de brand is gered.Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Kaart van Oranjewoud, Mildam en Oudeschoot, met daarop aangegeven de ligging van de scholen, de plaats van de nieuw te bouwen school te Oranjewoud en de grens van het gebied waarbinnen de leerlingen naar de scholen in genoemde plaatsen gaan.Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma Lês mearTekst: © Foto: © Bauke Folkertsma0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |
West-Skylge West-Skylge is in komdoarp dat yn de 13e ieu ûntstien is op it plak wêr’t letter de fjoertoer Brandaris boud waard. It is sûnt lang it haaddoarp fan it eilân, al hienen de iere bekende machthawwers, de Popma’s, harren stins hielendal oan de oare kant fan it eilân boud. It doarp ûntwikkele him geunstich troch fiskerij, skipfeart en loadswêzen, mooglik troch de geunstige lizzing oan in natuerlike baai en it ekonomysk sterke efterlân. Skylge kaam dan ek ûnder Hollânske ynfloed te stean. Yn 1666 is it bloeiende doarp troch de Ingelsen platbaarnd. De weropbou folge yn de jierren 1666/73. Der waard tusken it Seinpaalduin en de baai in ticht beboude doarpskom oan in fyn net fan strjitten en stegen foarme. Dizze ovale doarpskom is oant en mei de 19e en betide 20e ieu folboud. Oan de Burgemeester Eschauzierstraat is yn 1909 en 1915 in maatskiplik belangryk en arsjitektoanysk skildereftich kompleks fan tsientallen sosjale wenten boud. It hichtepunt fan West-Skylge, de Brandaris, is krekt yn it brânpunt fan it doarp terjochte kommen. Dizze foarse en hege toer hat de brân trochstien. It earste fjoerbeaken is al yn 1323 op Skylge boud. Yn 1593/94 is de grutte toer yn opdracht fan de Staten van Holland boud. Folksetymology hat de toer nei alle gedachten syn namme besoarge. Der is gjin bewiis dat de legindaryske Ierske reizgjende muonts Sint-Brandaan der wat mei te meitsjen hat. De toer is yn 1834/35 yngripend ferboud en ommitsele en hat in ljochthûs mei koepel en draailjocht krigen. Efter de toer leit in lyts begraafplak mei in stik as wat skippersgrêven. Yn de lêste wrâldoarloch hat de Dútske besetter op it Seinpaalduin rigen bunkers boud, de marineflankbatterie Terschelling-West. Se binne diels sloopt, diels ûnder stood en foar in part al gau nei de oarloch ferboud ta fakânsjehúskes. Nei dizze oarloch is it doarp yn noardlike en noardeastlike rjochting útwreide. It gemeentebestjoer fan Skylge wie yn it tichte weefsel fan it doarp bedroevend húsfeste. Nei’t der foar de oarloch al plannen foar in nij gemeentehûs makke wienen, koe it yn 1954 oan de eastkant fan it doarp mei in ûntwerp fan arsjitekt G.A.Heldoorn út Ljouwert, pas realisearre wurde. In gemeentehûs op in moai plak yn in dinneboskje oan de eastkant fan it doarp. Der waard gebrûk makke fan it terrein troch in winkelheakfoarmige split-level struktuer te ûntwerpen, dy’t yn de op de ambachtlike boutradysje stuolle styl fan de Delftse School foarm krige. Mei koarten sil tichtby in nij gemeentehûs boud wurde. De weropbou yn de twadde helte fan de 17e ieu hat in rige typyske eilanner wenten oplevere. Dêrfan is in tal de ieuwen goed troch kommen. Se wurde mei harren sierlike trep of topgevels foarsjoen fan reade aksinten yn it giele muorrewurk, flechtingen, friezen en mitselmozayk om de finsters hinne gewoanlik kommandeurswenten neamd. Soms ha dizze en oare wenten foar de eilannen en wat minder foar de kuststreek fan it fêste lân, karakteristike natuerstiennen stoepepeallen út it ein fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu. Mei rolwurk en Flaamske woartels ha se de ripe renêssânse foarmjouwing dy’t de byldhou ateliers fan de fêste wâl behearsken. Ek dizze stoepepeallen ha de brân oerlibbe. De herfoarme tsjerke yn de Westerbuurtstraat is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en in dakrúter. De tsjerke is yn 1663 boud en suver net skeind troch de brân fan in pear jier letter. It gebou is om 1900 hinne plastere en yn de tritiger jierren hielendal ommitsele. Ek de minniste tsjerke út 1850 is in ienfâldige seal tsjerke. De tsjerke hat twa brânskildere finsters yn fernijingsstyl. Tichtby de haven hat it toeristebedriuw definityf oare aktiviteiten fan skipfeart en fiskerij ferdrongen. Om 1875 hinne is in havengebou stichte mei neoklassistyske eleminten en ek de skippersferiening “Het Wakend Oog”boude der yn in mingde styl mei neorenêssânse aspekten in karakteristyk (earder) wachtlokaal. It rêdingsboathûs út 1904 is yn in fleurige chaletstyl boud tichtby de opslach fan de kleurige seebeakens. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Aasterein Aasterein is in agrarysk streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in dúnfoet en op de râne fan de súdlik lizzende polders. It waard lange tiid beskôge as in buorskip by it westlik lizzende Hoarne dêr’t it foar de foarsjenningen ek op rjochte wie. Aasterein hat nea in tsjerke hân en likemin oare bysûndere funksjes, sa as in skoalle, húsfeste. Wol wie der yn de 14e ieu tichtby dit doarp op in stinswier de Popmastins boud. It gebou is yn de 16e ieu al wer sloopt, mar de stinswier leit noch altyd súdlik fan dit doarp yn de lânerijen. It streekdoarp bestiet út fersprate bebouwing fan buorkerijen en wenningen by inkele wegen en paden lâns wêrfan’t de Hoofdweg pas letter ferhurde wurden is. Eastlik fan it doarp stiet oan dizze dyk by de Dwarsdijk in tinkstien dy’t fertelt dat de ferhurding fan de dyk yn de hiele lingte fan in bewenne part fan it eilân yn 1910 syn beslach krige. It is in stien mei ornaminten yn de fernijingsstyl, ûntwurpen troch J.M. Krijger. Oan de westlike yntree fan it doarp stiet in frij jonge - begjin 20e-ieuske – buorkerij fan it slak-type, mei in freonlik oranjeread pannedak. Noardlik fan de Hoofdweg stiet op nûmer 21 in kop-rompbuorkerij dêr’t de jierankers fan fertelle dat hy yn 1879 boud is. De hege skuorre hat oan de sydkant in karakteristyk ‘skúntsje’, in houten útbou mei in sealkapke. By dizze buorkerij lâns laat de Lykwei nei de âlde dyk fuort ûnder de dúnfoet. Op de hoeke stiet yn de lingte fan de dúnwei in bûten bedriuw stelde stjelppleats. De foargevel fertoant in geve yndieling en út it rjochter skuorredak stekt in ‘skúntsje’. Ek oan de efterkant is it in nijsgjirrige buorkerij. Njonken de ‘millem’-doar stiet in opmerklik oanboude skoarstien, dy’t mei in seemansterm it kombuis neamd wurdt. De buorkerij op nûmer 31 út 1978 hat in skúntsje. Op de Boskplaat leit by de Stuifdijk in bunker dy’t in restant is fan de ‘Marineflankbatterie Terschelling Ost’, dy’t yn 1943 troch de Dútske besetter oanlein is. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Midslân Midslân is in streekdoarp dat ûntstien is op in âlde strânwâl. Súdlik fan it hjoeddeiske doarp waard oan de Hoofdstraat yn de 10e ieu al in houten tsjerkje fan Stryp stichte, dat letter ferfongen waard troch in tsjerke fan stien. Mar ek noardliker, op it plak fan de tsjerke fan no, is yn de 14e of 15e ieu in tsjerke boud. Yn de omjouwing fan it doarp ûntstienen noch oare buorskippen: Baaidunen, Kinnum, Kaart en mear westlik Hee. Om de tsjerke fan Midslân hinne hat, yn tsjinstelling ta oare Skylger doarpen, komfoarming mei in frij tichte bebouwing plak fûn. Oer in slinke hinne waard de Westerdaam oanlein, wêrtroch’t Stryp oan Midslân fêst groeie koe. De Striper tsjerke waard yn 1569 ferwoeste, mar it tsjerkhôf is oant begjin 19e ieu yn gebrûk bleaun. De grêfheuvel, dy’t meters heech boppe de omjouwing útriist, rekke yn ferfal. Dêr stean de foar de eilannen en de kuststreek kenmerkjende natuerstiennen grêfpeallen út it lêst fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu dy’t mei rolwurk en Flaamske woartels de ripe renêssânse foarmjouwing ha dy’t de byldhou-ateliers fan de fêste wâl sa goed behearskje. It Striper hôf is opknapt en no binne der noch sa’n tweintich fan dizze grêfpeallen te bewûnderjen. Nei’t de âlde tsjerke fan Midslân yn 1880 ôfbrutsen waard, is der it jier dêrnei in krústsjerke yn dekorative mingstyl nei ûntwerp fan M. Daalder út Den Helder boud. Op de súdbeuk kaam in foarse lantearne mei in achtkante spits. Dizze net al te degelik boude tsjerke is ferskate kearen hersteld en op details feroare. Ynwindich hat se in stukadoare krúsferwulf, twa galerijen en in oargelbalkon mei in oargel út de boutiid. Oan de Heereweg stiet it eardere diakenijhûs út om-ende-by 1880. Oan de Oosterburen stiet it fan neoklassicistyske eleminten foarsjoene Polderhuis (1872) dêr’t de bestjoerders fan de ynpoldere landerijen (grieën) by elkoar kamen om harren belangen te bepraten. Yn it doarp binne ferskate 17e-ieuske wenningen mei tutegevels mei ‘vlechtingen’- skean ferrinnende rollagen - te finen. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Lies Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De Dorpsstraat rekke ynearsten foaral oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan it lêst fan de 19e ieu ôf kaam der ek bebouwing oan de oare kant. Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sawat yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân kommen wêze. Yn de ieuwen dêrnei is se gauris fergrutte en feroare. Om 1270 hinne kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. De noardmuorre dêrfan is frij geef troch de ieuwen hinne kaam. It skip krige koepelferwulven dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer fuorthelle binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om-ende-by 1330 waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de troch de tiid hinne boufallich wurden toer ûngefear de helte ynkoart en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 útwindich bepleistere, mar by de yngeande restauraasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach der wer ôfhelle. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. De tsjerke is troch alderhande spoaren in spannend ferhaal yn stien. It ynterieur hat fraai meubilêr, dêr’t tuskenyn foaral de beskildere nachtmielstafel mei spreuken, út it begjin fan de 17e ieu opfalt. Oan de Dorpsstraat stiet de yn 1907 boude kloeke pastorije. Dêrneist stiet in boerepleats mei foarein en in frij lege skuorre dy’t oan de sydkant dan ek foarjoen is fan in ‘schúntsje’. Hoarne hat noch in tal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen, sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Landerum Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter. Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Hoarne Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De doarpsstrjitte rekke yn ‘t earstoan oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan ein 19e ieu ôf waard der ek oan de oare kant boud. Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sa yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân komme wêze. It is yn de dêrop folgjende ieuwen iderkear wer fergrutte en feroare. Om-ende-by 1270 kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. Dêrfan is de noardmuorre frij geef troch de ieuwen hinne kommen. It skip krige koepelferwulven, dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer ferwidere binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om 1330 hinne waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de boufallich wurden toer sawat foar de helte ynkoarten en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 bûtenom bepleistere, mar by in yngeande reparaasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach wer ferwidere. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. Troch alderhande spoaren is de tsjerke in boeiend ferhaal fan stien. Het ynterieur hat fraai meubilêr, dêr‘t foaral de beskildere nachtmielstafel, foarsjoen fan spreuken út it begjin fan de 17e ieu opfalt. Oan de doarpsstrjitte stiet de yn 1907 boude mânske pastorije. Dêrnjonken stiet in buorkerij mei foarein en in frij lege skuorre, dy‘t oan de sydkant dan ek in ‘schúntsje’ hat. Yn Hoarne fynt men noch in oantal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Formearum Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter. Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
East-Flylân East Flylân is nei de ûndergong fan it oarspronklik gruttere West Flylân healwei de 18e ieu it ienichste doarp fan it eilân. It is in streekdoarp dat yn de 12e ieu ûntstien is. De brede, troch flink beamte omseame en likernôch in kilometer lange Dorpsstraat hat oan wjerskanten sletten bebouwing dy’t allinne troch stegen en gloppen ûnderbrutsen wurdt. De measte bebouwing hat mar ien folledige boulaach en fertoant in soad fariaasje, sawol yn funksje en arsjitektoanyske pronk as yn de leeftyd fan de gebouwen: fan de 17e oant de 20e ieu. Krekt foar de Twadde Wrâldoarloch wennen der noch gjin 500 minsken op it eilân en yn de perioade dy’t dêr oan foarôfgie is der mar in bytsje boud. Healwei de fyftiger jierren binne noardlik fan it âlde doarpslint lange rigen sosjale wenningen oan ûnder mear de Nieuwstraat en Middenweg boud en ek nei dy tiid wreide it doarp him noch út, it measte yn noardeastlike rjochting fan it bosk oant en mei de resinte útwreiding oan it Vorkduin. De herfoarme tsjerke is yn 1605 fan giele stientsjes boud ta ferfanging fan in âlde kapel. Yn 1647 binne der dwerspânen tafoege, wêrtroch’t it in krústsjerke waard. It ynterieur hat bysûnder meubilêr. De tsjerke foarmet mei tsjerkhôf en oan de oare kant it diakenijhûs in skildereftich ensemble. It diakonijhûs út 1641 is in lang pân mei in opfallend hege kape mei in smel útmitsele middenstik. It hat bysûndere ynterieurûnderdielen. Op de hoeke fan it Kerkplein stiet it eardere riedhûs mei in nijsgjirrich klokketuorke. De oarsprong is al fan 1598, mar it is yn 1855 ferboud. Dêrtsjinoer kaam yn 1998 it nije riedhûs ta stân. Hielendal oan de oare kant fan it doarp stiet fuortby de haven it yn 1877 nei ûntwerp fan C.H. Peters boude eardere postkantoar. Yn ‘e midden fan de Dorpsstraat freget in breed, pleistere pân mei in ûnregelmjittige yndieling om oandacht. Dit Tromphuis is no in museum en hat yn it ferline ûnder mear as ûnderkommen fan de Admiraliteit fan Amsterdam en it Noorderkwartier tsjinst dien. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Bakhuzen Bakhuzen is in komdoarp oan ‘e foet fan in rêch fan balstiensân, dy ‘t even eastlik fan it doarp oant mear as 11 meter heech is. Bakhuzen is sa om-ende-by 1200 ûntstien as buorskip dat oarspronklik hearde by it súdeastlik lizzende doarp Murns. Nei de Reformaasje bleau it in katolike enklave en makke it har yn de rin fan de 18e ieu los fan Murns. Yn earder tiden wie Bakhuzen in streekdoarp by trochgeande wegen lâns sa as de Sint-Odulphusstraat en de Teeuwis de Boerstraat. Mar it hat him sûnt healwei de 19e ieu nei it suden ta útwreide ta in komdoarp mei frij losse bebouwing en in iepen kearn, wêr ‘t ek it tsjerkhôf leit. Mei de nijbou is it mear fertichte wurden. By de earder neamde strjitten lâns stiet in tal fraaie middengonghuzen út it lêst fan de19e ieu, mar ek boargerwenten út de tuskenoarlochske perioade. Yn de Sint Odulphusstraat steane in aardich kafee en in winkel. Nei de oarloch binne mei de tradisjonalistyske folkshúsfesting de iepen romten yn de wanden fan de Teeuwis de Boerstraat fertichte en noch net sa lang lyn kaam der in yn it byld passende post foar de brânwacht by. Al mei al levert dizze belangrike strjitte in evenwichtich byld op. Al gau hjirnei krige it doarp in entree oan ‘e eastkant mei bebouwing oan de Rysterdyk. Noardlik fan de tsjerke krigen even letter de bebouwingswanden om it Plantsoen hinne stâl. Yn it noardwesten stiet de roomskkatolike Sint Odulphustsjerke, boud yn 1913-1914 nei in ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele, as ferfanging fan in tsjerkje út 1857. De tsjerke is in pseudobasilyk yn neoGoatyske styl mei in trijesidich sletten koar en in toer mei in ynsnuorre spits. It skip hat net-ferwulven en de sydbeuken krús-ferwulven. It meubilêr komt út it atelier fan F.W. Mengelberg en it oargel is fan de bruorren Adema. De brânskildere ruten binne yn 1914 makke troch F. Nicolas en de skilderingen op de muorren en ferwulven (1935-1941) troch Johannes Ydema. Yn de Nagelhoutstraat is yn 1938 it frouljuskleaster Mariahof boud. Yn 1987 waard it kleaster ferboud ta 19 apparteminten. Lês mearTekst: © Foto: © Hendrik van Kampen
Plattegrond van Harlingen met de limietscheiding van Almenum daarop aangegeven. N.B. J. van Leeuwen vermeldt in een notitie hierbij dat deze kaart heeft gediend als bewijsstuk in een proces tussen de stad en de grietenij Barradeel. De kaart bevond zich in 1732 in het slot der Van Harens te St. Annaparochie waaruit deze tijdens de brand is gered.Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Kaart van Oranjewoud, Mildam en Oudeschoot, met daarop aangegeven de ligging van de scholen, de plaats van de nieuw te bouwen school te Oranjewoud en de grens van het gebied waarbinnen de leerlingen naar de scholen in genoemde plaatsen gaan.Lês mearTekst: © Foto: © FrieslandWonderland