|

Folsgeare oan it spoar

Folsgeare oan it spoar
©: Eekhoff

De earste Spoarweiwet strânnet yn febrewaris 1860 yn’e Earste Keamer. Dizze wet moat it mooglik  meitsje dat oan partikuliere maatskippijen konsesjes ferliend wurde foar de oanlis fan spoarwegen. De steat moat dêrnei subsydzje ferliene foar de oanlis fan’e needsaaklike brêgen oer de grutte rivieren. De wet liedt ta in kabinetskrisis en it ôftreden fan it kabinet Rochussen.

It nije kabinet Van Hall-Van Heemstra nimt in nije Spoarweiwet oan, dêr’t  de steat in liedende rol by kriget foar de ûntwikkeling fan it spoarweinet. Der bliuwt lykwols romte foar  inisjativen foar spoarweiplannen troch partikulieren.

De earste line dy’t troch de steat oanlein wurdt, is dy tusken Ljouwert en Harns. Dizze line wurdt  yn 1863 yn gebrûk nommen.  Harns kriget prioriteit, want de stêd hat yn dat tiidrek ien fan’e wichtichste havens fan Nederlân. Rotterdam en Amsterdam binne dreech berikber troch it fersânjen fan resp. de Rijnmond en it IJ.  

Dêrnei wurdt troch û.o. van Welderen Baron Rengers c.s. in konsesje-oanfraach dien foar de oanlis fan in spoarline tusken Harns en it Hearrenfean.

De spoarline sil rinne moatte tusken Folsgeare en de pleats Scheender state fan de fam. Kooistra.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Eekhoff



    Reageare

    Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)

    Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

    Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

    De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

    Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!