Alles oer Sleat
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Sleat


Deel:

-

-

Sleat

Sleat

Sleat, pearel fan de Fryske Alvestêden. Dy beneaming tankt het stedsje oan it feit dat it fan de alve it bêst bewarre bleaun is. Sleat is dêrtroch it meast autentike stedsje fan Fryslân. Hjir wane jo jo ieuwen werom yn de tiid!

Mei mar 700 ynwenners is it tsjintwurdich ien fan de lytste stêden fan Nederlân. Dat oantal jilde trouwens ek ieuwen ferlyn al; dêrmei wie Sleat yn dy tiid in belangrike stêd. Dy status krige de stêd tanksij de strategyske lizzing op in krúspunt fan twa hannelrûtes, ien oer lân en ien oer wetter. Hannel en it heffen fan tol brochten Sleat grutte rykdom.

It foarname, rike ferline is noch hieltyd te fielen en te sjen. En de histoaryske ambiânse wurdt noch ris fersterke trochdat it stedsje fierhinne autofrij is. Slinterje troch de ferstille strjitsjes, bewûnderje de prachtige santsjinde-ieuwske keapmanshûzen, rêst efkes út op in terraske en genietsje fan de bolwurken ôf fan het skitterjende útsicht oer de omjouwing. En wa wit, miskien komt de stedsomropper wol foarby…

It prachtige festingsstedsje foarmet it hiele jier troch it unike dekôr foar ferskillende eveneminten. Yn it eardere stedshûs is in museum festige dêr`t de skiednis fan Sleat prachtich ferbylde wurdt en dat de moaiste kolleksje toverlantearnen fan Nederlân besit. Ek is der yn de stêd in oantal leuke winkeltsjes te finen. Tel dêrby op dat Sleat flakby de Fryske Marren, it Iselmar en it prachtige, gloaiende en ôfwikseljende lânskip fan Gaasterlân leit, en jo sille konkludearje dat dit stedsje in langer ferbliuw mear as wurdich is.

© FrieslandWonderland

Histoarje fan Sleat

Sleat liket in ideale renêssânsestêd: in krús fan wetter en dyk mei in regelmjittige fêsting der omhinne en yn it brânpunt de gebouwen fan it wrâldsk en tsjerklik gesach. Mar it lytse Sleat is âlder as de stichte renêssânsestêden en is ta in ideale foarm groeid. De stedsstruktuer is hast regelmjittich. Yn it skaad fan de feefoerfabryk – yn 1903 as suvelfabryk begûn – stie oant it midden fan de 19e ieu de Kowepoarte dy’t har gelikense hie mei de Wyckelerpoarte oan de oare kant: de twa lânpoarten yn de betiid midsieuske handelswei. De wei krúste hjir de Ie, in belangryk wetter foar it trochgeande ferkear.

Doe’t de delsetting him yn de folle Midsieuwen ta stêd ûntwikkele, wie de betsjutting fan de âlde lândyk al ôfnommen: de Kostrjitte is dan ek in smel strjitsje. Oan de oare kant fan it Djip giet dy hast like smel troch mei de Dûbelstrjitte, flankearre troch kreaze huzen. By it Djip lâns steande foarname huzen. De ekonomyske betsjutting fan it wetterferkear oertrof dy’t oer lân gie, dúdlik.

Op de Hearewâl stiet it eardere stedshûs út 1759. It middenpart hat barokke fersieringen en de riedsseal hat Lodewijk XVI dekoraasjes. Sleat is oant 1984 in selsstannige stedsgemeente bleaun, ien fan de lytste fan it lân. Doe binne Sleat en Gaasterlân gearfoege en ferlear it stedshûs syn funksje. It museum ‘Stedhûs Sleat’ kaam der yn mei ûnder mear in fassinearjende presintaasje fan ‘Sleat, de ideale stêd’. De oarspronklike kapel is yn 1647 as tsjerke fergrutte yn let goatyske styl. Efter de ienfâldige giele tutegevel stiet in dakruter op it dak. Efter it nochal sletten front stiet in troch finsters oerdiedich ferljochte tsjerke. It meubilêr datearret foar in grut part út de boutiid. Op Hearewâl 53 stiet it dûbele, fan trepgevels foarsjoene pân, dat as boargemasterswenning, letter as pastorije brûkt waard en tsjintwurdich partikulier bewenne wurdt. It rjochter part is sa’t bliken docht oan de ankers fan 1610 en it linker is in útwreiding fan 1671. Yn de seal fan dit pân fergadere de rie en waard rjocht sprutsen. Op de Hearewâl stiet fierder in kar oan aardige wenningen en pakhuzen mei foargevels yn ferskate foarmen en stilen.

Oan it ein fan de Hearewâl leit de Lemster wetterpoarte oer it Djip, in hege, fan giele bakstien mitsele wetterpiip. De korfbôgige trochgong is ôfsetten mei bewurke sânstienblokken en der binne wapenskylden fan Sleat te sjen (mei SPQS en 1821) en Fryslân. Njonken de wettertrochgong sit in romme trochgong foar fuotgongers en dêrtusken oan de binnekant de romte fan it kasjot. Op it bastion by de poarte stiet de nôtmole: in 18eieuske boppekruier mei stelling. Hjir stie al sûnt de lette Midsieuwen in standertmole.

It súdwestlike kwartier fan Sleat, it grutste, is it gebiet wêr’t pleatsen stienen. Efter it súdwestlike bouwurk stiet in flinke kop-hals-romppleats en der binne noch mear spoaren fan agraryske aktiviteiten yn dizze hoeke. Oan de westkant fan it Djip leit de Foarstreek mei in grut tal wenningen yn ferskate stilen. Under mear in ynbannich wenninkje mei in útbou boppe de stoepe en in luif mei in sjarmante markearring. Fierder in klokgevelpear út it midden fan de 18e ieu en in pronkje mei trepgevel út 1655 dy’t yn renêssânsestyl fersierd is mei in protte ûnderdielen yn sânstien. Op’ e hoeke fan de Dûbelstrjitte stiet Herberg De Zeven Wouden. Oan it begjin fan de Kapelstreek wie de waach yn in uterst ienfâldich lyts gebou festige.

Oan it ein fan dizze kade stiet de yn 1933 boude roomske tsjerke mei in foarse sealdaktoer. De Lindegracht oan de oare kant hat ek in fariearde bebouwing mei fraaie list en klokgevels. Net allinne hjir,mar oeral by it Djip lâns steane snoeide linebeammen. De Snitser of Wâldseiner wetterpoarte hat in selde foarm as dy oan de oare kant. Oan de fjildkant sitte fraai houwe platen mei it stedswapen en SPQS en 1768. Oan de eastkant leit it eardere sompige Bûtenlân dat tsjintwurdich ûnregelmjittich beboud is. De foar in part útgroeven bolwurken mei soms in protte beammeguod foarmje it dekor foar in moaie kuier.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Doniawerstal in de atlas van Eekhoff

Doniawerstal in de atlas van Eekhoff

Doniawerstal in de atlas van Schotanus

Doniawerstal in de atlas van Schotanus

Kaart van Sloten door Braun en Hogenberg

Kaart van Sloten door Braun en Hogenberg

Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50