|

Noardburgum

Noardburgum
©: FrieslandWonderland

Noardburgum is in jong heidedoarp dat fan healwei de 18e ieu ôf, doe’t de heide ûntgûnen waard, yn in oantal streken ûntstien is.
De Burgumerheide waard ûntgûnen op inisjatyf fan dr. Nicolaas Ypeij, dy’t troch syn houlik mei Baudina Looxma net allinne yn it besit kaam fan Vijverburg by Ryptsjerk, mar ek fan de útstrekte heidefjilden eastlik dêrfan. Ypeij ûntwikkele in partikuliere wize fan wurkferskaffing, wêrmei’t it park by syn bûtenhûs oanlein waard, mar ek de heidefjilden yn kultuer brocht waarden en buorkerijen stichte. Ypeij soarge op in reginteske wize foar it geastlik wolwêzen fan de arbeiders op ‘De Heide’ troch inisjativen te nimmen foar in tsjerke, in skoalle en in earmhûs.

Westlik fan it doarp leit de Ypeij-buorkerij, ‘Veldlust’. Oan de foarkant fan de stjelppleats binne de finsters tichtmitsele, mar der sitte wol fertellende gevelstiennen yn. De iene fermeldt dat de earste stien lein is troch de soan fan dr. Ypeij, de 16-jierrige Age Looxma Ypeij op 3 april 1850. Op de oare stiet te lêzen: ‘Gedenksteen ter eere van het bezoek van Z.M. den Koning, Willem lll aan de boerderij en ontgonnene gronden, Veldlust en Klein Veldlust genaamd; op den 22sten April 1852: zijnde bij die gelegenheid de eigenaar, Dr. N: IJpeij, door Z.M. benoemd tot Ridder der orde van den Nederlandschen Leeuw.’

Oan de Ryksstrjitwei is yn 1850 in tsjerke stichte. De earste stien is hjir ek lein troch Age Looxma Ypeij. It is in rjochsletten sealtsjerke mei spitsbôgefinsters mar foar it oare mei in neoklassicistyske oanklaaiïng, foaral by de yngongspartij. Op it dak stiet in dakruter mei in koepeldakje. Op it tsjerkhôf leit it grêf fan ds. Thoden van Velsen dy’t foar Ypeij de jonge mienskip foarme en mei-inisjatyfnimmer ta de tsjerkebou wie. It kategisaasjelokaal is yn 1895 boud yn de sjaletstyl. De kloeke pastorije is yn 1849 ûntwurpen troch arsjitekt A. van Riesen. Tsjerke en pastorije lizze yn in romme tún mei âld beamteguod. Dêr tsjinoer is yn 1843 it earmhûs stichte, in gebou fan in inkele laach en fan twa lange beuken, dêr’t hjoeddei in klompemakkerij en –museum yn festige is. Dêr stiet ek de eardere ‘naai- en breischool’ fan de Ypeijstichting, dêr’t Age Looxma Ypeij yn 1873 wer de earste stien fan lein hat. Oan de Ryksstrjitwei steane de twa skoallen, beide middengongskoallen mei fjouwer klassen, boud yn 1922. De iene is in iepenbiere, de oare in kristlike skoalle.

Súdlik fan de Ryksstrjitwei waard yn de tweintiger jierren in kompleks foar de wetterwinning stichte. It gebou waard krekt foar de oarloch nei ûntwerp fan ir. J.J.M. Vegter ferboud. In nije ferbouwing en útwreiding waard yn de fyftiger jierren troch de eigen boukundige tsjinst útfierd, wêrby’t jhr. ir. A.P. Wesselman van Helmond út Nijmegen de arsjitektuer fersoarge. Yn 1958 kamen dy gebouwen mei pompehallen, in betsjinningshal, wurkpleatsen en kantoarromten klear. It gehiel is 85 meter lang en 20 meter breed en hat in fertikaal segmint fan fraaie mitsele kannelearre lisenen mei finsterstroken der tuskenyn. It dêrnjonken steande filtergebou hat op de begeane grûn in soarte fan lamellewand, mar wat heger is it sletten mei perforaasjes fan lytse finsters. Om de reaktoaren fan de wetterûnthurdingsynstallaasje hinne is yn 1984 nei ûntwerp fan J.G.C. Vegter in strang, mar likegoed libbendich ynfolle betonnen skelet oplutsen.

De buorskippen fan ‘De Heide’ groeiden stadichoan nei elkoar ta en binne yn 1930 ta it doarp Noardburgum gearfoege. Nei de oarloch is de groei trochgien, om te begjinnen yn 1949 mei libbendich pleatste, flinke rigen fan mei totaal tweintich arbeidershuzen oan de Zevenhuisterweg. Dizze wenningen fan de wenningstichting ha harren foargongers yn de huzen oan de Veldmanweg út 1939. Noardburgum is no in flink doarp dat foaral noardlik fan de Ryksstrjitwei leit. Op de krusing fan de Zevenhuisterweg mei it Marijkepaed en it Abe Brouwerpaed stiet de yn ekspresjonistyske styl boude baptistetsjerke út 1936.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!