|

De toerklok fan Folsgeare

De toerklok fan Folsgeare
©: Atse Bruin

De tsjerketoer fan Folsgeare stiet al iuwen as beaken yn it doarp. Boppe yn dizze toer hinget sûnt 1535 in klok dy’t  ûnfersteurber troch giet mei syn wurk te dwaan.

Op’e bopperâne fan’e klok stiet it neikommende skreaun:

 Jhezus Maria Johannes Gheert van Wou ende Johan ter Steghe goten

mij toen men schreef 15 ende 35 daer bij.

De klok is yn 1535 getten troch Geert van Wou en Johan ter Steghe. Geert van Wou is de soan fan’e ferneamde klokkejitter mei deselde namme út Kampen.  Geert van Wou sr.( 1450 – 1527) wurdt beskôge as de wichtichste klokkejitter dy’t Europa kend hat.

Yn dy tiid waard in klok fakentiden noch op it plak sels getten. De wegen wiene te min en te ûnfeilich om in klok te ferfieren. Se woene boppedat in eachje yn it seil hâlde op’e gearstalling fan it brûns. It plak dêr’t de klok makke waard, wie meastal op it tsjerkhôf of yn in romte ûnder de toer.

It lieden fan’e klok kin opdield wurde yn it tiidlieden, it sneinslieden en it lieden by besûndere gelegenheden lykas by ferstjerren, gefaar, rou ensfh.

It tiidlieden is it trije kear deis lieden fan’e klok. Dat bart moarns oan it begjin fan’e wurkdei, dêrnei om tolve oere foar it middeisskoft en as lêste jûns oan’e ein fan’e wurkdei.

Yn dizze tiid binne der noch gjin horloazjes en is dit lieden de hiele dei troch foar de minsken it hâldfêst. By de middeisklok fan tolve oere witte de arbeiders op it lân dat it itensskoft is, de memmen sette it iten op’e tafel, de bern meie út skoalle wei.

De koster gie trije kear deis nei de toer om de klok te lieden. Yn it tsjerke argyf stiet te lêzen dat Here Jentjes betelle wurdt foar in “jaar  klockluiden”. Hjirfoar kriget hy 7 carolusgûne. Jentjes hat dit betelle lieden dien fan 1743 oant 1755. Dêrnei wurdt it kloklieden net mear spesifyk neamd. It lieden heart by alle wurksemheden dy’t in koster achte wurdt te dwaan.

It tiidlieden is yn Folsgeare opholden mei de komst fan it elektroanyske lieden fan’e  klok ( 1947).

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin



    Reageare

    Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)

    Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

    Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

    Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

    Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.