Alles oer Teridzert
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Teridzert


Deel:

-

-

Histoarje fan Teridzert

Teridzert

Teridzert is in lang streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn de streek fan Weststellingwerf wêr’t de Tsjonger yn it noarden en de Linde yn it suden it tichtst by elkoar komme. Yn de trije kilometer lange streek mei losse bebouwing stiet ûngefear yn it midden in konsintraasje fan gebouwen – fanâlds De Bult neamd – wêr’t ek it doarpshûs (mei dizze namme)stiet en wêr’t in stik as wat bedriuwsgebouwen diel fan út meitsje.

De gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 lit sjen dat de trochgeande dyk –no de Idzerdawei – skadich is en dat súdlik wat boskperselen lizze. Foaral yn it easten fan it doarpsgebiet lizze se en hielendal yn de eastlike flank stie de Idzerdastins. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dy oanjûn, mar op dy fan Eekhoff út 1850 stiet de stins as ‘earder’ fermeld. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fermeld: een zeer vermaaklyk Dorp […] aan den rydweg van Olde Holtwolde naar Olde Berkoop, heeft eene Kerk zonder toren, hangende de Klok, als die van Nye Holtwolde, in een houten Klokhuis. […] Dit Dorp heeft ongetwyffeld zynen naam gegeeven aan het geslagt van Idzerda, het welk hier, ten tyde der troebelen, een sterk stins heeft gehad, in het Noordoosten des Dorps. […] Het oude Stins vervallen zynde, is daar voor, by onzen tyd, een ander huis, wel van minder omtrek, doch in eenen meer hedendaagschen smaak, opgebouwd door de Familie van Ter Wisga. […] De Zuidelyke landen deezes Dorps zyn bouwlanden, […] terwyl de Noordelyke, laag en veenlanden zyn, die tot aan de Kuinder […] loopen.’

De tsjerke is wijd oan Sint Bonifatius en is út ûngefear 1500 en hat sûnder twivel in foargonger hân. In skoft is hy sûnder toer bleaun, mar yn 1903 kaam der in nije westgevel mei geveltoer, wêr’t de klok yn ophongen wurde koe. It ynterieur hat in trijetal polygromeare, sânstiennen epitaven fan de famylje Idzerda út 1531, 1603 en 1620, allegearre yn farianten fan de renêssânse styl.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus