|

Sminiastate

Sminiastate
©: It âlders erf

Doe’t yn 1898 mr. Wiardus WIllem Hopperus Buma boargemaster fan Hinnaarderadiel waard, bouwde hy, neffens in âlde tradysje, in nije Sminiastate. Syn mem wie noch berne op de earste Sminiastate. It waard in grutte moderne villa yn Ingelske styl. It lânhûs seach der drok út oan de eagen mei syn blaue en reade dakpannen, mozaiken en in tuorke. Dêrby hie de villa in pracht fan in grutte tún dêr’t de ynwenners fan Wommels op snein fergees yn kuierje mochten. Túnman fan dizze tún wie de heit fan de yn Wommels berne dichter Jacobus van Hattum.
Sminiastate wurdt ek wol de villa fan de freule neamd, omdat de freule as nicht fan boargemaster Hopperus Buma faak yn de villa ferbliuw hie.

Yn 1905 naam Buma samar syn ûntslach omdat hy skjin syn nocht hie fan de politike en tsjerklike rûzjes wêr’t hy yn fertise rekke wie en net tsjin op koe.
Syn villa liet hy in gedieltes ôfbrekke en yn 30 skipsfrachten oer de Sudersee nei Haarlim ferfarre, wêr’t dizze oan it Spaarne oan de súdlike kant fan de stêd wer stien foar stien opmetsele waard. Underweis nei Haarlim is der ien skip mei fracht sonken! Yn Haarlim krige de villa de namme Oldehove. Spitigernôch is dizze yn 1969 yn flammen ferlern gien. Yn Wommels binne in daam yn de grêft en it stiennen bregje oan de Van Sminialeane noch stille tsjûgen fan de villatún.

Colofon

Brochure Open Monumentendag Littenseradiel 2016 / Wommels by âlds, 1985, A.Bokma en H.Kuipers

© Foto voorblad: It âlders erf



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Groep Wommels)

Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!