Eastrum
Eastrum is in terpdoarp dat nei alle gedachten inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn it troch streamkes en see-earmen trochsnieën gebiet. It leit tusken de Suder Ie en it Dokkumer Grut Djip yn. De Eastrumer Opfeart leit even westlik fan it doarp en foarme de wetterferbining mei de Suder Ie. Oan de oare kant fan dit wetter leit Tilbuorren, dêr’t in groep flinke boerepleatsen stiet. In ûntsluting nei it Grutdjip mei in slûs yn de seedyk levere geregeldwei swierrichheden op.
De om 1900 hinne diels ôfgroeven, frijwat hege terp rikt ta fjouwer en in heale meter boppe NAP út. De wenhichte hat in radiale struktuer mei in ringwei, dêr’t it súdlike segmint noch fan bestiet en it eastlike part as paad te werkennen is. De sirkelfoarm is fierder ôf te lêzen oan perseelgrinzen. Op it súdeastlike part fan de terp stie Rinthjemastate en dêr is de terp nei it slopen fan de state lange tiid ûnbeboud bleaun. Underskate paden en wegen fiere fan de soal nei de krún fan de terp, dêr’t inkele fan yn de rin fan de 19e ieu ferhurde binne. It súdlike part fan de ringwei is geandewei in part wurden fan de frij kronkelige ferbining tusken Dokkum en Ie.
De doarpstsjerke, oarspronklik wijd oan St. Nicolaas, is in ienbeukige bakstiennen tsjerke. De sealdaktoer datearret út de 13e ieu. De tsjerke is om 1500 hinne boud en hat in sletten noardmuorre en in trijekantige koarsluting. It súdlike dakskyld is dutsen mei saneamde monniken en nonnen, ûnder- en boppepannen. By de restauraasje binne op it muorrewurk skilderingen mei silhûeteftige foarstellings fan fjouwer tsjerken mei hege tuorren foar it ljocht kaam dy’t mooglik datearje út de 16e ieu.
Oan it Grutdjip súdlik fan Eastrum hat Jan Helder yn 1873 in stoomstienfabyk stichte. Al gau moast it fabryk útwreidzje en de skoarstienpiip waard yn 1879 ferhege fan njoggen nei mar leafst 35 meter. It fabryk, dat ûnder mear reade stringpersstien makke en oan1968 ta yn bedriuw west hat, hat in ringûne en in groep grutte droechskuorren.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel